Title: De swiere winst
Author: Douwe Kalma
Release date: December 7, 2025 [eBook #77417]
Language: Frisian
Original publication: Sneek: A.J. Osinga, 1921
For it earst sûnt syn tsjinst stie er wer by boer Westra yn ’e terp. In moaije jonge foarsimmermiddei wier it, sa’n ien as de hiele ierde yn stille wille to sintsjen leit yn it oanwinnende sinneljocht, dat net mear delskynt troch in Maitiids-flues mar ek yet net skroeit en barnt yn it ûnmeilydsume strieljen fen syn útlitten krêft, waermens, dy’t de tinzen bliid makket en ljocht, en langjen docht to rêsten oan it hert fen mem Ierde. Hiel stadich en freedsum sylden in pear suvere wite wolkens de blau laitsjende himel foarlâns, weidriuwend nei de heimsinnigens efter de kimen, dêr’t it rûzjen is fen de ûneinige sé en it klokken fen syn útrinnende weachjes tsjin de kearende peallen; in jonge teare gloede, al swierder as by ’t Maitiid, mar net sa djip-grien yette as yn de foldiedige midsimmer, weve stil oer de lânsdouwen en de mantelbeammen fen de pleatsen yn ’t fiere roun. Alles like glêd en bloeijend yn dat trintene ljocht, oant de swarte guds foar de kipkarren en it sike brunige rust fen de raljes ta.
Sjoerd Lolkes stie loai to hingjen oer syn lodde, útpûstend fen it wirk, as it wirk hjitte mocht, de skepmennich dy’t er dien hie. Hy seach om him hinne; der wier fensels nimmen dy’t der erch yn hie. De âldere arbeiders, trou oan de gong fen it wirk biwend, wrotten wirktúchlik fierder, stieken de modder ôf, smieten se yn ’e kipkarren, wachten op it heechst in telmennich oant de lege bakken wer foarriden waerden; hjar prakkesaesjes wieren wei yn it wirk, en om’t er hjoed yette net mei oaren yn it span stie, en sels syn wirk noch siikje moast, foel nimmen hird tsjin him út. Hy tocht oan syn tiid ûnder tsjinst do’t er leard hie de line to lûken, redsum derfor weiwinend safaek’t der in kreweike drige; hjir scoe him dat minder hânsum ôfgean, dizze iene earste dei yet sa’n bytsje, mar den wier er opnomd yn de fêste gong fen it wirk—hy scoe it net mear hâlde kinne safolle to dwaen as er oanstriid hie. Om him hinne djoeide it goudene ljocht fen de sinne, klear en wiid seach er it lân lizzen mei yn ’e fierte de doarpstoer en in mennich wenten deromta, as in swier grien lint omboerde de strjitwei de lânsdou oan ien kant, en it like him allegear ljocht en Sneinsk, mar ’t wier dochs lang net hwet er wol hope hie, grize jounen yn syn lang tsjinstbistean, as er weromtocht oan it libben yn Fryslân en him bisocht yn to tinken ho’t it wêze scoe as er weromkaem.
Hy wier net loai fen bistean, mar hy mirk, hy krige nou al de pest oan dit wirk hjirre. En de âldere maten om him hinne, elts mei syn egen bisletten tinze-geweef oer fortsjinste en wiif en bern, makken it net better. Hy fielde klear det der in spjalt komd wier twisken hjar en him, det er se net mear bigriep. Yn Hollân hie er jonges út ’e Jordaen en oare brânpunten fen stedskultuer wol oanflein by ien fen dy folle heisterings twisken Hollânske en Fryske leger-ienheden, meast it moarns, as it sin nidich stie om de ynkringerich sketterjende réveille en der yn it waskhok lang gjin genôch kranen wieren det al de slieperige jongkeardels hjar rêdde koenen, as mei gauwens der skeldwirden swaeiden tsjin de knauwers en de stiifkoppen dy’t dêr op like weardige wize tsjin ynleinen; en hy wier it grif iens mei de oare Fryske jonges det dy frjemden for gjin stûr to bitrouwen wieren en in smoarch en skunnich soadtsje. Mar like goed hied er mei fen syn bêste frjeonen hawn út dy oerséske steatsboargers wei, en al wist er det men se ek kwyt wier as men se net mear seach, hjar los en soargeleas dwaen, sa oars as de swiere hast wirktúchlike stivens dêr’t er fen bern ôf oan wend west hie, loek him tige oan en naem him mei. Dêr hie er al de opbrûzjende sinnen foars en sterk útlibje kinnen, hy hie de wrâld sjoen en gâns, gâns mear as de stimpers om him hinne fen ealgen, frouljue hiene der for him altiten genôch west en hja namen it dêr almeast net sa krekt, en al hie er mjitte witten to hâlden en himsels yn al syn bûtenwenstichheden nea weismiten, dêr hie it libben dochs for him iepenstien en hjir—dat swijsume ienkennige dwaen fen dy ljue om him hinne, nou en den ris in bidaerd wird dat frjemd en kjel yn de stiltme fen de middei foel en fierders altiten wer deselde, stadige, ûnfornearbere wjirkmjittichheit, it wier him tsjinnich, wers.
It lân doochde oars wol, mar de minsken koe er slite, stune er nidich yn himsels. By al syn moaligens, lyk hja ûnder tsjinst dat hingerige tsjinnige fielen sa treftich bineamden, fielde er him mei de groun dochs ien, dy swiere fette klaei, in glêdde nocht om to sjen, mei it fochtige wiuwende gers dêrboppe. Mar hy hie in ûremennich foartrinne wollen, oant de hege dyk dêr’t men de mar sjen koe en inkelde skippen, en dêr hie er in set lang lizze wollen to dreamen ef as er der sin oan hie, to sliepen. Dat wier er nou biwend en hy koe der net bêst mear bûten, al makke it him faek yet helte bitterder. Dreamen moatte ynhâld hawwe en foarm, en him bleau it in faei skimerich fielen fen haechlike forhopings, dêr’t er sels sa ynlike graech hwet mear klearrichheit oer hie en dy’t him ûntflechten safaek er se neijerby komme woe. Hy hie syn moed net, hy wist sels net hwet er wol woe en alles yn him stried tsjin dy ûnwissens en dy twiivligens yn, syn gestjende libbenskrêft, syn longerjen nei moeisum mar great wirk, syn earsucht en greatskens it meast. Hy wier al lang út ’e rie komd, dizze middei, det er de âldere wrotters om him hinne dêr’t er faek mei sokke goede tinzen oan weromtocht hie, nou yn it djipst fen syn herte lytsachte, det hjar libben him binypt like, mistreastich, lef.
Hja hiene nea better witten. Al de dingen út hjar libben, hjar tsjinstberens, hjar bodzjen, hjar boaskjen en foartbringen, alles wier sa as it wier om’t hja net better wisten, om’t hja nea yn it libben sjoen hienen. Hjar libbenskrêft wier bisletten rekke, finzen, en kwynde stadichoan wei oant se mei kromme rêgen en forwrotten hannen de Sneintomoarns yn tsjerke kamen, mei it wiif mei in smel-silveren earizer en as skoanderst libbenswirk in seis ef tsjien gewearde bern mei fjouwerkante skouders en in skôging as de libjende wolfeart, mar dy’t yntwisken hjar âldene libbenskrêft weislynd hiene en sels sa hjar libben ek wer foartsette scoenen yn oaren, as bisten dy’t jongen to wrâld bringe en sels ta hjar earste fiedsel tsjinje. Fen ’e moarn noch hie er praet mei Haeije Piters, dy’t him in lang en krimmenearderich relaes die fen syn âldst fanke dat skjin útsukkele en do’t er de man sels skôge, miterich en bleek lyk as er him altiten kend hie, hie er moeite yn to hâlden hwet er tocht—in „stommerik, ’t is ommers dyn eigen skild, mei dyn bern kin it ommers net oars”. Hja stiene him tsjin, dizze ljue dy’t fen mankoar slynden en ieten yn pleats fen sels sterk út to bloeijen yn hjar egen geve en ljochte krêft, dy’t hjar joegen op it paed nei libben’s delgong sûnderdet it greate ljocht op ’e hege klingen hjar bineare herten ynfallen wier.
