Title: Fryslân
in stik yn njuggen tafrielen yn proaze
Author: Douwe Kalma
Release date: December 15, 2024 [eBook #74907]
Language: Frisian
Original publication: Sneek: Brandenburgh & Co
IT FOARSTE TAFRIEL |
IT TWADDE TAFRIEL |
IT TREDDE TAFRIEL |
IT FJIRDE TAFRIEL |
IT FYFTE TAFRIEL |
IT SECHTE TAFRIEL |
IT SAUNDE TAFRIEL |
IT ACHTSTE TAFRIEL |
IT NJUGGENDE TAFRIEL |
STIMMEN YN IT WALD.
IT FORRIZENDE FRYSLAN.
DE DREAMEN.
DE DIEDEN.
DE TIID.
DE STOF.
DE GEAST.
De seame fen in wâld op in moarn yn Maeije. Foar, in blommegreide oprinnend nei de foarste beammen. De rûmte twiske de stammen stiet fol mei tichte strewellen, op ien sté nei, dêr’t heal ôfditsen fen de nij bigriene twigen, in paed út it wâld útrint op de greide.
IN STIMME sjongende yn it wâld.
Myn herte is koel en suver
Allyk in mar moarnsier;
It fielt yn sêfte huver
De dei syn krêft en tier.
It ljocht mei tûzen strielen
Oerstreaket al syn wiid;
O frjemd en noegjend fielen,
O gouden Maeije-tiid!
IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it griene wâld fen de Maitiid?
IN STIMME anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it langjende.
DE STIMME YN IT WALD sjongende.
Myn herte fielt to rizen
It ûnwearsteanber ljocht;
De wyn yn kleare wizen
Hat my de wytging brocht.
It stiet alhiel omringe
Fen tsjoenend ljocht-gewiuw;
It kin noch wol bitwinge
Syn eigen djippe driuw.
IN STIMME klinkend fen lofts.
Hwa is hja, dy’t sjongt yn it wide ljocht fen de Moarn?
IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it stridende.
DE STIMME YN IT WALD, sjongende.
Ik scil myn finznis brekke,
Myn iensmens is net mear;
Myn hert, myn hert is wekke
En al syn great bigear;
It djippe wâld ûntteine,
Wol ik de dei yn gean;
Sa mei de heechste seine
Oer al myn wegen stean!
IN STIMME, klinkend fen lofts.
Hwa is hja dy’t sjongt mei it rike lûd fen de Frijheit?
IN STIMME, anderjend fen rjuchts.
Fryslân, it forrizende.
De twigen, de yngong fen it paed heal oerfrisseljend, wirde fen in hân fen siden dien. Men sjucht Fryslân, jong en strieljend, mei loshingjend hier, yn in klaed fen ljochtsjend goud. Hja biskadet hjar eagen mei de hân, en seit:
FRYSLAN.
Kom harren, jim dy’t myn libben diele, kom harren, myn teare Dreamen en myn
sterke Dieden. It is wier hwet ik fielde; foar ús leit de iepenens fen de
wrâld. Wy forlitte it skaed fen ús bosken, wy scille stean yn it greate ljocht
fen de dei. It libben is bigoun for ús. Kom harren en stean nêst my, det wy
sjugge hwet foar ús leit ear’t wy fierder geane.
Hjar folgje trije famkes, forskinings yn wyt, de Dreamen, en trije jonges, forskinings yn grien, de Dieden. De dauwe fen de moarn leit yet oer hjar hier. Hja geane stean oan wearskanten fen Fryslân, en yn ienen slacht de foarste Dream de hannen foar hjar eagen.
FRYSLAN.
Hwet hastû, ljeave, hwet hastû, myn teare Dream?
DE DREAM.
Sa sterk is it ljocht fen de Dei, o myn Frouwe.
FRYSLAN.
Treastgje it dy, it scil ek dy bisterkje, it scil dy krêft jaen en dijen dwaen,
it scil dy meitsje ta wierheit.
Nou stekt de foarste Died syn earmen foarút, as yn in great langstme.
FRYSLAN.
Hwet hastû, frjeon, hwet hastû, myn sterke Died?
DE DIED.
Sa fûl langje ik to gean yn it greate ljocht, o myn Frouwe.
FRYSLAN.
Byn yn, it is nedich detstû dêr hoeden giest, it lân fen dyn wegen kennend, en
in wiis brûkme meitsjend fen dyn krêft. It is nedich det wy witte hwer’t wy
steane, hwer’t wy hawwe scille to arbeidzjen, to striden en to ljeavjen.
Biskriuw my hwet jim sjugge, o myn Dreamen, biskriuw my hwet jim sjugge, o myn
Dieden.
DE FOARSTE DREAM.
Ik sjuch in lân, ditsen fen griene wâlden; de wyn fen de greate dei rûzet sêft
troch hjar krunen. Hy bringt de wytging fen ien, heger as de minsken, fen ien,
heger as wy. Ik sjuch in lân mei wâlden, dreech, suver en grien, en alles is
dêr wijing.
DE TWADDE DREAM.
Ik sjuch in lân, trochwoun fen glinsterjende streamen. De wyn fen de dei
tsjoent in sêft libben deroer, de strielen glinsterje en forsjitte dêr
tûzenfâld. Ik hear it gelúster fen dy streamen en it wevet in liet yn de
sêft-trochrûze stiltme.
DE TREDDE DREAM.
Ik sjuch in lân, omboerde fen blauwe séen. Hja bistreakje en bistoarmje it, hja
binne it ta fijân en frjeon. Oan de giele grinzen binne hja ien, dit lân en
dizze séen. Ik sjuch in lân, wrakseljend, om nêst de sé to bistean.
DE FOARSTE DIED.
Ik sjuch in folk, libjend yn de glâns fen syn moarntiid. Hichten smyt it op
tsjin it wetter; dêrop bisteane hja, de minsken togearre mei hjar fé. De
keppels weidzje yn it grien fen de greiden. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en
it wytget trou.
DE TWADDE DIED.
Ik sjuch in folk, jeijend yn de skûl fen syn wâlden. Mear as it dimmene wirk,
mear as hjar deistige soarch is hjar djûr. Hja siikje it wyld yn hjar wâlden,
en hjar herten ljeavje it aventûr. Ik sjuch it antlit fen dit folk, en it
wytget moed.
DE TREDDE DIED.
Ik sjuch in folk, gearstreamend op de rop fen syn lieders. Frjemden tsjugge ta
op hjar grinzen, mar hja blieze de hoarnen en slagge de skylden, en hja binne
ien. Ik hear út hjar mûle de striidrop: ljeaver dea as slaef. Ik sjuch it
antlit fen dit folk, en it wytget krêft.
FRYSLAN.
Goed hawwe jim skôge, o myn Dreamen, klear hawwe jim wytge, o myn Dieden. Sa
bistiet dit alles, myn lân en myn folk, sa bistiet dit alles yn Fryslân. Mar
hwa is hy mei it bûgde stal, swier lynjend op syn stêf, dizze mei de
griis-streamende hierren? Komstû om Fryslân groetenis to dwaen, o myn âlde?
Fen rjuchts komt op in âld man yn silveren klean en mei lang griis hier. Hy bûgt swier oer syn stêf, mar yn syn eagen en lûd is klearens. Syn hier is ditsen mei in krânse fen jimmergrien.
DE ALDE.
Ik kom om dyn groetenis to hearren, o Fryslân. Mines binne de fjilden dêrstû
nou yn stiest to gean. Wis jowt it foech, det de swalker de Kening groetenis
docht.
FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dwaen, dû âlde, ear’t ik net wit detstû mear bist as ik.
Siz my dyn namme, en ik scil dyn weardichheit kenne for hwet hja is, en dy eare
dwaen lyk astû fortsjinnest.
DE ALDE.
Ik bin for hwa’t de blom bloeit en forwylget, for hwa’t de iik riist en rottet,
for hwa’t de folken rize en forgean. Ik bin de hearsker fen alles hwet ierdsk
is, ik bin de Tiid.
FRYSLAN.
Gjin groetenis scil ik dy dwaen, o Tiid. Nea scil ik net ynskikke, detstû mear
bist as ik. Hy, dy’t dy rôp to bistean, rôp ek my to bistean; Hy, dy’t dy
skoep, skoep ek my. Net ûnder dy scil ik libje, mar ûnder Him út hwa’t wy beide
binne.
DE ALDE, bûgend ta de klaedseam fen Fryslan.
Sa groetsje ik dy, o Frouwe. Wiis hastû andere; ik frege om dy to hifkjen, mar
dyn wearde is wier as goud. Gean yn greatens oer myn fjilden en biwarje dyn
witten.
FRYSLAN, hjar hân lizzend op it hier fen de âlde.
Sa groetsje ik dy, o Tiid. Machtich bistû, en de slachten fen de minsken
learstû de wiisheit. Ik scil myn witten biwarje, mar de frucht fen dyn fjild
scil ik net foarby gean. Mar hwa binne hja, dy’t dêr komme fen wearskanten, ien
yn swier read, ien yn trochskinend wyt, beide in kroane dragend yn hjar hân?
Siz dû my, hwent dû witst.
DE ALDE.
Dizze, klaeid yn swier read en de skat fen de ierde dragend yn syn hân, is in
greate macht, en syn namme is Stof. Jinge, klaeid yn trochskinend wyt, en de
glâns fen de himel dragend yn syn eagen, is in greate macht, en syn namme is
Geast.
Fen wearskanten forskine de Stof en de Geast, lyk as Fryslân en de âlde hjar sjoen hawwe. De Stof draegt yn syn hannen in kroane fen blinkend goud, sierd mei in greate bloedreade ealstien; de Geast allyksa ien fen skimerjend silver, blinkend mei in great-ljochtsjende pearel.
DE STOF.
Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslân.
DE GEAST.
Earstû gean scilst yn de wrâld fen de minsken, kies myn kroane, o Fryslân.
FRYSLAN.
O wûndere rykdom, ho kin ik jim wearde trochgrounje! Forklearje my de wearde
fen hwet jim biede, det ik kieze kin yn witten.
DE STOF.
Dizze is de kroane dy’t it lichem draegt, en hja jowt macht oer de ierde. Dizze
is de kroane dy’t de greaten earje en dêr’t it folk for bûgt. Dizze is de
kroane dy’t dy stean dwaen scil mank de kenings fen de ierde.
FRYSLAN.
Neam my dizze stien, read as it bloed fen de minsken, o Stof.
DE STOF.
Ut it bloed fen de minsken is hja ûntstien. Alle oare stiennen ljochtsje fen de
Dea, mar dizze is de stien fen it Libben.
DE GEAST.
Dizze is de kroane dy’t de siele draegt, en dy’t hjar tilt boppe de ierde. De
folken binne blyn for hjar, de greaten glimkje om hjar, de kenings kenne hjar
net. Mar hja is ûnforgonklik, en de Tiid is machtleas tsjin hjar.
FRYSLAN.
Neam my dizze pearel, glânzgjend mei in ûnwitten glânze, o Geast.
DE GEAST.
Hja is de pearel dy’t gjin minske ken en gjin wize grounet. Hja is ûnskeinber,
hja is hillich. Hja is de pearel fen it mystéry.
FRYSLAN, mimerjend.
It mystéry? Ik wit net hwet it is. Yn myn wâlden bloeide it libben, it is it
libben, det ik ljeavje. Ik haw gjin iepenbiering oer hwet bûten en boppe it
libben is. Ik kin dyn kroane net kieze, o Geast. Mei de kroane fen de macht op
myn hier, mei de stien fen it kostlikste yn myn kroane, scil ik ûnder de
minsken gean, o Stof. Kroanje my mei de kroane dy’t ik keas, o Tiid.
DE ALDE, de kroane fen goud settend op it hier fen Fryslân.
Keazen hastû, o Frouwe; draeg dizze kroane yn greatens. Lit it herte dy sterk
wêze en it each dy klear. De minsken hjar greatens scilstû priizgje en hjar
lytsens forflokke; hjar sillichheit scilstû smeitsje en hjar ilinde trochfiele.
Gean dyn wegen yn greatens, o Fryslân.
Fen in ûnsjenber koar forriist in sjongen det de romte forfollet:
SANG.
Fier de wide doarren iepen,
Meitsje rûm en klear de wei;
Hinnegien de tiid fen sliepen,
Rizend, great en eal, de Dei—
Gean, o foltsen, gean, o swide,
Foar dy leit de wûndre wrâld—
Gean, yet yn dyn dream forblide
Dy’t dyn dei bisletten hâldt!
Under it twadde fers giet Fryslân, stil en steatlik, folge fen hjar Dreamen en Dieden, dêr’t de Stof him by oanslút, oer de greide lofts. De Tiid en de Geast eagje hjar nei, steande oan wearskanten foar de wâldseam. Den tilt de Tiid syn stêf omhegen en kindiget mei greate stimme:
DE TIID.
Nou bigjint de skiednis fen Fryslân.
De foarhing slút.
GERMANICUS, fjildhear fen Rome.
VITELLIUS, in stêf-ofsier.
CETHEGUS, in kriichsfeint.
SIGURD, in jonge Fries.
Tsjuster; den in plak ljocht foar de foarhing. Op det sté forskynt in herold, útrist yn de kleuren fen Fryslân en in trompet hâldend yn de hân. Hy bliest ienris en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 15, oan it Boarndjip yn Fryslân. Yn de tinte fen Germanicus, oanfierder fen de legioenen fen Rome.”
De herold giet en de foarhing giet iepen. Men sjucht de tinte fen Germanicus,
wyt en skjin, mar mei de greatste ienfâld ynrjuchte. Rjuchts in rêstbêd mei
tek, bihearske fen in byld fen Mars. Tsjin de efterkant stiet in great blinkend
skyld. Lofts in lytse fjouwerkante tafel fen in poarperen klaed ditsen;
dêrefter twa ienfâldige houten sitten; op ien dêrfen de legaet Vitellius,
digerjend oer in greate útrôlle kaert, dy’t er foar him oer de tafel útspraet
hâldt. By de yngong stiet, yn hâlding fen rêst, de tribún Cethegus.
Vitellius, de ûnderoanfierder, is in bihindige militaire figuer, twiske de
fjirtich en de fyftich. Syn praet is saeklik en droech; it is mar inkeld det
der yn syn wirden neat mear fen de bifeltoan trochklinkt; it kommandearjen is
him in twadde natûr wirden. Lykwols is er mear as in rouwe izerfretter: in man
dy’t syn hiele libben ynset hat for de greatens fen Rome en for hjar it swiere
tsjinstwirk nei syn bêste witten neikomt. Krekt nou is er in bytsje
koartkearich; op dizze tocht troch Fryslân hat er in forkâldenens skipe. Hy
ûnderfynt it lêst dêrfen, mar achtet it net fiks det skine to litten. Yet in
hoart digeret op ’e kaert om; den, hommels, rjuchtet er him ta de tribún.
VITELLIUS.
Tribún Cethegus!
CETHEGUS, yn de hâlding.
Ré, hear.
VITELLIUS.
Bring de skipsofsieren it folgjende oer. Ik bifelje hjarren de greatste
foarsichtigens. Us kaerten lykje my tige ûnfolslein. Wy binne hjir yn in
noedlike kontrei....
Hy prúst in pear kear forheftich; de tribún skrillet derfen.
CETHEGUS.
By de greate Juno! hwet skeelt de legaet?
VITELLIUS, stûf.
Freegje nei de bifellen, net nei de persoanlike omstannichheden fen dyn
oersten. Lyk as ik sei, wy binne yn in noedlik lân. De sé stean ik yet minder.
Ta gjin priis moat it forbân twiske leger en float forlern gean. De wyn is
ginstich; de skippen moatte dêrfen profitearje en útsile; it leger scil folgje.
Byn de skipsofsieren op it hert det hja sa ticht mûglik by de igge bliuwe.
CETHEGUS.
Jy winskje hjar dos yn it sicht to hâlden.
VITELLIUS.
Ta eltse priis. Inoar hjir kwyt to reitsjen bitsjut beide nei Pluto to gean.
Bring myn lêst oer yn krekt deselde wirden, tribún. Jy kinne gean.
CETHEGUS.
Ta jins tsjinst, hear.
Hy giet ôf troch it seil mids efter, en forsommet it alhiel wer to sluten; sadré’t Vitellius dit sjucht, ropt er de tribún lûd efternei:
VITELLIUS.
Tribún Cethegus!
CETHEGUS, wer forskinend
Hear?
VITELLIUS.
Slút de yngong. Alhielendal.
CETHEGUS.
Forjow, hear. Ik tocht, om’t it Maitiid wier.
VITELLIUS.
Ik haw myn bikomst fen dizze Fryske maitiidswyn.
Hy prúst, de tribún sjucht him binijd oan, en giet, it seil alhiel ticht dwaend. Vitellius bûgt him wer oer de kaerten, dy’t him slim lykje to ergerjen. Yn ienen slacht er mei de fûst op ’e tafel en ropt út:
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal! Hja moasten dy kaert-fantasten giselje!
IN STIMME FEN LOFTS.
Wy scille libbene kaerten fenneden hawwe, myn goede Vitellius.
Vitellius riist hastich oerein, nimt de hâlding oan en stekt de earm út by wize fen groetenis. Troch in oars net brûkte iepening, rjuchts yn it seil foar it rêstbêd, forskynt Germanicus.
VITELLIUS, krêftich en lûd.
Wêz groete, Germanicus!
GERMANICUS, minder krêftich, mar frjeonlik.
Wêz groete, Vitellius!
