Title: Frysk mearkesboek
Author: Janneke Ratsma
Illustrator: Johan Dykstra
Release date: August 10, 2026 [eBook #79329]
Language: Frisian
Original publication: Ljouwert: W.A. Eisma Cs., 1924
Other information and formats: www.gutenberg.org/ebooks/79329
Credits: Menno de Leeuw
| Foarwird |
| Blommen |
| De boskbeppe |
| De wite wiven |
| De wetterberntsjes |
| De elfe-keninginne |
| Ho’t de fûgels in kening krigen |
It is wol tafallich dat de mannich Fryske mearkes, dy ’t ûnderteikene hjirby it Jonge Fryslân oanbiedt, op dizze wize it ljocht sjugge.
De greate heksetoer om as ûnderwizeres mei de besteande tradysjonele stoffe fen it fortel-healûrke to meitsjen, hwet men der yn yens meast idealistyske jierren fen dreamt, die hjar gau ris in taflecht siikjen yn eigen fantasije. De bêsten fen dizze optinksels waerden op pompier brocht. En do’t „It Heitelân” yette orgaen fen ’e Jongfryske Mienskip wier, bisleat skriuwster to bisiikjen se dêryn printe to krijen for de bern.
Lykwols, in frjeon skilder-teikener hearde se op ’e iene ef oare wize en rekke der tige for yn fjûr om der mei syn meiwirking in boekje fen gear to stallen. Syn opfetting fen útbyldzjen wirke sa ynspirearjend, dat it in omwirking en útwreiding fen ’e measte teltsjes ta gefolch hie.
De âlders en ûnderwizers, dy’t it weardich achtsje de oan hjar kar tabitroude bern mei dit wirkje yn kontakt to bringen, kinne sels bioardielje yn hofier ûnderteikene slagge is, hjar opfettings fen paedagogyske wearden to kombinearjen mei for bern oantrekkelike bylden. En teffens de teltsjes sa yn to klaeijen, dat de lytse lêzers ef harkers fen de fierst mûlk útienrinnende âldens der niget oan ha.
Jerne scil hja op- en oanmerkings ûntfange, dy’t in twadde printinge faeks forbetterje koenen.
J. RATSMA, Alde Leije
Yn in stikje lân foar it hûs fen Klaes en Marijke stienen in hieleboel blommen. It wier Maitiid en den bloeije de measte.
Winters wier it dêrre egael griisgrien. Mar nou ’t de sinne hwet fûlder bigoun to skinen, wieren der hwet kouweblomkes foar it ljocht komd mei hiel koarte stâltsjes deun tsjin ’e groun oan, as wieren se bang fen ’e kjeld.
Do’t it waer al sêfter en sêfter waerd, kamen se by hûnderten út ’e groun; kroantsjes fen fine wite blêdtsjes mei in giel hertsje yn it midden. Se stieken de kopkes al heger en heger. It like wol in stjerreloft op ’e groun; sa blonken dy blomkes yn ’e sinne, en safolle wieren der.
It dûrre lykwols net lang, ef der kamen oare blommen ek, en ek it gêrs waerd mei de dei langer. It wier in kriich, hwa ’t der boppe útstykje scoe, it gêrs ef de blommekroantsjes. De bûterblommen wounen it fier; dy stienen wol de helt boppe de oaren. Se stjûrden dêr boppe hjar stâllen mei knoppen nei alle kanten. Dy brieken mei gauwens, en de helder giele blêdtsjes tearden hjar iepen om it sinneljocht op to heinen.
Hwet neijer oan ’e groun stienen pinksterblommen yn hjar ljochtpearse en wite pronk.
Den noch hynsterblommen, dy’t sokke moaije lampkes wirde, as se útbloeid binne.
Ek sûrstâllen, dy’t sims noch heger gyngen as de bûterblommen; steil yn ’e hichte mei ien rjuchte stâlle. Dy wirdt nei boppen al reader en reader en draecht lytse reade blomkes, net greater as kraeltsjes.
Gêrsplûmen fen alderhande soarte koenen sa heech net komme en ek de breakes net.
Hwet hienen dy blommen it dêr nei ’t sin op dat kampke lân. Deis stieken se allegearre de tsjelkjes oerein en seagen de sinne lyk oan. Se wisten wol, dat se dêrfen groeije moasten en moaije kleuren krije. Jouns, as de sinne ûndergyng yn it West, seagen noch alle blomkes hjar nei, en tearden den de bledtsjes sêftkes byinoar om to sliepen en to rêsten oan ’t de oare deis.
Den waerd it tsjuster en stil. Klaes en Marijke seagen den foar ’t se op bêd gyngen noch wol ris troch it finster en seinen: „Sjuch, dêr komt in tsjokke wite tekken oer it lân.” Mar mem sei: „Dat is de dauwe; dat binne hiel fine dripkes wetter, sa fyn as wazem út ’e tute fen in tsjettel, mar net waerm fensels. Dy dripkes sige allegearre op ’e blomkes del.”
„Och hea,” sei Klaes, „den wirde se noch trochwiet.”
„Ja,” sei mem, „mar dat docht hjarren gjin skea jonge, se binne der bliid om det se hwet drinken krije.”
„Ho drinke de blomkes den mem?” frege Marijke.
„Dat wetter,” andere mem, „rint lâns de gêrskes en stâltsjes nei ûnderen en komt den op ’e modder tolânne, sadat dy hiel’dal fochtich wirdt. De mûltsjes dêr ’t de blomkes mei drinke, binne de woarteltsjes, dy’t yn ’e groun sitte. Dêrmei nimme se it wetter op. Dat giet troch de stâllen omheech en sa troch de hiele plant.”
„Hea mem, krekt oarsom as by ús,” sei Marijke, „by ús giet it nei ûnderen en by de blommen nei boppen.”
„Just, mar nou op bêd en moarn ris sjen ho ’t de blomkes opfrist binne fen de dauwe.
De oare moarns hiel bitiid, do’t de bern noch op bêd leinen, waerd it yn ’t East hiel’dal ljocht oan ’e loft. It like wol, eft der brân wier. De blomkes gyngen iepen en bûgden hjar tsjelkjes allegearre nei dy kant.
Dêr kaem stadich de sinne oan. It like wol, eft er út ’e groun kaem ... hiel yn ’e fierte....
Unmerkber kleau er heger en heger, en stjûrde waerme en ljochte strielen nei de blommen, dy’t him lyk oanseagen.
Dêr kamen Klaes en Marijke oan. Se woenen ris sjen, eft de dauwe der noch wier, mar dy wier al lang fordwoun.
Do ’t se by de blomkes kamen, sei Klaes: „Se binne al iepen, se hawwe de sliep earder út as wy.”
„Ja,” sei Marijke, „master seit dat de sinne se wekket, en dy is der ek al. Mar sjuchst wol Klaes, hokker wiete klompen wy krije, dat komt fen ’e dauwe”.
Klaes fielde mei de hân twisken it hege gêrs en helle dy der trochwiet wer út.
Mem rôp: „brea-ite”, se gyngen yn ’e hûs en stapten efkes letter nei skoalle. Se rounen op it dykje lâns, hwent dêr stienen gjin blommen, en se founen it skande der op to traepjen.
Se roanen op it dykje lâns.
De blomkes draeiden hjar kopkes noch stees nei de sinne, dy’t nou al aerdich heech oan ’e loft stie. Mei in greate bôge gyng se sa deis krekt nei de oare kant as dêr ’t se opkomd wier. Earst stadichoan omheech, nei toalven gyng it nei de bidelte, mar sa súntsjes, dat men der neat fen sjen koe. En de jouns seagen de blomkes krekt de oare kant út as de moarns. Ho ’t dat sa kaem?
Dat wisten Klaes en Marijke wol. Dat gyng sa alle dagen allyk. Sims reinde it in lyts boike; den hienen de planten ynienen hiel hwet to drinken.
Mar do ’t it simmer waerd, barde der ris hiel hwet drôfs.
It wier alle dagen moai waer; de sinne skynde fûlder as ea tofoaren; de blomkes wieren great en heech en moai. Mar de jouns wier de wite tekken mar tin ... en sadwaende krigen se to min wetter. De oare deis brette den de sinne wer fûl. It focht droege al út ’e groun ear ’t de woarteltsjes it noch opnomd hienen.
Och, hwet hienen se in toarst sims! Se tochten: „Kaem der mar ris in reintsje”. Mar it like neat nei reinen; de loft bleau klear blau.
Dat gyng sa dagen efterien. De toarst waerd slimmer en slimmer. Se koenen de hjitte sinnestrielen hast net mear forneare en fielden hjar slop en siik. Se koenen de kopkes net mear omheech hâlde en lieten se nei de groun hingje.
„Och, hea”, klage in bûterblom, „as dit sa noch langer dûrje moat, gean ik dea. Ik forgean fen toarst”.
De oare blomkes gyng it krekt sa. Se koenen fan akelichheid al neat mear sizze.
In sûrstalle, dy’t hiel heech oer alle oaren hinne seach, krige yn ’e fierte in sleat yn ’t each en sei: „Stienen wy mar oan ’e kant fen dy sleat, dêr is de groun altyd fochtich. Dêr steane de blommen allinne noch fleurich. Mar wy sitte nou ienris yn ’e groun fêst en kinne net foart....” Allegearre suchten se djip, en tochten dat se wol net lang mear libje scoenen.
Dêr kamen Klaes en Marijke út skoalle. Se hienen kleuren as fjûr fen ’e waermte en seinen hast neat. Mar do ’t se de blommen foarby kamen, sei Marijke: „Och, hea, sjuch dy ris hingjen; sa’n toarst ha se grif, sjuch mar, de groun is hird en droech.
„Ik wit hwet!” rôp Klaes ynienen. „Giest aenst mei Mary? Yn ’e skûrre steane in pear gieters, den scille wy se drinken jaen”.
„Ja,” sei Marijke. „Dat hast moai bitocht, Klaes!”
Mem foun it ek bêst. Se moasten mar stadichoan mei dy waermte en f’ral forsichtich by de sleat.
Nou, dat scoe barre, en mei gauwens wieren se elk mei in gieter it lân út. Klaes skepte wetter út ’e sleat en Marijke hâldde him beet.
Do ’t beide gieters fol wieren namen se him op, hâldden him hwet skean en ... dêr sproeide in rein fen dripkes út ’e gatsjes fen ’e tute oer de sike blomkes. Dy wisten net, hwet hjarren ynienen oerkaem. It wetter roun op ’e droege modder en kaem by de woarteltsjes, dy ’t it gulzich opdronken.
Sa gyngen se it hiele kampke lân roun. Se switten der fen. Mar do ’t se mei in skoft op it plak kamen, dêr ’t se bigoun wieren, stienen dêr alle blomkes al wer oerein.
Einlings wier it kerwei dien en deawirch gyngen se efkes op ’e dyk sitten, de gieter nêst hjarren.
Alle blomkes wieren nou better en krekt sa fleurich as hie it reind. It like wol, eft se de bern oanlaken út tankbrens for it wetter.
Dat wier ek sa, hwent do ’t der in lyts sigentsje kaem, bûgden se hjarren allegearre, plûmen, sûrstâllen en blommen, nei de kant, dêr ’t de twa bern sieten.
Hwet founen Klaes en Marijke dat ljeaf fen de blomkes. Se gyngen nei hûs en fortelden it mem. Krekt wieren se thús, ef it bigoun to reinen.
„Sjesa”, sei mem, „nou krije de blomkes yn oare lânnen ek hwet”.