Bang fage er om syn holle, hy tocht om syn egen libben. Nou stie er hjir, mids dy oaren, noch frjemd oan hjar bistean, mar de sleur scoe ek him gripe en smite him yn it tsjuster fen de bislettenheit. Joun scoe Anne wer op him wachtsje en hy hie al oan hjar fornomd hwer’t se hinne woe: se hie mei syn tsjinst in jiermennich op him wachte en seach nou gjin biswier mear om to trouwen, as hja in bytsje hússitter wirde koenen. En wylst er dêr stie en oer de oaren hjar stadich en igael arbeidzjen hinne seach waerd ynienen de wjersin him dúdlik dy’t er yn him rizen field hie, jisterjoun, do’t se, nei in skoft fen sterke jonge wille twisken hjar twaën, bigoun to praten oer dingen fen de takomst en hwet der den nedich wêze scoe. Do hie er lilk west op himsels: in fanke oan it tou hâlde, altyd wer nimme fen it bêste dat se hie, forwachtings geande meitsje en den weromskrilje for hwet dochs fensels spriek, dat ienris dochs komme moast, sa wis as de simmer nei de maitiid en de hjerst nei de simmer? Mar nou bigriep er it better: hy hie syn foarlân ealge, hy bigriep det om it bêste fen syn ljeafde to hawwen, hy him earst jaen moast yn slave-bannen dy’t er forwinske, om’t er frij bliuwe woe, frij om it lok dat der dochs wêze moast for en yn himsels to siikjen.
Hy wier wekker wirden fen syn libjen yn de frjemdte en wist det er net wer ynsliepe scoe. It libben wier great, hy woe der diel oan hawwe, hy woe it alhiel hawwe, yn al syn stoarms fen wille en syn tobrekkend leed, yn syn moeisume striid en ûnwisse oerwinnings. Krêftige, ûnwitten fielings bigounen to libjen yn syn hert, hy wist himsels to stribjen nei in fier frjemd wyt dêr’t er yet gjin namme for hie en dat nimmen hjir forstean scoe, nimmen, nimmen—en hy fielde him frijer en rommer sykheljen yn it witten fen dy iensumheit. Nou stie er wer allinne, jong, sterk en striidber mank dy oaren dy’t er him hommels hiel fier fielde, nou wist er him frij fen hjar en de binyptens fen hjar bistean; hy sykhelle djip en fielde de hiele romte as sines. ’t Libben mocht him sa frjemd en oerstjûr rounslingerje as it woe, hy scoe it treast wêze, hy scoe it meitsje en brekke earder as det it him delslaen scoe. De wei dy’t er gean moast wist er net en hy ealge det hwet er nou fêsttocht as in bislút him wol ris gâns swier wirde koe yn it stribjen nei de útfier, en effen twong der noch wol in binearjend fielen yn him omheech as er tocht om Anne en mear yet om it âld minske dêr’t er by ynwenne, syn beppe,—mar hy fielde yn him de oerkrêft fen de groun en de glâns fen de simmersinne, en wist det syn heechste en bêste stribjen net ûndergean scoe lyk as by de oaren, dêr’t it dageljocht yn de foarmiddei al omdizene waerd.
Syn hâlding wier rjuchter, krêftiger wirden; hy harke nei in ljurk dy’t to jubeljen stie heech boppe de finne njunken hjar. En yn ienen ljochte in nij en sterk witten yet yn him op: det dit allegear moai wier, en hysels ek. En nou wier dat witten oars as it wol west hie ûnder tsjinst, do’t er der great op gyng det gjin fanke langer as in mennich menuten nei him sjen koe sûnderdet se nei hwet bigoun to langjen, do’t er it glânzgjen fen syn eagen en it lokjen fen syn mûle en syn hiele feardige lea wol brûkt hie om haechlike winst to biheljen yn de greate ljeafde-striid, al wachte der den ek wol in oar op him—it wier blidens om himsels en om syn jonkheit, blidens om de klearens fen de himel en de glâns fen it lân, mar it meast om’t hy him dêr sterk en jong to stean wist mids de machtige Natûr, dielend yn hjar driuwen en langsten en dy dochs glimkjend bihearskjend mei syn masterwil. Hy hie himsels weromfoun, hy wist him yn harmonije, ien mei it drege tylkrêftige lân dêr’t er mids de skriele heide en de ûnwennige bosken sa nei weromlange hie. Mar ek wist er det er it net mear tsjinje scoe as slaef, ûntkrêftige en delpinige fen de ienkennige doarpssleur.
„Fordomme” sei er yn himsels, „ik prakkesearje my heal suf”. Hy bûgde syn rêch, en steat krêftich de lodde yn de klaei; wer fielde er syn spieren spannen en loslitten, hy hie weelde oan himsels. Der wier in nije klearens komd yn syn tinken, hy hie syn wearde forstien.
Dy middeis kaem de terpbaes yet oansetten mei in oare jonge arbeider. In lang-opsketten sleauwige jonge like it yette; syn kâlde grize eagen seagen ûnforskillich for him hinne, de smelle mûle mei tinne bleek-readige lippen stie sinlik yn it gielige wêzenleaze antlit dêr’t allinne waer en wyn hwet skerpe streken yn litsen hiene. Syn âlden dy’t mei it skip foar de steger modder yn to nimmen leine, hiene him nei de terp stjûrd om’t er by hjarres oer wier en er sa yet skoan in stûrmennich meifortsjinje koe; loai en ûnwillich bongele er de terpbaes efternei dy’t him moai foars en koart syn wirk wiisde, en dy’t er fen siden oan stie to gloerkjen mei slûchslimme eagen. Do joech er him, tsjinnich en stadich, by in kipkarre oan it wirk, hy stiek de lodde yn de klaei en hifke in telmennich de swierens fen de fracht, as wist er it krekte sifer fen syn heechste krêfts-ynspanning en woe er dy lykmjittich en mei selsume soarch oer al syn stekken fordiele.
Sjoerd Lolkes, dy’t him nou by in mennich âldere arbeiders jown hie en, meinomd yn de rigelmjittigens fen hjar wirk, en him skamjend loai to lykjen by hjar âldere birêstende wirkkrêft, foarser bigoun troch to setten, naem him nijsgjirrich op, sa’t er dêr stie to pielen by syn kipkarre, dreamerich en slûch. Der wier hwet yn de nijkommer dat him oanloek, sa’t er dat ek wol ûnder tsjinst field hie, as er, wikenlang fierder libjend mids âld-biwende maten, in nijen-ien mirkbiet dy’t oan it ûnderdiel tafoege wier, fen hwa’t er den sûnder it sels to witten, in tobrekken forwachte fen it grizige sleur-bistean. Wylst er, ûnder syn wirk wei, de oar tomûk mei de eagen neigyng en him fornuvere oer dy syn tsjinstribjende stadigens, krige er foar ’t fisier det dy de karrebak net fêstset hie mei it slút-izer, sa’t er, as dêr genôch modder yn gearre wier, in moaije kâns makke om to wippen nei de iene kant en de swiere fracht wer del to flijen oer de ierde dy’t him ôfstien hie. De oar hie nearne gjin erch yn, stie hwet om to hingjen en pielde den wer fierder, wylst de karre al oerwichtich waerd en ûnrêstich bigoun to wibeljen. Einlings, do’t de gielige jongkeardel as om syn krêften soarchsum to hifkjen, in moai swiere skepfol delflijde op de modder yn de karre en dy by it opstekken yet in bitroulik klapke joech, protestearre de karre tsjin syn tokoart om omtinken mei in kreakerich lûd, liet hjar maklik op ien side del en hjar fetlike fracht wer weiglide oer de groun.
