Title: Ruth
Author: Douwe Kalma
Release date: August 5, 2026 [eBook #79282]
Language: Frisian
Original publication: Ljouwert: W.A. Eisma Cs., 1924
Other information and formats: www.gutenberg.org/ebooks/79282
| FOAROPWIRD |
| RUTH |
| TWADDE UTKOMSTE |
For it spyljen fen Ruth moatte for it minst tsjien nije boekjes oantúgd wêze.
Auteursrjuchten foarbihâlden; hjiryn aparte bitingsten for forienings yn de moderne biweging, lyk as ôfdielings N.V., S.D.A.P., arbeiders-ûntjowingsjounen, ensfh.
De skriuwer stiet „efternei dounsjen” ta. Mar hy wol jerne dat men bisiket ef it dêr net sûnder kin, en is fen bitinken dat soks binammen yn ’e reden leit for de moderne forienings, dy’t ommers mear in earnstich as in ûntspannings-wyt foar hawwe.
Do’t „Ruth” frij kaem by it Jongfrysk Toaniel, wier it de frage: yn it laedtsje lizze litte, ef printsje. It earste like my hast it bêste ta; ik sjuch de breklikheden yn it stikje sels tige skoan. Oan de oare kant wist ik dat „Ruth”, ek sa’t it is, folle âlde frjeonen hie, en dat it yet jimmer nije frjeonen makket, ôf to gean op ’e oanfragen om it to spyljen dy’t dêrfor ynkomme. It lêste hat by einbislút it swierste woegen; en ik hoopje nou mar dat der ek tonei fen „Ruth” hwet goeds útgean mei yn de greate ideéle striid fen ús tiden yn Fryslân.
Ik moat in koart wird sizze oer it forbân twiske dit stikje en de lyksa neamde novelle fen jiff. Kloosterman. Ik hie fensels de lêste lêzen, en tige nei wieren my de figuren wirden fen de hwet stive, foriensume boer en it brune famke dat de ieren byinoar siket op syn boulân. Hja waerden my sa hiem dat ik se hjir delset haw yn in wrâld fen geastlike striid, gâns oars as de idyllyske en dochs sa yn-minsklike sfear dêr’t jiffer Kloosterman hjar minsken yn útbylde hie. Ik bin der wis fen dat in forliking allinne mar yn myn neidiel wêze kin; nammensto tankberder moat ik wêze for de wirdearring en de frjeonskip dêr’t de Fryske skriuwster dizze nije „lytse Ruth” yn hjar nije wrâld, mei bigroete.
Ik hoopje dat hwa’t it spylje scille, bisiikje scille hjar yn to libjen yn de geast fen it stikje. Dat allinne kin hjar yn steat stelle der hwet goeds fen to meitsjen. It bigripen fen de rollen is hjir alles. Ik haw in ôfgriis fen it foarskriuwen fen hâldings ensfh. op it toaniel, om’t al dy dingen foartkomme moatte út de spylders sels, yn de krêft fen hjar bigripen. Ek yn it Fryske toaniel moatte de spylders spylje út hjar hert, net om it „moai to dwaen” neffens foardragers-manear.
D. KALMA.
PERSOANEN:
ATE JANS, boer op ’e „Sjidzjende Bouwer”.
JANNE, syn húshâldster.
FRâNSKE MINNEMA, in nift fen sines.
PIER LEISTRA, oare sibben fen Ate Jans
SIJKE, syn wiif, oare sibben fen Ate Jans
ALRIK HORA, de doarps-domeny.
MINDERT FEN DYK, de master.
SETS WALLINGA, arbeidster by Ate Jans.
RUTH, hjar bernsbern.
Toaniel yn beide bidriuwen: de milkeamer fen de „Sjidzjende Bouwer”, rêstich en hwet âlderwetsk meubilearre. Rjuchts (út ’e seal wei) twa finsters, mei swiere griene planten dêrfoar; lofts in boekekast, hwet nijer as it oare húsrie. Lofts efter gongs-doar; rjuchts skriuwbureau. Yn de foarste útkomste dêrop in stelt mei wylde wâldblommen.
Ate Jans is yn de foarste útkomste sa’n 25 jier; yn syn útsjuch en praet hat er de bislettenheit fen de minske dy’t wit hwet ynderlike striid is. De oaren hjar âlder dêrneffens; Ruth is toalve jier.
De twadde útkomste spilet tsjien jier nei de foarste.
Janne, Sets.
SETS.
(yn ’t opkommen tsjin Janne). ’k Wit net, ik wit net, it is my hast
slimmernôch ... ik mei myn smoarge klean yn jou eptige keamer ... ik bin sa’n
formidden wrychtich net wend, Janne.
JANNE.
De boer wol ’t sa hawwe; ik wit net eft ik út mysels wol sa fier gean scoe. Wy
binne allegear minsken mei-inoar seit er den, en dêr is net folle tsjin yn to
bringen. Mar styl fen húshâlden is ’t egentlik net, fensels.
SETS.
Witte jy ek hokfor boadskip de boer oan my ha kin? Ik bin noch mar ien moarn
oan ’t wirk....
JANNE.
Ik scoe ’t jo net sizze kinne, mar hy scil hjir sa dalik sels wol komme. Ho is
’t, wol ’t hwet fen ’e moarn?
SETS.
Och stimper, ’t is sok swier wirk for my. Eltse kear giet myn tinken werom nei
de lêste middei do’t ik op it lân wier en se my hellen, for Japik.... Do wieren
wy noch mei syn trijen, hy en lytse Ruth en ikke ... en nou misse wy
safolle....
JANNE.
It libben kin swier wêze, Sets.
SETS.
Ik ha ’t altyd wol treast west, mar dit wier sa hird ... sa hird. Sûnt dat ik
widdou waerd, wier hy myn alles, alles hwet ik biskrepte en ôfbodde, wier for
him.... Jy kinne it net witte Janne, mar it wier sa’n greate stipe as ik op ’e
bou wier, sa yn it smoarge wirk en ik koe den tinke dat hy dêr prefyt fen hawwe
koe; by alles hie ik syn antlit foar my.... En nou is ’t allegearre sa leech en
sa deadsk....
JANNE.
Jim hawwe dien hwet jim koene, Sets.
SETS.
Alles, alles woene wy wol jaen, en den noch to sjen dat it efterút gyng, dei by
dei, dat der gjin krûd for woechsen wier.... Wy hawwe bidden dat er wer better
wirde mocht, lytse Ruth en ik, mar it mocht net, wy seagen him foar ús eagen
foartgean.... Hy sels birêstte der yn, hy bitroude, it wier for syn bêst, mar
myn âld herte kromp gear ... myn iennichste ... en lytse Ruth, och, och, dat
stimper....
JANNE.
Praet jo mar ris goed út Sets, it docht jo goed. En ik ha mear swierrichheit
sjoen, ik kin it my sa goed yntinke.... Ho is ’t nou mei Ruth?
SETS.
Jy hawwe noch nea sa’n bern sjoen, ik kin der mei myn grize hierren noch fen
leare. Ik koe my altyd net goed hâlde, ik woe wol, mar it wier my sims to
machtich, mar as hja triennen seach, den kibbe se op Beppe. En sels skrepte se
yn’e hús om, stil en de lipkes op mankoar, en as se wist, dat Japik nei hjar
pielen seach, den glimke se wer effen. In pear kear foun ik hjar, do stie se
hjarsels yn it gonkje út to skriemen, it stimper....
JANNE.
De ien leart de striid fen it libben earder kennen as de oar.... Mar sterk
makket it ek wol, oars. It is noch in hiele treast for jo, dat jy hjar alteast
hawwe. Alhiel allinne, dat is sa iensum....
SETS.
As ik hjar misse moast .... en dochs, nou’t Japik wei is, nou kin ik hjar dochs
net mear mei blide eagen sjen.... Al ús moaije forhopings binne nou tsjin ’e
groun, en Ruth moat nei it lân ta ... en dêr forbarne yn’e gleije sinne en krûm
wirde en âld foar hjar tiid, sa as wy allegearre moatten hawwe. Dat is noch it
slimste, myn jonge wei en lytse Ruth ... it paedtsje fen wy allegearre....
JANNE.
Oan jou praet to hearren ... hiene der den oare plannen west?
SETS.
Ruth scoe leare.... Jiffer wirde. Dat wier in great geheim, allinne Japik en ik
wisten it ... en Ruth hie formoedings. Jouns as wy to skimerjen sieten, den
kaem se op ’e tekst fen hwet se leard hie op ’e skoalle ... hwet se den net
oeral helle, jy hawwe der gjin bigryp fen.... En den makke se plannen, ho’t se
it sels ha scoe, as se foar de bern stie, en as Japik der neat tsjin ynbrocht,
den mirk se wol sahwet, hy woe der wol oan, as ’t hwet koe.... En nou ... ik
wol net kleije en ûntofreden wêze, mar dat bern mei hjar skoandere holle,
hwerom moat dàt nou ... wylst safolle oaren....
JANNE.
Net freegje Sets. Us wrâld is nou ienris net sa, dat wy allegearre dwaen kinne,
hwet miskien wol ús ropping is....
SETS.
’t Is hird, o sa hird. Net dat hja der mear fen praet, hja wol der hjar
oerhinne sette ... mar dy lytse rimpeltsjes yn ’e foarholle, och, och, dat bern
kin sa earnstich sjen....
JANNE.
Scoene jy der net ris mei de boer oer prate, Sets. Miskien dat dy....
SETS.
Né Janne. De boer hat him al sa goed hâlden, wy meije net mear fen him freegje.
Hy hat op ’t lêst mear folk, hy kin him sa alhiel wol weijaen. Wy scille ús
hjirsels trochhinne slaen. Wy binne jim sa tankber, Janne, for al jim
byspringen ... it hat ús de hannen sa’n stik romme.
JANNE.
Jy witte, dat de boer der gjin tank for hawwe wol. En ik wit sels hwet earmoed
is ... heit en mem wieren alhiel forlijd, do’t de boer syn âlden my opnamen.
Dizze oarde hat gâns triennen en leed sjoen, Sets, eartiids noch wol mear as
nou.... As Ate Jans syn folk der net west hie....
SETS.
En nou hy sels.... It scil my ris nij dwaen, Janne, hwa’t hjir noch ris
boerinne wirde scil. Hja seine lêst, Frânske en hy hiene forkearing.
JANNE.
De ljue sizze safolle. Frânske hat hjir in heap de rin, mar mear as goefrjeonen
binne se net. Hjar bisteanen ûntrinne mankoar safolle. Frânske is sa derten en
fleurich as in flinter, en Ate Jans is de earnstige kant gâns it neist. Hy hat
net sa’n heap sinne hawn yn syn jonkheit, en dat foarmet in minske wol.
SETS.
Frjemd, dat goede minsken it faek sa swier hawwe.
JANNE.
Forline Freed wier it tweintich jier forlyn, dat syn mem forstoar. Jy scille
hjar noch wol foar jo krije kinne.... In minske wier ’t, suver in wûnder. Ik ha
der by west dat in pear arbeiders spil hienen op ’t snijen ôf, se stiene foar
mankoar oer, mei ’t brûs om ’e mûle; allegearre tochten wy, dat der in ûngelok
barre scoe. Do kaem hja de skûrreed lâns, dimmen en evenredich as altiten—ik
sjuch hjar moai antlit en greate blauwe eagen noch. Se sei neat, se seach
allinne mar, freegjend, forwûndere. It folk gyng fensiden, yn ienen wier alles
stil. Dat hat Ate Jans oerirven. Hy giet mei my om eft er myn bern wier, wy
lizze alles mei mankoar oer.... En dochs....
SETS.
Nou?
JANNE.
(oerein, nei it finster ta.) En dochs is der hwet, djip, o sa djip yn
syn hert dat wy net kenne noch bigripe.... Ik wit net hwet it is, mar ik tink,
dat nimmen, nimmen, dat ea trochgrounje scil ... sa as it djip yn ’e bosken is,
koel en stil en heimsinnich, sa is Ate Jans.... Ik woe wol dat der hjir ris in
jonge mylde laits troch de boerkerije klonk, mar ik tink net dat Ate Jans ea
trouwe scil ... ik tink it net....
SETS.
Den hâlde jy hjir it ryk allinne, Janne.
JANNE.
Amper tritich jier bin ik nou by Ate Jans en syn folk. De wrâld is foroare, in
heap minsken binne forstoarn, mar hjir, yn it hert fen dizze minsken bliuwt
alles itselde, sa as de mar yn al syn brûzjen en núnderjen altiten deselde
bliuwt. Greater nommeler goedens kin ik my net tinke, hjar omgong hat altiten
as in ljocht om my hinne west.... En den tink ik sa faek, hwerom kinne sokke
goede edele minsken net bliid wêze en fleurich, wylst safolle minderen gobje en
laitsje fen moarns ier oant jouns let.... Der komt Frânske oan, sjuch ik.
SETS.
Den moat ik nou it plak mar romje, tinkt my.
JANNE.
Hwerom nou? De boer hat sein, dat jy hjir op him wachtsje scoene. Jy hoege om
hjar wrychtich net foart to gean.
Janne, Sets, Frânske.
FRÂNSKE.
(moai libben jongfaem, tige eptich klaeid, hast as for in feest; rûker reade
en wite roazen yn ’e hân). Dei Janne.... Hea Sets, jy hjirre? Dat scil jo
ek wol hwet nuver oankomme, net?
SETS.
It is myn plak fensels net, jiffer. Mar ik waerd hjir bean.
FRÂNSKE.
(hwet ûnfordildich.) Krekt hwet for Ate Jans. Syn folk op ’e tripen
stoellen yn syn keamer to plakken. Hy mei syn eigensinnige tinkbylden! Altiten
oars as in oar docht! ’t Milhús is for it folk—hy koe de keamer wol hâlde for
de kearen dat domeny kaem ... ef ik!