Syp en Sip wieren twa berntsjes fen de smid. Syp in gútich broekmantsje mei bloune kroltsjes, Sip in hups famke mei ljeave blauwe eachjes en reade wankjes. Se liken yn hjar matroazepakjes in alderljeafste twaling. Mar as wy hjarren in bytsje better kinne, den scille wy sjen, dat se hiel-en-dal net ljeaf binne.
Ik scil ris fortelle, ho’t it op in kear by hjarres tagyng. En sa wier it meastal alle dagen. Op in moarn gyng de mem fen Syp en Sip nei it bêd en rôp: „Berntsjes, binne jimme al wekker? Kom mar gau fen ’t bêd, ’t is healwei achten”.
Der kaem gjin andert.
Efkes letter kaem mem wer en rôp: „Komme jimme nou berntsjes, oars kinne jimme net mear op tiid yn ’e skoalle wêze.” Se bleau by it bêd stean to wachtsjen, mar de bern wieren net to sjen. Allinne in bytsje gegrommel kaem ûnder it tsjokke dek wei.
„Hwer binne jimme, ik sjuch dy bern net”, sei mem út ’e gek, en se woe de tekkens hwet ôfskouwe.
Mar dêr kaem ynienen it pûr-lilke holtsje fen Syp boppe de tekkens: „Hwet mient mem wol, ús sa kâld to meitsjen; ik wol der net út sa bitiid, hear, ’t kin acht ûre like goed, en oars gean ’k alhielendal net nei skoalle!”
„En ik ek net,” snaude Sip; en foart skeaten se wer ûnder de heap tekkens, as fisken ûnder wetter.
Mem gyng suchtsjend wer yn de keamer en tochte: „Hwet is it dochs akelich, dat it hjir altyd sa mei lilkens gean moat”. Se seach op ’e klok en sei: „Den moat ik aenst noch mar ris roppe”. Se wier ek al bang, dat heit it fornimme scoe yn ’e smitte. Dat woe se net graech, hwent den wier de man sa opsternaet.
Nei in kertier gyng se wer nei it keammerke en sei: „To bern, nou moatte jimme der wezentlik ôfkomme; hwet scil jiffrou wol sizze, jimme komme al sa faek to let.”
In gewrot ûnder de tekkens; mâlle lûden.
„Scil ik jimme helpe to oanklaeijen?”
Dêr skeat it kopke fen Sip omheech, kwea blonken hjar eagen en noartsk sei se: „Ik wol net nei skoalle, ik hoopje, dat mem hjir net wer komt to seuren!”
Mistreastich roun mem foart en tocht om alle oare memmen, hwaens bern net sa dôfhûdich wieren. Ho scoenen dy dat dochs ha? Bûrfrou sei: „Dy twinge de bern, en sette se fiks toplak!” Mar och hea, hwet scoe dat in oarlochslibben wirde! Né, dat koe en dat woe se net hawwe.
Sa siet se noch in skoftke to prakkesearjen; de triennen dripten hjar yn de skerte. En de bern kamen mar net.
Noflik scille se wol net mear lein hawwe, hwent elts kertier sloech de greate stirtklok, en wisten se, dat it wer safolle neijer oan skoalletiid wier. It gewrot en gekib ûnder de tekkens waerd den ek slimmer en slimmer. Einlings stienen twa pûrlilke spintsjes yn hjar pontsjes foar it bêd.
It wier al oer njuggenen. Nou koenen se net mear nei skoalle. En sa kaem it, dat se in frije moarn hienen. Folle wille bilibben se der lykwols net fen. Oan’t de jouns bêdtiid ta wier it den ornaris rûzje en lêst en fortriet, sa’n dei.
Hwaens skild dat wier?
Men scoe sa sizze: dy dwerse bern hjarres, mar dat wier net alhiel sa. Se hienen net oars leard as hjarren sin troch to driuwen, en mem hie hjarren altyd tajown om’t se sà folle fen hjarren hâldde, dat hja se neat wegerje koe.
Heit hie faek sein: „It wirdt skielk hwet, mem, astou de bern sa fordjerste.” En sa wier it útkommen. De bern de hiele dei tsiere en dôfhûdich, en mem jouns skrieme fen wirgens en fortriet.
En founen dy bern dat sels nou sa aerdich? O, né, se seagen wol, ho oars it by oare bern gyng; ho ienriedich se boarten, en ho graech se dienen, hwet mem sei. Hwet scoenen se ek graech sa wêze wolle!
Sims prebearren se wolris om sa stjûrsum om sizzen to jaen, mar dat koenen se mar hiel koart folhâlde. Se hienen al gau it groat wer gear.
Jouns op bêd, as it sa stil en tsjuster waerd, koenen se sims net yn ’e sliep komme. Den kamen faken stille triennen fen birou.... En einlings namen se hjarren for de safolste kear foar, om oars to wirden ... better. Mar de oare deis wier it dochs wer mis.
Op in kear, nei in dei fen forheftich gekib, laei Syp wer sa stil to skriemen. Hy snokkere en suchte al wol in ûre lang, en laei mei de eagen wiid iepen yn de tsjustere keamer, dêr’t er neat sjen koe.
Dêr ... ynienen waerd súntsjes de knop fen de doar omdraeid; ljochtstrielen foelen yn ’e keamer, de doar gyng iepen, en ... dêr stie in âld wyfke mei in lantearntsje yn ’e hân.
in âld wyfke mei in lantearnstje yn ’e hân
Bidaerd slofte se op de forsleine Syp ta.
Hwet wier se moai; in frjemde mûtse fen alderhande kleuren op ’e holle, en ek sa’n moaije doek om ’e skouders.
Do’t se op hjar stokje lynjend tichte by it bêd stie, koe Syp yn hjar heldere eachjes sjen, dy’t skitteren as stjerkes yn ’e loft. Se lake him frjeonlik oan en dêrby loek hjar antlit yn tûzen fine rimpeltsjes, fen âlderdom.
Se sei: „Myn lytse boi hat fortriet. Ik hearde him alhiel yn myn húske yn it bosk snokkerjen, en wist, dat er graech ljeaf wirde woe. Ik bin de Boskbeppe en hâld folle fen ljeave bern. Dêrom meitsje ik alle bern ljeaf en goed, en wol ik ek Syp en Sip better meitsje.”
Sip, dy’t ek wekker wirden wier, hearde fol forwûndering nei dat frjeonlik Bepke.
Syp snokkere noch: „Ik kin net ljeaf wirde, Boskbeppe, ik haw it al sa faek bisocht!”
„Ja, ja,” sei de Boskbeppe, „dêr wit ik wol fen, dat is men ek sa mar net! Mem en jimme moatte alhiel foroarje as jimme skielk altyd wille hawwe wolle ynsté fen fortriet. Kom mar fen ’t bêd, en gean mei my. Jimme scille in skoftke by my yn it bosk útfenhûzje.”
„Né Beppe,” sei Sip skruten, „wy wolle by mem bliuwe.”
„Nou,” sei de Boskbeppe, „as jimme net wolle, gean ’k wer foart, mar ik kom net for de twadde kear om jimme to helpen. Den hawwe jimme wer alle dagen fortriet.”
„Né Beppe”, sei Syp, „ik wol wol mei. Mar kom ik den letter ek wer thús?”
„Wis jonge!” sei de Boskbeppe.
Do doarst Sip ek wol en ringen wiernen se yn ’e klean. ’t Ald wyfke hie yn ’e tiid in briefke skreaun. Dêr stie op: „De Boskbeppe hat de berntsjes meinomd en bringt se werom, as se ljeaf wirden binne.” Dat lei se op ’e tafel del en sei: „Kom, en doch de mantels goed ticht, hwent de snie leit tsjûk, it is kâld.”
Sûntsjes die se de foardoar iepen, en hwet seagen de bern dêr yn ’e moanneskyn foar de doar stean? In moaije slide, mei fjouwer geiten der foar, dy’t krekt sa wyt wiernen as de snie, dêr’t se op stienen.
De slide wier fen tûken makke, en kjessens fen moas leinen op de sitbanken. Oan it tuech fen de geiten bingelen silveren skiltsjes, dy’t glinsteren yn it moanneljocht.
„Gean mar sitten”, sei de Boskbeppe, en bistoppe hjarren do mei geitefellen. Do naem se sels de leije yn ’e hân en gyng efteryn sitten.
„Foart mar, wytsjes”, sei se, en dêr gyng it lûdleas oer de sêfte wite snie: men hearde neat as it fine getsjingel fen de silveren skiltsjes.
Bûten it doarp seagen se neat as snie ûnder, en boppe de dûnkere loft mei de greate moanne; dy reizge mar stees mei, wylst tûzenen stjerkes neat dienen as hjarren goedich ta-knypeagje.
. . . de greate moanne dy reiz’ge mar stees mei.
De bern wieren dochs wol hwet eangstich, en hâldden mankoar stiif beet.
„Sjugge jimme dat dûnkere plak dêr yn ’e fierte?” sei Beppe, „dêr is de bosk, dêr stiet myn húske midden yn.”
Tichter en tichter kamen se derby, en einlings wiernen se der.
Nou gyng it ûnder beammen troch, dêr’t de moanne allinne mar troch de iepene plakjes skine koe.
Dêr seagen se yn ’e fierte in ljochtsje mids de beammen: it wier fen Beppe’ húske. Noch in eintsje, en dêr hâldde de slide foar de doar stil. Dy gyng daliks iepen en in hiel lyts mantsje mei lang bird en in puntmûtse op, stie yn ’e doar.
„Hwa is dat, Beppe?” fregen de bern hwet bang.
„Dat is Kwyk”, sei Beppe, „ien fen de Boskmantsjes, dy’t for my húswarre hat.”
Kwyk bloes op in lyts floitsje en it dûrre net lang, ef dêr kamen noch mear boskmantsjes oan. Dy joegen de bern in hân om út ’e slide to kommen, en brochten do de geiten en de slide to plak.
Syp en Sip gyngen mei Beppe yn ’e hûs. Hwet wier it dêr lekker waerm en ljocht! Op de hird barnde in great houtfjûr, en op de tafel stiene koppen mei waerme mâlke.
„Sje sa”, sei Beppe, „nou mar gau hwet waerme geitemâlke drinke en den hastich op bêd. Moarn prate wy wol ris fierder.”
Do die se de doar fen in sliepkeammerke iepen. Dêr wiernen twa kreaze bedstéden yn. It iene wier for Syp en Sip.
„Nou kom ik aenst to sjen, eft jimme der al ynlizze”, sei de Boskbeppe, en sette it lantearntsje op ’e tafel. Do gyng se foart.
De bern wieren nou allinne. Se seagen mankoarren oan en bigounen hjarren út to klaeijen.
„Bistou bang, Sip?” frege Syp.
„Né”, sei Sip, „hwet wier dy bokkewein moai, net? Bistou bang for de boskmantsjes?”
„Né, dat binne, leau ’k, goede mantsjes”, sei Syp.
Hastich wiernen se útklaeid, en krekt leinen se ûnder ’e tekkens, do’t de Boskbeppe ynkaem.
„Kom, al ûnder de tekkens? Mar hwet is dit hjir?”
„Us klean, Beppe”, sei Sip.
„Smite jimme dy sa mar oer ’e groun? Mar gau der ôf en elts syn eigen oprêdde.”
De bern dienen it hastich.
„Sjuch”, sei Beppe, do’t alles moai opteard op in stoel laei, „dat stiet ommers folle kreazer. Nou mar gau sliepe, hwent moarn is der in bulte to dwaen. Nacht bern”, en se striek mei hjar romfelige hân oer it hier fen Syp en Sip.
„Nacht Beppe”, en foart wier Beppe mei it lantearntsje.
De bern koenen fen wirgens de eagen net mear iepen hâlde, en it dûrre net lang mear, do sliepten se as roazen.
