The Project Gutenberg eBook of De jongfryske biweging

This ebook is for the use of anyone anywhere in the United States and most other parts of the world at no cost and with almost no restrictions whatsoever. You may copy it, give it away or re-use it under the terms of the Project Gutenberg License included with this ebook or online at www.gutenberg.org. If you are not located in the United States, you will have to check the laws of the country where you are located before using this eBook.

Title: De jongfryske biweging

Author: Douwe Kalma

Release date: April 12, 2025 [eBook #75842]

Language: Frisian

Original publication: Dokkum: Bergsma, 1915

*** START OF THE PROJECT GUTENBERG EBOOK DE JONGFRYSKE BIWEGING ***

De Jongfryske Biweging

fen D. Kalma


For myn fryske en ingelske frjeonen.

Ynhâld

I. Ynlieding
II. De persoanlike kinst
III. De ûntwikkeljende utering
IV. Us taelstriid
V. Stipers
VI. De Jongfryske Biweging en Geart Jans Fenema

I.

By it bigjin fen dit wirkje, dat troch earlik en frijmoedich utering to jaen oan itjinge tsjinwirdich omgiet yn herte en forstân fen ’e moedichsten ûnder ús jonge, opbloeijende fryske skriuwers, meiwirkje wol om it safier to bringen, det ús letterkinde, dat is: de wjerspegeling fen ús fielen en tinken, mei eare, sûnder meilydsum glimke alteast, neamd wirdt neist dy fen oare, mei it den ek wêze machtiger en talriker foltsen, binammen neist dy fen Hollân—dit ommers stiet wol fêst, det ús sprake foar alles to soargjen hat hwet folmakke uteringswize en kleurich wirdebrûkme oanbilanget net minderwirdich to wêzen oan hjar gefaerlikste sister—bin ik wol tige binijd nei it oardiel, det oer myn uterings fen ’e measte lêzers útspritsen wirde scil, en de ynfloed dos, dy ’t dit wirkje hawwe kin op ús skriftenkennisse en taelstriid.

De soargeleazens for ús tael, dochs in geastelik goed fen it heechste wicht, dy ’t men mismoedich sa faken merkbyt by ’t fryske folts, is foarâl hjirtroch ûntstien det de fryske foarmannen, eang det hja twongen wirde scoenen ta to jaen, det hjar wolmienende lieding sûnder geastdrift en dertroch earm oan fortuten west hie, der nea net ta gear komme koenen, hjar lânsljuwe earlik yn to ljochtsjen oer de wezentlike, ridlik ûnbihaechlike tastân. Mar om ’t it ûndwâenlik is in syktme to genêzen, sa lang men syn bistean ûntstriidt en dochs al dalik de soargeleazens, hwerop ik niis-krektsa doelde, in blyk is fen in net soune en geve stân fen-saken, scil yn dit wirkje it foarbyld fen ûnoprjochtens net neifolge wirde, en wol ik ynliker klam, as men oant nou ta wend wier, lizze op ’e gefaren dy ’t ús sprake bidriigje, om den nei to gean, ho ’t men dy it bêst hjar slimme macht ûntnimme kin.

Fensels sprekt it, det ik allinnich troch dit to dwaen, al faek yn tsjinstriid komme moat mei de wichtichste uterings fen somlike fryske foarmannen, dy ’t, ynsjênd det de tastân fen ús tael earnstich wier, mar dochs fen bitinken, det it winskelik like dit to’n earsten mar hwet stil to hâlden, om ’t oars it biswier, det hiel ús streevjen omdôch wier, him ringen wer hearre litte scoe, frijichheit founen jimmerwer fleurige teltsjes to dwaen oer ’e takomst fen ús tael. Net minder scil ik der op wize moatte, det wylst somliken fen ús taelstriid-lieders, binammen de konservative ljuwe fen it Haedbestjûr fen it greate Selskip, it altiden bjuster drok hawwe mei to dwaen, eft hja tige warber wiernen, yn ’e lêste jierren, wylst de tastân súntsjeswei al earnstiger en gammeler wirdt, noch eat fen bilang ta stân kaem troch in moedich oanpakken fen selskipswegen, noch der oars eat barde, dat hwet brûksume krêft oan ús sprake tafoege.

Hwennear in krêftich lân, ryk oan warbere biwenners, him mei sok in forbjusterjende rêddens bigjint to ûntwikkeljen, det oare steaten, mânsk fen groeikrêft mar mei lytser tal boargers, der minder nochlike ynfloed fen bigjinne to ûnderfinen, om ’t it earste war docht de grinzen fierder út to lizzen, sadet syn bûrlânnen ôftakje yn bitsjutting, den kin der wis gjin twivel bistean, ef in frjeonskipsforhâlding wirdt op ’en dûr twisken hjarren ûnmûlk. Wol ek in krêftige tael winne oan gebiet en moat dertroch in sistersprake in diel fen syn fjild ôfstean, wylst op it oerbliuwend diel de ynfloed fen ’e oare jimmer klearder en pynliker wirdt, wis hat men den rjocht, ho stikum en geheimich sok in striid tagean mei, to sizzen det sokke talen yn hjar ynlikst wêzen fijânnich jin eltsoar oer steane en scoe it al in tige nuver stypjen fen ’e bidrige tael hjitte moatte, de miening yet to fordigenjen, det fen in gefaer gjin praet wêze kin. Om ’t nou soks wis it gefal is twisken Frysk en Hollânsk en men forwachtsje mei, det it fryske folts, wirdt der mar ienris earnstich op wiisd, fiele scil det it syn plicht is him to meitsjen ta fordigener fen ’e eigen tael, kin inkeld dit de konsekwinsje wêze fen it fjochtsjen for ’e fryske saek, det wy mei ús lânsljue bisiikje scille, ús tael al hjar rjochten werom to jaen, om der brûkme fen to meitsjen yn safier dit oerienkomt mei it deistich praktysk libben.

Dit is it suver doel fen ús taelstriid. Hwet nou de fryske skriftenkennisse oanbilanget, dy ’t as gefolch fen lange jierren fen fortretlike forsloffing sa earmtlik waerd, dat eltse Fries mei fieling for syn tael him deroer skamje moat, ek hjir liket it ridlik-ienfâldich to kommen ta it wyt fen eltse letterkinde: in suvere kinst, dy ’t yn steat is de eare fen ús tael heech to hâlden en de geastelik-heechststeanden ûnder ús lânsljuwe bringt ta meifielen en wirdearringe. Om ’t wy wol nea net brek hienen oan skriuwers mei wier en suver talint, en foarâl noutiids net, lyk as men foartdalik bifine scil, kinne wy ús lokkich priizgje om it bisit fen in goede skriftenkennisse, sadré wy bislute ús dichters en proazeskriuwers de meast folsleine uterings-frijdom ta to stean, dy ’t in skriuwer fen neden hat om suver, lyk him dat sels it bêst haget en lyk as hy de ljeaflikste harmonije fielt twisken syn tinzen en syn utering, syn fieling to forklankjen. In skriftenkennisse dy twongen wirdt ta in folgjen-út-âlderwenst, sadet hjar dichters inkeld den wirdearringe fine scille, honear hja, eang fen ûnbikendens, derta bislute eigen utering en faek sels eigen fieling to fordraeijen, scil in ivige en hounske mislediging bliuwe for de greate kinst, hwerfen hja in diel útmakket.

De bêste tsjinsten oan ús tael scil dos sûnder twivel hy biwiizgje, dy ’t de konsekwinsjes fen syn bigjinsels oandoar en dy ’t, fordigenjend de rjochten fen syn eigen sprake en de ynfloed fen it Hollânsk bistridend, sels net skrutel wirdt as er bifynt det ek de Hollanders bisiikje mei earlike en ûnearlike middels de grinzen fen hjar taelgebiet út to lizzen, mar ek hjarren moedich tomjitte giet. It treflikst as letterkindige is yn ús tael like goed as rounom oars hwa ’t syn fieling, sûnder rekkenskip to hâlden mei ynfloeden fen ’e wrâld om him hinne, sa suver uteret, det de harmonije twisken foarm en ynhâld folslein wirdt.

It krêftichst scoe nou de taelstriid tsjinne wirde, as de Friezen bislute koenen neist inoar to fjochtsjen, net for it bihâld, mar aldermeast for de rjochten fen hjar tael, sûnder persoanlike kwesjes mear to biachtsjen en sûnder in ûnfortsjinne wearde ta to kennen oan somlike forskeel-punten, dy ’t mei hwet ynskiklikens maklikernôch oersljochte wirde koenen. Us skriftenkennisse scoe ringen hiel hwet foarútgean yn geastelike bitsjutting, sa gau men der ta gear kaem de dichter hielendal frij to jaen hwet de wize-fen-uterjen oanbilanget en it getsjânsel fen bigryplikens en ienfâld, beide wirden dy ’t foarâl brûkt wirde om de namme fen somlike folkskinstskriuwers tsjin oanfallen to fordigenjen, as ûnsuvere bigripen bringend en bitizing stiftsjend net mear taliet.

Mar it ûntbrekken fen in krityk, dy ’t de wiere fortsjinsten fen ús skriuwers en taelstriders oanjoech, en net dildzje woe det ûnfortsjinne eare somlike minsken heger stelde as hja hearden to stean, brocht mei det faken ljuwe, dy ’t net allinne de boppeneamde opfettings net oannamen, mar der sels net nei dwaen woenen, en sa taelstriid en skriftenkennisse hjar rykste krêft binamen, de hilde krigen, dy ’t inkeld it suver talint takaem. En omdet der ûnder ús jinwirdige fryske lieders somliken binne, dy’t ljeaver ús bigjinsels forknoeije en it Hollânsk stypje, as ôfstân dogge fen eigen ûnfortsjinne hilde, dy ’t út in lytse en leffe earsucht de saek fen it Frysk forriede, scil men net earder ús taelstriid wer trochsette kinne mei úthâldende krêft, as der ûnmeilydsum in ein makke is oan ’e ynfloed fen sokke ljuwe. Om ’t der fierders forskate fryske skriuwers libje, dy ’t allinnich hjar namme to tankjen hawwe oan hjar jimmerwer delknibbeljen for ’e ginst fen it folts, en dy ’t tige bêst foar ’t forstân hawwe det hja as kinstner neat bitsjutte, kinne wy inkeld den wer hope hawwe op swider bloei fen ús skriftenkennisse, as sokke folksslaven de achtinge wer ûntnommen is om dizze de wiere hearskers mei-it-wird wer ta to wijen.

Net earder scille wy dos de striid-nei-bûten bigjinne kinne ear ’t der oan ’e ynrjochting fen ús eigen gebiet net sa folle mear haperet, det it ús hinderet yn ’e striid, en ear ’t wy sokken, dy ’t de ynfloed fen it Hollânsk fordigenjend en stypjend, ús yn ’e rêch oanfalle koenen, alle ynfloed binommen hawwe. It bliuwt in greate fortsjinste fen ’e Jong-Friezen, det hja soks ynseagen en it tsjoede op eigen fjilden krêftich bistride wolle, ear ’t hja, fjochtsjend for ’e rjochten fen ús tael, bisiikje de ôfbrekkende ynfloed fen it Hollânsk tsjin to gean, al binne hja wol alderminst fen doel út it each to forliezen, det ek for it lêste de tiid kommen is. Yn dit wirkje scil dos wiidweidich oanjown wirde ho ’t wy foar ús nommen hawwe to wirk to gean hwet taelstriid en skriftenkennisse oangiet, soks mei de hope det elts, dy ’t it neikommende lêst mei krektens en oandacht, him it suver ynsjoch, dat ús gelyk jaen wol, net binimme litte scil troch de krêft fen ’e sleur en it âlderwetsk brûkme, hwertsjin wy alderearst yn forset komme wolle.

De jongfryske biweging wirdt troch dit boekje ynlet.

Mar ik ken myn lânsljuwe foldwaende om to fielen, det it net genôch is, as ik op de folgjende siden sa klear mûlk oanjow hwet dizze biweging ta stân bringe, en op hokker wize hja hjar doel birikke wol, mar det ik it like goed as myn plicht biskôgje moat to biwiiz’gjen, det de biweging in deugdelik rjocht fen bistean hat. De faek hwet al to praktyske, bûtenwenstich-forsichtige libbensoertsjûging fen de Friezen bringt mei, det al sjogge hja yn, det it doel fen de ien-as-oare foarstien, hwet souns hat, hja der dochs net ta oergeane sok in streevjen to stypjen, as it hjar net klear oan it forstân brocht wirdt, det der gjin kar mear bistiet, en eltse oare wei laet nei in sompe ef ôfgroun. De measte minsken ljeavje in blom, sadré dy, kommen ta ripe ûntwikkeling en ljeaflike iepentearing fen syn pronk, it each fornoeget troch syn swide rykdom fen kleur, mar in Fries is net tofreden ear ’t de blom yn hjar lústertael him yn ’t ear reaunte hat det op it plak, nou troch hjar ynnomd, dochs net in nôt-ier dije koe, en det hjar oanwêzen net inkeld hearlik mar ek needsakelik is. Den earst bigjint der in twinkeljend libben yn de blauwe eagen fen in Fries, en him rjochtsjend ta hwa ’t him selskip hâlde, seit er rêstich: „Wis, de wûnders fen Natûr binne moai.”

De takomst birêst by de jonkheit. Ik siz dit sûnder waenwizens, hwent men hoecht net tabidield to wêzen mei in forstân, dat yn skerpens en skranderens siket om syn gelikens, om yn to sjên, det ho treflik (!) der nou ek skreaun wirdt troch somlike skriuwers fen it âlderein, dochs ienris der in egenblik komt, det hja hjar lêste tinzen utere hawwe, en de fryske letterkinde den langjend ûtsjên scil nei opfolgers; det fierders dat rounstoarjen omdôch wêze scil hwennear de jonge skriuwers hjar den yet foarmje en ûntwikkelje moatte, omdet foar dy tiid hjar de gelegenheit hjar frij en oprjocht to uterjen binommen waerd; mar det it wol it bêste wier det der dalik klear stie in rige frisse striders, dy ’t hjar al ré makken for de lêstige taek, do ’t somliken fen de âlderen yet oan ’t wird wiernen. Mei alle mûlke en foegjende wirdearringe for de skriften fen dizze lêsten,[1] scil men dochs forstânnichst dwaen de measte oandacht ta to wijen oan it bisiikjen en streevjen fen de opbloeijende skriuwers, omdet dizze, howol mei hjar foargongers foriene ta it tsjinwirdige, dochs yn hjar drage it ûnthjit for kommende tiden, wylst it measte hwet fen it âlderein ta stân brocht wirde kin mei it each op de takomst, is de wei ré to meitsjen hwerlâns it folgjende slachte it maklikst syn wyt birikt. Hjiroer binne wy it dochs wol iens, det mei by machtiger foltsen, hwer de takomst fen de tael allinne al feilich is troch it greate tal minsken, dat hjar sprekt, it biwûnderjend bistudearjen fen âlder skriften wêze in tige prizenswirde saek, by ús dy ’t hielendal gjin wissichheit hawwe oer de meast bilangrike omstânnichheden for ús sprake, dy ’t folgjende tiden ús bringe kinne, alderearst soarge wirde moat for in rêstige en fêste takomst, hweryn de taelbloei him sa ûntwikkelje kin, lyk as wy soks it ljeafst seagen. Lykwol miene men net, det ik skokskouderjend it soune en ripe, det forline tiden ús letterkinde taskikten, sûnder in wird fen wirdearringe forbygean woe, al bin ik ek hjir wer fen bitinken det for ús fen de ynhelle rispinge it sie „det biwarre moat for ’t oare jier” wis bilangriker is as hwet nou al fêst forkoft wirde kin. Ho scoe it wêze, as wy nou al ús sie fen ’e hân dienen, om yn ’t oare jier neat-dwaende del to sitten, ûntslein fen de soarch, dy ’t ús diel waerd as wy ek den rike rispinge rispje woene? Ho scoe it wêze, as wy al ús oandacht wijden oan skriften, dy ’t tsjûgje fen forline tidene geast, rêstich amjend en glimkjend omdet wy mei moedleas hângebeart de soarch for ús tael, lyk as dy wirde moat yn letter tiden, fier fen ús ôf skouden?

[1] Myn streevjen wier jimmer to wirdearjen en sa min mûlk wei to smiten; sjoch myn opstel-rige „Fryslâns Dichters,” dy ’t mei gauwens forskynt yn Ljouwerter Krante en Forjit My Net (Fryslân).

It moeit my det it needsakelik wier to sizzen hwet ik nou utere haw. Jimmer lykje der yet minsken to libjen dy ’t neat ljeaver dogge as tinkstiennen to ûntbleatsjen, wer op to dollen hwet sa lokkich yn de modder bidobbe wier, blomlêzings to easkjen út it wirk fen skriuwers, hwaens geast forâldere is en yngiet tsjin de ljeafste winsken fen hiel ús fryske folts, en fen hwa wy bliid wêze mochten nou einlings ûntslein to wêzen—minsken fen nearzige fieling en lytskimich ynsjoch, dy ’t de ôfgod fen it Forline hoeden op in houten troane sette, om dêrfoar den del to knibbeljen ef mei hjar kromme spronkjes in Indiaenske earedouns to dounsjen, sjongend hjar iennichst liet: „Loaits, loaits: de greatste der goaden!” Yn it East ljochtet de dage, hiel de bliid to wekker skriljende ierde mei sêfte en ljeavjende strielen streakjend, mar de ôfgoaden-tsjinners slute rimpen de formôge finsters fen hjar neargeastich sliepkeammerke ticht, stekke triljend fen bewûndering for hjar bûnt-bimielle ôfgod in kerske oan, om yn hjar himd fierder to springen hjar ienteanige douns, mei skriemerige stimme fierder njuentsjend hjar gammelgeastige sang. O Great-Machtige Bistjûrder fen wolkens en wrâlden, nei hwa ’t wy siikje hiel ús libben lang en dy ’t wy yn ús dreamen miene foun to hawwen, reagje dochs om it kersljochtsje, det yn lôgjende gloede tobrânne hiel it sliepkeammerke, de wrigge op syn troane en de minskelike flearmûs! Hwent wy ljeavje de minsken en eangje fen bisten dy ’t it libbene ljocht net forneare kinne.

Wije wy dos al ús soargjen en wirksum wêzen de takomst fen ús tale ta! En hjirfen bin ik oertsjûge, det gjin inkelde Fries, yn hwa yet libbet de ljeafde for syn grize groun, en dy ’t it ljeafst mei syn frjeonen petearret yn de fortroude lûden fen syn swiere tael, hjir net mei my sizze scil: „Sikersonk, sa seit ek myn bitinken.” Mar neimimerjend scil it him talykje, det al is dúdlik it doel, yet tsjuster binne de wegen, en wolkom scil him wêze de liedstjerre, dy ’t de wisse wei wiist troch suchtsjende sompen, oant de groun fêst wirdt en de stjerre weiwirdt for sinneljocht.

It bêste scil, tinkt my, wêze det ik, yet foardet oanjown wirdt hwerfen ús tael lok en seine to wachtsjen hat, mei klam wiis op de niis miende tsjoede ynfloeden, dy ’t as men hjar tiid lit yet mear krêften to sammeljen, de syktme fen ús sprake sa bifoarderje scille, det der mei gauwens gjin krûd mear for waekst; miskien docht it bliken det efter de wolken, dy ’t wy weireagje wolle, al in sinne wachte.

Yn de lêste ieu hat der yn Fryslân in skerpe striid wêst twisken folkskinst en persoanlike kinst, hweroer ik my foarstel strak in ôfsûnderlik haedstik to skriuwen, sadet ik nou dos mei algemiene meidielings folstean kin. Howol de dichters yn it persoanlik genre net inkeld yn wiere en suvere oanliz, mar meastal sels ek yn wittenskiplike foarming fier stienen boppe hwa ’t, om jildmakkerij jamk, de saneamde folkskinst bioefenen, is it oan de lêsten, dy ’t, omdet se wûndere skoan ynseagen, hwermei hjar lânsljuwe heech rounen en hwerfor hja net waerm fielden, alle mûlke lytse middeltsjes, oan mear heechsteande minsken ûnbikend, faken op biwûnderenwirdlepe wizânsje wisten to brûken, dochs lokt ienris in oerwinning to biheljen. It foarnaemste gefolch hjirfen wier, det de minder ûntwikkele Friezen, dy ’t hjar op ’en dûr fêst wol yn ’e hichte lêzen hiene,—for in diel omdet hja ringen for ’t forstân krigen, det de „kinst”, nei foaren brocht op winterjounen troch sprekkers, dy ’t yn hjar findel skriuwend wirden as humor en koartswyl, bliken joegen net ienris to witten, hwet men dêrûnder heart to forstean, hiel hwet makliker wier as it treflike wirk fen H. Sytstra en syn Idunaskriften, for in diel ek omdet hja fen bitinken wierne, det de winterjoune-flauwichhedens dochs meiwirkje koene om de fryske tael mear ta folkseigendom to meitsjen.—bikeard waerden ta trouwe folgelingen fen de saneamde folkskinst. Yn de lêste jierren fen de XIXde ieu en yn ’t bigjin fen de XXste riisden as poddestoellen op wearzige mieden tropkes jonge fryske skriuwers omhegens, dy ’t greatbrocht yn de allinne-sillich-meitsjende leare fen folkskinstbiwûndering, wer nije oanwinst waerden for de minsken, dy ’t it lokt wier oerwinners to bliuwen yn dizze striid. It fryske folk, sa njonkenlytsen deryn bihirde, lies, al wier it sims mei inerlike tsjinsin, dy ’t nea ta iepenbiering kaem, omdet hja soks holden for eat goddeleas, geregeld en trou al de wûndere kinst, nei oanlieding fen „doomnij’s, sûpers, sleauwe fammen en feinten, dy ’t safolle ieten” útbret yn de oerstjûre gammele tinzen-tizeboel fen ús folkskinstskriuwers; sa hawwe wy ús sels lange, lange tiden bilachelik makke yn ’t each fen hiel de forstânnige en suver-fielende wrâld, wy: in âld skriuwerslaech úttinkend bryk-núvere setten en frjemde hoanne-op-’e-matte-eftige flauwiteiten, in jong skriuwersslach, nei bigearlik-toarstich ynsûgen fen dizze fordoarne wetter-en-môlke-kost wer opjaende rymkes oer „Pronk” en „Djûr flesk”, en einlings in great diel fen in dochs tinkend folk, him blyn stoarjend yn biwûndering for minsken, dy ’t ûnder de kinstners wiernen hwet de mol is ûnder it djier.

Hwet scil der barre, hwennear der net in ynfloed komme wol, krêftigernôch om dit formôge klintsje omfier to keilen? Dit: jonge minsken, yn hwa wach wirdt langstme nei ljeafde en frjeonskipsbigeart, yn hwa ’t ûnder ynfloed fen eigen kreftich fielen, opbloeit de drang yn klank to úterjen, hwet wikseljend libbet yn it rêd-klopjend herte, scille, ho ’t hja yet ljeavje de stoere, krêftige groun fen it heitelân en miskien mei tsjinsin, hjar losmeitsje fen ús tael.

Hwent om hjar hinne hearre hja leech en yn alle smoarge goarichheden omwrottend gerimel, sadet hja, foarljochting fen golle frjeonen en ûntwikkele riedsljue missend, sûnder det men it hjar kwea nimme kin, wol twongen wirde to mienen det waenwize minsken, dy ’t mei in troanjemint as hie men to knibbeljen for hjar wizens en ynsjoch, jimmerwer sizze doare, det yn de lêste tiden ús tael, ús libbene folkstael, slim forearme is, gelyk hawwe en det men dos mar it forstânnichst dwaen scil, yen to úterjen yn it Hollânsk, hweryn de wier-ûntwikkele Friezen like goed thús binne as yn hjar eigen sprake. Bûtendat lûkt de tael, spritsen oan de oare kant fen de Súdersé, dochs altyd al, omdet hja prieljend wize mei op in flûnkerjende letterkindige skiednis, ûnwitend riker as dy fen it Frysk, en scille dêr al licht mear ljuwe wêze, yn steat de dichter-skriuwer yn syn heechste en hillichste oandwanings, en dos ek yn syn swiidste wirdstyl, to folgjen en to biwûnderjen. Myn fryske lêzers witte, sûnder det ik soks yet ôfsûnderlik hoech to biwiiz’gjen, ho ’t al forskate jonge skriuwers fen fryske komôf, foar de kar steld, lyk hja miene, twisken it forknoeijen fen it meast forheven-minskelike dat yn hjar libbet (lykwol mei it biwarjen fen de eigen tael) en de hearlikste fordjipping fen in fieling, dat is: de utering, dy ’t it meast yn harmonije is mei dy oandwaning, to brûken, (mar den yn in sprake, dy ’t hjar yn heechste ynstânsje, frjemd is,) bisletten hawwe it lêste to kiezen, lyk as men meast sjocht, hwet hillich is for de persoan sels (it individu) wer heech settend boppe de plichten tsjinoer it heitelân. My sels kostet it siker-sonk al moeite genôch om somliken fen myn jonge frjeonen-meiwirkers, minsken fen wier talint, fen hwa ’t it Frysk alles te wachtsjen hat, mar dy ’t mismoedich wirde fen ûnfordildigens, omdet der for hjar útering sels gjin goed plak to finen is, lit stean den wirdearringe, to biwarjen for ús fryske saek, al is it ek myn fêst bislút dêrfor fen al myn krêften brûkme to meitsjen. Hwent ik ealgje hwet it lot fen myn tael wêze scil, as de jonge, moedige, ûntwikkele striders hjar ôfskiede fen ús jonge biweging en oergeane nei it forliedelik-wiuwende Hollânsk... Sangeret it húnjend wird boere-frysk yet net jimmer yn ús earen nei?

Mar der is yet mear; en nou skriuw ik net yn ’t bilang fen somlike jonge skriuwers allinne, noch for it wier-ûntwikkele en suver-fielende diel fen de fryske lêzers, noch for de wyljende fryske letterkinde en sels net út namme fen inkeld ús tael, mar ik uterje my yn ’t bilang fen hiel it fryske folts en de takomst fen ús lân: ûnmûlk is it det ús sprake neamd wirde kin yn de rige fen de biskaefde tealen, gjin kâns bistiet der det sels in Fries by de ynlike ljeafde for de djip swiere klanken ek de biwûnderjende achting krije scil for syn deiske wirden, dy ’t de Hollander hat for it Hollânsk, for it Ingelsk de Ingelskman, sa lang ús tael net biwiiz’ge hat, det ek hja bisit de wirden en sizwizen, dy ’t nedich binne as utering fen geastelike streamingen. Men bigrypt hopelik, hwer ’t ik hinne stjûre wol: it Frysk mei yn gjin gefal it bolwirk wirde fen tinzen út it skiere forline, dy ’t rounom oars al forblikke binne for it kliuwend ljocht, mar de ûntwikkeling en de wiere geastelike biskaving heart syn merkteiken to stimpeljen op ús tael, scil dizze ek yn de takomst syn groei- en bloeikrêft biwarje. Ljuwe, hwaens macht allinne leit yn negative dieden, dy ’t de timpel ôfbrekke mar yn gjin ivichheit fen dagen wer opbouwe kinne, stinne en kleije der yn iepen brieven en oare steapelplakken fen deadwaners en leech-by-de grounske banaliteiten oer, det as de Friezen hjar opfettings uterje wolle oer staetssaken en ierpelnegoasje (dit lêste triviale neamt men tsjinwirdich yn frysk-letterkindige kringen humor en men seit fen sokke minsken, det hja geastich skriuwe!) hja foartdalik oan ’t ploaitsjen gean yn hollânske taelfjilden, hwerút hja net mar ien ier stelle, mar hiele boskjes mei ûnkrûd-en-al skûrre,—sûnder to bitinken det dit kwea sels wer in middel, om it to forhelpen, oan ’e hân docht, nammentlik: ek yn de fryske tael to skriuwen oer it bilangrike, det om ús hinne bart, en ús miening to sizzen oer de greate, hearskjende forskynsels yn kultuer en geastelik libben. Dos die it my tige nij, det yn it karnûmer fen Frisia, ho bêst it technysk ek forsoarge wier en hokke treflike dingen de sikerwier lêzenswirde ynhâld ek ûnthiet, neat to bikennen wier, dat like op in ienfaldige, mar fris-skreaune kronyk, dy ’t—der stean ik, dy ’t myn fryske lânsljue hoopje te kennen, for yn—mei oandacht en blide wirdearringe lêzen wirde scoe.

Dit binne de twa greate bigjinsels, dy ’t mei krêftige moed fordigene wirde moatte ont hja yngong foun hawwe rounom hwer ’t it nedich is: de twa opfettings dy ’t yn striid binne mei de toarre en droege geast fen hiel de foarige ieu yn ús letterkinde; de twa foroarings wol, dy ’t by útfier strange striid to weech bringe scille, mar foarâl: sa binne de beide herfoarmings, dy ’t, inkeld en allinnich hja beide, ús tael biwarje kinne for de ûnweardige en pynlik-stadige dea fen alles, dat yngean wol tsjin de machtige tiidsgeast, dy ’t ljeafde is en forheging.


Mismoedich-swijend sieten wy mei syn fiven yn de keamer, hwer ’t it al skimeriger en grizer waerd, neimimerjend oer hwet ien fen uzes sa niis sein hie, elts mei fortretike fieling en wrevelich moed, omdet wy, jonge, krêftige minsken mei soune ûntwikkeling, dy ’t wisten det wy ûnder ginstige omstânnichheden yn steat wêze scoenen flink wirk to jaen, mei eltsoar gjin kâns founen de takomst sa ljocht en ljeaflik te meitsen, as wy dy jerne seagen.

Op de tafel laei de „Klankboarne”; ien fen úzes hie lang spritsen oer dy dichtsamling en hie de biwûndering for dat wirk by de fjouwer oaren ringen fordrifke. Wy wisten, det al syn wirden binlik west hienen en oprjocht, det wy nea it wirk wer mei ljeafde lêze koene; hwent lyts wierne de forklanke tinzen en de tael falsk oppronke. Dochs fielden wy de earlike bisprekking as in slach for de fryske letterkinde, hwent nei de achting for de minske Hof wier fordwoun de biwûndering for de dichter Jan fen ’e Gaestmar... En dat die ús dochs efkes sear; wy wiernen wer earmer wirden.

Do’t de lêste wirden fen de bioardieling weiklonken wierne, sieten wy in skoftke yn tinzen, sûnder folle to sizzen. Ien sei der, as om de stiltme to brekken, tsjin him dy ’t spritsen hie:

—Dou wist dyn miening oertsjûgjend to biwiiz’gjen...

Mar andert kaem der net; wy tochten allegear, det soks wol spitich wier...

Einlings klonk it stadich-mimerjend:

—It is net folle: trije dichters yn trije-hûndert jier.

—Fjouwer, weage ik skrútel. Dr. Schepers...

Mar de oar skodde forheftich fen né:

—Dr. Schepers hie in hearliken ynfloed hawwe kinnen op ús taelkindich libben, as er him skikt hie op it stik fen stavering. Nou is hy forlern, och né, wis net, ik mien net as dichter, mar hy hat gjin ynfloed útoefenje kinnen. Ja, as hy noch ris in „bondeltsje” nije fersen yn ’t locht joech, mar suverder en den yn ’e selskips-stavering...

Ik wist mar al to goed, det hy gelyk hie en swei dos.

—En hwet ef wy dwaen scille? frege wer in oar. Miskien, det der ûnder ús fiven wol ien is, dy ’t hwet bliuwends leverje koe, mar wy hawwe net ienris plak om ús to uterjen en hwet kin men den bigjinne? It forfeelt my sa swietsjeswei, dat wachtsjen.