JANNE.
De boer moast jo sa net praten hearre, Frânske.
SETS.
(jowt hjar oerein.) As it de jiffer net nei ’t sin is, den wol ik wol
salang yn it herntsje wachtsje....
FRÂNSKE.
Och né, doch dat nou net. Bliuw nou hjirre, oars is it myn skild wer. En as Ate
den komt, krij ik wer in leksum oer myn ûnbitochtsumens en binyptens. En myn
hiele middei is wer bidoarn.... Hy wol dochs syn egen wei gean, hy jowt net om
in oar. ’t Is in lêst as de minsken altyd sa dwers binne.
JANNE.
’t Is mar krekt hwa’t men praten heart.
FRÂNSKE.
(gutich): Ho dat sa? Hat Ate den miskien klage ... oer myn
dwersens?
JANNE.
Dat woe ik net sein hawwe.
FRÂNSKE.
’k Scoe sizze tominsten. Dêr hat hy nou just noch net sa folle lêst fen
hawn. Ik bin fiersten to bang for him. Sa’n brommende holder! Hwêr is er nou
wer keard, Janne?
JANNE.
Ik wit net. Wy wierne him wachtsjende. Hy liket effen bilet to hawwen.
FRÂNSKE.
Hy hie hjir wêze moatten. Wy hienen ôfpraet, ik scoe der om twa ûre wêze. En
den is men der om twa ûre. En oars....
SETS.
Mar it is nou grif al by healwei trijen, jiffer. Jy sels wierne den ek wol hwet
let, as ik it sa sizze mei.
FRÂNSKE.
(effen yn ’t nau). Nou ja ... ik woe ... ik koe dochs ek net.... Mar ik
ha op ’t lêst mear to dwaen, en hy hoecht allinne mar op ’e stoel sitten to
gean en to wachtsjen. Hawar. Hy docht dochs hwet er wol. Men moat him mar nimme
sa’t er is. Siz Janne, hwer moat ik mei dat blommegûd hinne? Scil ik mar dêr op
it bureau ... yn it plak fen dy dingen....
JANNE.
Né Frânske, ljeaver net. Dy blommen hat er in sin by, om ’t se yn ’t wyld
groeije. Ik sels ha ’t sa ek al ris hawn. Hy hâldt net fen sierblommen.
FRÂNSKE.
(leit de blommen mei in nidich gebeart op it bureau). Scoe men nou
net.... Neat, neat is hjir goed. Ho’t jy it hjir dochs úthâlde!
JANNE.
Ja, en sa lang al!
FRÂNSKE.
(efkes earnstich). Sikersonk, sa lang al. (Giet foar it bureau
sitten). Der scille miskien net folle wêze dy’t jo dat neidwaen scoene. ’t
Is hjir moai, en stil, en rêstich, mar earnstich, earnstich, om der bang fen to
wirden. Men is op ’t lêst minske om ris to laitsjen, gol en frij út to
laitsjen, men is dochs jong om to sjongen! Jy, dy’t hjir sa op jou plak binne
en bliuwe, sûnder to laitsjen en to sjongen, sjuch, dêr haw ik sikerwier
earbiedenis for. Ik scoe ’t net kinne ... ef miskien....
SETS.
It libben giet altyd net by fleur en pretsjes út, jiffer.
FRÂNSKE.
(wer ûnfordildich). Och, ja, dat wit ik wol. Mar ik sei it net om
krimmenaesjes út to lokjen. Ik wit wol dat earme ljue hjar soargen ek hawwe.
Mar dat is sa hwet oars as dêr’t Janne hjir yn forkeart. Dit kin men net
oerwinne, ek al set men yen noch sa to skoar. Dy oare ... dy jildsoargen, dy
komt men mei hwet prakkesaesjes en hwet ynspanning wol to boppe.
SETS.
As de jiffer ris wist hwet dêr sims net anneks mei is....
FRÂNSKE.
Ja, ja. dat scil ’t wol. Mar hwet witte earme ljue nou einlings ôf fen de
greate libbensstriid? Hja dy’t net ienris oan it wiere libben takomme? It
libben is ommers for hjar net mear as in dream! Wol ris in bange en swiere
dream, mar net heal sa swier as for hwa’t de djipten fen it libben wit. It
glydt jim ommers allegear mar foarby!
SETS.
Ik bin sa folle net mei wirden mânsk, mar as de jiffer ris yn ús djipten sjen
koe ... mei mysels is net safolle forlern, mar as ik om Ruth tink....
FRÂNSKE.
Lytse Ruth? Dat is in snoezich fanke. Alderljeafst yn ien wird, ik wier in
great nêst by hjar, do’t ik dy jierren hie. Mar hwet forwachtet sa’n bern nou
einlings fen it libben? Se is nou fen skoalle ôf, ik seach hjar niis op ’e bou;
dat sprekt fensels, dat is hjar plak. Dat scil in jier mannich sa trochgean,
den bigjint se om oare dingen to tinken, njunkelytsen trout se, beppe wirdt
oerbeppe, en sa giet dat troch. Sa’n libben is ommers sa klear as wetter! Ik
sjuch it as ien igale rjuchte wei foar my. Kuijerje nei de ein ta en it is
dien. Bin dêr soargen en striid for nedich? Ik sjuch it net.
JANNE.
Hark ris, Frânske, my tinkt dat it sa moaijernôch is. Sets en Ruth hawwe de
lêste tiid wrammels swierrichheit genôch hawn, dat hoege jy net slimmer to
meitsjen mei jou gegei oer dingen dy’t dêrby neat bitsjutte. Jy moatte der mar
ris mei de boer sels prate, dêr hawwe jy partij oan.
FRÂNSKE.
(forheard). Hearken Janne, hwet nou? Bin ik jo to nei komd ef sa? Ik
bigryp jo net. Ik mei dochs myn sin wol sizze. Jy lykje Ate Jans wrychtich sels
wol!
JANNE.
Ik ha wol safolle fen him oernomd, dat ik net útstean kin dat jy sa trochslagge
oer de bloedichste earnst fen it libben. Ik wit wol dat jy it yn jou hert net
forkeard miene, mar jy moatte hwet better neitinke oer hwet jy sizze. Jy hawwe
dit âld minske sear dien, en my dêrby. En it is jo sels net ta’n eare, sok
praet.
FRÂNSKE.
Nuver, nuver. ’t Is eft ik Ate sels praten hear.
Janne, Sets, Frânske, Ate Jans.
ATE.
Dei jimme. Dû hjir ek Frânske? Dat stiet my oan, dêr hie ’k net oer
prakkesearre.
FRÂNSKE.
Yn ’e goedichheit! It wirdt my nou slimmernôch, Ate. Witst net mear hwet wy
ôfpraet hiene? datste my foarlêze scoest ... om twa ûre? Moatst nou ris efkes
sjen. (Hâldt him hjar horloazje foar, dat hja om ’e pols draecht).
ATE.
’t Is skande. Ik hie ’t glêd forgetten; ik haw ek safolle oars oan myn holle.
En ’t slimste is, der bliuwt nou fen ’e middei ek sa goed as gjin tiid mear
oer, hwent om trije ûre komme domeny en master to tédrinken.
FRÂNSKE.
’t Is moai, hear. Dû makkest’ my forlegen mei al dyn goede soargen, Ate Ate....
(Hjar lippen trilje efkes).
ATE.
(sjucht hjar skerp oan). Hwet nou? prule om sa’n wissewasje? Ik woe dy
wizer ha, Frâns. Dû witst wol datst hjir wolkom bist. Mar ik ha myn dingen dy’t
foargeane, fensels. Scilst dat goed ûnthâlde, tonei?
FRÂNSKE.
Soargestû wol for. Dû bringst it my dochs eltse kear wol yn ’t sin, as ik it al
forjit, wier? Doch dû earst dyn saken mar ôf, Ate, ik wachtsje wol.... (Nimt
ien fen de reade roazen dy’t se stadich toplôket, súntsjes): Ik wachtsje
wol....
ATE.
Ik hie jo hjir roppe litten, Sets. Alderearst om’t ik ik fornaem dat jy fen ’e
moarn wer for it earst op it wirk wieren. Dat is krigel fen jo, en great. It
scil jo nou faek iensum wêze. Bitink den dat der mear iensume minsken binne.
Sets, en dat jy de himel dochs ek tankber wêze moatte dat jy jou nommele soan
sa lang hâlde mochten. En frâl, dat woe ik jo tige dúdlik sizze, tink net dat
jy by in frjemde boer yn ’t wirk binne tsjin lean, mar dat jy in frjeon fen
jimmes gerive mei jou wirk. Goed ûnthâlde, Sets?
SETS.
Ik ha der nea oars oer tocht, boer. Jy witte wol ho tankber....
ATE.
Stil, stil, dêr mei ik gjin praet oer hearre. ’t Is my genôch as jy der sa oer
tinke. Dat woe ik jo earst sizze. Mar nou haw ik noch hwet oars for jo yn ’t
fet. Ik bin einlings in bytsje lilk op jo, Sets.
SETS.
De boer? lilk op my?
ATE.
’t Is sa. Fen ’e moarn do’t ik de bou oereage, do seach ik dêr noch in lyts
minske omsneupen, tichte by jo, dat ik dêr net earder sjoen hie. Ik koe myn
eagen hast net leauwe. Hawwe jy Ruth meinomd op it wirk?
SETS.
Ja boer. It bern koe dochs ek net allinne thús bliuwe. Se woe út eigen
oanstriid mei.
ATE.
Mar jy witte, dat it dêr hjar plak net is. Dêr yn dy gleije, briedende sinne
mids dat rûge swiere wirk! Al hjit se nou ek tûzenris fen Ruth, dat is dochs
net de ikker, dêr’t dat bern op arbeidzje moat!
SETS.
Wy ha der fen âlder ta foarâlder op forkeare moatten, boer.
ATE.
Dat is myn skild net. Mar dit scil der net fen ynstean. Ik bitrou myn
minske-kennisse moai skoan, en dat bern hat hwet yn hjar dat ik net forknoeid
hawwe wol. Ik wol neat fen myn arbeiders sizze, der binne keardels by mei in
herte fen goud, mar it binne rouwe soannen fen it folk, en hjar praet is net
geskikt for famkes-earen. Jy hawwe it grif ek mei om ’e fortsjinsten dien?
SETS.
It wier der sa ynroun boer, mei al dy kosten fen Japik syn lijen. (stil
greatsk). En salang men sels kin, freget men net.
ATE.
Kom hjir ris, Frâns. Sjuchste dat âlde ronfelige antlit en dy fyn bisniene
mûle? Dy hawwe moai wêst en kein, as dines nou. Der binne stoarmen oerhinne
gien, Sets is âld-minske wirden en beppe. Tinkt dy dat hjar adel der ûnder lijd
hat?
FRÂNSKE.
Dû hast gelyk. Bist in swiere learmaster, Ate Jans....
ATE.
(wer tsjin Sets). Ik tocht wol dat der soks mank mei wêze scoe. Tonei
komme jy Snjeontojouns hjir by my yn ’e keamer, Sets, en jy barre jou jild
apart. Ik scil jo lytse Ruth hjar fortsjinst der as taslach op tajaen. En Ruth
bliuwt thús.
SETS.
Boer ... boer ... ik kin net litte ... ik moat....
ATE.
Dat is dos ôfpraet. Jy geane nou wer nei it lân ta en stjûre Ruth hjirhinne.
Janne wol wol graech hwet selskip hawwe. Miskien fine wy mei gauwens wol hwet
oars for hjar. Oant sa lang is se hjir wolkom.
SETS.
’k Scil ’t sizze, boer. Och, och, as Japik dat wiste.... (Giet nei de
doar).
FRÂNSKE.
(nei hjar ta). Siz Sets, forjow my dat ... dat....
SETS.
Hwet woe de jiffer sizze?
FRÂNSKE.
Hwet ik sei fen Ruth niis.... It wier sa forkeard fen my, sa dom.... Ik bin
altyd sa dom.... De boer hat gelyk, Sets ... hjar plak is der net....
SETS.
(wer stil greatsk). Ik tankje de jiffer.
ATE.
Hwet bitsjut dat, Frâns?
JANNE.
(as Frânske swijt). Frânske hie hjar in pear ûnforsichtige wirden
ûntfalle litten oer earmeljue’s prakkesaesjes, dy’t Sets hwet sear diene. Mar
’t is nou wer yn oarder, alhielendal. De boer hat hjar wer op ’e goede wei
holpen, sa as my ek sa faek.... Ik scil efkes mei Sets gean. (Janne en Sets
ôf).
FRÂNSKE.
(nei in pear tellen stiltme). Ate....
ATE.
Nou, Frâns?
FRÂNSKE.
Ho lang hast nou fen ’e middei tiid ... for my? Oant master en domeny komme?
ATE.
In lyts heal ure.
FRÂNSKE.
Ik wol fen ’e middei net lêze, Ate, ik kin nou dochs net harkje. Der is nou wer
safolle dêr’t ik oer to tinken haw.... Ik wol my ris útprate, Ate, alhielendal,
forstieste, alhielendal, dat ik hjir tominsten ris ienkear hwet rommer weigean
kin bydat ik hjir kaem....
ATE.
Dat moatstû altiten dwaen Frâns. In minske moat neat op ’e boaijem fen syn
herte forhoalen hâlde. De wrâld moat yen sjen sa’t men is.
FRÂNSKE.
(laitsjend). Ate. Ate ... dat seistû? neat forhoalen hâlde? dû, de
tinker, de dreamer, de swijer? Scoe der hjir yn it hiele gea ien wêze dy’t
safolle forhoalen hâldt as dû?