De oaren seagen effen op fen hjar wirk, formakken hjar in setsje en joegen gnyskjend goede rie. De pielerige jongkeardel flokte mei mear klam as men fen him tocht hie, en stoep nei syn tsjinpartij ta dy’t er wrikkende wer bisocht yn it lykwicht to krijen, det der yet safolle mûglik modder yn biheind bliuwe scoe, mar syn skoerren en triuwen joech gjin byt en der like him gjin oare wei iepen as de karre earst leech to heljen. Sjoerd Lolkes dy’t in skoane kâns seach nou neijer mei de oar yn de kinde to kommen, joech him nou by syn selskip wei en roun nei de oar; dy stie yet yn himsels to fûterjen en to prakkesearjen oer de maklikste wei dy fortretlike tafal wer yn ’t lyk to krijen, en fornaem him net ear’t er him oanspriek.
„’k Scoe my net forskreppe” sei er droech-wei. „Astou oan ’e oare kant giest, scil ik hjir wol. Twa kinne mear as ien. Tonei moatst it ding fêstsette, sa haste tofolle tafal.”
De oar seach him mei syn heal loerkjende heal skrutene eachopslach oan, stie effen yn bistân en sei do in rouwe ûnfoegens, wis det it hjir lije koe. Hy krige dalik gjin biskie; Sjoerd seach him fûl en trochboarjend oan, en mirkbiet mei de foarste eachopslach det de jonge sinlik bidoarn wier yn syn hiele wêzen, en det neat as dat him syn útsûnderlikens en eigenheit joech. ’t Wier in tsjinfaller for him, hy hie tocht en, yn it iensum-fielen fen syn allinne-wêzen mank de âlderen, ek wol ûnwittend forhope hwet oars yn him to finen, mar hy stie dêr by de karre en moast hwet sizze. Om wirden hoechde er net to siikjen, yn tsjinst wier er sok praet biwend en hied er gâns in kar krigen fen soksoartige geastigens, en hy smiet der ien út, ûnforskillich wei, mar net sûnderdet it yn him opljochte det it hjir oars klonk as jinsen en det dêryn in steil wird to dwaen him hjir minder maklik ôfgyng.
Hja hiene dêr mankoar mei foun, lyk as it folle giet mei jonges út it folk dy’t as se hwet sizze wolle oer ynliker dingen en to skruten binne hjar bêste tinken to uterjen om’t se dat nea yn de bûtenwrâld weromfoun hawwe, mankoar’s bitroulikheit forstean yn dingen dy’t in oar rûch en smoarch tahearre. Hja arbeiden dy middeis meimankoar op, beide de loaije kant it neist, en gâns stúnjend oer de ûngaedlikens fen it moeisume wirk yn de sinne, mar oer folle oars wisten hja ek net to praten en hja moasten sa wol faek weromkomme ta de ûnfoegens fen hjar ynset. Sjoerd waerd stilder en stymsker nei’t de oar praetsker waerd; earder hied er him net to goed for soks rekkene, mar as er nou de oar syn wêzenleaze en gloedleaze troanje seach dy’t allinne forloek mei bigearlike fâlden en opljochte fen in bidoarn glânzgjen yn de bleke kâlde eagen, krige er sa’n twingenden wjeraks yn syn maet, det it him kroppe yn de kiel en it him in kearmennich hast swier waerd syn hannen thús to hâlden. Yn de sounens fen syn fielen forstie er it forskeel twisken dat ûnfoege praet hjirre dêr’t de hiele ierde suverens amme en de loft klearens útstriele, en yn de stêdden fen syn tsjinsttiid dêr’t it soldate-bistean èn it stedslibben yn hjar ûntkrêftigjende gearraning hast twongen ta soks, en dêr’t it ek gâns minder djip taestte almeast, bleek-opljochtsjende glimpen fen in fortretlik bistean mear as it wêzen fen de slomjende siele.—
De sinne gyng syn gloede-strieljende baen oer de loft en loek de skaden stadichoan langer. Yn de finnen om hjar hinne dreauwen fammen en feinten it melkfé gear, troch de stiltme hinne roppend allegearre mei itselde lûd mar elts wer nei de toan fen syn egen bistean. Nou, wylst de waermens fen de foarsimmer hjar wer hwet bijoech en koeler loft gearloek oer de fjilden, like de loft hjar yette to suverjen ta in sa ile en ûnwezentlike klearens, det de wirden opklonken yn dûbelde swierens en, sels as it lûd hwet sêfte, as rouwe stiennen skoerden troch it ûnsjenbere webbe fen de jountiids-stiltme. Klear en silverich foel in toerslach dêr trochhinne, gjin spjaltende tiids-fordieling mear mar de ivigens dy’t hearber wirdt yn in silveren toan, opklinkend út it âlde ta wiisheit kearde herte fen Fryslân. Sjoerd dy’t it ljocht mei syn eagen heinde en him ien wist mei de stille klearens fen de foarjoun, as it huverlibben fen de nacht hjar al kindiget troch de igale glâns fen de dei, swige nou en arbeide fierder yn prakkesaesjes, oant de ploech dêr’t er ta hearde, dien wier mei it wirk en hjar ré makke nei hûs to gean. Mei in inkeld wird sei er de oar dei, bliid det er gean koe en allinne de strjitwei rinne nei hûs ta. Yn ’t foarbygean fong er yet hwet op fen it stadige praten fen de âlderen, en ynienen hearde er der nou hwet hiemens yn, forstie er hwet fen hjar ûnwittend mar suver ienwêzen mei it âlde lân dat hjar hiele libben foarmet en draecht en sels syn wirge bodders meijowt fen syn dimmene ienfâld.
Yn tinzen roun er de strjitwei lâns nei hûs ta. Der wier hwet mistreastigens yn him komd dy’t yette forslimmere do’t er de wyn striken hearde troch it rûzige grien heech boppe syn holle en troch it wylge-gûd fen de bjirms; hy fielde him net mear sa sterk, sa ryk as de middeis. Yn syn praet mei de skippersjonge wier it âlde ynbannige aerd fen it folk de frijens fen syn ynliker libben wer oermânsk wirden, en de tinzen yet fol fen de drôvens en de lytsens dêr’t er tomiddei it sleurbistean fen it folk om him hinne yn forstien hie, syn hert yet sterk fen syn wil dêrtsjinyn to fjuchtsjen, al scoe it him komme to stean op alles, socht er twivelridich en ûnwittend hwet it den wêze mocht dat him fen dy oaren ûnderskaette. Ek hja hienen ienris jong west, as him, field as him, hope en wollen as him, mar hja hiene hjar jaen moatten nei de twang fen hjar libben en hjar lân, en neat sei him det it allinne mei him oars gean scoe. Do tocht er werom oan syn weelde-fielen yn de goudene sinne, en hy seach himsels dêr stean, jong, rjucht en sterk, hûndert ûnkleare plannen yn de geast, hûndert ûnwitten ljeafden yn it herte, kearn-formidden fen brûzjend jonkheits-libben dy’t as neat it kearde útweagje scoe mei machtige stoukrêft om him hinne, en hy seach dy brûzjende krêft weirinnen yn de einleaze widens om him ta oant der neat bleau as in amper útdroege saed fol skaed fen krûden en blêdden fen hjerst. Hy biet mei syn tosken yn syn lippe det er dêr in boarjende pine yn fielde, it stoarme yn syn hert, dat djip en lûkend longere nei de sels-forgetten heechtiid fen wrâld’s dûrjende ljeafde.
Sjoerd Lolkes syn beppe, by hwa’t er yn ’e kost laei, wenne yn in arbeiderskeamer mei twa finsters dy’t útseagen op in smelle fortsjustere steech. Allinne it iene finster dat de hoeke fen it fervershûs dêrfoaroer foarbyseach oant yn ’e blikke dêrefter en sels in glimke fen de doarpssleat dy’t dy húsblokken bylâns roun, heinde yn de golginstige simmer hwet goudene strielen yn; dy glieden ûnwis en hwet skruten troch de earmtlike, selsum himmele keamerromte hinne, boarten oer de forsliten matten oer de flier en streaken by de rêgen fen in pear âlderwetske knopstoelen op en glimken bytiden sels oer de beuzige hannen fen it kreaze âldminske, as hja by in pantsje té siet to naeijen en to skroarjen. Hjerstmis wier it dêr gau tsjuster en de wyn bloes faken fûl en skoerrend om de húshernen hinne; den siet âlde Minke yet hwet roungearder as oars op in stoel deun by de bitroude hongerige kachel, en wylst it rûze troch de skoarstien en hja de iperenbeammen kreakjen hearde efter yn ’e blikke, mimere hja, de hannen gear en de eagen stoarjend nei de ljochte skreven om it kachelsdoarke en de delglânzgjende fûnken yn it yeske-laed, oer de folle bifinings fen hjar moeisum bistean, en hja bisleat det der folle goede minsken wieren yn ’e wrâld en det men birêste moast en yens plichten neikomme.