De oare moarns wier de Boskbeppe it earste wekker. „Kom”, sei se, „ik scil myn útfenhûzers ris roppe: Berntsjes, der ôf!”
Syp en Sip wiernen yn ’e sliep alles forgetten fen hwet der bard wier en tochten, dat mem rôp.
„Hea, sa bitiid al, ik bin noch sa sloech,” krimmenearre Sip.
„Dat is neat, dat komt moarntonacht wol yn oarder”, sei Beppe, en se bûgde hjar oer it bêd. Do kamen de bern ta hjarren sels.
„Ik hear it al”, sei de Boskbeppe, „it binne noch de âlde Syp en Sip, dy’t altyd tsjinprate. Mar wy scille der wol gau in nije Syp en Sip fen meitsje, dy’t bliid en fleurich dogge, hwet Beppe seit.”
Hwet krigen de bern in kleur, det se Beppe sa’n raer biskie dien hienen; yn in eachwink stienen se nêst it bêd en bigounen hjarren oan to klaeijen.
„Sa mei ’k it sjen”, lake Beppe. „Dêr is waskwetter, as jimme klear binne, kom den mar yn ’e keamer.”
De bern seagen raer, do’t Beppe foartgyng. Hwa moast hjarren nou waskje? Einlings sei Sip: „Hjir, ik scil dy, den moastou my aenst.”
Hwet moasten se laitsje by dat wirkje. Mar it kaem gnap foarinoar, en it dûrre net lang, ef hja gyngen skruten nei de keamer. Beppe hie bôlle en geitemâlke for hjarren klear set. En do ’t dat op wier, helle se in greate koer foar it ljocht, in koer fol klean, hiele lytse kleantsjes, krekt bernegûd.
„Riede,” sei Beppe, „hwaens klean dit binne”.
„Fen de boskmantsjes?” frege Sip forwûndere. Se seach in read puntmûtske, sjuch.
„Krekt. Nou scil ik earst sizze, ho ’t jimme dizze stikkene klean meitsje moatte.”
Beppe hie Sip gau wiisd, ho ’t se naeije moasten. Syp moast al it gûd ôfboarstelje en opteare.
Do ’t se iverich oan ’e gong wieren, fortelde Beppe fen de ierdmantsjes: se wennen yn ’e groun. Deis sliepten se, en nachts wirken se, elk mei in lantearntsje foar ’t boarst. Se forbouden koarn, dêr ’t se moal fen mealden en brea fen bakten, ek for de Boskbeppe. En se groeven djip yn ’e groun for goud, dêr ’t se tsjientsjes fen makken. Dy leinen se nachts by de earme minsken op ’e tafel.
. . . en groeven djip yn ’e groun for goud.
Och, hwet founen de bern dat aerdich fen de ierdmantsjes.
„Hè, hè!” hwet woe it min by Sip.
Beppe hie it der al twaris úthelle. As se nou by mem west hie, scoe Sip it wirk der al lang hinne smiten hawwe. Mar Beppe sei: „Bern moatte leare om oan to hâlden. As se wolle, den kinne se ek.”
En wrichtsjes, al hie Sip nei in skoftke in fjûrreade kleur, se hie twa skoerren hiel makke, en in knoopke oanset, en kreas ek!
Syp tearde de klean earst tige slof op. Mar do ’t Beppe him foardien hie, waerden de steapeltsjes tige kreas en sa rjucht as in kjers.
Nei iten mochten se in skoft bûten boartsje.
De middeis wier der al in hiel steapeltsje gûd klear. En om ’t it do al skimerjoun waerd, sei Beppe: „Sjesa, moarn ris wer.”
Se rommen de boel op, en nei ’t hja noch in skoftke sellich by Beppe sitten hienen to praten, wier it bêdtiid.
Hwet fielden Syp en Sip hjarren nou great, nou ’t se safolle dien hienen, hiel oars as foartiid. ’t Wier krekt, eft se âlder wirden wieren; se koenen al safolle!
Alle dagen learde de Boskbeppe hjarren nije wirkjes. Dat learen wier wol net sa maklik en se hienen der net altyd nocht oan, mar dêr lieten se neat fen skine. Koenen se it ienkear, den wieren se sa bliid en lokkich, en as it wirk dien wier, fortelde de Boskbeppe moaije forhalen. Dêr kaem ek yn fen „tsjoenen”, en dat founen de bern tige moai. Se harken der nei mei saun pear earen.
En noait wier de Boskbeppe lilk, hiel oars as by mem. Mar as se by mem ek ris sa flink wieren?
„Hwet ha wy hjir nou al lang west, net Beppe?” sei Syp op in kear.
„Woenen jimme graech nei hûs?” frege de Boskbeppe.
Syp en Sip seagen hjar bliid oan en seinen: „Ja, Beppe.”
„Nou”, sei se, „den geane wy joun, ik scil de slide den foarkomme litte.”
Hwet laken dy bern mankoarren bliid oan!
De jouns, do’t de moanne en de stjerren oan ’e loft stienen, kaem de geiteslide foar. En howol ’t der gjin snie laei, dochs glied it maklik oer de glêdde niltsjes fen de dinnebeammen, dêr ’t de groun mei oerditsen wier.
„Nou haw ik twa lytse berntsjes helle”, sei de Boskbeppe, en ik bring twa greate werom, dy ’t fen alles kinne. Hwet scille dy heit en mem fen jimme raer opsjen!”
Dêr ynienen wier it: hou! Se wieren oan de rânne fen de bosk komd, by de strjitwei. Dêr koe Beppe net ride en se sei: „Jimme moatte dizze strjitwei mar gau út rinne, den binne jimme thús”.
De bern fleagen de Boskbeppe oan, sloegen hjar om bar de hannen om ’e hals en bitanken hjar for alles, dat se fen hjar leard hienen.
Do weauwen se noch ris mei de hân en rounen op in draef de strjitwei del.
Beppe moast nei in oare oarde om wer in pear bern op to heljen.
Dêr yn ’e fierte seagen se in ljochtsje barnen. Scoe it fen hjarren hûs wêze? Ja! Se rounen as hazzen en tikken op ’e ruten: „Mem, heit! Hjir binne wy werom!”
Mem en heit gyngen meastentiids let op bêd, om ’t se sa ûnwennich fen ’e bern wieren. En eltse joun hopen se, dat Syp en Sip thúskomme scoenen. Se stauwen nei de doar en namen hjar ljeave bern yn ’e earmen. Hwet wieren se bliid! Syp en Sip moasten yn ’e hûs op ’e tekst fen al hwet se bilibbe hienen.
Do ’t mem hjarren op bêd brocht, sei se: „En nou scille wy moarn meiinoar ús bêst dwaen, wier?”
De bern ûnthjitten it en ... dienen it ek.
De oare deis, do’t se nei skoalle wieren, foun mem de bêdden al ôfhelle, en sa wier se gau mei hjar wirk klear. Nei it iten droege Sip hiel handich de skûtels ôf, en Syp brocht dingen for heit foart, dy’t heit yn ’e smitterij for de minsken makken hie.
En mem? Dy ûnthâldde mar goed, hwet de bern fen de Boskbeppe leard hienen, al wier it ek noch sa slim en forfelend. En mem die krekt as de Boskbeppe: se sette de bern flink oan ’t wirk. As de bern nei in hiel set al ris wer forgeaten om goed en ljeaf to wêzen, den sei se: „Lytse bern kinne hjar eigen baes net wêze, dat hawwe jimme ûnderfoun. Sûnder praetsjes, dwaen hwet mem seit.”
Sa hie mem noch mear fen de Boskbeppe leard as de bern.
En tinke jimme, dat der ea wer rûzje en geskriem wier? En dat elk sei: „Hwet binne dat ûnaerdige bern?”
Gjin tinken oan, elk mocht dy flinke, ljeave bern graech lije.
Jiffrou yn skoalle wier fensels ek tige bliid, dat dy twa dêrre sa flink hjar bêst dienen. Do’t se wist, ho ’t dat ynienen sa kaem, fortelde se op in kear it forhael fen de Boskbeppe oan de bern fen de klasse.
Miskien koenen dy der ek hwet fen leare.
In eintsje bûten it doarp, net fier fen de sédyk, stie oan de wei, dy ’t twisken greate koarnfjilden roun, it hûs fen lytse Jaep syn heit en mem.
Krektsa gyngen mem en Jaep foart om heit fen it lân to heljen. Dêr wieren in hiele bulte feinten en fammen oan it sichtsjen en binen. Jaep koe se allegearre, hwent hy gyng wol faker mei mem nei de bou om heit to heljen, ef om him iten to bringen.
Se hâldden allegearre tige folle fen de lytse jonge, om ’t er sa frij yn ’t praten wier en suver net skruten ef bleu. Do ’t se him mei mem oankommen seagen, laken se al en lange Gerrit rôp: „Moatte we wer hynsteride, Jaep?” Do wrong it jonkje syn hantsje los út memmes en skeat as in hazze op in lange laitsjende feint ta.
„Dach heit!” rôp er oan in man, dy’t in hiel ein fierder ôfstie; „ik kom op it hynsder by heit!”
„To den!” sei Gerrit, dy’t al op hannen en foetten op ’e groun stie.
Mem en it oare folk laken hjar slop om ’t Jaep hast net op it hege hynsder komme koe. Einlings siet er; hy hâldde it hynsder stiif beet oan it blauwe baitsje. Dêr bigoun it bist to rinnen. Hwet hie Jaep in wille; hy bleau goed sitten al roun de happe ek noch sa hird.
Och, och, hwet laken dy fammen en feinten, en heit en mem ek. Mar do’t de happe tichte by heit kaem, bigoun er ynienen sa to stegerjen en to springen, dat de jonge der amper op sitten bliuwe koe, en op ’t lêst yn in heap ôfslein koarn tolânne kaem. Die er him sear? Wolné, it hynsder en hy stienen gau oerein en wiernen allebeide fjûrread om ’e holle fen dat draven.
„Wol heit my nou werom ride?”
„Nou, jonkje, dat wirdt my manskernôch; dou moast mar efkes op ’t skouder, tinkt my.”
Ja, ja!” rôp Jaep, den kin ’k de sédyk sjen.” Heit tilde him op, en dêr siet er, de hân op heit syn pet. Sa rounen se nei hûs.
„Ik sjuch de dyk, hwet is it dêr wyt boppe, heit, hwet is dat?”
Ik sjuch de dyk, hwet is ’t dêr wyt boppe, heit.
„Dat binne de wite wiven, jonge,” sei Gerrit, „dy sjugge, eft de bern al op bêd binne, en as se noch ien fine, den nimme se dy mei nei hjar glêzen stins op ’e boam fen de sé.”
„Och kom, Gerrit”, sei mem, „dêr is neat fen oan, jy scoenen de jonge bang prate.”
De fammen seinen ek, det der neat fen oan wier.
„’t Is de dize ljeave,” sei Ant, „dat is jouns altyd sa, as ’t hwet koeler wirdt bûten, den sette de dampen op.”
Mar Jaep seach ûnder ’t rinnen aloan nei de sédyk, dêr ’t sok wûnder reach oerhinne flapte.
„Ja,” sei er, „it binne wite wiven, ik sjuch it”.
„Jawis”, sei Gerrit, „mar dou bist net bang fen hjarren, wol? Ljeave bern dogge se neat, hear!”
Mem seach Gerrit tige lilk oan en sei: „Ik wol net lije, dat jy him sokke praetsjes wysmeitsje, hy kin der tonacht wol fen dreame.”
Gerrit lake der hwet om, mar hy bigoun dochs mar oer hwet oars to praten, hwent hy woe it jonkje net bang meitsje.