Germanicus Caesar, dy’t nou forskynd is, is tritich jier âld en de wûnderlikste minske dy’t men yen oan it haed fen in great Romeinsk leger tinke kin. Hy is in stik greater as Vitellius, dêrby ljochter, en alles oan him teikenet de frissens fen de jonkheit. Oars as Vitellius, dy’t jimmer fier bleaun is fen it libben fen de Stêd, is hy troch alle forfining en geniet fen Rome hinnegien, mar syn ynderlike suverens hat him for ûndergong biwarre. Syn mûle, dy’t faek in bytsje glimket, is net sûnder sinlikens, mar syn eagen ljochtsje klear en syn foarholle is heech en suver. Ek yn syn praet klinkt sims de fjildhearstoan troch, mar it is by him net mear as in oanwenst wirden; oare tiden is syn lûd mimerjend en stil, as fen in dichter, dêr’t er folle fen yn him hat. Vitellius forearet him tige, sûnder him alhiel to bigripen, mar sims komme Germanicus syn uterings him op it sear; hy is der greatsk op, det Germanicus oan it haed fen dit leger stiet, mar scoe wolle, det dy mear foar alles Romein wier.
GERMANICUS, ek op ’e tafel tageand en him oer de kaert bûgend.
Alsa, Vitellius, dû leaust net mear yn it treflike wirk fen ús filosofen?
VITELLIUS.
Der doogt gjin stûr fen dit forwinske gekwattel.
GERMANICUS.
It is de earste kear net, Vitellius, det de wrâld in bytke oars is as ús froede
filosofen hjar hawwe wolle. Wy scille dy kaerten opbergje moatte yn ús
archiven, as in aerdichheit for de neiteam: den kinne hja ris sjen hofier de
minsklike fantazije gean koe yn âlde tiden. De ûndersiker, dy’t him teikene, is
grif forbjustere rekke fen binaudens for de minsken hjirre.
VITELLIUS.
In Romein heart net binaud to wêzen. Wy moatte de ljue, dy’t ús dy kaerten
oansmarden, forkleije (hy prúst). Hja binne op gjin stikken nei yn
oarder.
GERMANICUS, glimkjend.
Bistû sels wol alhiel yn oarder, Vitellius?
VITELLIUS.
Ik tige, mar dit forwinske klimaet doogt net. Ik haw it der fen wei.
GERMANICUS.
Dû moatst dy oanpasse, myn bêste. Yen oanpasse, det is it greate geheim fen
alle kriichskinst. Mei kaerten scille wy der hjir net komme, mei pylken en
swirden like min. De ljue hjirre lykje my in eigenaerdige krusing ta fen lân-
en wetterdieren. Sa moatte wy ek bisiikje to wirden.
VITELLIUS.
It haget Germanicus mei de weardichheit fen it Romein-wêzen to tûlkjen.
GERMANICUS.
Net yn it minst, nommele frjeon. Ik sprek yn greate earnst, en ik bin sels drok
dwaende my to oefenjen. Ik haw krekt in aerdich skoftke yn de Boarnsé swommen.
It is wier, men leart it wetter sa fen in oare kant kennen as yn ús moarmeren
badkeamers mei hjar waerm streamend wetter, hjar kostbere salfkes en
ôfwriuwende slaven. Mar dit foldocht my ryklik sa goed. Jister haw ik in
oerokse lytsman makke; det wier ek net sa’n min stikje for in bigjinner. It
is gâns in toer om yen ta dit libben to biwennen, mar ik leau, it scil wol
lokke. En faeks bliuwt men sa for forkâldenens biwarre.
VITELLIUS.
Hwet mienden jy mei de libbene kaerten, dy’t jy niis neamden?
GERMANICUS.
Det scil jo fen ’e moarn dúdlik wirde, hoopje ik. Mar hwet moat det signael? Is
der hwet bysûnders geande? Hawwe jy bifel jown?
VITELLIUS.
Ik haw de skippen lêst jown ôf to stekken, mar neat det dit signael nedich
makket. Greate goadenl Hy bliest yetteris!
Yndied heart men de hoarnbliezer yetteris, nou twaris efter inoar, frjemde koarte stjitten, dy’t min for in gewoan signael trochgean kinne.
GERMANICUS.
De fint is dronken, ef hy is syn forstân kwyt. Hwet is dit?
It seil wirdt iepenslein en mei aerdich hwet rimpenens komt der in jongkeardel ynstrûzen, dêr’t mei in eachopslach fen to sjen is, det er net ta de hege Romeinske mienskip biheart. Hy draegt in moaije, mar koarte dierehûd, in blinkende girdle, in dolk en in hoarn; oan de foetten in soarte middending fen sandael en skoech. Ien en oar bitsjut det er yn ’e pronk is; mar syn hier is net kjimd, en as er ynkomt moat er it him út ’e eagen feije. De natûr lykwols makket goed hwet de kultuer tokoart komt; hy liket in jonge atleet, linich, klear en sterk.
SIGURD.
Moarn. Hwer húsmannet Germanicus, de Romeinske fjildhear?
GERMANICUS, forheard, mar net ûnfrjeonlik.
Hy stiet foar jo, wêz wolkom. Hwa binne jy?
SIGURD.
Sigurd, de soan fen it stamhaed fen de Friezen.
GERMANICUS, Vitellius in wink jaende mei de eagen; yet frjeonliker.
Wêz dûbeld wolkom, Sigurd. De soan fen Rome bigroetet mei blidens de soan fen
Fryslân.
SIGURD.
Fen ’t selde. Hawwe jy jou hoarnbliezer gjin les jown my to groetsjen?
GERMANICUS,—der giet him in ljocht op, mar hy bihearsket himsels.
Ik winskje, det jy as myn gast en gelikens yn neat minder eare hawwe scille as
iksels, Sigurd. Forjow myn feint syn sleauwens. Gean, Vitellius, en siz de
hoarnbliezer det hy, by it foartgean fen Sigurd, him groetsje scil mei it
signael fen de fjildhear.
SIGURD.
Hoegt net, hearskip. Det ha ik him al oan it forstân brocht.
Vitellius kin syn great argewaesje amper mear de baes bliuwe.
GERMANICUS, hwet stranger.
Myn feinten kinne fen nimmen oars bifellen oannimme as fen hjar eigen
fjildhear. Jy scille det grif forstean. Likemin as de Romein oer de Friezen
hearskje scil, scil de Fries det dwaen oer de Romeinen. Gean, Vitellius, en nei
dyn lêst folbrocht to hawwen, kom dalik werom. (Vitellius ôf.)
SIGURD.
Jy hiene in forsiik rjuchte ta myn Heit, om bitroude paedwizers. Lyk as er
ûnthiet, hat er my stjûrd. Ik bin hjir fensels better thús as jimme.
GERMANICUS.
Sûnder mis, eale Fries. Ik twivelje net eft wy scoene byneed ek sels skoan yn
steat wêze ús wei to finen. Mar der is my folle oan fêst om mei de ealsten fen
jim folk yn ’e kinde to kommen. Dit is in bysûnder lân, nommele Sigurd, en ik
leau, det hjir in fiks en sterk folk wennet.
SIGURD.
Fikser en sterker as by jimmes to Rome?
GERMANICUS.
Jy kinne min forwachtsje det ik eat priizgje scoe boppe myn eigen heitelân. Mar
ik achtsje it lân en it folk fen de Friezen heech. Yn hjar kleare wetters fiel
ik my hast sa goed thús as yn de streamen fen it Romeinske lân. Fen ’e moarn
swom ik in healûre yn de Boarnsé. It die my selsum goed.
SIGURD, forheard.
Jy, swommen yn de Boarnsé! En hja seine, de Romeinen wierne in weak skaei det
ta neat mear doogde!
GERMANICUS.
Leau it net, nommele Sigurd; it is kwealaster, fen lytse biniders úttocht. Wy
wirdearje mannemoed en feintekrêft heech. Lit my jo in fijân sjen litte meije,
dy’t ik hjir jister forsloech. Dêr leit er.
Hy iepenet it seil rjuchts en wiist Sigurd eat oan.
SIGURD.
In oerokse! Ha jy dysels lytsman makke?
GERMANICUS.
Sa die ik, Sigurd. My tinkt, sa’n die hie in Fries net ûnweardich west.
Sigurd knikt en sjucht yetteris; den komt der ynienen hwet yn him op en hy rjuchtet him glimkjend ta Germanicus.
SIGURD.
Wy scoene inoar doukje kinne.
GERMANICUS, wier bliid.
Fen herten jerne, frjeon.
Vitellius komt wer yn.
VITELLIUS.
De hoarnbliezer biklaget him tige...
GERMANICUS, hastich.
Hy hat syn fortsjinne lean krige. Sigurd, dû scoest my tige helpe kinne. Wolst?
SIGURD.
Yn alles hwet ik kin. Hwet is ’t?
Vitellius is troch it forhearde hinne.
GERMANICUS.
Ik haw hjir in ilindigen lêst mei myn float. It is nou ienris sa steld, wy
scoene Dútsklân yn mei in float en leger beide; dêr witst alles al fen. Mar ik
sit der suver mei oan. Der binne gjin wegen for myn swiere weinen en de sé
liket my rare ûndjip.
SIGURD.
Dû moatst it leger súdlik oer de sângrounen stjûre en de float in aerdich ein
de Noardsé yn, sa fier det se de dunen yet krekt sjen kinne.
GERMANICUS.
Det like mysels ek it bêste, mar Vitellius hjir wier fen in oar bitinken en ik
ha my dêrby dellein, hwent hy hat gâns ûnderfining. Hy tocht, leger en float
moasten inoar net bjuster wirde. Hy hat de skippen dêrom bifel jown sa tichte
mûglik by de igge lâns to silen en it leger...
SIGURD, forheftich en kjel.
Sûch!
VITELLIUS, ek op ien ein.
By Jupiter en de goezzen fen it Kapitoal!
GERMANICUS, wer hastich.
Swij, Vitellius. En dû moatst him net misledigje, Sigurd. Hy tsjinnet my trou.
SIGURD.
Sa slim miende ik it net. Ik woe sizze, it is in grouwélige, ilindige, troch
alles hinne stomme streek. Lâns dy wei scil dyn legers forsûpe en dyn skippen
brekke. Rop dalik det bifel werom.
GERMANICUS, hwet oars as oars.
Driget der wier—sa’n gefaer?
SIGURD.
Dû kenst dit lân net! Hjir is gjin skieding twiske lân en sé. As men yn dy
hoeke is en de floed komt op, den skolperet alles ûnder; falt it wetter, den
leit alles droech. En de wyn rint hjoed om nei it Noard, dêr bin ’k wis fen; it
kin wol stoarm wirde!
GERMANICUS.
De skippen binne al ûnderweis!
SIGURD.
Myn hynder kin hirdernôch. Mar ik moat in teiken fen dy hawwe, oars leauwe se
my net. Jow my dy ring, det scil wol helpe.
VITELLIUS, dy’t him net mear ynhâlde kin.
Hwet waerboarch hawwe wy det jy ús allegear net bidrage en yn ’t leech fiere?
Jim haetsje...
Sigurd grypt nei syn dolk.
GERMANICUS, springt twiske hjar yn; mei greate stimme.
Swij, Vitellius!
Vitellius wirdt lyts en skrillet tobek.
Dû hast dy wirden net heard, Sigurd; ik nim se werom, se binne net spritsen. Dû hast mei my to dwaen, net mei him. Hjir hast myn ring. En ien forsiik yette.
SIGURD.
Det is?
GERMANICUS.
Biselskipje my nei Dútsklân en werom.
SIGURD.
As heit my frij jowt, ja (stekt syn hân út). Dyn hân, Germanicus.
GERMANICUS.
Myn hân ... hwerfor?
SIGURD, laitsjend.
Witte jim net hwet fûskjen is? Det is in biwiis fen frjeonskip.
GERMANICUS.
O, op dy manear. Ja, den is ’t bêst. Dei Sigurd.
SIGURD.
Dei, Germanicus. Dyn float bliuwt bihâlden. (ôf).
GERMANICUS, nei effen wachte to hawwen.
Wel, Vitellius. Ik ha dy sapas hwet lûd hjitten to swijen. Dû scilst wol gâns
to sizzen hawwe. Praet nou mar wer.
Men heart it fjildhearssignael.
VITELLIUS, slim forûntweardige.
Ik hoeg net to praten, hwent ik ha neat to sizzen. De eare fen Rome is troch it
slyk helle. In opslûpen Friezejonge, in ûnwittende útlanner, in barbaer, de
gelikense fen de greatste Romein!
GERMANICUS.
Sa is it fêststeld by fordrach, Vitellius. Rome en Fryslân scoene bounsnoaten
wêze. For de wet hawwe wy neat oer inoar to sizzen.
VITELLIUS.
De wet, it fordrach! Jy witte skoan, det binne oars net as deade letters! Hwet
kin dizze barbare-naesje tsjin it machtige keizerryk det de wrâld regearret?
GERMANICUS, earnstich.
Ik tink net det de hoarnbliezer mei syn signael in ûnrjuchtlike eare die,
Vitellius. Hy groete ien fen de oerwinners fen Rome.
VITELLIUS.
In oerwinner ... fen Rome! Hwet miene jy?
GERMANICUS, yet earnstiger.
Wy scille it net bilibje, myn frjeon. Mar tink om Rome, lyk as it is. Tink om
ús paleizen, ús wielde, ús slaven, ús forfining. Jy witte hwet der is yn al det
moarmer en goud: oan de woartels fen ús folkslibben knaget de wjirm fen it
bidjer. Tink om de jongfeinten dy’t ik deis om my hinne haw—en him. As hy en
syn folk ús seagen yn de ivige stêd, hja scoene ús ljeavje noch eangje, allinne
mar forachtsje, by al ús rykdom en forfining. En der is mear, Vitellius.
Dizze minsken binne rou en ûnwittend, mar hja lykje earlik. Ho frjemd it ús
ek taklinke mei, in wird liket for hjar in wird; for ús is it in list. De
goaden meije Rome genedich wêze, de dei det krêft en trou foar forweakliking en
forried oer komme to stean. Ik bin bliid det it minskelibben koart is,
Vitellius.
VITELLIUS.
Ik ... ik wit net. Miskien is der in needlot. Ik doch myn plicht, en freegje
net nei mear. Mar ik wit ien ding, Germanicus. As Rome ûndergean scil, as it
greate ryk fen Tiberius falle scil, dizze barbaren allyksa. Hja alteast, hja
drage tige dúdlik hjar ûndergong yn hjar.
GERMANICUS.
Ik bin der dalik sa wis net fen, Vitellius.
VITELLIUS.
Witte jy, det der yn Fryslân nimmen regearret? Witte jy det hja allinne libje
ûnder in mannich haden, det der gjin keizer is, gjin kening, gjin regear, om’t
hja nimmen boppe hjar ha wolle? Hwer moat det op útrinne? Kin sa in folk
bistean? Hja binne heechmoedich tsjin ús; hja scille it net minder wêze tsjin
inoar. It divide et impera! fen ús great ryk scoe ek hjir maklik spil
hawwe. Jy wytgje de ûndergong fen Rome, mar ik wytgje jo dy fen dizze barbaren,
dy’t nimmen boppe hjar wolle en gjin macht ha hjarsels to bistjûren!
GERMANICUS.
Miskien, myn frjeon; wy scill’ der net oer tsiere. To’n earsten scil ik it
mysels net ûnweardich achtsje de gelikense fen Sigurd to hjitten.
Vitellius prúst wer.
En ien Frysk forskynsel is der alteast, det scil libje oer de aventûren fen ús beider folken hinne.
VITELLIUS.
Jy miene?
GERMANICUS.
De Fryske forkâldenheit.
De foarhing slút.
RADBOD, kening oer Fryslân.
DE KENINGSSJONGER.
DE FOLKSGEARKOMSTE.
TWA SPREKKERS.
IN ALDE FRIES.
Tsjuster. Den forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 715, yn de omkriten fen Starum, foar de keningsstoel fen Radbod de Greate.”
Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.
Men sjucht in griene hichte, bikroane fen in mânske iik; dêrfoar is in hege
troanstoel oprjuchte. Fen de stoel nei de ûnderste earms fen de iik, as in
efterskerm, binne twa greate kladen spand yn de kleuren fen Fryslân. Oan de
beam, boppe de troane, is in great Frysk skyld ophongen. De rûmte is forfolle
fen mânljue, fierwei de measten yn striders útris, in inkelde yn lange
preesterklean. Nêst de troane, bikroane mei in griene krânse en in harpe yn ’e
hân, stiet de keningssjonger, in ljocht en fiks jongkeardel. Djip en bliid
gegouns fen folle stimmen.
DE SJONGER.
Eala, nommele Friezen! Nou jildt it oar wirk as djierheinen en noatriden! Binne
jim rêstings ré? Gâns scille hja hawwe to trochstean tsjin it striidbere folk
fen de Franken!
IEN FEN DE MANLJUE.
De skylden blinke, de pylken bin punte, slipe is it swird ta de striid. Wy
binne ré!
Hja kletterje mei de skylden en oar wapenreau.
DE SJONGER.
Fiks sa, frjeonen. Mar hofier yn de romte giet dy réens fen Fryslân? Fen
hofolle goaën binne de iedmannen forskynd?
IN OAR FEN DE MANLJUE.
Jister in wike waerden de seinfjûren ta de striid oanstitsen op de hichten by
de keningsstins to Starum. Ear’t de loft read wier fen de dage, ljochten de
fjûren hiel Fryslân roun. Ear’t in wike forroun wier, wierne de mânljue
feardich en de rêstings ré. Fen Sinkfal ta Eider, fen alle goaën binne de
iedmannen hjirre.
DE SJONGER.
Heil, nommele Friezen! Wodan, Thor en Tyr scille de wei for ús sljuchtsje! Op
for de groun fen ús âffaers, op for de frijdom fen Fryslân!
ALLEGEARRE.
Op for de frijdom fen Fryslân!
Great gekletter fen skylden en wapenreau.
IN WYTGER.
Rûmte for him dy’t keazen is fen it folk fen de Friezen! Rûmte for Radbod,
kening fen Fryslân!