Yn it doarp hiene hja in swijende achtinge for it fine âldminske mei hjar bleek rimpelich antlit, adele fen ljeafde en leed, mei de wirge glim fen hjar frjeonlike each-opslach en de wémoedige myldens fen hjar ynfallen mûle. Hja wisten hjar libben, hofolle leed der trochhinne jachte hie, en ho’t hja alles nomd hie mei it stil birêsten fen hjar fordildigens, nea kleijend tsjin hwet hja forstie as God’s wirk noch oer de rouwens en it ûnforstân fen de minsken, yn hjar slimste forbûkens allinne in bitrienne frage yn de stille klearens fen hjar eagen. Einlings wier it forstean komd nou’t hja stie yn de djippe joun fen it libben; salang’t se as arbeidersminske libbe hie ûnder gelikensen fen âlder, hiene dy faek hjar bipraet as heechhertich en greatsk en men koe hjar swijsume krektens min sette; letter hie men hjar biklage om de hirde bifinings fen hjar libben, mei in swym fen leedwille earst, do mei mear wierheit yn it hert, en einlings, nou’t amper al hjar jonkheitskinden om hjar weifallen wieren, de ien for de oar, en hja âld en griis stie mids in slachte fen libbenskrêftige bloeijende doarpsminsken, ginde men hjar hjar frede en kreazens, en brocht dy de oaren follentiids for in telmennich ta in heal-biskamme ynkear. Hjar bytsje ûnderhâld en de skriele fortsjinsten fen hjar skroarjen koe men min oanstjit oan nimme, hja libbe nimmen yn de wei en for it fierdere wier hja in goed en frjeonlik âld minske dy’t de bûrwyfkes jerne hwet tarôpen oer it waer en de bysûndere ûnderfinings fen hjar wask.
Alde Minke hie al ier yn hjar libben de birêsting leard dy’t de hollen fen de bern fen Fryslân as in silvergrizige wolken oerswevet. As arbeiders-famke hie hja hjar fiere en glânzgjende dreamen hawn dy’t krekt it libben fen de bern út ’e wenstige folksklassen sa ljocht en avontûrlik meitsje kinne: hja steane lyk yn de lichten fen in bidelte dêr’t de wynfleagen lûke en de sinne net trochkringt, en by de helling lâns sjugge hja steatlike minsken gean yn in goudene gloede, en yn de langsten fen hjar jonkheit dreame hja det sa’n ien nei hjar takomme scil en nimme hjar mei nei syn simmersk sté—yn wierlikheit faken in earweardige pleats ef in kreaze masterswente mei oanharke grintpaden en nagelblom-strewellen—oant it libben hjar dreamichheit oermânsk wirdt, en hja, in strieljende maitiidsmoarn, bilanje yn de prakkesaesjes en lêsten fen it deistige húshâldingslibben. En hja witte it libben net yn de minsken to ûnderskieden, ûnwittende langsten en deistige prakkesaesjes binne de ienichste lieding yn it bytsje kar dat hjar bliuwt, en hja boaskje altomets oan ien mei in reafallich antlit en fjouwerkante skouders dy’t de doarps-notabelen wol meitsje en brekke kin, it greate libbensbilang sjucht yn in ûnbidich en fetlik miel iten en soarget for de útwreiding fen de húshâlding sà det it hjarren mei gauwens to stoef wirdt en tearen fen noed yn it antlit bringt.
Mar yn it tredde jier fen hjarren boask, do’t hja ien bern hienen en Minke swier wier fen it twadde, hiene se hjar man dea thús brocht, yn it lân slein fen de tonger. Hja seach mei eagen, great en hjel fen kjeltme, nei syn frjemde ûnforweechlike stivens, bitaestte mei triljende hannen it kâld-bistoarne antlit, seach it swarte flokteiken fen de wearljocht-slach; do foel hja foar him del en kriet wyld en hertstochtlik, hjar holle swier tsjin syn boarst, de hannen gear foar it pynlike liif. Hja hearde ho’t de minsken hjar kalmens retten en warskôgen fen to tinken om hjarsels, en mei in flymjende pine forstie hja det hja net gûlde om hwa’t dêr nou dea foar hjar laei mar om de wylde forwachtings fen hjar hertstocht en mear yette, ûneinich mear, om de ûnfoldienens fen hjar klearder en heger forhopings dêr’t hja him ienris mei kommen sjoen hie yn hjar libben, om hjarsels, de skeindens fen hjar egen bistean. Noch kritende foar it lyk tocht hja om hjar lytse jonge en hwet hja yette wachtsjend wier, hja waerd stilder en der kaem birettens en fêstens om hjar mûle, en hja skrille do’t it yn hjar opkaem det hja tonei allinne wêze scoe mei hjar bisit en forhoping, en dêrfor stribje en krewearje mocht mei de hiele offering fen hjar ljeafde; it wier as stie der djip yn hjar in sûndige blidens tsjin de oerhearsking op fen hjar rou. De jouns, hiel bleek, stie hja troch it heal-tichte blyn to stoareagjen nei de swiere moanne dy’t as in bleek-goudene skeal dêr hong efter it silverich reach fen lytse glidende wolkens, en hja sei stil foar hjar hinne: „forlitten, iensum”. „Frij” rûze it, djip yn hjar, dêrefter oan; hja bisaude, en pakte in styl fen it finster beet; hja tocht det it de divel wier.
Mar de wrâld hie hjar mei gauwens wizer makke oer de sûndige seine fen dy frijdom. Bodzje moast hja, arbeidzje moarnsier oant jouns let by keken en snauwerige boere-frouljue en de inkelde weetlike doarps-mefrouwen, mei gjin oar ljocht yn hjar bistean as det it gyng for hjar beide jonges. De rêch pipe hjar sims, de hannen priken en pinigen hjar de hiele koarte nacht troch, en hja koe for hjar bern gjin mem wêze oars as troch hjar ôfmêdzjend gebod by oaren; sims skriemde hja stil foar hjar út oer it brûs fen de wasktobbe hinne, mar mei gauwens waerd hja yette ynbanniger, hja seach gjin oare wegen mear iepen en learde to birêsten, en de ljeafde for hjar bern makke hjar great. Al de ûnwisse dreamen en de ûnforkleare dreamen fen hjar famme-jierren kamen wer yn hjar to libjen, mar nou oan minsklike foarms forboun; yn hjar útsunige ûren-fen-lins tocht hja nei oer it hiele libben, hwet hja meimakke hie en hwet hjar dêrfen biwarre bleaun wier as it bêste, det se mei hjar bytsje witten en rie it paed fen hjar jonges hwet effenje mochte; en nea miskearre hja Sneintomoarns yn de tsjerke, it iene plak fen wiisheit dat hja wist, en hwet hjar yn it herte taestte skreau hja thús foartdalik op yn in suterich âld boekje, det se it sizze mochte oan hjar bern, as dy freegje scoenen en hja Mem wêze moast ek dêryn. Wûnderlik bloeide hjar geast op yn de offerjende waermens fen dy ljeafde dy’t hja net ûndergyng as in forbline ynstinkt, mar yn de hillige wille en it djippe witten fen hjar bitsjutting fen stikje ta bytsje bilibbe: det hja nou, nei al de misliedings fen hjar foreale tiid, yn in great en moeisum stik libbenswirk de forfolling foun hie fen hjar iere dreamen, en det hja dy tsjinje mocht yn de iensume frijdom fen hjar hert dêr’t gjin forstiivjende sigen fen ûnwierheit mear oer gearloek.