Einlings wieren se yn ’e bûrren. Dêr moasten se allegearre ûngelikense kanten út. „Goê-joun!” rôpen se allegearre en do panderen heit en mem en Jaep allinne fierder.
It jonkje wier stil; hy seach noch altyd nei de wite wiven, dy’t dêr boppe de sé omsweven. It like, eft se oer de dyk hinne dounsen. Hy koe hjarren antlit net sjên, dêrfor wieren se to fier ôf. Wylst heit en mem meiinoar praetten, prakkesearre hy mar aloan oer dy wite forskinings, dy’t in glêzen hûs hienen op ’e boam fen de sé. Bang? né, dat wier hy net. Hy woe bêst ris nei de boam fen de sé ta om moaije núnders to siikjen en al dy frjemdsoartige fisken to sjen, dy’t yn syn printeboek stienen. Dy scoenen wol net yn de stins komme meije.
Einlings wieren se thús. Mem snie gau it iten ré; en do’t se kofje yngetten hie en Jaep in glês mâlke jown, gyng se hwet sitten to breidzjen. Heit lies de krante.
„Dou fregest net iens, eft heit ek mei dyn skipke oan ’e gong scil,” sei mem.
„Hea né,” sei Jaep, „ho kin ’k dêr nou net om tinke; docht heit der strak hwet oan?”
„Nou, de mêst kinne we joun wol dien meitsje, mar ik moat efkes nei bûrren om my skeare to litten, det folle scil der wol net fen komme.”
Wylst mem de tafel ôfromme, helle Jaep gau it skip. It wier ien fen in greate klomp fen Gerrit. Heit makke fen in kantich houtsje in roune mêst, dy’t boppe hwet tinner wier as ûnder. Do’t heit him mei it mês goed roun skrabbe hie, sei er: „Nou gean ik foart hear, den moastou mem mar om in stikje skoerpompier freegje en him dêrmei moai glêd wriuwe.” Mem joech it him. Sjonge, hwet waerd dy mêst moai! Do’t it dien wier, sei mem: „Sjesa, nou moastou de boel mar gau opbergje, hwent it is hege bêdtiid.”
Jaep die, hwet mem sei en laei al gau op bêd yn it keammerke, dat op ’e sédyk útseach. Mem bistoppe him en sei: „Gau sliepe hear feint, mem giet hwet foar it hûs stean to breidzjen.
Jaep die de eagen wol ticht, do’t mem foart wier, mar hy sliepte sa gau net as oare jounen, hwent hy moast aloan oan ’e glêzen stins tinke. Hwet scoe dat moai wêze, det jy oan alle kanten útsjen koenen en oeral fisken seagen!
Gerrit hie sein: se namen wol bern mei dêrhinne. Och, hwet scoe hy jerne ris mei wolle. De wite wiven wieren ommers neat net kwea.
Do ’t hy in hiel skoft mei de eagen ticht lein hie, die hy se efkes iepen, en hwet seach er? It finster stie iepen. Forsichtich stapte hy fen ’t bêd en seach nei bûten. It wier noch lang net tsjuster, mar hy koe de dyk net sjen, hwent it nôt stie der foar.
Scoe hy ris bûtendoar gean om to sjen, eft se der noch wieren? Hastich die er hwet klean oan en klom troch it finster nei bûten.
Hird roun er it lânpaedtsje del, dat troch it nôtfjild gyng, hwent nimmen mocht him sjen. As hy dêr mar ienkear wier, koe dat ek net, hwent it nôt wier folle heger as hysels.
Hy roun dryst troch, rjucht foarút. Mar it wier noch in hiel ein. As hy in nôtfjild troch wier, kaem hy troch in ierapellân en den wer nôt. Aloan folge hy itselde paedtsje, it sépaedtsje.
Mar ûnder it rinnen waerd it al in bytsje tsjuster, en ús lytse man, dy ’t niis ek al sa roun hie, waerd hwet wirch. Hy roun al stadiger en stadiger en syn eachslidden waerden sa swier....
„Efkes”, sei er, „moat ik sitten gean om út to resten, den kin ’k aenst wol wer fierder”.
Hè, hwet siet hy dêr noflik tsjin in stûke oan. Nou scoe hy ris sjen, goed sjen ... as ’t wier, dat de wite wiven kamen. Den scoe hy freegje, eft er efkes mei mocht om de stins to sjen. Mar syn eagen woenen net iepen bliuwe.
En dochs ... ja, dêr kaem hwet wyts oansweevjen. Syn hertsje kloppe—ja, it kaem neijer; mear en mear hiel fine frouljue mei wite gazen klean sweven om him hinne.
Jaep woe hwet sizze, mar it wier allegearre sa wûnder, dat hy hâldde him mar deastil. Ynienen fielde hy, dat er omheech gyng, de loft yn. Deun om him hinne sweven de gazen klean fen de séfrouljue. Hy koe hjarren net sa klear sjen, hwent it wier krekt eft it tige mistich wier. Mar dochs fielde hy, dat er fierder sweve, al mar fierder twisken de wite wiven. Under him seach er de fjilden en de huzen en einlings de sédyk.
Nou seach Jaep oer de greate sé: Dêr wier gjin mist. Hwet koe hy dêr fier sjen. De moanne skynde oer de rimpelige wetterflakte, sadat it like, eft de lytse weachjes fen silver wiernen.
Mar dêrre, oan it strân foartby, dêr seach hy hwet yn it wetter dobberjen. It wieren skipkes; mar hiel nuvere. En ear ’t Jaep it wiste, siet er al yn sa’n skipke.
Eigentlik wier it gjin skipke, mar in greate skulp mei prachtige parlemoernen kleuren fen binnen. Krekt sa’n ien as mem yn ’t lyts op ’e skoarstienmantel hie. Der sieten ek seiltsjes op, fen itselde wite gaes as de klean fen de séfrouljue, sa tin, dat jy de moanne en de stjerren en de silveren rimpeltsjes fen de sé der trochhinne seagen.
Neist him siet in séwiif. Nou yn it ljocht koe hy hjar goed sjen. Se seach der sa fyn út as in fé út in mearkeboek. Hjar hier like silveren spinreach en hjar eagen diamanten stientsjes; hjar wide gazen jurk wappere troch de wyn.
Yn de oare skipkes sieten nou ek wite wiven, hy koe se allegearre klear sjen.
Dêr ynienen gyngen de skipkes foart. Hiel fluch glieden de skulpen oer de silveren weachjes, en wyld wapperen de gazige seiltsjes.
Mar hwet wier dat? Hwêr kaem dy moaije muzyk wei? It wier ef’t in fyoele song. Dat dienen de séwiven, hy seach it oan hjarren mûlen. Och, hwet hearde dat sêft en moai! En al mar hippelen en dounsen de flugge skipkes fierder....
Mar ynienen—floep—skeaten se tagelyk ûnder wetter. En Jaep? Dy wier net ienris bang ûnder wetter, al sonken de skipkes ûnder him wei, hwent sjuch, hy wier gjin gewoan jonkje mear, hy wier foroare yn in wetter-jonkje. Syn foetten wieren foroare yn in fiskestirt en hy koe samar swimme. Twa fen de wite wiven hâldden him elk by in hân en de oaren wieren ek om him hinne. Hy koe it klear sjen oan de ljochtsjende eagen.
Mei foarsje gyngen se skean de djipte yn, en mei ’t se djipper kamen, waerd it tsjusterder en tsjusterder.
Einlings glinsteren der ljochtsjes yn ’e fierte. It wier de glêzen stins!
Och, hwet wier it dêr moai! Troch in greate poarte kamen se yn in hiele romme seale, alhiel fen glês. Greate pearels, dy’t ljocht útstrielen, hongen oan ’e souder twisken de prachtichste slingers fen wier. De groun wier bisiedde mei kleurige núnders en skulpen en oare dingen. En ek woechsen der alderhande frjemdsoartige séplanten. Somliken hienen sokke greate blêdden, dat de wite wiven se for sitplak brûkten.
En it moaiste fen dat alles wier, dat de wûnderlikste fisken en oare dieren by de glêzen lâns swommen.
Jaep gyng deun tsjin it glês oan sitten om út to sjen.
Hwet seach hy dêr in heap fisken, lytse en greate, gûds mei en sûnder kleur, moaije, en rare dêr ’t hy hast bang fen waerd. Botten en skollen swommen dêr ek; dat liken wol fûgels; hjar greate finnen liken de wjukken. En ielen en séstjerren wieren der!
Jaep treau syn noas plat tsjin it glês om mar safolle mûlk to sjen. Hwet in grouwe fisk! Dat scoe wol in walfisk wêze, tocht him. Foart wier de walfisk wer. Dêr fierderop, hwet wier it dêr tsjuster yn ’e sé, krekt as de loft by nacht.
Hwet wier dat dêr? Hiel lytse ljochte dingkjes sûnken stadich nei ûnderen en al mar kamen der mear fen boppen. Jaep frege oan ien fen ’e wite wiven: „Hwet is dat dêr?” Se seach, hwêr’t hy wiisde en sei: „Dat binne triennen fen dyn mem; dy stiet oan it strân to skriemen, hwent se tinkt dat hjar jonkje fordronken is.”
Dat binne triennen fen dyn mem.
Hwet skrok Jaep dêrfen; en mei triennen yn de eagen sei er: „O, ljeave séfrouwen, bring my gau nei mem, hwent ik bin samar stil foart roun.”
„Ik tochte”, sei in séfrou, „datstou ús moaije glêzen stins sa graech sjen woeste; en nou bistou der noch mar krekt en nou wolst foart.”
„O,” rôp Jaep, dy’t al mear en mear triennen sinken seach, „ik kin hjir net mear bliuwe, „memke, memke, ik kom”, en hy snokkere derfen.
De wite wiven hienen meilijen mei him. Se dienen de glêzen poarte iepen, namen him by de hân en swommen sa hird as se koenen op de sinkende ljochtsjes ta.
Al gau wieren se deunby, en nei’t se mear nei boppen kamen waerd it ljochter en ljochter.
Ynienen wiernen de wite wiven fordwoun. En Jaep? Dy stiek de holle boppe wetter en—seach foart by him syn mem.
„Memke,” sei hy, „hjir bin ’k al wer.”
Syn mem fleach op him ta en tilde him op. En sjuch, do’t hy út it wetter wier, wier ynienen syn fiskestirt fordwoun.
Hy skriemde noch tige en mem ek.
Mar do’t hy goed taseach—hie mem him út it wetter helle? Hy seach gjin wetter, mar wol in lân fol stûken.
Mem rôp lûd: „Ik haw him foun.”
En ta Jaep syn greate binijing kamen der ynienen allegearre minsken twisken de stûken wei, mei lantearnen yn ’e hân. Hwet rounen se hird op hjarren ta. Earst kaem heit. Hwet wier dy wyt om ’e holle en hwet seach hy ûntdien! „Lokkich!” sei hy, „hwer wier der?”
Gerrit en alle feinten en fammen en bûrljue kamen nou om hjarren hinne. Somliken skriemden, mar allegearre seagen se bliid nei it lytse jonkje op memme earm.
„Laei er hjir yn it nôt?” fregen se.
„Ja,” sei syn mem, „hjir laei er to sliepen”.
Do naem heit syn jonkje op ’e earm en allegearre gyngen mei dat út, op hûs yn. Underweis fregen se him, hwerom ’t er dochs foartroun wier.
Jaep fortelde, dat hy wier-wier by de séwiven wêst hie yn de glêzen stins. „Jy hawwe it net ljeagene, hear Gerrit, it wier tige moai!” En myn foetten wieren foroare yn in stirt en dêr swom ik mei”.