ATE.
Der is mar ien ding, dêr’t ik my net oer útlit, dat is myn striid en myn
siikjen. Alles hwet ik foun haw, hwet ik wit, siz ik; miskien kin it oaren ek
hwet helpe. Mar hwet oan dat finen en witten foarôf giet, dat giet nimmen hwet
oan.
FRÂNSKE.
Dû hast gelyk, sa is it wol.... Wy oaren, wy tinke net om siikjen, wy kwebbelje
mar hwet foar it ljeave heitelân wei, wy forlieze ús yn ús eigen wirden en
getsjânsel.... Mar dochs, sa astû dy hâldst en draechst, sa is it better; dat
wol ik ek leare.
ATE.
Ik tochte, datst dêr al lang mei dwaende wierst....
FRÂNSKE.
Dat is ek sa ... salang as ik dy ken einlings al.... Mar ik bin op ’t lêst ek
jong. Ate. (Ate knikt; laitsjend:) Né heite, knik mar net sa earnstich,
dêr hastû dochs gjin bigryp oer. Dat is it iennichste hwetstû fen my leare
kinst. Dû wennest hjir sa frij, sa hearlik; sa as fen ’e middei, nou’t de hiele
pleats en al dy âlde beammen dreame yn in sé fen ljocht.... God, Ate, dat
moatstû dochs ek ris sjen. De fûnken sprongen oer de pannen hinne, dounsen oer
de leaven en de grêft, en laken ... laken.... Ja by de himel, de sinne lake! Sa
as Frey by de âlde Noaren do’t er om Gerda frijde, sà lake de sinne. En ik
hearde de protters op it efterhiem, ik hearde de ljurk fierwei jubeljen yn it
blau, en it folk op dyn lân, it folk dat sóng, Ate....
ATE.
(bitter). En lytse Ruth skripte mei hjar. Scoe hja bliid west hawwe?
FRÂNSKE.
Och....
ATE.
Wêz gerêst, Frâns, ik sjuch de sinne, ik hear it sjongen wol. Dû hast my niis
in dreamer neamd; it is in hege namme en ik fiel my faek lyts. Mar ik kin dy
sizze, net folle eagen scille mei myn forearing sjen nei de wûnders om my
hinne, nei alles hwet suver en moai en great en godlik is. Mar der is mear as
glâns en sinne; der is ek tsjusternisse en skaed—dû hast der dizze middei in
lyts biwyske fen sjoen. Ik sjuch beide en ik wit net, ik wit net, hwet it
sterkst is.
FRÂNSKE.
Mar astû nou sels dochs meistimst dat der ljocht is ... hwerom biste den
alteast inkelde, inkelde kearen net bliid en fleurich mei?
ATE.
Mar dat bin ik dochs wol ... ik leau net dat folle minsken sa bliid wêze kinne
as ik....
FRÂNSKE.
Né wier? Dû kinst’ alles. En ik kin neat. Sels it laitsjen kinst net ienris fen
my leare. Dû witst hwet jonkheit en wille en fleur is, en ik ha der gjin aen
fen.
ATE.
Dû bist tichter by de wierheit astû sels wol tinkste Frâns. Witste hwet myn
wille is? Dat is it swalkjen, ûren lang sims, lykme allinne, oer de hearlike
bloeijende heide, oer it wide grien fen it greide-lân. Dat is it mimerjen yn it
lange waeijende gers en it sjen nei de hege himelloft, fol goudgeglinster en
strieljend blau ... dat is it mimerjen by de wylgemoezzen mei hjar rykdom fen
wite wynsels dêr trochhinne, dat is it swimmen yn de brede, koele, djippe mar,
mei neat as de loft boppe yen, neat as it streakjen fen it wetter om myn
lea.... Dat is myn wille, ik scoe gjin riker, gjin greater winskje. En jimmes?
To nou, Frâns? Fortel my nou fen jim wille, dy iennichste, dy greatste rykdom
yn ’e wrâld!
FRÂNSKE.
Hâld mar wer op. Ik sjuch, dû krijste dochs wol wer gelyk. Frjemd datste dochs
altiten gelyk hast....
ATE.
Hwa’t goed en suver libbet, dy hat altyd gelyk. Mar sa maklik scilste der nou
net fen ôfkomme. Wille dat is neffens dy: Sneins mei in kliber fen tsjien,
tweintich út to fytsen gean, stoffige, bimoude wegen lâns, sjonge, net om ’t
men fleurich is, mar fleurich lykje wol, delplakke foar in herberge en yen
bignuve litte fen in heap doarpsljue, wylst Ate Jans allinne efter yn syn
mieden....
FRÂNSKE.
Né, né, mar sa is it net! Sjuchste wol datst’ der neat, neat fen bigrypst! Wy
binne bliid ... om’t, om’t de blidens nou ienris djip yn ús libbet, en....
ATE.
Mar dat kin hjir en op ’e romten ek. Hwerom siikje jim de wille dêr? Hwerom net
de moaiste, de suverste, de bliuwende? Hwet is der op jim setten en pretten
wol, dat ik hjir yn myn ienlikens net haw? To nou, Frâns!
FRÂNSKE.
Ja Ate, dat ... dat binne de minsken ... dêr sit alles yn, men sjucht de
blidens yn oare minsken en den wirdt it yen sa waerm en rom, den sjucht men de
sinne en de loft net ienris mear....
ATE.
Mar hwerom, hwerom den dochs? Tink nou ris oan it keppeltsje, dêrste
trochstrings mei op en út bist. Is der ien by, ek mar ien, dy’t fortsjinnet
datste for dy iene de skientme fen loft en ierde forjitte scoest?
FRÂNSKE.
(hiel fest en biret nou). Né.
ATE.
Ik siz net dat der sokke minsken net binne; hja bisteane, mar it binne
útsûnderings. Under dyn keppeltsje lykje se net to wêzen. Hwerom giestû den net
de moaije, stille, iensume wegen fen it libben?
FRÂNSKE.
Dû forjitste ien ding, Ate, der is mear as dy wille, der is mear as dy
sinnedei. Der is ek de joun dy’t den komt, dy fen stiltme en swijen, as alles
sa tear wirdt en sêft. Den swijt ek de drokke wille fen de dei, den komt der
hwet djip en moais yn yen. Lit ús wille den de platte kant it neist wêze, goed.
Mar wy hawwe ien ding dat dy ûntbrekt, Ate Jans, wy hawwe de ljeafde.
ATE.
(stil foar him út laitsjend). Och God ... jim mei jim ljeafde....
FRÂNSKE.
Dat is skande, Ate, dêrom to laitsjen. Dat is hwet hillichs.
ATE.
Ik haw de spot net mei hillige dingen, mar hwet jim derfen meitsje haw ik net
heech. Dêr moat ik my ljeafst net tofolle ynjaen, den kin ik hast net ienris as
frjeon mear mei dy prate. Hwet meitsje jim fen dy libbenskroane? in
boerdpompieren Sinteklaze-steek! Sels stimste mei, dat ûnder dy hiele
bolbjirkene keppel net ien is dy’t it heechste fortsjinnet. Hwet moat men sizze
fen minsken dy’t it heechste fen hjar libben biede oan .... ûnweardigen?
FRÂNSKE.
Mar Ate, dat is dochs in saek fen fielen? Dêr tinkt men dochs net by!
ATE.
Ik wit skoan dat jim dêr net by tinke; as jim it diene, scoene jim net folle
wille oan al dy útlittenens mear hawwe. Mar ik doch it wol. Ik scil nea, nea
fen hwet hâlde, dêr’t ik de greatens net fen fiel. Ik wol groeije, greater
wirde, sterker, en dêrom is der for lytse minsken yn myn libben gjin plak. Ik
wit wol, dat jim der oars oer tinke—dat is jim saek. Mar ik gean myn eigen wei.
En ik wol it heechste. En ik bliuw ljeaver wachtsjen as myn langstme it swijen
op to lizzen mei hwet minders.
FRÂNSKE.
(tige wis en biret). Den bistû in great egoïst.
ATE.
Nou sjuch ik it forbân dalik net.
FRÂNSKE.
Dû hast dysels folle heger as ús, wier? Dat meistû ek wol, hwent dû bist nou
ienris mear. Dat witte wy allegear wol. Mar hwerom ús net hwet mei to dielen
fen dyn krêft en dyn earnst? Hwerom dy hjir sa ôf to sûnderjen op ’e romte?
Moatstû nou altiten tinke om dyn eigen groei? Nea net, dat wy dy dochs
wrychtich ek nedich hawwe kinne ... for ússels?
ATE.
Ik wol eltsenien syn frjeon graech wêze. Mar as men myn frjeon wêze wol, den
moat men mei my stribje en stride wolle. Den moat ik in sterk en moai bitrouwen
hawwe kinne. Den moat men myn earnst en iensumens kieze doare boppe dat
geblikker fen de skyn. Ik sels doch gjin stap út myn eigen libben wei.
FRÂNSKE.
Dû bist ûnreedlik, Ate. Dat giet boppe minsklike krêft.
ATE.
Den scil ik nimmens frjeon wêze. Ef tominsten yn myn iensumens bliuwe. En ik
kin net ienris sizze dat my dat sa tige moeit.
FRÂNSKE.
(nei in pear tellen twivel). Ate....
ATE.
Nou?
FRÂNSKE.
(twivelich, ûnwis, wylst Ate it finster útsjucht en hja wol merkt, dat er
mei syn tinken wer by hwet oars is). Ik woe mar sizze ... ik scoe net wolle
datste forkeard oer my tochtst.... Do’t ik dy frege, niis, mear omgong mei ús
to siikjen, do frege ik dat fensels for ús allegearre ... net for my sels
allinne.... Dû koest oars ris tinke.... (wachtet, hjar hiele wêzen ien
langst en forwachtsjen).
ATE.
(fier ôf). Hwet? ... o ik bigryp it.... Né, fensels net Frâns. Ho komst
derby, ho scoe ik dat tinke kinne.... Hwet in tinkbyld for twa sokke goede
kammeraten! Wy kenne mankoar ommers al sa lang....
FRÂNSKE.
(doffer nou, delslein). Ja. ja, salang al.... Ik gean Janne efternei,
dat wirdt my dúdlik....
ATE.
Domeny is dêr, Frâns. Master scil ek wol gau komme.
FRÂNSKE.
To Ate, lit my noch in skoftke bliuwe ... oant master ek komt ... ik ha safolle
fen Hora heard en ... ik haw ommers noch safolle to learen, it makket my
miskien wer hwet riker ... en it is ommers dyn frjeon, wier?
ATE.
Myn iennichste, ja. Mar dêrom binne wy noch gjin bisibbe sielen! Hy is sa oars
as ik. Fensels kinste bliuwe, ik bin bliid datste dat fregest. (De doar giet
iepen. Men sjucht Janne, dy’t de domeny ynlit. Tingere, jonge figuer, donkere
klean, mar gjin steatlikheit).
Frânske, Ate Jans, Ds. Alrik Hora.
HORA.
Goendei togearre, Ate.... (Fûstkje).
ATE.
(foarstellend). Frânske Minnema, in nift fen mines, en in kammeraet,
dêr’t ik in heap mei tsier. Ds. Hora. (Hja jowe mankoar de hân).
FRÂNSKE.
Folle sjoen en gâns fen heard.
HORA.
Sjoen ek? Hwêr komme jy den wei, as ik freegje mei?
FRÂNSKE.
Selde doarp as jy, domeny, wy wenje hjir ek. Wol in hiel ein de oare kant út,
mar it heart der dochs noch ûnder. It is wier, jy scille my grif noch net sjoen
hawwe.... Sneintomoarns alteast net.
HORA.
Ik koe jo tominsten net foar my krije.... Fen oare rjuchting miskien?
FRÂNSKE.
Dat net, né. Mar myn âlden binne net for it nije. En men seit ek, dat jy sa
earnstich preekje, sa hiel oars as jou foargonger.
HORA.
Dat wirdt my oars net sa faek oanwreaun. De measten fine my hjir lang net
learstellich genôch, om’t ik dingen as sûnde en oardiel meast lit for hwet se
binne. En it kin dochs net to swier wêze nei de forkindiging fen greate
minsklike wierheden en idealen to hearren?
FRÂNSKE.
Dat wit ik net. Dy âlde dingen, dat lit yen einlings mar moai kâld, dat binne
in heap plechtige wirden en men kin dêr bêst oan hwet oars by tinke. Mar sa as
jy preekje, den moat men der ek nei dwaen, oars scoe men yen sels dêr yn ’e wei
sitte. En dêr kin ik my noch net nei jaen.
HORA.
As ik birik, dat hwet lang foarm en sleur wêst hat, hjir wer libbene wierheit
wirdt, den binne wy al gâns fierder.
ATE.
Al scille wy der den ek net folle wille oan bilibje.
HORA.
Ho mienstû?
ATE.
As de wrâld de wierheit yn it antlit sjucht, de greate hillige wierheit, den
hat hja mar ien andert. Dat is it krús en de stienniging. Dat moat se, hwent dy
wierheden taeste hjar yn de djipste grounslaggen oan.
HORA.
Ik ha dy al faker sein, dat ik dat net leau. Der is gjin oare sûnde yn ’e wrâld
as de ûnfolsleinens, gjin oare ûnfolsleinens as de ûnkinde. Jow de minsken it
kleare sjen, forljochtsje hjar herte, en alles yn hjar scil roppe om it ljocht,
sa as de sinne om it deiljocht siket.
FRÂNSKE.
Mar hja sloegen de Hear dochs oan it krús....
HORA.
Dommens en foaroardiel en hate diene dat. Mar it folk hie Him tajubele as de
rêdder do’t er de poarten fen Jeruzalim ynkaem. De dragers fen it ideael kinne
fortrape wirde, de greate wierheden sels nea. Dy libje yn it hert fen elts
minske.