Do’t dêrnei de groulikste slaggen kamen fen hjar libbenslot wier hja yn de sels-forgetten offering fen hjar ljeafde sa wis wirden en sterk-yn-hjar-sels, det hja gjin krêft mear hiene hjar geef en suver libben to brekken. Bearn, de âldste, in stille bidêste jonge dêr’t hja al gau fen seach det er hjar soargen net nedich hawwe scoe om it bêste fen it libben to forstean, kaem al mei syn achttjinde jier to forstjerren; gau bifongen en tinger fen gestel hied er altiten west, de soargen fen syn stille ôfsûndering dwêsten de dimmene lôge fen syn libbenskrêft, en in lange wiete hjerst mei folle kjeldlijen die it fierdere. Hja die de rou oan en sûnt dy deis wier der nea mear in skimerjoune sûnderdet hjar herte tahold by him, mar tsjin dominij dy’t hjar treastigje woe sei hja sûnder to skriemen, det hja wist, it wier better him greatbrocht to hawwen for de himel as for de wrâld. It wieren gjin wirden for hjar, mar it djipste witten fen hjar herte. Sûnderdet hja hjarsels dêr rekkenskip fen jown hie, hie de alles oerstrieljende ljeafde for hjar bern hjar ta Gods-ljeafde ûntjown, hja leaude nou yn in godlike wizens dy’t alle ûnk en pine kearde ta goedens en ljocht, en al wier der it langst fen hjar egen hert dat skriemde nou’t se syn sêfte wirden net mear hearre mocht noch hjar yltige hân helje troch syn krollich swart hier, it wier libjende wierheit yn hjar wirden det hja hjar langjen gjin macht jaen mocht boppe de blidens om syn heil.
Mar it leauwende bitrouwen waerd wei yn in oannimmende birêsting do’t hja, tsjin de rykste lieding fen hjar ljeafde yn, hjar twadde ûndergean seach yn it libben, forslave oan de drank. Lang en swier wraksele hja, sims mei it ynlikste freegjen fen hjar herte, den, wanhoopjend, mei driging en grym, mar mei gauwens koe hja net mear blyn wêze for hjar ûnmacht. Lolke, as jonge efterlik en dom, groeide op as in breed-skouderige knoestige keardel dy’t om syn wirden siikje moast, gjin oare oandwanings koe as de driuwen fen syn blyn en dierlik bistean, dy’t, as se to libjen kamen yn syn bot forstân, hjar utere yn wredens en lilkaerdigens. Do’t er drank preau, stie syn lot fêst; as in gek longere er dernei it hjitte barnen troch syn lichum to fielen, as syn stompsinnich libben opdreaun waerd yn in fjûr fen razernij en de minste oanlieding him ta in grousume útboarsting brocht. Do’t syn mem, riedeleas en yn wanhope, nei in skriklike striid de machtleazens fen hjar wêzen njunken syn ûnminsklike krêft forstie en hy hast eltse joun stjonkend en smoarch hjar doar ynstoattelle, bistoar hjar âlderljeafde yn in doffe ûnforskilligens for alles hwet him oanbilange, en do’t er kaem to boaskjen oan in skippersfaem, hwaens feint er ienris yn rûzje tsjin de stiennen slein hie, seach hja ôfwêzich ta: hja wist ho’t hja slein wier en longere fen nijs nei bifrijing.
Hja rekkene det hjar libben efter hjar laei, en forstie net hwer’t it ta tsjinne hie. De bloei fen hjar maitiid wier yn nachtfroasten forskromfele, de frucht fen hjar simmer forlern. Hja hâldde neat as hjarsels en it ynsjuch det it hjar wol ferge wirde scoe yet in setsje yn it libben to bliuwen, en det hja hjar sa hâlde en keare moast det hja nimmen ta lêst wêze scoe en hjar âlden gjin ûneare dwaen. Hiel dimmen waerd se yn hjar dwaen, men hearde hjar bûten hjar boadskippen en de needsaeklike wirden tsjin de ljuwe dêr’t se arbeide, amper neat mear sizzen. Sims, ynienen, by lytse oanliedings, as hja hjar finster-blomkes hwet to drinken joech en it libben dêryn mirkbiet, ef as der hjerstmis in wiettich blêd oanklibbe tsjin it finster, snokkere hja it út; den waerd it deiljocht hjar ûndraechlik en hja joech hjar nei hjar kelderke dêr’t hja ûren to stoarjen siet yn it tsjuster. Mar it wrede ljochtleaze libben woe hjar net bijaen. Sinne en tsjuster wikselen mankoar ôf, hjerst folge de simmer, it greate barren fen bloeijen en forgean gyng syn forheven gong, en as in lyts dieltsje dêryn bistie hja fierder en hja forwûndere hjar yn in griis ûnbigryp oer hjar foartbistean.
Earst hiel stadichoan, mei’t de pinen fen hjar leed forsêften wylst hja bifoun det hjar geef gestel hjar steande hold en natûr en tiid it greate wirk oan hjar folbrochten, learde hja yn hjar iensumheit wrâld en dingen oars to sjen. Net det hja mear nocht oan it libben krige, mar inkelde tiden, jouns as hja foar it finster stie en út ’e nauwe steige wei lytse snieën wolkens driuwen seach oer stjerre-kleare loft, ef hja laei nachts wekker op hjar bêd en hearde ho’t de ticht-leavige beammen lústeren yn it streakjen fen de wyn, den forstie hja mei triennen yn hjar eagen wol det net hiel de wrâld ilindich wier en fen God forlitten, al kaem der bitterens yn dat forstean om’t hja dy moaijens nea mear genietsje scoe yn de wille fen in suvere forhoping. Oan lytse dingen bigoun hja hjar wer to hechtsjen; lyk as it bloed syn libbensroungong dwaen bleau troch hjar forâldzjend lichum, sa weage de saed fen ljeafde ek fierder yn hjar herte, en hja mocht ek noch sa bitter hjarsels foarhâlde det al de blidens fen it libben, al it wêzen fen hjar ljeafde hjar ommers binomd wier, hja koe der net for det hja minske bleau, fen de libbenssigen fen ljeafde bisiele. Hja seach nei hjar roaze- en wyt-kleurige blommen yn hjar finsterbank ûnder de forsliten mar skjin-wite kleedtsjes en hjar herte trille mei yn it barren yn dy lytse bisletten wrâld, dêr’t it libben him dochs ek mei syn dimmen mar ivich langst yn ûntjoech; en ienris, do’t hja in finne-paed lâns moast nei in boer fen hjarres, mids ikkers dy’t, tsjin de ûngetiid oan, to blomkjen en pronkjen stienen yn simmer-dreamige weelde, hie hja it libben wer sa ljeaf det hja gyng sitten oan ’e kant fen ’e weinreed mei it rûzjen fen it gers om hjar hinne en de swier-strieljende sinne boppe hjar holle, en do’t hja weromtocht oan hjar bern, lei hja wol yet effen de hân tsjin hjar hert, mar yn hjar eagen bleau in djip en stil glânzgjen nei.
Hja wier âld en allinne, dizze jiermennich, en bytiden tige iensum. Hja hie de wrâld fen minsken yn it antlit sjoen en wier net mear it fanke dat dreamde det der ien komme scoe om hjar foar de skientme fen it libben to bringen, noch de folwoechsen frou dy’t nei in mennich kear it heechste hawn to hawwen der heal wers fen waerd en pynlik stried twisken it langjen fen hjar libben nei de folsleine oerjefte èn de need det hja dat heechste allinne diele koe mei ien dy’t hjar tsjin wier—en nou wist hja hjar to wirch en to âld, en de stoarms fen libbenswille en leed foarby. To forwachtsjen hie hja neat mear, en hja hie hjar frede net foun. Hja hie net de rike oantinkens fen in great en bloeijend simmerbistean dat de hiele hjerst yet oerjounet mei dimmene tank for de geneden dy’t me learde to forstean, en sûnder det hja it wist wier hjar greatste leed net it forlies fen hjar jonges mar de wrede wierheit det alles, om hjar, ljocht en moai wêze kinnen hie as hja mar net yn de brân fen hjar langjende jonkheit de ljeafde nomd hie sûnder hjar om de wearde dêrfen to bikroadzjen. It libben hie hjar it hirdste leksum leard dat sa mennichien earst mei de joun forstiet, det de swiidste rykdommen fen it bistean yn hjarsels earmtlik en weardeleas binne en earst ynhâld winne en greatens út ’e hannen dêr’t men se út tapart krijt. As fanke hie hja tofolle dreamd om de tsjoen fen hjar forhopings ea wer to forjitten, en de minlike skimen dy’t ien treast en myldens binne fen hwa’t hjar altiten klear foar eagen hâldt, foroarje yn swijsume en strange rjuchters as it herte, yn tiden fen wif forjit, him meinimme lit de wenstige wegen lâns en syn stille liedsters ûntstjert. Hja libbe nou it dimmene en hwet foriensume bistean dat sa hiem is yn Fryslân, in hwet wirge glâns fen tofredene myldens yn it each, in sêfte weamoedige klachte yn de siele.