—„Een nieuwe lente en een nieuw geluid,” sei der ien sjongend. Ik bigriep him foartdalik net, mar oan it antlit fen de oaren seach ik, hwet der miend waerd: men tocht wer oan it Hollânsk.

—It scoe in gemiene streek wêze, as jim’ Friezen Hollânsk bigounen to skriuwen, en de âlde tael ta weismiten kearden, sei ik wrimpen.—Men biheart der net iens oer to praten; bilangstelling for ús saek yn Hollân siikje haw ik frede mei, mar fierder to gean en it Frysk yn ’e steek to litten, allinne om gauwer plak for jim’ wirk to krijen, is forrie oan ’t âlde lân.

—Miskien detst yet to jong bist, om it to fielen lyk as ik, sei hy fen hwa ’t ik it measte forwachte.—Mar in dichtersiele is net as in wetterlieding, det men mar in kraen hoecht iepen to setten om der in fers út streame to litten; en in fers moat koart nei ’t it skreaun waerd, printe wirde, hwent as men it letter tsjinkomt is it in dea en frjemd ding, hweroer men yen sels ergeret. En sa is it mei alles. En bûtendat: hwerom scoenen wy yn ’t earst net nei it Hollânsk oergean? Komt der letter in goed frysk blêd, hweroan wy meidwaen kinne sûnder ús sels to forleegjen, sa as tsjinwirdich moat, den kinne wy noch altyd mei it Frysk bigjinne. Us krêften scille den yet tanomd wêze, en...

—Hwerom forwachtsje wy ek alles fen in oar? frege ik, om’t ik eange mear sok moais to hearren, dêr ’t ek somliken fen de oaren hiel wol oan liken to wollen.—Litte wy sels de hânnen oan ’e ploege slaen: litte wy it haedbistjûr to kennen jaen, det ús in nij wykblêd de bêste jefte oan ús tael taliket.

—It haedbistjûr! spytgnyske in oar; hy like mei de bistjûrder fen Sljucht en Rjucht yn briefwiksel stien to hawwen.—Dat bistiet út hearen, dy ’t hwet prate kinne, hwet ite kinne, hwet skriuwe kinne sels; goede, bêste minsken dy ’t wol graech ris hwet rûzje mei eltsoar hawwe, tige bilangryk dwaen kinne mei hjar fâldij oer it Frysk, mar sûnder ... ja, ho scil ’k it sizze ... sûnder wier-ynlike fieling for it doel, det hja sizze foar to stean. It is in tige aerdich pronkstik, mar it is dea.

—Né! sei ik forheftich, dat is net wier! Al sitte der aeklik-ljochtskouwe minsken yn, it meartal wol graech sa folle dwaen for ús saek, as it mar kin, mar it mei bikend stean, det de finânsjes fen it selskip der tinkelik wol ris better foarstien hawwe. Mar der bistiet gjin twivel, ef hja scille ljeaver in jongfryske biweging sa as wy ús foarstelle, stypje en sadwaende in stikmannich ûnthjittende jonge skriuwers biwarje for de tael, as in pear sinten mear yn kas to hâlden. Ik scil hjar alles meidiele, en...

—Sjoch, sei der ien dy ’t nei bûten kipe,—de dize lûkt wer op.

Ik foun do en letter gjin wirden, waerm en hertlik genôch om myn ynlike tank oan him sa to sizzen, det de utering lyk stie mei myn fieling. Hwent hy hie de moed der wer ynhâlden.

Krêftich scille nou wêze moatte myn wirden, en myn taljochting suver. Hwent it meartal fen it Haedbistjûr, dat sûnder mis foarútstreevjend is en wichtige foroarings ynfiere wol, knibbelet faken eang en forbjustere del for in pear bihâldende gearkomste-roppers en scil út dy nuvere tastân net maklik oereinrize, howol hja bitinke moasten det it for hjarren ivige skande bliuwe scoe, as it Selskip hjar leare moast hjar plichten en hjar for hjar sleauwens straffe.

Ik mien der nou op wiisd to hawwen, det in jong-fryske biweging rjocht fen bistean hat (ommers it is net mear as forstânnich en plicht, derfor to soargjen det der jonge skriuwers foarme wirde, yn steat letter de geastlike lieders fen it fryske folts op weardige wize to wêzen; omdet dizze jonge skriuwers oanstjûre wolle op bilangrike foroarings, kin it net oars ef hjar mei- en neist eltsoar wirkjen nimt it karakter fen in biweging oan), ik hoopje dúdlik oantsjut to hawwen, hwer dizze biweging frjeonlik mar mei klam om forsiikje moast (in nij selskipswykblêd Fryslân, hweryn plak komme koe èn for persoanlike kinst èn for biskôgings oer bilangrike forskynsels op geastelik-wittenskiplik en praktysk-steatkindich gebiet), en ik leau teffens oanwiisd to hawwen, det in oar orgaen sels in libbensbitingst wier for ús biweging.

Oer de twa greate herfoarmings-punten, mar foarâl ek oer de saek, hwerom it ús ûndwaenlik wier langer meidoggers to wêzen fen Sljucht en Rjucht—dit lêste scil ik, howol it my moeit, like goed op persoanlike as op sakelike wize bisprekke moatte—folgje hjirefter wiidweidiger biskôgings. Nou moat ik yet somlike dingen meidiele oer ús biweging, omdet ik foar ’t forstân haw det der minsken binne, dy ’t fen alles hwet yn myn wirkje minder dúdlik en klear wêze mocht, tankber brûkme meitsje scille om my forskate dingen yn de skoen to skouwen, dy ’t hielendal net yn myn bidoeling lizze en dos net fornommen hearre to wirden.

—Tajown, koe men freegje, det der ûnderskate oarsaken wierne, dy ’t jim’ twongen hâld oan eltsoar to siikjen, m. o. w. det dizze biweging rjocht op bistean hat, den mei foarwis dochs wol dizze frage dien wirde, eft it wol forstânnich wier dit jier derfor út to kiezen? Fen strymjende fleagen oanfallen, kreakje de pylders, kreaket it bynt fen it âld wirden en waer-oantaest Jeropeeske hûs; de lânnen hymje fen ynspanning, droech bliuwe de eagen fen foltsen, dy ’t sels it skriemen forlearden; en nou yn Fryslân, sok in miniatuer-lântsje, bidrige yet wol fen talrike tsjoede, mar machtige ynfloeden, in nije biweging fen jonge minsken, dy ’t moarn de dei oproppen wirde kinne om to striden en to stjerren for it lân, hwerta hja nou ienris bihearre? Under sokke omstânnichheden sok in biweging?

En myn andert is: sikersonk, just nou de biweging.

Hwent eltse dei det Fryslân wer mear biwend rekket yn de sleur fen it forline, sûnder det der minsken opsteane, dy ’t wytgjend wize nei herfoarming, is forlern net allinne, mar mei oanskreaun wirde as in ramp. En yn de jonge Friezen brûzet en skommet it sa by it oanskôgjen fen al dy yllinde, det der in uteringswize foun wirde moat: en ho hellet eltse dei it gefaer net oan det hja yn pleats fen de smelle fryske wei yn to slaen, bigeane de wide wei fen it Hollânsk, hwerfen men spitigernôch net sizze kin, det er laet nei it fordjer!

En yet is der eat, sa ienfâldich en sa dúdlik, det ik it sels neamen heard haw fen minsken, hwa ’t dochs net in djip-geand ynsjoch oer frysk-letterkindige saken taskreaun wirde kin: yn dizze dagen, det troch de mobilisaesje de jonge Friezen for in great diel oer it keningryk Nederlân forsiedde wirde, geane hjar eagen iepen for bilangrike forskynsels yn ’e wide wrâld, hwerfen hja eartiids it bistean nea net ealge hienen, en foarâl: fiele hja klearder as ea it moaije en lûkende fen de fryske groun mei syn romme mieden en wiksel-rike wolkenloften, en—de banaliteit bliuwt jimmer sa brûksum—wirdt de bân dêrmei yet binender en sterker.

—Mar, as dizze biweging goed gefolch hawwe scil en krêftige ynfloed op ús skriftenkennisse, lyk as nei ’t it bliken docht, dochs eigentlik hjar ljeafste doel is, den mei men foarsiker de oandacht der wolris op fêstigje, det hjar lieders en leden ek wis hwet men neamt, krêften wêze moatte?

En myn andert is, det dizze krêften der binne, det hja hjar wis, earnstich en deugdelik ûntwikkelje scille en det men fen hjarren op syn minst ridlik goed wirk, boppe de middelmiette fen ús fryske letterkinde steande, forwachtsje mei. Net lykwol kin men fen my fergje, det ik hjir in himelheech-priizgjende útwreiding bigjinne scil; it iennichste hwet ik as myn goed rjocht freegje, is det men myn opstellen yn de Ljouwerter Krante soarchfâldich neigean wol, en fierders moat ik, sûnder dizze kear eat to biwiizgjen, yn neifolging fen oaren fortrouwend forklearje: „Wachtsje ús dieden ôf!”

In inkelde sei my: „It mei jo bikend wêze det Friezen eltsoar om de nuverste lytsgeastichheden yn ’t hier fleane. Yn ’t miene sein, scil miskien in biweging wol mear ta stân bringe kinne as ien inkeld persoan... Mar dochs, scoe jou jonge biweging, al sizze jy det jy just mei ’t each dêrop fen in boun ef foriening neat witte wolle, net to neate gean kinne troch ynwindich mieningsskeel? Det scoe jo mar de moed, binimme.”

Woloan, frjeonen, hjirop is myn andert dit:

Det der in krêft is, dy ’t ús by eltsoar hâlde scil, sels al mochten de meast ûnderskate geastelike streamingen ûnder ús oanhing fine, dy ’t meitsje scil det wy by op ’t each ûnwitend-wide mieningsforskillen dochs in fen noegjende roazen sierde middenleane fine. Det de krêft bistiet, hwerfen men nei lange tiden fen ynwindige rûzje forwachte hie det hja fordwoun wier út ús lege lân, dat lijde troch brek oan ljocht. Det dizze krêft yn steat blike scil de skriklikste tsjinslaggen to oerwinnen, det hy machtiger is as de ljeafde ta it heitlân sels, det hy machtichst is ûnder alle ynfloeden, goede en tsjoede, omdet op him rêst de seine der goaden.

Us stipet de bitrouwende fryske frjeonskip.

Hwent wy, meistriders troch it lot, scille frjeonen wêze as troch eigen kar, lokkich priizgjend de rieslach fen ’e Nornen-sisters, dy ’t ús ta frjeonskip twong.

II.

Neidet ik yn myn earste haedstik, dat inkeld as ynlieding neamd en biskôge wirde wol, biwiizge haw, det like goed de omstânnichheden op steatkindich-stoffelik as op letterkindich-geastelik gebiet in nije oplibbing rjochtfirdigje, al jow ik foartdalik ta, det in biweging, dy ’t sokke bilangrike herfoarmings fordigenet, striid to weech bringe moat mei de mol-bline bihâldende partij, is my nou meiien de wei oanwiisd, dy ’t ik yn de neikommende haedstikken yn to slaen hawwe scil: ho fortretlik my it wird ek yn de earen klinkt, ik scil nou it program útwirkje moatte, dat wy ús tinke, it teffens taljochtsjend, hwer it bliken docht det soks nedich is, troch teikenjende bisûnderheden. De folkskinst-saek glimket my minlik ta, en om ’t ik njonkenlytsen foar ’t forstân bigjin to krijen det it foarâl dizze kwesje is, dy ’t in hopen kwea stiftet yn ús tael,—miskien wol mei, omdet út eangstme for de geast fen ’e heech-forneamde Omkes, eigentlik yet nimmen him sa dúdlik en iepen utere hat, det wy krigen in forhâlding fen bigjinsel neist, ef earder tsjin bigjinsel, ynpleats fen in ûnwis, op falske forearing en biwûndering rêstend gesach boppe in stúnjend, ûndúdlik, protteljend forset,—mien ik hjirmei bigjinne to moatten.

Ik liz der klam op, det yn it neikommende de sizwizen „folkskinst” en „persoanlike kinst” troch my yn in hwet oare bitsjutting brûkt wirde scille, as troch de bank deroan jown wirdt, en det men dizze ûnderskate bigripen ljeaver net troch eltsoar helje moat. Ta dizze lytse wiziging yn de biteikenis wird ik wol twongen, omdet ik oars jimmerwer yn pleats fen dizze maklik-koarte sizwizen forklearrings to jaen hie fen in pear rigels lang.

Under folkskinst forstean ik den yn dit forbân: de kinst, lyk as dizze fen skriuwers levere wirdt, dy ’t yn ’t earste plak by hjar sels freegje, hokker ynfloed hjar wirk op it hiele folk hawwe moat, en nei dizze frage biandere to hawwen, mei opset sin hjar skriften sa skriuwe, det nei minskelike birekkening de ynfloed op de folkslêzers tichte komt by de útwirking, dy ’t men winsket. De folkskinstner nimt dos opsettelik de skriuwtrant oan, dy tsjinstich is om syn wirk sa bikend mûlk to meitsjen, hy mei dit den dwaen út lytsgeastige earsucht ef om ’t er oertsjûge is, det er in wiere en suvere saek tsjinnet, hwerfor folle oanhing nedich liket. Under folkskinst forstean ik hjir dos net de kinst dy ’t opklinkt út it hert fen it folk sels.

En oard mien ik, as ik de sizwize persoanlike kinst brûk, de kinst dy ’t ûntstiet út ynlik-waerme, wier-twingende fieling, hwerby de kinstner allinne syn oandacht wijt oan de oandwaning, de utering dêrfen en hwet neffens syn ynsjên de suverste harmonije wêze scil twisken dizze beide, sûnder det op ’t egenblik fen skriuwen ef sjongen tocht wirdt oan ynfloed op bûtensteanders. De persoanlike kinstner giet dos út fen de opfetting det syn kinst yn ’t earste plak fen bilang wêze wol for de kinde fen it minskelik wêzen, en is fen bitinken, det sûnder de uteringswize to forleegjen en to forknoeijen, syn kinst dochs birikke scil de ljuwe, dy ’t er birikke wol, to sizzen: de minsken, dy ’t mei him yn ûntwikkeling en oanliz lyk steane ef dêrnei streevje. In persoanlik kinstner kin dos like folle, ja mear ynfloed útoefenje op in hiel folts as de folkskinstner, as hy fielt en tinkt lyk as de geast fen it hiele folts dat docht.

Dizze twa opfettings binne fensels fjouwerkant mei eltsoar yn striid; men kin dy beide hearskers net tagelyk tsjinje. Ear ’t de jong-fryske biweging hjar yn dit wirkje for ien fen beiden oppenearret, wolle wy efkes neigean ho ’t dizze striid yn de fryske letterkinde roun is, al scil sok in biskôging miskien hwet oan ’e bûtenkant bliuwe moatte, omdet it bistek fen dit boekje in wiidweidige en djippe bihânneling net talit; hjir kin dat punt allinne by de meast forneamden fen ús skriuwers ûndersocht wirde.

Ik rekkenje nou de skiednis fen ús letterkinde to bigjinnen yn de tiid det Gysbert Japiks de moed fynt, yn in tael, dy ’t men oan syn dagen ta biskôge hie as in wylde sprake, hweryn gjin taelkindige rigels en wetten to bikennen wierne en dy ’t algemien neamd waerd as in boerich-rûch dialekt, de forklanking fen syn ynlikst fielen en syn suverst tinken to bisiikjen. Ommers de wetten, lânsrjochten, kroniken, testaminten ensf. dy ’t yet ta it Ald-Frysk bihearre, hawwe foarsiker rike wirdij for de ûntwikkelingsrin for ús tael, mar sels de dreechste learde yn dizze skriften scil hopelik wol tajaen, det, mei de naïve, bernlike foarm eat hawwe, dat ús oanlûkt, dochs fen letterkindige wearde yn dit sakenwirk mar in bytsje to bikennen is. En dit kin like min tsjinspritsen wirde, det de Rymlerije fen Gysbert Japiks, ho folle moeite letter ek fryske folksmannen dien hawwe hjar lêzers wiis to meitsjen det dizze suverste fen ús dichters, hwaens wirk fortsjinnet neist dat fen Hooft neamd to wirden, eigentlik mar in tige gewoan folksrimeler wier—okkerdeis krige ik yet in boekje fen W. Dykstra yn hânnen, dat miskien in lytse blomlêzing forbylde moast en der ’t dizze it yn bistien hie, stikken út de Rymlerije ôfprintsje to litten neist minderwirdich wirk fen saneamde dichters, dy ’t nou lokkich frijwol forgetten binne—wol wis in samling is fen fersen, for in diel ûntstien omdet se sa opklonken yn it moed fen de dichter, en for in diel skreaun út ljeafde for de tael. Der kin gjin twivel bistean ef Gysbert Japiks scoe, as ien him forsocht hie bigrypliker to skriuwen, om fen mear deistige lêzers fette wirde to kinnen, dit field hawwe as in swiere mislediging for syn kinst; honear hy somlike minsken haegje woe mei syn wirk—ik tink oan in man as S. A. Gabbema—den wiernen it jimmer ljuwe, dy ’t mei him lyk stienen yn ûntwikkeling en djipte fen fielen, ef fen hwa ’t de dichter alteast miende, det soks it gefal wier. Syn dichten binne inkeld „út ljeafde for de tael ûndernommen” en nearne docht it bliken, det de skriuwer sels in oansjênlik tal lêzers forwachtet; yn dat gefal hie syn skriuwtrant hiel oars wêze moatten, hast hie ik sein: hie Gysbert Japiks gjin dichter wêze kinnen. Hwet Starter oanbilanget, miskien det men fen dizze mei rjocht sizze kin, det er by it skriuwen fen syn wirk in dúdlik byld fen syn fryske lêzers foar eagen hawn hat, en det men him dos biskildigje mei fen de folkskinst bioefene to hawwen, al bliuwt it fensels ek mûlk—howol it myn miening net is—, det Starter in lytse, machtleaze geast wier, dy ’t net better koe. Mar sels as men oannimt, det it him ynmoed wier de folkskinst to forrykjen, den scil men my dochs net ûntstride kinne, det dit in bigjin liket, dat wis net folle goeds for de heech priizge folkskinst ûnthjit: Starter neist Gysbert Japiks.

Oardel ieu folget, dy ’t wy rêstich ûnbispritsen litte kinne: de psalm biriming fen Althuysen kin net biskôge wirde, om ’t in oersetting, hwerby maklik eltse persoanlike opfetting op ’e eftergroun rekket, for ús doel gjin wearde hat en de oare skriften út dizze tsjustere tiden binne net bilangrikernôch om se hjir ien foar ien nei to gean.

De greate striid twisken persoanlike- en folkskinst bigjint mei foarse krêft earst yn de XIXde ieu, in striid dy ’t foarâl ek hjirom ús oandacht fortsjinnet, det ûnderskate foarmannen hjar net dúdlik rekkenskip jowe fen de saek, dy ’t se fordigenje, sims hjar sels tsjinsprekke, mei de mûle oare opfettings forkindigje as hwerfen hjar dieden bliken dogge, om den wer hâldfêst to siikjen oan de miening, dy ’t hja oars al lang as forâldere ôfsward hiene. Hjirtroch is de tizeboel ûntstien, dy ’t men tsjinwirdich gewoanlik de skiednis fen de fryske letterkinde yn de lêste hûndert jier neamt, det de machtige, alles oerhearskjende frage: persoanlike kinst ef folkskinst? nea net yn al syn krêft en suver dúdlik sjoen waerd, de lêzers net wisten hwet hja oan de skriuwers hienen, somlike skriuwers der net efter komme koenen hwet hja fen hjar broerren tinke moasten en om mei it nuverste to bisluten, fierwei de measte skriuwers gjin klearrichheit krigen oer hjar sels.[2]

[2] Men scil wiis dwaen mei foar eagen to hâlden, det as der yn it folgjende in rju ginstige ynfloed taskreaun wirdt oan in dichter ef proazaist, dit inkeld jildt yn forgeliking mei it algemien peil fen ús skriftenkennisse, sûnder det ik dermei sizze wol, det er wearde hie for de wiere, boppe folts en tael steande, kinst.

Dalik komme wy al to stean foar in frjemd en lêstich gefal, as wy sjogge ho ’t de broerren Halbertsma, fen hwa wy om hjarren gjin skande oan te dwaen, net oannimme meije det se hjar ynlikste fieling útspritsen hawwe yn de skriften, letter samle yn de „Rimen en Teltsjes” en dy ’t wol neamd wirde moatte as de lieders fen de folkskinst, faken, miskien omdet dizze kinst hjar op ’en dûr net foldwaen koe, hjar witte los to meitsjen fen it ivich en ûntreastelik tinken oan: ho ’t de lêzers tsjinoer hjar skriften stean scille, om efkes in pear persoanlike ferskes to skriuwen en den, as wiernen hja forheard en eang oer dizze skriklike forhevenheit, hjar wer deltommelje to litten yn de walchelike folkskinst-sompe. En binije kin it yen den net, det hjar persoanlike kinst meastentiids sa breklik en ûnfolslein is, det de namme dichter hjar ûnmûlk jown wirde mei, as men alteast earlik bliuwe wol, wylst hjar folkskinst, dy ’t men oars net bioardielje kin as nei de útwirking op de lêzers, om net to praten fen goedens en bêstens—hwent folkskinst easket oare wirdearringe—dochs ridlik sterk liket to wêzen. Mar, hwet for ús it bilangrykst is: hwet is it doel fen hjar bisiikjen, hwet stelle hja hjar foar to birikken mei hjar folkskinst? „Gewoan-minskelike earsucht wier it, dy ’t hjar ta skriuwen twong, en omdet hja eangen det hjar talinten for it Hollânsk to swak wierne, namen hja it Frysk for kar, dat yet gjin greate letterkinde hie, dy ’t de forstânnelike draechkrêft fen it folts net to boppe gyng, sadet hja dêr aerdich fêst op biwûndering rekkenje koenen,” hear ik tsjinwirdich faek sizzen; it is slim to wjerlizzen, mar dochs mien ik groun to hawwen in oare opfetting as earliker en binliker to fordigenjen: de Halberstma’s meije faek nearzige breklik skreaun hawwe, it hat hjar oprjochte bidoeling west de yndodde ljeafde for hjar tael by de Friezen wer wekker to meitsjen.

Mei der by de Halbertsma’s by riten twivel bistean, hokker wei hja ynslaen woenen ta lok fen de fryske taelbloei, en greate forwûndering hielendal to bigripen wêze, as in lêzer fen ús dagen nei min efte mear misselik wirden to wêzen fen somlike flauwiteiten-steapelingen yn de útdijde Lapekoer hommels komt to stean for in fers, hweryn dúdlik wirdt det der bisocht is ynlike fieling to uterjen, hwet wol mislearje moast omdet de oanbiddene folkskinst dochs in hwet forleegjende ynfloed liket to hawwen, fêst en rêstich stiet der tsjinoer de persoan fen Harmen Sytstra, op ien nei de greatste dichter yn hiel ús letterkinde en yn safier wy neigean kinne ek it heechst steand as man fen krêftich karakter, dichter fen ienfâldich-suvere fieling, dy ’t de earenamme „strider” wiswier fortsjinnet, en wol for alle kommende tiden yn Fryslân in noegjend foarbyld bliuwe scil. By him is twivel ûnmûlk: is twivel net in oertsjûgjend biwiis fen swakkens? Syn ljeafde for de tael, hwerfen hy de krêft en dos de bisibbens mei him sels trochfielt, is sa great, det hy, dy ’t ek hjiryn de earste is, ta it ynsjoch komt, det men allinne den yn útlânske kringen de binlike achting for ús sprake krije scil, hwennear dizze biwiiz’ge hat lûden en wirden to bisitten om de suverste fieling to forklankjen; dêrom is it, det hy der net oan tinke kin folkskinst, dat is: greate-bernekinst to jaen en sjongt hy hiel syn libben út, sûnder de humor, lyk as men it troch de bank neamt, fen de Halbertsma’s, mar sims yn sokke forheven, earnstige klanken, det wy, dy ’t mienden wiis to wêzen en wolwittend, fiele ús lytsens en ûnwit. Oan de ljuwe fen ús tiden, dy ’t hjar net skamje yn ’t iepenbier to sizzen det hja for ús fryske kinst Dokterom mear fen bilang achtsje as dizze forgetten dichter, doch ik it útstel yn it Ingelsk ris oer to setten somlike Regine-sangen en de Lapekoer; om ’t de dichterlike en bliuwende wearde fen in wirk nea net better oan ’t ljocht komt as by oersettings, scoenen wy sûnder mis den fen sokken út it lân oer ’e sé, dy ’t yn steat wiernen hjarren in suver oardiel to foarmjen, in miening to hearren krije, dy ’t net bjuster ginstich wier for de Halbertsma’s. En H. Sytstra is in tige persoanlik dichter.

Yn de rige fen de foarnaemste skriuwers heart de namme fen Tsjibbe Gearts net forswein to wirden, de frjeon fen ús allegearre, dy ’t gâns trefliker as de Halbertsma’s wist fen hokker aerd de humor is, dy ’t sikerwier djip leit yn de fryske folkssiele. Hy, de dichterlike proazeskriuwer en de proazayske dichter, dy’t fen it hiele libben in tige eigen opfetting biwarret en al hwet bart en foroaret yn ’e wrâld op bisûndere, op ’t each koartswilige, mar suvere wize sjocht en wit to teikenjen, tinkt der al like min as syn frjeon Sytstra oer, de maklike, sloppe folkskinst to bioefenjen;[3] docht it bliken, det syn skriften de Friezen better oansteane, den is det allinne hjirút to forklearjen det hy, dy ’t yn ûntwikkelens jimmer fier de mindere fen syn skerpe frjeon bleau, troch dit brek forhindere weard sa heech boppe de forstânskrêften fen it folts to rizen, as dizze yn steat wier to dwaen. Oer alles, hwet him de moeite wirdich tinkt, seit hy iepen lyk in bern, syn oprjochte miening, dy ’t faek yn ’t earst ús hwet bryk en nuver taliket, mar dy ’t by earlike biskôging dochs hiel hwet wizer blykt to wêzen as wy yn ’t bigjin wol leauwe woene; alles, hweroan hy niget hat, forhellet hy op sa’n bliere, ljochte wize, det wy, swier-tillende minsken fen de soargjende, oerweagjende en biskôgjende tweintichste ieu, ús lichter en rommer to moed fiele, as wy wylst de hjerstrein tikket tsjin skriemende finsters, wer bisletten hawwe syn samling „Ald en Nij” ris nei to slaen, in wirk fen hiel hwet kinstiger en biskaefder ynhâld as de faek rouwe „Rimen en Teltsjes”. En Tsjibbe Gearts is in persoanlik-dichterlik skriuwer.

[3] Inkelde aerdige en krekte dingen, dêr ’t men wol jerne mear fen witte woe, seit dizze skriuwer yn syn „In healûre yn ’e Skimerjoun”: sj. Ald en Nij, dl. I, s. 82.

Neist him mei as oarspronkelik en puntich forheller-biskôger neamd wirde de hear C. Wielsma, de iennichste humoristyske, ef hjir earder koartswilige skriuwer, dy ’t ús oerbleaun is fen it alear sa greate tal. It sterker ef swakker didaktysk karakter, dat it eigenaerdige, sims sels it foarnaemste is yn syn measte stikken, scoe him al bilette de folkskinst to bioefenjen, omdet dizze net folle romte jowt oan persoanlike opfettings, ef hja moatte mei opset sin al sa forknoeid en forwrongen wêze, det hja wierlik ynslagge omdet hja mei soarchfâldige birekkening spritsen binne nei it herte fen it folts. Mar mei sok in minderwirdige skriuwersrêdsumens is lokkich de hear Wielsma—yn safier ik in eigen oardiel foarmje mei oer syn wirk, hwerfen it my moeit sizze to moatten, det ik it net allegear lêzen haw, om ’t it my oant nou ta ûnmûlk wier syn forsprate bydragen yn de Ljouwerter Krante machtich to wirden—nea net to wirk gien; as man fen wier-heechsteand karakter hat hy hwet „om him hinne” barde, dúdlik útteikene, faken efkes goedmienend útlake en sims mei glimkjend antlit pript yn syn puntige wirden. De foarm fen syn wirk mocht ienfâldich-bifettelik wêze, hwet maklik to forklearjen is út syn eigen aerd, dat rjocht op it doel ôfgiet sûnder in oermiettige opheapping fen wirden, dy ’t allinne it kleare minder dúdlik meitsje,—foarâl de ynhâld, de geast fen syn stikken tsjûget krêftigernôch fen in tige persoanlike libbensopfetting, om fêst to stellen, det Wielsma persoanlike kinst joech.

En det persoanlike kinst, al hâldt se hjar nea op mei fyn-biskôgjend en oerweagjend nei to gean eft hjar utering wol sterkernôch is ef om de lêzers oan ’t laitsjen ef oan ’t trieneagjen to krijen, dochs greate ynfloed hawwe kin op it geastelik fielen en de letterkindige ûntwikkeling fen hiel in kinst-earm folk—fornoegjend forskynsel dit, omdet men der aerdich wis út ôfliede mei, det yn lektuer de kliber like goed opkliuwe kin nei de hichte fen de skriuwer, as de dichter him forleegje ta de fieling fen it folk—dit wirdt wer oertsjûgjend biwiiz’ge troch de treflike útwirking, dy ’t de Rispinge fen Piter Jelles hie op de fryske lêzers. En grif jowt it moed oan de ljuwe, dy ’t de saek fen de persoanlike kinst fordigenje, det men fen dit wirk nearne sizzen heard hat, det de ynhâld to dreech wier en de tinzen, yn krêftige, sims foarse en sims stil-dreamende fersen forklanke, nea net to heech gyngen for de fettingskrêft fen de lêzers; wis, it „Frysk bloed, tsjoch op!” klinkt yette yn ear-forskûrrende meldijen oer ús lege lânsdouwen, en folle oare sjongsume en stroffelige lieten steane yet heech yn de achting fen ús lânsljuwe, mar men mei bitwivelje eft der ûnder hiel dizze klanken-chaos ien sang is, dy ’t mei mear wijïng en stille nocht songen wirdt as „Oan ’e kant fen ’e mar”, it fers dat tagelyk—hege útsûndering ûnder de fryske poëzije fen de lêste tritich jier—de meast strang-krityske bioardieling lokkich trochstean kin. For it hiele fryske jongfolk, de ûnthjittende feinten binammen scil sûnder twivel de Rispinge, just omdet dizze samling yn alles it krekte, soarchfâldich-útwirke byld is fen in heech-minskelik fielingslibben, bliuwe it hearlikste „confiteor”, de suverste forklanking fen in krêftige libbensoertsjûging en de striid, nedich om dizze hichte to birikken. By Piter Jelles merkbite wy fierders de treastlike bisûnderheit, det, mei de folkskinst syn forleegjende ynfloed twingend útoefenje hwennear in skriuwer, dy ’t hjar hildiget as it heechste, bisiket for de aerdichheit ek ris in rymke to skriuwen, dat wjerspegelet de oandwaning fen eigen moed, de persoanlike kinst, sels hwennear de dichter fielt det it nedich wêze koe syn utering for in egenblik yn safier gewelt oan to dwaen, det dizze de lêzer ienfâldiger en bigrypliker yn de earen klinke scil, dochs yet oan dizze twongen utering in haegjend en suver lûd wit mei to dielen. Ik wiis hjir op it greate forskeel, dat yen opfalt as de skriuwer fen „Mostert nei de Mieltiid” hommels bisiket him dichterlik to uterjen yn „de Blide Bernkes” en as de dichter fen „de Striid om it Heechste” in fers skriuwt as „de Priisfraech”, dat howol bidoeld as folksrym dochs bleaun is in haechlik dicht. Wer reauntsje ik myn refrein: en Piter Jelles bioefen’t de persoanlike dichtkinst.