FRÂNSKE.
Fen elts minske?
HORA.
Elts minske is drager fen de Gods-tins.
ATE.
Ik ha dy al faker sein dat ik dat net mei dy iens bin. Wolstû sizze dat it yn
it minsklik aerd leit nei it goede to stribjen en dat it ljocht ier ef let
oerwinne scil, goed. Mar minsken sa astû se sjuchst, dat binne nou yet
útsûnderings. Dat kinste mei dyn eigen eagen eltse dei om dy hinne sjen. Ik ha
dyn stribjen tige heech, mar it rint ier ef let út op in greate toloarstelling.
HORA.
Myn stribjen ken mar ien ein: de oerwinning. Dat scil oer alle leed en
delslaggen hinne ljochtsje. Ik wit wol dat ik de heilsteat net sjen scil, dat
haw ik ek net nedich. Mar ik wit ek dat ik mei myn dwaen en wird der ien trêd
fierder hinne bringe kin. En dat is genôch.
FRÂNSKE.
Mar de wei dêrta?
HORA.
Eigen wille en leed achtsje as neat. De follens fen yens ljeafde oan de minsken
jaen. Yen los meitsje fen alles, bihalven fen it ideael.
FRÂNSKE.
Mar hwa kin dat? Kinstû it Ate?
ATE.
Noch net hielendal. My frij meitsje fen alles, ja, dat kin ik, dat is it
greatste út myn libben. My sels as neat achtsje ... as it moat, den kin ik dat
ek. Mar de follens fen yens ljeafde jaen ... oan de wrâld....
HORA.
„As it wier, dat ik spriek mei der minsken en der inglentonge en ik hie de
ljeafde net, ik wier in klingeljend metael ef lûdbearjende skille wirden.”
ATE.
Al wer dy neare, ûndraechlike wirden! Ik ha dy al sein, datstû gedild mei my
hawwe moatst. Ik haw altyd yn it skaed, yn ’e iensumens libje moatten; ik leau
net yn ’e minsken. Dat komt ... miskien.... Mar den moat ik earst dyn foargean
sjen. Astû hjir yn dit doarp mei dyn ljeafde de minsken better en frij makkest,
den, den kin ik it miskien ek leare....
FRÂNSKE.
O, Ate! dos ek dû, sels dû moast noch leare?
ATE.
(bitter). It greatste noch. Dû hearst it.
FRÂNSKE.
Lokkich.
HORA.
Hwerom neame jy dat lokkich?
FRÂNSKE.
Omdat ... wy hawwe altyd kammeraten west ... en as er nou wier sa as jy, den
scoe er sa heech boppe my stean, den wier der net folle plak mear for my ... en
nou, nou kinne wy kammeraten bliuwe yn it learen....
HORA.
Mar ik wit, dat hy ek dit mei my iens wirde scil. O, ik haw it sa field, do’t
ik hjir de earste middeis rounkuijere yn dit efterôf doarpke, sa lyts, sa
forgetten. Elts gyng syn deistich paedtsje lâns fen eigen soarch en eigen
striid, de âlde ienselvige rounte fen berne wirden en libjen en stjerren, en
elts wier it oan to sjen dat him hwet ûntbriek, it bitrouwen, de ljeafde,
alles. It wachtsjen wier op ien dy’t it iepenbierje scoe, hwet se tochten, hjar
langst jaen scoe nei it heechste.... Nea haw ik myn ropping sa sterk field as
do. Do haw ik de krêft foun alles, alles to jaen hwet ik haw. Mei wêze dat ik
sels dêrfen ûndergean, goed. Mar der scil hjir alteast ien west hawwe, dy’t de
bânnen fen it sleurlibben briek, ien dy’t libje doarst sa’t er wier, dy’t de
herten iepene en de eagen it sjen joech, dy’t it ideael brocht yn de húskes oan
de sânwei en yn de boerewenten!
FRÂNSKE.
Mar men seit dat jy it folk ûntofreden meitsje....
HORA.
Dat hoopje ik, ja. Om’t ik wol dat de minsken nei hjar bêste krêften libje
scille. En om’t it in misdied is tsjin God sels, dat de sielen skea hawwe
scille fen wirk op it ierdappellân. Om’t ik wol dat de minsken libje scille
neffens hjar ropping op ierde.
ATE.
Siz Alrik, ik leau dat ik dy dêr in bytsje by helpe kin.
HORA.
Ho sa?
ATE.
Dû kinst lytse Ruth wier, Sets Wallinga hjar bernsbern? (Hora knikt. Den,
waerm:) Ik woe hjar leare litte. Dat bern scoe mei op it lân; it griisde my
oan. Ik haw it Sets forbean. Ik hie master en dy hjir frege om dêr mei jim oer
to praten. Den kin ik tominsten ien....
HORA.
Ik bin bliid datstû myn frjeon wirden biste. Hwet scil it moai wêze astû myn
meistrider wirden bist ... yn alles....
FRÂNSKE.
(stil). Ik hoopje dat dat noch in skoftke oanhâldt....
Frânske, Ate Jans, Ds. Hora, Master fen Dyk.
MASTER.
(âld griis man, tige libben, fleurich yn it praet). Dei jimme
(fûstkje). Domeny ... Ate ... Frânske. Sjonge, sjonge, hwet wier dat in
útris, dy gleone moudige wei! Masterske hie der mar kluijen oan. d’ Ald frou
wirdt hwet minder op de gong, moatt’ jim tinke. (Faget him om ’e holle).
ATE.
Master, master, ho komme jy der ek by! Sa âld en noch sa grien! Amper in pear
jonge ljue noch, kinne mankoar gjin ûrke misse!
MASTER.
Dêrfor bin wy dochs ek troud, oars net? Ik sei tsjin masterske, bern, sei ’k,
it wirdt in swier stik, mar dû moatst der fen ’e middei mei my op út, de sânwei
del. Nou, dat joech in heap gebear, mar it einbislút wier dochs, dat se
meigyng, fensels. Mar minsken, minsken, hwet in sinne! Wy raenden as bûter, kin
’k jim sizze. Ei nou, moai waer wier ’t dochs. En op dy sânwei ha wy in swak,
masterke en ik. Dat komt fen lang lyn, foar’t wy troud wiernen, bigryp jim? Do
rounen wy dat wol as de sinne net skynde.
FRÂNSKE.
Ik joech in moai stûr, as ik wist hwet dy âld sânwei wit. Ik scil mar ris in
pantsje té ynjiette, for de doarst. Hwer is masterske nou keard?
MASTER.
By Janne yn it tún. Wist dat ik saken hie to bipraten, mei Ate. Saken wol
masterske net fen witte. Hearre gjin frouljue by, seit se. Dêrom haw ik altiten
it mier oan saken hawn. Té-skinke is hwet oars, dêr moat in frouminske by. Dêr
moat Ate hwet mear om tinke.
HORA.
Hearst it Ate? Domeny hat spritsen, nou bigjint master syn leksum.
MASTER.
Mar ’t is ek for domeny ornearre. Ja wisse! Op ’e pasterije is it ommers al
krekt allyk. Ek al té sûnder in pastoarske! Hwa hat dêr nou ea sa fen heard!
Twa sokke jonge bazen, dat dy noch sa leare moatte fen in âld man as ik!
FRÂNSKE.
Al wer hwet to learen! En nou domeny sels wrychtich! Utleard rekket in minske
dochs ek nea, domeny!
HORA.
Master syn leksum bin ik it wol moai iens mei. Mar master wit ek wol, dat sa’n
ding nau stekt. Der is op ’t lêst mear as de tépot allinne!
MASTER.
Scil ’k net ûntstride. Mar it is oars wol fen it fornaemste mei, woe ’k ha.
Masterske hat dêr altiten hjar krêft yn socht. En dat is hjar bêst bikaem.
ATE.
Jy meitsje it my to bot, master. Ik woe ha, yens frou moast dochs ek diele yn
yens stribjen, yn yens idealen.
MASTER.
Wisten wy yn myn tiid net fen. ’k Wol nou just net sizze, dat dat goed wier. As
ik domeny sa preekjen hear Sneins, den tink ik wol ris: der is dy dochs hwet
ûntgien, heite. Mar ik bin nou to âld om my to foroarjen. En ’t hie syn maklike
side wol. Soms tink ik wol ris, domeny, en Ate ek sa’n bytsje, dy binne troud
... mei it ideael. En as ik it nou sizze mei, den leau ’k net, dat dat in
maklike breid is. Masterske koe ’k mear mei wirde.
HORA.
Jy sizze dêr in wiis wird, master.
MASTER.
Stiet my oan. Oars tinke jim: Master kin ek oars neat as grapjeije. En hy
sjucht it dochs wol ... ja ... ja ... hy sjucht it wol.... Mar hy is nou to
âld. En masterske ... dy scoe it faeks ek net bigripe .... (Pear tellen
stiltme). Mar as ik freegje mei, Ate, hwet boadskip....
ATE.
Hwet tinkt jo fen lytse Ruth Wallinga? Kin goed leare, wier? En ek wol nocht
deroan?
MASTER.
Nea noch sa sjoen. Ik wier der op it lêst suver mei oan. Hja koe my yn ’t roun,
kin ’k jim sizze. Wist hast like folle. En frege tsjienris safolle as ik wist.
De bern krigen der erch yn. Dy libbene kikers seagen yen amper troch.
ATE.
Ik hearde grútsjen dat hja leare scoe, for ûnderwizeres. Ho liket jo dat ta?
MASTER.
Scil net folle fen komme kinne. ’t Sit der by Sets net oan, nou mei Japik syn
sukkeljen, moatt’ jim tinke. Mar spitich is it. Ik hie hope, hja scoe noch ris
by ús yn ’e skoalle stean. En nou mei op ’e bou! Wrâlds birin fensels. Mar like
goed spitich.
ATE.
Dat learen fen hjar moat trochgean. Ho en hwet kin minder skele, jy bigripe it
wol, mar ik wol der gjin praet fen hawwe—it scoe Sets yn hjar eare komme. Wolle
jy der for soargje dat se der hwet for klearmakke wirdt en den nei stêd kin?
MASTER.
To diger! Dêr hear ik nij fen op. Dat docht myn âld hert goed, dat kin ’k jo
wol sizze. Wis en wrychtich scil ik dêr for soargje. Us lytse Ruth dochs noch
oan ’t learen, fen ’e bou ôf ... soks hearde men earder nea fen.... Nou mar ik
bin der de kening to ryk mei. Dat is sok goed nijs, dat moat ik masterske ris
fordútse. (oerein).
FRÂNSKE.
Dos dat bigrypt se wol, master?
MASTER.
Dieden bigrypt masterske skoan. Mar idealen....
HORA.
As it master goed is, gean ik effen mei. Wy binne daelk werom, Ate.
FRÂNSKE.
Tink derom master, de té stiet brún ... en der is nou in frouminske by!
(Hora en master ôf).
ATE.
Hwet tinkt dy nou, Frâns, fen dat relaes oer masterske?
FRÂNSKE.
Earmoedich. It is op it lêst in minske-libben
ATE.
Dos dû kinst yn soks ek gjin heil mear sjên?
FRÂNSKE.
Sa fier bin ik nou wol. De ljue ha hjar der bêst by bifoun, mar ik sjuch wol
dat dat net goed is. Hwet is dit in rike middei for my wirden ... hwet
bin ik bliid dat ik komd bin.
ATE.
Sjuch, dat is nou hwet Alrik miende do’t er sei dat der hjir hwet oan de ljue
ûntbriek. Hjar libben is net hillige, it greatste is hjar foarby gean. Sellich
en smûk hawwe hja nêst mankoar libbe, o, sa dimmen en stil en oan ’e ein binne
hja like fier as oan it bigjin. Ik bin binijd ef hy, sels hy, soks foroarje
kin.... (Klopjen). Ja, kom yn!
Frânske, Ate Jans, Ruth.
RUTH.
Dei boer, dei jiffer. Janne sei, ik moast mar nei jo tagean, boer. Beppe hie
sein, jy hiene boadskip.
ATE.
Dat is ek sa Ruth. Hat beppe sein, datst net mear mei hoechste op ’e bou?
RUTH.
Né, boer. En dat kin ek net, om’t ik kin beppe net allinne litte. En ek om oare
dingen kin dat net.
ATE.
Mar Ruth hie dochs graech leare wollen, wier?
RUTH.
Dat moat oergean, boer. Heit (effen haperjend, den wer hjarsels) Heit
hat my frege for beppe to soargjen do’t er sels net mear koe.
ATE.
For beppe scil soarge wirde. En beppe en wy hawwe in wei foun dat Ruth hjar
learen wol trochgean kin.
RUTH.
(forheard). Boer....
FRÂNSKE.
Dat is in moaije tatiding, wier Ruth?
RUTH.
Ja jiffer. Mar ik moat der effen oer neitinke.... Om’t ik hie sokke moaije
dreamen, oer as ik letter sels jiffer wêze scoe en de bern leare.... En do fen
’e moarn op dy bou, do wier dat sa fier fen my ôf.... Mar nou komt it wer
tichter.... Ik bin der o sa bliid ta, boer, al bigryp ik net....
ATE.
Dat hoecht ek net fanke. As beppe en ik sizze dat it kin, den bitrouste ús wol,
wier?
RUTH.
Ik bitrou alle minsken wol, boer. Mar ik bigryp de dingen ljeafst sels.
(Foar Ate syn boekekast). Hwet hat de boer der in heap moaije boeken.
Mei ik dêr wol ien út krije? Myn hannen binne nou wer skjin.
ATE.
Gean dyn gong, Ruth.
FRÂNSKE.