De gearkomste wykt fensiden, en foarôfgien fen twa sterke jongfeinten, elts mei in swird yn de hân, en folge fen syn seis heechste riedsljue, forskynt Radbod. Hy is âld en snie-wyt, mar rint yet steil rjuchtop. Yn syn eachopslach, syn lûd en biweech is in heechheit, dy’t men hast forgeastlike neame koe, en dy’t tige ôfstekt by it rouwer dwaen fen syn lânsljue. It is it leed det him sa makke en fen hjar ûnderskaet hat. Sims brekt it troch yn syn lûd, det trochstrings krêftich is, mar frjemd stil wirdt as er dingen seit dy’t him neigeane. Under it jûchjen fen ’e gearkomste giet er ta syn troane.
IT FOLK.
Heil Radbod! Heil de Friezene kening! Heil de forkeazen strider!
RADBOD.
Heil it folk fen Fryslân! It Ting, opdroegen oan de noed fen de heechsten,
plachtsjend en bislutend for Fryslân, bigjint.
Yn ienen hearsket der in greate stiltme.
RADBOD.
Eltsenien wit it doel fen dit Ting. De moarntiid ljochtet oer Fryslân, det
jierren bineare west hat fen de macht fen de Franken. Nou is hjar macht
britsen, skoerd fen de greatste fijân fen de ienhiet, de twaspjalt. Kommen is
de tiid for ús Friezen om op to stean yn greatens en krêft, om it lêste
oerbliuwsel fen Frankyske tsjinstberens to dylgjen. Rie haw ik plachte mei
âldsten en riedljue. Ienstimmich hat de rie fen Frysân op útstel fen syn kening
bisletten: for it goed fen ús âffaers, for de frijdom fen Fryslân, striid,
striid en yetteris striid twiske Fryslân en de Franken!
DE GEARKOMSTE.
Fryslân boppe!
RADBOD.
Mannen Friezen! By it bigjin fen dizze striid, bislutend oer frijdom en libben,
haw ik ien ding to wytgjen, in oar ding to freegjen. Dit is jim lêste striid
ûnder dizze lieding en gjin greatere scil ik ea fierd hawwe. Klear wol ik hjar
yn ’e miette gean, suver en trou oan de frjemde stim yn myn herte. Det ik
tsjûgje mei hwet ik sjuch en freegje hwet ik moat, jow my jimme oandacht, o
mannen fen Fryslân!
GUNT UT ’E GEARKOMSTE.
Sprek, o kening! Wy harkje.
RADBOD.
Dit is de fjirde kear, det ik jim liede scil tsjin de Franken. Trije kear waerd
ik slein en bitwongen, net troch leffens noch oermoed, soks kin elts hjir
tsjûgje. Dizze drôve jierren haw ik socht nei klearens oer hwet ús miskearre.
Uzes wierne de moed, de offers oan bloed en libben; hjarres wier de oerwinning.
Dit haw ik leard to forstean: twafâldich is de macht dy’t fen hjar útgiet.
Eigen krêft hawwe hja, en der is in krêft dy’t hjar laet. Dizz’ kear wol ik
tsjûgje foar hiel Fryslân: ik scil stride tsjin de krêft fen de Franken sels,
net tsjin it fierdere det hjar stipet.
IN STRIDER.
Sprek klearder, Radbod! det wy dyn miening folslein forstean!
RADBOD.
Twa machten binne steld ta in striid for Fryslân: it Krús en de Franken. Hja
hawwe hjar meiinoar forboun; wy hawwe alles dien om det bounsnoatskip to
bisterkjen. Mar it wier it ûnheil for Fryslân. Nou is it britsen, it folk fen
de Franken is spjalt, Kristens scille oan ús kant meistride. Dêryn leit de
redding for Fryslân. Goaden meije tsjin goaden, minsken tsjin minsken stride.
Ik fier dizze striid net as in striid fen Wodan tsjin Kristus, mar fen Friezen
tsjin Franken. Net wol ik det Fryslân mei de tsjinst oan ús goaden stiet ef
falt.
IN PREESTER.
Wytget de kening in wird fen twivel? Moat hy ús riede Kristens to wirden?
RADBOD.
Swij preester. Ik die in ied fen trou, en trou scil ik bliuwe, ta de ûre fen
myn dea. Mar ik leaude, de God fen it krús wier in tsjoen, in dreambyld. Mar
gjin dreambyld kin de wrâld fen de minsken sa komme to bihearskjen. Frjeon ef
fijân, hy is in wierheit. Us is wytge det der ien forrize scil to heech om to
neamen. Ik haw gjin macht him to dylgjen; hy is wierheit en mear as ik. Mar de
Franken, minsken fen fleis en bloed lyk as ik, hjar kin ik forslaen. Jim
allegearre scille stride elts neffens syn eigen krêft. Wit det jim kening de
striid fiert for Fryslân en Fryslân allinne.
IN STRIDER.
Sa hat Aldgillis spritsen!
RADBOD.
Priizge sij dyn lûd, detstû neamst’ hwet myn herte forfollet! Wiswier, sa hat
hy spritsen; wol my det ik syn stimme yet hear! Jow my biskie, o Friezen; wier
Aldgillis in goed kening?
IEN FEN DE STRIDERS.
Syn wize noed wier as de myldens fen maitiid.
IN OAR.
Yet priizgje him de frouljue, weevjend by de hirdsherne.
IN TREDDE.
Hy wier in goed kening.
RADBOD.
Is der ien, o Friezen, dy’t it de grize Radbod rekkenet ta skande, det hy it
folk wytget: Wiis wier it regear fen syn heit? Ien dy’t him fen ûntrou
forklaget, as hy seit: De noed fen it folk komt earst? Oangeande ús en ús
libben, nimmen fen ús scil in lange rige fen jierren bistean. Mar it folk fen
Fryslân scil bistean troch de ieuwen. Is it den klear, mannen Friezen, det wy
stride scille for dit folk en syn frijdom allinne?
IN STRIDER.
It is klear, o kening.
IN OAR.
Wy binne foldien.
IN TREDDE.
Nije wirden hastû spritsen....
IN FJIRDE.
Mar wy bitrouwe yn dy.
RADBOD.
Mear nije wirden wird ik ferge to sizzen. Eltsenien fen jimme wit, oan dizze
striid hinget ús frijdom. Mear as ús libben is de ynset; oer it libben fen ús
folk scil er bislute. De Franken binne spjalt; mar hja kinne hjar gauwernôch
wer forienje. Geef moat wêze de ienheit fen de Friezen. As ien macht, as ien
wil moatte wy stean.
IN STRIDER.
Sa scille wy, o kening.
RADBOD.
Ta greater ienheit moat ik jim fergje as oars. Kear op kear yn myn eardere
oarloggen briek myn wil op de tobritsenheit fen ús macht. Wy kinne net mear
striid fiere lyk as foarhinne. Dit is hwet ik fen jim freegje: it bifel oer de
Fryske klibers, allegearre. Det de oanfierders fen West- en East-Fryslân net
nêst, mar ûnder my stean scille.
Opskoer. Roppen fen „Heil” en skyldgekletter; dêrfoaroer heart men oaren roppen: „It kin net! Nea! Det scil nimmen wolle! Det is net Frysk!”
RADBOD, dêroerhinne; syn stêf foar him út hâldend.
It ting is geande! Ik ban de ting-frede!
Stiltme falt fennijs yn.
Hwa’t sprekke wol, likefolle yn hokfor sin, hy sprekke.
IEN FEN DE STRIDERS.
Nimmen kin dy hjiryn bifolgje, o kening.
OAREN.
Wy wol! wy tige!
Radbod hâldt fennijs de tingstêf nei foaren.
DESELDE STRIDER.
Nimmen fen myn Friezen alteast. Oars binne de tastannen yn West-Fryslân, oars
yn Mid-Fryslân. Elts hat syn eigen bistjûr yn de frede en syn eigen lieding yn
de striid fenneden. De kening is de foarste ûnder de gelikensen, de foarste fen
de lieders. Mear macht kinne wy him net jaen.
RADBOD.
Wis wit ik, de Fryske stammen ûntrinne inoar tige. Nea haw ik yn fredestiid
taeld nei hjar rjuchten op hiembistjûr. Mar yn myn tinken libbet hwet der barde
yn de lêste striid. Ik stie foar de Frank oer, biidzjend op de klibers fen
West-Fryslân; hja hiene de trochslach jaen kinnen. Hja wisten net det ik hjar
nedich hie en teagen ta in plak dêr’t gjin fijân wier. Wy waerden slein. Hiel
Fryslân fielde de forleging.
DESELDE STRIDER.
It foeget ús oersten net ûnder in oar, hwa ek, to stean. Hja binne great en
eabel.
RADBOD.
Ik freegje net for mysels. Gjin fiif jier scil ik mear libje; frij scil den
skitterje kinne de greatens fen oaren. Ik freegje yn de namme fen Fryslân, ik
freegje for de frijdom fen Fryslân.
DE STRIDER.
It is stridich mei alle rjuchten en brûkmen. Soks hat yet nea sa west. Wy
moatte gjin nije dingen ynfiere.
IN OARE STRIDER, mei in rou en bot lûd.
En as der ien wêze moat dy’t alles to sizzen hat, hwerom den krekt dû? Binne
der gjin oare greaten yn Fryslân?
Gerop fen „Skande!” „Det foeget gjin Fries!”
Radbod stekt de tingstêf wer út.
DE SJONGER, nêst de troane forskinend.
Jim roppe fen skande. Mar it wird is spritsen, en likemin as in pylk,
foartfleanend fen de bôge, kin it wer weromnomd. It hat klonken yn de gearsit
fen de Friezen, ta in ivige skande for Fryslân. En nou scil ik ek myn wird
sizze. Net for dizze kening, hwent hy stiet boppe ús priizgjen en lekjen. Mar
for Fryslân, det it suvere wirde scil fen de ûnweardichheit fen det wird fen
niis.
Mannen fen Fryslân, moat ik jim sizze hwa’t oan jim haed stiet? Moat ik jim bitsjutte det jim seine binne mei mear as in helt, mei in kening, hwaens ienichst langstme jimmer west hat yn it lok en de frijdom fen syn folk? Binne der hjir den minsken dy’t it forgetten is det dizze iene fjirtich lang for Fryslân stien hat, as in skyld en skutte tsjin de fijân? Great hat er west yn de striid, mar hat er minder great west yn de forleging? Jim witte ommers allegearre: ljochten de striidfjûren, den wier der mar ien namme, en it wier de namme fen dizze. Woeg de tsjinstberens op ús, swijend gyngen ús eagen nei de iene dy’t trou bleau, yn hwaens herte beide leed en oerwinning fen Fryslân libbe. Hwa misgint him de eare de earste west to hawwen fen syn folk? Hat hy ek net it earst de swierens en it leed tôge, mear as ien fen uzes? Tink om Theodeswynde,
Radbod slacht de mantel foar syn eagen.
hwent ja, ik wol hjar namme hjir neame, al skrieme dêrby de eagen fen de kening, al skriemt it yn it herte fen elts fen ús. De Frank joech to kiezen: de forwoastging fen hiel Fryslân, ef hjar ta bút fen syn slimmichheit, as it wiif fen in man dy’t hja hate. Hja, de dochter fen Radbod, de frije Friezinne, bitocht hjar net: hja makke hjar op ta in libben det in hel for hjar wirde moast en waerd. De kening bisocht hjar to hâlden, mar hja stie rjucht oerein yn de hal en frege: Heit, hwet learden Jy my oer it heil fen ús folk? Do kearde de kening him ôf, en hy liet hjar gean, hjar, syn ienichste, bloeijende dochter: priizge wêze hjar namme! Mar hwet moat ik sprekke fen de heit, wylst de helt hjir yn ús formidden is? Draegt net syn lichem de wounen fen Fryslân? Hwa weage safolle, hwa weage it fjirdepart fen him lyk as hy gyng ûnder de foarsten, net in kening dy’t laet mei syn geast allinne, mar ek in kening dy’t striidt mei syn lichem? Ho komt it det dizze harpe aloanwer sjongt fen syn greatens, hwerom docht gjin oare namme hjar jubeljen lyk as sines? Is it de harpe dy’t ûnwierheit wytget, hja, dêr’t de amme fen de goaden oer giet? For my, frije Friezen, ik haw mar ien winsk: yn in suvere striid fen Fries tsjin Frank, ús folk as in ienheit to sjen ûnder de lieding fen Radbod! For my, ljeaver scoe ik yn sa’n striid stjerre en ûndergean, as libje en winne yn in striid dêr’t syn greatens net yn striele!
Forheftige biweging yn de gearkomste. Gerop fen: Heil de sjonger! Heil Radbod! For Fryslân en de kening! Wé hjarren dy’t wegerje!
RADBOD, de tingfrede biedend.
Priizgje de minske net, hy is al to forgonklik. Priizgje it folk en syn
ienheit. Dit is myn bislút, o mannen fen Fryslân: Oan it haed fen myn
Mid-Friezen scil ik my stoarte yn de striid, en allinne scil ik ta strider for
Fryslân weardigje hwa’t de iene Fryske lieding erken! Hwa is hjir dy’t wegeret
ûnder dy lieding to stean?
De eardere sprekkers steane sûmber dêr, mar swije. De gearkomste brekt fennijs út yn gejubel en wapenklank. Radbod biedt fennijs de tingfrede.
RADBOD, yn greate stiltme, mei syn frjemde stille stimme.
Greate, heimsinnige, wûndere machten, det wy falle ef winne meije yn greatens!
Hy set de tingkrânse ôf, jowt him nei ûnderen en giet ôf lyk er kaem, yn earbiedige stiltme fen de gearkomste. Daelk as er gien is, streamt ek de gearkomste útien. Allinne de sjonger en in âlde Fries bliuwe oer.
DE ALDE FRIES, biwûnderjend.
Dû hast niis fiks spritsen, jongkeardel. Ik bin bliid det ik dizze dei sjoen
haw. Dizz’ kear scil it oerwinning wêze.
DE SJONGER, sûmber.
Dizz’ kear, ja. Mar ik woe, ik hie sprekke kinnen for alle tiden. Yn folle
Friezen komt eat det ik haetsje. It is yet machtleas, mar it libbet fierder.
DE ALDE FRIES.
Kin in sjonger haetsje hwet der is yn syn eigen folk? En wier, hwet dy oaren
seine, den sa min? Siz my ris oprjucht, is de kening net in
bytke—earsuchtich?
DE SJONGER.
Earsuchtich? Net mear as in bern. Né âlde, syn skild is in oare.
DE ALDE FRIES.
Hokker den?
DE SJONGER.
Hy komt in holle boppe alle oaren út, dêrom sjucht er fierder as ien fen hjar.
Det kinne hja net sette: hja moatte biljeaven net minder great wêze. As hja op
hjar teannen stean geane, falle hja om; det fortret hjar. Dêrom scoene hja him
de holle ôfslaen wolle.
DE ALDE FRIES.
Fij, fij ... det is bitter.
De foarhing slút.
DE IEDMANNEN FEN UPSTALBEAM.
TWA MUNTSEN.
IN REIZGER.
DE UPSTALBEAMMER GEARKOMSTE.
Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1327 op Pinkster-Tiisdei. Gearkomste fen it hege rjucht fen Fryslân. De Frieske iedmannen to Upstalbeam.”
Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in oprinnende greide, bikroane
fen trije mânske iken, nij yn it griene blêd. Twiske de beammen binne, as
ôfskieding fen de warstal, kleurde wollen touwen spand. Foar de iken is in
forheging oanbrocht mei dêrop de saun sitten fen de rjuchters; hjar beklingen
binne sierd mei de wapens fen de Fryske sélannen. De middelste is heger en
steatliker as de oaren, en draegt it wapen fen Eastergoa. Twiske dizze en de
twa dêrnêst, hwet nei efteren, twa lege bankjes for de skriuwer en de hâlder
fen it sigel. De gloede fen de mylde simmerdei leit oer alles útspraet.
Fen lofts komt in jonge kleasterbroer, in fine en sêfte forskining, mei in
boekdiel yn parkemint yn de hân; fen rjuchts in reizger, oan syn dracht in man
fen oansjen, mei in swiere gongelstêf en oan de earm in lândeikoerke for de
tarkost. Under hjar petear streamt de rûmte mear en mear fol fen Friezen yn
tige útienrinnende dracht; men sjucht hege geastlike hearen en ienfâldige
doarpspastoars, ealljuwe en eigenierde boeren, magistraten fen lytse stedtsjes,
keapljuwe, ensf.
DE REIZGER.
Wytgje my, froede broer, scil hjir hjoed wêze de gearkomste fen de iedmannen
fen Upstalbeam?
DE MUNTS.
Mei de seine fen God en de ginst fen de Hillige Faem, ja wisse. Fen hofier
komstû, reizger, detstû net witst hwet yn Friezene libben it earst is?
DE REIZGER.
Sokke lange jierren haw ik omswalke bûten Fryslân, broer. Do’t ik foartteach
gyng der in geroft ûnder it folk: de Upstalbeam scoe wer gearkomme, sûnt in
greate rek for it earst. Al dizze jierren det it hege boun gearkaem, wier ik om
utens en bireizge frjemde kontreijen. Nou kaem ik werom ta it heitelân, en it
earst joech ik my op paed hjirhinne.
DE MUNTS.
Wiis hastû dien, reizger, hwent op dit sté is de hope fen Fryslân. Mei de
gearsit fen hjoed dy net ûnfoldien litte. Mar it is goed det ik dy siz, du
moatst dyn forwachtings net heech hawwe. Tige wirdt de Upstalbeam bidrige fen
ûnderling skeel fen de Friezen.
DE REIZGER.
Is den it âlde striidfjûr nea yette dwêst? Ek net fen ’e gearsit dy’t for hiel
Fryslân stiet?
DE MUNTS.