In skriuwer dy ’t neamd wirde moat, net omdet hy de brede lagen fen it folk wist to birikken, mar mear om de wier-dichterlike wearde fen syn wirk, hweryn de stimmichste ienfâld syn doel liket to wêzen, is sûnder twivel Dr. Schepers; ho ’t men der elts egenblik ek klam oplizze mei det yn syn fersen greate technyske en taelkindige brekken foarkomme—ik wol oannimme, det dizze ûnginstige miening net ûnder ynfloed fen oerginst foarme is—dochs bliuwt it fêst, det syn dichten for de letterkindige skiednis fen ús tael fen ’t measte bilang binne. Hwent hy is it, dy ’t as men oardielje mei nei it foarwird yn syn „Gedichten” it earst merkbyt, det in striid twisken folkskinst en persoanlike kinst geande is, en mei it each dêrop de jonge skriuwers oanret, yn hjar wirk hjar inerlikst fielen op suver-ienfâldige wize to uterjen; den, sa liket it him ta, en ik moat my tige forsinne, ef syn miening is: den allinne, scille wy in letterkinde krije, hwerop men greatsk wêze mei. Hwerom ik persoanlik greate biwûndering haw for syn fersen en fen bitinken bin, det dizze frij hwet mear wirdearringe fortsjinje, as men hjar gewoanlik mei in heech-foarnaem glimke wol takenne wol, foreasket in brede forklearring, hwerby ik oer forskate dingen útwreidzje moat, en hwerfor yn dit wirkje dos gjin romte is. Ljuwe, dy ’t hjiryn bilang stelle, fêstigje ik de oandacht op myn stúdzje „Dr. Schepers” yn de opstelle-rige „Fryslâns dichters” dy ’t mei gauwens wol yn’e Ljouwerter forskine scil; nou kin ik allinne as myn miening útsprekke, det minsken, dy ’t genôch stúdzje makke hawwe fen de fryske skriften om in binlik en rjochtfirdich oardiel oer dizze saek to uterjen, it njonkenlytsen hjiroer dochs wol iens wirden binne, det dr. Schepers, ho freeslik syn taelkindige sounen den ek wêze meije, as dichter wol wis achte heart to wirden; wol mei de wrâld forwûndere wêze, det sels de hear Hof—ik mien hjirmei fensels hielendal net to sizzen, det dizze rjocht hat op de namme kritikus, yn de biteikenis fen bioardieler mei de easken, dy ’t ik hjir boppe útspriek—it forbûke Fryslân meidield hat, it hjirmei iens to wêzen! En nou ’t ik dos, út namme fen Fryslâns bêste skriuwers, Dr. Schepers hjir wolfortsjinne hilde as dichter bringe mei, scil nimmen it my ûntstride kinne, det ek hy ús persoanlike dichtkinst joech.

Dizze koarte bisprekking fen somliken fen ús foarnaemste en meast to wirdearjen skriuwers wol hielendal net oansjoen wirde for de meidieling fen in folslein en wiidweidich ûndersiik, al jow ik ta det sok soarchfâldich neigean tige bifoarderlik wêze scoe for de klearrichheit oer ús letterkinde; as men lykwol de útkomsten, hjir boppe oantsjut, neigiet, den kin it hast net oars ef men moat wol tige forwûndere wêze to sjên, det de bêste fryske skriuwers hjar, op de Halberstma’s nei—fen hwaens wirken de treflikens yn de lêste tiden wer danich yn kiif steld wirdt, al forjit men dêrby neffens myn miening al to folle, det men foarâl dizze skriuwers to bioardieljen hat yn ’t ljocht fen hjar tiid—gjin fen allen bikeard hawwe ta it bigjinsel, det men yen yn sok in trant uterje moat, det it greatste diel fen it fryske folts yn steat is ek to fetsjen, hwet hja lêze. To nuverder liket den it forskynsel, det de folkskinst, ho ’n bytsje den ek bioefene en ho skoudere fen de trefliksten, sûnder det dizzen it meast yn wirden uteren, dochs it biwiiz’gjend mei de die, to sizzen it skriuwen en dichtsjen fen persoanlik kinst-wirk, op ’en dûr dochs net bilies hoechde to jaen, mar it sels sa fier wist to bringen det hja net sûnder rjocht der op romje koe, in folsleine oerwinning bihelle to hawwen. Ho dit to forklearjen? Ik scil bisiikje de lêzer nou wer wei to lieden út de riedseleftige en geheimige doalhôf, hweryn ik him moedwillich brocht haw, om to meitsjen, det er, nou ’t er it ljocht in skoft net mear yn syn stoere krêft field hat en dos der wer nei bigjint to langjen, de strielen en hjar seine better wirdearje scil; mar mocht der immen in útgong sjên, dy ’t hy oannimmeliker wit to meitsjen, wis, dy scil fen my net oantaest wirde.

Om to bigjinnen mei men den in ridlik krêftige ynfloed oannimme fen de toanielisten, skriuwers, dy ’t der wol op oanwiisd wiernen alteast hjar stoffe sa to bihânneljen det it fierwei it greatste diel fen ús folk net slim wêze scoe, hjar yn hjar utering to folgjen, hwermei ik lykwol hielendal net sein haw, det dizze minsken hjar tinzen forlege hawwe en de eigen fieling binommen oan hjar stikken, inkeld om dizze genietliker to meitsjen for it greate folts. Mar howol it for de harkers sadwaende minder maklik waerd yn selsfoarme miening, goede kinst fen minderwirdige to ûnderskieden troch it forskeel yn uteringskrêft nei to gean, dochs giet it net oan hjarren de skild fen de ûnsillige folkskinst-oerwinning hielendal yn de skoen to skouwen.

It mei bikend wêze det yn eltse striid, op geastelik like goed as op stoffelik gebiet, de measte skea oan in partij faken tabrocht wirdt, net troch de fijân, mar fen minsken fen hwa ’t men forwachte hie, det se neist yen stean scoene, dy ’t dit miskien ek wol miene to dwaen, mar bliken jaende yens saek op sleauwe ef forkearde wizânsje to fordigenjen, de fijân wolkomme gelegenheit jowe syn ljeafste foarnimmens út to fieren. Sa gyng it ús persoanlike dichtkinst yn ’t bigjin fen de XXste ieu do ’t hja, mienend in krêftich meistrider yn to heljen, fen hwaens wirk men folle fortuten forwachte, yn it tal fen hjar fordigeners taliet in man, dy ’t op sok in nuvere wize mei syn sjittersark omgyng, det forskate fen de wolmienende minsken, dy ’t him sa minlik oanglimke hiene, swier woune waerden, sûnder mear út to finen hwa ’t de pylk op hjar ôfsketten hie. It wirk fen de oer it hynsder, ja, ta de stjerren tilde rimeler Jan fen ’e Gaestmar hat—binammen Klankboarne en Drankjes—ús fryske tael-biweging sok in pynlike skea dien, det wy hoopje det hy hjir op ierde yet lang tahâlde mei, fordet er, foar nei de ivige ôfgroun fen it forjit forstaet to wirden, yet gelegenheit krije scil goed to meitsjen, hwet er sa grouwelich fordoarn hat. Ik neam hjir mei de measte klam Jan fen ’e Gaestmar in rimeler, en men wit det ik dizze kwaliflkaesje nea net mei de namme dichter forsin; mocht immen, dy ’t dit kritysk oardiel lêst, achtsje det it nedich is hwet ik yn ’t iepenbier sein haw, teffens yn ’t iepenbier to biwiiz’gjen, ik noegje him minlik út my dit bitinken meidiele to wollen, en ik scil hem net in moanne op biwiis wachtsje litte[4] for myn sizzen, det yn hiel de Klankboarne, miskien ien inkeld fers útsûndere, gjin dichten to bikennen binne hweryn in suver-fielende siele sjongt; mar wol rymstikken dy ’t deselde yndruk meitsje as in neargeastich geramt, dêr ’t men om derfor to soargjen, det in maklik-oandien minske gjin to felle skrik krijt, in tweintich-ieusk kostuem om hongen hat. It brûken fen in hopen forâldere wirden, dy ’t op ús gjin oare yndruk mear meitsje, as det se ús kinstich socht, net oprjocht en deadsk talykje, brocht, lyk as to forklearjen is, in great diel fen tinkend Fryslân yn opstân en hie ta gefolch, det forskate minsken, dy ’t gjin klear ynsjoch yn de saek hiene, tochten det persoanlike kinst út hjar sels ûnbigryplik wêze moast en for de fryske sprake dos mear lok to wachtsjen wier fen folkskinst, wylst ljuwe dy ’t yn steat wierne to bigripen, ho’n bytsje wiere fieling to finen wier yn dizze opheappings fen rou-klinkende rombom, hjar wer bikearden ta hjar âlde opfetting, det it Frysk minderwirdige boustoffe wier for poëzije en allinne brûkt wirde koe for koartswyl en humor fen fortocht soarte. Sa jerne scoe ik mei oaren leauwe wolle, det Jan fen ’e Gaestmar noutiids sels ek ynseach, hok in jeugdsoune syn Klankboarne is, mar my tinkt det út somlike plakken fen syn lêste skriften ôflaet wirde mei ho ’t er sels yet fen bitinken bliuwt, det dizze samling him forgoed plak jowt ûnder de greatste fryske dichters. Mei de hear Wumkes winskje wy him net mear op it stikelfjild fen de taelwittenskip oan ’t skarreljen to sjên (men forhellet, det er it tsjinwirdich oerjown hat, him der in paed op to meitsjen, mar ’t om ’t it syn hillichste ljeafde liket to wêzen, hwerfen er, ho húnsk ek bihânnele, dochs gjin ôfskie nimme kin, der kronkeljende hoalen yn graeft), dôch like min is it ús in swiid geniet, him to finen op de glêdde iisflier der poëzije, hwer ’t er sokke nuvere sprongen en evolúsjes makket, det wy, wend ús minskeljeafde lang to biwarjen, tûzen noeden útstean det er yet ris in skonk brekke scil. Us ljeafste winsk is, út syn mûle yette de forklearring to hearren, det er fen nijs oan bigjinne scoe en nou ienfâldige lietkes skriuwe, hweryn neat foarkomt, dat liket op in opsettelike miette-foroaring, om in stjerrende kening prate to litten yn hexameters-mei-foarslach, rigels dy ’t in soun minske sels hast net útbringe kin; wy fen ús kant wolle den ûnthjitte, ús oardiel yn ’t earst net op ûnnedich strange wize to uterjen.

[4] Sûnt ik dit skreau, waerd de saek yet hiel hwet ienfâldiger, om ’t ik nou forwize kin nei myn artikels oer it wirk fen Jan fen ’e Gaestmar, dy ’t yn ’e Sneinsblêdden fen ’e Ljouwter Krante fen 27 Maert, 24 April, 5 Juny en 3 July dit jier (1915) plak foun hawwe.

En dochs: sels troch de skriuwerij fen de kinst-earme Gaestmarder Hear is de forwûnderjende oerwinning fen de folkskinst net to forklearjen; dêrfor moat ik de namme neame, dy’t eltsenien al lang forwachte hie yn myn koarte biskôging oer de foarnaemste fryske skriuwers: Waling Dykstra. It gefal fen dizze forneamde forheller en taelkindige is wol sa bûtenwenstich, det it de moeite leannet der efkes langer by to toevjen.

Men mei oannimme det de jonge Dykstra, do ’t er him yet net ûntwikkele hie op de net ûnfortsjinstlike wize, dy ’t wy letter yn him earje moatte, yn it bigjin fen syn skriuwen, do ’t er sûnder twivel tige ûnder ynfloed stie fen de Lapekoer, net yn steat wier eat oars to leverjen as kinst, dy troch it greate folk, hwerfen er do sels yet diel útmakke, sûnder ynspanning to fetsjen en to folgjen wier. Lykwol stiet it fêst, det er yn letter dagen, do ’t er him dochs wol hwet kinde forgearre hawwe scil oer treflike skriften, ek fen oare folken, do ’t fierders syn uterjen tanimme moast yn krêft en biteikenis, en hy de djippe fieling yn de dichten fen H. Sytstra wirdearjen learde, faken bisocht hawwe moat, wirk to skriuwen fen mear geastlike biteikenis, fersen dy tsûgen fen suverder fielen. Syn earste stikjes wiernen, hwet boppe fen my neamd is persoanlike kinst; dos moast men wol forwachtsje, det do ’t de persoan him ûntwikkele en syn tinken tanaem yn djipte, dit ek to merkbiten wêze scoe oan syn wirk, sadet dit, it mocht den fierders maklik for it folk to fetsjen wêze ef net, bliuwe scoe de wjerspegeling fen syn eigen fielen, sûnder det er fierders in dúdlike foarstelling hie fen de yndruk, dy ’t it op de ûnderskate lêzers meitsje moast. Dochs is dit net bard; yn letter tiden hat Dykstra him jimmerwer forklearre for de folkskinst, jimmer herhelle det men sa skriuwe moast, det de measte lêzers net to bek skrilje koene for lêstige uteringswizen, en sels it foarbyld jown. Wol komt de minske Dykstra dúdliker út as hy teltsjes skriuwt dy tsjinstich wêze moatte om de reformearde opfettings bilachelik to meitsjen, mar dochs, hok in wiid forskeel mei de didaktikus Wielsma! Wylst de lêste syn snedige setten al op ’t pompier hat ear ’t er him der sels rekkenskip fen jowt, sels earst glimket om syn wirden, sûnder to wachtsjen op it laitsjen fen oaren, waerd der—it docht bliken oan alles—fen Dykstra earst frege: scil it sa ynslaen, de yndruk meibringe, dy ’t ik meitse wol? In treflik biwiis hjirfor fynt men, as men de opgong fen de skriften fen Dykstra ris forgeliket by de bidêste, mar dêrom net minder oprjocht-miende hilde oan de Grouster master tawijd for syn bizige wirkjes; en dochs is dit net to forklearjen mei to sizzen, det dit sa kaem, om ’t Dykstra folle mear skreau—hwent neidet hy safolle skreaun hie as master Wielsma oant nou ta, wier syn ynfloed by de Friezen al gâns greater—noch jowt men der in goede útliz oan, as men úthâldt, det it talint fen Dykstra greater wier—ommers troch net ien kin soks sein wirde, dy ’t stúdzje makke fen beide ljuwe’ wirken—en likemin mei as wier oannomd wirde, det it sin fen Dykstra frysker bleaun wier as det fen Wielsma, noch det de ûntwikkeling fen Dykstra minder wier as dy fen Wielsma, sadet de skriften fen de lêsten as fensels minder maklik to folgjen wiernen; de iennichste forklearing kin wêze, det de Holwerter him sels twong to skriuwen lyk as it folk det it ljeafst hearde, wylst de Grouster skreau om glimkje to kinnen en sels ta klearder ynsjoch to kommen.

En wer freegje ik, lyk as by de Halbertsma’s, hwet dochs wol de reden for Dykstra wier om de folkskinst to bioefenjen, en faeks seit nou wol nimmen: om persoanlike earsucht, hwent dizze skriuwer bleau altyd in wier stânfries, fij fen alle persoans oanbidding (tinkt der tsjinwirdich den nimmen oan, det in tinkstien, lyk as men fen doel is for him op to rjochtsjen, hielendal yngiet tsjin de geast fen dizze skriuwer, ef hat men for syn inerlikst wêzen alle earbied forlern?); mar ien andert is hjir mûlk: hy skreau wiswier lyk it folk it ljeafst seach, om folle frjeonen to biwarjen for de tael; syn doel wier lyk as ik langlêsten earne dúdlik en ienfâldich wier lies: it Frysk to meitsjen ta folkseigendom. Troch syn ynfloed bihelle de folkskinst sok in forbjusterjende, howol net bliuwende, oerwinning.

Gearfetsjende bifine wy, det alle skriuwers dy ’t yn ús letterkinde fen great bilang binne, hjar forklearre hawwe for de persoanlike kinst, wier it net altyd yn dúdlike wirden, dy ’t gjin twivel oerlieten, den dochs mei de die, útnommen allinne de Halbertsma’s en Waling Dykstra, dy ’t de folkskinst bioefenen út ljeafde for de tael, hwerfor men wol in wird fen wirdearring oer hawwe mei, as men bitinkt ho ’t derfor faek nedich is de hillichste en ljeafste eigen fieling oan kant to skouwen. Yn de hiele njoggentjinde ieu hawwe wy neist elkoar hawn dizze beide bigjinsels, hwerfen men ek nou en letter ûnmûlk ien fen beiden foartbanne kin, sûnder de tael sels greate skea to dwaen. Hwent troch de folkskinst wei to reagjen scil de tael gjin folkseigendom bliuwe kinne, en hja scil net mei eare neist hjar sisters neamd wirde kinne, as men it persoanlik uterjen tsjingiet.

Hjirút folget

1o. det it ûnbinlik is de gefolgen fen de greate folkskinstoerwinning to bistindigjen;

2o. det de persoanlike kinst wer heart to kommen yn ’t bisit fen al hjar rjochten;

3o. det lykwol de folkskinst net hielendal forwaerloazge wirde mei.

Men mei wol betinke, det de tastân by it Frysk hiel oars is as by de haedtalen, hwer men for ’t bihâld fen de sprake gjin soargen hoecht to hawwen, op syn heechst tasjoen wirde moat, det de suverens fen tael net to lijen had ûnder frjemde ynfloed en dos de folkskinst hielendal net nedich is. En ek wy scoene hjar net fen neden hawwe, as ús tael net sok in swiere striid om hjar bistean út to fjochtsen hie mei it Hollânsk, sadet wy reden hawwe to bislúten, det wylst de persoanlike kinst nea en nearne ûntbrekke mei, as in sprake der op stiet for folslein oansjoen to wirden, de folkskinst ûnder ginstige omstânnichheden tige skoan mist wirde kin en det men de earste neame mei ivich-bliuwend, de twadde lykwol mar tidelik, det dos

4o. de folkskinst minderwirdich is oan de persoanlike kinst.

Biskôgje wy dizze fjouwer wierheden, lyk as ik dy hopelik foldwaende biwiiz’ge haw, yn it ljocht fen ús frysk-letterkindige skiednis, dy ’t hjir boppe yn tige algemiene wirden bispritsen waerd, den bifine wy det, howol de trije earsten hielendal oerien komme mei de geast, dy ’t yn dizze skiednis hearsket, de fjirde, ho nuver it ek liket, frijwol nij is, sa det men oannimme mei, det hjirtroch hiel oare tastânnen berne wirde. Dit is den ek wezentlik it gefal.

Ta bislút fen dit haedstik wol ik yet oer myn twa earste stellingen, dy ’t hjirop delkomme det de folkskinst oan ynfloed biheart to forliezen en as gefolch dêrfen de persoanlike yn krêften to winnen, in pear opmerkings meitsje, dy ’t al kin ik der net oer útwreidzje, dochs net oerslein wirde meije.

Men scil ynsjên det de forhâlding twisken dizze twa bigjinsels net wirdt lyk hja heart to wêzen, as men út skrutelens der tsjin oan sjocht om dizze saek biret oan to fetsjen, alles oan de takomst oerlittend yn moedleaze miening, det it dochs fensels wol torjochte komme scil. Hwet easke wirdt fen elts, dy ’t ljeafde fielt for ús tael en net sjên wol, det wy skielk, as wy bigjinne to bisiikjen yn Hollân bilangstelling for en binlik oardiel oer ús saek to krijen, en lyk as wy fen doel binne, in birop dogge op de Ingelske taelkindigen, faeks op it hiele ingelske folts, om net ûnforskillich oan to sjên, det in sistersprake forlern giet, hweryn in stamme petearret, dy yet krêftich fielt for hjar greate broerren oan de oare ich fen de Noardsé, in rampsillich stilswijen biwarje moatte, as men ús freget eft us tael al dy moeite en ynspanning wol wirdich is, kin allinne dit wêze: mei to wirkjen, det ús persoanlike kinst wer de troane bikliuwe kin, dy ’t hjar neffens de rin fen hiel ús letterkindige skiednis takomt, de persoanlike kinst, mar den lottere troch hjar striid en krêftiger, gelegenheit kriget hjar wer sa to ûntwikkeljen, det hja wirk ta stân bringt fen ivich-bliuwende wirdij.

Dit heart ús doel to wêzen—en wy, jonge Friezen dy ’t fiele en witte, det der hwet souns yn ús libbet, dat ho machtleas syn utering noutiids sims yet wêze mei, dochs nei in stikmannich jierren sa taninime scil yn bloei-krêft, det ús wirk to wirdearjen wêze scil en to genietsjen—wy sjogge roun nei in fikse, warbere stipe, dy ’t ús oanmoedigjend seit fierder to gean as wy wirk leverje, dat ús tael gjin skande docht, en as wy omtoarkje yn fortretlike dize, ús wiist in ljochte wei. Mar alderearst wier nedich in gelegenheit, hwer ’t wy ús ynlikste fielen, mei it den ek wêze yn ’t earst yn faek ûnfolsleine foarm, frij útsprekke koenen, en moast men ús binimme de twang ûnderhearrich om romte to forsiikjen yn in blêd, hweryn wy ús net thúsfiele en dat, prieljend mei in findel hweryn forneamde mannen en nommele skriuwers hjar bliuwende namme opnimme lieten, deroan ûntrou waerd en syn gammel bistean fierder libbet as in hún en mislediging for ús tael.

De greatste tsjinst, dy ’t it Selskip for fryske tael en skriftenkennisse de twa saken, hwerfor it him, nei ’t syn namme seit, to skoar set, noutiids biwiizgje koe, wier op myn forsiik to bisluten ta útjefte fen in Wykblêd, en dit net by in ienfâldich bislút to litten, mar nou einlings en to ’n lêsten ris moedich troch to setten, mei „Sljucht en Rjucht” en dêrtroch de dekadinte Halbertsma-Dykstra-skoalle de liedende posysje to binimmen.

III.

Mei ien inkelde die, hwerfor de tiden sa njonkenlytsen wis wol ryp wirden binne, scil men dos útfier jaen kinne oan hwet fêst lein waerd yn de twa earste gearfettings, op in wize dy ’t yn ’t bilang is fen de fryske skriftenkennisse en sadwaende ek fen hiel ús folts, hwerfen it bistean ûnmûlk de dea fen de sprake oerlibje kin. En mocht it ris safier komme—mar wy scille goed dwaen der nou yet net op to bitrouwen—det wy ús lokkich neame koenen troch sok in forskaet fen persoanlike kinst, det dizze ljuwe mei it meast forskillend fielen en tinken birikke koe, en forgoed ta hjar biwûnderers meitsje, wy scoene den gjin folkskinst mear fen neden hawwe, en dizze as in bihelp hwerfen wy al lang it ûnbihaechlike ûnderfounen, sadet it ús einlings in wearze waerd, gerêst bistride, ef ljeaver forjitte kinne. Mar it liket der net nei, det dit mei koartens barre kin, hwent sels de iennichste persoanlike dichter, dy ’t in great diel fen it folts ta oprjocht en ienfâldich meifielen wist to bringen (Pieter Jelles) swijt en biskôget faeks de ûntwikkeling fen syn dichterlike opfettings mei de taheakke fen 1909 as ôfroun; en yn safier ik op ’t egenblik de fryske letterkinde fen de alderlêste jierren bistudearre haw, leau ik frij sizze to kinnen det in opfolger, dy ’t de oandacht fen ek mar in lyts diel fen it folk for him wist to winnen, him yet net hearre liet. Tajown moat wirde, det de omstânnichheden, hwerûnder de fersen fen Pieter Jelles op ’e nij yn ’t locht jown waerden, bûtenwenstige ginstich wierne: ommers de biwûndering for de steatsman makke de bilangstelling for syn dichten krêftiger, en troch it genietsjen fen de Rispinge riisde yet de achting for de politikus. Ho forkeard scoe it dos fen ús wêze, as wy, ús blynstoarjend op de rykdom dy ’t de persoanlike kinst faeks folgjende jierren oanbringt, noutiids wylst wy sjogge, det gjin inkeld persoanlik dichter yet it herte fen in oansjênlik tal lêzers to stimmen wist ta meifielen, forgeaten derfor to soargjen det de tael, dy ’t as folkseigendom dochs al sok in faei libben laet, ek as sadanich yn wêzen bleau! Dos wolle wy wer oandacht jaen oan ús minlike folkskinst.

Yn it foarich haedstik haw ik as myn bitinken utere en sa folle mûlk biwiizgjend taljochte, det ommers de folkskinst net hielendal forwaerloazge wirde mei, mar det hja dochs minderweardich oan ’e persoanlike kinst bliuwt. It liket sa op it each, det dizze beide wierheden in nuvere, net bjuster haechlike tastân to weech bringe scille: hja, dy ’t it bigjinsel fen persoanlike kinst mei de die fordigenje, scoenen jimmer mei meilydsum glimke delskôgje op him, dy ’t sasein út ljeafde for de tael en om dizze krêftiger libben ta to foegjen, mar sûnder twivel yn wierheit út brek oan sterk-persoanlike fieling, de folkskinst, wier it den ek mei tawijing, bioefene. En om ’t it al ringen bliken dwaen scoe, det de wiere dichters dy ’t for de eare fen de sprake soargje, wylst de oaren mear noed steane fen hjar krêften, ûnfordildich wirde moasten by it lêzen fen rimelderij, hweryn hja allinne mar in bisiikjen sjên kinne om by it folts alle langstme nei heger geastelik libben to deadzjen, scoenen nei minskelike birekkening wûnder-healslachtige kritiken fen dizze kinstners it gefolch wêze, hweryn hja twongen waerden, twiveljend twisken langstme om de minderweardigens fen de folkskinst yn skerpe en stikelige wirden ta to ljochtsjen, en de eangstme, skea to dwaen oan de libbensformogens fen de tael, hinne en wer drifke wirde scoenen as in skip sûnder stjûr. Dochs scille wy it hjiroer allegearre wol iens wêze, det wy yn de lêste jierren al mear as genôch striid op frysk-letterkindich fjild bilibbe hawwe, en det it heech tiid wirdt om in ein to meitsjen oan dy ivige bitizing en ûnbinlike ôfbrekking fen it wirk fen oaren, dy ’t noflik noch nuttich neamd wirde mei. Socht scil dos wirde moatte nei in modus vivendi, sadet de folkskinst yn wêzen bliuwe kin, sûnder dochs sa leech to stean yn gehalte, det hja ta skande is for de fryske sprake.

Under de forskate genre’s, dy ’t yn it Frysk oant nou fiersto min bioefene waerden, it mei den wêze omdet wy yet nea skriuwers hawn hawwe mei krêftich talint derfor, hwet men, as neigien wirdt ho ’t it yn ’e fryske folksaerd leit, eltse saek earst soarchfaldich en earnstich to biskôgjen, ear ’t men tawird ef goedkarring útsprekt, net bêst oannimme kin, ef omdet it genre op him sels rju lêstich is en hiel hwet stúdzje foreasket, moat fêst neamd wirde dat fen kritysk kinstproaze. Ik wol tige bêst tajaen, det sok wirk, omdet it faken oansjoen wirdt for droech en toar, en sels yn ’e rop stiet fen slim to genietsjen to wêzen, hielendal net in rom tal lêzers forwachtsje mei, sadet it my ek neat gjin nij docht, det yet gjin skriuwer it bistie sok in samling proaze to jaen, hwerfor tinkelik ek net maklik in útjower to finen wêze scoe;—mar dochs bihearde men yn to sjên, det saeklike, ûnpartidige, mar foarâl net oan ’e bûtenkant bliuwende kritiken fen greate opfiedende krêft binne for de skriuwers, binammen by sokken ûnder ’e jongeren, dy ’t yet in eigen paed to siikjen hawwe en langjend rountaeste nei hâld. Det it in tige ûntankber wirkje is, omdet yens bêste frjeonen faken blyk jowe net yn to sjên, det hwennear men twongen is hjar wirk minder ginstich to bioardieljen, men jimmeroan allinne it each hat op de kinstner, en nea de minske sels to nei komme wol, en men sa sels mear fijânnen kriget as men op ’en dûr yn steat wêze scil to bistriden, wylst mar in himpen tal lêzers komt ta wirdearringe for de sakelike geast en de moedich-stoere wirden, scil fen my net ûntstriden wirde; mar swierder as dit alles heart dochs to weagen it bilang fen de tael, dy ’t men tsjinje wol nei yens krêften, dat mei klam easket oprjochte en binlike kritiken, om sa einlings ta klearrichheit to kommen oer saken, dy ’t kwea stiftsje en de tastân yet heisliker meitsje, salang oer hjar allinne in dizige twivel bistiet. Seagen wy net oan it âlder slachte yn ús letterkinde, ho ’t sels de bêsten en moedichsten, by it brek oan krityk, bitiisd reitsje yn hjar eigen opfettings, den hjar dêr al fêster en fêster yn biwoelje, sadet de koarde troch to snijen lyk stean scoe mei it tabringen fen swiere wounen? Yn alle talen is krityk in kinstgenre, dat net mist wirde mei, omdet de lêzers, dy ’t it sûnder twivel tige drok hawwe, sadet fêst wol nimmen fen hjar fergje doar sa lang troch to tinken, det hja hjarsels yn steat fiele in klear en binlike miening to foarmjen oer it wirk, dat hja jamk mear trochblêdden as liezen, tige nedich hawwe it inerlikste tinken, dat yn hjar slomme mar net ta folle waeksdom kaem, sels nou en den yn dúdlik-útwirke foarm op pompier wer to finen, fordet hja net ho langer ho mear forbjustere wirde scille as hja jimmer wer komme to stean tsjinoer de meast forskate opfettings. Hofolle to mear is dit den net wier for ús tael, hwer de meast mei eltsoar stridende bigjinsels faken yn it moed fen ien en deselde skriuwer hjar sa bihaechlik en fornoegjend troch eltsoar wine, det men sims sin hat it hearskip fen ûnfryske karakterleazens to biskildigjen, bitocht men net det it kristeliker wier deselde fromme oandacht to bitrachtsjen, dy ’t men jonge, hjitfolgige minsken tawijt, yn hwaens siele like folle revolúsjes hjar útlibje as yn de woelichste latynske steaten. En det iksels, dy ’t jong yette bin en fiel, ho ’t myn tinken him eltse dei wider ûntjaen wol en myn earlike miening faeks yn to oprjochte wirden siz, ho ’t ik my sels ek twing dochs foarâl rêstich en steatlik-deftich to bliuwen om de yndruk by myn lânsljuwe, dy ’t de hertstocht oars wol kennend, it nedich achtsje dizze mei de ljeaflikste namkes to neamen, ryboskjend oer al hjar lea by de skrutelste utering derfen, net hielendal to bidjerren, twongen bin, ik allinne, kritiken to skriuwen, sjoch, is dit net in nytgjend biwiis fen de machtleazens fen forskate skriuwers en in ûnnochlike fingerwizing, det de ljeafde for ús tael, hwerfen men meastal sa sketterjend opjowt, wol ris hwet slopper wêze koe as men jerne oannaem?