Nou bin ik binijd.... Tocht ik it net! Ja, dêr steane moaije printen yn, tige
moai. Fen kenings en ridders en al soks.
RUTH.
Dêrom naem ik it net, jiffer. Mar der stiet yn fen skiednis. En ik hâld sa fen
skiednis. (Giet mei it boek op in stove sitten). Hwent den sjucht men
ho’t alles foroare is, by earder, en better wirden. En den wit men dat alles ek
noch folle better wirde scil. Dit doarp hat ek skiednis, boer.
ATE.
Ho mient Ruth?
RUTH.
Sûnt domeny komd is. Alles is sa oars. De arbeiders fjuchtsje en flokke safolle
net mear. En der komme nije hûzen, fen stien. En Sneins yn ’e tsjerke is it
alhiel oars.
FRÂNSKE.
Lytse wize Ruth! (Tsjin Ate). Hwa’t hjar Boäz ris wirde scil?
RUTH.
Boäz ... hwet mient de jiffer? Boäz, dat wier ... Naomi, Orpa ... o. Boäz, dat
... dat wier de man fen Ruth.... Né jiffer, Ruth kriget gjin Boäz, ik wol net
trouwe.
FRÂNSKE.
Mar fanke, hwet is dat nou for praet!
RUTH.
Ik krij ommers safolle oars to dwaen. Safolle wirk for de bern as ik jiffer
bin. Dêr wol ik for libje. Dat is sa moai.
FRÂNSKE.
En den altyd allinne yn ’e hûs? As de skoalle út is? Hwet scoe se it den iensum
ha!
RUTH.
Ik scil it nea iensum ha. Dat wit ik noch fen heit syn sikens. Den wier ik sims
wirch, o sa wirch en beppe mocht it net witte. Mar as ik jouns nei it doarp to
moast om in boadskip, den wier dêr in stjerre, in hiel greaten en moaijen-ien
en dy skynde sa frjeonlik en bliid.... En den wist ik dat ik net allinne wier.
ATE.
(by it finster, foar him út). Wûnderlik, wûnderlik ... soks hearde ik yn
gjin tiden....
FRÂNSKE.
(sjucht fen de ien op ’e oar, den skrillet hja effen, as sjucht hja eat yn
’e takomst). Miskien....
Gerdyn.
Aldjiersjoun. Selde keamer as yn I. De lampe barnt.
Janne, Master fen Dyk.
MASTER.
Ate bliuwt gâns, Janne.
JANNE.
Ja.
MASTER.
’t Moeit my tige. Ik hie joun sa graech hwet mei him petearje wollen. Dat
forset de swierrichheit hwet. En ’t is for Ate ek net goed, altiten sa allinne,
f’râl net op sokke jounen. ’t Is op ’t lêst noch in jongkeardel. As ik nou, âld
en forgetten....
JANNE.
Ja, sokke jounen scille gâns prakkesaesjes for jo meibringe, dat kin ’k my
yntinke. Der scil jo gâns troch de holle gean, it forskeel is sa great by do’t
it jier ynsette.
MASTER.
Ik koe it yn ’e hûs net langer hirde. Altiten dat tinken om dat lege plak.
Ymkje mient it bêst, dat nim ik graech oan, mar se kin yen it gemis net
forgoedzje. En hwêr scil men den al hinne rinne? Net eltsenien kriget mei
âldjiersjoun graech in âld frjemd man yn hûs. ’t Gyng ús eartiids al krekten
allyk. In minske tinkt to min om oaren.
JANNE.
Jy witte dat jy hjir wolkom binne master, as eigen. En as de boer wist ... ’t
scil him genôch moeije dat jy hjir salang op him sitten hawwe to wachtsjen.
MASTER.
Ik wit net Janne, ik wit net, Ate is net bot mear op selskip steld. Ik merk it
wol as ik sa’n inkelde kear nochris mei him praet. Hy is mei syn tinken by oare
dingen. Hy wol frjeonlik genôch wêze, mar men fielt him altyd sa fier ôf. ’t Is
frjemd.
JANNE.
Hy mist ek gâns, master. Nea folle honk by oare minsken hawn, en do mei it
forstjerren fen domeny. Ik ha’t dalik oankommen sjoen. Ate hong tofolle oan
him, seach sahwet it heechste yn him—se forstienen inoar yn alles. En as men
syn hert sa op ien set ... dat is noedlik, to noedlik, den kin de wrâld yn ien
slach for yen dellizze.
MASTER.
Kom, kom, as men noch sa jong is ... de wrâld leit noch foar him. Hy hat ommers
neat brek as it libben. Sa as men, men wit dat yens tiid west hat. Mar for him
kin ommers eltse dei in nij libben bigjinne. Safolle, dy’t mei him de iensumens
wol diele woene.
JANNE.
Dat is sa, ja. Mar ek in tige lyts bytsje dêr’t hy syn iensumens mei diele wol.
As er bliid wêze kin mei hwet minders....
MASTER.
Altyd noch better as sa as nou. Lokkich kin er him nou dochs alhiel net fiele.
JANNE.
Dat wit ik net master. Ik bin wol ris bang dat er yn syn lot birêst. De wrâld
hat him nea net safolle skele kinnen en de iensumens bliuwt altyd like moai en
great. Hwet him altiten miskearre hat, dat wier it bitrouwen yn ’e minsken. Ik
haw in skoftke forhoping hawn dat dat komme scoe; nou liket it forgoed foart.
Hy libbet yn himsels, hy jowt him net mear.
MASTER.
Neat for in jong minske.
JANNE.
Och, ik wit net! Ik scoe bliid genôch wêze, as it wer ris oars mei him waerd,
mar ik kin ’t my dochs bêst bigripe. It doarp hat him net moai hâlden, master.
Fen it goede dat domeny kweke hie, is amper neat mear yn wêzen. O, dy minsken,
dat se dochs net sjen wolle....
MASTER.
Domeny hie safolle nijichheden, Janne. Tofolle op ien stuit. Ik haw him wol
warskôge, dat scoene de minsken sa hird net fortarre.
JANNE.
Sa lang’t domeny libbe, koe it wol. Mar alles moat hjar sein wirde, eltse dei
en eltse ûre, oars falle se dalik wer tobek. De boer seit, dat komt om’t se út
hjarsels gjin krêft hawwe; ik leau dat net, my tinkt, se sjugge net yn hwerta
se dy krêft brûke moatte ... mar it griist my sims oan, al dat moaije wirk al
wer sa forrinnewearre ... en de nije....
MASTER.
Dat is gjin keardel. Tinkt allinne om syn eigen maklik libbentsje, moatt’ jy
tinke. Fynt alles goed, eft it goed ef forkeard is. Né, den Hora! Dy hat
arbeide salang’t it dei for him wier, dy leaude yn syn ropping. Sokke minsken
moast men eare-teikens for stiftsje. Mar de greate wrâld hat net folle fen him
fornaem. Hy gyng sa stil syn wei.... Mar hwa’t him koene....
JANNE.
Dy forjitte him hjar libben net wer. En as men ienris sa’n ien moete hat, den
bigjint al it oare yen sa griis en earmoedich to lykjen.... En dochs docht men
him der gjin eare mei.
MASTER.
My tinkt oars, dat biwiist wol....
JANNE.
It is net yn syn geast. Hy socht himsels net. Hy hat er sa tsjin warskôge, dat
wy himsels bitize scoene mei it ideael dat er brocht; hy hat ús en ek Ate Jans
sa faek sein dat men net oan minsken hingje moast. Al is hy der sels net mear,
syn geast hie ûnder ús bliuwe moatten.
MASTER.
Och, dat giet ommers dochs altyd sa. In minske siket dochs altyd hâld by oaren.
En as men dêr alles op set, och, den hat it libben yen mar sa’n bytsje mear to
bieden, as dy foartgean moatte.
JANNE.
En dochs bliuwt it libben altiten like great en de libbensplicht altyd deselde,
eft der ien ef hûndert nêst yen steane. Men is minske om alles forlieze to
kinnen, as men God mar bihâldt.
MASTER.
Ik sjuch oars net folle as dy lege stoel; myn libben bistjut net folle mear,
dat wol ’k wol wêze. Wy wieren alles for mankoar, wy steunden op mankoar en nou
kinne wy dat net mear.... En by ’t fortriet komt den ek noch wol ris hwet
selsforwyt....
JANNE.
Kom, kom, dat kin jo dochs net pleagje?
MASTER.
By tiden wol. Wy ha sa’n bytsje each hawn for oare dingen. Do’t wy fyftich jier
troud wieren, by ’t Maeije do binne wy de âld sânwei yetris úttrape. Kostlik
wier ’t. De loft alhiel blau, de bjirms bûnt fen blommen, de wylgen yn ’e
bloei. Do kniep masterske my yn ’e earm: „Mindert”, sei se, „nou is alles noch
lyk as fyftich jier lyn, de sânwei en ek twisken ús”. Der wier se bliid ta. „Ja
bern,” sei ’k. Mar ik tochte effen, nou is der dochs hwet net yn oarder. Hwent
dy sânwei, dat hie nou in fêste wei wêze moatten, en wy.... Mar dat sei ik mar
net, se scoe der mar lêst fen hawn ha. Mar ’t hat ús net folle foarútbrocht. En
nou, nou komt myn earmoede oan ’t ljocht, nou ’t hja der net mear is.
JANNE.
Domeny Hora hat de helt fen jim jierren net helle. Mar dy ... dy is mei greate
rykdom foartgien.
MASTER.
’t Liket mar for inkelden weilein to wêzen. Sa’n inkelden dy’t wit tsjin
tûzenen dy’t siikje.
JANNE.
Né, né, dat kin ’k my net tinke. Ik haw net folle op ’e skoalle gien, mar hjir
op ’e „Sjidzjende Bouwer”, hjir haw ik dochs greate dingen leard, fen domeny
Hora en de boer syn mem. f’râl. Der hat ek in tiid yn myn libben west, dat ik
tocht dat ik libje scoe ... for ien.... ’k Ha der tige om skriemd do’t dat in
dream bliek. En ’k hear dat sêfte, dat sjongende lûd noch yn myn earen: „Janne
sûndiget”, sei se tsjin my, „se forjit for in minske de taek dy’t God hjar
oplein hat, se moat sels as in minske libje kinne.” O, ’t hat sa swier west, yn
’t earst ... mar ik haw it leard, al wier ’t mei striid en triennen. Ik hingje
oan Ate jans, oan ’e „Sjidzjende Bouwer”, oan myn wirk—en dochs, ik scoe alles
misse kinne....
MASTER.
Janne, Janne....
JANNE.
Ik scoe ’t kinne. En wer bisiikje in oar libben to bigjinnen, nou noch. En wer
bisiikje it bêste to jaen, dat ik mei myn lytse krêften kin. As ik myn plicht
mar doch, oan ’e ein fen ’e wrâld as ’t moat ... mar ... ’t ljeafst hjirre ...
’t ljeafst hjirre....
MASTER.
’k Scil der ris op trochtinke. ’t Docht my wol goed, dat kin ’k jo wol sizze.
’t Scoe my den nou sa leech net mear wêze. Jy prate as domeny, Janne. Ja, wy ha
wol folle forlern ... gâns forlern ... mar dochs ek noch wol in bytsje
bihâlden.
Janne, Master, Leistra, Sijke.
LEISTRA.
Joun jimme. Ho letter op ’e joun, ho moaijer folk, is’t sizzen den, nou? Kom,
master hjir ek al? Ja, ja, in bisûndere joun altiten, master! Forheven en
plechtich, tige plechtich. (Sijke seit Janne dei; hja gean sitten; by master
en Janne ûnder it folgjende petear gâns stivens).
MASTER.
Dy plechtigens jow ’k net folle for. Ik ha’t ljeaver hwet smûk om my hinne. Mar
ik mis hjir joun ek ien.
LEISTRA.
It komt my foar, dat jy dit ek net krekt sjugge. Hjir op ’e „Bouwer” binne wy
kâld for minske-gefljuch, hjir is’t de wente fen it Ideael. Wy bisprekke hjir
de dingen fen it hegere libben. Ofwaeid praet fen legere geasten hawwe wy mei
britsen. Yn de tsjinst fen it hegere hat men gjin sellichheit fen minsken brek.
MASTER.
(kitelich). Hwet jy sizze. Jy bin den mar gâns foroare. Eartiids makken
jy jo net drok mei soks. Jy hiene do yet al in wyld hier yn ’e nekke, wit ik
wol.
LEISTRA.
It komt my foar, dat jy wol hwet frij binne yn it sizzen. Dit is net
bifoarderlik for ús ienriedichheit. In oare toan kaem my mear winsklik foar.
MASTER.
(koart). Ik siz hwer’t it op stiet. Ik jow gjin stûr for dy
moai-praterij. (Effen stiltme).
SIJKE.
Ate al wer net thús, Janne?
JANNE.
De boer hat him nêst in goed ûre ôfjown. Hy woe him hwet forsette. Hy scil wol
gau werom komme.
SIJKE.
Hwet is ’t den al hwet, nou? Ik kin it skriemen dêr sims hast net om litte. Hy
fynt hjir net hwet er siket, moatt’ jy tinke. Hy hat omgong mei oare minsken
brek. Och, och, as wy hjir mar hwet faker wêze koene!
MASTER.
Jim ha oars mear mei mankoar tsierd as yn frjeonskip libbe, woe ’k ha. De wrâld
liket him yn ’e lêste tiden nuver to forlizzen. Ik ha der it rjuchte bigryp net
mear oer.
SIJKE.
(swiet). Dat kin him den ek oan jou hege jierren lizze. Dy
kribbekeurichheden binne nou forgetten en forjown. Ate syn wei is de bêste, en
wy folgje dy graech mei ús lytse krêften. De brede en de smelle wei, lyk as de
Psalmist seit, Master!