Hy woe it net leauwe, do’t se tsjin him seinen det it net wier wier; det hy it dreamd hie, do’t er yn it nôt laei to sliepen.
De oare deis lykwols fortelde syn mem him ho kjel se wirden wier, do ’t se it bêd leech foun hie, en ho’t do alle minsken, dy’t der fen hearden, mei holpen om him to siikjen, oan ’t se him einlings sliepende tsjin in stûke oan foun hienen.
Do bigriep Jaep alles. De triennen kamen him wer yn ’e eagen, nou ’t hy wist, ho’n eangst heit en mem om him útstien hienen. Hy fleach hjarren om ’e hals en sei: „Wier, wier, ik scil it noait wer dwaen!”
In greate boerkerije stie net fier fen de marswâl. Dy hie in opfeart nei de mar, en dêr kamen ek allegearre lytse sleatsjes yn út, dy’t om ’e pleats hinne rounen.
It wier simmer, en den is it tige moai yn ’e sleatten. Lâns de kanten stie heech reid mei heappen moaije glânzige plommen. Yn it wetter groeide wier. Dat binne prachtige slingerplanten mei kronkeljende stâllen fol fine grine bledtsjes, sims hiele bosken, sadet de sleat fol like. Ek wieren dêr wetterlyljes. Dy driuwe op it wetter, mar ûnder wetter sitte de lange stâllen. Dy komme út de boam fen de sleat, dêr sitte de woartels yn. Op ’e boam laei sân mei núnders, en it wier dêr krekt sa ljocht as op it lân, hwent it wetter wier sa klear as glês.
Yn dy sleatten wennen alderlei bisten: fisken, ielen, kikkerts, salamanders, tûrren, wetterspinnen en alderhande oar lyts gnob.
Mar—der wennen ek wetterberntsjes! Hiele lytse bizige dikkertsjes wieren it, net greater as de fiskjes dy’t dêr swommen. Se hienen greate roune eachjes, krekt as de fisken en dy glinsteren altyd fen nocht. Binammen as se hjarsels hwet bakeren yn de sinne op de greate blêdden fen de wetterlylje, seagen se der dochs sa alderljeafst út. Hjar boskje hier waerd troch de wyn opdroege, en dy lokjes wieren den sa glânzich, dat it wol sinnestrieltsjes liken.
. . . as se hjarren hwet bakeren yn de sinne.
Witte jimme, ho’t se op sa’n blêd kamen? Swimme koenen se fensels net, hwent se hienen gjin fluezen twisken de teannen en fingers, lyk as de froasken. Se kuijren op ’e boam fen ’e sleat, en as se nei boppen woenen, sochten se in stâlle fen in blêd en klommen omhegen as in matroaske yn de mêst. Mar as se op it lân wêze woenen, moasten se noch folle heger klimme. Se sochten den de tsjokste reidpylk—hwent de tsjokste is fensels de langste—en den klommen se omheech, omtrint oan ’e plom ta. Hwet koenen se den fier sjen: oer de hiele mar en oan’t de boerkerije! Boppe-oan wier de pylk fensels tin en bûgde om as in wetterberntsje sa fier klimme doarst. Den hongen se oer nei de kant fen it lân en de greate reidpylk sette hjarren (mei in earbiedige bûging) op ’e groun. Dêr makken se de plom oan in lange raei fêst, hwent sadaelks moast de pylk hjarren wer yn ’t wetter bringe. Hwent yn it wetter woenen se ljeafst wêze; dêr seagen de minsken hjarren net. Se wieren gânsk skruten for de minsken ... mar net for de bisten. De bisten wiernen de frjeonen fen de wetterberntsjes, dy hâldden tige folle fen hjarren. Witte jimme, ho’t dat kaem? Omdat de wetterberntsjes de bisten altyd holpen; hwent de wetterberntsjes wieren gochem en de fisken en oare bisten sims dom. Faken swom ien yn in net, dat in fisker dêr delset hie, en scoe grif tamakke wêze, as in wetterberntsje him net forlost hie.
In froask wier ris troch in eibert yn ’e poat biten, mar hy koe noch krekt foartkomme. Krôljend fen pine founen de wetterberntsjes it earme dier mei in stikkene poat. Se forbounen him mei in krûdich blêd, en mei in wike koe de froask wer springe as de bêste.
De salamanders, de spinnen en de oare dieren fregen altyd oan de wetterberntsjes hwer’t se hjarren aeijen lizze scoenen, en dizze wisten sokke feilige herntsjes oan to wizen, det de bisten net hoechden to tinken, det se sa kwea koenen.
Jimme kinne bigripe, ho’t de bisten mei de wetterberntsjes op hienen!
Mar op in kear barde der hwet ôfgrysliks. In fisker kaem mei in skepnet; hy botste it ûnfortocht ûnder wetter en—skepte tafallich in wetterberntsje op. As de reek klom it oer de rânne, en mei in lûde bots sprong it wer yn it wetter. Hwet wier dat earme sloofke binaud! En hwet skrokken de oaren en de bisten fen it foarfal. Se stauwen útmankoar en se flechten troch it grommige wetter nei de forbirgenste herntsjes, dy’t se fine koenen.
De fisker hie it berntsje lykwols al sjoen, en die gjin lichten ear ’t hy it wer hawwe scoe. Mar it lokte him net. Hy kearde sûnder bút nei syn arke, dy’t yn ’e opfeart laei, werom.
„Soa Evert,” sei de boer, dy’t op it hiem stie; „in goede fangst hawn?”
„Omtrint,” sei de fisker.
„Omtrint?” frege de boer, „ho mienstou dat?”
„Nou,” sei de fisker, „ik haw krektsa sa hwet wûnderliks bilibbe, det ik noch tsjin mysels siz: „Evert, jonge, bist’ wekker, ef dreamst’?”
De boer kaem neijer, en naem syn pypke út ’e mûle: „Ho sa, man?”
„Wol, ik tink, nou scil ’k mei it skepnet hwet lytsgûd fange út ’e sleatsjes, for ies ... en dêr skep ik in libben berntsje op!”
„Och, rin man!”
„Wier, wier, ik sjuch it noch oer ’e rânne fen it net fallen. ’k Haw der de hiele middei noch nei fiske, ’t wier net greater as myn hân.”
„Ho is ’t mûlk, ho kin ’t bistean!”
De boer skodde syn holle yn prakkesaesje, en de fisker skodde syn holle yn prakkesaesje.
Swijend gyngen se beide nei hûs en elk for him fortelde it oan syn wiif.
De boerinne waerd der oerstjûr fen, do’t se it hearde, hwent se wier sa mâl mei berntsjes, en se hie gjin.
„Dou moast nei Evert gean,” sei se tsjin hjar man, „en siz, dat hy gjin lichten dwaen moat, hwent det hy in skoandere bileaning hawwe scil, as er in berntsje fangt for ús. Sels hawwe se dochs al genôch.”
De boer siet mar to prakkesearjen en sei neat. Hy scoe ek graech ien hawwe wolle. Hwet like him dat aerdich ta. As hy jouns fen ’t lân kaem en der scoe in lyts berntsje op syn knibbel kladderje en yn syn bird omtyskje....
„Forstiest my net?” sei de boerinne hwet ûnfordildich, „dou sitst’ dêr mar to dreamen!”
„Ja, ja,” sei de boer, „ik bitink my dêr krekt op hwet, dat noch better is. De fisker en de feint moatte it sleatsje ôfdamme, den mealle wy it droech fennacht!”
„Dat is in ynfal!” sei de boerinne, „den kin it noait ûntkomme.”
De boer stapte nei de fisker en de feint en ûnthiet hjarren in fikse bileanning, as se noch dizze nacht it sleatsje ôfdamme en droechmealle woenen.
Dêr lieten se it ear wol nei hingje fensels, hwent se wieren tige nijsgjirrich om it berntsje ris fen tichteby to sjen. En den noch in bileanning ta!
Se gyngen mei in kroade en twa lodden nei it plak, dêr’t it sleatsje yn ’e opfeart útkaem. Kroaden- en kroadenfol modder smieten se der yn. Do’t se krekt klear wieren, kaem de boer.
„We treffe it,” sei hy, „der is in aerdich wyntsje.” De mounle waerd oan ’e gong makke en dy bigoun nou it wetter út it sleatsje to sûgen en yn de opfeart út to smiten.
„Jimme binne krekt foar tsjuster ré komd”, sei de boer.
„Moat der tonacht ek immen by de mounle bliuwe?” frege de feint.
„Ei né”, sei de boer, „as we der moarnier hiel bitiid binne, den kin ’t noch net leech wêze.”
Sa pratende oer hjar plan, dat nou net mear mislearje koe, gyngen de manljue nei hûs.
En de wetterberntsjes, en de bisten? Amper wieren se hwet bikomd fen it ûngefal, dat hjar kameraetsje omtrint oerkomd wier, ef se hearden it skriklike gewelt fen de kroaden fol modder, dy’t yn it wetter ploften! Se rydbosken fen eangst en kroepen yn de uterste herntsjes, dy’t se fine koenen, en bidobben dêrre hjarsels heal ûnder it sân. Se tochten, dat der wol tsien fiskers tagelyk mei skepnetten dwaende wieren. Se doarsten gjin wird sizze en gjin lid forroede.
Op it lêst hearden se neat mear. It wetter, dat earst tige grommich wier, bigoun to bisinken. En se koenen mankoar wer sjen. Stadich-oan kamen se nei mankoar ta, de bisten ek. Se praetten inkelde wirden: Hienen se ek heard, det in kameraetsje fongen wier? Né.
Mar ien berntsje wist der mear fen: it wier modder, dat yn it wetter smiten waerd, gjin skepnetten. Hy hie, efkes foar ’t it gebear bigoun, manljue by de sleat stean sjoen njunken de mounle, en ôfharke, hwet se bipraetten.
„Se wolle ús allegearre fange en deameitsje frjeonen”, rôp it, „wy binne forlern.”
„Ho sa?” rôpen alle oaren, en krongen om it oerstjûre berntsje hinne.
„Se hawwe de sleat oan beide einen ôfdamme, ik woe jimme noch warskôgje om to flechtsjen, mar ik doarst my net forroede! En nou wirdt de sleat leechmeald.”
O, o, o, hwet waerden se nou eangstich! Lûd bigounen se to skriemen en to kleijen: „We binne forlern! we gean dea! we wirde fongen!”
„Ik wol ljeaver dea as by de minsken wêze”, sei ien, „hwent dy binne sa wreed. Se hawwe myn bêste frjeon, silverstirt, ek fongen, en deamakke. Syn kop hawwe se der ôf snien en wer yn ’t wetter smiten. Dy leit jinsen ûnder de greate skulp bidobbe.
„Ja,” rôpen de oaren, „de minsken binne sa rou!” En fennijs bigounen se to kleijen. De fisken en froasken en sa swommen der omhinne. Se koenen sels net prate, mar se forstienen alles. „Litte we hjirre dochs net sa stean bliuwe to gûlen”, sei in trochtaestend berntsje. „Litte we sjen, ef’t der noch in gatsje iepen is, dêr ’t we meiinoar troch flechtsje kinne!”
„Ja, ja,” rôpen somliken, mar oaren skodden mei de holle.
„Litte de fisken der ris hinne gean to sjen,” sei in berntsje, „dy binne samar werom.” Dêr swommen de fisken al hinne, sa hird as se koenen. Nei eltse kant in kloft. Mar se wieren gau werom en seagen like drôf. De wetterberntsjes koenen klear oan hjarren eagen sjen, dat se gjin gat foun hienen. Hwet nou?
„Wy kinne wol flechtsje!” rôp in hiel skrander berntsje ynienen, „we kinne oer de daem klimme.”