En yn dit forbân moat spitigernôch de namme fen Jan fen ’e Gaestmar yn ûnginstige biteikenis neamd wirde ... ho lang dochs, o Catilina, scitte misbrûk meitsje fen ús fordildigens? Hwent dizze skriuwer hat, faken al wer, om ’t er yn ’t earst oer ’t hynsder tild waerd, trochdet in earlike en oprochte krityk yn Fryslân dodestiids al like min to bikennen wier as yn letter dagen, yn pleats fen dit brek út tankberens rêstich bistean to litten, it nedich achte oer syn mei-skriuwers ris tige de swipe to lizzen, dêr ’t lykwol de koarde hieltyd fen ôfstrûpte, sadet den allinne mei de stôk fûleindich gatten yn ’e loft slein waerden, lyk as in orkest-lieder jamk docht, dy ’t op oerstjûre en falske wizânsje dirigearret. Dochs kin ik for syn moed, in nij genre yn it Frysk to bioefenjen, al is it him den ek mislearre dit soun en weardich to dwaen, net oars oer hawwe as in wird fen blide biwûndering, en bin ik it hielendal mei him iens det it better is, soks dit yn’t iepenbier to bistean as efter de rêch fen de bioardiele om, lyk as men my fornijde det it letter fen minder moedige minsken, ef ljeaver sein fen minsken yn in minder moedige rite, tapast waerd—sikersonk al wer in nij genre, as men betinkt ho fier sok in hânnelwize it fryske aerd ûntrint. En fierders jow ik ta, det de wearde fen de kritiken, hwerop ik boppe doelde, fen hiel hwet mear bilang is as dy ’t de „Klankboarne” bifettet, al is hjirmei nou net sa bjusterbaerlike folle útspritsen; mei de hear Wumkes jowe wy utering oan ús bliere, loksillige hope, det Jan fen ’e Gaestmar mei gauwens wer sa minlik wêze wol syn kritysk wirk op it bikende plak to forfetsjen, dat ús wizer makket, omdet wy deryn sa treflik oan ’e weet komme, ho ’t men it wirk fen oaren net hat to biskôgjen. Wy steane der út namme fen hiel letterkindich Fryslân by him ynlik op oan, det hy syn nije rige iepenje scil mei in bydrage, hweryn er den geastich en mei heech glimke, lyk as hy allinne soks dwaen kin, de oanwenst op net neijer oan to tsjutten wize it wirk fen oaren ljeafst efter dy hjar rêch om to bioardieljen, priis jaen scil oan ’e forspijing, omdet wy mei him wol wis fen bitinken binne det nei ’t soks ienris pleats hawn hat, forgoed ûnmûlk makke heart to wirden.

Hwet der den oan dizze kritiken haperet? scille somliken freegje. Foarâl dit, det der aloan in miening utere wirdt yn algemiene, ûnbitjuttende wirden, dy ’t sûnder biwiis taljochte, fierder krûpt oer ’e groun, lyk in klimmerplant him net omhegens jaen kin, as der nearne hâld to bikennen is, en teffens, det dizze weardeleaze meidielings yn sok in Frysk oan ’e lêzers foarset wirde, det it der tige bigjint op to lykjen, as hie de skriuwer sterk tocht oan ’e miene ûntwikkelens fen de minsken, ûnder hwaens eagen it sa dalik forskine scoe, as hied er dos krityk-yn-folkskinst jaen wollen.

En ik moat, al moeit it my, wol sizze det bûten dit bisiikjen my mar in tige bytsje kritysk wirk fen de lêste jierren bikend is, dat fortsjinnet hjir neamd to wirden; hwent as men yn Forjit My Net sa nou en den ris op ’e moaijens fen in boek wiisde, tsjûge dit meastal mear fen suvere biwûndering as fen heech-steand kritysk ynsjoch, al wier sims de tael krêftich en waerden de wirden mei krektens brûkt; en de ivige plomkes oan skriuwers, dy ’t nou ienris fen eltsenien priizge waerden en by hwa ’t men dos net maklik in mistaest bigean koe, mei hjir net de eare oandien wirde der neijer op yn to gean. Mar hwet fortretliker oandocht, ek ûnder de jongerein liket it my ta, det der net folle ambysje for to finen is, yn kreaze en soarchfâldige opstellen to wizen op hwet fen bilang wirde kin for ús tael. Rinke Tolman is wer de iennichste, fen hwa ’t men sizze kin det er in suver en skerp kritysk ynsjoch witte scoe to forbinen oan in pittige en frijmoedige utering; lykwol kriget men by him foar en nei de yndruk, det er yet gjin foldwaende stúdzje makke fen fryske skriften, en hwa, dy ’t bikend is mei de nearzige rook, dy ’t opwalmet út de measte folkskinst-wirken en mei syn romme en fearkrêftige fieling, scoe it weagje him oan to fiterjen hiel dat goare en gammele saekje to ûndersiikjen?

Sa liket it der dos folle op, det der to’n earsten yet gjin praet wêze scil fen in goede bioefening fen de kinstkrityk, sa as dy dochs, ho ’t men it ek biskôget, tige yn ’t bilang wêze scoe for ús letterkinde en dêrtroch net minder for ús fryske tael. De forklearring for dizze útkomst is net to finen yn karakter en aerd fen de Friezen, hwerfen ommers langlêsten yet in hollânsk opfiedkindige meidielde, det it jamk in eigenaerdige oanliz meibrocht for kritysk en sakelik biskôgjen, sadet it wiskinde-ûnderwiis yn it hiele ryk for it greatste part is yn de hânnen fen ús lânsljuwe, mar moat wer taskreaun wirde oan de oermachtige ynfloed, dy ’t de folkskinst foarâl yn de lêste tsjientallen jierren wist út to oefenjen op de Friezen, dy ’t bihâldend yn safier, det hja der jimmer tsjin oanskoarje de ûnearlik-formastere reputaesje fen somlike ljuwe oan to taesten, ienris bihirde yn biwûndering for dizze kinst, it net bistienen hjar nije miening moedich to úterjen, as hja wizer wirden, it ûnbihaechlik-breklike fen sok in kinst bifetten. Och, it wier lang net altyd ûnaerdich om to sjên, dit mak skiepeftich folgjen, en de neiteam scil der him in hiele toarn mei fornoegje kinne, as it yn kommende jierren bliken docht, det de gefolgen dêrfen op ’en dûr net sa bjustere neidielich wiernen: men naem it nedige skriuwersark en stâlde ringen in teltsje fen „feinten, dy ’t safolle ieten” gear, ef ljeaver yet, yn de rûchskerne to lânne kamen nei mislearre ûnderhânnelingen mei in wrede en hirde foarstinne, sa forbaesde grappich, det men forwachtsje koe det de sûrste en wrangste minsken skodden fen noflik laitsjen—en dit barde sikersonk; men liet it net by ien bliuwe, skreau for de foroaring ek ris in ljeaflik rymke, joech safolle trivialia út, det bûtensteanders bigounen to begripen, det ûnkrûd op Fryslands fjilden bare skoan dije woe—en de ynskiklike lêzers, dy ’t dochs ek ris hwet biwûnderje moasten—hwent to biwûnderjen is in eask for it minskelik aerd, lyk as biwûndere to wirden in algemien-minskelike langstme is—keakelen wolfornoege: „nou, nou, dy kin der hwet mei, hear!” Krityk bistie net, en, hwer wol, seach nimmen der nei om, sadet it for de persoanlike kinst ûndwaenlik wier in fêste hâlding oan to nimmen, dy ’t hja mei moedich en heech gebeart fordigenje koe tsjin lyts-leffe oanfallen, en dy ’t hja fen doel wier mei krêftich trochsetten to biwarjen; ljeaver den foroardiele, om by it greate folk ûnbikend to bliuwen, as de nekke to bûgen ûnder it ûndildber jok fen in minderweardich hearsker. En sa waerd de miening fen it folk ek de oerstjûging fen forskate persoanlike skriuwers en eltsoar de waerme hân tarikkend, songen hja yn machtich koar in brûzjend hildeliet for hwa ’t de smeits fen it folts bidoar; de wiere dichters tochten der by dizze nuvere foriening net oan, det as de lêzers oplaet waerden yn drege biwûndering for de ûngeve folkskinst, eltse weardearringe for oar en suverder wirk wol dôve wirde moast, en sa dolden hja it grêf foar hjar eigen foetten, hweryn hja ringen tommelje scoene om skoften forgetten to wirden.

En iepen siz ik hjir in wytgjend wird, det dizze tastân, dy wis de kiemen draecht for in deadlike syktme fen ús letterkinde, fen nimmen dy ’t it goed mient mei syn bertegroun, bistindige wirde mei en det, al lykje de omstânnichheden dit eagenblik ûnginstich, om ’t men mei ljocht bitwivelet ef der wol foldwaende krêften for to finen binne, dochs de persoanlike kinst-krityk plak krije moat—en yn ’t earst sels in rom plak, omdet der folle yn to heljen is—yn ús letterkinde, dy ’t dêrfen neffens myn ynlike oertsjûging, neat as goeds to wachtsjen hat. Fensels sjocht men lykwol yn, det it eltse kritikus ûnmûlk is meidogger to wêzen van „Sljucht en Rjucht,” it krantsje hwerop men wol foar alles oanfalle moat, omdet it, ta it skiere forline bihearrend, bliuwt in swiere mislediging for ús tael, wylst „Forjit-My-Net” sa oan binyptens lijt, det, waerden der ek gjin oare bydragen mear tastjûrd, it yet gjin foldwaende romte ôfstean koe for in alles-hifkjende krityk, sadet ek hwet dit oanbilanget it útjaen fen Fryslân (hwerom it dochs net Iduna neamd?) hielendal needsakelik wier.

Lykwol scil it ek for de meast oprjochte en binlike kritikus yn kommende dagen tige lêstich wêze, him in suver en soarchsum oardiel to foarmjen oer de folkskinst fen ús njoggentjinde ieu. Hwent lyk as ik mien al earder earne sein to hawwen, men kin it wirk fen de folkskinst net biskôgje troch nei to gean, yn hofier de ynhâld treflik en heechsteand, en teffens de foarm wol-forsoarge en kreas is, omdet by de wiere folkskinst dizze beide haedsaken hielendal net biachte wirde, mar men allinne de yndruk en ynfloed op it greate en brede diel fen it folts birekkenet, dôch earder troch to ûndersiikjen ef it de folkskinstner lokt is, sok wirk to jaen, det it tsjûge fen net oan ’e bûtenkant bliuwende kinde fen de libbene folkssiele. Trije útwirkings binne der mûlk as in skriuwer mient alderearst rekkenskip hâlde to moatten mei de geastelike ûntwikkeling fen syn lânsljuwe-lêzers: syn skriften kinne wêze fen in geast, dy ’t it algemiene bigryp fen it folk to boppe giet—en den hat neffens myn miening de kritikus alle rocht, it wirk mislearre to neamen en it as heal spil, minderweardich oan persoanlike kinst en net brûkber as folkskinst, ûngenedich ôf to brekken—, de skriften kinne bliken dwaen, det de skriuwer krekt fielde en oars nei soarchfâldige stúdzje fen it folksaerd ta it ynsjoch kaem, hwet foreaske is om sa to fortellen en to rimen, det de geastelike hichte fen it wirk lyk stiet mei de ûntwikkeling fen it folts—yn dit gefal mei de kritikus him twinge ta in minlik glimke en yn bidêste wirden it wirk oanpriizgje as nommele folkskinst—mar ek kinne de skriften oertsjûgjend biwiizgje det de skriuwer like goed de fieling en smeits, as it bigryp fen de lêzers, dy ’t er him foarstelde, to leech oansloech—en dit is wol it skriklikste, dêr ’t men yen yn tinke kin; omdet der den in net to forwaerloazgjen gefaer bistiet—. Yn ’t earste gefal scil de ynfloed, dy ’t fen it wirk útgiet, minym wêze en mei de meast soarchfâldige oertinkings mei men forwachtsje, det it wirk sa tel forgetten wêze scil, as it dit fortsjinnet; fen it twade kin allinne goeds komme: ommers de ljeafde for de lânstael kin troch wirk fen dit gehalte by it greatste part fen it folk yn stân hâlden wirde, wylst fieling noch ûntwikkeling fen de lêzers der minder fen wirde scil; by it trêdde mei oannommen wirde det de ynfloed op it folts bûtenwenstige great wêze scil, omdet dit meastal sterk fielt for alles, hwet fen fortocht soarte is, al wol ik hjirmei hielendal net neamd hawwe det it gjin fieling bisiet for hwet moai is en nommel,—mar like wis kin yn dit gefal as wier biskôge wirde, det de geastelike ûntwikkeling en it suver fielen in knoei kriget. En nou is it sikersonk net maklik wiis to wirden, ho ’t it fryske folk yn ’t midden fen de XIXde ieu krekt fielde en tocht, omdet men fensels net útgean mei fen de folkskinst, hwerfen men krekt de wearde oanjaen wol. Dochs scil dit wêze ien fen de wichtichste plichten, dy ’t de persoanlike kinstkrityk heart to forsoargjen tsjinoer de folkskinst, omdet wy der folle bilang by hawwe to witten ef de achting en oandacht, fen somliken oan ús folkskinst-skriuwers tawijd, wol earlik en binlik bistege is; dit scoe ommers wol skriklik wêze en yen forgoed de moed binimme, ús tael to sterkjen yn hjar lijen en to stypjen yn hjar striid, as it bliken die det somlike skriuwers, hwa ’t der waerme hilde brocht waerd, omdet hja de fieling for de sprake by it fryske folts wekker makken en hâldden, yn wierheit teffens de smeits for it goede en moaije by ús lânsljuwe fordoarn hienen. Binim ús den dochs dizze neargeastige twivel, o kritikus fen de takomst! Net licht scil wêze de foarstúdzje for sok in moedich wirk, en folle scil rieplachte wirde moatte om oersjoch en bigryp to krijen fen it tinken en fielen fen forstoarne slachten; mar wy hawwe der rjocht op, to witten eft ús biwûndering ús taelstriid foartsterke ef yn ’t efter brocht.

Mar—en hjirmei kom ik werom op de fen my bispritsen forhâlding twisken persoanlike kinst en folkskinst; ik haw oer de krityk efkes útwreide, omdet it my talike, det men oan dit genre to min oandacht wije scoe, as men der net op wiisd waerd—salang it net biwiizge is, det wy mei dy biwûndering forkeard diene, wolle wy oannimme, det de folkskinst fen de lêste ieu wierlik yn geastelike ûntwikkeling lyk stie mei de ljuwe, for hwa hja skreaun waerd, det hja dos wier de wjerspegeling fen hiel it wêzen en bistean, dat yn dizze minsken libbe. Ut it bigryp „folkskinst”, lyk as ik it yn ’t bigjin fen haedstik II útspriek, folget klear, det hja dit ek yn de takomst bliuwe moat; it is dos wol it forstânnichst nei to gean, ef en yn hofier ús folk foroare is, omdet de ûntwikkeling fen de folkskinst lyk bliuwe moat oan de ûntwikkeling, fen hwa ’t hja birikke wol.

Oer it algemiene tsjinwirdige aerd fen ús lânsljuwe scoe men hiel hwet opstellen skriuwe kinne, sûnder det yet de folle bisûnderheden útlein wiernen, dy ’t wy eltse dei wer op ’e ny by it folts merkbite, lytse eigenaerdichheden, dy ’t faken sa mei eltsoar yn tsjinstriid binne, det men by yen sels freget eft yn hiel det wûnder-tizich-opwoeksen wâld wol paed to bikennen wêze scoe. Mear as troch in mânske en oanheljende ynfloed fen Hollân en syn ridlik wiffe bigjinselleazens oan to nimmen, liket it my ta det dit to forklearjen is, mei to bitinken, ho ’t ús folk for de twade kear yn syn bistean, forkeart yn in tige bilangryk oergongs-stadium:

Al yn skiere tiden sjogge wy by de fryske stamme dieden, dy tsjûgje fen greate ljeafde for de eigen groun, al is dizze fieling miskien earder ûntstien út tsjinsin om to gean, hwer oare en frjemde foltsen wenje, as omdet de Fries fen oanliz sa heech roun mei alles, dat er sines neame koe. En sa kaem hja der ta mei forwûnderjende krêft alle oanfallen fen útlânske foarsten en foltsen ôf to slaen, lykwol net om den wer fredich fierder to libjen op de groun, dy ’t sa geskikt wier for feardige fordigening, mar om hjar krêft forlern gean to litten yn in einleas tal strideraezjes, dy ’t, hja mochten tsjûgje fen stoere karakterfêstens, faken ûntstien wiernen út lytsgeastige kwesjes; in tige bilangryk forskynsel dit, hwerop ik skielk werom kom. Mar op ’en dûr seagen de Friezen, minsken mei minder fieling for it romantyske fen in apart lân, hwerfen mar in bytsje nei bûten útlekket, as for it praktyske foardiel, dat jamk troch omgong mei foltsen fen oare stamme to biheljen is, better yn, det stil stean to bliuwen by eigen biskaving, sûnder ûntwikkeling út ’e frjemdte ta to litten, yen wol efterop bringe moat en to min krêft tafoegje kin om sterkernôch to stean tsjinoer útlânske machten—en hja bigjinne mear omgong to siikjen, mei hwa ’t der libje bûten hjar lyts lân: dit bart yn de tiid, det it ein fen de frijdom fen Fryslân as ôfsûnderlike steat al tichte by is. Dizze langstme nei it frjemde, dy ’t wol komme moast as reäksje tsjin de strange heitlânsljeafde fen earder dagen, kriget ringen rommer fjild, as Fryslân twongen wirdt diel út to meitsjen fen it wrâldryk fen Karel V, omdet den dizze frjemdsin, lyk men it sims yn ûnginstige biteikenis neamt, neat misdiedichs mear hat: ommers sûnder det immen it ea uterje doarst, wier inkeld as tsjinwicht for de greate ljeafde-fieling for eigen groun kommen de langstme, diel út to meitsjen fen in oar en machtiger ryk, hwer alles better en trefliker wêze scoe. Hwent bigearte nei mear bleau de Friezen net frjemd, en omdet hja to lyts yn tal en macht wiernen om it lân fen hjar bûrljuwe to oermasterjen, wier it iennichste, hwertroch hja mear krêft útoefenje koene, in weardich diel to foarmjen fen in op him sels al great-machtich ryk.

Dit is hwet men neame kin de earste bilangrike frjemdsin-biweging, dy ’t in stoffelik karakter hat—feiliger to libjen ûnder hearskippij fen in krêftich foarst—en hweroer wy, rekkenskip-freegjend neiteam, it rjocht hawwe in strang-ûnginstich oardiel út to sprekken.

Mar wier yn de tiid fen dizze bilangrike biweging, dy ’t wol nearne him utere yn dieden fen bliuwende weardije, mar dochs for ús dúdlik to folgjen is, it de ljeafste winsk fen Fryslân, mei greatskens wize to kinnen op in machtiger ryk, hwerfen it in diel wier, hiel oars is it langjen fen it tsjinwirdige fryske herte, dat yn syn sin for ûntwikkeling en wiere biskaving jimmer groeijend, diel winsket út to meitsjen, net mear fen in bisletten steat, mar fen hiel de wrâld. De meast ûnderskate opfettings oer steatkindige en godstsjinstige kwesjes fine noutiids hjar oanhing op de romme mieden fen Fryslân; it folts, alear bikend om syn fêsthâlden oan âlde brûkmen en seden, bigjint stadich wol, mar fêst-bisletten oerein to rizen út de bihâldende winterdodde en langet nei ljocht en witnis, op de ljeafde-leare fen de tsjerke bitrouwend somliken, oaren folgjend in djûre, eigen-woune oertsjûging. Foarby rekke njonkenlytsen de tiid, det Fryslân stie bûten eltse ûntwikkeling en de striid, dy ’t dizze jimmerwei meibringt en do ’t syn mieden ús wiernen lyk in treastlik plak, hwer wy mimerje koenen en rêste, soargeleas en bidêst; ear ’t wy it wisten kaem like goed oer ús de langstme, stridend to stean mids hiel dy woelige wrâld, net earder delsittend as hwennear wy to rêsten fortsjinnen.

Sa mei ik den sizze: wy steane yn de twade frjemdsin-biweging, in suver-geastelike dizze; hwent net scil de tiid ús langer foarbygean, sûnder det wy wizer wirde, en yn ús dieden wytgje, det wy it doel fen it libben werfounen. Dos wirdt it ús dúdlik, det it libben fen ús folk, lyk as to forwachtsjen wier, ta yn syn inerlikst wêzen foroare, sadet it tiid wirdt, det wy soks ek bifine yn de wjerspegeling fen dit libben, yn de folkskinst, dy ’t wy sa iverich biwarje woenen om by ús folk de fieling for hjar tael wach to hâlden...

Dochs net: nou wolle wy fen gjin folkskinst mear witte, hwent wy sjogge, det hjar antlit stiif waerd en hjar each de glâns forlear, det hja biheart ta foarbygeane tiden en forteach. En wylst wy mei smerte en forbûke der nei skôgje, omdet hja ús dochs ljeaf wier, dit âld wyfke, hok in lêst en lijen hja ús sims ek oandie, en fiele, det dit dochs wol wis in forlies is, pynliker as wy tocht hiene, wirdt der sêft in hân op ús skouder lein, en stadich sjogge wy, yet neimimerjend oer hwet barde ... den komt in glimke wer en fornoege sizze wy: „de keninginne, âld fen jierren, stoar: sa libje den lang de nije!”

Men scil tinkelik ynsjên, hwet ik mien mei de lêste wirden. It fryske folts wol, ho ’t somlike dompers der ek om skrieme, noutiids foar alles mear witte fen de greate geastelike opfettings, dy ’t yn hiel de wrâld hildige wirde as liedende bigjinsels en dos in net mânskernôch to achtsjen ynfloed útoefenje op elts, dy ’t net bûten de wiere ûntwikkeling sletten wirde wol. Der bistiet gjin twivel, det as men der net ta komme kin yn it Frysk to skriuwen oer bilangrike biskavingsforskynsels, de Friezen bisiikje scille dêroer ta klearrichheit to kommen yn it Hollânsk net allinne, mar sels útlânske wirden en sizwizen oernimme scille, hwet wer ien fen de slimste gefaren is, hwertroch it Frysk as biskavingstael bidrige wirdt; en tige machtich is yn dit stik fen saken de ynfloed fen de skriuwtael, sadet men oannimme mei, det dit gefaer fensels wol oerbetterje scil as men de nije keninginne net langer hjar wente ûnthâldt, as men ek yn ús sprake romte jowt oan, hwet ik neame wol, de ûntwikkelingskinst. Ek hjir fyn ik Jan fen ’e Gaestmar wer tsjinoer my; men scoene suver wirch wirde fen sok in striid, dy ’t mistreastich makket lyk as eltse kriich tsjin in wiet-oanfielende dize.

Yn syn wirkje „Is der in fryske tael?” hwerfen û.o. de bistjûrder fen in frysk wykblêd folle goeds wist to sizzen, der op wizend det skriuwers der binammen in heap út leare kinne (!)—hwet hiel wol mûlk is, mar den fêst net folle goeds—stiet op s. 42 ûnderoan to lêzen:

„Yn dit forbân moat ik ek wize op it bidroefde forskynsel det de Friezen langer de formogens net habbe om nije bigripen in Frysk pak oan to tsjen (ornaris is for it meitsjen fen in pak mear ynspanning nedich as for it oantsjen. K.). Mei oare wirden: det de Fryske folkstael it fornaemste skaeimerk fen in tael: it oanrieden fen syn wirden en gearstallingen út ’e eigen taelskat, kwyt is. Lyts hûndertfyftich jier lyn koene de Frânsken hjir hjar pommes de terre yet bringe, sûnder det wy mei it frjemde ding it frjemde wird oernamen. As se ús hjoed de dei de nije frucht stjûrden, einou, den wierne en bleauwen it pommes de terre, yn safier, fensels, det de namme wol hiel gau forrinne scoe ta pommetèr ef soks sahwet.” (O! dat freeslik ûnformogen yn jimme, om de sinnen gear to stallen ... lyk it yn goed proaze heart! K.).

It sizzen giet fen dizze dichter-kritikus-taelkindige, det hy wol ris jonge minsken oanfitere hat om mear to dwaen for de tael, dy ’t spritsen wirdt yn hjar heitelân. Mar men scoe den dochs sa jerne witte wolle, hwerom er alle mûlke war docht om ûnder de minsken neamd to wirden, fen hwa ’t in lieder fen ús skriftenkennisse ris krekt forklearre, det hja om ’e hoeken mei modder stean to smiten, om dêrnei út to roppen: sjoch, ho bismodze it klaed fen ús skienne fryske sprake is. Hwent elts, dy ’t efkes trochtinkt en him rekkenschip jowt fen de tastân fen oare talen, wit tige skoan, det gjin inkelde folkssprake yn staet is for elts nij bigryp in nije namme to finen; in wird as it Hollânske „fiets” is sok in greate útsûndering, det de taelkindigen der yet wol lang nocht oan hawwe scille; útfynsels yn it fornoegjend genre „plakdinkie” komme ek yn ús tael yet by de rûs for, en elts dy ’t dit ûntstride wol, jowt dermei oertsjûgjend biwiis, det er net foldwaende thús is yn de libbene folkstael, wylst in wird as „vliegenier” hwerfen de takomst yet ûnwis is, allinne yngong fine kin om ’t it bitocht waerd troch de hearen fen de skriuwtael. Teikeneftich is, det men yn alle talen by nije útfinings boarget by it Gryksk ef Latynsk, wol mei omdet de namme den forsteanber wirdt for alle ûntwikkelen oer de hiele wrâld, mar mear yet om ’t it nou ienris ûnmûlk for de sprekkers fen de tael is, sels in feardige namme to finen. Fierders scoene men hjir wer de bûtenwenstige skerpens biwûnderje kinne fen it taelkindich ynsjoch, hwermei de Gaestmarder Hear him sa nuvere bliid makket, mar dat dochs bliken jowt net bifetsje to kinnen det wy ienfâldich sizze „jirpel” ef „pommetèr” al nei ’t de ljuwe oan’e oare ich fen ’e sé dat dogge, sadet dit foarbyld, ynpleats fen in forkearde redenaesje ta to ljochtsjen, dizze yet diziger makket. Om lykwol ús binlik oerdiel oer ’e taelwittenskiplike skerpens fen ’e Gaestmarder Hear to biwarjen, wolle wy mar oannimme, det dizze koarte útwreiding inkeld ûntstien is, omdet de hear Hof sa danige graech sjên litte woe, det er ek al wist, hwet „jirpel” yn ’t Frânsk is en yn dizze prizenswirde iver wol hwet tige nuvers uterje, as wy den mar op ’e hichte kamen mei syn talekennisse.—

Do ’t Ingelân dizze striid bigoun, hwerfen it sels forwachtsje koe det er swier en pynlik wirde moast, waerd der fen ien fen de ministers in nommel en treflik wird sein, dat it hiele lân om syn stoere ienfâld en hege libbenswizens lang oare oandwaen scil; de utering wier dizze: „Lokkich meije wy ús priizgje, det ús bilangen en ús frjeonskip beide de selde side kieze”—hwent oars is der strange striid twisken dizze twa, ljeafde en it eigen biderf. Mei men it lytse lykje by it greate, litte wy den bliken dwaen dit wird forstien to hawwen, troch mei rie en die ús ûntwikkelingskinst oan to moedigjen, om sa it fryske folts wer for lange tiden trou strider to meitsjen for syn tael, troch it yn syn biwende lûden de geastelike stipe to jaen, hwerom it freget. Dit kin lykwol net mei genôch klam sein wirde, det eltse partij-opfetting fier fen sok in kinst bliuwe moat en gjin inkelde kear in skriuwer fen eigen bline biwûndering laet, eat uterje, dat ek mar de skyn hat fen somlike steatkindige bigjinsels ôfkarre ef oanpriizgje to wollen; ommers yn ús fryske letterkinde, hwer dochs al in striid geande is twisken opfettings hwerfen men earder it oanboazjen as de frede to wachtsjen hat, kin en mei net in twade oarloch ûntstean, dy ’t ûnder ûnginstige omstânnichheden it moaiste en djûrste fen ús wirk to neate dwaen koe. Fen in lyts en forsichtich bigjin scoe al greate oanfiterjende krêft útgean: in koart-ienfâldich, sakelik en ûnpartidich, mar foarâl yn goe-fryske wirden gearstâld ynlânsk en útlânsk oersjoch, hwerfor men ús treflikste en rypste skriuwers oansiikje moat, scil biskôge wirde as in blier ûnthjit, det einlings it Frysk hâlden wirdt for in folsleine tael en it dos wol-fortsjinne eare jaen. En omdet ús skriuwers for it greatste part bidaerde en ienfâldige minsken binne, dy ’t hjar troch de bank net op ûnbigryplike wize uterje en yn hjar fielen jimmer frysk bliuwe, mei men forwachtsje det de persoanlike kinst, dy ’t it Frysk in moaije en soune letterkinde jaen kin, sadet ús tael den ek hjiryn lyk stiet mei dy fen oare lânnen, en de ûntwikkelingskinst, dy ’t yn steat is wirden to sizzen, hwernei de Friezen langje, sadet „hjar bilangen en frjeonskip deselde side kieze” mear for ús sprake dwaen scil as allinne de folkskinst, hwerûnder njonkenlytsen sels it folk fortreflik wirdt en dy ’t ivich bisocht de persoanlike kinst it swijen op to lizzen.

En mocht der yet in tal minsken wêze, to slap en to toar om fen hwet oars to genietsjen as fen folkskinst, en dat men dochs net for ús tael forlern gean litte woe: woloan, hawwe wy al gjin folkskinst genôch yn de „Rimen en Teltsjes” en de wirken fen W. Dykstra? Mar elts nij stik yn dit kinstsoarte scil wêze in nij stik modder, keild nei it klaed fen ús sprake en in húnjend wird, hjar mei opset sin tafoege.

Yet wol ik in wirdmennich sizze oan de jonge fryske skriuwers, dy ’t allicht foarljochte troch tsjoede rie hjar fine lieten de wei fen de folkskinst to bitraepjen, hwerop lyk hja gewoan binne to sizzen, ek Walingom sok in tige namme makke en eare bihelle. Jong binne jim’, lyk as ik en dêrom myn frjeonen; sa sjoch ik den ek kâns it folgjende to sizzen yn rêstige en frjeonskiplike wirden. Wêz der dochs wol fen oertsjûge, det it de geast fen de forneamde skriuwer net is, dy ’t jimme miene to fordigenjen troch jim’ oan to sluten by hjar, dy ’t syn namme misbrûkend om sels plak to finen for hjar nearzich-lyts wirk, bisiikje de deade folkskinst in hâlding en uterlik to jaen, as wier hja yet yn wêzen; hwent Waling Dykstra woe mei syn skriften hânnelje yn ’t bilang fen folk en lân en tael, mar as jim’ noutiids bisiikje syn skriuwtrant nei to folgjen, geane jim’ út fen in fordroege bigjinsel, dat yn tsjinstriid is mei it wolwêzen fen tael en folk en lân. En mochten jim’ fen bitinken wêze, det soks minder skele kin sa lang jim’ mar eare wirde as fryske skriuwers, den wol ik, hok in wearze ik fen sa’n ûnderstelling haw, dochs der op wize, det yet fêster as in rjochter boppe de warbere wolkens, der in ierdsk rjochter bistiet oer uterings fen geastelik libben, dat syn strang oardiel sprekt, hwennear men yen der net mear tsjin forsette kin: it rekkenskip freegjend neiteam.

Meitsje jimme den net ta in libjende hún for hiel ús fryske tael, troch rymkes en teltsjes to skriuwen, hweryn gjin fris-bloeijende fieling hjar uteret; doch dos net as bijierre wyfkes, dy ’t witte det hjar ein tichte by is en yn hwa ’t it libben noch krekt biwarre wirdt troch in broeijend koaltsje en in kopke hite kofje; en skriuw gjin neare en stroffelige kleilieten det it flesk sa djûr wirdt en mear as de drank de pronk hjir kwea stiftet. Myn djûre fersen-meitsjende frjeonen! jim’ scille, bihalve goede, bêste rimelers, dochs ek jonge minsken wêze, dy ’t wol ris langje nei eat oars, as hjarren bean wirdt fen deistige sleur, wol fieling hawwe for it lok fen it libben, en dy ’t net to lef en ynbânnich binne om soks oprjocht en earlik to uterjen. Det jimme moeike earne in hiele toarn as tsjinstfaem wenne hat, wol, soks hat sûnder mis bilangrike wrâld-skiedkindige biteikenis, mar yn ús tael lêze wy dêroer dochs ljeaver gjin houten rymkes; forhelje ús fen de oandwanings, de meast inerlike, fen jimme moed, en fensels wirdt it fers wol better. Hwent sikerwier, as jimme fierder gean yn sok in trant to skriuwen as jimme dienen oant nou ta, den scil it bilang fen ús tael ús twinge ta skerpe en ôfbrekkende kritiken, dy ’t for jimme net noflik wêze scille to lêzen, allike min it for ús in ynlik geniet is, hjar to skriuwen.