Fen Lolke en syn wiif hearde hja allinne mear fen siden yn; hja hie gjin spil mei hjar hawwe wollen, mar gyng út egen oanstriid nea nei dy hûshâlding dêr’t hjar fromme winsken for hjar bern op it roust yn misfoarme waerden, dêr’t it gearhong fen sûpen, flokken en slaen, wylst Lolke syn wiif hjar ynfierene bidêstens net sette koe en hjar ljeafst op it pynlikst to nei kaem. In pear kear kamen hja hjar mei smekings en drigeminten oan om jild, mar hja hie neat to jaen, hja moast der sels sunich by lâns om der to kommen en de dúdlike wierheit fen hjar úthâlden makke det dat freegjen him net wer oppenearre. In skoft letter fornaem hja det Lolke syn wiif by him weiroun wier nei’t er hjar yn in oanfal fen dronkemans-razernij sa to nei west hie det de dokter dêroan to pas kaem; effen skrille hja do’t hjar trochdien waerd det frjemde minsken nou opkomd wieren for Lolke syn jonge, hjar ienichst bernsbern, en hja tocht eft it net op hjar wei laei soks op to freegjen for hjar, heal yn de forhoping det hjar libben sa wer in doel krije scoe dat hjasels forstie. Mar hja wier dy tiid yette to mêd om der wirk fen to meitsjen; hja koe hope net mear los tinke fen toloarstelling en leed, en praette hjar foar det frjemden dy’t it der fen nimme koene, de jonge ek mear goeddwaen koene as hja mei hjar suterich bisteantsje.
Op in kleare wintermoarn, do’t it let fen de doarpsklok hinnesong troch de froastige klearens fen de loft en hja it bibeltsje al yn ’e hân hie for de gong nei tsjerke, kaem it nijs fen it forlies dat hjar gjin kar mear liet; Lolke wier, heal oansketten, do’t er dwersoer nei syn boer ta scoe oer de ûnbitrousume opfeart hinne, troch it iis rekke en oan syn ein komd. Hja hâldde hjar fêst oan ’e tafel en bistoar as in deade, mar bleau rjucht stean en stoarre de frjemde man dy’t hjar skruten de tynge brocht mei in fêste ûnfetbere glâns yn hjar eagen oan; wyld forkrongen de tinzen mankoar yn hjar herte, leed det de dea nou alles nomd hie dat hja ienris droegen hie oan hjar hert, birêsting om’t hja ljeaver hjar bern weinomd wist as sûndige wegen geand, de rêst fen hjar swiere plicht as mem neikomd to hawwen ek foar dizze forsmitene oer, èn de djippens fen it witten, ien amerij, det hjar iensumheit nou folslein wier. „Soa”, sei hja sêft nei in skoft fen swijen det de frjemde binijd ôfwachte hwet dat minske, dat de dea fen hjar bloedegen soan mei sa’n selsume ynbannichheit fornaem, wol sizze mocht; „’k hie ’t forwachtsje kinnen, al lang, en ’k ha mear ôfstean moatten.” Mar do’t hja tocht om hjar iensumheit, skeat it hjar yn det der krekt troch dizze ôfstjerte eat oerbleau, dêr’t hja nou de heechste rjuchten op krige en sûnderdet hja neitocht oer hwet der komme koe fen hjar wirden, lang ear’t hja for hjarsels komme kinnen hie ta in bislút, hearde hja hjarsels sizzen: „de jonge nim ik fensels nei my, dy heart nou hjirre.” Hja sette it bibeltsje op it kastke oan it lewant, seach effen nei de loft en brocht ien en oar yn oarder; do sleat hja de doar en hja gyng mei de oar op in paed nei it doarp dêr’t Lolke forkeard hie, wylst de snie hjar rounom yn de eagen glinstere en hja op ’e stadich ûntlittende wei sims mar moeisum foarútkaem.
De frjemden dy’t oan dy tiid for lytse Sjoerd soarge hiene, moasten him wol ôfstean do’t syn beppe dêrom frege. De jonge seach mei greate eagen nei it âld minske dat him meinimme scoe; hy hie it goed hawn, de lêste tiid, en gûlde do’t er mei hjar moast, mar hjar wis hâlden en sêft praten makke det er al gau bitrouwen yn hjar krige. Op it paed nei hjar hûs seine hja beide net folle, mar sims die de boi Minke mei in hiel skoft swijen in frage dêr’t hja hast kjel fen waerd: hy woe witte fen syn âlden, hwerom’t er hjar nea earder sjoen hie, eft der yet oaren by hjar yn hûs wennen. Do’t hja him sei det hja lykme allinne libbe seach er ynienen tige drôf; hy tocht om syn lytse boarters dy’t net meigyngen en sûnder lûdop to gûlen, bigoun er to trieneagjen en kroppe der hwet yn syn kiel. Minke seach it en dat stil droegen jongesleed loek hjar sa om it hert det hja hjar net mear sa ynbine koe; hja streake him om syn holle, sei det er it goed by beppe hawwe scoe en bigoun to fortellen fen de lytse dingen yn hjar wentsje, det de jonge hwet niget hawwe mocht as hja thús kamen en hy syn nocht hawwe scoe oan it nijs.
It waerden swiere jierren for hjar, dy jonges-jierren fen Sjoerd. Net om himsels: hy wier in moaije kante beuker lyk as mennich mem ûnder hjar bern net hie; syn suvere blauwe eagen stiene to laitsjen yn in soun mar fyn-biteikene antlit mei in lytse fine mûle, dreamich en dochs wilskrêftich, syn dûnker hier krolle nei foaren oer in blanke sterke foarholle—sa feardich en ljocht syn útsjuch wier, sa wearspannich en ûndogensk syn kweajonges-bistean op strjitte en skoalle, en allinne for Minke dy’t altiten hjarsels bleau en him stjûrde mei hjar eagen hied er in stil ûntsach. En dochs wier Minke hjar lok net fredich; de oantinkings oan hjar egen bern, oan hjar wrede foriensuming oerskaden yette hjar libbenswille, en eltse kear as hja fielde ho ljeaf hja dy feardige streupert krige loek it fen leed yn hjar herte, en hja moanne hjarsels tsjin in to sterk fielen fen ljeafde, det hja hjar net wer mei hjar hiele libben hechtsje scoe oan eat dat hja eltse dei wer binomd wirde koe. Hja learde de greatste libbenswizens dy’t is to tankjen for hwet west hat en oer it komstige alhiel neat to forhoopjen, mar hja wier minske genôch om dernei to langjen him great to sjen en lokkich, det hja foldien wêze mocht oer hjar libben en ynsjen det alles, alles goed west hie. Mar yn de earnst fen hjar witten det Sjoerd net libbe for hjar, mar det hja earder al hjar soarch en ljeafde jaen moast det hy it libben sterk en great tomjitte gean koe, achte hja syn lot nea oan hjarres forboun en liet him folle frij, nou bang en den wer forhoopjend hwet der út him groeije scoe, altiten bisletten it measte oer to litten oan it Albiwâld.