„Hwet!” rôpen se allegearre, „en ús trouwe frjeonen den? Dy yn ’e steek litte? Noait! Meimankoar flechtsje ef meimankoar stjêrre!”
„Hwet scoe ’t ek jaen,” sei in oar; as we oer de daem kamen, scoenen se ús dêr dochs wer efter sitte nou ’t se ienris witte, dat we der binne!”
„We moasten oer de oare daem yn ’e mar flechtsje”, sei it skrandere berntsje.
„Och,” sei in oar, „yn de greate dûnkere mar, dy is sa djip en woelich, dêr kinne wy dochs net libje!”
„Ik wit hwet, ik wit hwet,” rôp ynienen it berntsje, dat hieltiid stil sitten hie to tinken; „wy kinne mei ús frjeonen flechtsje oer de mar!”
Allegearre hâldden se nou de siken yn, ek de bisten forweegden gjin fin.
„Wy moatte allegearre oer de daem kladderje,” sei it wize lytse ding, „elts mei ien fen ús frjeonen op ’e nekke; de iene in fisk, de oare in iel, en dy’t krûpe kinne moatte hjarren sels rêdde.”
„Ja, ja,” rôpen allegearre, en dounsen fen wille en de fisken kwispelen mei de stirt.
„En,” forfette it wize berntsje, „den moasten ús frjeonen ús wer op hjarren rêch nei it oare ein fen de mar swimme!” Do sloegen de fisken sa fûl mei de stirt, dat it wetter lofts en rjuchts tsjin de wetterberntsjes oan kletste. Sa bliid wieren se, dat se den ek wer hwet for hjarren dwaen koenen.
Under fleurich gejûchhei gyng it nei de daem. It wier nou al piktsjuster omtrint. Mar safollesto better: den koe nimmen hjarren sjen. Dêr bigoun it—de fisken seagen der wol hwet tsjinoan. As se út it wetter kamen, krigen se it tige binaud, dat wisten se wol. Krekt sa binaud as wy ûnder wetter wêze scoenen.
Mar—se moasten dochs, oars gyngen se dea! Hwet koenen se al bêst fornimme, dat it wetter sakke.
De moedichste fisken lieten hjarren earst oersjouwe. De krigelste berntsjes rounen sa hird se koenen mei hjarren ljeave fracht oer de kluten. Oan de oare kant lieten se de fisken rimpen yn it wetter tommelje, hwent och, dy wieren sa binaud.
Somlike lytse fiskjes wieren sa eangstich, dat se hjarren net oerbringe litte doarsten.
’t Wier in hiel kerwei hear, hwent der wieren in hiel soad fisken, en se wieren swier for sokke lytse berntsjes. En hwet slimmer wier, se moasten oanskrippe, hwent it bigoun al to daegjen. En as de feint ris kaem!
Noch inkelde lytse bange bistkes moasten oerbrocht wirde. Se doarsten hast net, mar der stie noch mar sa’n bytsje wetter, dat se hjarren wol drage litte moasten.
Do’t it lêste berntsje mei it lêste fiskje midden op ’e daem wier, rôpen de berntsjes: „Dêr komt in keardel oan!”
It wier de feint, dy’t al deun by wier. Hwet roun dat earme berntsje hird. It stroffele omtrint oer syn eigen foetten, mar it liet syn djûre fracht net yn ’e steek.
De feint, dy’t it roppen heard hie, fleach nei de daem.
„Gau, gau!” rôpen de berntsjes.
De feint seach se al en fleach op hjarren ta. Mar krekt, do’t er mei syn greate hannen it lêste berntsje pakke woe, sprongen se allegearre ûnder lûd gegûl yn it wetter. Ek it lêste berntsje trûzele holderdebolder mei syn frjeon by de daem del.
De feint plofte op syn liif om it noch to krijen, mar it wier mis. Do’t hy wer oerein stie, kriet hy: „Se binne foart, allegearre flechte!”
De boer en de fisker kamen ek ridlik gau. Se hearden, hwet de feint fortelde fen de jûchheijende kloft berntsjes, dy’t him krekt ûntkomd wieren.
Drôf seagen se mei hjar trijen nei de lege sleat, dêr’t gjin libben wêzen mear yn wier. En fortretlik gyngen se nei hûs.
De boerinne hie der noch it meast mei to dwaen. De triennen kamen hjar yn de eagen, do’t se hearde hwet bard wier en dat se gjin berntsje krige.
Yntwisken rôllen de wetterberntsjes fen wirgens en ek fen de stream, omtrint ûnderstboppe yn dy djippe sleat. Mar mei gauwens sieten se op de rêggen fen de frjeonen en—dêr gyng it hinne, sa hird, dat se oppasse moasten om net to fallen.
dêr gyng it hinne, sa hird, det se oppasse moasten om net to fallen.
Hwet wier it in lange reis. En hwet wier hjir in wetter! De fisken swommen ticht oan it oerflak, hwent dêr is it folle ljochter as yn de djipte. Sims stieken de kopkes fen de berntsjes boppe wetter út. Hwet wieren se fleurich! Se songen hjar moaiste sangkjes ûnderweis. Dat founen de fisken krekt sa fijn. Se koenen wol helte hirder swimme as oars, mei sokke ljeave frjeonen op ’e rêch.
Einlings, einlings wieren se oan ’e oare wâl, krekt by de yngong fen in lyts sleatsje. En do’t se dat ynswommen, founen se in lyts, moai poelke mei rêstich en klear wetter. Prachtich wier it dêr!
Se klommen fen ’e fisken ôf om alles better to bisjen. Hwet in gaedlike wente wier dit, noch geryfliker as it sleatsje, hwent hjir wier folle mear romte. Hjir groeiden noch mear wierplanten en lyljes en oare blommen. In pear berntsjes klommen al gau yn it reid nei boppen, en fortelden oan de frjeonen yn it wetter, dat der nearne in pleats to sjen wier. Allinne dy, dy’t se ûntflechte wieren, mar dy wier nou sa fier foart....
Hwet sliepten se dy nacht rêstich neist mankoar op ’e boaijem fen it poelke.
De oare deis stelden se út om in great feest to jaen oan de nije bûrljue. Dêr kamen einen, reidhintsjes, fiskefangers, kikkerts, fisken en sels in greate eibert.
Dy bisten moasten fensels alles witte fen de eangst en de gefaren, dy’t de nije biwenners útstien hienen.
„Mar hwerom woenen dy minsken jimme dochs fange?” frege de eibert oan de wetterberntsjes.
„O,” sei it lytse wize berntsje, „ik haw de boer sizzen heard, dat se gjin bern hawwe, en det syn wiif sa jerne ien hawwe woe.”
De eibert seach do tige earnstich en sei: „Soa, soa, dat wist ik net.”
De oare wyks seagen de berntsjes in flagge mei pompeblêdden op ’e nael fen de boerkerije wapperjen. De boer en de boerinne hienen in echt berntsje krigen.
Hwet wieren de berntsjes dêr bliid om.
Dêrre yn it poelke oan ’e oare kant binne se lykwols wenjen bleaun. En dêr wenje se noch oan’t hjoed de dei.
Se hawwe noait wer lêst fen minsken hawn, hwent nimmen kin dat poelke fine, it leit yn—Dreamelân.
Hette wenne by syn pake en beppe yn in earmoedich húske oan de seame fen de bosk. Syn heit en mem wieren beide jong stoarn en sadwaende wier hy al as lytse jonge by pake en hjar komd. Pake fortsjinne syn brea mei houtkapjen. Hette, dy’t nou al fjirtsjin jier wier, naem pake al aerdich hwet wirk út ’e hannen. En dat wier mar goed ek, hwent de âld man waerd minder, sadet it sims mar krap omkaem. Ho yndrôf seach beppe, as pake en Hette de bosk út wei kamen en se koe hjarren net oars jaen as in pear stikken brea. Mar dat barde lokkich net faek, hwent Hette skrepte sa hird as er koe mei.
Op in kear, dat it ris tige kâld en rou hjerstwaer wier, sei Hette: „Bliuw jy hjoed mar thús pake, ik kin ’t allinne wol dwaen.”
Beppe suchte en sei: „Koenen jimme mar allebeide thús bliuwe. Hear sok waer!”
Mar dêr woe Hette neat fen hearre. Hy naem fluch de bile op it skouder en teach der op út, for it earst allinne. Beppe hie him tige oanpoanne om forsichtich to wêzen en him mei dit rouwe waer mar net to fier ôf to jaen. Mar hwet joech hy om hwet wyn, hy scoe hjoed ris gnap hwet fynmeitsje.
Hy wraksele tsjin de forheftige wyntwirren yn, dy’t him sa troch syn forsliten âld jaske waeiden, dat it him kâld oer de lea gyng. Hy trape lykwols flink troch en roun sahwet in heal ûre de bosk yn, dêr ’t it tsjusterder waerd nei ’t er der djipper yn kaem. Mar ek lijer.
Einlings wier hy op it plak, dêr ’t er wêze woe. Dêr woechsen in pear kanjers fen beammen fen geef en sterk hout. Dy moasten hjoed del.
Krêftich kappe Hette der op yn. Hy swaeide de bile, dat de stikken hout him om de earen fleagen. Nou en den moast er syn hannen bûtse om ’t dy him priken fen de kjeld. Den bigoun er wer mei nije krêft. De wyn gûlde akelik yn de hege, keale twigen, mar Hette hearde it net.... Noch in pear slaggen, den moast de beam falle. Hy swaeide de bile sa fûl as er mar koe....
Heislik gekjirm klonk der ynienen troch de bosk.... Hette sloech mis, de bile skampte út en rekke syn foet. In greate gjalp bloed kaem troch syn hoas. Hy foel fen pine efteroer en rekke ringen bûten westen.
Hette moast him ris efkes bitinke, do’t er de eagen opsloech. Hy seach ta syn greate binijing, dat er op in frjemdsoartich bêd laei. Net yn beppe hjar bedsté, mar op in bêd fen moas, op in skadich plakje fen in moai simmersk bosk. Dat koe net wier wêze, tocht him, en hy taestte om him hinne om to fielen, eft al dat moais der wierliken wier.
Ja, dochs, it koe gjin dream wêze; syn foet siet yn wite wynsels biwoelle. Nou kaem him de hiele stoarje fen it beammekapjen yn it sin. Mar ho wier hy hjir dochs yn de goedichheit komd? Hy seach om him hinne. Hwet groeide en bloeide hjir alles. Hy snúvde de hearlikste geuren yn fen beamblossum en blomte, en hearde de moaiste fûgelsangen. Mar minsken hearde hy net. Fier koe hy ek net om him hinne sjen, hwent oeral wier ticht struwel.
Do ’t er lykwols sa in skoftke yn prakkesaesje om him hinne sjoen hie, seach er ynienen efter in beam hwet ljochts forwegen. „Is dêr immen?” frege er. Dêr kaem in wêzentsje neijer sweevjen. Wier dat in ingelke? Hette hâldde syn siken yn: se wier sa fyn fen lea, en los omsweve hjar gazich-gouden reach. Oan de skouderkes hie se sêft kleurige flinterwjukken; en hjar bloun hier wier fen sinneljocht oerglinstere.
Tel siet it teare wêzentsje op in stien neist de forhearde Hette. Se frege, eft er ek pine oan syn foet hie en eft er wol wiste, hwer’t er wier.
Hette andere, dat er grif yn ’e himel wier by de ingelkes.
Do lake it wêzentsje en sei: „Jy binne by de elfen. Us keninginne stjûrde ús om jo to heljen út de bosk. Mei hûnderten hawwe wy jo yn in net lein, en it fleanende hjirhinne droegen. Ek hawwe wy jou foet forboun. Us keninginne komt hjir sa daelks by jo. Mar wacht, jy scille wol honger hawwe.”