Sterk stiet de Upstalbeam to skoar for de ienheit fen Fryslân. Mar yn de
twaspjalt is de krêft fen de satan. En minsklike krêft is mar lyts.
DE REIZGER.
Siz my, broer, hwa fen de goaën hat hjoed de foarsit?
DE MUNTS.
Lyk astû sjuchst, de sit fen de heechste iedman is sierd mei it wapen fen
Eastergoa. Myn hege hear en heit sels, de forneamde abbet fen Klearkamp, scil
hjoed de foarsit bisette.
DE REIZGER.
Sa bistû den in mûnts fen it treftige kleaster fen Klearkamp?
DE MUNTS.
Sa bin ik, reizger. Is de oarde dy hiemer as oaren?
DE REIZGER.
Folle yndied scoe ik to freegjen hawwe oer it hillige hûs det my sa nei is.
Mar dêroer in oare kear. Ik scil trochreizgje moatte nei Ljouwert en scil
oanklopje to Klearkamp for nachtforbliuw.
DE MUNTS.
Sa moatstû dwaen, frjeon. Oer Klearkamp scilstû alteast tofreden wêze. Yn de
kleastertunen bloeit en groeit it, hast oerdiedich for minsken is de rykdom
dy’t God ús joech. De drege âlde beammen by de skiere kleastermûrren glânzgje
fen it jonge grien; as de wyn dêr trochhinne giet mient men de sé to hearren.
Us koar is machtiger en suverder as it sûnt tiden wier, en God joech ús de
lêste jierren skoandere rispingen. It Klearkampster fé is forneamd yn de
omkrite. Wis moatstû komme en det alles sjen, frjeon reizger.
De rûmte is nou alhiel fol wirden, lûder bigjinne de stimmen to gounzjen. In oare jonge mûnts komt nei foaren.
DE OARE MUNTS.
Komstû, Aegidius? Wy moatte ús sitten ynnimme, de iedmannen scille sa dalik
forskine.
DE EARSTE MUNTS.
Ik kom, broer. Farwol reizger, det ik dy wersjen mei!
DE REIZGER.
Fen ’t selde, broer. En tank for dyn goede wirden.
De mûntsen jowe hjar pratende wei nei efteren en jowe hjar del op ’e lege bankjes nêst de sit fen Eastergoa; fen lofts giet in gerûs troch de mannichte.
IN STIMME.
De iedmannen fen Fryslân binne yn oantocht!
OAREN.
Rûmte for it hege rjucht fen Fryslân, rûmte for de mannen fen de Upstalbeam!
Fen lofts forskine de rjuchters fen de Upstalbeam. Hja binne seis yn tal; de foarste is de abbet fen Klearkamp, in weardich en steatlik man, yn de útris fen in prelaet; fen de fiif oaren heart ien ta de legere geastlikheit, twa, ûnder hwa de iedman fen Westergoa is, ta de ealljue; fen de oare twa is ien in eigenierde boer, de oar, de ôffirdige fen Wyt-Eastergoa, in keapman. Wylst hja hjar nei hjar plakken jowe, set in sterke kleare stimme it earste fers fen „War Dy” yn, dêr’t de gearkomste dalik by yn falt. Nei twa fersen forriist de abbet fen Klearkamp en stiltme falt yn.
DE ABBET, oerein.
In nomine Patris et Filii et Sancti Spiritus; sub protectione Sanctae Virginis
Mariae.
DE GEARKOMSTE, moarmeljend.
Amen.
DE ABBET.
Friezen, de gearkomste fen it hillige Boun fen de Upstalbeam stiet wer to
bigjinnen. Dingen út it jongste forline meitsje it mear as winsklik, det ik jim
op it hert byn plachtsjen en bisluten fen dit boun to earbiedigjen, lyk as it
goede Friezen foeget. Tofolle wirdt yn Fryslân de klam lein op it bilang fen de
ienling, tofolle komme doarpen en goaën elts op for syn eigen rjucht. Yn dizze
gearkomste is de ienheit fen de Friezen, en hja moat foar alles gean.
Forsloppet ús krêft, ûntbynt dizze ienheit hjar yn dielen, den is it dien mei
it forset fen de Friezen tsjin de hearen út it frjemdlân. Bitink: troch
iendracht wirdt it lytse sterk, troch twaspjalt giet it greatste to neate. Us
allegear is it doel fen dizze gearkomste klear. Net lykwols ús tinken allinne,
mar ús hert sels moat wêze by dizze greate mienskip.
IEN UT DE GEARKOMSTE.
Det is ús al faker sein. Det witte wy allegear wol!
DE ABBET, stranger
As jim dit witte, ho is it den det jimme it sa min forstean? Moat ik jim
foarhâlde it relaes fen de skelen en kreauwerijen dêr’t jim tsjintwirdich jim
krêften oan forgrieme? Krekt dizze moarn waerd my trochdien it nijs fen de
bistoarming fen de stins to Bedum en de brânstifting yn de bûrren Elwierde.
GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Hja fortsjinnen it dûbeld en dwers! Hjar heechmoed wier ûndildber! Hja joegen
sels de oanlieding! Hja binne bigoun!
DE ABBET, forûntweardige.
Foeget it Kristens hjarsels sa frij to pleitsjen fen dieden dy’t in grouwel
binne for de himel en in ûnrjucht for de minsken? Hwer is it forskeel twiske
dizze plonderers en brânstifters en de wrede Noarman, dêr’t ús kroniken fen
sprekke? Wolle jim net sjen, net hearre, net forstean? Sjuch hjir dizze sit
rjuchts fen my; ienris siet dêr de iedman fen West-Fryslân. Nou is er leech,
nou hearsket dêr de greve fen Hollân!
GUNT UT DE GEARKOMSTE.
Flok oer de greve fen Hollân en alle frjemde hearen!
OAREN.
Oer de longerjende biskoppen fen Utert en Bremen!
OAREN.
Oer de stêd Grins it meast fen allegearre!
Kabael; gerop fen „Ljeagen!” en „Grins is bitrouber!”, „Grins is wol sa Frysk as folle parten fen Fryslân!”
DE ABBET, mei greate stimme.
Stiltme, jim bitiisden! Mocht dizze mûle sa’n wird sprekke, hja scoe it
slingerje net tsjin de frjemden, mar tsjin de Friezen sels! Hwet koe de greve
fen Hollân, hwet koe ien fen de frjemde hearen, salang as wy ien wierne? It is
wier, de sé skaette West-Fryslân fen ús: do wier it de oaren swier to stypjen.
Mar hwet de sé sparret, scil jim forblining fordwaen! Ik wytgje jim: as jim net
it wylde fjûr yn jim herten bitwinge, as jim trou oan de ienheit fen Fryslân
net yn greatens oerwint, scil mei koarte tiid net ien fen dizze stoellen mear
oerein stean!
Der lûkt stiltme oer de gearkomste, de abbet fielt det syn wird fjild wint.
DE ABBET.
Hwet is de krêft fen de frjemden? In bern kin it jim sizze: hja steane ûnder
ien haed, hja binne ien. Hwet is ús swakkens en skande? Dit, det wy sûnder haed
binne en fordield. Lâns dizze wei is der allinne de ûndergong. Dêrom det ik my
nou, en troch myn mûle it ienriedige rjucht fen de Upstalbeam, rjuchtsje ta
elts dy’t Fryslân ynmoedich ljeavet. Hwa’t it libben fen Fryslân wol, lit him
de macht fen de Upstalbeam bisterkje.
IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Yn hokfor wei?
DE ABBET.
Hûndert jier lyn hie de Upstalbeam de macht troch to setten, hwet hja bisleat.
Kamen de rjuchters fen Upstalbeam fenwegen, den wier der freze yn hiel Fryslân.
Ut ’e namme fen ’e Upstalbeam easkje ik dy macht werom. Ik easkje striders fen
de goaën om for ús bisluten de earbiedenis to winnen dy’t for eltse wet heart
to bistean.
IN STIMME UT DE GEARKOMSTE.
Tinkstû det wy de frjemden foartreage hawwe om nou de nekke to bûgen for eigen?
Dû scilst ús net forrifelje, heite!
Kabael en laitsjen.
DE ABBET, him meitôgje littend fen syn grime.
Dommen, forblinen, bitiisden! Kin ien folk sûnder hearskippij bistean? Haget
jim better de izeren twang fen de frjemd as de lieding fen hwa’t keazen binne
fen jimsels?
Hy hat de toan troffen for dizze minsken, dy’t net mear mei rjucht, mar mei hirdens en driigjen oertsjûge wirde wolle. Men is stil.
IEN UT DE GEARKOMSTE.
Ik freegje frij om myn bitinken to sizzen.
DE ABBET.
Sprekstû for dysels ef for in mienskip?
DE SPREKKER.
For in great part fen de mienskip fen Westergoa.
DE ABBET.
Siz dyn bitinken.
DE SPREKKER.
Fen Westergoa wier it det de rop kaem om de Upstalbeam wer to stiftsjen. Ek
winsket Westergoa de Upstalbeam sterk en machtich to sjen. Wy scille dêrom it
forsiik fen de Upstalbeam stypje. Mar wy forbine dêroan ien bitingst.
IN OAR.
Ja, jim wolle de baes oer hiel Fryslân spylje!
DE SPREKKER.
Mei greatskens wiis ik dy oantiging tobek. Wy steane op ús rjucht fen frije
Fryske goa; dy namme is ús genôch. Mar ien ding wolle wy net: ûnfryskens en
forrie yn ús eigen formidden, yn in boun det de greatste namme fen Fryslân
draegt. Hwa doar sizze det dit boun allinne út suvere Friezen bistiet?
IN OAR, spottend.
Fensels net—de suvere Fryskens kin men allinne yn Westergoa siikje!
DE SPREKKER.
Sa liket it bytiden! Mar ik scil nimmen bitiigje, mei biwizen scil ik komme.
Hwent ik winskje det wy oan kinne op it Boun fen de Upstalbeam. Ik skik yn, dêr
is Westergoa alles oan fêst. Wy lizze sa to sizzen iepen for de greve fen
Hollân; oan ús doar leit de forriederlike, ûnbitrousume stêd fen Starum!
IN STIMME.
Pas op, heite! Starum hat net forgetten syn ôffirdigen hjirhinne to stjûren!
DE SPREKKER.
Lyk yn it antlit scil ik it jim den sizze! Jim forkwânselje de Fryske
frijheit for it smoarge goud fen de greve fen Hollân! Jim dije en wirde grou,
en it fierdere Fryslân kin forkomme!
DE ABBET.
Stiltme! Dizze wirden binne der by troch! Sa scilstû net fierder sprekke!
DE STARUMER, forachtlik.
Lit him mar fierder raze, earwearde. Us skippen scille der net minder fol, ús
wenten der net minder ryk om wêze!
DE WESTERGOAER.
Skande oer de fette keapljue dy’t Fryslân forriede! En der binne mear sokken
yn Fryslân! Hiel Wyt-Eastergoa is der fol fen!
Great opskoer; gerop by de Wyt-Eastergoaërs: „Dy wirden scilstû wier meitsje!”
DE WESTERGOAER.
It stiet sa fêst as in hûs! Jim hawwe brieven skreaun oan de greve fen Hollân!
Jim hawwe him de hilde bean en ús forret! Jim krûpe for de frjemden, lytse,
gemiene eigennutters dy’t jim binne!
IN WYT-EASTERGOAER.
Wy scille ús it brea net út ’e mûle stjitte litte om dyn gelikens! Wy hiene
rjucht! Sels binne jim to lef om to striden, dêrom krûpe jim de oaren oan!
DE WESTERGOAER.
Mannen fen Westergoa, scille wy ús det sizze litte! Foart mei de forrieders!
DY FEN WYT-EASTERGOA.
Forrieder dy’t it seit!
Der driget in greate striid, gûnt sjucht men de swirden lûken. Nei hieltiten bisocht to hawwen de heibel to kearen, rjuchtet de abbet fen Klearkamp, syn rie ta’n ein, him ta syn meirjuchters, forlit syn sit, wylst de oaren allegearre rize, en stelt him twiske de stridenden, folge fen de oare iedmannen; den ropt er mei greate stimme:
DE ABBET.
Sjuch ta hwa’t jim treffe! Wé, as jim eagen blyn binne!
It wirdt hwet stilder; hja ûntsjugge de prelaet yet.
De gearkomste fen de Upstalbeam is ûntboun! By de weardichheit fen myn ampt hjit ik jimme, forlit dizze wijde oarde by sté en stoune, elts nei in kant! Wé as jim earen net hearre!
Hy wachtet, rjucht oerein, en sjucht great oer de mannichte hinne; effen wachtsjen; den forspriedt dy hjar. Men heart stimmen: „Wy sprekken inoar wer!” „Grouwe Fetkeapers!” „Gemiene Skieringers!” It wirdt leech ûnder de Upstalbeam; ek de rjuchters jowe hjar ôf oan wearskanten, útsein ien, dy’t nêst de abbet stean bliuwt. Yet hieltiten heart men de geroften fen ’e reboelje.
DE RJUCHTER.
Mei ik jo in ried jaen, earwearde?
DE ABBET.
Jy hawwe frij. Hokker?
DE RJUCHTER.
Nim kriichsfolk yn jins kleaster. Ef yet better, earwearde, lear jou mûntsen de
wapenhannel. Ik haw nuvere drigeminten heard. Klearkamp hat fijannen.
DE ABBET.
Nimmen yn dit ûnlokkige lân is mear sûnder fijannen. Mar safier scille hja net
gean. Ik bitrou op de earbiedenis for de tsjerke.
DE RJUCHTER.
Bitrou net to sterk. Binne dit Kristenminsken, tinkt jo?
DE ABBET.
Bring my net yn forsiking. De tsjerke hoedet hjar ûnder hjar skepersstêf. Mar
hja lykje mear wolven as skiep.
De mûnts Aegidius stoarmet op yn greate oandwaning.
DE MUNTS.
Heit ... earwearde heit ... nou is it slimste bard...
DE ABBET.
Bidimje dy, myn soan. Us foeget net sa’n forbjustering. Hwet docht dy sa oan?
DE MUNTS.
De Westergoaërs hawwe ien fen Wyt-Eastergoa daet... Frysk bloed rint oer de
woartels fen de Upstalbeam...
DE ABBET, skriljend.
Nou is de ûndergong net mear to stuitsjen. Finis patriae, finis Frisiae.
(Tsjin de rjuchter.) Ik tankje jo for jou ried, Hear. Ik scil myn
kleaster bisterkje.
De foarhing slút.
IN BOER.
REIN ANES.
SIBE HETTES.
FOLK.
IT ROUWENDE FRYSLAN.
Tsjuster. In skoftke, en de hérold forskynt fennijs. Hy bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1523, de 10de fen Novimber. Twiske de doarpen Baerd en Littens yn Westergoa, by in terp.”
Hy giet, en de foarhing lûkt iepen. Men sjucht in treastleaze lânsdouwe ûnder
in drouwende hjerstloft. Nei foaren in nou min bigeanbere wei, dêrefter de
ynsinking fen de lânsleat; yet fierder rint de groun op nei de terp. Huzen
binne net to sjen yn de neiste omkrite. De sinne is yet net ûnder, mar de
wolkens jeije wyld it loftrom lâns en fortsjusterje hjar ljocht; bytiden reint
it.
Oan de kant fen de wei, nei lofts, op in rouwe stapstien for ruters, sit in
breklike jonge, syn krukken yn de iene hân, ûnforweechlich. Syn antlit hat it
bleke en fêste fen minsken dy’t folle lijd hawwe; hy hâldt it keard nei rjuchts
eft er dêr ien wachtet. Fen lofts komt in greate, foarse boer; de kile en
seilbokse ûnder de modder.
DE BOER.
Nou moat it wrychtich net mâlder wirde! Dêr sit ien yn dit waer!
Hy bikruset him.
Ik mocht wol weromgean ... as det mar suver spil is...
Der komt him hwet yn ’t sin en hy makket him ta man.
Bistû it, Rein Anes?
DE JONGE, mei in heech en klear lûd.
Hwet wolle jy?
DE BOER.
Heden, heden, as ik net tocht det der in spoek siet! It hert slacht my noch yn
’e kiel. Ho hast it yn de holle krige, dy dêr del to jaen yn dit waer? Rein sit
yn ’e rein, mei men nou wol sizze. Mar dit is dochs gekkewirk, net?
DE JONGE.
Ik bin wirch. En ik wol wachtsje.
DE BOER.
Wachtsje? Hwerop? Hwet minske hastû hjir to wachtsjen yn dizze hjerstjoun? Ef
(wer bang) wachtestû op ... hwet oars?
DE JONGE, steech.
Ik scil jo net wizer meitsje.
DE BOER.
Nou ... hoegst net lilk om to wirden ... ik mien it dy ommers goed, jonge. Mar
der is net folle slot yn dyn praet. Hwet Kristenminske jowt him nou op in paed,
mids yn ’e neare hjerst?
DE JONGE.
Jy moatte mar fierder gean, as jy neat witte.
DE BOER.
Heden jonge, hwet bistû my in nuveren-ien. Witte, witte, hwet scoe ik nou
witte... (hy bitinkt him): lit my nou ris sjen ... it is Slachtmoanne,
en wy telle de tsjiende... mieri, dêr ha ’k it... Ei jonge ja, it is hjoed de
Lândei fen ús Steaten to Snits... Jonge, jonge, en wachtestû nou op nijs
dêrfen?
DE JONGE.
Sibe is nei Snits ta op ’t hynder. Hy scil tynge meinimme.
DE BOER.
Sa mâl kin ’k it net oangean! Dêr sitstû nou op to wachtsjen, in foech jonge,
dy’t himsels net ienris rêdde kin! Hwet hast dy yn ’e kop helle, jonge! Lit dêr
de hearen mar oer plachtsje, hwet is ús der nou oan fêst! In minske moat om
himsels tinke, siz ik mar; dêr hat men al skoan genôch oan!