Hja hie in skerp each en mirk mei gauwens det de jonge in swier libben krige. Hy wier sims gâns sinnich en ûnbirekkenber; sims, as er in hiele moarntiid útlitten boarte hie mei syn maten en by alles de foarste west, yn it dryste mear as yn it goede, as hja him oan hjar wasktobbe yn ’e blikke skoften lang op ’e bûrren roppen heard hie mei in lûd dat fier oer de oaren hjarres hinne klonk, kaem er stúnjend thús rinnen om in ding dat nei hjar sin neat to bitsjutten hie, in wegering fen de oaren to dwaen lyk hy it hjar hiet—hy wier der djip fen oertsjûge det dy bange lefferts dy’t net heal doarsten hwet hy bistie, gjin rjucht hienen op in egen sin—ef sels in spotsk wird dat ien fen syn maten der sûnder erch útsmiet. Earst fleach er dy den oan en socht hjar mei syn fûsten ta rede to bringen, mar do’t Minke him dêroer ris gâns bikibbe hie en sei det dy oaren it sels net helpe koene det se net sa sterk wieren as hy en det syn masterskip yn it fjuchtsjen neat sei fen syn rjucht, bigoun er dat ôf to learen, earst yn forheftige skriemfleagen nei sa’n fjildslach, letter ek foardet er bigjinne scoe; en den joech er him sûnder in wird to sizzen nêst hjar yn ’e blikke del, de knibbels oer mankoar, de iene hân ûnder it kin, wylst de lippen yet stiver oanmankoar sletten liken as trochstrings en syn ljochtsjende eagen stoar seagen nei in tichtby ding. Sà seach Minke him altiten wer foar hjar, letter do’t er great wirden wier en de tsjinst him by hjar weihelle: de moaije, breedskouderige jonge, hwet foaroer yn wrokjend tinken, ûren sims swijsum en yn himsels keard oant de triennen him oer it antlit rounen. Unrêstich waerd hja dêr net fen: hja forstie det ho swierder it jonge libben striidt nammensto gever krêft it wint, en hy koe as him neat yn de wei wier, sa bliid en strieljend wêze as de djoeijende Maitiid sels.
Dochs wier it goed for him do’t de tsjinst kaem en him losmakke fen it ienselvige doarpsbistean. Do’t it jonkheitslibben bigoun to gestjen yn syn folkrêftich libjend lichum en hy yn de omgong mei syn maten by hjarren de skande merkbiet, iepenbiere hjar yn syn geast in sa driuwende ôfkearigens fen de minske en sa’n úthâlden siikjen fen de iensumheit yn de iepenens fen it maitiidslân en de ôfsûndering fen de stiltme, det er mei himsels stride mocht oer de libbenskrêft dy’t er yet net trochgroune, det Minke yn ûnrêst kaem en mear forkear mei de minsken for him winske. Mar ek wist hja det er sterk en hearskjend bleau yn syn swijsume iensumheit. Do’t er syn doarp forlitte moast hied er by de twang fen in great langst himsels dochs geef en suver biwarre, en hy gyng nei de frjemdte as immen dy’t allinne rêdding wachtet fen himsels.
Minke wier hwet ûnrêstich, dizze foarste dei det hja Sjoerd wer op syn wirk wist. Mei hjar fyn en suver oanfielen fen minsken en dingen, yet skerpe fen hjar smertlike bifinings hjar hiele libben troch, forstie hja hjar bernsbern djip, ek al waerden der nea folle ynlike wirden twisken hjar sein. Faek hie hja him mei hwet argewaesje opnomd, as er yn syn tsjinsttiid in deimennich frij wier en thús, en mear as ienris hie hja klear sjoen det syn hast útlittene en libbene blidens fen wer thús to wêzen yn de foarste dagen, gau wer bisakke, oant er tsjin it lêst ûnwennich bigoun to wirden fen it jachtige libben om utens, ho’t er it ek socht to forbrekken. Hja seach dat sûnder folle leed, hja bigriep it. By sa’n stil en swijsum âldminske as hja wier, tocht hja, dy’t sels gjin bigryp hawwe koe fen it brûzjende libben dêr jinsen yn ’e fierte, koe sa’n libbenskrêftich jongkeardel as hy, him dochs net thús fiele.
En hja praette hjarsels foar det hja ommers ek gjin rjuchten op him hie: him greatbringe, det er yn de wrâld syn wei sels siikje en gean koe, dêr hâldde hjar wirk mei op. It libben hie hjar leard neat mear to freegjen for hjarsels, mar it moaije en ljochte dat dêr troch him altomets yet yn skynde, to nimmen as in great mar tiidlik lok, dêr’t hja eltse dei ré for wêze moast wer ôfstân fen to dwaen, lyk as it yn de Bibel fen de Kristens ek ferge waerd. Mar wol tocht hja om Anne, syn feardige faem dy’t op him wachte, en hja winske tige det dy twa lokkich wirde mochten meimankoar, en hja dat sjen yn hjar libbensjoun, det hja fetsje scoe hwer’t hja for libbe hie. Hja bigriep it ek net oars: it libben koe sa wreed en hird wêze, en in minske allinne koe it net wearstean; hjarsels hie, tocht hja, al hie hja de forfolling fen hjar ynlikst langjen nea foun, dochs altiten de hope op dy forwezentliking, it tiidzjen fen dat greate dat yet komme scoe, steande hâlden—hwa’t hjar sein hie det krekt hja ien fen de dead-inkelden wier dy’t oerwoun hawwe yn de libbensstriid út krêft fen hjar ienlikheit dy’t hjar tichte by God bringt, scoe hja faeks djip yn hjar herte rjucht jown hawwe, mar meistimd hie sels hja him net. En oan Sjoerd syn trou, det it him mienen wier mei dat moaije sterke fanke dêr’t hja fen hâldde mei de forhoping det dy it lok hawwe scoe dat hjarsels ûntgien wier, scoe hja eltse twivel sûndich achte hawwe, en hja wegere sels om soks to tinken. Mar dy ôfstegere tinzen, skimen dêr’t men aloan tsjin fjuchtsje moat wol men se gjin sté ginne yn yens herte, bleauwen deun yn hjar omkrite en makken it hjar swier, sûnder det hjasels de groun fen hjar ûnrêst wist.
Hja hie hjar wrakke reiden stoel mei it brune kjessen nei it finster tahelle, om dêr hwet to skimerjounjen; hja koe dêr de sêfte mingeljende gloede sjen fen de skiedende simmerjoun, dêr’t hja hjar altiten oer fornuvere—hwet frjemds en hillichs like hjar dat ta, as dêr de himel net wier den moast dy dochs deun dêrby wêze; it die hjar nij dat dominij dêr it yn syn preek nea oer hie. In bytsje biskûl efter hjar graniums, seach hja út, de wirge hannen gear yn de skerte, mei stille blidens om dit fredige skoftke det hja net mear sjen koe to skroarjen, yn hjar eagen de myldens fen de jounloft en sims de twinkeling fen it téljocht, lyk dat yn it finster wjerspegele tsjin de mûrre fen de ferverswinkel dêrfoaroer. Hja wier binijd det de libbensjoun sa moai en klear wêze koe, net mear in fûlbannich langst dat him rjuchtet op inkelde dingen, mar in sêft en myld libbensfielen dat alle dingen like mei to dielen fen syn tearens, det de hiele atmosfear yn it geastlik ljocht fen dy jountiids-stiltme kaem to stean. En frjemd, hja tocht nei oer de striid fen hjar libben dy’t hjar ienris sa delbûgd hie: ho oerstjûrich, ho ûnwier like hjar dat allegear, ho folle hie der dochs west yn hjar leed en blidens dat gjin stân hâlden hie tsjin dizze ûnkearbere oersêfting fen de tiid, ja alles like dêryn ûndergien oant der neat mear wier as dat rinnende stil weistreamende ljocht. Alles?... mar wer seach hja troch dy skimer fen tear glânzgjen de fiere myldens fen in pear dreamige brune eagen, as yn in stil forwyt det hja hjar sjen net earder nei dy eagen takeard hie, en hja tocht wer, ek dizze joun wer om Bearn, hjar jonge dy’t hja sa stil ôfstien hie en dochs it ljeafst hawn fen allegearre... Effen brocht hja de hân oan hjar holle en glimke mei hjar ynfallen mûle stil foar hjar hinne: it wier goed, eltse joun kaem er sà wer nei hjar ta, hja wist det hy der yet wier, fen it folle dat yn skyn tichte om hjar ta stien hie wier krekt dat iene bleaun dat hja nou al jierren lang net mear sjen koe mei hjar eagen.