Gearfetsjende fine wy it folgjende:

1e. de folkskinst heart in wiid fjild to forliezen oan de persoanlike kinst en hwet hjar bliuwt, ôf to stean oan de ûntwikkeljende utering;

2e. de persoanlike kinst heart mear bioefene en krêftiger to wirden.

Men scil ynsjên, det beide is yn ’t bilang fen ús sprake, hwent howol de persoanlike kinst oerwoun waerd, is hja net forslein, sadet mei koarte tiden de striid tsjin de folkskinst dochs wer mei nije krêften bigjinne scoe, fûleindiger yette den, omdet hja nou foar ’t forstân krige hawwe, ho ’t de ien net bistean kin neist de oar. Lykwol is striid twisken persoanlike kinst en ûntwikkeljende utering ûnmûlk, omdet beide ljocht bringe wolle en forheging.—Yn dizze twa haedstikken dielde ik mei: de oertsjûging fen de jong-fryske biweging yn letterkindige saken.

IV.

Seagen wy by ús koarte biskôging oer Fryslâns skriftenkennisse al, ho folle ûnwissens hwet bigjinsel en fêste opfetting oanbilanget, dêryn waernommen wirde kin, sadet it in ûnbihaechlike saek liket in letterkindige skiednis to skriuwen, hweryn rekkenskip hâlden wirde scoe mei de foarnaemste geastlike streamingen, skerper en pynliker fiele wy dit brek, dat men hast bigjinselleazens neame moat, as wy neigeane it forrin fen de fryske taelstriid. Ommers de letterkinde, samling fen uterings, lyk hja yn ’t earste plak is, fen forskillend-tinkende, faek hjarsels tsjinsprekkende persoanen, scil jimmer bûnt en tige forskieden wêze, al mei men easkje, det de ûnderskate bigjinsels mei de nedige fêstens fordigene wirde; mar yn de taelstriid, hwer mar ien great doel wêze mei, nammentlik de machtichste en meast bliuwende krêft oan de sprake ta to foegjen, en hwer eltse persoanlike opfetting heart to fordwinen for de algemiene, mei men dochs forwachtsje bliken to finen, dy tsjûgje fen ien great wollen en dy ’t lyk as kompasnidlen op fier fen eltsoar lizzende kriten, wize nei ien fêst doel. Ut it fortretlike fyt, det soks yn ús taelstriid oars is, mei men lykwol net ôfliede det it fryske folts sels net wit, hwet it wol, en gjin fêste, dûrjende winsken hawwe scoe, mar inkeld en allinne dit, det de foarmannen, de geastlike lieders fen in folts, dy ’t as gefolch fen riker en riper ûntwikkeling, forlearden de ienfâldige wizens, gjin hichte hienen fen de ynlikste winsken fen de lânsljuwe, dy ’t efter hjar stienen, en yn hjar bisiikjen der klearrichheit fen to krijen, kamen ta ûnderskate útkomsten.

Langlêsten waerd my thússtjûrd „de Koarte Oanwizing,” in wirkje dat foarâl om de lytse kronyk oer de fryske taelbiweging, hweryn it lokt is neffens de tiidsrige oan to jaen, hwet der foarâl bilangryk wier yn ús taelstriid, sûnder dochs it oersjoch út eltsoar to skoerren, mear goeds ta stân bringe kin as somlike wiidweidige biskôgings, dy ’t neat betters witte to dwaen, as in tankliet to sjongen oan de treflikens fen it selskip.[5] En ien fen de earste dingen, dy ’t myn oandacht wer namen, lyk as al sa faken as ik lies fen fryske taelstriid, wier, ho ’t al dizze minsken, forneamd fen namme, krêftich fen die en mei praktysk forstân rom seine, neist eltsoar bouwe en timmerje, sûnder foar hjar to hawwen ien soarchfâldich útwirke bistek, hwernei hja hjar dieden dwaen kinne sûnder earnstich biskôgjen en moedleas mimerjen. Freget men dizze ljuwe fol earlike en suvere bilangstelling, hokfor bitinken al hjar hânneljen laet, den uterje hja, nei yen in skoftke twiveljend oansjoen to hawwen, kypjend en stoarjend yn dizige fierte, as wier der biskreaun hwet hja sochten, mei minlike rêstigens it âlde, wol-bikende wird: „Ut ljeafde for ús tael, ús folts, ús lân.” En wis, sok in blier andert makket him dy ’t it heart in amerij bliid en lokkich, yn ’e oertsjûging det men rekkenje mei op fruchtbere útkomst as sok in tal minsken, dy ’t safolle mear witte as wy, yet steande oan de poarte fen ús libben, forklearring jowe fen de ynlikste fieling for dizze moaije, hast hillige saek; mar ringen komt wer de âlde ûnforsetlike twivel. Twivel net oan de wierheit fen dizze forklearring, hwent dat wier wol in missedie en ûnwirdich (hm!), mar twivel eft sok in utering, sels hwennear it wird mei de die yn ienklang is, foldwaende wêze scil, en yn steat op ’en dûr sa folle, en foarâl wirk fen sok in bliuwende wirdij ta stân to bringen, as nedich is en wy wol jerne seagen.

[5] Bjuster hinderlik is lykwol wer det de liedende ljuwe dizze kronyk dalik biskôgen as in gelegenheit om eltsoar fortsjinne en ûnfortsjinne plomkes út to rikken. In kras foarbyld: in oars goedmienend man, hwaens wirk as taelstrider, lyk as bikend wêze mei, foarâl hjirút bistiet, det hy sims op sok in treflike wize soarge for it miel nei de Algemiene Gearkomste en hwaens bitsjutting dos it bêst oanjown wirdt mei in wolsprekkend stilswijen, wirdt yn it foarwird hildige om syn geskiktens en goed ynsjoch by ’t oanpakken fen saken. Us foeget to hoopjen det men fen sok in plomke rynskens njonkelytsen genôch krije scil.

Ho bryk de neikommende forgeliking ek wêze mei, ik moat der wol efkes op wize, omdet ik soarch haw det ûnredsume minsken yn hjar iver yn dizze forhânling opfettings to finen, dy ’t mei eltsoar yn striid binne, my forkeard forstean koenen en in gehaspel mei ûnsuvere redenaesjes wer it gefolch wêze scoe: al kin der by de persoanlike kinstkwesje net genôch klam op lein wirde, det hwet easke wirdt, is it fielen en tinken fen in inkeld skriuwer, ho apart dat ek wêze mei, by de taelstriid moat eltse persoanlike fieling ta swijen brocht wirde om to folgjen ien great bigjinsel, dat fen de measte striders goed neamd en oannommen waerd. En as men de dieden fen ús fryske striders (net langer skriuwers nou) soarchfâldich biskôget en in liedende geast dêryn bisiket to finen, den komt der wis, ho goed men ek biachtet, det al dizze dieden tsjûgje fen machtige ljeafde, de twivel eft dizze geast wol ea bistie, en, slimmer, noutiids wol libbet.

Al rekkenje ik my net yn steat, in weardige miening út to sprekken oer de ûnderwiis-bifoardering, dy ’t safolle suver trochtinken, praktysk ynsjoch en djippe bisprekking foreasket, de saek is to dúdlik in foarbyld, om ta to ljochtsjen hwet ik mien, den det ik dit stilswijend foarbygoan scoe. Dit witte wy sikersonk allegear tige skoan, det it ûnderwiis yn ’t Frysk lange jierren tafek bliuwe moat en det wy tige blier glimkje scoene, as it mar tafek wier op alle skoallen yn ús lân (men scil hjiroan wenne moatte, det ik troch de bank mei ús lân Fryslân mien, wylst ik it hiele keninkryk neam it ryk, omdet ik biswier meitsje it wird „gewest” yn ’e mûle to nimmen). Mar woloan, tinke wy der ús yn, det moarn de dei in minlike ingel op ierde delsaeide, dy ’t ús tasei, det hwet wy oer it ûnderwiis winsken, ta stân komme scoe, den wier it gefolch dalik krêftige striid, dy ’t fensels wer forroun ta persoanlike rûzje en salang oanhold, det de ingel mijen, mar moanjend, freegje moast om hwet gauwer biskie, det hja mei de tynge fen de winsk nei de kriten fen it ljocht opwjokje koe, foardet hja troch de kjeld op dizze keale wrâld bifêrzen wier. Hwent somliken scoene fen bitinken wêze, det it wol it treflikst bislút like yn hiel it lân op alle skoallen it Frysk to biwarjen as tafek, oaren as hjar miening yn ’t formidden bringe, det it fen eltse kant biskôge sûnder twivel it bêste wier it Frysk en Hollânsk like folle romte to jaen, wylst in trêdde partij it ûnderwiis hielendal barre litte woe yn it Frysk, mei derneist it Hollânsk as tafek. En nei minskelike birekkening scoe de ingel wachtsje moatte oan it ein der dagen.

Dit brek oan ienriedigens is hjirtroch wol it bêst to forklearjen, det de mannen fen it selskip, ynsafier ik neigean kin, allegearre miskien mei útsûndering fen H. Sytstra,[6] oer hwa ’t ik oant nou ta mear stúdzje makke haw, hwet syn dichterlik wirk as hwet syn selskipsstreevjen oanbilanget, fen de miening útgien binne, det men bisiikje moast to foarderjen trêd foar trêd en det men, earst nei útfier jown to hawwen oan ien plan, neigean moast hwet as twad wirk it winskelikst en nedichst like. Faken sprekt hjir dúdlik út ús frysk aerd en libbensopfetting, dy der in tige biswier tsjin meitsje ek mar ien hea-raei mear op ’e foarke to nimmen, as men foarút troch strange birekkening wis wit tille to kinnen, dy ’t ljeaver hwet stadich en eltse kear weroan oerlizzend to wirk giet. Mar it gefolch is, det by in demokratysk regearjend selskip, hwer’t alle saken fen mear as gewoane biteikenis foarlein wirde oan de Algemiene Gearkomste, men elts eagenblik stiet to mimerjen hokker wei men ynslaen moat, om, as men einlings in bislút naem, to ûnderfinen, det wer in oar in oare kant opwol, hwerfen in fortretlik-stadich en dûrjend mieningsskeel it gefolch is. Noutiids foarâl, wylst it op eltse Gearkomste en mear yet yn it hiele selskips-libben bliken docht, det der in krityske geast him bigjint to oppenearjen tsjin de dieden en plannen fen it Haedbistjûr, wirdt it jimmer dúdliker hok in gefaer der bistiet, det de krêften fen it Selskip to neate gean scille troch inerlike striid. By elts nij plan bistiet der great forskaet fen miening en opfetting, sadet in bûtensteander dy ’t net op de hichte is mei it tinken fen de selskipsleden, wer fêster groun en greater frijdom kriget for syn oertsjûging, det de Friezen wol wis in sin hawwe eltsoar yn de tsjillen to riden, dat faek machtiger twingt as de ljeafde for de sprake en it rêstich biskôgjen fen hwet wol it bêste wier for hjar bloei.

[6] Yn it bisit fen syn soan O.H. Sytstra binne yet forskate brieven oer út ’e briefwiksel twisken H.S. en Tiede Dykstra; scoe ús samler der net ta komme kinne yn Forjit-My-Net-Fryslân hjirút iepenbier to meitsjen, hwet mei de taelstriid yn forbân stiet?

Mar ûnwiten-better as in foarderjen-trêd-for-trêd, om as útfier jown waerd oan ien plan, nei to gean, hweroan men nou de measte oandacht tsjinnet to wijen, is dochs ek earst fêst to stellen in fier-útstrieljend doel, dat lyk it stjerte twinkeljend ús leart stadich mar wis de rjochte wei to bigean. As men earst wit, hweroan men yen to hâlden hat en jimmer syn tinzen fêstiget op it fiere wyt, dat men ienris, sij it ek nei tsjientallen, tritichtallen jierren, winsket to birikken, den scil men, kommen oan in krúswei, allinne mar nei dy stjerre hawwe to sjên, om mei in fornoegjende wissens fierder to gean, dy ’t like folle krêften jowt as de twivel binimt. Den hoecht men allinne mar op yens hoede to wêzen, om, fen de stjerre forlaet, net mei to brimstige hast de wei to bigean, sadet men stroffelet ef, slimmer yette, warch delfalt, ear ’t men kaem hwer ’t men wêze woe; en hawwe wy yn ús frysk aerd, dat nea net talit de sokken deryn to setten, as men it ôfdwaen kin mei stadich traepjen, dat fij is fen alle oerdwealskens, mar oanstiet op rêstich en forstânnich hânneljen, net in treflik biwiis det sok in útlitten dwaen dalik gjin geneed hat? Litte wy dos earst ús eagen iependwaen for dizze minlike stjerre, det wy net mear hoege roun to taesten yn in nearzich tsjuster, hweryn wy eang binne for kûlen en sûgende sompen; hwent do ’t ik niis spriek fen in doel fêst to stellen, wier myn sizzen ûnsuver.

En nou moat ik, howol it my moeit, in wird sizze det forskaten ûnder myn lêzers rou en hird yn de earen klinke scil, en meitsje, det men, as men troch myn foarste haedstikken yet gjin genôch wirdearringe for myn wirk krige hie, wol tige frjemd tsjinoer my komme scil to stean: de mannen fen de fryske tael wolle blyn wêze en blyn bliuwe, omdet hja eang binne it ljocht net forneare to kinnen; hja doare de strange, moedige trochfiering fen hjar eigen bigjinsels net oan, hja sjogge der tsjin oan to dwaen lyk it herte hjar talústeret. Myn frjeonen en ik lykwol scille, wol fier fen sok in tsjoed foarbyld nei to folgjen, it jimmerwer útsprekke, oant twivel net mear bistean kin:

Ho lange tiden fen striid der ek foarby gean moatte, ear ’t wy it birikke, jimmer bliuwt it it eigentlik doel fen ús taelbiweging, det de fryske tael wer komt yn ’t bisit fen al hjar rjochten, det hja dos wer wirde scil de hearskjende tael yn ús lân en it Hollânsk allinne op ús skoallen leard wirdt, om ús bûten it lân dochs rêdde to kinnen; en det, mochten de hollânske ljuwe hjiryn oanlieding fine yn kommende tiden de fryske taelstriid mei lytse en feninige middeltsjes tsjin to wirkjen—ta hjar eare moat sein wirde, det dit hjarren ûnwirdich wêze scoe—hja allinnich de skild der fen binne, det ús striid, noutiids inkeld miend tsjin hjar sprake, keard wirde koe tsjin hjarren sels.[7]

[7] It liket my ta, det men yn Hollân, dêr ’t men ek sa folle fieling hat for de flaemske biweging, oan sok sizzen gjin niget hat.

Sikersonk moat it yen binije, det nei hûndert lange en ûnderfiningsrike jierren fen taelstriid en taelbiweging der yet jimmer ljuwe libje, foaroansteande yn ûntwikkeling en faken frisse, to wirdearjen bioefeners fen ús letterkinde, dy ’t as hja hearre, hwet elts forstânnich-biskôgjende lêzer ôflaet út hjar skriuwen oer ljeafde for de âlde sprake en biwarjen fen it folksaerd, fen kleare bare forwûndering en oerstjûrens gjin wird mear to sizzen witte; hienen hja den sims forwachte en winske, det biwûnderjende lêzers al de klinkklank, út in nea net warge, jimmer troch-njuentsjende mûle streamd, lyk de mistreastige drippen op in tjirmjende hjerstdei, mar hâlde scoene for tiid-koartsjende lietkes-sûnder-ynhâld?

Mear yet; somliken, lokkigernôch net talryk ûnder de Friezen dy ’t yn steat wierne hjarsels to bliuwen, mar binammen to finen by sokken, dy ’t ûnder ynfloed fen falske biskaving neibauwend it dwaen fen saneamd heech-ûntwikkelen, hjarsels bispotlik meitsje by Fries en net-Fries (foarâl ûnder de heareboeren binne hja yet tsjok), witte yen mei bjuster-binijd troanjemint to forheljen, det it Fryslân for de Friezen en it Frysk net oerienkomt mei de geast fen de tiid, striidt mei de miene opfettings, en mei ûnfordildich skokskouderjen fen hearink-noch-ta-hwerom-dêr-yet-mear-oer-to-praten is men wol sa frjeonlik as syn miening mei to dielen, det sok in doel dochs net mear to birikken is. Ien fen de grouwélichste uterings oer dit stik fen saken is earne to lêzen by Jan fen ’e Gaestmar (quousqe tandem!), dy ’t dêryn bliken docht him sa doelleas en stjûrleas driuwe to litten det wy, njonkenlytsen bigripend det by dizze dekadint fen H. Sytstra en Pieter Jelles eltse skittering net wytget fen edelstien, dochs oanstriid hawwe yn in minder ljeaflik wird, as wy wend binne to brûken, ús forheardens to forklankjen; dizze strider den wit mei to dielen, det immen, dy ’t mei him praette oer fryske ûnderwiissaken, as syn miening to kennen joech, det it ús wyt wier op de skoalle it Hollânsk to forfangen troch de eigen tael (hwermei hy net ienris sa fier mis wier), om dêroan, tinkelik yn in nidige rite ta to foegjen—ik helje oan út myn ûnthâld—„sa ûnsinnich wirdt nou ús skreppen forknoeid!” Hjir hawwe wy dos in man, dy ’t nei ’t er sels yn in rombommich dicht forklearret, mei foarenoan stiet yn de fryske taelstriid en teffens biwiiz’get it wierlike doel fen hiel ús wirk net to forstean en it sels bistiet lilk to sjên, as in oar it sahwet liket to bigripen. Litte wy nou dochs einlings ris, iepen lyk it ljuwe fen ús stamme past, en dúdlik derfor útkomme, det it wol wis ús ljeafste winsk is de tael, dy ’t wy heech sette omdet it in diel is fen ús libben en fen it bistean fen ús lân, wer it plak to jaen dat hjar takomt en as keninginne dos ús skoallen binnen to lieden; mar det wy, ynsjênde det in inkeld slachte dit doel net birikt, yn ’t earst tofreden, howol net bliid, wêze scille as de sprake as tafek wer in plakje wint op alle skoallen yn Frysk-sprekkende kontreijen, dit net hâldend for it ein fen it ein, mar for it bigjin fen ’t bigjin. Allinne troch mei in rom herte dizze wirden oer to nimmen, scil men bitizing en ûnienigens yn it frysk libben witte tsjin to gean, hwet sûnder mis barre moat, as wy ús kâns op oerwinning biwarje wolle; inkeld troch dit to uterjen hâlde wy heech ús forneamde oprjochtens en earlikens—ommers skandlik is it, as men oerlizzend in trêd docht en wytgjend wirdt der sein: „wit, dêr jinsen is it doel, hwer ’t er einlings bilânje wol”, swiet-glimkjend to sizzen: „Dochs net, dochs net, goede ljuwe; skielk forlitte wy dizze wei en doarmje hwet roun yn de mieden”.

Jowe wy dos ta, det ús doel is to birikken hwet ik niis oantsjutte, den bliuwt de frage allinne, ho ’t wy safier komme, sûnder mear fen ús krêften to forliezen, as wy misse wolle, en hwennear de lêste die in krânse lizze scil op ús striid, net langer for it bihâld, mar for it rjocht fen ús sprake, en for it wach-hâlden fen ús folksaerd.

En sûnder nou mei oerstjûre wirden de lêste forhearlikjend romje to wollen, scoe ik dochs sizze, det wy wirdearjende wirden uterje meije oer it karakter fen ús stamme, dat yn tweintich ieuwen him sa tige lyk bleau, det fen forfal gjin praet is, allike min dos fen teikens, dy ’t wytgje fen hastige dead. De krêft, hwerop jimmer hiel ús folts greatsk wier, bleau yn wêzen, en earder helle hy oan as er ôfnaem; hwet dit oanbilanget is it iennichste, dêr ’t wy net kâld for bliuwe meije, de soarch det dizze krêft him net bigjint yn to spannen for bigjinsels en winsken, dy ’t frjemd binne oan ús hillichst doel. En dêrom is in sprekker as de hear de Zee, hwaens wirden jimmerwer wize op it forbân twisken ús folts en syn tael, for ús sok in weardich bisit: fen tige bilang scoe it den ek wêze, as it Selskip fen 1844, op oanrieden en ûnder lieding fen it Haedbistjûr ljuwe, fen hwa ’t men wist, det hja genôch talint hienen en ljeafde for ús tael, oanfitere hjar bitinken yn it iepenbier to uterjen en hjarren de bêste wegen wiisde. It wirk fen sokke ljuwe mei men yn gjin gefal propaganda-meitsjen neame, lyk as de hear Sipma dit earne docht,—ommers sa hjit allinne it bisiikjen oanhing to winnen for tinsbylden fen de minsken; sprekkers as dêr ’t ik niis op doelde, wize it folts allinne op syn plicht tsjinoer syn sprake, ef oars en better sein: moedigje it stjerlik folts oan yn syn to skrutele ljeafde for de tael, dy ’t him jown waerd fen de ûnstjerlike, fen God bisiele natûr. Hjirmei forfalt aldergeloks ek it biswier fen de hear Sipma, det ús lânsljuwe troch de bank net folle fiele for sok in propaganda, hwent, mei it wier wêze, det in Fries fij is fen ropperij for bûtenwenstige dingen, dêr ’t er yn syn deistich libben neat mei to dwaen hawwe wol, it folts fielt jimmer for syn ljeafde.—Lykwol fergje wy fen de fryske foarmannen yn dit stik fen saken fierders net mear; op de krêft fen it folksaerd mei men sikerwier bitrouwe, sadet wy nou nei to gean hawwe, ho ’t wy de taelbloei it bêst forsoargje en bifoarderje.

Omdet in tael ûntstien is like goed ûnder ynfloeden, dy tsjûgje fen mear as minskelike macht, as ûnder de twang en it wollen fen de wrâldbiwenners, bistiet ek hja út siele en lichum, eat dat ivich bliuwt en in ringen weiwirdend omskot, it lichum: de tael dy ’t jimmeroan brûkt wirdt fen deistige minsken, en de siele: de utering fen it krêftichste minskelik fielen yn bliuwende wirden; ef koarter en faeks bigrypliker sein: in folsleine tael bistiet út in sprake yn de meast oarspronkelike biteikenis fen it wird en út in letterkinde. As wy yn wierheit it goed miene mei de bloei fen ús tael, scille wy goed dwaen ús oandacht oan dizze beide dielen to wijen, hwertwisken sa folle mûlk harmonije bistean moat; for beide scil soarge wirden moatte, hwent in ûnsuvere sprake by in heechfielde letterkinde is in grouwel, like goed as in fris ûntwikkele sprake, dy ’t nea hjar rykdom liene koe om wirk to leverjen fen dûrjende wirdij.

Hwet nou nedich is om ús letterkinde to bringen ta in hichte, det men der ek as strang oardieljend kritikus mei achting oer sprekke kin, is, scil men miene, al wiidweidich oanjown yn haedstikken II en III fen dit wirkje. Dochs moat men wol bitinke, det ik it op dy siden allinne hie oer omstânnichheden, hwerfen ik biwiiz’ge det hja for ús doel it ginstichst wierne—sa de stifting fen Fryslân—en oer de wei, dy ’t de fryske kinst yn to slaen hat, as hja hjar alteast better ûntwikkelje wol—persoanlike en ûntwikkelingskinst—wylst ik stilswijend ûnderstelde, bitrouwend op it achttal jonge frjeonen om my hinne, det der genôch opkommende Friezen binne, yn steat de bloei fen ús letterkinde to stypjen. En sikerwier bin ik dêrfen oertsjûge, det nou ’t it Selskip fen 1844 der ta komme koe oan myn forsiik to foldwaen, wy folle moais to biwûnderjen krije scille hwerfen wy foartiids gjin ealgjen hienen, mar ho ’t in oanwinst fen sok in tal ûnthjittende, dielswize hjar nou al uterjende skriuwers, stoffe wêze mei for bliere tofredenens, dit bliuwt dêrom net minder wier det, ear ’t wy rêstich en wol-fornoege de takomst tomjitte sjogge, dit tal op syn alderminst trijeris sa great wêze moat. Dêrom bliuwt it de plicht fen ús allegearre, soarchfâldich nei to gean eft wy jonge Friezen oan to wizen witte, mei oanliz for wirkdiedige letterkindige stúdzje en hwaens ûntwikkeling net to winskjen oerlit; en hwa scoenen hjir better for yn de gelegenheit wêze as de ûnderwizers, minsken, hwerûnder forskate binne mei fieling for de fryske saek en dy ’t jimmerwer sjogge, hwet yn de bern it measte ûnthjit? Ik wiis hjir foarâl op it foarbyld fen de hear Sipma fen Snits, dy ’t sûnder twivel yn dit stik fen saken al mear goeds ta stân wist to bringen as somlike ûnderwizers op it lân, dy ’t dochs tahâlde yn ’t formidden fen Frysk-pratende ljuwe. Litte wy ús lykwol foarâl to wacht nimme, dizze jonge skriuwers opskoattelje to wollen yn in steatlike foriening mei forheven karbrieven en oandwaenlike talittingsdeftichheden, lyk wy dy to biwûnderjen krigen by it boun Jong Fryslân, hwerfen de oprop, forslaggen en mear sok moais as in net to dylgjen mislediging fen ús tael opnommen waerden yn de selskipsboekjes! Forhâlding fen frjeonskip mei bloeije twisken hjar, dy ’t yn letter dagen to soargjen hawwe scille for forriking fen ús skriftenkennisse, mar hwêrom dochs dizze jonge geasten ta eltsoar bringe to wollen yn in duf en skimmelich boun, hwerfen de leden alderearst paedfynders-tsjinsten to dwaen hawwe for it Selskip, dat dochs ek wol bigrypt, ho ’t de earste langstme fen in jong en krêftich minske is in folsleine frijdom? Wis, it plan fen ús Gaestmarder Hear, sa in stik ef tritich aeijen ûnder syn wjokken to lizzen, om dêr den kinstners út to brieden fen like machtich talint as sines, wier wol treflik fen wizens en tige to priizgjen om syn minlike bidêstens, mar de waermte, nedich ta it ûntwikkeljen fen libben, like der net to wêzen, en do ’t, slimmer yet, op in stikelfjild in jongfaem hânnen fol taelkindich sie bigoun to struijen, strûsde de hoanne by de him tabitroude aeijen wei. Sels in foriening fen fryske letterkindigen kin allinne tsjoeds ta stân bringe en is bûtendat neist en tsjin it Selskip net nedich; de jonge skriuwers scoenen ek wol swak fen moed en lef fen bitinken wêze moatte, as hja, oanfitere fen wizer liedsljuwe, yn hjar striid for persoanlike kinst stipe en die-krêftich holpen troch it útjaen fen it Wykblêd, yet langen nei mear.

Hwent hjirmei is wol alles oanjown, hwet men fergje mei fen it Selskip en alle Friezen, om to meitsjen, det ús letterkinde net mei noed en eangstme de rêd-oansweevjende folgjende jierren hoecht ôf to wachtsjen, lykwol net hwet men to dwaen hat om de nedige en winskelike suverens fen de spritsen tael to biwarjen. Al seagen wy yn haedstik III, det wy yn de ûntwikkeljende utering teffens in machtich middel hawwe ef foarmje kinne om hollânske ynfloeden tsjin to gean, dochs knibbelje wy net mei sok in forearjende oanbidding for hjar del, det wy, hwet taelsuverens oanbilanget, alle heil fen hjar forwachtsje wolle, en it sizzen wer uterje, troch de Friezen sa jamk yn ’e mûle nommen: „Sa hawwe wy den yn ’t earst al wer genôch út ’e wei set.” Ommers dizze kinst moat yn it deistich libben krêftige wjerklank fine yn de praktyk fen skoalle, rjochtseale, tsjerke, as de ynfloed dêrfen útgean scil, dy ’t wy ús tinke; hjiroer yet inkelde wirden, dy ’t ik lykwol bidoel as in persoanlike miening, hwerfen de krektens miskien maklik yn kiif steld wirde kin, omdet ik, lyk men faeks al opmirken hat, better op dré bliuw, as ik oer kinstsaken praet.

1o. Oer it ûnderwiis yn Frysk fornimme wy net folle mear as nou en den in treastleaze en fortretlike meidieling, det de saek net to bêst flotsje wol, omdet der sa folle biswieren oan fêst sitte, sadet wy eltse kear wer in ljeaflike gelegenheit hawwe, om der ris binijd oer nei to mimerjen, hokker biswieren dochs wol sa wichtich wêze meije, det sok in bilangrike saek net genôch ta syn rjocht komt. Troch de bank liket men der yet al eang fen to wêzen yn ’t iepenbier op dizze ûnginstige omstânnichheden klam to lizzen, howol it eltsenien dúdlik wêze moat, det de biswieren, as hja yn wierheit sa machtich binne, inkeld oerwoun wirde kinne trochdet mear as oant nou ta, it hiele folts meiwirket. Ik hoopje, det men my myn frage net kwea ôfnimme scil, hwerom men bûtensteanders net earlik mei dizze biswieren bikend makke, ljeafst yn de selskipsboekjes ef, hwennear men fen bitinken wier, det sa de stimme yet troch to min minsken fornommen wirde scoe, troch in rige artikels bygelyks yn de Ljouwerter Krante?[8] It fryske folts hat der sûnder mis rjocht op, dúdliker fen hjarren, dy ’t bineamd waerden for dizze taek en sa faken al bliken joegen, der ek for birekkene to wêzen, oer sok in geastelik bilang ynljochte to wirden; it is myn oertsjûging det de biswieren, ho skriklik hja den ek wêze meije, net sa kretenzysk-doalhôfeftich binne, ef alteast ien scil de útwyk wol to wizen witte.

[8] Hwa ’t der op wize, det yn 1906 de Ljouwerter wegere oan it Forsiikskrift oan Deputearre Steaten plak to jaen, scoe bitinke, det der do praet wier fen in oanbigjin, noutiids fen in fierder gean op in ienris ynsleine wei.

2o. It mei bikend wêze, det ús rjochterlike macht for fierwei it greatste diel wol foldwaende op ’e hichte is mei ús tael, om tsjûgen en biskildigen, dy ’t hjar ljeaver yn de eigen sprake uterje, to fetsjen, mar nimmen hearde der yet fen, det de president ek yn it Frysk frege, hwet dochs scoene men hoopje, net yn striid mei de algemiene rykswetten wêze scil.

Men scoe witte wolle ef dit to forklearjen is, trochdet dizze hearen ús tael net machtich binne, ef trochdet hja hjar ljeaver hâlde oan it brûkme, dat lange ieuwen trou folge waerd. Yn ’t earste gefal scoe men der by nije bineamings op oanstean kinne de rjochterlike macht yn ús lân ek oan Friezen ta to bitrouwen, wylst yn ’t oarde men inkeld wachtsje kin, ef den nimmen moed genôch hat to hânneljen, lyk as er sels wol ynsjocht, det it it meast praktysk is.