DE JONGE.
Jy komme út ’e modder en geane nei de modder ta. Jy moatte mar fierder gean.
Hy keart syn antlit ôf, sadet er de boer net mear sjucht.
DE BOER.
Dû hast se alle fiif net, jonge. Mar dû moatst net miene, det ik gjin niget oan
nijtsjes haw. Ik wol hjir mines ek fen hawwe. Soks moat men yen net ûntkomme
litte.
Fen rjuchts komme yet in pear doarpers oantraepjen. Under it folgjende petear komme der stadich mear, fen lofts en rjuchts beide, sadet der in aerdige kliber to wachtsjen stiet. Der binne ek frouljue mank.
IEN FEN DE NEIKOMMERS.
Is Sibe Hettes al werom op ’t hynsder?
DE BOER.
Yette net, minsken. Ik stie hjir ek al in set to wachtsjen. It scil my ris nij
dwaen, ho’t it jern hjoed to Snits hispele is. Dêr komme yet mear, leau ’k.
IN OAR.
Yn Baerd en Littens witte se der allegear fen, det er nei Snits is om tynge. En
ja, men is den fensels al nijsgjirrich.
DE BOER, swetserich.
De heechste lânsbilangen sitte deroan fêst, minsken! Jonge, dêr moat men net
licht oer tinke! Dêr meije wy wol effen de keallen for wachtsje litte, oars
net?
IN OAR, spotsk.
Sêfts wol, froede Fries. As ús foarfaers goed en bloed dêrfor oer hiene, kin by
ús it boarnen wol in amerijke letter.
DE BOER, hwet kitelich.
Dû hoegst in oar net sa oer de snút to slaen! Salang as de bûter goed jildt,
scilstû it dy ek net drok meitsje mei lânsbilangen. Miskien hastû sels dyn stim
wol for in aerdich dofke forkoft!
DE OAR.
Oardielje net eltsenien nei dyn eigen hert, keardel!
DE BOER, op ien ein.
Keardel! Keardel! Ik bin krekt sa goed in frije Fryske boer as dû!
GEROP.
Dêr is er! Sibe Hettes is werom!
GEJUCH.
Eala! Eala!
Der wirdt rûmte makke en men sjucht Sibe Hettes, in sterke, drege Fryske jongkeardel, op syn moai boersk forstrûpt, mar de hege learzens ek ûnder de modder.
SIBE HETTES, ergere.
Jim raze eft jim de kij ophelje. Bring it hynder nei de pleats, Sjouke. It is
biswit, dû moatst it in dek oplizze.
Hwet meilijich, mar frjeonlik:
Och heden, Rein, sitstû hjir to wachtsjen?
IT FOLK.
It nijs! It nijs!
SIBE HETTES.
Nou ja, skreau mar net sa. It wier better det jim de hannen fiks út ’e mouwe
stieken as lyk âlde wyfkes de nijtsjes to bitsjânseljen dy’t oaren jim
oerbringe. Wy libje hjir yn in moai folk njunkelytsen! Wy sitte ûnder de kwint
fen in frjemd, mar wy moatte frâl witte ho’t er ús útstrûpt!
IN OAR.
Nytgje nou mar net mear. Det helpt dochs allegear gjin byt. Hwet ha de Steaten
bisletten?
SIBE HETTES.
Hwet scoene se bisletten hawwe? Hwet scoene ús Steaten bislute as dêr’t de
frjemd hjar op oanstiet? Hwa praet yn Fryslân langer mei in frije Fryske
tonge? Opsitte en „woef” sizze as se ús in stikje woarst foarhâlde, det is hwet
wy nou dogge!
IN OAR.
Us Steaten bisteane út hege frije Friezen. Hja scille gjin feintetsjinst dwaen.
SIBE HETTES.
Hiest hjoed to Snits wêze moatten! Hege frije Friezen allegearre, it wier in
noft nei hjar moaije mantels en wite plommen to sjen! De frouljue rôpen jûchhei
det hearren en sjen forgyng yen! Mei gauwens scille hja gjin feinten mear ha
wolle dy’t gjin mantels en plommen drage as dy fen Eastenryk!
IN OAR.
Hwet kinne ús dy klean male! Siz ús hwet ús Steaten bisleaten!
SIBE HETTES.
Det ha ’k jim ommers al sein! Hja bisleaten neat. hja seine „woef” for de
woarst dy’t Karel fen Eastenryk hjar foarhâldde! Hja hildigen him as erflik
en rjuchtlik hear oer de frije goaën fen Fryslân, him en syn neiteam beide!
WER IN OAR.
Det kinne hja net dien hawwe! Hja hawwe him hildige as keizer fen Dútsklân, net
as greve fen Hollân!
SIBE HETTES.
Ljeagen! Dêr hawwe hja ús swiet mei hâlden! Hja hawwe him hildige as hear fen
Fryslân, lyk as al de oare lege lannen hearen hawwe! De Lândei fen de Steaten
bistjûrt ús net mear! Karel fen Eastenryk is hearsker!
Forheftige biweging. Gerop fen „Skande!”
SIBE HETTES.
Hja hawwe mear dien! Karel fen Eastenryk syn fjildhear, dy’t Fryslân mei it
swird twongen hat om syn hear de hilde to biwizen, hja hawwe him in stik goud
foreare om’t er de frede yn Fryslân hersteld hat!
GEROP.
De Steaten fen Fryslân hawwe ús forret! Hja fortsjintwirdgje it folk net! Wy
scille ús los meitsje fen hjar! Wy scille opstean!
IN GRIIS MAN, mei lûde stimme.
Sibe Hettes, yn hokfor tael hawwe hja dy skandlike dingen bisletten?
SIBE HETTES.
Fensels yn de tael dêr’t nou ús mûle nei stean moat, yn it Dytsk fen Karel fen
Eastenryk!
DE GRIZE MAN.
Den hat it gjin krêft for it folk fen Fryslân! Gjin wearde hat for ús hwet yn
frjemde tael oer ús bisletten wirdt! Wy geane der like rjucht om!
Gejûch en gelaits. Gerop fen:
Det hâldt! Det ha se net foarsjoen! De Fryske wet yn it frije Fryslân!
IN HEGE, FIERE STIMME.
Net ien fen jimme scil mear rjucht gean, o Friezen. Allegearre scille jim jim
to bûgen hawwe, lyk as ik my to bûgen haw!
Yn it west stiet de loft oertrille mei in frjemde gloede. Men sjucht de sinne net, mar efter de wolkens liket in heimsinnich fjûr to barnen. Heech op ’e terp, mar foar de hjerstloft stiet in frouljuesfiguer yn swarte reagen. It gejûch fen it folk stjert wei yn gelúster; den swijt it alhiel. Men heart allinne mear it rûzjen fen de hjerstwyn. Frjemd en fier klinkt dêroer de stimme fen Fryslân:
FRYSLAN.
Hear nei my, o Friezen, hear nei de swalkster, dy’t gjin honk mear hat yn it
heitelân! Hear nei hjar, lyk as men heart nei in stjerrende, hwent net ien fen
jimme scil dit lûd by syn libben mear hearre. Yn dizze einichste ûre, yn dizze
skieding for ieuwen, stean de wierheit net tsjin dy’t nou wach wirde wol yn jim
herten!
Ik bin it, o Friezen, dy’t jim laette troch dizze rige fen moeisume ieuwen. In lân fen tier en frucht wier jim jown, yn jim herten wier de krêft fen it libben. Ut de dizen fen it ûnbikende binne wy kleaun ta it ljocht fen de dei. Ik haw jim laet en bisiele, myn dreamen makken jimme de nachten ljocht, myn dieden makken jim de dagen ta greatens. Mar hwet laette ik jim ta de dei, wylst yn jim herten opsloep it tsjuster?
De gloede fen de hate is riisd yn jim herten, de dize fen de niid hat jim eagen biwoelle. It swird hawwe jim litsen út ’e skie, om soannen fen Fryslân to treffen. Mar tsjin my wier it det litsen wier elts swird fen Fries tsjin Fries, myn skientme wier it dy’t dylge waerd fen jim hannen, myn krêft wier it dy’t forblette fen jimme striid. Forlern is de kroane dy’t ik droeg sûnt myn jonkheit—mar hwet telt in kroane? Wei binne hja dy’t nêst my gyngen yn de moarn fen myn libben; myn dreamen hawwe jim forlaet, myn dieden ta skande brocht. Iensum swalkje ik roun oer de erflike goaën; sels myn rouwe wirdt net ûntsjoen.
Pleitsje jimsels net frij mei hokfor wird fen jim mûle. De wytgers hiene jim yn jim formidden, kleare, sterke ljuwe, dy’t jim moannen ta ienheit. Mar ho klearder hja sprieken, ho mear jim hjar haten. Jim lieders hawwe jim forstaet, jim greaten forballe. Jim tsjoede hertstochten binne útgien oer it lân fen myn ljeafde, en jim hawwe de trou noch de greatens noch de hillichheit ûntsjoen.
Dêrom is myn grime great wirden tsjin jim, dêrom scil ik gjin gedild mear hawwe mei ien fen jim. De geast fen Fryslân forlit it lân det hjar jown wier. Iensum en earm hawwe jim my makke, my, de bliidlaitsjende, dy’t yn it libben bitroude; lear nou sels iensumheit to forstean. Jim scille my siikje, mar nimmen scil my mear fine; nei my langje, mar nimmen scil my sjen; om my roppe, mar ik scil gjin biskie dwaen. Werom scil ik gean nei de oarde, dêr’t ik út teach; jim dy’t my haten, sjuch ho’t jim libje scille sûnder my. Jim adel scil stean yn de hôven fen frjemden, jim skatten scille forstruid wêze oer de ierde, de eigen tael fen jim mûle scil lytsachte wêze by eigen en frjemd.
Gean yn it rjucht tsjin jimsels, o Friezen. Tink net det ik ljochtsje scil for jim neiteam, salang de âlde forblining yet yn jim formidden bistiet. Dy dei det jim sizze scille: sels fordreauwen wy hjar, sels sloegen wy hjar, sels stiene wy hjar nei it libben, o greatste fen ús skilden—dy dei scil der hope wêze for jim. Flok net de frjemden, mar gean yn it rjucht tsjin jimsels.
Forfolle is de tiid, fortein is de swiere ûre. Farwol, o Friezen. Yn jim formidden is Fryslân—net—mear.
Hja is fordwoun, de loft glânzget yette. Under de minsken komt biweging, net ien praet lûder as yn lústertoan.
IEN FEN ’E MANNICHTE.
Wy scille gean moatte, elts nei syn eigen hûs.
IN OAR.
Arbeidzje, arbeidzje, en net tinke oan dit.
IN TRED.
Jimmer scil dizze stimme neiklinke yn ús earen.
IN FJIRD.
Arbeidzje, arbeidzje—miskien is der útkomst.
It folk is gien; allinne de breklike en Sibe Hettes bliuwe oer.
SIBE HETTES.
Gean mei, Rein. Wy scille dwaen hwet wy kinne.
DE BREKLIKE.
Ik kin net, Sibe. Moatst my hjir litte. Ik rêd my wol.
Syn frjeon doar net langer oanstean en giet. De breklike jowt him ôf fen de stien, nimt syn krukken en rjuchtet him sa det er de eagen hat op it West.
DE BREKLIKE.
Noch is der ljocht ... noch is der in bytke ljocht...
(lûder:) Salang der ien is dy’t dy ljeavet, meistû ús net forlitte, o
Fryslân....
DE STIMME, fierwei.
Salang it folk my net ljeavet, kin ik net yn Fryslân bistean, o soan...
It lêste ljocht stjert wei.
DE BREKLIKE.
O....
Hy falt del by de stapstien en brekt út yn wyld en hertstochtlik snokkerjen.
De foarhing slút.
De skouskieding sakket. Muzyk, ynsettend mei toanen fen rouwe en drôvens, dêr’t hiel njunkelytsen in ljochter toan as in sêfte fortreasting trochhinne klinkt. In skoft klinke dizze twa motiven nêst inoar mei gelikense krêft; den tilt it ljochte út boppe it dûnkere en wreidet him út ta in swidens fen kleare en blide klank. De skouskieding lûkt omhegen.
MASTER GYSBERT JAPIKS.
JONKER WATSE FEN CAMMINGHA.
SAMUEL FEN HARINGHOUCK.
Tsjuster. Nei in telmennich forskynt de hérold. Hy bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1663. Yn de wente fen master Gysbert Japiks to Boalsert.”
Hy giet en de foarhing lûkt iepen.
Men sjucht in keamer yn it hûs fen Master Gysbert; oan hwet der stiet is
dúdlik to sjen det de romte beide as wen- en learkeamer brûkt wirdt. Dêr
hearsket in âldfryske skjinnens, dy’t de bliken fen krapte lykwols net weinimme
kin. De mûrre is opset mei stientsjes, op de flier lizze matten. In greate âlde
spine tsjinnet tagelyk as boekekast; tafel en matten stoellen; tsjin de mûrre
efter rjuchts, in âldfryske klok. In pear skilderijkes fen Wybrand de Geest
binne de ienichste forsiering. Rjuchts foar, in finster, dêr’t it ljocht fen in
iere hjerst trochhinne falt; dêrnêst in skriuwtaffeltsje, dêr’t folle âlde
pompieren oer forsiedde lizze. Efter dit taffeltsje sjucht men master Gysbert,
op in stoel, hwet nei lofts jonker Watse fen Cammingha.
Gysbert Japiks is nou ien-en-sechstich jier âld, mar syn skôging teikenet
heger jierren. Syn antlit stiet bleek en wirch, allinne de eagen hawwe yette de
âlde glâns. De biweging fen syn hannen is ûnwis en as siikjend; om to lêzen
bitsjinnet er him fen in forgreatglês; nou en den ûnder it praten, tyspelet er
hwet om mei in greate goezzefearren pinne. Syn dracht is dy fen in ienfâldige
boargerman, mar keal en forsliten. Ek de jonker is griis; hy is in earweardige
forskining yn gâns djûrder útris.
DE JONKER.
It is den sa ôfpraet, master Gysbert? Kin ik jou soan yette foar dizze winter
op ’t Amelân forwachtsje?
MASTER GYSBERT, suchtsjend.
Jon Edelheit moat tank hawwe. Hast eangje ik ûntankher to lykjen mei al myn
biswieren... Mar hwet swierst is moat swierst weage. Myn soan kin net libje
mids de forlieding fen de wrâld. Hy scil hjir togroune gean, en syn âlden
scille stjerre yn earmoed.
DE JONKER.
Dêrmei moatte jy gjin noed hawwe, master. Jy hawwe ta gelok inkelde frjeonen yn
Fryslân. Mar meast is it heil fen jou soan det ik op ’t each haw. De iensumheit
fen it eilân koe him bringe ta ynkear.
MASTER GYSBERT.
De sé scil wêze twiske myn soan en ús. Sa biswierlik is de reize fen Fryslân
nei it Amelân, seit men. En wy wirde âld, myn alderljeafste en ik. Fen ús seis
is hy de ienichste dy’t yette oer is. Ik winske him net fier ôf, as skielk de
Heare my roppe scil.
DE JONKER.
Faeks scil er him bettere hawwe foar dy tiid, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Sa bid ik eltse joune fen myn libben. Ik kin net oars as Jon Edelheits hoaske
oanbiedinge oannimme mei greate tank. En wol myn biswieren slaen yn jamkste
fâlde. Wist ik net, ik praette tsjin in frjeon, ik hie dit forkroppe yn it
eigen herte, mei safolle oars.
DE JONKER.
Gjin greater biwiis fen jins frjeonskip koene jy my jaen, master Gysbert, as my
diele to litten yn dizze biswieren. Sa winskje ik de foartgong fen ús
frjeonskip aller tiden. En nou mei ik net mear freegje fen jins ûren fen Fryske
stúdzje; mynhear fen Haringhouck wachtet al in setsje op de ein fen ús
ûnderhâld. (Oerein:) Ik winskje jo de seine fen omhegen en in goede
sounheit, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Jon Edelheit allyksa. Wol frouwe Rixt myn tsjinstrée groetenis oerbringe.
De jonker giet; master Gysbert sit wer foar syn tafel en leit yette in pear pompieren torjuchte. Yn de doar forskynt Samuel fen Haringhouck, útjouwer to Boalsert. Hy is in fiks en feardich man fen in lyts fyftich, yn syn praet klear en libben, in tsjûgenis fen Ingelske saeklikheit (hy is berne Ingelskman) foar de mimerjende Fryskens fen Master Gysbert oer. Mar hy hat in rûm en wiid herte, en is myld for de âlde skriuwer, for hwa’t er in frjemde mingeling fen forearing en meilijen fielt.
FEN HARINGHOUCK.
Bêste master Gysbert! rjucht bliid bin ik jo yn sounens wer to sjen!
MASTER GYSBERT.
Wêz wolkomme, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje, jou fiere reize nei Ingelân
lit jo net to ûnfoldien oer ús Fryske sljuchtens.
FEN HARINGHOUCK.
Planút sein, wirdste frjeone, ik bin bliid fen werom to wêzen. Frjemd is it
sa’t jou heitelân sels de bern fen oare kontreijen oanlûkt en ta eigen makket.
Sûnder mis, yn Ingelân is mear tier, mear droktme binammen. It libben dêr
sprekt mei lûder stimme. Mar ienris hjirre biwend, kin men de myldens fen dit
âlde lân min mear misse. Earst en binammen moat ik jo de rjucht hertlike
groetenis oerbringe fen master Junius to Oxford, frjeone.
MASTER GYSBERT.
Ik tankje master Junius en jo mei ynlike blidens. Ik hoopje, syn hege
wittenskip forsommet it ûnderhâld fen syn Fryske kennisse net.
FEN HARINGHOUCK.