MASTER.
Jy miene de Berchrede. Jy moatte hwet minder prate oer dingen, dêr’t jy safolle
bigryp oer hawwe as ... as ús âld kat fen pianospyljen, scil ’k mar sizze. Ja
wrychtich, ús âld kat, sei ’k. Dat komt goed út, ús âld kat.
LEISTRA.
Nou komt it my dochs foar, dat ik jo yn bitinken jaen moat....
SIJKE.
(oerémis). Bist net wiis Pier! Lit dat âld potiten syn galle mar
útspije! Hat it smoar yn, dat er hjir it ryk net allinne hat, moatst tinke! Wit
ek wol, hwerom er hjir sa’n bryk gat rint! Alde neigeanderige ynklauwer! Mar hy
scil ús hjir net weipeste, dat wik ik him!
JANNE.
(ûnwis fen lilkens). Frou Leistra, wy binne hjir ûnder dit dak sa’n tael
net wend. Ik woe, dat jy jo hwet ynbounen.
SIJKE.
(neiaepjend). Jo hwet ynbounen! Hwet forbyldzje jy jo wol! Sa’n
stoaterske flinterknipster, dy’t ús hjir út it plak kringe scil! Wachtsje mar,
froutsje, hwa’t hjir it earst op ’e strjitte stean scil! Sa’n skoaijers-madam,
dy’t fen ’e balstiennen opnomd is!
MASTER.
Sjonge, sjonge, hwet komt jou wier aerd nou kreas oan ’t ljocht! Kant in
wûnder! Dêr wier it my nou ris krekt om to dwaen. Kom Janne, sok selskip fen
idealisten hearre wy net by thús. Wy scille it fjild mar romje, tinkt my.
(Janne, oerstjûr, jowt hjar gûlend oerein). Hwet nou, Janne, wirde jy
dêr oars as oars fen? Fen dat fisk-wive praet? Kom, kom, Janne ... kom ...
(Master en Janne ôf).
LEISTRA.
Jy koene wol in slach mei de moalpûde hawn hawwe. Jy kinne der op oan, dat dat
allegearre mei de waerme hân oan dy fint oerbrocht wirdt. En hy leaut dy âld
húshâldster grif earder as ús. It makket syn erchtinkendheit altyd wer geande.
It komt my foar dat dit ús hiele moeisum opboud wirk yn gefaer bringt.
SIJKE.
Sa kin ’t ek wol, net? ’t Is ommers allegear de skild fen dyn lamlindigens.
Astû nou noch ris fen dy ôffjurre hiest! Mar fensels, ik moat altiten it punt
der wer ôfbite. Men scoe jim forgrieme!
LEISTRA.
Hui, hui, hwet....
SIJKE.
Ja, to mar. Ek noch tsjin abbeleare! Skoer dyn mûle sa tsjin oareljue op ast it
tsjin my altyd dochst! Yn ’e hûs bist in wakker helt, en bûtendoar krûpste wei
fen binaudens!
LEISTRA.
’t Scil wol sa wêze.
SIJKE.
Sjuchst mar wer datst it yn oarder krijst. Ho kin my net skele. Ik scil
wol soargje, dat ik den foart bin, den haste fen my gjin lêst. Mar ik ha
dy ien ding to sizzen: astû joun net biwirkest, dat dy falske húshâldster hjir
weirekket, den hast it hert ris yn ’e hûd en kom wer thús!
LEISTRA.
Mar wyfke....
SIJKE.
Hast it heard. Dyn swiete praetsjes ha ’k neat mei to meitsjen. Kom mar sa ast
bist, dat is better.
LEISTRA.
Mar ik woe graech witte ho.... It komt my foar, dat jy dit better sjugge as ik.
Jy binne fornimstich genôch. Ho moat ik it oanlizze, tinkt jo....
SIJKE.
Moatst sels witte. Siz mar, dat dy âld keardel ús sa terge hat, dat myn simmels
my yn ’e macht krigen. As hja dy myn wirden foar de foetten goaije, moatst it
fensels ligen hjitte. Den sceist mar, dat se dat optocht hawwe, út
oerginstigens, dat wy sa goed mei him kinne. Dat leaut er miskien wol net, mar
hy is nou safier hinne, hy mistrout sahwet eltsenien....
LEISTRA.
Mar hwet tinkt jo, ho scil ik oan mei dy húshâldster ... as ik him dat planút
siz....
SIJKE.
Bist net wiis! Dêr moatst tsjin him net oer kikke. Moatst tsjin hjarsels oan ’e
gong. Dat ik myn mûle wol hwet frij jown haw, mar dat men der yn it doarp krekt
sa oer praet. En dat der om hjar spil komt yn ’e femylje. Den is se út hjarsels
wol sa healwiis en ruk út. En den ha wy it hjir in stik rûmer. Der moat hjir
foroaring komme. Oars helpt al ús gewrot ús noch neat.
LEISTRA.
En as it safier ris wier, den scoe ús Berber hjir bêst yn ’t plak kinne, tinkt
my sa. Hwet tinkt jo dêrfen?
SIJKE.
Hast wol ris gekker dingen sein. Berber is redsumernôch, dat hat se fen my. Den
kaem hjir safolle ûngaedlik folk ek net mear binnen doarren. En hy koe him
licht oan alle kanten safolle ek net mear weijaen. Der moat in stokje foar
stitsen wirde, ho gauwer ho better.
LEISTRA.
It komt my foar dat dat de oanwiisde wei is, Berber hjir. Dat tocht ik daliks.
SIJKE.
Snoad biste, dat witte wy ommers wol. Sjuch mar, datst de boel foarinoar
krigest. Dat is krekt hwet for dy mei dyn swiete praterijen.
LEISTRA.
Ik hie al sa ljeaf, dat jy sels....
SIJKE.
(fûleindich). Hwet?!
LEISTRA.
Neat.
SIJKE.
Oars seist it mar. Praten is frij. Mar ’t moat hjir oars. It bigjint op ’e neil
to bârnen. Hy trout dochs net. Howol, dat fanke fen Minnema’s....
LEISTRA.
Och, och, oan hokfor gefaren stiet men al net bleat! As dat sa kaem, is ’t mei
ien slach forlern!
SIJKE.
Hja fisket der genôch for. Mar hysels is moai ûnforskillich. Mient fensels, dat
se út plezier net trout en út frjeonskip sa om him hinne strúnt. Kinst bigripe!
’k Ha se al lang sketten. Mar wy scille der in skoatteltsje foar strike. Lit my
dêr mar mei rêdde.
LEISTRA.
Lokkich.
SIJKE.
Ik scil gjin gerêst hier op ’e holle ha, salang’t wy net wis binne fen ’e
pleats. En der moat oanmakke wirde. Ik jow him gjin lang libben mear.
LEISTRA.
Tochten jy net?
SIJKE.
Dy gekke kuren, dat er fen minsken net mear witte wol, dat wiist der wol op.
Mei syn mem wier ’t krektenallyk. Dy waerd tsjin it lêst ek ho langer ho
stiller; krekt sa’n healwize dweepster (biweging efter de doar). Wel
fordeald, dêr koe er wol wêze. To ju, bigjin nou gau! (twiske de
tosken:) stommerik! (lûder:) Ja, ’t is wol skriklik, dat minsken
hjarsels sa forjitte kinne.... Dat ûnderminet yens hiele bitrouwen.
Leistra, Sijke, Ate Jans.
ATE.
(moeisum:) Jow jo gjin moeite, minske. Meitsje ljeaver dat jim de
hameije út komme. (as hja sitten bliuwe:) Jim hearre hwet ik siz?
SIJKE.
Ik bigryp jo net, Ate, it moeit my sa. Ik tocht, dat jy mear bitrouwen yn ús ha
scoenen, as dat jy it ear hingje litte scoene nei sokke minsken.
LEISTRA.
Hja miene it net forkeard, moatt’ jy tinke. Mar hja bin swak, en den stroffelet
men o sa maklik.
ATE.
(oerstjûr:) Ik scoe forsichtich wêze. Ik hâld my net lang mear yn
bitwang. lk haw tofolle fen jim riddenaesjes heard. Nommele minsken bin jim.
Jim forpeste de loft dêr’t jim binne. Tergje my net langer; dêr kinne
ûngelokken fen komme.
SIJKE.
Dat moat biljeaven net. Scoest dy sels ek it meast mei ha, heite. Sa’n falske
kwibus! Stiet wrychtich oan ’e doar to harkjen as in lytse jonge! ’t Is ommers
allegear de skild fen dyn eigen healwizens! Men moat ommers falsk mei dy
omgean, oars is men dy net goeddernôch! Dy moaije húshâldster en dy âlde gek,
dat is dyn soarte better fensels!
LEISTRA.
Frou, frou, it komt my foar dat jy forsichtiger....
SIJKE.
Ruk út aste bang biste! Ik scil him better....
ATE.
Jy scille neat. Ik jow jim trije minuten om oan ’e oare kant fen ’e hameije to
kommen. As jim hjir den noch binne, lit ik jim troch myn folk fen it hiem
ôfsette. En den is it myn skild net, as der ris ien by de hameije trochrekket.
SIJKE.
Stjonkert aste biste! Dyn eigen famylje foart to reagjen mei frjemd folk!
Witste sels it bêste hwermeistû dy op dyn hân krigest! Mei dyn moaije eagen en
swiete wirden siker! Se gnize dy út, allegearre, ast dat mar witst!
LEISTRA.
Wyfke, wyfke....
ATE.
Noch sechtich tellen.
SIJKE.
Ei nou fint, wy gean ommers al. Moatst dy net sa lilk meitsje, dat is sûnde for
dy. Dat die dy dierbere mem fen dines ek net. Dy wier tominsten ûngefaerlik, al
hie se se alle fiif net.
ATE.
(razen:) Divel ... dat scilst (stoarmet op Sijke ôf, dy’t hjar efter
Leistra forskûlet. Doar iepen. Frânske fljucht op Ate ta).
Leistra, Sijke, Ate Jans, Frânske.
FRÂNSKE.
Ate ... yn ’e Godsnamme ... dû ... ho kinstû...?
SIJKE.
(wylst Leistra útpiket:) Dat moeit my. Hie him mar bigean litten. Den
hie men him licht ûnder kuratéle sette kinnen. Hast oars dochs gjin kâns om
efter syn jild to kommen, al bist ek tûzenris Frânske Minnema. Kom ju.... Hwet?
dy sokses der twisken útknypt? Dat scil him opbrekke! (ôf).
FRÂNSKE.
(wylst Ate op in stoel delfallen is; hân op syn skouder:) Dat hie ’k fen
dy net forwachte, Ate. Ho kinstû dysels sa forjitte, om dy minsken!
ATE.
Se kaem ... Mem tonei. Ik koe ’t net hearre.
FRÂNSKE.
Ik hie dy wol warskôge. Dy ljue wieren fâlsk, dat koe men oan alles witte. Dat
hie nêst in pear jier net to forwachtsjen west, Ate, dat sa’n slach minsken
foet yn dyn hûs krije scoe.
ATE.
Ik ha se net ynhelle. De minsken twongen hjarsels op. Ik ha se altyd lofts
lizze litten.
FRÂNSKE.
Dû hast se bigean litten, Ate. Janne kin út hjarsels sokke minsken net
ôfstegerje. Dû jowst der net mear om hwaste om dy hinne hast. Eartiids gyng der
fen dy hwet út dat sok soarte fensels op in ôfstân hâldde. Nou hast dy
opsletten yn dysels en dû sjuchst hwet derfen komt.
ATE.
Dy ljue scille net weromkomme. En mear forkearden ha ’k Godtank noch net om my
hinne helle. ’t Is nou wol suver.
FRÂNSKE.
En de oaren, dyn frjeonen, den? Janne siet yn ’e koken to gûlen fen hwet dat
minske hjar sein hie, mar ek mei fen dyn frjemdens. Master kaem ik tsjin: d’
âld man wier mistreastich, hie hope by dy hwet honk to finen en dû hiest wer
net thús west. ’t Is net goed, Ate. Minsken dy fen yen hâlde hawwe in rjucht op
yen.
ATE.
Minsken dêr’t men fen hâldt, woeste sizze.
FRÂNSKE.
Ik ken dy net mear. Moat men yen den yn alles liede litte fen egoïsme? As men
fen immen hâldt en men uteret dat yn wirden en soargen en dieden, dat jowt yen
dochs ek wol rjucht op hwet werom? Do’t dat minske hwet fen dyn mem sei,
waerdste razen, mar hat Janne hjir sûnt net yn it plak fen in mem stien? en al
misseistû hjar ek neat, dû misdochst tsjin hjar.
ATE.
Mar Janne hat it hjir ommers goed....
FRÂNSKE.
Hastû wolris bitocht hwer’t hja ôfstân fen dien hat, hwet hjar troch hjar
trouwe soarchsumens ûntgien is? Moat ik dy dat nou sizze, Ate? Dat se nea mei
in oar it libben yngien is, om’t se tocht dat it hjar plicht wier, alderearst
to soargjen ... for dy? Dat eigen bern hjar libben nea bliid makke hawwe, dat
se allinne, lykme allinne op ’e wrâld bleaun is, dat se ôfstân dien hat fen in
eigen libben ... for dy?
ATE.
Pleitestû ek for dysels, Frâns? Dû hast de lêste tiid ek net folle oan my hawn.
FRÂNSKE.
Né Ate. Ik nim hwet my jown wirdt, en dêr bin ik tofreden mei. En ik bisiikje
myn libben to libjen sa goed as ik kin, en for oaren to wêzen safolle as ik
kin. Dat is genôch.
ATE.
Witste hwet men fen ús fortelt? Hast heard hwet dat minske niis...?