3o. Hwet nou de tsjerke oanbilanget, liket it my ta, det trefliker as in hopen gepraet en geskriuw, hwermei men meastal net mear opsjit, as det de partijen fêster bisletten en grimmitiger as ea foar eltsoar komme to stean, is in ienfâldige die as dy fen ds. Wumkes en oaren, hwaens moedich weagjen net nôch to wirdearjen is for it bilang fen ús tael. Ik stean der dos mei klam op oan, det dit foarbyld hwerfen wy moaije útkomsten seagen, neifolge wirde scil troch allegearre, dy ’t hjar dêrfor birekkene achtsje, en scoe it in prizenswirde die neame as sokken, dy ’t hjarsels net bitrouden, der oer gear komme koene, ds. Wumkes ris út to noegjen, ek yn hjar plak de hillige saken to bihânneljen yn ús eigen tael, det de fieling for it Frysk by ús lânsljuwe yet krêftiger wirdt. Hat ienris dit streevjen folle oanhing foun, hwerop wy rekkenje meije, nou ’t wy al goed gefolch waernimme fen it alderearste bigjin, den scille de tsjerkerieden en gemeinteleden fensels ta it ynsjoch komme hok in weardich ding it is, yn in frysk doarp in Fries as harder to hawwen, en men scil bitsjuttende oanwinst krige hawwe for ús taelstriid.[9]

[9] Yn dit forbân bring ik myn oprjochte hilde oan ’e tsjerkerie fen Dearsum dy ’t, sa ’t ik fornaem, Ds Wumkes sels útnoege dêr in fryske preek to hâlden.

Fierders is der yet in saek, dy ’t howol faeks net sa bilangryk yn wêzen en ynfloed as de trije boppe-neamde biwizen for de brûksumens fen ús tael yn en bûten it deistich libben, docht net forwaerloazge wirde mei, omdet ek hja folle goeds dwaen kin for de taelsuverens. Yn ’t miene sein hearsket der ûnder de jongerein fen ús folts in ljeaflike ûnforskilligens for de fryske saek, hokker sloppens slim kwea nommen wirde kin, om ’t fierwei de measten nea net hearden fen in sikerwier-bitsjuttende taelstriid, to min alteast om der ek mar in bytsje bilangstelling for to fielen. Wol leannet it dos de moeite, ris nei to gean eft der ek bûten it Selskip, toaniel-forienings en sa mear, neat dien wirde kin om in ein to meitsjen oan dit ûnwit, en ek it opkommende Fryslân to winnen for hwet wezentlik syn plicht is.

Miskien scoe in forstânnige, mar dêrom net minder libbene, organisaesje fen ús fryske jonkheit ûnder fryske lieding goeds dwaen kinne, hwerby men foarâl hjirom tinke moast, det men jonge minsken net oanfiterje mei ta droege taelstúdzje, sûnder det men as tsjinwicht soarget for útspanning yn sport, dy ’t lokkich tsjinwirdich yn ús lân him ek mear en mear bigjint to ûntjaen. To’n earsten wier it al tige moai as wy keats-, iisklubs ensf. der ta krije koene de stive, offisieele hollânske tael, dy ’t faek sok in ûnbihaechlik stimpel jowt oan de oars sa sellige byienkomsten, to forfangen troch dy fen eigen groun. Wylst ik dit wirkje skriuw, ben ik yet drok dwaende mei it útwirkjen fen de plannen hwerop ik hjir doel, sadet ik, howol it my moeit om ’t ik jerne sa dúdlik mûlk bin, hjiroer wol de ûngaedlike meidieling dwaen moat, det ik my yet net yn steat achtsje oer dit stik fen saken praktyske rie to jaen. Mar tinkelik haw ik letter wol gelegenheit op dizze saek yn Forjit My Net ef Fryslân werom to kommen, hwet yn safier ek better is, det ik den troch earst it útfier fen myn plannen hjir en dêr bisocht to hawwen, sels oardielje kin oer hjar geskiktens.

Om in goed oersjoch to biwarjen oer de fryske taelstriid en de foarnaemste middels fetsje wy efkes gear:

As ús winsken, dy ’t ik útspriek yn it bigjin fen dit haedstik, ea forwezentlike wirde scille, moatte wy ús oandacht wije oan

1. de fieling fen it folts for syn tael; dizze ljeafde wirdt wol it treflikst oanmoedige troch sprekkers as de hear de Zee, dy ’t lykwol hjiryn net allinne stean bliuwe mei;

2. de bloei fen ús tael, to sizzen

a. de skriftenkennisse; dizze hat allinne heil to wachtsjen fen nije bigjinsels (persoanlike kinst, ûntwikkeljende utering), en soarge heart to wirden for in fikse fryske oplieding fen jonge skriuwers.

b. de taelsuverens; dizze scil tanimme troch romte ôf to stean oan de ûntwikkeljende utering, troch yn skoalle, rjochtseale, tsjerke alteast to’n earsten ús tael fakultatyf to stellen en troch organisaesje fen de jonge Friezen.

De greatste ynfloed op frysk gebiet giet út fen it Selskip fen 1844, en yn it Selskip fen it Haedbistjûr; men forwachtet det de Algemiene Gearkomste hjiryn nea wer frysk-forriedende konservativen dildzje scil.

De jong-fryske biweging wijt hjar krêften yn haedsaek oan trochfier fen de nije letterkindige bigjinsels.

Sa hawwe wy dos dúdliker ynsjoch krige oer de fryske taelstriid sels, witte wy better hwet hjar doel is en hawwe klearrichheit oer it forrin fen dizze biweging, lyk as dit it suverst en winskelikst is, lyk as it nei minskelike birekkening komme scil yn de earst-folgjende tiden ek. Dochs bliuwt, al mei men oannimme det it greate merkteiken fen it fryske karakter yet is in ynbânnige krêft, en det, sa opfette, it stânfriezendom net, lyk fen somliken jamk sein waerd, ta it forline biheart, der yet altyd de kâns bistean, det somlike ljuwe moedleas stoarje nei it boppe oanjown, folle-omfetsjend program en det mear as ien uterje scil it ûnbihaechlik bitinken: „Wis, dat alles is tige forstânnich úttocht, mar de oermacht is sa nearzige great, det wy yn ’t ein dochs forslein wêze scille; sa is dos de striid omdôch en hwerta den yet to bigjinnen?”

Ik fiel det ik oanstriid krij om hjir minder bidaerde en wol-oertochte wirden to brûken, as ik oant nou ta, tinkend om myn lêzers en it doel, dat ik mei dit wirkje haw, yn ’e mûle naem. Mar my wer to foaren hâldend, det in lyriske boai fen lilke tael hiel hwet minder to weech bringe scil as in ienfâldich-birekkenjend wjerlizzen fen dizze miening, scil ik bliuwe by de hâlding, dy’t ik yn dit wirkje oant nou ta biwarre, en biwiiz’gje, det dit bitinken, howol maklik to forklearjen en dêrtroch faeks ek wol to forjaen, dochs hielendal net oerienkomt mei de wezentlike tastân, det earder oarsom de omstânnichheden ús bitrouwende moed jaen kinne om ûnbisoarge, mar dochs jimmer soargjend, de takomst yn’e mjitte to gean. Litte wy dos earst neigean, hwa ’t eigentlik ús fijân wêze mei, eft der wol reden bistiet eang fen him to wêzen, en mocht it ús talykje det dit sikerwier sa is, den op hwa ’t wy rekkenje meije, as trouwe bounsnoaten.

En foartdalik wirdt it ús den klear, det mei de striid op ús rêstige mieden ek gean tsjin in frjemde sprake, dêrmei hielendal net miend wirdt, det wy ûnder alle omstânnichheden, it Hollânsk to biskôgjen hawwe as fijandinne; hwent inkeld wolle wy war dwaen, de ynfloed fen dizze sprake op ús tael hjir yn Fryslân to kearen, wylst wy der nea net om tinke scoenen to sizzen, det wy tsjin hawwe op it brûken fen Hollânsk yn hiel de oare wrâld, hwerearne it den ek wêze mei, mar dizze sprake earder tawinskje in rom taelgebiet.

En fierders hat men yen dizze striid hielendal net sà to tinken, det tsjin ús iverjen for de fryske tael de Hollânners bisiikje scille ús sprake sa folle mûlk neidiel to dwaen; hwent dêr jinsen wier men jimmer dôf for ús saek en wegere men ús freegjen om mear rjocht, om mear bilangstelling alteast, faken to forstean en omdet sok in dôvens ús noutiids gjin skea mear docht, scille wy wiis dwaen net to bisiikjen dizze syktme to genêzen.

Sa mei men dos ús striid mear lykje by it streevjen fen warbere minsken, om it jimmer-rizend wetter to kearen bûten de kriten, dy ’t yet droech bleau, ho ’t dêr omhinne it wiet ek stadich omhegens skoude, en dy ’t dat bliuwe scil, omdet de krêft fen de mânljue dy dykje greater is as dy fen ’t wetter, dat ringen wer falt, as minlik de sinne wer glimket.

Mar nea net wolle wy biskôge wirde as minsken, dy tsjin hawwe op in fêste en krêftige iendracht fen hiel it Ryk; as wy bisiikje it wird „Fryslân for de Friezen en it Frysk” to meitsjen ta seine wierheit, easkje wy allinne wer de rjochten, dy ’t men ús lang lyn binaem. Mochten wy dêrby in tsjinwirking ûnderfine, stoefer as wy fordrage en dildzje koenen, den kin der wol gjin twivel bistean, ef ienris scille wy witte to anderjen mei it oprjochtsjen fen in frysk-naesjonale partij, mar sels den scil dizze net yn hjar findels skriuwe: „los fen Hollân” hwent yn de lêste ieuwen learde Fryslân him to bûgen—mar allinne oanstean op it earbiedingen fen ’e rjochten fen ús tael, dêr ’t wy net búten kinne.

V.

For ús, dy ’t yn steat binne ús in oersjoch to foarmjen fen hwet barde yn de tiden, dy ’t aldergeloks efter ús lizze, en dy ’t as strange ierdske rjochters oan to wizen witte, hwet yn dieden fen ’t forline krêftich wier ef ôf to karren, moat it wol makliker wêze as for de ljuwe eartiids, der hichte fen to krijen hokker gefaren yn de neiste jierren foarâl fen ús mijd wirde moatte. Hwent mei in minske, âlder wirdend en jimmerwer nije ûnderfining en wizens garjend, sims fortretlik wirde, as er werom tinkt oan misslaggen, lang forlyn fen him bigien, en mei hy sa altyd wer klearder ynsjên, hwerfor er him letter to wacht to nimmen hat, mear is dit yette wier for in hiel folts, dat ommers net bistiet út ien libben mei ien ûnderfining, mar earder neamd wirde moat in mienskip fen minsken, tige forskillend yn fieling en tinken, mei ryk forskaet fen bifinen dos ek.

Hwet ús taelstriid oanbilanget, bûten in pear ûnbitsjuttende tsjinslaggen, dy ’t jimmer to forklearjen wiernen troch ûnginstige, tidelike omstânnichheden en dy’t gjin bliuwende wearde hawwe, wiernen der oant nou ta gjin wichtige tsjoede ynfloeden mei earnstige gefolgen, dy ’t ús de eagen iepenje koene for gefaren, dy ’t ús bidrigen sûnder det wy it sels wisten. Mar hiel oars stiet it mei ús frijdom, dy ’t wy al sokke lange ieuwen misse en dy ’t net bilies jown hat as nei tiden fen hjitte striid, hwerfen ek wy yet leare kinne.

It frysk karakter den is yn ’t earste plak krêftich yn dizze bitsjutting, det in Fries maklik alles, hwet yn striid is mei syn persoanlike opfetting, minderweardich achtet en, oertsjûge fen de treflikens fen syn eigen ynsjoch, fen gjin rêst en frede wit ear ’t it libben alhiel sa rint, as neffens syn bitinken it bêste is. Great forskeel lit dit foartdalik sjên mei somliker súdlike foltsen, hwaens winsk it like goed is hjar nea net to skikken en yn alles hjar eigen sin troch to setten, mar dy ’t bitrouwend op it fielen mear as op it tinken, meast to wirk geane neffens de tafallige rite fen in amerij, sûnder djip nei to tinken oer de inerlike wearde fen hjar doel. In Fries is nou ienris, allicht oarspronkelik dêrta twongen troch de oerstjûre wiksel fen waer en wyn yn dizze kontreijen, wend by alles hwerfen er it great bilang fielt, lang nei to mimerjen en jamk al to soarchfâldich it for en tsjin to hifkjen, sadet by dit stil en rêstich libjend folts de inerlike striid meast wol minder forheftich, mar dêrom net minder djip en binammen langer fen dûr is as hwer de sinne krêftiger hearsket; earst as it tinken net komme kin ta in útkomst, rieplachtsje wy de fieling en litte oan dizze it lêste wird. Mar as wy der einlings nei lange dagen fen stadige striid, ta oergien binne in bislút to nimmen, den wolle wy faken jerne miene, det krekt om ’t wy sa soarchfâldich it goed en tsjoed hifke hawwe, dit bislút nou ek tsjûget fen wiis ynsjoch en, leauwend oan de alles-oerljochtsjende treflikens fen ús eigen opfetting, geane wy mei moed en foarâl mei selsbitrouwen elts tomjitte, dy ’t it weaget oer sok in wichtige saek in oare miening to hawwen as wy, om’t wy hjir dochs, lyk as wy eltsenien hearre litte, sok in bisûndere stúdzje fen makke hawwe. Hiene wy nou yet hwet mear forstân, den scoene wy by ús sels tajaen, det de oar dy ’t ommers fen deselde stamme is, sûnder mis allike min in bilangryk bigjinsel fordigenje scil, as ek hy dêr net lang-rêstich en forstânnich-birekkenjend oer neiprakkesearre hie, sadet wy wol fier fen dy oar ûnskiklik to bijegenjen, minlik en fordildich oanhearre scoene, hwet der wol to sizzen wier for syn opfetting, om dêrnei yet ris nei to gean, ef hwet wy seinen den dochs sikersonk minder folmakke wier, as wy sels wol hawwe woene en sa faeks ringen wer fen nijs oan to bigjinnen. Mar—aldergeloks hie ik hast sein—sok in folslein forstân bitochten de goaden ús net, det neist it tinken for it fielen gjin romte mear wêze scoe; hawwe wy ienris in bislút nommen, woloan, den is dit in útdragen saek for ús wirden en den jowe wy hommels oan ús fielen sok in oerstjelpjende krêft, det as immen it bistiet tsjin ús miening op to kommen, wy him skildich achtsje oan misledigjen fen de persoanlike hilligens en mei in suchtsjend sizzen: „As hy him den net bikeare litte wol, ja, den bliuwt allinne de striid mear oer”, wirdt der den in bigjinseloarloch oankindige, dy ’t almeast net mijen, mar fûleindich fen aerd is.

Mei der immen wêze dy ’t by dizze teoretyske biskôging net neilitte kin efkes meilydsum to glimkjen en miene, det immen dy ’t der sa oer redendielt net foldwaende op ’e hichte is mei it wiere wêzen fen ús folksaerd, him wiis ik nei de mistreastige en fortretlike praktyk fen ús skiednis, binammen nei it neargeastige diel, hweryn forhelle wirdt ho ’t Fryslân syn frijdom forlear. Sims, lêzend fen de Middelieuwen fen ús lân, wirdt it forskaet en de drokte fen de partijen sa forbjusterjend, det men sin kriget, oan to nimmen, det dodestiids elts mar tsjinne syn eigen bilangen, en him inkeld oansleat by ien fen de meast mânske partijen, as it persoanlik foardiel it sa woe; yn dizze skimerige dagen uteret him klear de net to teamjen drang nei striid, dy ’t altyd diel wier fen ús wêzen, noutiids net sa dúdlik mear, omdet like goed yn de greate mienskip as yn bisletten forienings, der folle drige wirdt mei minder nochlike straffen, dy ’t sok in utering fen striidsin witte tsjin to gean en sa de langstme sels machtleas to meitsjen. Bûtendat wist men yn dy skiere dagen net fen saneamde biskaving, hwerfen men wol ris lústere hat, det hja de measte minsken it alderrouste wit to binimmen, al komme wy yn de lêste moannen lokkich wer hwet skeptysker tsjinoer sok ûnbiroaid praet to stean, omdet wy der einlings hichte fen krije ho ’t dizze biskaving inkeld bliuwt in ding fen de bûtenkant en dos fen minder biteikenis; det dêrtsjinoer de machtichste minskelike langstmen jimmer deselde bleaun binne en bliuwe scille, wachtsjend allinne op in skok, om hjar wer mei skriklike krêft to ûntjaen. Sa fine wy dêr yn de drôve skiednis fen ús lân in swier biwiis, det in Fries jimmer twongen wirdt ta striid, om ’t er syn persoanlik tinken, hwerfen er wit det it greate weardij hat, biwarje wol tsjin eltse twang, eltse oanfal, eltse ynfloed sels fen bûten, en omdet er libbet yn ’t formidden fen syn lânsljuwe, striidt er sûnder ophâlden tsjin minsken fen deselde stamme.

Tige earnstich liket nou hommels hiel de saek ús forhearde eagen ta; moedleas is wis it bitinken, det fen hiel ús bisiikjen mar in bytsje, to min sels, to ljochte komme kin, hwent frjeonskip, as dêr ’t ik op wiisde oan ’t ein fen myn earste haedstik, mei mûlk wêze twisken minsken mei itselde doel, dy ’t wend binne mei eltsoar to wirkjen en folle omgong hawwe mei eltsoar, twisken alle ljuwe fen hiel in folts, dy’t eltsoar faken net earder sjogge, as hwennear hja al as fijân tinke en hânnelje, frjeonskip ta stân to bringen, soks liket sikersonk dochs wol bjuster slim.

—Mar, sa forfettet de stimme nei ús wiidweidich forhelle to hawwen oer forskate lytsgeastige, mar dêrom net minder fûleindige rûzjes: as de hollânske greven kamen, den wier meastentiids dalik hiel it folts wer ien...

Dat is it hwet wy forgeaten, myn frjeonen: det wy better dwaen scoene, mei, as wy dochs sjogge, det ús miening net troch it greatste diel fen it folts oernomd wirdt, net to bisiikjen steech troch to setten, hwerfen wy nou ienris mienden, det it it bêste wier, mar ús del to jaen by it bislút fen de measten, sadré wy oertsjûge binne, det dizze it selde for ’t forstân krigen hawwe as wy: det nammentlik eltse striid binnen de poarten ûnforstânnich is en yet slimmer, as der bûten de poarte immen stiet, dy ’t war docht ús ljeave stêd to oermasterjen. Litte wy dos jimmer bitinke, det yn dagen fen striid mei it frjemde, lyk as wy lang al bilibben en sûnder twivel yet lang meimeitsje moatte, it forkeard en tsjoed for ús mien doel wêze scoe to dwaen, eft sok in striid net bistie; litte wy fierders soargjend tinke om de treflikste wapens en de krêftichste striidhynzers, wy allegearre, hwaens wirk is for de bloei fen ús tael, om skielk as wy wer byeltsoar binne, bitrouwend ek op it goede ynsjoch fen oaren, nei to kommen hwet goedkard wirdt fen de measten. Yn lânnen om ús hinne swije de partidige stitnmen, en wirket men ienriedich mei en neist eltsoar, omdet men wol wit ho ’t inerlike striid ek hjar, dy ’t it bêste wolle, de dea dwaen kin; scille wy dit foarbyld folgje, bitinkend det al ieuwen ek ús striid geande is en de eigen tael yn gefaer, ef scille wy foartfarre mei faken lytsgeastige strideraesjes?

Litte wy wer neigean: wy stride for in ljeafde en in djûr bigjinsel, hwerfen de oertsjûging ús machtige krêften tafoeget, wy steane neist eltsoar iendrachtich en ienriedich fen wyt en fen wollen, towile men yn Hollân faeks ús streevjen mei weardearring oanskôgje scil; dit alles ûnthjit wol folle, mar tsjinoer ien dy ’t petearret yn ús tael steane fiif-en-tweintich dy ’t heech hâlde de sprake fen it ryk. Sa, scille de moedleazen sizze, binne wy yet net wis fen de oerwinning...

Alwer bitwing ik myn oanstriid dizze minsken hird to fallen, dy to folle tinke, mar to min ef forkeard fiele, en wer scil ik, dy ’t er sels forwûndere oer bin, det ik sa forstânnich en birekkenjend wit to skriuwen, my ynbine; for de twade kear siz ik: sûnder folle ynspanning ûntwikkelje wy yet mear krêften.

Faek wier ik binijd as ik, lêzend in Hollânsk letterkindich tiidskrift, jimmer wer foun in waerme en moaije ljeafde for de sudeliker ljuwe fen hollânske stamme: de Flaemsken, op hwaens rjochten en krêftige striid for hjar tael men aloan wist to wizen mei minlike ljeafde en djip-geand ynsjoch, wylst men for de fryske saek, dy ’t dochs wis mear biwûndering fortsjinnet, omdet ús tael yn hjar slimme striid net stipe wirdt fen in machtige sister oer de grinzen, gjin wird fen weardearring oer hie. It is dúdlik, det de moaijens fen skriftenkennisse op sok in saek dochs mar in bytsje ynfloed útoefenje mei, omdet de taelstriid hielendal los fen de letterkindige kwesje biskôge heart to wirden; hwent is yn heechste ynstânsje de letterkinde net in wirk fen de minsken, mar de tael in goadebern? Moat der den socht wirde nei in better forklearring, den liket dit wol de oannimmelikste, det wylst de Flaemsken jimmer folle ynnimmends fen hjar hearre lieten, wy Friezen, forneamd om ús stilswijen, ek hwer ’t it gjin foech jowt, ljeaver stil ús wegen gyngen, en al wierne wy der tige mei ynnommen as wy bilangstelling ef eat hwet dêrop like, for ús saek oan ’e oare ich fen de sudersé mienden to merkbiten, it ús dochs ûnweardich achten sels dizze bilangstelling oan to fiterjen. Mar dochs, al weardearje ik dizze ynbânnigens ek tige, omdet ik sok in dwaen fiel as eat krêftichs en dos eat moais, bin ik fen bitinken det wy, sûnder kwea to dwaen oan de bigjinsels, dy ’t wy foarsteane, gerêst yn Hollân hwet mear fen ús hearre litte kinne; dêr scille bûten de Friezen dochs ek wol somlike oaren tahâlde, dy ’t as hja fornimme hwet wy ús rjochten achtsje en hja foar ’t forstân krije, det al bliuwt lyts de macht fen ús tael, hja dochs like goed sprake is as it Hollânsk, yn steat binne mei ús mei to fielen for de moaijens fen ús ljeafde, al kinne hja, salang al ús rjochten net yn acht nommen wirde, tinkelik op taelgebiet gjin frjeonen fen uzes wêze. It scoe my al tige nij dwaen, as der, hwennear wy mear fen ús hearre lieten en mei mear klam ús saek bipleiten, wer twa partijen ûntstiene, hwertwisken de skied lyk foel mei de politike grins (men tinke hjirby oan hwet yn Ingelân barde: de Unionisten yn hjar forset tsjin de liberalen, dy ’t opkamen for it Ierske home rule), en hwerfen ien de fryske saek, wier it den ek net mei fjûr, bistride scoe. Sûnder twivel scoe der nea net folle fen sokke partijen to fornimmen wêze, al bliuwt der gefaer bistean, det, as wy foarderen mei ús striid, somlike ljuwe, dy ’t net foar ’t forstân krije kinne, det wy in geef en soun diel fen it ryk útmeitsje scille, as men ús folsleine frijichheit jowt yn taelsaken, wer bigounen to roppen fen provinsialisme en mear sok moais.—

Wy binne miskien der to folle yn biwend by de namme „Fryslân” to tinken oan it haedlân twisken Dokkumer Nije Silen en Starum, Harns en de Stellingwerven; it mei wier wêze det dêrre de measte Frysk pratende ljuwe toevje en de libbenskrêften fen de sprake dêr as needsakelik gefolch it meast forneare kinne, dochs wenje der, lyk as ús bikend wirden wêze mei yn de lêste jierren, nou ’t dizze saek aldergeloks mear ta hjar rjocht komt, yn it Westen fen Sleeswyk ljuwe bisibbe mei ús yn bloed en tael—in earmtlik oerskot wol fen hwet ienris Magna Frisia wier, mar wezentlik dochs ús broerren, fen hwa ’t wy inkeld al hâlde omdet hja, allyk in lyts, mar fleurich-grien eilân yn forheftich-weagjende sé, ienlik stean bleauwen. De njonkenlytsen forneamde oprop fen ’e hear De Clercq, ien fen de moaiste dieden den ek, hwerop wy yn de lêste jierren romje koene, hat einlings nije oansluting ta stân brocht twisken de West- en Noardfriezen, dy ’t yet mear it karakter fen in frjeonebân krige do ’t somliken fen ús fryske foarmannen der oer gear kommen wierne, persoanlik dizze fiere, mar ús dêrom net minder ljeave sibben to bisiikjen. Ek for ús scoe it spitich en neidielich tagelyk wêze as it fryske libben, dat dêr sa moai oan ’t bloeijen wier en ús herte fornoege, to neate gean moast yn dizze oarloch, omdet der sikersonk mear for it bihâld en it foartsterkjen for de tael dien waerd, as men easkje mocht en forwachtsje koe by sok in lyts tal minsken ûnder dútsk regear, ja sels nei forhâlding mear as by ús, dy ’t dochs, foarâl yn in hopen ta weismiten kearde rymkes, der jamk sa heech fen opjowe, hofolle wy for ús tael oer hawwe (it merkteiken is tjinwirdich „ynmoai”, for in tweintichtal jierren wier it fêst „swietlûdich”; ek hjir in twingende moade!).

It is ús plicht, dêroer to weitsjen, yn safier wy dêrta yn steat binne, hwent in earnstich forlies scoe it for ús wêze as ek dit fiere, frisse libben dat ús altyd wer wytge fen tiden, do ’t ús lân machtich wier en sa ek ús moanne ta moedige dieden, for goed daet waerd en tige scoene wy hjar misse, dizze broerren mei hjar kleare, blauwe eagen en blond hier, dy ’t gâns mear as wy sels yn uterlik de âlde Friezen lyk bleauwen.

Mar al is tichter oansluting fen West- en Noardfriezen for beide fen greate sedelike wearde, it scoe tsjûgje fen leffens en strang to kastijen selssucht, as wy forwachten, det dizze warbere striders, dy’t sels al sa danich to fjochtsjen hawwe tsjin de ôfbrekkende macht fen Deensk en Dútsk ús, dy ’t folle sterker stean moasten as hja, stypje koenen yn de striid tsjin it Hollânsk. Earder scille wy ús der op ré meitsje moatte, om, hwennear de tastân fen ús eigen tael it talit, hjar by to stean yn ûnderskate opsichten, al is dit fensels in soarch fen de fiere takomst; hwent jimmer bliuwt it for ús in saek fen great bilang, det dêr yn ’t Noarden fen Dútsklân ljuwe wenje, dy ’t rekkene wirde kinne ta de fryske stamme,—letter sjocht men soks faeks better yn as nou.

Underwiles wirde wy troch de wolkomme oansluting by ús fryske broerren yn ’t Noarden dos neat net sterker yn ús striid tsjin in frjemde tael yn ús eigen lân; wy scille yet siikje moatte nei bounsnoaten, dy ’t, howol hja to ’n earsten ús net hoechden to stypjen, omdet ek sûnder hjar helpe ús saek yet net hopeleas liket, dochs mocht it ris bigjinne to knipen, ús krêftich byspringe kinne, in soarte fen reserve dos. Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze, hwaens aerd en karakter nei bisibbe binne oan dat fen ús folts, omdet in mieningsskeel, útdijend faeks ta striid mei dizze helpers for ús sels sa fordjerlik wirde koe, det wy fen ús doel fierder ôfstaet waerden as ea foartiids, en moatte yn steat wêze mei to fielen yn ús geastelik bistean, omdet as wy mei fjûr in saek fordigenen, fen hjarren waerme bystân wachtsjend, wylst wy al ringen yn pleats dêrfen in kâlde, ûnforskillige hâlding by hjar merkbite moasten, dit faeks great neidiel dwaen koe oan de frjeonskip. Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei frysk bloed, omdet in boun ûntstien út suvere birekkening, sûnder ynlike fieling, it waerme libben mist, dat it bliuwend meitsje kin en tideliker is as it wifste simmerblomt, mar ien twisken broerren fen it selde hûs for beide net oars meibringe kin as seine en wolfeart. Dizze bounsnoaten moatte, ho machtich en great, yn haedsaek deselde bilangen hawwe as wy, biwenners fen in útherne fen de wrâld, hwent wy wolle net út it each forlieze de wirdij fen it sizzen, earder yn oar forbân al oanhelle, det lokkich to priizgjen binne hwa ’t mei eltsoar gean, dêrta twongen fen hjar ljeafde en hjar bilangen.

Dizze bounsnoaten moatte minsken wêze mei in tael, dy ’t yn rju folle punten liket op dy ’t wy sa trou biwarren, omdet in dúdlik biwiis fen us bisibbens nedich is for folle ljuwe, dy ’t earst frjemd foar hjar fiere sibben stean scoenen; en it is winskelik det hja wenje yn oarden, dy ’t net to fier fen uzes lizze. Mar hwet fen it aldermeaste bilang is: hja moatte oertsjûgjende bliken jown hawwe to fielen for de rjochten fen lytse foltsen en hjar tael, en de moed hawwe dizze fieling to fordigenjen, hokke machtige fijânnen der dêrom ek tsjin hjar opstienen. Dit binne wichtige bitingsten, en dochs mei net ien dêrfen forwaerloazge wirde omdet men maklik ynsjocht, det it better is allinne stean to bliuwen yn de swiere striid, sûnder to rekkenjen op de stipe fen oaren, as fen yens bounsnoaten mar healwei folge to wirden, sadet der al licht wriuwing mei hjar ûntstiet en de frjeonskip forkoellet ta ûnforskilligens, en út wrok oer dizze ûnforskilligens sels foroaret yn hate, hwet earnstige gefolgen meibringt. Mislearret it ús dos sokke bounsnoaten for ús to winnen, den binne wy, ho ’t it de moedleazen ûnder ús ek moeit, oanwiisd op eigen krêften en allinne scille wy fierders hawwe to striden, oant wy warrich binne en langje nei rêst, oant it ein komt det wy ús sin krije, ef oan de binijde wrâld sjên litten hawwe, ho ’t ien fen hjar heechstbijierre talen en dêrnei faeks ek ien fen hjar âldste foltsen de wei nei Walhalla bireizget.

Mar sikerwier, dit liket net nedich: hwent blyn moasten wy wol wêze, as wy net seagen ho ’t der jinsen oan ’e oare ich fen de Noardsé wennet in folts dat, al hat it tsjinwirdich ek in hillige striid to fieren for syn bistean en it bihâld fen it plak, dat it ûnder de greate machten fen dizze ierde ynnimt, lyk as oant nou ta jimmer yn syn romrofte skiednis, it witte scil to winnen fen hwa syn greatste bigjinsels en syn wichtichste bilangen bidrigen. De fryske foarmannen hienen it by ’t rjochte ein, do ’t hja der op wiisden, det wy fen Ingelân ginstiger omstânnichheden for ús tael to wachtsjen hienen; troch syn sedelike stipe koene wy folle bidije, al hoecht de oansluting twisken dit folts en ús to ’n earsten net to binend to wêzen, omdet wy ommers stride net for de frijdom fen in lân, mar for de rjochten fen in tael en wy, lyk as boppe al mei klam sein waerd, yn it gefal, det wy dêr jinsen greate bilangstelling for ús saek machtich wirde koene, sok in stipe mear to biskôgjen hawwe as reserve, hwennear somliken hjar ris op hinderlike wize mei ús bilangen bimoeije woenen, en net as gewoane, wiere striidkrêften. Wy Friezen geane ús eigen wei en scille dy jimmer gean, mar binne altyd leard forsichtich to wêzen en hawwe neat gjin sin om skielk, as men in grou berchblok op ús paed delkeile mocht, der mei bilitsen antlit nei to sjên en—wol it meast to forspijen ding, det in Fries him foar de geast krije kin—sels twongen to wirden in sydpaedtsje yn to slaen. En fen hokker kant men den de saek ek biskôgje wol, jimmer wirdt it ús dúdliker, det wy oanwiisd binne op Ingelân, dat wis wol genôch krêften hat, hwerfen it biwûnderjen as wy sels moedleas wirde mochten, ús wer treastgje en opfleurje kin.