Dêrfor hie er fierstento goed ûnderrjucht by jo, master Gysbert. Yndied, hy
droeg my op, jo to sizzen det er jo dêrfor tige forplichte bliuwt. Mei greate
wille fornaem er fen it plan fen de útjefte fen jins rymlerije. Jamk scoe it
him oanstean as wy him in pear kopijen for de bibletéken fen Ingelân biskikten.
MASTER GYSBERT.
Bliid bin ik, wirdste frjeone, det men op inkelde plakken ús nommele Fryske
tonge yet eare weardich achtet, mei it ek wêze yn fiere en frjemde lânnen. Mar
oangeande de Rymlerije winske ik my yetris mei jo to forstean. Op it ynlikst
hoopje ik, jy scille jou frjeone net kwea ôfnimme det er syn bitinken foroare.
Lang haw ik hjiroer tocht en mimere. Mar ik bin kommen ta dit bislút, frjeone
fen Haringhouck: de Rymlerije moat net by myn libben forskine.
FEN HARINGHOUCK.
Mar master Gysbert! it wirk dêr’t jy sa folle by opset hawwe, det sa to sizzen!
jou hiele libben draegt! det in plak for Fryslân winne moat en scil yn de kinst
fen ús tiden!
MASTER GYSBERT.
Ik forseach jins forheardens, frjeone, en ik forstean, ik moat jo rekkenskip
hjiroer jaen. Mei myn hiele hert bin ik dêrta ré. Frjemd is it det ik my tsjin
jo to uterjen kom oer dingen dêr’t ik nea mei ien fen it eigen folk yet oer
praette. Mar it is my as kin ik mei jo, dy’t gjin Fries binne fen komôf, better
prate as mei mannichien fen ús eigen minsken.
FEN HARINGHOUCK.
Ik rekkenje my dit ta eare, master Gysbert. Mar net gau scille jy my reden jaen
kinne, sterkernôch, om it bislút det jy neamden, to binlikjen.
MASTER GYSBERT.
Wol harkje, frjeone. Dûrjende jins reize noaze ik yetris de fersen fen myn
Rymlerije troch. Al de fersen, fen de earsten fen myn jonkheit ôf. Ik sette my
dêrta gear as in wirk fen plicht. Mar it is net mûglik dichten mei plicht to
bihanneljen. Hja bigounen fen nijs for my to libjen. It wier wûnderlik, ik
seach hjar brekken en ûnfolsleinens sa klear. En dochs tsjûgen en songen hja
elts mei in eigen lûd. Yn de dagen fen dizze sêfte hjerst gyng, mei it lûd fen
myn fersen, hiel myn libben wer foar myn eagen foarby.
FEN HARINGHOUCK.
My tinkt, det biwiizget, jins wirk wier goed, it hat in eigen wêzen?
MASTER GYSBERT.
Miskien, frjeone. Mar faeks die de tsjoen fen it oantinken net minder. Ik haw
jounen hawn, det ik de lektuere ôfbrekke moast; myn eagen woene net mear mei,
myn moed wier to fol. Sokke ûngelikense stringen hat it libben yn myn herte
triljen dien. Fen nijs seach ik de oermoed fen myn jonkheit, de earnst fen myn
ripens, de drôvens fen myn âlderdom. De blide jierren to Wytmarsum, ik hearde
hjar wer sjongen en laitsjen. Ik seach my, krêftich en ryp, oan de side fen myn
alderljeafste. Ik seach ús bern lyts, en great wirden ûnder memme en heite
noed; ik seach hjar forreizgjen ta de better kontreijen, ien for ien. Forjow,
det ik safolle sprek fen mysels. Det alles libbe efter dy dichten op it giele
pompier; it wier as seach ik myn eigen libben dêr foar my. Dêrom bin ik hwet
tear oer myn wirk, frjeone. It is de frucht fen myn libben.
FEN HARINGHOUCK.
Yn wierheit, master Gysbert, sa is it. Hwa yn Fryslân scil it oars forstean?
MASTER GYSBERT.
Jou frage sljuchtet de wei for it oare, frjeone fen Haringhouck. Ik hoopje net
det it skriuwers-idelens lykje mei, hwet ik as sljuchte wierheit forstean.
Safolle spot haw ik heard yn Fryslân, safolle slim en drôf misbigryp. Ik mien
net to sizzen, det hja sûnder fieling binne for dichting en kinst. Mar hja
achtsje hjar eigen sprake net, mei de âlde Fryske tonge driuwe hja follertiden
de spot. In makker fen Fryske rymkes, lyk as hja it neame, is net folle tel yn
Fryslân. Djip treft en wounet my it domme praet oer de rouwens fen ús sprake.
Tinkt jo, ik sjuch dit to swart?
FEN HARINGHOUCK.
Ik woe, det ik it sizze koe, master Gysbert. Mar it is mar al to wier. For in
Ingelskman is it swier to forstean ho’t dit folk syn tael sa forsmite kin. It
is dochs sa klear, it is hjar eigen, it is de tael dy’t de Skepper fen ierde en
himel hjar joech. Jan Jans Starter, in frjemd, moast komme, om it earste Fryske
liet to sjongen. It is ûnbigryplik.
MASTER GYSBERT.
Sa is it, for elts dy’t suver tinkt. Bytiden tink ik: in frjemde tsjoen leit
oer Fryslân hinne. Yn it herte fen Fryslân libje wy, en it liket gjin Fryslân
to wêzen. Wier ik jong, frjeone, ik telde dit net swier. Mar nou stean ik oan
de ein fen de wei. En hjir is de Rymlerije dy’t det alles ynhat. Jow ik hjar yn
it ljocht, it scil my wêze eft it djûrste fen myn libben ûnder kâlde frjemden
komt. To nei scoe it my gean, moast ik fen nijs spot en wanforstean fornimme.
(Effen stiltme.) Jy binne foldien, frjeone fen Haringhouck?
FEN HARINGHOUCK.
Sa bin ik. Mar....
MASTER GYSBERT, glimkjend.
Ik forstean hwet jy winskje scoene to sizzen. As de Heare my ropt, scille jy
frij hawwe myn dichten to printsjen. Scoene jy der biswier yn sjen, ik naem it
jo net kwea ôf. Jy scille de foarste wêze, dy’t it lûd fen in Frysk sjonger
hearre litte scil yn Fryslân.
FEN HARINGHOUCK.
Ik bitsjûgje, gjin soarch scil my dêrfor to great wêze, master Gysbert.
Men heart fen efteren it spyljen fen in oargel.
MASTER GYSBERT.
Tank frjeone. Nou bispilet myn alderljeafste it oargel, ta noeging for it
jounmiel. Dogge ús de wille en jimmetsje mei ús, frjeone fen Haringhouck,
sljucht en rjucht as ús jounspize is.
FEN HARINGHOUCK.
Sok in hoaske noeginge mei ik net ôfslaen, master Gysbert.
Sêft en wijend spilet it oargel fierder. It lêste jounljocht falt troch it finster, en spraet syn gloede oer de grize sjonger. Fen Haringhouck kin net litte nei him to sjen, en der komt in fromme earbiedenis yn syn eagen. As it oargel ophâldt, seit er yette:
FEN HARINGHOUCK.
Ien wird mocht ik yet sizze, master Gysbert.
MASTER GYSBERT.
Hokker, frjeone?
FEN HARINGHOUCK.
It kaem yn my op, wylst ik jo dêr sa sitten seach, yn it jounljocht, oan de ein
fen de wei, lyk as jy it neame. Ik wit net hwet it is. Mar wûnderlik is de
macht fen de geast. Ik haw in fielen, eft jou wirk yet libje scil yn Fryslân as
de greaten fen ús dagen allang ta moude forgien binne, ja as de spot en
ûnforskilligens oer de eigen tonge, lang hearre scil ta it forline.
MASTER GYSBERT.
Det it de himel sa haegje mei! Ik tankje jo for dit wird fen bitrouwen.—En
nou, frjeone, lit ús gean ta it jounmiel. (Hja geane.)
De foarhing slút.
PROF. EV. WASSENBERGH.
SYTSE HETTINGA.
REITSE JANS.
FJOUWER OARE STUDINTEN.
Tsjuster. Nei in skoftke forskynt de hérold, bliest en kindiget oan:
„Yn it jier fen ús Hear 1811, to Frjentsjer. Yn in keamer fen de Akadeemje fen Fryslân”.
Hy giet, en de foarhing lûkt iepen.
Men sjucht in learkeamer yn de Akadeemje, âlderwetsk en ienfâldich. Mids
efter, hwet nei rjuchts, is in doar, dêrboppe in búste fen Pallas. Rjuchts twa
finsters, lofts ien, mei swiere gerdinen dêrfoar. Mids efter, nei lofts, in
skou mei barnend hirdfjûr; dêrboppe in greate skilderij fen de keizer
Napoaleon. Yn de keamer, lofts, de sprekstoel for de prefester; dêrfoar yn ’e
lingte in tafel mei stoellen dêromhinne for de studinten. It is joun, en in
greate kroane mei kjersen barnt mids yn de keamer. Bûtendoar waeit it fûl, de
sigen docht de gerdinen nou en den forwegen.
Yn de keamer binne fjouwer studinten, feardige libbene feinten, klaeid nei
de dracht fen dy tiden. Ien stiet yn de prefester syn sprekstoel, in oar sit op
de leartafel, twa oaren steane ticht by him. Hja sjugge yn spanning nei de
doar; it is dúdlik det hja ien forwachtsje.
DE EARSTE STUDINT.
Ik leau der neat fen det it hwet wirdt! Hy strûpt der for om, hwet ik jim siz!
DE TWADDE.
Den kinst Reitse Jans net, heite. Hy hat der for wedde. It is in earesaek for
him. Hy lit it nea slûpe.
DE TREDDE.
Ik mei ’t lije det er it der ôfswit. Dy âlde Mombosius mei wol ris in ôflear
hawwe. In prulfint en oars neat! Hy hat my oer ’e staech set by myn
propaedeuse, allinne om’t er it mier oan my hie!
DE FJIRDE.
Dêr komt ien, jonges! (tsjin de earste:) Moatst út dy stoel weikomme,
stalke, it kin Wassenbergh sels wol wêze!
DE EARSTE, ûnsteurber.
Kin net. Dy syn tiid is ’t yet net.
DE TREDDE.
Siz ris, jonges. As Reitse ynkomt, allegearre sa lûd as wy kinne: „Ave
triumphator!” As er de prûk hat, komt it him ta; hat er him net, den stiet er
biskamme!
DE OAREN.
Ja, ja! tige!
De doar giet iepen. Hja sette yn „Ave tri...” Hja komme net fierder. Ynstapt in jongfeint yn de uniform fen Frânsk garde-soldaet, in boek ûnder de earm. Forbjustering.
DE TWADDE, sjucht it.
Sytse Hettinga, sikersonk! Ho komstû hjir joun yette! En yn dizze útris!
SYTSE, glimkjend, mar hwet earnstich.
It wier de lêste kear, ju. Ik woe de tael fen master Gysbert yet ienris hearre.
Hwa wit yn ho lang ik se net mear hearre scil. De keizer sparret syn soldaten
net.
Hja binne yn ienen stil wirden.
DE FOARSTE.
It bidjert de joun detstû moarn by ús wei moatst.
SYTSE.
Sa net, frjeonen. Wy scille de moed der ynhâlde oan de ein ta. Tink mar net om
dit pakje; de minske is der deselde om. Mar mei hokfor blide gjalpen scoene jim
my niis bigroetsje? Ik hâld ek yet wol fen in moaije bak, hear!
DE TWADDE.
Reitse Jans scil âlde Mombosius in loech ôfsjen. Dû witst, dy twa hawwe it grou
op inoar. Wy ha him hwet oanfitere. Do hat er wedde. Hy scoe de âld man syn
prúk ûntfytmanje, wylst hja der beide libbenliifs by wierne, en sûnderdet de
âlde him yn de lampe hie.
DE TREDDE.
Dêr is ien, jonges! Det is er! Ave triumphator!
De doar giet iepen en Reitse Jans forskynt. Hy is in earste bysfeint, en hat syn draei tige. De oaren roppe lûd meiinoar: Ave triumphator! Yn ienen stiet er rjucht oerein, as in oerwinnend fjildhear, en hellet mei in steatlik gebeart efter syn rêch de prúk fen prof. Mombosius wei dy’t er as trofé omheechhâldt. Gejubel, de studinten dounsje om him hinne; Sytse Hettinga hâldt him hwet efterôf.
DE STUDINTEN.
Fortelle! It relaes! ho hast it oanlein! Fortelle!
REITSE JANS.
It wier sa ienfâldich as it aei fen Columbus. Hear nei myn oerliz, en jim
scille my biwûnderje. Jim witte allegear, âlde Mombosius komt om dizz’ tiid by
syn mieltiid wei. Hy yt fiks, en drinkt better; hy is net for neat sa roun as
in tûntsje. En as er it iten bihimmele hat, giet er to frijen.
DE STUDINTEN.
Det liigstû! Mombosius grien! Optinksels!
REITSE JANS.
Sa wier as ik dizze prúk omheech hâld. Hy hat it forsjoen op de âlde widdou
Truffelsma; dêr sit modder oan ’e kloet. Dêr kuijeret er den hinne, it bolwirk
om. Joun wier it in joun út tûzenen. Piktsjuster, en it waeide det it rikke.
Ik stelde my op efter in grouwe beam, nêst it hoekhús. It wierre my mei en it
twirre my mei, kin ’k wol sizze. Krekt do’t âlde Mombosius om ’e hoeke komt,
myn beam foarby, in pûster fen gewelt. Ik mepte him de hoed ôf en pakte teffens
syn prúkje beet; sà hie ’k it.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Mar hy scil dy wol mirken ha, heite! Sa hat er grif net yn ’e doljoarum west!
REITSE JANS.
Gjin sprút dêrfen! Ik koe him krekt skarreljen sjen út myn skûlhoekje wei. Hy
tocht det it de wyn wier, seach en socht alles ôf, foun syn hoed werom, mar
fensels, it prúkje net! Do kaem it moaiste. Wylst er dêr yet omsneupt, komt
Wassenbergh der oan; hy roun him hast tsjin it liif. Mombosius wist net ho’t er
der mei oan moast. „Gij vindt mij in eenige ongelegenheid, collega,” sei er.
„De kracht des winds in dit gure land is bevreemdend. Zoo meteen rukte hij mij
mijne peruike van het hoofd.” Wassenbergh tocht; nou hat er him hielendal om.
„Ik leau earder det jy in slach fen de moalpûde as fen de wyn beet hawwe,” sei
er. Mombosius fette dêr fensels gjin grevel fen.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Io triumphe! for de greatste bysfeint fen Frjentsjer!
IN OAR.
Hwet moat der nou mei de prúk barre?
DE STUDINTEN TROCH INOAR.
Ophingje boppe Mombosius syn sprekstoel! Efter op syn toga bispeldzje! Syn
snúfdoaze dêryn biwoelje!
REITSE JANS.
Né, nommele frjeonen. Myn herte is nou wer stimd ta myldens, oan myn grime is
foldien. Oare moarn is ’t Mombosius syn jierdei. Wy stjûre him in earste klas
taert en litte de prúk yn in doaske dêryn bibakke. Wy litte him bisoargje...
By Jupiter, Sytse jonge, bistû hjir ek! Det ’s al hwet kras, det ik dy net
earder sjoen haw.
SYTSE.
Ik woe dyn moaije bak net bidjerre, heite. Dit is grif de bêste fen dyn fiten.
REITSE JANS.
Moatste moarn foart?
SYTSE.
Ja. Net mear oer prate, ju. Ik bin nou yet by jim.
Stiltme. Reitse Jans hat it prúkje weimoffele, en liket forbjustere. De doar giet iepen, en pref. Wassenbergh komt yn. Hy is in weardige en frjeonlike forskining; syn antlit leit safolle gloede en myldens oer, det men kin bigripe det de studinten for him troch it fjûr geane. Dizze joun lykwols liket er oandien; de studinten merkbite it mei gauwens.
WASSENBERGH.
Joun, frjeonen. Sytse hjir ek? De reis der om makke, Sytse?
Hy fûstket mei him.
SYTSE.
Ja, professor.
WASSENBERGH, him oansjende.
De lêste joun?
SYTSE.
Ja, professor.
Wassenbergh keart him om en komt foar it byld fen de keizer lâns. Effen liket er yn opstân to kommen, mar hy bitwingt him. Hy leit syn pompieren, dêrby in Gysbert Japiks, foar him yn de sprekstoel.
WASSENBERGH.
Ik hie joun de Fryske Tsjerne yetteris mei jim lêze wollen, frjeonen. Mar jim
moatte my ûntskildigje. Ik bin hwet forslein. Do’t ik hjirhinne gyng, tocht
ik: ik moat de les mar jaen sûnder my hwet skine to litten. Mar ik kin it dochs
ek net for jim stil hâlde. En nou’t Sytse hjir sa yn ienen foar my stiet, kin
ik it alhiel net mear forkropje. Wy binne hjir as goede Friezen mei-inoar.
IEN FEN DE STUDINTEN, hwet riedend.
Is der nou wer hwet ... mei de Akadeemje, professor?
WASSENBERGH, nei in koarte stiltme, rêd, as kin er dêr net lang oer prate.
Der is in streek troch de Akadeemje helle. Wy bisteane net mear.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Det kin net....
Hy sjucht Wassenbergh oan, mar dy syn antlit wiist de wierheit kleardernôch út. Stiltme. Net ien doar en kin hwet sizze. Bûtendoar heart men de wyn, great en fûl. Op it lêst seit
IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Det is net to leauwen. Men kin yen det ommers net tinke... Us Akadeemje kin ús
dochs net ûntnommen wêze... Der is grif in forsin, men hat de keizer forkeard
ynljochte....