Us Keninginne stjûrde ús om jo to heljen.
De wjukjes forweegden en se fleach omhegen nei in beam, dy ’t fol moaije ripe apels siet. Se plôke der ien ôf en kaem dêrmei delsweevjen. Mei in frjeonlik glimke lei se him yn Hett’ hannen en sei: „Yt mar op, ik kom gau werom.” En foart teach se.
Hette wier al hwet fen ’e wize. Nei in skoftke kaem hy der pas ta om yn de apel to biten. Dy die syn toarstige kiel goed, hy knapte der alhiel fen op. Hwet wier it hjir dochs moai en stil. Hy koe syn eigen sykheljen hearre. En dochs like alles to forwegen. Dat kaem fen de bûnte kleuren; fen de flodderjende flinterkes, de iverige bijkes en de boartsjende fûgeltsjes.
Mar dochs hearde hy hwet...? ja, dêr kaem hwet oanrûzjen. Fen alle kanten seach er nou elfen to foarskyn kommen. Mids hjarren gyng de elfe-keninginne, like tear en fyn, mar dochs greater as de oaren. Se hie ek wjukjes en hjar gazen klaed wier mei goudloverkes bistruid.
Mei hjar blauwe for-jit-my-net-eachjes seach se Hette oan, en lei do hjar blank hantsje op syn holle. Forlegen seach er hjar oan. De elfkes stienen der omhinne. „Ho is ’t myn frjeon”, sei se, „it bettert wol hear, wêz gerêst.”
Hette woe de elfkes bitankje for hwet se for him dien hienen. Mar hy koe gjin wirden fine. Hy koe se allinne tankber oansjen.
„Hear, hwet ik siz,” forfette de keninginne, om jo gâns pine to bisparjen scil ik jo eltse wike hwet wyt puijer stjûre. Dat meitsje ik út ’e blommen. Wounen hielje der tige gau fen. Do draeide se hjar om en floite.
In lyts reaboarstke skeat ûnder bliid geskatter út it beamgûd en gyng op hjar skouder sitten.
„Sjuch, reaboarstke bringt it, Sneintomoarns scil it op it finster tikje, wier bistke?”
It fûgeltsje andere mei in júbeltoantsje. Op in wink fen syn masteresse wier it wer yn it blêdgûd fordwoun.
Do spraetten de elfkes in net op ’e groun. Hette moast der op lizzen gean. De keninginne plôke in spoekeblom, striek der efkes mei oer Hette’ antlit, en daelks sleat er de eagen en foel yn in swiete sliep.
Hy waerd wekker ... yn beppe’ bêdsté en de âlde minsken sieten fol noed by it bêd. „Hwet is der dochs bard, myn jonge”, frege beppe. „Wy hearden tikjen op it finster en founen dy sliepende mei dit wynsel om ’e foet foar de doar lizzen.”
Hette seach siikjende roun. Hy moast him ris bitinke.... Ja ... dêr waerd it him wer klear. Hy forhelle syn wûndere skiednis oan de âlde minsken. Se harken fol forwûndering. Ho tankber wieren se de goede elfen, dat se hjarren bern rêdden hienen. Hy scoe oars grif oan bloedforlies stoarn wêze.
Wol scoe der, nou’t Hette ek net arbeidzje koe, earmoede, ja sels brek oan it aldernedichste komme, mar dochs wieren nearne blider minsken to finen as dy trije yn it lytse húske oan de boskrânne.
It waerd Snein. Twa hiele dagen hie Hette op in pear stoellen sitten; twa hiele dagen hie der him forfeeld. Mar hwet slimmer wier, syn foet bigoun sear to dwaen: earst in bytsje, do al mear en mear.
Einlings wier it Snein, en dêr wier Hette bliid om, hwent nou scoe it reaboarstke komme mei gûd tsjin ’e pine.
„Hark!” sei Beppe. „hearde ik dêr tikjen?” Se seach gau troch it finster nei bûten, oer hjar blompotten hinne.... En wrichtsjes, dêr siet in fûgeltsje yn it finsterbank. Hastich skoude se it finster op. En sjuch, daelks floddere it bistke yn ’e hûs. It gyng op Hette syn knibbel sitten en lei dêr in lyts wyt pompierke op. Do fleach it wer op it finster ta en pipe om der út to meijen. Beppe skoude it wer op en, rûfty! foart wier it.
Hette die hastich hwet fen it wite puijer op ’e seare foet. Ynienen bikaem de pine.
„’t Is wûnderlik,” sei pake.
„Ja,” sei beppe: „en dat sa’n lyts fûgeltsje sa skerp is, dat it sokke boadskippen dwaen kin.
It wier in fleurige Snein, hwent de pine wier oer, en Hette siet gesellich by pake en beppe oan in stik hout to fykjen, dêr ’t er in skip fen meitsje woe.
Mar—nei dizze Snein kaem der wer in hiele wike fen seis dagen, dy’t net sa fleurich wieren. Hwent it iten rekke op, en it jild rekke op, en yn it lyts húske iet men yn it midden fen ’e wike al oars neat as brea. En eltse dei waerd it plakje, dat ompart waerd, tinder. En eltse dei waerd it dêr drôver, hwent pake en beppe en Hette hienen honger. Pake en beppe wieren drôf, om ’t se dy jonge, dy’t sa skoan ite koe, en der noch fen groeije moast, mar sa’n bytsje jaen koenen. Hette hie der lêst fen, dat dy goede âlde stimpers honger lije moasten.
Noch slimmer waerd de ilinde, do’t Hette syn foet wer op ’e nij bigoun to pinigjen. Och, hwet seagen se nei de Snein út.
Einlings kaem er. It wier wyld waer, de wyn gûlde om ’e skoarstien en de rein snjitte tsjin de lytse finsterkes oan. Scoe it lytse fûgeltsje mei sok waer komme? O, hwet scoe it akelik wêze, as it net kaem.
Mar hwet wier dat? „Dêr rinkelt ien oan ’e doar, beppe,” sei Hette.
Beppe toffele der gau hinne. Efkes letter kaem se yn mei in dweiltrochwiet man. It wier in jager.
„Moarn, âlde baes. Soa jongfeint,” sei hy. Ik socht in skûl; fij, sok waer.”
Pake naem de pet ôf, en Hette sei: „Dei mynhear.”
„It is hjir better as bûten,” sei de jager. „Ik wier út to jeijen en moat wer op hûs yn, mar woe dizze slimme boi hjir graech efkes ôfwachtsje.”
„Dat kin skoan,” sei pake.
Ynienen hearden se: tik, tik! op it finster, „Ha!” rôp Hette, „it is der, beppe.”
„Wrichtsjes,” sei beppe, en skoude it ramt op. It lytse reaboarstke fleach yn, en lei wer in pakje op Hette’ knibbel.
„Dou ljeaf bist,” sei beppe, „moast earst mar hwet opdroegje, earst wer foart giest’!”
It wier, as hearde it bistke dy wirden, hwent it gyng foar Hette op ’e tafel sitten.
De hear, dy’t by de hird siet, sei: „Hwet is dat hjir? Hwer komt dat aerdige fûgeltsje wei?”
Do fortelde pake de hiele skiednis fen Hette syn ûngefal. Hwet hearde minhear dêr frjemd fen op. Hy sei: „Jy moasten dat bistke al oan my forkeapje, âlde baes. Jimme witte dat ik thús in famke haw, dy’t de hiele dei allinne is—se hat gjin mem en gjin broers ef sisters. Dit scoe sa’n moai boarterke for hjar wêze.”
Pake sei: „It is uzes net, mynhear.”
„Wolnou,” sei de jager, „hwet hindert dat. Dêr by de elfen scille se wol mear sokke fûgeltsjes hawwe. En ik scil der jo in poarsje sinten for bitelje.”
Do waerd it fûgeltsje ûnrêstich en fleach op it finster ta.
Beppe seach pake oan, eft se it der út litte scoe, hwent och, it gyng sa oan.
Mar pake bitocht him, mei djippe tearen yn ’e foarholle, en sei: „Ik wit net, ik wit net....”
En Hette bitocht him ek. Dy tocht oan de sinten, dy’t se krije scoenen, en it brea, dat se dêrfor keapje koenen, en sei: „Nim it mar mei.”
De jager fong it fûgeltsje, dat akelik binaud pipe. Hy knope it yn syn bûsdoek, lei fiif gounen op ’e tafel en sei: „Kom, nou gean ik mar. It waer is opknapt. Goendei minsken,” en plof, gyng de foardoar ticht.
Fiif goune, hwet in rykdom! Nou ’t Hette de puier op ’e foet struid hie, fielde ’r him sà goed, dat er sels bôllegûd helje woe. „Hjir mar, beppe,” sei er, do ’t dy pake de kreas optearde reabûsdoek jaen woe, „ik scil wol.”
Fleurich gyng er op stap. O, hwet rattele syn mage. Mar dat scoe gau oer wêze. Hwet scoe er folle keapje! En yn syn blidens seach er neat om him hinne as allinne de wei foar him, dy’t er gean moast. Einlings wier hy by de bakker, spraette syn reabûsdoek op ’e toanbank út en bistelde bôllegûd. Do ’t de doek fol wier, knope hy dy ticht en gyng wer op stap.
Hy iet in boltsje op en fielde him foart in hiel stik better. Mar do bitocht er, dat er ommers it reaboarstke fen de elfen dêrfoar forkoft hie. Ja ... de jager hie ommers sein, de elfen scoenen sokke bistkes wol genôch hawwe.... Mar nou’t hy der oer neitocht, leaude hy net, dat de elfen mear hienen.... Scoenen de elfen nou al fornomd hawwe, dat it bistke net werom kaem?.... En scoenen se den ek tinke, dat hy it forkoft hie...? It wier dochs sa’n ljeaf bistke; it hie him ommers gûd for de seare foet brocht. En miskien scoenen de elfen skrieme, nou ’t se it misten. Nou siet it yn in koaike finzen en kaem nea wer by syn ljeave frjeonen.
O, hwet waerd it him bang. Hwet hie hy dochs dien!
Dêr seach er in great hûs oan ’e wei en dêr foar it finster in koaike mei in flodderjend fûgeltsje, dat deabinaud tsjin ’e traeljes fleach; de fearkes stauwen der fen yn it roun. En derby stie in hiel ljeaf famke, dy’t it bistke hwet jaen woe. It wier it hûs fen ’e jager.
Efkes stie Hette as wier der oan ’e groun spikere, do roun er fierder, de holle foardel. O, it bounze sa der binnen yn him, en hy krige in prop yn ’e kiel.
Op in pealtsje gyng er sitten. Triennen rôllen oer syn wangen en hy snokkere lûd. Hy woe dat ljeave bistke wer frij litte. O, hied er it mar net forkoft. Ljeaf, ljeaf, bistke. Ja, hy scoe it helpe. Hy scoe troch de greate tún rinne, op ’e stoepe stean gean en oanskilje, en sizze: „It fûgeltsje moat der út!”
It jild scoe er skielk wol werom jaen, as er wer fortsjinne mei kapjen.
Hy seach op, de eagen fol triennen, en ... hwa..., hwa stie dêr?
De elfekeninginne.
Se lake, hie de spoekeblom yn ’e hân, rekke der efkes mei oan Hett’ holle en sei: „Dizze triennen fen birou foroarje yn djûre pearels” en foart wier se.
Dizze triennen fen birou foroarje yn djûre pearels.
Do gyng it: tik, tik, tik, en hwet foel dêr allegearre op ’e groun? Gjin triennen mear, mar pearels, dy’t skitteren as stjerren.