FRÂNSKE.
Ja.
ATE.
En...?
FRÂNSKE.
(him iepen oansjende). Der is ommers neat fen oan, wier?
ATE.
Wier is it net, né. Mar dat der neat fen oan is.... Ik ha de lêste dagen gâns
oer dy neitocht, Frâns, en der is my folle dúdlik wirden, dêr’t ik lang blyn
for west haw. Ik woe dêr graech ris mei dy oer prate, Frâns.
FRÂNSKE.
Dat kin, Ate. (Effen stiltme).
ATE.
(hommels). Wachtestû noch altyd ... op my?
FRÂNSKE.
(forheftich). Ho fregest my dat? Dêr haw ik dochs nea hwet fen blike
litten?
ATE.
(glimkjend). Fen blike litten net, né. Dat hat great fen dy west. Mar it
wier dêrom wol sa. Earst tocht ik, do’t ik seach hoste eltsenien ôfstegereste:
Frâns is to selsstannich om hjar to binen oan in oar, dêrom bliuwt se allinne.
Lettertiid seach ik dat oars; ik seach dyn sin for húslikheit, dyn ljeafde for
bern, dyn frou-wêzen yn alles. Do haw ik lang net bigrypt hwerom. En astû witte
wolst hwerom ik dy der nou nei frege: it waerd my swier dat to dragen. As ik dy
dat nou ienris net jaen kin, Frâns.
FRÂNSKE.
En hwet den noch, Ate? Moat ik dêrom trouwe mei in oar? Wylst myn herte hjir
dochs altiten is, by dy? Ienris hastû my sein: Ik wol it heechste, en as ik dat
net krij, den mar neat. By dy wierne dat wirden, by my is it wirden myn libben
sels. It is it iennichste net, dêr’t ik neffens dyn leare yn libbe haw.
ATE.
Ik hie dy sa’n swiere beage net oplizze wollen....
FRÂNSKE.
It hoecht dy net to moeijen, ik bin der better fen wirden. Ja, it is wier, it
hat swier west. Der ha jounen west, dat ik myn snokkerjen smoare moast yn myn
kjessens, ik ha wol tocht dat it my briek. Mar ik ha ’t úthâlden, en ik bin der
fen groeid. En myn laitsjen haw ik Godtank net hielendal forleard. Ik leau yn
de wrâld, hy liket my moai en ryk. Mar myn libben is wierder wirden.
ATE.
Der hat in tiid west dat ik op dy delseach. Do wieren wy kammeraten, mear koe
it net lije—om’t ik mysels sa heech fielde. Nou is it efste my foarby groeid
bist, efste it libben wierder en riker libbest. Nou scoe ik wol frjeonen wêze
wolle, as dat kin om dy ... as dat dy genôch wêze kin....
FRÂNSKE.
Ik wol earlik wêze: myn hertewinsk wier mear ... dêr haw ik lang for libbe. Mar
astû seist dat it net kin, den leau ik dy—it forwûnderet my ek net, dû hast
mear nedich as ik jaen kin. Ik kin bêst mei dyn frjeonskip tofreden wêze. En dû
makkest my dêr tige ryk mei. Hora wier dyn frjeon ek ... dat is dos wol hwet
greats. Dyn hân, Ate.
ATE.
(jowt hjar de hân). Frâns—ik bin bliid dat ik dy bihâlde mei. Dat makket
my de útgong fen ’t âldjier dochs riker as ik tocht hie.
FRÂNSKE.
Mar nou haw ik ek rjucht om to witten, Ate. Nou moatst my ek sizze....
ATE.
Hwet?
FRÂNSKE.
Hwerom it allegear hjir sa dwers forkeard giet. Hwet dy driuwt om dy sa op to
sluten yn dysels. Hwerom efste sa ienselvich wirden bist.
ATE.
Och, dat is ommers sa ienfâldich. Ik mis hjir ien dy’t ús sa’n stipe jown hat.
En yn de minsken haw ik nea net safolle bitrouwen hawn. En nou’t ik sjuch ho’t
men syn wirk hjir stikje by bytsje ôfbrekt, om’t it yen yn ’e wei stiet as men
opgean wol yn de lytse dingen fen it libben, nou haw ik forgoed mei dy minsken
britsen. Myn boerkerij en myn mieden hawwe my ommers altyd genôch west.
Allinne, dêr siikje ik it nou noch mear yn as eartiids.
FRÂNSKE.
Sjuchstû nou net, Ate, dat dat dochs eigentlik earmoedich is?
ATE.
Ho mienste dat?
FRÂNSKE.
Sa astû nou libbest. It kin wêze dat de minsken dy net folle jowe, dat leau ’k
wol. Mar dû jowst hjar ek neat. Salang’t Hora libbe en alles hjir yn ’e gloede
fen syn bisieling en ljeafde stie, salang dieste mei en joechst in bytsje fen
de rykdom dy’t der yn dy is. Hy is gien en wy moatte dêr nou sûnder. Hwêr
bliuwt nou dyn eigen jaen? Moatste it nou al wer ha fen oaren? Is dat nou
keninklik?
ATE.
Ik hie mear wêze moatten for myn frjeonen, for Janne, en master en dy. Dêr hast
gelyk oan, dat scil oars. Mar mear kinst my net fergje. Ik hâld steande, dat
Alrik him oan oaren tofolle jown hat, ek oan ûnweardigen. Ik bin wé en sêd fen
de ljue hjir út it doarp. As ik ris in inkelde kear by dy oare ljue bin, den
fiel ik efter myn rêch de spotske glimkes en de meilijige wirden, om’t ik oars
wol as hja. Tochtste dat ik mei dy klyk.... Né Frâns, nea. Sa as dat wiif fen
Leistra’s hjir joun stie to skellen, sa tinkt de wrâld. lk ha der genôch fen.
Lit my den mar op ’e romte en ienselvich bliuwe.
FRÂNSKE.
Dat hat folle wei fen bangens, Ate. Astû dy sterkernôch fiele koest, den scoest
dy hiele wrâld, al wier se dy ek tsjin, mei kleare eagen yn ’e mjitte gean. Mar
der is hwet dat dy ûntbrekt, dat is de moed en it bitrouwen, dat is de wil om
alles to oerwinnen. En dat komt, omdatste net ljeafhast, omdatste nimmen nêst
dy fielst, Ate....
ATE.
Nou? gean fierder Frâns, dû bist op ’e goede wei.
FRÂNSKE.
Ik wol dy ien ding freegje, Ate, dat ik oars bûten ús frjeonskip net heal
doaren hie. Moatst net kjel wirde, as ik dy hwet siz, datste miskien for dysels
yn dyn eigen tinken noch net wêze wolst. Ik haw de lêste tiden tocht datste wôl
ljeaf hiest, Ate. Is dat sa?
ATE.
(nei in skoft). Ja.
FRÂNSKE.
Ik wier der bliid ta, al gou it mysels net. Hwent dêr kin in nije dei út rize.
Dû likest my dochs dom, Ate.
ATE.
Moatst net sizze, Frâns. Ik wist dat it dochs allegear omdôch wier. Dû kinst
nou miskien ek wol riede hwa....
FRÂNSKE.
Ja.
ATE.
Se libbet for oars neat as hjar wirk. En ... tsjintwirdich komt se hjir wol net
mear safolle, mar by ’t simmer, do wier it altyd sa moai twisken ús, en as ik
do frege hie om mear, den wit ik fêst, den hie alles dien west. Dat doarst ik
net oan. Se stjûrt eltsenien wei, dy’t twiske hjar wirk en hjar yn stean giet.
FRÂNSKE.
(hwet geklik). Ate, Ate, hwet biste dochs heislike dom. Men scoe der
yens bisleur fen forlieze. Is dat nou nedich, stean to gean twiske hjar wirk en
hjar yn? Dû kinst dochs nêst hjar stean? Tochtstû dat hja al hjar wird den
allinne dwaen wol? Moatst ris goed, tige goed op neitinke. Ik leau, dat
ik Janne fornim, ik lit dy nou mar wer oer oan dysels. Miskien komt der joun
noch wol oare âldjiers-bisite....
ATE.
Dû meist hjir neat fen tsjin hjar sizze, hear Frâns. Dat moatst my ûnthjitte.
FRÂNSKE.
Och né, wrychtsjes net. Selsum, sa min as jim frouljue altyd bigripe. Jim binne
sa swier, sa aeklike swier. Dat neame jim den heech, wier? Jim wolle fleane,
heech jim wjukken útslaen, fier fen de minsken ôf, o sa forheven en keninklik
en dêrfor bine jim balstiennen oan jim wjukken fêst. Sels-pleager.
ATE.
Ja, ja, dû hast gelyk.... To, gean sa noch in skoftke troch....
FRÂNSKE.
Fensels, Frâns moat de sinne wer skine litte, sels op âldjiersjoun. Né frjeon!
Frâns giet foart en lit dy mei de swarte loft en de nachtwyn allinne. Tink mar
ris nei oer dyn sûnden en skamje dy. Allinne moarnier, Ate, as it nij is—lit it
den ek nij wêze, yn alles! In nij jier, in nije sinne, frâl nije sinne. Scilst
my dat ûnthjitte, Ate?
ATE.
’k Scil ’t bisiikje. (Janne komt op).
FRÂNSKE.
Den gean ik nou. Né, wrychtich net Janne, ’t is al fier oer myn tiid. Sillich
útein mei jim beiden. Moarn bin ik der yntiids wer. En ik ha tsjin Ate sein,
dat alles den oars wêze moast. Joun Ate, joun Janne.
ATE en JANNE.
Frânske....
Ate Jans, Janne.
JANNE.
Scil ik joun noch té sette, boer? As it jou doel miskien wier it âldjier....
ATE.
Ja, ja, doch dat mar. Ik kin sa net skiede fen hwet west hat. Frânske hat
gelyk, it moat oars. En as ’t hwet kin, noch yn it âlde jier, is ’t net mei de
die, den dochs mei it bislút.—Jy scille dat wiif fen Leistra’s hjir net wer
sjen, Janne. Ik leau dat se jo gâns missein hie.
JANNE.
Dat makke net út. Dat hoegde ik my net nei to nimmen. Mar ik bitocht, dat it
dochs ek minsken binne en ho’n sûnde se op hjar lade mei hjar gûchlerij. Dat
die my sear. En ek, dat sokke minsken nou jou deistich selskip miskien
útmeitsje scoene.
ATE.
Né, né Janne, sa fier wier ik aldergeloks net hinne. Loft en lân en wyn, dat
hie myn ienichst selskip wirden. Mar ’t wier forkeard fen my, dat ik jim sa
forwaerloazge ha. Jy hawwe hjir in min, in swier skoft efter jo, Janne.
JANNE.
Scoe it nou wier-wier efter ús lizze, boer?
ATE.
Ik scil bisiikje hwet ik kin. Ik wol ’t wol wêze, dat der safolle net mear fen
my útgiet, as it wol west hat. As Alrik dat wist, den scoe er sizze, dat is in
biwiis, dat dyn libben mislearre is—oant nou ta. It is yn ’e groun ek wol sa.
Mar in earlike mislearring is altyd better as in falske oerwinning.
JANNE.
In earlike mislearring is hiel faek in falske oerwinning, boer.
ATE.
’t Kin wêze, ja. Mar men moat net boppe yens kreften útlibje. Der is my safolle
ûntsonken, Janne. Eartiids hie ik dêr gjin lêst fen; ik libbe hjir stil en
iensum, ik hie myn nocht en blidens oan it moaije om my hinne, ik tocht dat ik
tichte by God libbe, en ik hie mei de minsken net to meitsjen. Do seach ik
dyselde skientme, great en ljocht, yn de minske; earst mar yn ien, letter mirk
ik, dat yn folle oaren ek in swakke ôfglâns fen dat greate libbe. Ik tink dat
it dat wier, hwet minsken ljeafde neame ... howol....
JANNE.
Sjen en ljeafhawwe is itselde net, boer. Sjen, dat kin eltsenien. Mar
ljeafhawwe, dat is yensels jaen. En der binne net ienris safolle, dy’t dat
kinne.
ATE.
My liket it it greatste dat der is. Ja, ik ha do wol leard hwet ljeafde wier.
En do’t dat gien wier en wy wer allinne bleauwen, do wier it allegearre sa
earmoedich en leech. Elts yn it doarp fielde it as in slach, mar ik it meast,
hwent ik hie oars neat. Sûnt wist ik dat der hwet greaters, machtigers wier.
Myn hiele hert libbe it tomjitte, ik woe it werom. Mar hwet ik yn mysels de
greatste rykdom wist, dat mocht ik net jaen.
JANNE.
Mar hwerom net, Ate?
ATE.
Dat kin ik nou net sizze. Ik hie in dream ... hawar, it is to gek om der sels
mar om to tinken. En dochs wist ik, dat as dy dream, dy heechste, dy moaiste,
dy iene gjin wierheit waerd, dat ik hjir den altyd iensum en allinne bliuwe
moast. Dat hat my stymsk en ienkennich makke. Great wier dat net, ik hie it
nimme moatten sa’t it foel en dochs bisiikje fen myn libben it bêste to
meitsjen.
JANNE.
Mar in minske kin nea witte hwet wierheit wirde kin en hwet net. Dat makket God
út. En hwet great en heech is, dat wirdt hast altiten wierheit.
ATE.
Mar hwet tinkt jo, hwet is it heechste yn in minske syn libben?
JANNE.
Syn ropping.
ATE.
Just, just, dat is it. Mar de ljeafde fen syn eigen hert dos net.
JANNE.
As men yens ropping goed sjucht en men hat goed ljeaf, den is dat ien. Hwent
den scil men allinne ljeaf hawwe hwet dy ropping draecht en iepenbieret. En
minsken dogge dat faek. Wol ik jo sizze hwet de wei west hie, Ate?