WASSENBERGH.
De amptners fen de keizer binne krekternôch. Sadré’t it bisiik fen Cuvier
oankindige waerd, hat it my swier op ’e lea lein. By alle freeslikens bliuwt it
sa tige bigryplik; men kin yen krekt tinke ho’t it west hat. De keizer hat jild
nedich, jild—en minsken. Hy hat de list fen de hegeskoallen foar him krige út
syn nije Frânske provinsje; hy hat sein: seis, det is to djûr. En hy hat in
streek helle troch de twa minst bisochten. Hwet kin hy witte fen hwet dit for
ús bitsjut, hwet wit de Korsikaen fen hwet der omgiet yn Friezene herten? En
wist er it, hwet koe it him skele? Hy sjucht de wrâld dy’t fol fijannen is, hy
wol se delslaen. Hy hat ús yn de macht, hy biskikt oer ús.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Hy is in tyran. De foltsen scille de dei fen syn fal priizgje. (Lústerjen:
Sst, sst, tink derom!)
IN OAR FEN DE STUDINTEN.
Mar wy kinne ús Akadeemje net misse. Tink jim det yn: net mear yn Frjentsjer
leare, net mear ús thús hawwe yn it lytse stedtsje, om utens to learen gean.
Fryslân kin syn Akadeemje net kwyt. Hy kin net lang regearje....
WER IN OAR.
As er falt... Oranje scil helpe! Dit ûnrjucht kin net bistean.
WASSENBERGH.
Wy kinne net folle forwachtsje, frjeonen. Ik hâld fen Oranje, en dizze nacht
scil foarbygean. Mar ik wit ek hwet to wachtsjen is fen regearen. Hja binne
selssuchtich, hja sjugge de djippe geastlike neden fen it folk net, hja hearre
allinne hwer’t men lûd om ropt. It kin it tinken net fen my ôfsette, dit wier
net bard as de keizer witten hie, it Fryske folk stie as ien man efter syn
Akadeemje. Do’t de departemintale yndieling kaem, moasten alle oare lege lannen
hjar nammen forlieze, mar dy fen Fryslân liet er bistean. It wier in lyts
blinkje hope. Mar dit hat in ding fen neat for him west.
SYTSE HETTINGA.
Professor, ik woe freegje. Ho kin dit eigentlik allegearre yn Fryslân? Wy
hâlde dochs fen ús eigen folk, fen ús sprake. Hwerom stipet men ús net? Is it
net ûnbigryplik?
WASSENBERGH.
Det is it, Sytse. Bytiden tink ik, der leit in tsjoen oer hiel Fryslân ... wy
libje yn it herte fen Fryslân, en it liket gjin Fryslân to wêzen... Mar wy
meije de moed net forlern jaen. De greate master fen Boalsert stie allinne. Det
is mei ús oars.
REITSE JANS.
Wy hawwe mankoar. En it scil oars wirde yn Fryslân. Wy scille ús bêst dwaen.
SYTSE HETTINGA, klear dêroer hinne.
As it moat, lit alles falle. De greatens fen Fryslân, de Akadeemje, ús
libben, alles. As wy mar wis binne det Fryslân libjen bliuwt yn de herten fen
hwa’t hjar ljeavje. Den is de opstanning wis.
WASSENBERGH.
Lit dit den ús lêste wird wêze, frjeonen. Bitwongen, bidrige, forlitten, wy
hâlde oan Fryslân fêst. Hja kinne ús birôvje, ús krêft brekke kinne hja net. En
nou, myn frjeonen, wy scille joun de Fryske Tsjerne net mear lêze. Mar lit ús
yet ienris lêze master Gysbert syn Jounbede, lyk as wy det wend wierne to
dwaen.
Hy slacht syn Gysbert Japiks iepen, en bigjint to lêzen mei oandiene stimme.
WASSENBERGH.
Nou is de dei forroun mei ûre en stoune,
Oermits de sinn’ doldûkt, yn wetters groune.
Meitse ús nou, Sliep, fen God om rêstjen jowne,
Dei’s lêst onboune.
IEN FEN DE STUDINTEN.
Kom swiete sliep, ús eagen firdich binne.
Det swierlik drôgjen net ontstjûrgje ús sinnen.
Det soarch en eangstme ús rêstnjue net oerrinne,
Noch fré forwinne.
IN OAR, sterker.
Kom swiete sliep. Mar wêz ús fêste boarge
Det nin nachtgrime ús fettet by de loarge,
Det wy net reitse yn fij’ne weaze en foerge;
Hâld wacht en soarge.
IN OAR, heger.
Mar Y boppe al, Tsjerk-haed, Jon weitsers seine,
Wolsillige Inglen, det s’ al onrie weine,
Det Jon skiep Jo, fen’ Hol, net wirde ontteine,
Ontskake ef skeine.
SYTSE HETTINGA, fêst en klear.
As den, troch sliep forkwikke, ljeave Heare,
Wy firdich moarn-ier t’ ús birop werkeare,
Holp det ús dwaen en litten, ta Jon eare,
Wol wirdt rejeare.
WASSENBERGH.
As den, frjeonen, ús Akadeemje, dizze fakkel fen Fryslân, dôve wêze moat yn de
stoarm fen ús tiden...
IEN FEN DE STUDINTEN.
Hjar fjûr scil foartbistean yn ús herten....
IN OAR.
En wy scille it útdrage oer hiel Fryslân....
IN OAR.
En der scil wêze in nije dei....
SYTSE HETTINGA.
En der scil wêze: ûntweitsjen.
Prof. Wassenbergh slút syn boek.
De foarhing slút.
DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE TWIVEL.
DE STOF.
DE GEAST.
DE IDELHEIT.
DE SKIENTME.
DE DOMMENS.
DE KLEARENS.
DE MISMOED.
IT BITROUWEN.
DE LEFFENS.
DE MOED.
DE TWANG.
DE FRIJHEIT.
DE HATE.
DE LJEAFDE.
Tsjuster. Ringen komt de hérold, bliest en kindiget oan:
„Op de grinzen fen it forline en hjoed. Untweitsjen fen de Jongerein fen Fryslân.”
Hy giet en de foarhing lûkt iepen. Yn de romte hinget in frjemd healtsjuster,
ûndúdlik sjucht men de seame fen in wâld. Rjuchts en efter mânske beammen,
lofts strewellen. Rjuchts foar, foar de stammen in frjemde griene opheging, det
in âld alter fen seadden wêze koe; oan wearskanten dêrfen twiske de beammen
stean twa greate lyljes, sletten.
In skelle wearljochtflits, foartendalik folge fen in lang oanhâldend
tongergerommel. It wirdt ljochter. Lofts, op ’e groun ûnderskaet men saun
foarmen; seis dêrfen lykje to lizzen, ien, de jongerein fen Fryslân, sit as
wekkerskrille rjucht-op. Rjuchts op de forheging stiet in tsjustere forskining,
bleek en meager, roppend mei in ûnwis en binearjend lûd:
DE FORSKINING.
Wêz wach en folgje my, o Jongerein fen Fryslân!
DE JONGEREIN.
Hwa bistû dy’t my ropt to folgjen? hwet docht my sa kjel út myn dreamen
ûntweitsjen?
DE FORSKINING.
Om dy hinne stiet de himel yn fjûr en de groun dinder’t fen de fordylging. Pas
ier bistû ûntwekke, o Jongerein fen Fryslân. De folken geane ûnder yn de
greatste striid dy’t de wrâld oanskôge. Hoedzje dy, hoedzje dy, slút dy oan by
myn feilige lieding. Ik scil dy bringe dêr’t de geroften fen de striid net mear
klinke, dêr’t de ivige stiltme is en de rêst.
DE JONGEREIN.
Eang en near wiswier makket my de droaning fen de striid, o forskining. Mar ik
kin net gean ear’t ik net wit det der feiligens is for myn skat. Ik noedzje
eat, my djûrder as de rêst, djûrder as hokfor stiltme.
DE FORSKINING.
Sjuch ta, o Jongerein, en lit gjin waen dy rjuchtsje togroune. To wyld is de
tiid, det eat dyn gong biswierje mei. Hwet hoedest dû dos mei sa greate
soarge?
DE JONGEREIN, in glânzgjende skeal fen kristal optillend.
Ik noedzje de tsjelk dêr’t de treast fen Fryslân yn is. Sûnt hja gyng, dronken
dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit my by it
hillige det hja feilich wêze scil, en ik folgje dy.
DE FORSKINING, skriljend.
Yn frjemde dreambylden bistû bitiisd, o Jongerein fen Fryslân! Ik siz dy, neat
kinstû meifiere op dyn gong troch de barnende wrâld. Lit falle dit boartersgûd
op sterke stien en dû scilst frij wêze for jimmer!
DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Nea, nea scil ik dy folgje, o byld fen domme forlieding! Nou wit ik dyn
wêzen, nou scil ik dyn namme neame! Hwent dyn namme is Twivel, en dyn wêzen is
it Neat!
Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. It wirdt ljochter; op it plak fen de Twivel sjucht men in oare forskining, klaeid yn poarper en alhiel mei glinsterjende stiennen bihongen, op de holle in gouden kroane mei in greate bloedreade stien; hjar lûd klinkt kreakjend en droech.
DE FORSKINING.
Folgje my, o Jongerein fen Fryslân! Los binne britsen de krêften fen de wrâld,
yn de wieling fen de striid rize macht en eare omhegen! Ken de krêft fen dyn
jonkheit en folgje my en de skatten fen de ierde bin dines!
DE JONGEREIN.
Wis langje ik nei de striid, wis is it herte my ré ta died, o Forskining. Folle
ûnthjitstû my, en nei folle bin ik bigearich. Mar fjuchtsje scil ik net for
idele winst fen de wrâld. Skat haw ik genôch; biwarje my dy en ik bin ré dy to
folgjen.
DE FORSKINING.
Frjemd liket it detstû in skat hawwe scoest yn sa greate forlittenheit, o
Jongerein fen Fryslân. Macht en rykdom dije yn iensumheit net. Siz my dyn skat
en ik scil dy bettere wize.
DE JONGEREIN.
Myn skat is de tsjelke dêr’t de treast for Fryslân yn is. Sûnt hja gyng,
dronken dêrút al ús lieders en striders, en it wier hjarren it libben. Unthjit
my by it hillige de feiligens fen dit bisit en ik scil gean dêrstû wiist.
DE FORSKINING.
Riker bistû as ik ealge, o Jongerein fen Fryslân. Mar nêst myn jeften is bleek
en earm dyn skat. Lit der in boun wêze twiske ús en lit ús roalje fen jeften en
de minsken scille knibbelje for dyn rykdom.
DE JONGEREIN, wizend nei de forskining.
Mei dyn wirden forriedstû dy, o machtich byld fen forlieding! Bilêz oaren, astû
kinst, mar my scilstû earder wêze ta feint as ta hear! Ik ken dy, o
forgonklike: Stof is dyn namme, en dyn wêzen is Skyn!
Tsjuster, wearljocht en tonger fen nijs. De forskining fen de Stof is gien, op hjar sté stiet in forskining, klaeid yn blinkend wyt, mei gjin oare rissing as in ljochtsjend swird oan hjar side. De lyljes oan wearskanten geane iepen en bloeije mei in heimsinnige gloede.
DE FORSKINING.
Bistû wekker en ré, o Jongerein fen Fryslân?
DE JONGEREIN.
Untwekke bin ik fen it bêd fen myn dreamen, o goede forskining. Ré ta hwet moat
ik wêze?
DE FORSKINING.
Ta moanning en wytging bin ik dy stjûrd, o Jongerein út in âlde stamme. De
tiid fen dyn dreamen is gien, meitsje dy op ta de striid. Eat kostbers is dy
bitroud, to kostber det it oantaest wirde mei fen de wazem fen it forgean.
Draeg it út yn de wrâld, o Jongerein, til it mank dyn folk omhegen.
DE JONGEREIN.
Lyts is myn moed en myn krêft sa earm, o goede Forskining. Oan sokke teare
hannen is dit greate bitroud. Dû hast it ljocht en it witten; nim dû it en ik
wol dy folgje.
DE FORSKINING.
Neam my myn namme en wytgje my myn wêzen, o dû bitrouwende.
DE JONGEREIN, lústerjend.
Geast is dyn namme en Wierheit dyn wêzen, o dû benedijde.
DE FORSKINING.
Dit is den myn wytging oan dy, o Jongerein fen Fryslân. Hwetstû warrest, is
skat fen de minsken; minsken moatte it hoedzje en noedzje. Nea kin ik nimme
hwet dyn hannen bitroud is. Mar krêft scil dy jown wirde út genede, astû
ynmoedich fregest.
DE JONGEREIN.
Goede geast, gean my foar en ik wol dy folgje, myn skat warjend yn eigen
hannen.
DE FORSKINING.
Neat kin ik dy biede, o jongerein, as in lange reize fen striid en wirgens.
Wachtsje net fen my hwet ik gjin macht haw to jaen; wachtsje net it goed fen de
ierde.
DE JONGEREIN.
Mar myn skat scil feilich wêze?
DE FORSKINING.
Feilich scil wêze dyn skat for aloan, o jonkheit.
DE JONGEREIN.
Ik wol komme, ik wol komme, o geast (hy forriist alhiel). Wé my, swier
is de tsjelke en de wei fol neden.
DE FORSKINING.
Gean en gean aloan, o Jongerein fen Fryslân.
Fen rjuchts komt, klaeid yn in dracht dy’t hjar foeget, mei in lange rûzjende sleep, in nije forskining, dy’t hjar stelt yn de wei fen de jongerein en him tsjinkeart.
DE IDELHEIT, laitsjend.
Ha, ha, ha! Yn in moaije útris forskynstû yn de wrâld, myn frjeon. Dit is dochs
in bytke âlderwetsk net, dit erfstik fen ieuwen? Wolstû bilake wirde by útman
en eigen? Sa scille de minsken oars net nei dy sjen as mei meilijen en
argewaesje!
Ien fen de Dreamen, dy’t yet leine, forriist, en giet stean neist de jongerein.
DE SKIENTME.
Dyn spot scil him net reitsje, o Idelheit, al to iepenbier is dyn earmoed.
Forlit dizze wei dy’t dy ta fordylging wirdt. Hy giet net allinne, de Skientme
scil nêst him wêze.
DE IDELHEIT.
Ah!....
Hja slacht de hannen foar de earen, en wykt út de romte. De jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt in grouwe en sleauwe foarm yn kostbere útris mei greate wêzenleaze eagen.
DE DOMMENS.
Dit is in frjemde manear om dyn wei troch de wrâld to siikjen, heite! Hjir
scilstû fier mei komme! Det in minske him sa oan syn ljeafhabberijen forgrieme
kin! Den moat men ek al fier hinne kommen wêze, net?
Ien fen de Dieden forriist en giet stean nêst de Jongerein.
DE KLEARENS.
Jow dy ôf, wêzenleaze Dommens. Mei al dyn ûnbidige swierens scilstû
gauwernôch yn it neat forgean! Hjir is gjin heil fen dy to hoopjen, siikje
dyn oefte yn oarwei! Feilich scil er wêze for dyn wanforstean, hwent de
Klearens is nêst him!
DE DOMMENS.
Soa, soa, soa.
Hy wykt fen it paed ôf en forlit de romte. De jongerein docht in trêd foarút. Fen rjuchts forskynt in lange meagere frouljues-figuer mei bûgde holle, pratend mei kriterich lûd.
DE MISMOED.
Der is neat mear to hoopjen, jongkeardel. Dû hiest earder wêze moatten. Alles
is forlern, ik skriem as ik derom tink. It is dien, en dû moatst mar nei hûs ta
gean. Och, och hwet is it libben den al in binaude stoarje.
Ien fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.
IT BITROUWEN.
Der is mar ien mislearring, nommele frjeondinne, en det bistû sels. Wy hawwe
inoar al ris earder moete, wier? It stiet my net foar detste der better fen
wirden bist. Wy woene wol hwet oanmeitsje; it Bitrouwen stiet foar dy. Wolst ús
hwet rûmte jaen?
DE MISMOED.
Och, och, och...
Hja bigjint to kriten en forlit de rûmte. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts forskynt, yn earmtlike klean en riljend oer al syn lea, in nije foarm.
DE LEFFENS.
Ho doarstû, ho doarstû! Dû witst net hwetstû bigjinst! Ik wik dy, dû hast it
slimste to wachtsjen! Sokke spoeken ha ’k sjoen, it hert slacht my der yet fen
yn ’e kiel! Ik ryboskje de hiele wei lâns!
Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.
DE MOED.
Wy binne net allegearre bang for ús eigen skaed, ilindige leffens. Wiswier, by
in skôging as dines koe men der oars fen wirde. Mar somliken geane ta gelok
rjuchtop en eangje neat. Dû forfeelst my, meager spoek. Wolstû mei de Moed dy
mjitte? Ut ’e wei, ef dû bist forlern!
DE LEFFENS.
Oeoeoeh!
Hy filet út, sûnder weardichheit. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in rouwe wrede figuer yn in gâns forsliten rêsting, pratend mei in kâld en hird lûd.
DE TWANG.
Ik warskôgje dy. Gjin stap scilstû fierder gean. Ik ha dy nou langernôch bigean
litten. Ik tocht, dû scoest wizer wirde, mar it wirdt earder minder. Nou scil
it út wêze. Dû giest tobek, ef oars....
De Jongerein tilt de skeal heger. Ien fen de Dieden jowt him oerein en giet nêst de Jongerein stean.
DE FRIJDOM.
Scilstû it drôfste fen dyn folle drôve forsinnen bilibje, o Twang. Dû witst
dochs dyn earmtlike machtleazens oer de geast fen de minsken. Njuggen tsjiende
fen dyn wapens hastû forspile yn de striid om dy to bihearskjen. Wolstû op
dizze wei de Frijdom fennijs bistride? Wy binne ré.