Hwent yet wit men to forheljen, ho ’t lange tiden lyn fen it fêstelân mânske striderskloften teagen en weiswalken oer de woelige weagen, oant der opriisde in lân, dat yn syn fruchtbere mieden folle wolstân ûnthiet en hjar, wend oan de earmtlikens fen hjar bertegea, hwer ’t jamk krapte wier en brek troch oerbifolking, útnoege dêr hjar stevige wenten to bouwen; de swalkers hawwe de ynlânske stammen, dy ’t yn hjar machtichste dagen for de Romers net wieken, fordreaun nei de fierste hernen fen it greate eilân en wiernen ieuwen lang hearskers. Do’t hja einlings bilies jaen moasten for hwa kamen út it Suden, bleauwen hja yet in bisjuttend diel fen it ingelske folts, al moasten hja to’n earsten machtleas oansjên, ho ’t it regear oergyng yn hânnen fen ljuwe, hjar frjemd yn sprake en seden. En wytgjend wiist de skiednisskriuwer ús derop, det ûnder hjarren dy ’t út de swart-skaedzjende bosken weireizgen oer it warbere wiid, om op it eilân to hearskjen oant machtiger stammen kamen, mei hwa ’t hja ringen torane scoenen ta ien krêftich folts, ek folle Friezen wierne. Al sweijen wy oer dy bisibbens lange jierren, omdet it net yn ús aerd leit minsken, dy ’t út hjar sels net by ús komme, om bilangstelling en mear to freegjen, dit bliuwt dêrom net minder wier, det fen forskate Ingelsken it âlde Fryslân it stamlân is; al slomme de nei eltsoar lûkende fieling ek in hiele rek, hja wachtet der allinnich op wekke to wirden en troch de rêst oansterke scil hja yet krêftiger wêze. Forkeard en ûnwird is den ek it dwaen fen somliken, dy ’t wylst hja dochs witte det Friezen sterk hingje oan hwa ’t it bloed hjar bynt, wirden sizze hwerút men ofliede mei, det hja fen ús, dy ’t der rounom for oanskreaun steane, det wy der fij fen binne in blêd for de mûle to nimmen, forwachtsje in nearzich en lef stilswijen, in ûnforskillich oanskôgjen fen dizze wichtige, hwent de earste biskavingsbigjinsels oanbilangjende striid.

En yn it stik fen tael-bisibbens, hawwe wy ús der al lang net op foarstean litten det hja yn ûnderskate bilangrike punten sterk oan uzes tinke liet, ho ’t wy den sims ek stien hawwe ûnder ynfloed fen it opskouwende Hollânsk en ús broerren oan ’e oare kant fen de Noardsé heappen wirden oernamen fen latynske komôf? Den is yn haedsaek it aerd, it karakter fen it ingelske folts en uzes itselde: beide like birekkenjend, lang hifkjend it goed en tsjoed fen hwet men ûndernimme wol, mar den ek rjocht oanstjûrend op it doel, sûnder yen dêrby fen tsjinslaggen en tsjinwirking fen oaren forbjusterje to litten; dêrneist itselde wêzen yn langstme en bigearte, dy ’t fen beiden lang yn hjar utering tsjinkeard wirde, mar ienris fen bânnen ûntslein ek ninter it hearskjen oerjowe. Den de gelikens yn bilangen: wy Friezen dy ’t yn de striid for de rjochten, dy ’t wy to fordigenjen hawwe yn it stik fen tael jerne rekkenje woenen op krêftige stipe fen it folts, for hwaens wird men wend is oandacht en earbied oer to hawwen, wylst hja fornoege wêze scille, as hja witte, det oan ’e oare ich fen de skiedende sé in folts wennet, dat utering jaen scil oan syn tankberens for hjar sedelike stipe, hwer soks foech jowt: sa wirdt it ús dúdlik, det dizze de bounsnoaten wiernen, nei hwa ’t langjend en fortretlik fen twivel de moedleazen ûnder ús sochten—en earlik en iepen sein, hwa ûnder ús, dy ’t nea net soarch hie oer de ôfrin fen de striid?

De wichtige frage, dy ’t goed en folslein biandere wirde moat, omdet dêr sa folle bilangryks fen ôf hinget, bliuwt dos dizze: ho bringe wy tichter en steviger oansluting mei Ingelân ta stân?

Al is dizze langstme nei tichter oansluting by it lân oer de sé yet nea net mei de dúdlikens utere, dy ’t ik miende ek hjir biwarje to moatten, dochs kin en mei ik net sizze de earste west to hawwen dy ’t hjar fielde, omdet der yn de skiednis fen ús taelbiweging fen de lêste jierren bliken binne to finen, det noch oan ingelske en fryske taelkindigen, noch oan in diel fen ús folts, nij is hwet ik niis útspriek. Twa dingen wol ik op wize, dy ’t der neffens myn bitinken fen tsjûgje, det sok in oansluting net lang mear op hjar wachtsje litte scil, en dy ’t sadwaende fen like folle bilang binne for ús taelstriid as hja fortuten dien hawwe en dwaen scille for de bloei fen de fryske taelwittenskip.

Neidet dûrjende de hiele njoggentjinde ieu de stúdzje fen dizze taelwittenskip en -skiednis for fierwei it greatste diel bioefene wier fen dútske learden, fen Friezen mar for in lyts diel, wylst men mar komselden in ingelske namme neamen hearde, is hjiryn mei en koart nei it bigjin fen de tweintichste ieu in bitsjuttende foroaring kommen. De Dútskers geane fierder mei hjar oandacht ús tale ta te wijen, yn safier hja piele mei djip-geande taelstúdzje, al wit it jonger slachte net mear dy krêften to ûntwikkeljen, hweroan wy njonkenlytsen by de dútske learden wend wiernen, wylst yn Fryslân de bêste en dreechste tael-bioefeners as hjar bitinken uterje, det dizze for ús tael sa bilangrike stúdzje like folle en mear forsoarge heart to wirden fen soannen út it eigen lân as fen ús eastlike bûrljue en—tige wichtich forskynsel dit—der yn Ingelân somliken bigjinne mei oandacht de oplibbing fen Frysk to folgjen. En nou is it treastelik to sjên, ho ’t foartdalik de oansluting twisken de fryske en ingelske learden ta stân komt, hwerfen by de Dútskers, hwaens wirk dochs hwet dit oanbilanget tige to achtsjen en wirdearjen is, nea net praet wêst hie, alteast hyn-efte-nei net yn dy miette, as wy tsjinwirdich mei de minsken út it West waernimme. Yn dit forbân heart foarâl neamd to wirden it trijemanskip De Clercq-Sipma-Craigie, hwerfen op dit gebiet, lyk as bikend is, noutiids fierwei de measte krêft útgiet, sadet der alle reden is oan to nimmen, det wy oer it plak fen it Frysk yn de indogermaenske talen en net minder oer de forhâlding fen de fryske „dialekten” nou de klearrichheit krije scille, hwernei al sokke lange tiden winske waerd. En sa komt den út it greate ryk yn 1909 Dr. Craigie oer nei syn fryske frjeonen om yn it lân sels nei de sprake, hwerfor hy folle bilangstelling fielt, ûndersiik to dwaen en safolle mûlk mei hjar wêzen op ’e hichte to kommen, hweryn hy op biwûnderenswirde wize slagget; as gefolch dêrfen forskynt yn 1913 fen de hân fen in Fries, nou de hear P. Sipma, de bêste biskriuwing fen it lûdwêzen fen ús tael en spraekleare fen it Frysk, dy ’t wy oant nou ta ûnder eagen krige hawwe, en diz’ kear howol it in wittenskiplik wirk is fen bûtengewoane wirdij, net mear earne yn Dútsklân ef yn de Dútske tael, noch yn it Frysk, dat dêrfor in to lyts taelgebiet hat, mar printe op de University Press to Oxford en diel foarmjend fen de „Publications of the Philological Society”. Yn forbân mei hwet ik hjir bihânnelje is foarâl fen bilang de winsk, dy ’t de skriuwer uteret oan ’t ein fen syn Preface:

—May his (nammentlik dat fen Dr. Craigie) example be followed by many in showing an interest in the study of my native language, which has been overlooked and neglected for too long a time,

en fierders de bikende utering, dy ’t nou ek fen Ingelsken fornommen wêze kin:

—But still more noteworthy is the fact that Frisian is of special importance as a sister-language of English. From time immemorial English and Frisian have had in common a certain number of peculiarities in their system of vowels and consonants: these must have been proper to the original Anglo-Frisian language...

Hjir hawwe wy dos al in stikmannich oanwizings, det de oansluting twisken de fryske en ingelske taellearden ta stân kommen is, sadet ek hjir aldergeloks de grounslach al lein waerd, hwerop wy, dy ’t dochs ûnmûlk alle nedige herfoarmings it earst oanwize kinne, omdet ek ús krêften ienris in ein nimme, inkeld mar hoege fierder to bouwen. De oansluting, dy ’t nou alderearst oan bar komt en hwerby wy allinne tige foarútgean kinne, is dy twisken de ingelske en fryske skriftenkennisse, dy forwezentlike wirde moat, om in tsjinwicht to hawwen by de ynfloed fen de hollânske kinst. Ek dit is net mear as de strange trochfiering fen in bigjinsel, dat al fen de bêsten oannommen waerd en dêr ’t men dos net mear oan ûntkomme kin; mei in pear wirden wol ik yet efkes oanjaen, hwet neffens myn bitinken de bêste wei is for de oansluting twisken de skriftenkennisse fen beide foltsen, hwerfen it gefolch fensels wirdt, dat de beide naesjes better mei eltsoar bikend reitsje.

In forearing fen somliken ûnder myn jonge frjeonen-meiwirkers, dy ’t earst, ik jow it jerne ta, ek mines wier, mar dy tsjinwirdich by my jimmerwer oan waermte en fieling fen ljeafde forliest, en my net mear haget lyk as to ’n earsten, do ’t ik alles hwet tsjin folkskinst skettere yet yn de earmen fleach, is dy for de hollânske ljuwe fen tachtich. Nou mei dit miskien ek by somliken fen hjarren to forklearjen wêze út wearze fen de folkskinst, hwerop wy yn Fryslân folle ûnthelle waerden, en dy ’t men ús yet jimmer tapijt, en út ynlike forearing for de persoanlike kinst—is dizze forklearring de wiere, den mei men dizze biwûndering in lokkich forskynsel neame—, mar in greate kâns bliuwt der bistean, det wy mar mak de miening oernimme fen hwa ’t yn Hollân alle letterkindige wizens miene to bisitten en det wy sa ûnder ynfloed steane fen de kritikasters dêrre, det wy de macht net mear hawwe sels to skiftsjen en sels to ûndersiikjen—hwet hiel hwet earnstiger liket—. Hwent as wy ús eigen fris oardiel biwarre hiene, scoenen wy ringen bigripe, ho ’t de hollânske skriftenkennisse troch de revolúsje fen tachtich wol lottere waerd fen hiel hwet ûnwiers en minderwirdichs, mar net oansterke yn inerlike sielekrêft en wezentlik al likemin yn bliuwende wearde, en det men de hollânske letterkindige net yn wêzen, mar yn gefolch earder lykje moat by de frânske steatkindige revolúsje fen 1830, as by de Greate fen 1789. It wirdt sikersonk tiid det wy ynsjogge, ho ’t njonken rju sonnettisten, dy ’t de ynlikste biwûndering fortsjinje om de suverens, hwermei hja hjar heech-minskelike fieling witte to uterjen, romanskriuwers as van Eeden en de Meester, bihearre ta de wrâldletterkinde en det de alles-omfetsjende en folslein-suvere kinst, hwerop ús tael wachtet om krêftiger as ea de takomst tomjitte to gean, ûnmûlk ûntstean kin troch in slaefske neifolging fen ’e nijste hollânske skriftenkennisse, hwerfen it oerstjûre wêzen ek yn tsjinstriid is mei de rêst fen ús romme kontreijen.

Fortsjinstliker as ús oer to jaen oan de lieding fen de hollânske kritikasters, liket it, myn frjeonen, for ús mei eigen fieling en oardiel ris nei to gean eft der oan ’e oare ich fen de Noardsé den wierlik sa’n bytsje goeds skreaun wirdt, as men ús faken forkindige; better as de omgong to siikjen mei de hollânske langhierrige en forwieljassige jonge kinstners, hwaens iennichst doel it liket in hopeleazen war to dwaen de minlike frânske swier, bihaechlikens en lossens machtich to wirden, det men dochs foarâl net sjên kin ho ’t hja opwoeksen binne op klaei- en fean-boaijem, liket it, oansluting to siikjen mei de jonge ingelske kinstnerswrâld, dy ’t noutiids net tinkt, mar docht, net skriuwt, mar striidt for it eigen lân. Troch, mocht it mûlk wêze, tiden to toevjen dêr jinsen oer sé en ús jonge, dêr for ús woune frjeonen, for hwa ’t jimmer ús fielen wier, to noegjen nei it eigen lân, det hja witte hwet wy wolle en sjogge hwa ’t ús tsjinstiet, stiftsje wy in boun twisken minsken fen it selde bloed.

VI.

De Jongfryske Biweging en Geart Jans Fenema.

Oan ’e reklame, dy ’t minsken as Canne, Hof en Rypma sa ynskiklik wiernen to meitsjen for ús bigjinsels en wirk, scil it for in great diel ta to skriuwen wêze, det it my sikerwier lokt is, mei myn kritiken yn ’e Ljouwerter Krante, dy ’t oars—en ik siz soks mei greatskens—net bjuster populair skreaun binne, dochs alle Friezen ús eigen lân to birikken, dy ’t mei nocht al it wichtichst yn ús skriftenkennisse, binammen dos de ûntwikkeling fen jongeren, folgje en ûndersiikje. Dizze biskôgings, foarâl dy oer it wirk en it streevjen fen Jan fen ’e Gaestmar, hienen, trochdet it oanfallen hearskip sa jamk syn mûle foarbypraette, eigenaerdige gefolgen, dêr ’t wol de oandacht for frege wirde mei, om ’t it sa mei forbjusterjende klearens bliken docht, ho nearzich ûngeef de tastânnen yn ús skriftenkennisse wiernen foar it opkommen fen ús, Jong-Friezen.

Yn myn earste opstel, dat biskôge wirde moat as in ynlieding for ’e hiele rige, wiis ik der op, det Jan fen ’e Gaestmar him yet jimmer lokkich priizgje mei om it kommando oer in pear tsjinstfeinten, ljuwe oars fen minder wicht en bitsjutting, mar dy ’t, nei oarders fen hjar foreare Master krige to hawwen, mei nuvere redsumens al faker as ienris de hiele Algemiene Gearkomste wisten to meitsjen ta in âlderwetske poalske lânsdei,—sûnder krekt oan to tsjutten, hwa ’t ik hjirmei miende. Lyk as ik forwachte hie, fleach de hear Canne, de forneamde Gearkomste-Ropper, al foartdalik tsjin ’e lampe en frege yn in oerstjûr stikje yn ’e Ljouwerter Krante my om biwizen for sok sizzen, dy ’t ik dodestiids miende yet ljeaver net meidiele to moatten, sadet ik him inkeld oanret haw, de skoech oan to lûken, as dy him sa krekt passe mocht, dêr ’t er tige breinroer om wirden wêze moat. Nou lykwols fyn ik frijichheit, hjir mei to dielen, hwet in lid fen it Haedbistjûr, dy ’t yn Ljouwert lieding jowt oan it krite-libben (net dos de hear Sipma) my yn forbân dêrmei to witten die: det de hear Canne syn toanielstikken lyk as „Rjochten en Plichten” tastjûrt oan ’e Gaestmarder Hear, dy ’t him den oanwiist hwet dêryn forbettere wirde moat; det by de opfiering, as it niismiende Haedbistjûrslid de hear Hof rounút seit, det er net folle goeds sjên kin yn it stik fen syn frjeon Canne, dizze dit forklearret as tige bigryplik, „om ’t Canne net alle foroarings oanbrocht hie, dy ’t hy, Hof, him opjoech”; en det yn it krantsje, der ’t Hof haedredakteur oan is, sok in stik, netjinsteande dy bigryplikens, dochs wer bioardiele wirdt op in ginstige wize, det it is om der wé fen to wirden. De lieder fen it Ljouwerter krite-libben fornijde my bûtendat, det him langlêsten hwet oanbrocht wier, dêr ’t it yet klearder út waerd, det ik it by ’t rjochte ein hawn hie, do ’t ik Canne in tsjinstfeint fen Hof neamde; ik haw der net fierder op yn frege, om ’t ik fen myn gelyk wol oertsjûge wier, ek sûnder nije biwiisstikken, mar kin de hearen Hof en Canne út goederbêstens yet de rie jaen by dit Haedbistjûrslid fierdere taljochting to siikjen, dy ’t hjarren sûnder mis den jown wirde scil, mear as hjar sels wol ljeaf is.

Oan it ein fen myn fjouwer opstellen oer ’e Gaestmarder Hear joech ik in pear gearfettings fen hwet ik sein en biwiizge hie yn myn kritiken, in koarte oantsjutting fen ’e haedsaken, dy ’t letter noch fen Hof, noch fen Rypma my sels mar mei it oanheljen fen sitaten ûntstriden binne en dos biskôge wirde meije as algemien wier-field en oernommen, sadet ik se hjir mei yet ynliker klam as to ’n earsten, herhelje kin:

1. Om ’t it diel fen ’e „Klankboarne”, dat trochgean wol for djipfield dicht, al dalik bliken docht inkeld to bistean út in heap ûnwiere, rombommige utering, hwerfen eltse ynlike fieling skou is, docht men forkeard en is men ûnbinlijk jinoer it wiereftich talint, as men de[10] rimeler Hof forearet mei de dichternamme.

[10] Noutiids wol ik hjir ynlaskje: him dêryn uterjende.

2. Om ’t it oare diel bistiet út breklike oersettings en rymstikken, dy ’t hjar ek net útjaen wolle for mear as dat, kin sels de meast ynskiklike krityk net de miening uterje, det mei de „Klankboarne” praet wêze kin fen in forriking fen ús skriftenkennisse.

3. Om ’t de mislearring fen ’e biweging fen 1905 foarâl hjiroan ta to skriuwen is, det de hear Hof, howol dekadint fen ’e tachtigers, oannommen waerd as hjar lieder op it fjild fen taelstriid en letterkinde, is it net dúdlik hwer ’t de fortsjinsten fen de nou bispritsen skriuwer to siikjen binne, en kin him, alteast to’n earsten, for syn streevjen yet gjin liedende posysje taskikt wirde.

4. Allinne den scil de hear Hof yn steat wêze ienris minder ûnsuver wirk to jaen, as er, weromkommend op syn ûnbiredenearre sels-forearing, en war dwaende him hwet suverens en rêstigens fen utering eigen to meitsjen, mei de die tajowt, det syn rombom fen eren net fierder biachte hoecht to wirden.

Woe men dizze gearfettings mei fortuten bistride, den scoe men oertsjûgjend taljochtsje moatte, det de „Klankboarne”, yn safier dizze dichten bifettet, utering jowt oan suvere fieling yn oprjochte wirden, det de rymstikken bjuster geastich binne, en de oersettings fortsjinstlik; det de hear Hof gjin skild hat oan it mislearjen fen ’e biweging fen 1905 en det er do ús taelstriid laet hat mei talint, wylst troch it bistriden fen ’e twa earste de fjirde gearfetting fensels krêftleas wirde scoe. Om ’t hjirta nimmen yn steat wier, kaem der fen soks lykwol neat en hie de simmeleftich-wirden Gaestmarder Hear, dy ’t jimmer yet yn ’e loksillige ynbylding liket to libjen, det er hearsker wêze koe op Fryslâns fjilden, roun to sjên nei oare, mocht it ek wêze minderweardige middeltsjes, om sa alteast yet hwet fen syn eren sa krêftich prestige to biwarjen. Tsjin better witten yn biskildige hy my derfen, det myn ienris ginstige miening oer syn wirk, omslein wier yn in ûnfortsjinne-leechlizzende, neidet en omdet er my in bydrage for syn krantsje, dat my do allinnich fen hearren sizzen bikend wier en hwerfen ik net ealge det de Gaestmarder Hear bistjûrder wêze koe, wegere hie plak to jaen. Dit sizzen, dat my oantaeste moast yn myn namme fen earlik en oprjocht, allinnich sims hwet strang kritikus, koe net ûnbistriden bliuwe, om ’t men oars fen my tinke mocht, det ik by it bioardieljen fen in wirk gjin rekkenskip hold mei it bilang fen myn tael, mar mei dat fen mysels en soks de saek, dy ’t ik fordigenje, wol skea dwaen moast. Deselde jouns yet, det dizze lytse mar wol tige Hof-eftige, ommers eltsenien nei him sels ôfmjittende, biskildiging priele yn it Ljouwter Nijsblêd, hwerfen it gehalte dêrtroch dochs slim rize koe, skreauwen myn frjeon Sybesma en ik neikommende stikken, dy ’t gjin taljochting mear fen neden hawwe:

Ljouwert, 5 July 1915.

Oan ’e bistjûrder fen it Ljouwter Nijsblêd.

Ik noegje Jo út, ynlizzen stikken op to nimmen, hwerby Jy nei ’t ik hoopje mei blidens fornimme scille, det ek ik bisleat my de weelde fen in pleitbisoarger to ginnen. Immen, dy ’t sels, om ’t er gjin man fen it debat is, it bistiet in oar de kastanjes út it fjûr helje to litten,[11] kin hjiroan, nei ’t it my taliket, net bêst niget hawwe.

(w. t.) D. KALMA.

[11] Ik doel hjirby fensels op ’e forhâlding Hof-Canne. Noat fen ein Aug. 1915.

Oan Jan fen ’e Gaestmar.

Nei ’t ik Jou artikel lêzen hie yn Jou krantsje fen ’e 5te July waerd it my ringen klear, det ik dochs eigentlik to heech stean om sels in andert to jaen op sok in artikel, hweryn de ûnwierste biskildigings oan myn adres utere binne sûnder ek mar in skyn fen biwiis. Dêrom bisleat ik de hear Sybesma, dy ’t myn oandacht for Jou skriuwen frege, ynsjoch to jaen fen ’e brieven en stikken, dy ’t hjirmei yn forbân steane om dêr fierder it brûkme fen to meitsjen, dat himsels it bêst noaske. Det ik sa gau ré bin mei in forwar leit him allinne hjiroan, det ik fen bitinken bin, det men ûnwiere biskildigings net de tiid jaen moat woartel to sjitten yn it moed fen ûnwittende minsken.

(w. t.) D. KALMA.

Achte Hear!

De hear Kalma joech my frijichheit oer to nimmen út him tastjûrde brieven, hwet mei dizze saek yn forbân stiet. As gefolch hjirfen mien ik Jou oandacht for it neikommende freegje to moatten:

It die my nammentlik bliken det de hear Kalrna syn earste artikel oan ’e Redaksje fen de Lj. Kr. tastjûrde, likernôch de 26ste Oktober ’14. De earste brief alteast dy ’t er hjiroer werom krige, draecht de datum 31 Oktober.

Yn ’t bigjin fen de moanne Novimber fette de hear Kalma it plan op syn rige bydragen „Fryslâns dichters”, to ’n earsten for Slj. e. Rj. skreaun, ôf to sluten mei in bisprekking oer Jins wirk as dichter. Hjirfor wier nedich, det er de kinde mei Jins „Klankboarne” fornijde, dy ’t er sûnt mear as in healjier net wer mei oandacht bistudearre hie. It gefolch hjirfen dielt de hear K. mei yn it bigjin fen syn opstel oer dr. Schepers, det yet yn hânskrift by him leit, en blikens de datum skreaun waerd fen 3 oant 6 Desimber 1914.[12] Dit bigjin is sa:

[12] Alhielendal omwirke forskynt dit opstel nou yn ’e Ljouwerter Krante.

„Hwa de ynlieding lies fen myn earste opstel oer ús dichters, scil him miskien yet witte to binnen to bringen, ho ’t ik dêryn ûnthiet to bihanneljen it wirk fen Jan fen ’e Gaestmar, yn safier dit ryk is oan dichterlike wearde, dos, scoe men allicht sa op it each sizze, somlike lyriske brokstikken út syn proazewirk en, as haedsaek, de hiele Klankboarne. For immen lykwol, dy ’t him net fen de wize bringe lit troch hwet heech-opjaende rhetoryske bombast, noch troch in foarm, dy ’t lyk as oan alles bliken docht net út dichterlike fieling ûntstie, mar hweroan, tinkelik mei ytlike switdrippen, machtich war dien waerd om oan it dicht alteast in bjusterbaerlik kleurtsje to jaen—for immen sadwaende, dy ’t net tofreden is as hy merkbyt mei al syn biwûndering oan ’e bûtenkant to bliuwen, mar dy ’t earnstige moeite docht om to kommen ta de inerlikste pit fen it wirk, scil it ringen dúdlik wirde, det de Klankboarne, útnomd in inkeld fers det letter yet wol ris bispritsen wirde kin, yn it djipste wêzen net mear is as de utering fen in ûndichterlike geast dy ’t, it mei den wêze út ljeafde for de tael ef út persoanlike earsucht, mei alle gewelt neamd wirde woe as de greatste tsjinwirdige dichter fen ús lege lânsdouwen.”

Fierders skreau de hear Kalma likernôch 5 Desimber oan de hear Sytstra, samler fen F. M. N., det er net langer frijichheit foun, Jo, as dichter eare to bringen. Miskien scil de hear Sytstra my de deugd dwaen wolle de hear K. syn wirden oer Jins „dichterlik” wirk krekt mei to dielen. Sels al wier dit brief fordwoun, den bliuwt my dit biwiisstik oer, det de hear Sytstra yn syn andert oan de hear Kalma, det as datum draecht 10 Desimber, op dit oardiel oer Jins wirk yngiet. In andert op in brief fen ’e hear Kalma oan syn frjeon B. Brouwer, hweryn er it selde forkindige, is stimpele op de 5te Desimber.

De hear Kalma dielde my mei, det er, do ’t er syn bydrage tastjûrde oan it Lj. Nijsbl., noch net wist det Jy hjirfen bistjûrder wiernen en det syn direksje de selde is, as dy ’t ek útjowt it Nijsbl. fen Fryslân. Soks koe him, yn Raerd wenjend, hwer Jou krantsje net bjuster bikend is, bêst oerkomme.

De 20 Desimber skreau er, lyk as men ûnder it artikel fine kin en lyk as dos ek Jo bikend wêze koe, syn twad opstel oer R. Tolman. Hjiryn is, lyk as Jy tajowe, al to fornimmen det syn oardiel oer Jins wirk wiizge is, howol de brievekaert, hweryn Jy him de opnimming fen syn stik wegeren, yn in slúfke siet, det stimpele is 29 Desimber 1914.

Hjirút docht bliken, det as er praet wêze kin fen in ûnweardige wize fen bistriden, dizze inkeld oan Jou side to bikennen is. Jy uterje tsjin ’e hear Kalma biskildigings, hwerfen Jy sels witte koene det se ûnwier wiernen, wylst Jy oannamen, det er sûnder middels wêze scoe om dizze ûnwierens to biwizen.

Jy wirde hjirby útnoege sûnder útstel alles werom to nimmen, hwet Jy mei it each hjirop tsjin de hear Kalma ynbrochten en yn Jou blêd dêroan ta to foegjen det it Jo moeit soks skreaun to habben. Oars scil for de hear Kalma de saek hjirmei net ôfroun wêze.

Jins tsjinstré,                    
(w. t.) R. P. SYBESMA.

Alhowol it iennichste, dat de hear Hof wist yn to bringen tsjin myn kritiken, dizze tsjin-better-witten-yngeande en ûnbiroaide biskildiging wier, hat er wegere sels de fordigening fen myn frjeon Sybesma, dy ’t dochs nea syn krantsje ûnginstich bioardiele hie, lyk as ik wol dien haw, plak to jaen, hat er wegere de kopy fen ’e stikken werom to stjûren, faeks hoopjend det wy gjin ôfskrift biwarre hienen, en is er der mei gjin inkeld wird op yngien earder as de 21ste Aug., do ’t de Algemiene Gearkomste dochs al mislaet wier troch syn ûnwiere biskildiging, en er sels miende nij—spitigernôch wer like ûngeef—biwiis to hawwen for ’e ûnkrektens fen myn kritysk ynsjoch. Den, de 21ste Aug. 1915, as net lyk forline jier, de sinne fortsjustere is, mar wol it forstân fen ús Gaestmarder Hear—in minder ûngewoan barren dit—stiet yn it Ljouwerter Nijsblêd neikommende skrutele útflecht to lêzen:

„En de moarns nei ’t de jouns it earste diel dêrfen yn it Ljouwerter Nijsblêd stien hie, hie ’k foart al in „Ynstjûrd stik” op ’t bureau, op forsiik fen ’e hear Kalma skreaun fen syn frjeon R. P. Sybesma, in learling fen ’e Poutsma-skoalle hjir yn ’e stêd; in jongkeardel, dy ’t ek in goed fers skriuwt. Det stik, mei oan ’e ein it drigemint der by, det ik mar sûnder útstel alles werom to nimmen hie, hwet ik tsjin ’e hear K. ynbrocht hie en der oan ta foegje moast, det it my moeide, soks skreaun to habben, „oars scoe for ’e hear Kalma de saek hjirmei net ôfroan wêze,”—det stik, siz ik, dêr scil ik it fierder net oer habbe (hm, hm! K.) Myn artikel „Unwirdige kritiek” wier in wearslach op stikken fen K. dy ’t yn ’e Ljouwerter Krante stien habbe, en wol K. dêr eat oer sizze, den is det it blêd dêr ’t er by forskine moat. Ik scil den wol anderje, as ’t nedich is. Yn elk gefal: de redaksje fen it Ljouwerter Nijsblêd wol fensels mei de hear K. ef hwa ’t út syn namme komt (skeanprint fen my, K.) gjin gedoente habbe, oant er net weromnimt hwet er yn F. m. n. oer kranten skreaun hat (faeks scil dit barre, ear ’t, der parren oan ’e finsterbanken groeije en de Gaestmarder Hear in fortsjinstliker krantebistjûrder wirdt. K.) Om ’e selde reden hat dy redaksje it briefke „Oan ’e bistjûrder fen it Ljouwerter Nijsblêd” det de hear K. der by dien hie, oan ’e kant lein. Mar der wier yet in briefke fen ’e hear K. by „oan Jan fen ’e Gaestmar” en dêr sei er yn, det it him ... „ringen klear waerd, det hy dochs eigentlik to heech stie om sels in andert to jaen op .....” ensfh. En dêrom hied er bisletten de hear Sybesma .... ensfh. Dy—mar hat dy sels dit briefke wol lêzen?—stie dos net to heech .... (De Gaestmarder Hear lies yn syn oerstjûrens, sûnder de bitsjutting fen ’e wirden to fetsjen: it forskeel twisken Rintsje en my wier fensels, det, as ik bigoun to skriuwen ik my sels fordigenje moast, wylst hy bûten it eigenblik skeel stie en net de smoarge menear fen bijegenjen fen Hof ûnderfoun hie, dêr ’t ik my oer fornoegje mocht. Hy hat it briefke den ek wol lêzen ..... O Gaestmarder Hear, is de sinne den ivich fortsjustere? K.)