ATE.
Mar jy witte ommers net....
JANNE.
Ik leau dat ik it wol riede kin, al is der gjin namme neamd. It is wier dat
hjir ien yn it doarp is, dêr’t hjar ropping en wirk it alderheechste for is.
Mar yn dat lytse hert rint it oer fen ljeafde, dy’t útstreamt nei alle kanten
dêr’t se mar wolkom is. En as dy eagen bliid nei yen sjen scille, as dat herte
syn ljeafde jaen scil, den moat men net hinne gean en forlies yensels efter yn
’e mieden en mids de griene romte, mar den moat men nei hjar ta gean en gean
neist hjar yn it greate libben stean. Den scoe de „Sjidzjende Bouwer” yetris
hwet moais sjoen ha, Ate!
ATE.
’t Is wûnderlik, wûnderlik. As ik jo sa praten hear, den kin ik my hast net
tinke, dat dat nou Janne, ús Janne is. Hwêr hawwe jy dy wiisheit dochs wei?
Hwent wrychtich, it is wiisheit hwet jy sizze.
JANNE.
Dat wit ik net. Mar ik bigjin dochs ek âlder to wirden.... En ik ha sa’n heap
leare kinnen hjir. ’t Libben hat my nea nomd, in eigen húshâlding ha’k nea
hawn.... Sims tink ik wol, dêr hie dochs ek folle moais yn west.... ’t Hat wol
ris yn my skriemd, Ate....
ATE.
’t Is wier. Ho’n bytsje hawwe wy tocht om it kostbere, dat jy oerjown hawwe ...
for ús....
JANNE.
’t Hat dochs goed west. Ik bin der nou oerhinne, ik scoe nou net mear roalje
wolle. Sims is it sa myld en waerm yn my, eigen bern hiene dat net better
meitsje kinnen. Den sjuch ik myn griis hier mei wille, den wit ik, dat myn
libben slagge is. Al bin ik den ek mar âldfaem.
ATE.
En ... hawwe jy dat birikt ... út josels? út egen krêft?
JANNE.
Né, Ate. Dat kin nimmen. Jou mem hat my it paed wiisd. Dy wier sa great, ik ha
sa by hjar opsjoen. As dy libjen bleaun wier.... Mar it wier hjar tiid to gean,
hja wier to goed for ús wrâld. Fen ’e middei lies ik noch yn hjar tsjerkboek,
it haedstik fen Korinthen en it wier eft se nêst my stie, sa kaem hjar wêzen my
út dy hillige rigels tomjitte: „Al wier it, dat ik de talen....”
ATE.
Né, né, stil, dat net, nou noch net. Dat kin ik noch net hearre. Dat is
myn wiisheit noch net. Mar ik scil myn bêst dwaen—ja wrychtich, ik scil
myn bêst dwaen. Hwet hat der dochs in rykdom yn myn libben west ... Mem ... en
Jy ... en Alrik ... en Frânske ... hwet haw ik dochs dom west, dom en
ûntankber....
Ate Jans, Janne, Ruth.
RUTH.
(yn it swart, mei hoed en sjael, tsjerkboek yn ’e hân:) Joun Ate, joun
Janne.
ATE en JANNE.
Ruth!
RUTH.
Unforwachte, wier? ’k Hie ’t sels joun ek noch net dreamd. Ik hie nei Master ta
wollen om ’t âldjier út to sitten, de âld man is nou sa allinne. Mar do kaem ik
Frânske tsjin, dy’t al op in paed dêrhinne wier. Do sei ’k: den gean ik mar nei
de „Bouwer” ta. ’k Hie hjir yn sa’n set net west.
JANNE.
Fanke, fanke, hwet makkest ús dêr bliid mei. Jow dyn gûd hjir mar, Ruth.
Stimper, hwet biste wiet! ’k Scil ’t effen yn it milhûs hingje by de kachel.
Den meitsje ik mei-ien it iten effen ré for it folk en as ik klear bin, den
sitte wy mei syn trijen it âldjier út. Ofpraet, Ruth?
RUTH.
Ja, ja, ’t is goed ... dizze iene kear noch ... tinke oer hwet west hat, en den
mei de toalve slaggen witte, dat der wer in nij libben foar yen leit ... en wer
foarút.... Men is op it lêst noch jong....
JANNE.
Ho nou, Ruth, de rjuchte moed net?
RUTH.
(hjar twingend:) Ja, ja wis wol.... Fensels wol!
JANNE.
(skodholjend:) Wy prate strak wol wer (ôf).
ATE.
Hastû nei tsjerke ta west, joun, Ruth?
RUTH.
Nei tsjerke, ja. Hwerom scoe ik net gien wêze? Eltsenien rint der ommers hinne,
âldjiersjouns. Hwerom scoe ik thúsbliuwe, ik allinne? Thús miste Beppe, yn ’e
tsjerke Alrik.... Ik haw allinne nei it oargel heard, ik ha bidden en tocht om
hjar dy’t gien wierne, en de preek is my aldergeloks foarbygien. ’t Is oars in
tige minlik en evenredich man, dy nije dominij. Hy bigjint nou al út to setten.
ATE.
’k Hie net tocht datstû dêr oer gear komd wierst....
RUTH.
Ik siet der mei wrok yn it herte. Neat is der bleaun fen hwet west hat, alles
sukkelet fierder de forskriklike wearzige sleurpaedtsjes lâns. O, as it meijen
hie en ik hie kinnen, ik hie se taroppe wollen, dat se misdiene, dat se
sûndigen yn hjar hert, troch it greate sa to forjitten! Machtleas binne se
weromfallen nou’t it sterke lûd forstoar, as hie de hân fen God sels hjar
loslitten. Ik wist dat it sa wêze scoe, mar ik bin dochs gien. Ik scil op myn
post bliuwe salang ik hjir noch bin. Mei de bern kin ik moarn tominsten wer
prate, op ’e Sneinskoalle. Miskien kin ik noch hwet rêdde.
ATE.
Dû martelest dysels ôf, Ruth. Tsjin de stream oproeije kinste dochs net.
RUTH.
Né, wier? Ljeaver de riemmen rêste litte. En my meidriuwe litte nei it lân fen
it tsjuster, nei de ljeafdeleazens, nei de ûnmacht. En yn mysels mimerje oer de
tsjustere wil fen it Albiwâld, dy’t de wegen fen de minsken sa ljochtleas lit,
wylst dizze eigen earmen miskien, miskien, my nei it ljocht ta roeije kinne.
Né, by de himel, Ate Jans, dat nea, ik scil my net oerjaen, ik
rin net by it findel fen myn ropping wei. Ljeaver derby delfalle mei it each op
it ljocht dat troch de wolkens brekt, as libjen bliuwe yn ienselvige birêsting,
yn skaed en nacht!
ATE.
Ik bigryp dy. Hastû ek al wrok ... yn my?
RUTH.
(sêft:) Wrok ... yn dy? ... né, né.... (bitinkt hjar, sterker:)
Ja, dochs wol, ja wisse. Dyn wei is myn wei net. En se liket my ûnweardich en
net great. Astû weromtinkst oan hwet west hat en oan him dy’t ús allegearre
laette en bisiele, den moatst dyn holle bûge, Ate Jans ... fen skamte.
ATE.
Dû seist my hirde dingen, dizze lêste joun fen ’t jier.
RUTH.
Dat kin wêze, den hast se fortsjinne. Ik fiel se as wier. Joun, nei de preek,
do’t de minsken it tsjerkepaedtsje lâns kroasken en it wer wakker hienen oer
waer en wyn en de winter, do bin ik it hôf delgien, allinne, it wier my as
dreau der my hwet hinne. Ik haw bidden by Beppe en Alrik hjar grêven. By Beppe
hjarres: it wier wol swier, mar der wier in moaije stille frede yn my do’t ik
oer hjar libben neitocht. Hjar plak skjin makke mei eare, hjar plicht dien,
trou bleaun oan hjar lytse, mar swiere ropping. En de frucht fen hjar stribjen
en de kroane fen hjar hope sjoen, hwent ik ... ik wier jiffer wirden, en ik
wier lokkich ... mei myn wirk. Mar dat oare, ik haw striden mei mysels, mar de
ûnfrede bleau. Yens libben to jaen as in offer, dat is hwet freeslik swiers....
Mar fen elts offer komt dochs ek frucht en dat formoedsoenet yen der mei. En
Alrik syn wirk giet ûnder, stikje by bytsje en der is nimmen dy’t der noed for
hat, nimmen as ik, dy’t mar sa’n bytsje kin. O, ik kin dat net langer oansjen,
ik kin net arbeidzje op dy ûnfruchtbere ikker, ik gean hjirwei. Miskien kin ik
op in oar plak mear.
ATE.
It scil ús libben sa’n stik earmoediger meitsje. Myn pear frjeonen woe
ik jerne tichte om my hinne hâlde.
RUTH.
Den scil ik dy sizze hwet my fen ús frjeonskip tinkt. Ik wol wier foar inoar
oerstean, dizze lêste joun fen it jier. Ik wol gjin frjeon mear mei dy wêze.
Der groeit hwet yn my, dat as ik der net mei al myn krêft tsjin striid, hate
driget to wirden, hate ... yn dy. It is dyn skild dat Alrik syn offer omdôch
west hat; dyn skild, dat it hiele doarp yn syn âlde sleur en bihâldsucht
weromfalt; dyn skild, dat ik hjir wei moat. Ien libbe der hjir, dy’t
sterkernôch west hie, by Alrik syn dea it greate wirk fen bifrijing en takomst
fierder op to bouwen. Ien hwaens wird de macht hawn hie it lytse gemier fen ’e
binyptens it swijen op to lizzen, ien dy’t roppen west hie Alrik syn
libbenswirk oer to nimmen. Hwet hastû dien? Hwêr is dyn krêft, dyn wil, dyn
bisieling? It doarp falt werom yn syn âlde sleur, it sliept wer yn, mar der is
nimmen dy’t sa ilindich fallen is as dû!
ATE.
Ruth, Ruth, dû pinigest my.... Haw ik dat oan dy fortsjinne?
RUTH.
Dû hast my leare litten, wier? Ik ha dy der lang tankber for west. Mar ik
bigjin twivelriedich to wirden, sels dêroer. Hwerom hast my leare litten?
Omdatstû dy fortsjinstlik meitsje woest en it jild dêrfor hiest? Ef om my yn
steat to stellen it wirk to dwaen dat ik dwaen moast, neffens myn ropping? Mar
dat haste nou forgoed formoarde. Hwerom hast my mar net op dyn bou litten? It
lân dat ik hjir krige to biarbeidzjen, is troch dyn skild tsienris sa
ûnfruchtber en hird as dyn bou it wier. Né, Ate, hwet myn frjeonskip net mear
kin, dat scil myn tankberens net dwaen. Us wegen rinne út inoar
tonei.
ATE.
It is ûnrjucht, hearste, it is it hirdste en wreedste ûnrjucht datste by my for
rjucht jilde litst! Ik hie my jaen moatten, alle skild goaist op my. Mar hwet
hie ik to jaen? Hwet koe ik? Hwêr scoe de ljeafde weikomme dy’t ik nedich hawn
hie for myn wirk en stribjen? It wier earmoede yn my, earmoede, om’t nimmen my
ea hwet jown hie. Myn âlden stoaren jong, myn famylje woene wol, dat ik mar gau
dea gyng, om efter myn jild to kommen; de boeren, dy’t hjarsels wêze doarsten,
seagen my mei de nekke oan, om’t ik oars woe as hja. Is it myn skild, dat de
sinne net for my skynde? Myn skild, dat der nimmen kaem dy’t my waermens joech?
Myn skild dat ik my al mear en mear sleat for de wrâld? Ho kin God my fergje op
ljeafde as ik se sels nea krige haw? Longere haw ik dat it ienris komme scoe,
it greate, it machtige, dat my bifrijde fen mysels, dat my tille scoe nei in
oare wrâld. O, hie der mar ien west, ien dy’t my forstien en my ljeafhawn hie
en nêst my stride wollen hie, ik hie alles kinnen—ik hie Alrik’s libbenswirk
oernomd en nei de oerwinning laet, ik hie....
RUTH.
(yn ienen útbarstend). En bigrypste den net.... (Ate hâldt forheard
op, sjucht hjar oan. Hja kin hjar net mear bitwinge, lit hjar op in stoel
delfalle en snokt it út. Ate stiet in pear tellen as forslein, den giet er
rimpen nei hjar ta en wylst er him nei hjar oerbûgt en syn earm om hjar hinne
slacht).
ATE.
Ruth, Ruth, mienste dát? Kinste dat wier, wier, hâlde fen my, de ynbannige, de
earnstige, de âldere? Fen my, dy’t dy sa allinne stride litten haw, dêrste in
wrok yn hiest, om myn nearzige ûnmacht? Kin dat wier wêze, fanke.... (Ruth
knikt). Den ... ik wit net ... hwet is dat great, ’t is eft der in wûnder
bard is.... Den, den, kin ik àlles mei dy, nêst dy.... Den komt alles goed, den
wirdt it hjir wer simmer, den sjongt de takomst syn sang hjir wer; dat scil,
dat ûnthjit ik dy, Ruth.... Mar den moatst ek net mear sa skrieme; dat docht my
sear....
RUTH.
(wer mei selsbitwang:) Né, né, hast gelyk Ate, net skrieme.... Dat is
swak, dat mei nou net mear.... Wy, wy wolle sterk wêze, stride en stribje nêst
inoar.... En net skrieme, net twivelje.... Beppe sei altiten.... (ûnder hjar
lêste wirden sakket it gerdyn).
EIN.
Skreaun Desimber 1919.