Forwûndere siet Hette dit oan to sjen. Do socht er se allegearre yn syn pet en gyng der mei nei it greate hûs. Hy scoe it famke de pearels jaen, den scoe se it reaboarstke wol frij litte wolle.
Hy skille, en fortelde, hwet him oerkomd wier. It famke hearde ek mei saun pear earen.
Do’t it forhael út wier, helle se hastich it koaike en joech it sûnder in wird to sizzen oan Hette. Dy sette it doarke iepen en wip, wier it der út en siet op Hette skouder.
It pipe bliid as woe it sizze: „Tank, datst my forlost haste.” En do fleach it foart.
De jager foun it hiel moai, det Hette de pearels oan it famke jaen woe. Mar hy sei: se wieren tige djûr, en hy scoe se bitelje, hwent hy hie jild genôch.
Do telde de heit fen it famke him tweintich goune yn ’e hân, „hwent,” sei er, „safolle binne se skoan wirdich”.
Jimme kinne bigripe, ho raer eft Hette opseach, mar de mynhear sei: „Nou bêste jonge, mar gau nei hûs. As it barre mei, dat jimme wer krapte krije, skilje den mar by my oan.”
It kloppe wer sa yn Hette, en wer hie der triennen, mar nou net fen fortriet en birou, mar út blidens for safolle frjeonlikens; dy goede elfekeninginne, dy goede hear, en dat ljeave famke. En aenst pake en beppe iten bringe en tweintich gounen! Hwet wier hy gau thús en hwet sieten se dy jouns bliid en lokkich by mankoar.
En it famke, dat hie hjar boarterke wol forlern, mar der in oaren foar yn ’t plak krigen. Hwent Hette waerd hjar frjeon en do’t se great wieren, trouden se to gearre.
Der wier altyd in bulte deilisskip ûnder it fûgelte: De mosken tsierden as hingers om de breakoarsten. De einen pikten mear nei mekoar as nei de krommels, dy’t de bern for hjarren yn it wetter smieten. De hinnen fochten om in wjirm, dy’t se tagelyk seagen....
Der wieren ek ûnfordraechsumen, dy’t, as se jongen hienen, elk dy’t hjar to nei kaem, to liif gyngen. En bretalen sa as de koekút, dy ’t hjar aei yn in oarmans nêst lei.
Forskate fûgels hienen der al ris oer prakkesearre, ho’t se in ein meitsje koenen oan al dy ûngerjuchtichheit. Se tochten, der moast in kening komme, dy’t sokke fjuchterijen strafte, en dy’t by skeel rieplachte wirde koe. Se seinen dat tsjin forskate oare fûgels, dy’t it ek tige mei hjarren iens wieren.
Sadwaende bisleaten se om in fûgelgearkomste to hâlden, en den meiinoar in kening út to siikjen.
Dit plan wier gau oeral bikend, en op de ôfspritsen dei reizge alles hwet fearren hie nei in great stik bûtlân. Dêr wier it in geflodder en in getsjotter en in gekreau, dat hearren en sjen yen forgyng. Protters, mosken, rûken, syskes, swealtsjes, hinnen, einen, goezzen, eiberts, katûlen, hearringslynders, fiskefangers, reiddompers, ljippen, skriezen, ja, sels earnen wieren fen de partij, en bikwêkken en bitsierden, ho’t min to wirk gean moast om in kening to bineamen.
. . . reisge alles hwet fearren hie, nei in great stik bûtlân.
De einen woenen om it hirdste swimme. Dy’t it woun, mocht for ien winter kening wêze. Mar dêr wieren de oaren it lang net mei iens.
De hinnen seinen: „Binne jimme mâl, it greatste part fen ús kin net swimme, den scoenen jimme it maklik winne. Litte we den ljeaver dwaen, hwa’t de djipste kûle yn ’e groun grave kin!”
Mar dêr woenen de oaren ek neat fen hearre. Se seinen: „Grave kinne de measte fûgels like min as swimme.”
Einlings waerden se it deroer iens, dat se om it heechst fleane scoenen.
In lyts fûgeltsje, noch lytser as in mosk, woe ek graech kening wirde, mar hy tocht: „Sa heech as de oaren kin ik noait fleane, ik moat der hwet op útfine.” Hy hie al in kear ef hwet nei de earn sjoen; hy tocht, dy greate sterke scoe wol it heechst komme. Wacht, dêr skeat him hwet troch de holle.... As hy him ris yn de holte twisken dy greate wjukken forskûle; dêr fornaem dy greate fûgel neat fen, en den kaem er maklik boppe. Hy die daelks hwet er tocht en siet yn in eachwink, sûnder dat immen it fornaem, yn syn tsjuster herntsje.
Dêr fleach in ljurk de loft yn. Trije kear floite hy. Alle fûgels sloegen tagelyk de wjukken út, en de ûnôfsjenbere kloft kleau de loft yn. Se fleagen al heger en heger, mei sa’n foarsje, dat de measten al gau út sicht wieren. De earn koe men noch sjen. Dat wier ek sa’n oeribel great bist.
Nei in skoftke sakken der al mear en mear fûgels ôf. Se koenen net mear, en kamen dea-ôf wer op ’e groun tolânne. De earn bleau noch mei in mannich fen de bêste fleanders oer. Hy sloech noch krêftich mei de wjukken oan ’t al syn selskip ien for ien, bek-ôf, it opjoegen en hjarren delsaeije lieten. Hy hie oars ek al skjin syn nocht en gappe nei de siken, mar do’t er seach, dat er allinne wier, die er noch in pear slaggen en rôp do alhiel efter ’e pûst: „Ik ... bin ... kening!” Mar hwet waerd hy kjel, do’t er ynienen boppe syn holle in fyn stimke hearde: „Ik bin kening!” It wier it lûdtsje fen ús lytse frjeon, dy’t út syn noflik skûlplak weikrûpt wier.
„Wol deales!” tocht de earn, „dêr wjukkelt noch sa’n lyts ding.” Hy waerd sa grimmitich, dat er noch ris al syn krêften ynspande. Mar hy koe syn loch lichem net opwirkje ta de hichte fen it lytse fûgeltsje, dat noch neat fen syn krêft forspile hie, en siigde mei foarsje nei ûnderen.
En heech yn ’e loft jubele it lytse ding mar: „Ik bin kening, ik bin de kening fen de fûgels!”
Hymjend en forbouwerearre sieten de fûgels op it lân it oan to hearren. Einlings seagen se him delkommen. Se wieren pûr, dat sa’n ûnnoazel bistke kening wêze scoe oer de fûgels. Se farden tsjin him út, dat it der binaud fen waerd.
„Sjuch,” sei in wize hin, „hienen jimme nou ús sin mar dien, den hie der gjin gefaer west, dat sa’n lytse flarde kening wirde koe. We moasten it noch ris oer dwaen, en den om it djipste grave!” En wylst er it sei, seach er bliid nei syn grouwe neilen.
„Ja,” rôpen alle fûgels, „litte we dat dwaen!” Se woenen noch wol in kans hawwe om to winnen.
It lytse fûgeltsje tocht lykwols, dat it nou for him forbruid wier. Mei syn teare poatsjes, net tsjûkker as stopnidlen, koe der net in kûle yn ’e groun krije. Hy tippele mistreastich hinne en wer. Mar hwet seach er dêr ûnder in toar blêd? In mûzegat wier it. „Ha”, dêr gyng er op sitten, den seach nimmen it.
Dêr fleach wer de ljurk omheech. Hy rôp wer trije kear. En do gyng it op in skrabjen en klauwen, dat de modder en it gêrs wit-hwersanne fleagen!
En do gyng it op in skrabjen en klauwen.
Us lyts snoad diveltsje die ek krekt, ef’t er skrabbe, en kroep al djipper en djipper yn it mûzegat.
De measte oare fûgels gyng it graven min ôf. De poaten dienen hjarren sa sear, dat se it al gau opjaen moasten. De hin hie in aerdige kûle makke. Hy seach greatsk it fjild oer en woe krekt syn keningskip útkeakelje, do ’t der djip út ’e groun in gejubel klonk: „Ik bin kening fen de fûgels!”
Alle fûgels kamen der omhinne en hearden it. Se seagen ek it djippe gat en seinen: „Dat kin dy lytse mich noait sels makke ha!” Se wieren kûgels en bisleaten, det dat fâlske flarde der ta syn straf net wer út scoe.
Der scoe in ûle for it gat weitsje om to soargjen, dat er net útpike. En do’t it sa njunkenlytsen skimerich waerd en de fûgels ôfreizgen, wier it mei it keningskip noch like fier as do’t men kaem. Mar dêr prakkesearde nimmen oer. Elk siet der fiersto fol fen, det dy lytse ûndogenske poarre nou mar ris fiks straft wirde moast. Hy moast de hongerdead mar stjêrre for syn skelmerijen en waenwizens.
De ûle hie in pear eagen as tafelboerdtsjes; dêr scoe hy wol net oan ûntkomme, tochten se.
Nou, de ûle die den ek syn bêst. Hy stoarre sa fûleindich nei it gat, det er der skilich fen seach. „It moast it ris weagje om derút to kommen!”
It bistke weage it den ek net, hwent as it omheech seach yn dy fûleindige eagen, kearde it hert him om yn it liif. Dat dûrre sa de hiele nacht. Och, och, hwet dûrret den in nacht lang, as men sa op yens tellen passe moat.
De oare deis wier der ûnder de fûgels in bulte praet, dat de ûle sa goed oppast hie. Se founen, dat er noch wol ris in nacht weitsje koe ear ’t der in oar yn syn plak steld waerd.
De ûle wier to greatsk om to sizzen, dat him dat manskernôch wier. Hy woe net heal wêze, dat er slûch waerd. De oare jouns siet er den ek noch krekt allyk foar it gat. Hy wier mar bjuster mei him sels ynnomd, hwent hy hie der hwet op útfoun om net yn ’e sliep to fallen. Hy sliepte, moatt’ jim witte, om bar mei ien each, en seach mei it oare nei it gat. Den gyng it loftereach ticht en den it rjuchter.
Mar do’t dat sa in skoftke dûrre hie, waerd de ûle sa min, dat er op in kear, do ’t er it loftereach sleat, forgeat it rjuchter to iepenjen.
Dêr hie it lyts fûgeltsje allang op longere. It makke, dat er foart kaem.
De ûle sliepte oan ’t de oare moarns ta. Do waerd er kjel wekker, hwent in pear fûgels pikten him omreitsen yn ’e hûd. Ynienen skeat it troch him hinne, hwet der bard wêze moast. Hwet makke er, dat er foart kaem, hwent de deale, as de oare fûgels dat hearden!
Nou, dat dûrre fensels net mâlle lang, en se wieren sa pûr, dat se mei man en macht kamen om de ûle for syn domme sleauwens to straffen.
Mar dy hie lokkich krekt in skûlplak yn de toersgatten foun. Dêr sit er noch oan ’t hjoed de dei en doar net oars foar ’t ljocht komme as nachts, as alle fûgels sliepe.
It lytse fûgeltsje, dat de lilkens fen de oaren ek eange, hat fen dy tiid ôf altyd twisken tichte hagen libbe, om ’t nimmen him dêrre binei komme kin.
De namme „winterkeninkje” hat er lykwols krige. Miskien hawwe jimme wol ris sa’n lyts brún fûgeltsje yn de hage omspringen sjoen, den hat ’m dat grif west.
De ûle is letter altyd neamd as it toanbyld fen dommens. Men seit ommers altyd: sa dom as in ûle. Nou, dy namme moat er to tankjen hawwe oan syn útfining om mei ien each iepen to weitsjen.