De twang skoddet syn fûst, mar swijt en wykt út de romte. De Jongerein docht in stap foarút. Fen rjuchts komt in stille, loerende figuer, slûpenderwize, klaeid yn in barnend giel, pratend mei in heaske, lústerjende stimme.
DE HATE.
Al de oaren hawwe dy sparre. Ik scil dy net sparje. Ik bistriid rounom tagelyk,
ik krûp yn dyn fleis en bloed, warleas biste tsjin my. Jow dy oer yn myn
tsjinst, ef dû scilst forstean hwa’t ik bin.
De lêste fen de Dreamen jowt hjar oerein en giet nêst de Jongerein stean.
DE LJEAFDE.
Sa lang kenne wy dy al, o Hate. Mar ik woe detstû my oansjen woest. Den scoestû
de Ljeafde forstean. En der foroare eat yn dyn wêzen.
De hate sjucht hjar oan, mar foartendalik slacht er de mantel foar syn eagen.
DE HATE, snokkerjend.
O....
Hy wykt út de romte. De Jongerein is kommen ta de forskining fen de Geast, dêr’t er him op de knibbel foar deljowt; de Dreamen en Dieden nige de holle.
DE JONGEREIN.
Goede geast, hjir bin ik. De wei wier net sa swier as ik tocht. Ik haw myn skat
biwarre. Kinstû my wije ta strider?
DE FORSKINING.
Yn de stoarm fen ús tiden, yn de bitizing fen de folken, mar yn de klearens fen
de geast, draeg fierder en fierder dyn skat, o Jongerein fen Fryslân.
Hja rekket mei de punt fen hjar swird de krune fen de tsjelkdrager.
De foarhing slút.
„Ienkear scil de moarn forrize
Dy’t it nachtlik kwea bitwingt...”
Sang fen de Upstalbeam.
DE SISTERS FEN DE NACHT.
DE KENING FEN DE MOARNTIID.
DE TIID.
IT NIJE FRYSLAN.
DE JONGEREIN FEN FRYSLAN.
DE UPSTALBEAM.
WESTERGOA.
EASTERGOA.
DE SAUNWALDEN.
DE STEDDEN.
DE EILANNEN.
NOARD-FRYSLAN.
FRYSLAN OM UTENS.
Tsjuster. Opkomt in faem, dragend in brune mantel oer in klaed fen foaren mei pompeblêdden forsierd, en in krânse fen reid en forjit-my-netten op ’e holle; den forskine fen wearskanten twa hérolden, útrist yn de kleuren fen Fryslân. Hja blieze; de faem stekt in silveren stêf omhegen en kindiget oan:
„Earne yn de kriten fen de takomst. De weromkomst fen Fryslân.”
Hja geane en de foarhing lûkt iepen.
Men sjucht deselde wâldseame as by it bigjin; allinne liket de yngong mids
efter eat heger. Oer de rûmte hinget in healtsjuster, dêr’t men, flak by de
yngong, trije greate, spineftige foarmen yn ûnderskaet, drok dwaende de yngong
ticht to meitsjen mei reagen. Rjuchts fen hjar, tsjin de wâldseam, klaeid yn in
mantel fen himelblau mei stjerren bisiedde, sit de Tiid, roungear. Hy hâldt syn
holle yn de hannen en liket as slomjend; syn stêf leit nêst him.
IEN FEN DE SISTERS FEN DE NACHT.
It is net heal genôch. Mear reagen hawwe wy brek. Sok ilindich genifel! Jim
forsteane neat fen jim wirk. Jim moatte smoare, net fortsjusterje.
DE TWADDE.
Oei, oei, oei; ik bin sa wirch. It ljeafst makke ik fen al det spil in bêd om
op to sliepen. Lekker sêft scoe det lizze.
DE EARSTE.
Lit my det yetteris fen dy hearre, sleauwe tutte! Det scil ik dy oars yndruije!
Skreppe en oanpakke scilst as net wolst det ik dy mei eigen hannen de nekke
omdraei!
DE TREDDE.
Jim kenne der allebeide neat fen. De ien wol fierstento hastich, en de oar is
to sleau. De ien docht alles forkeard, en de oar docht neat.
DE EARSTE.
In greate bek en in bytsje pielen sjitte wy ek neat mei op. Ik scil it de Nacht
trochdwaen ho gemien jim syn djûre tiid forluiterje.
DE TWADDE.
Oei, oei, oei, nou ha ’k myn bikomst. De wrâld moat himsels mar rêdde. Ik wol
my net forskreppe. Hjir hast myn frachtsje derby, Gystenskrep.
Hja smyt hjar trop reagen de earste yn it antlit.
DE EARSTE.
De eagen scil ik dy útklauwe, dû sleaukemoei, dû ding fen neat! In oar litstû
bodzje en sels spilest de jiffer! Mar dêr haste gjin troanje for, Slieppekop!
DE TREDDE.
Och ljeave sauntjin, sa giet it hjir nou altyd. Nou fleane se mankoar wer yn ’e
hierren. Ik bigryp net hwet sokken yn de wrâld dogge.
In ljochtstriel glydt oan, en rekket de tredde.
Au, au! Ik wik jim, sisters fen de Nacht, it ljocht is op kommen! It barnt yn myn hûd!
DE EARSTE EN DE TWADDE.
Wé! wé! nou komt er ús dochs oer it mat! Det is dyn skild, dines! O! o! fierder
lûkt it, wy scille forgean!
DE TREDDE.
Wy moatte flechtsje! Foart, foart!
Mei wylde gjalpen strûze hja út ’e rûmte wei. It ljocht glydt wiid en roazich oer de rûmte. Beammen, krûden en moas glânzgje yn de frissens fen de moarn. Fen lofts komt, klaeid yn in mantel fen flamjend fjûr en mei in strieljende kroane op ’e holle, de kening fen de Moarntiid. Oan syn side hinget in swird, it hânsel ynlein mei dauwepearels. Yn it oanglidende ljocht giet er ta op de yngong, ûnderhellet syn swird en klearret mei ien slach de yngong.
DE MOARNTIID.
De nije dei is bigoun! Wêz wekker, o Tiid!
DE TIID, him oprjuchtsjend.
Ik wier net sliepend, o kening fen de Moarntiid. Nea bisiket de sliep de eagen
fen de Tiid. Mar sims haw ik fen mysels gjin witten. Hokker dei is dit dy’t
bigjint mei sa great in dage, o kening?
DE MOARNTIID.
Ta my kaem in stimme to sprekken: Meitsje dy op en siikje de Tiid, meitsje dy
op en gean ta it wâld fen Fryslân. Klearje de wei for de kommende, hwent hjoed
scil hja komme fennijs. Forljochtsje de lânsdouwe fen Fryslân, det hja de eagen
fen hjar Frouwe fornoegje.
DE TIID.
Hwet seistû, hwet seistû, o kening fen de Moarntiid! Sa scil hjoed it antlit
fen Fryslân oan hjar folk wer forskine! Wol my det ik wersjen scil dy’t skûl
gyng sa lang yn it grien fen hjar wâlden!
DE MOARNTIID.
It folk fen Fryslân wirdt wekker, it komt himsels to forstean. Wider weaget it
ljocht oer syn fjilden, de skiere toerren en de romme pleatsen, de lústerjende
wâlden en de riljende marren binne klear en nij fen myn glâns. Net fier kin it
earste lûd mear ôfwêze fen ús earen, o Tiid.
DE TIID.
Hark.
Sêft, as yet yn fiere fierte, heart men in sjongen. Hiel stadichoan wirdt it klearder. Men fornimt de meldije; en it binne twa fersen fen it liet fen Colmjon: „Wy, wy litte ús tael net farre”, dy’t men heart.
DE MOARNTIID.
It earste ûntweitsjen is kommen. De dreechsten en klearsten fen it folk bitinke
hjar op it forline. Eat fen de wearde fen eigen sprake wirdt hjarren
forsteanber. Yet is it inkeld en twiivlich; faek scille de winen fen de
moarntiid it wer forwaeije. Wytgje my: hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op
dizze earste en tearste lûden Fryslân forskine?
DE TIID.
Hja forriist fen hjar bêd fen blommen en krûd earne yn it hert fen it wâld.
Skerp leit hja it ear to lústerjen, en hja glimket. Mar hja bringt hjar hân oan
de foarholle en tinkt. Tofolle yn dit sjongen forstiet hja it priizgjen fen it
forline allinne. Hja tinkt oan lang lyn. Hja toevet en komt yette net. Hark.
Eat tichterby, mar yette op fiere ôfstân heart men sjongen fennijs. Dizz’ kear binne it it earste en lêste fers fen van der Burg’s: It Heitelân.
DE MOARNTIID.
Krêftiger wirdt it lûd, greater earnst wirdt forsteanber. Net ljeafde ta lân en
sprake allinne, eat fen it witten fen de siele fen Fryslân wirdt iepenbier. Ik
hear de lûden klinken fen Noard ta Súd, ik sjuch de rigen hjar foarmjen. Wytgje
my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil op dit greatst ûnthjit fen Friezene
herten Fryslân forskine?
DE TIID.
Hja makket hjar op ta it bigean fen de bidauwe paden. Hja glimket net mear, yn
hjar eagen is in glâns fen earnst. Hja forstiet, de trou oan hjar komt to
libjen ûnder hjar folk. Mar hja mist yette it lûd fen de jonkheit en hja
wachtet yn langstme. Hja toevet en komt yette net. Hark.
Tichteby heart men sjongen fennijs, dizz’ kear twa fersen fen de Jongfryske Findelsang. It lûd klinkt al klear oer de romte.
DE MOARNTIID.
Kommen sjuch ik ta de seame fen dit wâld, de jongerein fen Fryslân. Yn hjar
hannen draegt hja in glânzgjende tsjelke, teare en sterke forskinings geane
myld om hjar hinne. Fierder giet de stoet oer de klearens fen de mieden,
blommen en herten geane iepen fen myn ljocht. Wytgje my: hwet is der fen de
dei, o Tiid? Scil by dizze glâns fen jonge wijing Fryslân forskine?
DE TIID.
Ik sjuch hjar, hja stiet oan it bigjin fen de wei dy’t nou nij foar hjar
útleit. Yn hjar hannen hat hja de kroane dy’t de Geast hjar bea; hja siert hjar
hier dêrmei, ta in tsjûgenis fen hjar wêzen. Mar hja nimt de hannen gear en
freget de ienheit fen hjar folk. Hja toevet en komt yette net. Hark.
Oan de grins fen de rûmte dy’t men oanskôget klinkt in sjongen fennijs. Nou heart men twa fersen fen de sang fen de Upstalbeam. De kening fen de Moarntiid keart it antlit ta rjuchts.
DE MOARNTIID.
In findel sjuch ik, blinkend yn it nije ljocht fen de moarn. Breed wreidet in
mânske iik dêrop syn tûken fen ieuwen út. Ik lêz de wirden ûnder det findel, en
hja binne: rursum viridis, grien fennijs. Ik sjuch it folk dêrefter yn
greate rigen. Wytgje my, hwet is der fen de dei, o Tiid? Scil by de groetenis
fen dit findel Fryslân forskine?
DE TIID.
Hja strûst oan oer de paden fen de bidauwe bosk, yn hjar herte it langstme.
Iepen geane de wâldfioelen, en de fûgels sjonge it lok oer hjar út. Fierder en
fierder strûst hja en rounom nige de beammen. Hja forstiet de ienheit fen hjar
folk, hja scil forskine.
Fen trije kanten tagelyk wearklinkt in koarte krêftige bazúnstjit. Tagelyk forskine fen lofts de Jongerein fen Fryslân, de tsjelk hâldend yn hjar hannen, folge fen de Dreamen en Dieden, dy’t de wei mei hjar gyngen; fen rjuchts in findeldrager mei it biskreaune findel fen de Upstalbeam, folge fen in folksrige, symbolysk forbyldzjend; fen efter fjouwer jonges en famkes, Fryske miedeblommen en inkelde roazen dêrmank struijend foar de foetten fen Fryslân, en yn hjar formidden Fryslân sels. Rjuchtop stiet hja, in mylde en yet jonge forskining, kroane mei de kroane fen de Geast.
DE TIID.
Ik dy’t it earste dy moete, hwaens fjilden dû sokke lange en swiere ieuwen
bigyngst, hwaens fjilden dû nou wer bigean scilst fen nijs,—o mei it wêze ta
lok fen dyn folk en ta dines—, doch dy myn groetenis, o Fryslân.
DE MOARNTIID.
Ik, hwaens strielen it bigjin fen dyn nije dei forljochten, en dy’t opkommen
seach út it tsjuster de krêften fen dyn folk, ien for ien, nij en sterk yn it
witten fen dyn weromkomst—o mei hja wêze for jimmer—doch dy myn groetenis,
o Fryslân.
DE JONGEREIN.
Ik, oan hwaens hannen nei in rige fen swiere ieuwen de tsjelke fen dyn Treast
bitroud waerd, dy’t ik dy suver en ûnskeind weromwij, ik, dy’t great wirden bin
yn dyn hope en my yn dyn ljeafde ûntjown ha, doch dy myn groetenis, o Fryslân.
Nigend set er de tsjelk foar de foetten fen Fryslân del.
DE UPSTALBEAM.
Ik, for hwa’t it opkaem dyn ienheit fen nijs to stiftsjen as it ûnôfwiisber
bitingst for dyn weromkomst, dy’t my opmeitsje striidber fierder to gean for
dy—o mei it wêze sûnder de ûnsillige âlde forblining,—doch dy myn
groetenis, o Fryslân.
Fen lofts komt op in faem, dragend it findel fen Westergoa; by de folgjende hilde forskine de draechsters om bar fen lofts en fen rjuchts en stelle hjar om bar op rjuchts en lofts fen Fryslân.
WESTERGOA.
De âlde goa fen Westergoa, dêr’t de terpen lizze, it honk fen dyn bern sûnt it
bigjin fen dyn stoarje, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.
EASTERGOA.
De âlde goa fen Eastergoa, dêr’t de wâlden rûzje, dêr’t de striid om dyn
hillichheit en dyn Kristendom striden waerd en bieine, docht dy hjar groetenis,
o Fryslân.
DE SAUNWALDEN.
De jonge goa fen de Saunwâlden, fruchtber en tierich makke fen dyn bern yn in
nommel en great wirk fen frede, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.
DE STEDDEN.
It ketier fen de stêdden, ienris it meast fen dyn sprake forfrjemde, nou fen
nijs forfolle fen dyn wêzen en dyn lûd, docht dy syn groetenis, o Fryslân.
DE EILANNEN.
De lange rige fen eilannen, dêr’t de skûmjende sé tsjin briek, de meast
omfochten en omstoarme dielen fen dyn lânsdouwe, dogge dy hjar groetenis, o
Fryslân.
NOARD-FRYSLAN.
De mienskip fen de Noard-Friezen, skaet fen it stamlân, mar biwarjend dyn
sprake en dyn wêzen, docht dy hjar groetenis, o Fryslân.
FRYSLAN OM UTENS.
De mienskip fen de Friezen dy’t honk en brea siikje moasten om utens, mar dy’t
yn de kjeld en de tropen fen it útlân yette dyn ljeafde biwarren, docht dy hjar
groetenis, o Fryslân.
FRYSLAN.
Fryslân docht dy hjar groetenis, o folk fen Fryslân! Djip wierstû fallen en
sonken, mar de krêft fen de âlde stamme forliet dy net. Fennijs sjuch ik dy
stean, safollen as myn stamme nou telt, safollen de lottering fen myn skiednis
oerlibben. Fennijs scil ik gean mids jim greiden en wâlden, oer de glâns fen
jim marren, en gjin bern fen Fryslân ef it scil myn wijing yn syn herte
forstean—
Dit is myn foarste wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: om de tiid dêr’t jim striid yn is, to forstean. De eardere slachten dy’t my tsjinnen, joegen my folle greats: yn de gielgoede fen myn ûnthâld leit it biwarre as in skat, en Fryslân scil hjar hjar eare wiswier net ûnthâlde. Mar nou moatstû stean yn in oare wrâld, o myn folk, en yn oar formidden moatstû dyn wêzen biwarje. Forstean det ik net bin fen de Stof, mar fen de Geast. Meitsje my great yn de forkleare kontreijen—
Dit is myn twadde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: gjin wirk lyts to achtsjen det dien wirdt for my. Somliken rôp ik ta greate skôging en krêften, oaren ta it dimmene wirk fen de sljuchte ûren. Mien net det ik lean jow neffens greatens, tink net det ik tankber bin for skientme allinne. Sa hwa’t arbeidet for my mei de trou fen syn herte, lean en tank scil er hawwe by my, die er ek it lytste wirk for Fryslân—
Dit is myn tredde wytging, rjuchte ta jim yn de moarn fen dit libben: warje jim ienheit, warje jim ienheit foar alles. Rjuchtlik is ús wirk, rjuchtlik ús striid, mar machtich is it misbigryp fen de wrâld. Sjuch ta det nea net nije bitizing ûntstiet yn jim herten en fen nijs jim fiert yn ’e lichte. Sa hwa’t my siket, scil my fine; stridend yn de klearens fen Fryslân, net for jimsels, mar for my allinne, scil jim ienheit sterk stean tsjin eltse bitizing.
Ik groetsje dy, o folk fen Fryslân. Hâld dyn stêf omhegen, o Tiid; lit dyn ljocht rize ta de dei, o Moarn. Myn skiednis bigjint fen nijs.
De Tiid tilt syn stêf omhegen, oer de rûmte lûkt it folle ljocht fen de dei. In sêft sjongen wirdt fornommen, op, foar en efter de rûmte; it binne de foarste rigels fen de nije folkshymne. Ringen sterket it sjongen oan; den wirdt de rûmte it skôgjen ûnttein.
De foarhing slút.
— E I N. —