Do ’t ik net andere, mar de oare deis bidaerd-wei de twade helte fen myn artikel forskine liet, habbe de beide baesmannen fêst wol ynsjoen, det se hwet to gau west en ek to folle loslitten hiene, hwent in pear dagen letter krige ik in koarte sommaesje fen ’e hear Sybesma, om him sûnder útstel de my bikende stikken (to witten it ynstjûrd stik fen S. en de beide briefkes fen K.) werom to stjûren, „dy ’t ik mei de nedige taljochting nou opnimme litte scil yn ’e Ljouwerter Krante,” stie der by.

Ik hab neat weromstjûrd en tink ek neat werom to stjûren. De hear Sybesma kin lykwol de twa postsegels, dy ’t er by syn lêst brief yn die, werom krije, as er de reis derom dwaen wol. En in goêrie derby.”

Ik jow eltsenien frijichheit, him in eigen oardiel to foarmjen oer ’e wizânsje, dêr ’t de Gaestmarder Hear mient syn plichten as bistjûrder op waernimme to moatten, ek de hear Hepkema, dy ’t wiis dwaen scil, as er wer bistjûrders siket for in krante fen sines, mei hwet better to hifkjen; ik wiis der yet op, det Hof myn kritiken útmakket for ûnweardich, net om ’t myn oardiel en dos binammen myn gearfettings bjuster ûnkrekt wéze scoenen, mar om ’t ik, lilk wirden om it wegerjen fen myn wirk „De tinzen fen Fryslân”, dêr ’t ik net tankber genôch for wêze kin, myn miening wizige hie, in biskildiging, hwerfen de opsettelike ûnwierens biwiizge is. Myn gearfettings, hwerta ik dos kaem nei soarchsum-neigeand ûndersiik, bliuwe stean as in bidriging for elts, dy ’t de weardij fen ús sprake opofferje wol oan forearing fen ’e ôfgod fen syn Ik; de Gaestmarder hear lykwol, skriklik bearend en mei lûd gegûl, de hân hâldend tsjin it ûnderste diel fen syn rêch, dêr ’t myn swipe faeks hwent al to pynlik strime, stroffelet keakeljend it bureau fen syn krantsje, Galileëer Kerkstraat safolle, binnen en hjit syn ûnderbistjûrders, sûnder útstel del to knibbeljen, him sa fornoegjend yn ’e yllúzje, det men yet yn oanbiddende biwûndering lústeret fen syn geny. Gerdyn: ein fen ’e earste útkomste.

Neidet dit mislearre Kloos-ke fen ús skriftenkennisse in toarn stien hat to dounsjen fen oerstjûrens, rideljend fen simmeleftige koartslangstme wer in wraem to dwaen op ’e jonge biweging, dy ’t him wol-fornoege yn ’t spier kommen seach, ljochtet der troch de tongerkloften fen ús Gaestmarder boppeloft in skriklike flikkerstriel en prúst it hearskip forheftich, as teiken, det ringen „it donker swirk syn tsjoed útspije moat”. „It is ús in wier en ljeaflik feest, soks to oanskôgjen” sizze wy, en slagge de kape oer ’e holle, mar pakke meiien de wirge dounser by syn baitsje, en sette him sa, det it measte fen dizze snijende heil komt op ’e forheven kriten, dêr ’t hy, foar eagen fen hiel Fryslân, stiet oan to gean, de fûsten rôljend en wiid-útspriedend de earmen, lyk in houten-klaes, oan hwaens toutsjes in opslûpen jonge lûkt, skodzjend fen it laitsjen, as er bar om bar de foetten en earmen op en del gean sjocht mei krampeftich-gammele biwegings. Dizze houten-klaes lykwol, net inkeld slacht er mei skonken en hânnen, mar ek syn eagen rôlje en de noaskebril wibelet, det it in wille is en in eachweid, dêrnei to skôgjen: sjoch him der stean, oangeande hwer wy him yn in oerdwealske rite set hawwe, fordet hiel Fryslân wearze krije scoe fen syn oerstjûre menear fen dwaen, lyk as de Spartanen yn âlde tiden dronken hjar slaven boarnden, det eltsenien merkbite scoe ho minderweardich in minske yn sok in tastân oangiet. En wiles skûrt it swirk iepen en de heil tommelet del en kitelet de Gaestmarder Fersenmakker net bjuster noflik en al mear bigjinne syn eagen to rôljen en syn bril to wibeljen en syn earmen en skonken to slaen: tsjinje wy him dos dalik in bidimjend middel ta en skriuwe wy him lange tiden rêst for, hwent oars scoe soks einje kinne yn in delirium, dêr ’t er dochs biwarre for bleaun wirde moat.

Litte wy lykwol yn gewoan-rêstich proaze, lyk as wy jimmer wend wiernen to skriuwen, (ik prebearre hjir in toarn utering to jaen, op in wize, as dêr ’t Hof op wend is de jonge biweging to bistriden) forhelje ho ’t de Gaestmarder Hear, neidet syn earste oanfal ôfstuite is op ús rjochtfeardige bioardieling, bisiket de boppemeidielde gearfettings hjar krêft to binimmen, om ’t er—bigryp ris oan—„dichterlik (!) wirdt fen sin-oan-tsjoed-dwaen, sa ’t er tinkt det Nero waerd do ’t er Rome barne litte scoe; sa ’t grif Lamech wier, do ’t er song: „Wier-wier, ik scoe in man deije om myn woune, en in jong feint om myn bûde!” (Nommel trijemanskip: Lamech-Nero-Hof! K.)

„Det hab ik by riten hawn.

„By riten, hwent sims kaem dy wearaksel yn alle wrake wer boppe, dy ’t nei ’t ik tink, dôch lokkich yn alle sountinkende siele biskepen is, en dêr ’t Jezus de heechste, treflikste utering oan jowch, do ’t er sei: „As immen dy op it lofterwang slacht, hâld him it rjuchter ek ta.” (Skandliker profanaesje barde der wis nea net yn ús skriftenkennisse; hok for gelove Hof hat, kin minder skele, mar hwa ’t Jezus forearje as de stifter fen ús godstsjinst, docht it pynlik sear, sok in namme yn sok in forbân to hearren. K.)

„En nou ’t it bigjin fen hwet ik forwachte pleats hawn hat: nou ’t ik hwet yn ’e rik hab, dêr ’t ik by need wol mei ta kin, nou bin ik den alteast sa fier, det ik kear ôf, mei beide hânnen tagelyk (hy bigjint wer mei de earmen to slaen; K.), hwet oars yet folgje mocht. Ut foarsichtigens, om it net to fier to driuwen, sa hab ik mysels en in frjeon, dy ’t my yn dizze saek holpen het, wysmeitsje wollen. Ut tsjinnichheid yn ’t brûken fen ’e boalsbile, dy ’t it bline rjucht my yn ’e hannen triuwt (ta fordjer for de bline Gaestmarder Hear, dy ’t him dêrmei yn ’e skonken slacht, K.) docht my bliken, nou ’t ik djippernôch yn ’e skatkeamer (!!! K.) fen myn tinken taest (!!! is it wer net fornoegjend, dizze heal-eigenwize en oanstellerige bombast? K.)”

De 17de July den, forskynt der yn it Sneinsblêd fen ’e Ljouwerter Krante, it blêd, dat út fier-sjênde wizens jerne plak jowt oan fortsjinstlik wirk fen myn maten en my, in sonnet ûnder de suvere en al foartdalik sympatyk oandwaende titel „Myn taflecht” en ûnderteikene G. J. F.,—yn ’e neikommende wirden:

„Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde
Fen ienlikheid; by dy wier ’k bûten noed,
As twivel spûkrich omgong troch myn moed
En ’t soarchsum opkweekt herteblomt’ towâdde;
Forbjustring oer my optwong, sa ’t in kâlde,
Wreed blauwe loft omheech twingt, oant forgoed
Hjar tsjuster ’t wint, en ’t donker swirk syn tsjoed
Utspije moat, foar ’t ierdryk wer yn ’t âlde
Sêft-glânz’ge ljocht, det oer ’e lannen lei
Foar ’t ûnwaer kaem, him swiid formeitsje mei.

Den socht ik dy en mocht dy altyd fine;
Under it boldrich driigjen brochst my wei
Nei fredich-stille kriten, dêr ’t de dei
Syn glâns hâldt en gjin onwaerswolken wine.”

Nei dit efkes biskôge to hawwen, die it my bliken, det hiel goed fen utering en geef fen fieling wiernen de rigels 1, 2, 11, 12 en 13a, wylst twiveleftich wiernen de rigels 9 en 10 en hwet oerbleau, tinkelik ûnwier fen fieling, hwent alteast ûnwier fen utering neamd wirde moasten; det lykwol de bou, howol ôfwikend fen ús biwende italiaenske foarm, oarspronkelik en krêftich wier, sadet ik sterk bigoun to fielen det, wier de skriuwer hjirfen yet jong en hied er as gefolch yet in libben fen ûnderfining en learing foar him, alteast fen in ûnthjit praet wêze mocht. Mar neilêzend waerd ik heal wé fen dat sizzen: „en ’t donker swirk syn tsjoed útspije moat,” dat my wer tinken die oan immen, dy ’t ik koartlyn bispritsen hie yn fjouwer sakelike artikels en my oan it neimimerjen brocht, eft it wol hielendal ûnmûlk wier, det ik hjir to dwaen krige mei myn Gaestmarder frjeon, dy ’t wer brûkme makke hie fen in tsjinstfeint.

De oare deis—it wier Snein—roun ik to kuijerjen mei myn frjeon Ate Sevenster, en mei him pratend oer fryske saken, spriek ik tsjin him as myn bitinken út, det it wizer wêze scoe as net inkeld fjouwer, mar alle njoggen my oant do ta bikende jong-fryske skriuwers, hjar yn ’t iepenbier bigounen to ûntwikkeljen en sei him, det ik yn it Sneinsblêd sjoen hie, det der wer immen opkaem, dy ’t wol yet gâns to learen hie, mar yn hwaens wirk nou by soarchsum ûndersiik al in ûnthjit to bikennen wier. Do ’t er hjir neat op andere, frege ik:

—Jy hawwe dochs „Myn taflecht” fen G. J. F. lêzen?

—Ja, mar dy „ûnwaerswolken” en dat „útspijen”...

—Dat roait fensels kant noch ich, mar it kin him ôfleard wirde. Ik wol bisiikje, forbining mei him to krijen.

—Ik scoe hwet oppasse: witte jy hwet ik tocht haw? G. J. F., it scoe mei draeijerij Jan Fen ’e Gaestmar wêze kinne.

—It sonnet scoe der net minder om wirde, al liket it hopeleas, det it ûnthjit den ûntwikkele wirde scil. Ik haw der sels ek al oan tocht, en ik scil der by it skriuwen fen myn brief rekkenskip mei hâlde, en allinnich prate fen in ûnthjit. Is hy it, den moat er wol tige moedleas wirde...

En thúskommen fen myn kuijer, skreau ik dit brief:

Ljouwert, 18 July 1915.

M

Ta myn blide forwûndering fyn ik yn it lêste Sneinsblêd fen ’e Ljouwerter Krante in stoerboud sonnet, hweryn ik tige sterk in ûnthjit fiel,[13] en dat ûnderteikene is mei trije foarletters, hwerfen ik hiel klear wit det gjin ien fen de my oant nou ta bikende Jong-Friezen hjar draecht. Om ’t ik sikerwier gjin kâns sjoch, oars út to finen hwa ’t de skriuwer fen dit fers wol wêze mei, haw ik de redaksje fen ’e Ljouwerter forsocht it adres, dat hjar fensels bikend wêze moat, op it slúfke to setten, om sadwaende dochs mei Jo yn forbining to kommen.

[13] Yn syn oerstjûrens docht de Gaestmarder Hear jimmeroan, ef hie ik skreaun „in tige sterk ûnthjit”, ef hie dos, yn pleats fen myn fieling, it ûnthjit tige sterk west!

Ik hoopje dos, det Jy sa frjeonlik wêze wolle my sa gau as ’t mar mûlk is, Jins folsleine namme en Jins adres op to jaen, om ’t der wol gjin twivel bistean kin, eft Jy scille bikend wêze mei it streevjen fen in jong-fryske biweging en dêrfor faeks sels rju folle meifieling oerhawwe. De striid, dy ’t wy noutiids hawwe út to fjochtsjen mei hwa ’t it goede wolle, mar it tsjoede winne, en hwerfen it allinnich spitich is, det er net swierder wirde wol—hwent ho krêftiger in striid, ho moaijer en wichtiger—twingt ús hâld oan eltsoar to siikjen en sa, neist eltsoar, troch to setten oant wy oerwoun hawwe.

Ik hoopje tige, det Jy net to fier fen my ôf wenje; mocht dizze winsk wierheit wêze, ringen scoenen wy den mei eltsoar petearje kinne oer ’e dingen, dy ’t ús djûr binne en alteast in diel fen ús krêften opeaskje.

Mei gr. en achtinge,

Jins tsjinner,          
D. KALMA.

Emmastr. 23.

Yn ’e tiid, dy ’t forroun twisken it opstjûren fen dit brief en it ûntfangen fen in andert brocht ik in bisiik oan ’e hear Sipma, in lid fen it Haedbistjûr fen it Frysk Selskip, en praette mei him oer it sonnet yn it forneamde Sneinsblêd op net ûnginstige, howol krityske wize, deroan tafoegjend, det ik bisocht mei de skriuwer yn forbining to kommen, wer sûnder myn ealgjen fen Gaestmarder wirk mei to dielen. En de hear Sipma:

—Wêz forsichtich, sei er; okkerjouns, do ’t ik oer dat ding siet to prakkesearjen, kaem der in aldernuverste miening by my op: G. J. F.—kin it Jan Fen ’e Gaestmar wêze? Mar ik kin my net bigripe, ho ’t dy yn ’e Ljouwerter komt.

—Ik bin ré op elke draeijerij fen Hof, mar moast dochs mei de skriuwer yn forbining sjên to kommen, hwent it koe in oar, b.g. in learling fen him, wêze. Ik skreau fen in ûnthjit, en dêrtroch kin er net bêst noch eigenwizer wirde; hy kin der yn elk gefal neat mei bigjinne.

Mar wy beiden wisten yette net, det by de Gaestmarder Sinne fortsjustering regel is en ljocht útsûndering, en rêstich arbeide ik troch, oant ik einlings en to ’n lêsten op myn brief, hwerfen ik de ynhâld niis-krektsa meidielde, it folgjend andert krige, dat my dalik wer hiel hwet erchtinkender makke:

Beetstersweach, 11 Aug. 1915.

Achte Hear Kalma!

Jou brief ha ’k ûntfongen, ’t dûrre hwet lang, mar det kaem trochdet ik in skoftsje fen hûs west ha.

Mei koarten scil ik Jo wol ris mear skriuwe, ’k ha ’t nou hwet hiel drok mei myn saken. Myn tank for Jou bilangstelling.

Wol Jy my skriuwe, doch ’t den forearst „poste restante Beetsterzwaag,” hwa en hwet ik bin? deroer letter ris.

Mei achting,

Jins tsjinner,          
G. J. F.

Myn lokkich stjerte, dat my, sa faken ik yn forbining kom mei Jan fen ’e Gaestmar, trochstrings yet ginstiger ljochtet as ornaris, brocht my foartdalik ta de forûnderstelling, det dizze brievekaert, skreaun wier mei de hân fen immen, fen hwa ’t ik net folle goeds to wachtsjen hie: dy fen Canne,[14] hwaens hânskrift ik ienris biwûndere hie; en wiken bin ik ûnforsetlik yn dy miening bleaun, oant my earst earjister in brievekaert fen dit hearskip taskikt waerd, hwerút ik sjoch, det it tige wierskynlik liket, det ik my yn dit stik fen saken forsind haw.

[14] It wier my nammentlik net ûnbikend, det de heit fen ús Gearkomste-Ropper skoallemaster is (west hat?) earne yn ’e omkriten fen ’e Sweach, en, om ’t it fekânsje wier, tocht ik det de hear C. Jr. der útfenhûzje mocht.

Under de ynfloed fen dizze ûnkrekte miening, skreau ik oan G. J. F, poste restante Beetstersweach, efter hwa ’t ik op ’e iene ef oare wize Canne miende siikje te moatten, in kaert, dêr ’t ik my op hwet gekoanstekkerige menear yn utere, howol ik yet jimmer rekkenskip hâlde moast mei de kâns, det in ûnbikend persoan de skriuwer wier, de forûnderstelde hear Canne „de sphinx oan ’e Boarne” neamde, him it útstel die, de korrespondinsje sa troch to setten, om ’t it hearskip sa fiks myn nijsgierrigens wekke hie en ik „fen sensaesje hold”—en as myn miening to witten die, det de skriuwer fen ’e brievekaert for in examen siet, hwet de opleappende hear Canne ridlik noflik kitelje koe. Dizze kaert, hwerfen ik sels gjin kopy biwarre, lyk as by brieven nea net myn gewoante wier, hat de Gaestmarder Hear yn syn Nijsblêd-artikeltsjes, om ’t er ynseach, det troch dy gekoanstekkerij syn hiel geskreau, det ik der ynflein wêze scoe, machtleas wirden waerd, ljeaver net meidield, om ’t er „in gefoel hie, as wier er der net op in suvere wize oankommen.” Men scoene wé wirde fen sok in draeijerij, en, om hem ek dy útwei ôf to skoatteljen, jow ik, de skriuwer fen dizze kaert, him alle soarten fen frijichheit de ynhâld, mar den ljeafst wird for wird, mei to dielen, al scil er faeks hjirtsjinoan skoarje, om ’t syn sizzen, det ik der ynflein wier, den dúdlikernôch opsettelike ljeagen waerd. Hwent ef de Gaestmarder Hear is tsjin ’e lampe roun—mar den moat men him ek biskôgje as in man, dy ’t sims it bistjûr oer syn dieden en binammen syn wirden mist, en fierders as immen, dy ’t yn ’t iepenbier jerne in oar fen brekken biskildiget, dêr ’t er sels mei bisocht is, om sa syn eigen ûngevens to forbergjen,—ef ik bin foar de kroade riden, mar den

1o. moat men yen forwûnderje, hwerom de ynhâld fen ’e niismiende kaert net meidield wirdt, en as de Gaestmarder Hear twongen is soks to dwaen, sûnder fieling wêze for in ironyske wize fen skriuwen, en allike tsjokhûdich as de skriuwer fen ’e „Klankboarne”;

2o. moat men, hwet ik hjirby forklearre: det fen ’t bigjin ôf earnstich rekkenskip hâlden is mei de kâns, det efter G. J. F. Jan Fen ’e Gaestmar skûle, ljeagen neame en my biskildigje fen ûnwierheden, my, dy ’t my dochs sikerwier nea net bisounige oan in draeijerij lyk as Hof yn ’e saek fen ’e priisfraech-boekjes;

3o. moat men de forklearring fen myn frjeon Ate Sevenster, det er my al foartdalik nei de lêzing fen it sonnet-yn-kwesje, warskôge hie en oanret forsichtich to wêzen, hwernei ik to kennen joech, inkeld prate to scillen fen in „ûnthjit,” ljeagen neame;

4o. moat men de forklearring fen ’e hear Sipma, det er tsjinoer my krekt itselde bitinken utere hie, hwernei ik forhelle, det ik mei dizze kriichslist rekkenskip hâlden hie by it skriuwen fen myn earst brief, ljeagen neame;

5o. moat men Jan fen ’e Gaestmar in rêstich-oerlizzend minske achtsje.

Mocht men nou fen bitinken wêze, det mear as de frage hwa fen ús twaën fen ’e oar to grazen nommen is, fen bilang is de wearde fen it sonnet „Myn taflecht”, foarâl yn forbân mei de neat-weardigens fen ’e „Klankboarne, den achtsje ik my lokkich, det ik for dit nuver forskynsel ek in folslein-suvere forklearring to jaen wit, hwerby ik stipe wird fen Jan fen ’e Gaestmar sels, dy ’t sûnder ergewaesje de earste lêzing fen syn fers meidielt, do ’t it yet net foroare wier nei myn smaek, om yn ’e Ljouwerter opnommen to wirden—do ’t er it dos, neffens syn eigen miening yet net forknoeid hie. Lyk as ik sei binne der yn dit fjirtsjinrigelich fers wol 4½ suvere rigels to bikennen, to witten:

Ik hâld fen dy, sa ’t stille minsken hâlde
Fen ienlikheit; by dy wier ’k bûten noed . . .

Den socht ik dy en mocht dy altyd fine;
Under it boldrich driigjen brochst my wei
Nei fredich-stille kriten . . .

wylst ek de titel „Myn taflecht” hwet hie, dat gjin ien kritikus al dalik minder ginstich stimme mocht. Lykwol docht it út de earste lêzing, dy ’t men fynt yn „De skiednis fen in sonnet” bliken, det it opskrift oarspronklik wier it banale en heal yn ’e mûle fen in Dykstra-rimeler thúshearrende „Oan myn sprake”, det for „altyd” yn de trêdde rigel fen ’e krektsa oanhelle stien hat „jimmer”, hwermei hiel de klang fen dat suver fers fordoarn is, wylst for: „Under it boldrich driigjen brochst my wei”, to ’n earsten stie: „Dou loekst my ûnder ’t boldrich driigjen wei”, hwertroch ek fen de klank-expresje neat mear oerbliuwt. De hear Hof hat sadwaende syn sonnet, do ’t er miende it to forknoeijen, op syn alderminst in trêdde part better makke, dêrmei wer bliken jaende fen syn krekt ynsjoch, hwet ferskinst oanbilanget... Tige sterk fiel ik,—om de wirden fen myn brief to biwarjen—

1. det as lêzing II (de Ljouwerter) skreaun waerd fen in jongfeint, dy ’t oan ’e yngong stie fen in fruchtber libben fen learing en ûnderfining, op syn minst praet wêze mocht fen in ûnthjit;

2. det as lêzing II (de Ljouwerter) levere waerd fen immen fen boppe de fjirtich jier, dy ’t dos faeks al de helte fen syn libben efter ’e rêch hat, mar efkes foldwaende mear is;

3. det as lêzing I (de Gaestmarder) jown wirdt, binammen as in folwoechsen man ús dêrmei fornoegje wol, it sonnet ûnfoldwaende is, howol it dichtstik bliuwt en dos yet jimmer bitsjuttend heger stiet as alle fersen fen ’e „Klankboarne”.

As de hear Hof sadwaende syn artikeltsjes slút mei to sizzen: „It biwiis is nou wol levere, det ik gelyk hie, do ’t ik, nei ’t ik Kalma syn tredde stik oer my en myn wirk lêzen hie, yn mysels sei, det dy jonge man likernôch krekt rjochtoarsom oardielje scoe, sa gau as er in fers ûnder ’e eagen krige, dêr ’t er net fen wist, det it fen my wier;” yn pleats fen „It biwiis is nou wol levere, det ik net sa fier mis wier, do ’t ik, nei ’t ik Kalma syn trêdde stik oer de Klankboarne lêzen hie, yn mysels sei, det dy jongen man sûnder mis aerdich hwet goeds fine scoe yn myn nijste fersen, fen mear as acht jier nei it forskinen fen ’e Klankboarne, en sels twa jier jonger as myn yet net fen him bispritsen sonnetten „Nij Libben”—den is dit in krasse, opsettelike draeijerij, sadet myn gearfettings mei gloarje ek dizze oanfal úthâlden hawwe en mei nocht de tredde ôfwachtsje.

Hwent de hear Hof, faeks eangjend det it my maklik falle mocht, de earste oanfallen ôf to wizen, ûndernimt twisken ’e bidriuwen troch yet in trêdde troch de fordildich-harkjende lêzerskloft fen Hepkema to freegjen, hwet men wol fen sokke kritiken—wer binammen fen sokke gearfettings—tinke moat, as oer syn wirk yn ’e Ljouwerter stien hawwe, as men fornimt, det de skriuwer dêrfen mar njoggentjin jier is en (dit is binammen, hwet my tsjinstiet) in jongbaeske, twisken de gymnasiale en de ûntgrieningstiid yn?

Hark ris, Janneman! Hwet moat men tinke fen de ljeafde for ienfald, dêr ’t Jou rymstikken sa heech by opjowe, as it teltsje wierheit bifette, det Jou wente ynrochte is mei sok in oeribele oerfloed fen divans en draperieën, det it for in goê Fries is om der oars fen to wirden, to mear om ’t Jiffer Hof aerdich sûr sjocht, as immen it bistiet mei syn skoen oan, in kuijer yn hjar pronkkeamer to ûndernimmen? Ho to oardieljen oer Jou fieling for Frysk, as de hjir forneamde Hof-anekdote wier hjitte moat, det by it berne wirden fen Jou dochter in adfortinsje yn it Nijsblêd priele fen „Berne Bernarda”, howol hjar beppe jimmer op syn goê-frysk Bearendtsje neamd waerd?

Ik koe de forlieding net wjerstean, Jo hjir mei deselde falske munt to biteljen, mar moat der ynlike klam oplizze, det sokke heislik-persoanlike strideraezjes, as wy inkeld to genietsjen krigen yn ’e dagen fen „Fij Lútsen!” en „Hark ris, Piter!” yn ús skriftenkennisse fen Jo wer ynfierd binne, det ik allinnich om my to fordigenjen, soks neifolgje, mar, sa gau Jy ynsjogge, det sok in wize fen bistokeljen ta neat laet, ek gjin ien mear meidiele scil fen ’e forskate Hof-anekdotes, dêr ’t nei it forskinen fen myn artikels yn ’e Ljouwerter, langer eltsenien mei oantôgjen komt.

De wearde fen myn gearfettings, hwerfen in sakelike bistriding jimmer bliid fen my forwolkomme wirde scil, hat dos net fen gjin inkelde oanfal to lijen hawn, sadet dêrmei de grounslach lein bliuwt for in oprjochte, djip-geande, howol faek hwet strange, en it Frysk heechhâldende krityk; de antikrityk fen Hof lykwol wier „ûnwirdich” oan de dichter Geart Jans Fenema.


En nou ’t wy den safier kommen binne, det Jy wol twongen waerden mei to stimmen, det myn ûnginstich oardiel oer Jou wirk net meidield is ûnder ynfloed fen persoanlik skeel, mar om ’t ik dêrmei miende it bilang fen ús tael to tsjinjen, achte hear Hof, bisiikje nou yn my net langer immen to sjên, dy ’t longerjend by Jo socht nei in heap minderweardichs, om dêr it greate sensaesje-publyk op to ûntheljen, mar in jongfeint, dy ’t stiet yet oan de poarte fen syn libben, en dat jerne biwarje woe moai en suver en ryk.

Sjoch, it wier in mistreastige hjerst-middei en de loften skriemden en huzen en beammen stienen bitrienne; ik hie my los makke fen in frjeon, oan hwa ’t ik hiel myn siele tabitroud hie en dy ’t my alles ôfferge sûnder my sels hwet to jaen—do bisleat ik my tsjin myn sear to forsetten troch my wer to wijen oan ’e tsjinst fen ús tael, en in opstel fen weardearringe to skriuwen oer Jou wirk, hweryn ik, op gesach fen oaren, tocht det in krêftich dichter spriek. En ik lies, wer for ’t earst nei lange tiden, de oerstjûre fersen fen ’e Klankboarne, en lies de „Omstikken en Sydstikken” mei de faeks-goedmiende, mar oerstallige „Drankjes,” wylst „Is der in fryske tael,” dat ik oant do ta biskôge as in Jo ûnweardich bisiikjen om hwet krom wier, rjocht to praten, my mar al to goed bikend west hie—en it barde dy middeis, det myn tsjinsin ûntstie en him heal ta hate ûntjoech, det ik oersloech yn in oar uterste, en der gjin praet mear fen hearre mocht, det der in dichter yn Jo libje scoe.

En soks moeit my nou, al wier it my to forjaen, as men foar eagen hâldt, ho komselden him de dichter-yn-jo utere hie. Efkes kaem ik ta ynkear by it lêzen fen dy suvere rigels: „En dy ’t my lok-lokkich makke en bliid, Do ’t libben my ta lijen waerd” en krêftiger haw ik it oankommen field, do ’t ik it earste sonnet fen „Ny Libben” neigyng, it bigoun my slim to hinderjen do ’t Jou ûnderbistjûrder, Bokke Simens, nei oanlieding fen myn opstellen by my rinnen kaem, en mear as ienris sei „Ik bin it wol mei Jo iens, mar dochs wit er wol fen eigen ûnderfining, hwet dichterlike oandwaning is,” mar wissichheit is it net wirden ear ’t ik oan ’e weet kaem, det „Myn taflecht” fen Jo skreaun wier. En ynlik hoopje ik, det Jy my net ûntstride scille, det ik jimmer oanfallen dien haw, op hwet ik neame wol de Jan fen ’e Gaestmar yn Jo, de man fen ûnsuverens en ûnwierens, dy ’t Jy neffens myn bitinken fiers to folle frij jown hawwe, mar de dichter Geart Jans Fenema nea net to nei kommen bin.

En as ik nou siz „Woloan, it plak fen ’e lêste is njonken, net jinoer ús,” den mien ik dêrmei hielendal net, det, as Jy nei ús ta komme wolle, soks inkeld barre kin trochdet ek Jy de Jan-fen-’e Gaestmar-periode biskôgje as minderweardich en mei ynstimming myn gearfettings oernimme, hwent mocht dat Jo to biswierlik wêze, tink den oer de tiid do ’t Jan fen ’e Gaestmar him sa jamk utere, as oer dagen det Geart Jans Fenema him mids folle striid al mear en mear ûntjoech. En mochten Jy wegerje, neist ús plak to kiezen—hwet my sikerwier sear dwaen scoe—om hwet ik sei oer ’e wize, hwerop Jy it Ljouwerter Nijsblêd bistjûre en oer it gehalte fen dat blêd sels, den bin ik ré dat alles fen stikje ta bytsje werom to nimmen, net om ’t ik oertsjûge bin, det ik it net by ’t rjochte ein hie, mar om ’t ik winskje ta oerienstimming to kommen.

Jo oansiikje om diel to foarmjen fen ús jonge biweging, hweryn faeks âldere minsken hjar net thús fiele scoenen, en dy ’t dochs jimmer alhiel selsstânnich hjar gong gean scil, wol ik net, om ’t dêrmei in ûnsuvere tastân berne wirde koe, mar de selde rie-jaende stimme oer taelstriid-saken, dy’t de hearen Sytstra en Sipma takend waerd, wolle wy ek Jo jaen, sadré de Jan fen ’e Gaestmar plak makke hat for de Geart Jans Fenema.

Achte hear Hof, litte wy mei eltsoar wirkje om it safier to bringen, det ienris de skiednisskriuwer fen Fryslâns skriftenkennisse seit:

„Fortuten brocht it jier 1916, hwent yn in nij orgaen ûntjoech him in bitsjuttend tal jonge fryske skriuwers en ek for Hof, dy ’t him as Jan fen ’e Gaestmar ûnder folle striid ûntwikkele hie, briek nou de dei oan, lyk as er sels ynsjoen hawwe moat mei it oannimmen fen syn nije skriuwersnamme Geart Jans Fenema.”


Einoanteikening. Mei it iepenbier meitsjen fen ’e Sljucht-en-Rjucht-dokuminten dy ’t ik ûnthiet to jaen, bin ik fen doel to wachtsjen oant „Fryslân” en dat krantsje as konkurrinten foar eltsoar steane. Myn tank oan allegearre, dy ’t ús biwiis fen meifielen yn ús streevjen stjûrden.