Hja hearde in fêste mânljues-trêd yn de steige, kearde hjar in bytsje om, en seach. Sjoerd krige de klink fen de doar beet en scoe it harntsje yngean; do sloech er yette syn eagen op, seach it West yn, en bleau in telmennich sa stean, de gloede fen de stil weitarrende dei ek ljocht yn syn eagen. Hja bleau nei him sjen en sei gjin wird yette; it kaem hjar hast hommels oer, him sa to sjen lyk er dêr stie, krêftich en breed yn de iepene doar, in bytsje foaroer, ien hân yn de jasbûse—hwet mimerjends en swiers om syn mûle, as stried it yn him, sels nou yn it kleare oanfielen fen hjar frede. Hwet scoe er yn him omgean? tocht hja nijsgjirrich. En hja fielde ho’t hjar skimer-dreamerijen op hjar bar as eat ûnwezentliks fen hjar weiglieden, en det hja wer foar it geve, folkrêftige libben oer kaem to stean mei al it langjen fen syn ierdskens en de biswieren fen syn striid.
„Joun beppe” sei er. „Jy ha mar in goed plakje opsocht dêrre. Hwet in moaije joun, net?”
„’k Ha fen ’e middei noch in skoftke yn ’e blikke sitten” andere se. „Mar dat koe nou fensels net mear, ’t waerd to huverich, ’t is noch gjin simmerwaermens. Hast in goede dei hawn?”
„’t Kin der mei gean. ’t Moat earst fensels wer hwet wenne.”
Hy sei de wirden lyk as men trochstrings sokke petearen ynset, sûnder der by to tinken, as in foarm. Mar tagelyk skeat it him yn hwet hja krekt bitsjutten: wenne, yen wer oanpasse by dat oare, sa libje det mensels wer in stikje fen dy wrâld mei waerd. Dalik liet er dêr oerhinne gean:
„’t Libben is hjir sa oars as dêrre.”
„Ja” sei se sêft, en skikte nei de tafel. Hja fielde det it dêr net mei ôfroun wêze koe. En socht nei sokke wirden dy’t him gjin wei mear litte scoenen om wei to winen foar in klear biskie, in útwizing oer hwet hja nou forstie as de groun fen hjar ûnrêst.
„Mar dou bist hjir ljeaver as dêrjinsen, net?” sei se do.
Hy seach hjar oan, binijd, en twiivlich eft hja nou mei hjar fine fielings al forstien hawwe scoe hwet him yn ûnfrede brocht. En fielde tagelyk det er it net bistean koe hjar in ûnforskillich en ûnwier andert to jaen.
„Ik wit net”, sei er do mei in ûnwillich gebeart. „Net om hjirre fensels, beppe, ik bin ljeaver hjir by jo as by ’t soldatefolk, dat witte jy wol. Mar ’t is om dy minsken hjir om yen hinne. Dat wier dêr sa oars. ’t Is wer itselde as do’t ik hjir earder wier: der is suver gjin praet by, ’t is krekt eft men allinne is.”
„Dat is men ommers ek” sei se by hjarsels; effen tocht se om egen libben. „Mar aste dy mar hwet yn dyn wirk thúsfynst, dat weacht it swierste. Dat komt eltse dei wer, mar de minsken, dêr hat men dochs nea folle fen to forwachtsjen, leau ’k. ’t Measte scil wol út yensels komme moatte. En follen hat men ommers ek net nedich op ’e libbenswei.”
„En dochs is ’t it wirk net”, lei er yn. „Dêr kin men fen meitsje hwet men wol, dat hoecht yen net tsjin to wêzen. Mar den moatte der gûnt om yen hinne wêze dêr’t men hwet oan hat, oars hâld ik it net út. Under tsjinst wier dat sa oars, dêr forwachte men neat, men naem de dingen sa’t se wieren, en den foel it faek wol mei. Dêr koe ik bêst wiken allinne wêze; as men dêr allinne wier, den wier men net allinne, den tocht men om thús. Nou bin ik thús en ’k ha hjoed eltse kear by mysels sein: dit is it nou, dit is it nou. En do hie ’k weirinne wollen. Och, it bitsjut neat fensels, ik bin altiten sa’n swartsjender, ’t is altyd sa.”
„Net wier”, sei se glimkjend. „Dat wit ik better. ’k Hie ’t wol tocht det it yn’t earst net sa maklik gean scoe. Mar ’t libben is altiten striid, Sjoerd. En hjir bist tominsten frij, hjir kinst sels bisiikje it bêste dêrfen to meitsjen.”
„Wit beppe wol det ik hjir net sa frij bin as dêrre? Dat ha ’k hjoed tinke moatten. ’t Is hjir allegear sa oars, men kin hjir lang safolle yensels net wêze. ’t Is krekt eft hjir in heap dingen net meije dy’t dêr wol goed wieren. Dat kin dochs net, wol beppe? Hwet goed is moat dochs rounom wol itselde wêze?’
Dat wier in frage dêr’t hja wirk mei hie. Hja seach earnstich yn it téljochtsje en bistoarre it rêstige flamke sa krekt as wier it in lôge dêr’t skielk godlike wiisheit út iepenbiere wirde scoe. Hja hie yn ’e mûle fen to sizzen fen fensels, mar bitocht ynienen ho’n heap dingen hja nou oars, en sims krektoarsom, seach by do’t hja as fanke it libben yn ’e mjitte gyng.
„’t Is frjemd”, sei se do skruten, „mar ’k scoe hast tinke fen net. As it libben oars is, den is it goede fen ’t libben ek oars, dat moat wol sa wêze. En dochs is der hwet dat altyd gelikens is. Der binne rounom goede dingen en dêr moat men nei stribje. Hjir ek.”
Hja hienen eartiids faek sa sitten to redendielen, it âldminske dy’t in lang swier libben efter hjar hie en altiten djip bistien hie, yn leed en wille beide, èn de ûnrêstige siikjende jonge dy’t eltse kear wer nije ljochten opkommen seach en weiwirden yn de nacht, sûnderdet er hjar bistean bigriep; en hja wieren faek fier komd, bliid mankoar to helpen, stille greatskens yn hjar as hja wer hwet foarútkomd wieren yn hjar libbensforstean. Yn Sjoerd syn ûnthâld wieren dy ûren mei fen it heechste út syn hiele libben, yn tsjinst hied er dêr faek greate stipe oan hawn, en hy hie it meast weromlange nei dy stounen dy’t sa hiem binne by ús folk, as de ynbannige siele hwet stille wiisheit skept út hjarsels, libjend en hjar heechste tinzen omfiemjend. Nou wier dat âlde wer nij wirden, dit wier alteast libjend bleaun. Yn ienen fielde er him sa thús as it dy hiele deis yn syn wirk en mids de iepene myldens fen de Fryske lânsdou net west hie, de triennen kamen him nei de eagen.
„Mar hwet scoene hjir den dy goede dingen wêze, beppe?”
Der skeat hjar hwet yn dat hja dalik sizze woe, mar hja kearde it effen tsjin: as wier der hwet dat hjar moanne det hja dêrmei tofolle weage. Mar do’t hja hjar bitocht, like it dochs sa ienfâldich, hja koe it bêst weagje; dos sei hja, nei in skoftke stiltme, sûnder to bitinken det dy telmennich krekt in ûngewoane klam oan hjar wird joegen:
„Anne.”
Der gyng him in skok troch de lea, syn hiele kleare tinken ûntdreau him; hy fielde allinne mar det hja dy’t it libben sa trochgroune en sokke wize dingen sei, him in wei wiisde dy’t er miskien gean moast, en dêr’t er, lef en selssuchtich, net op trochtinke wollen hie. Hja koe him oansjen det er yn tige twivel stie en seach him mei soarch oereingean.
„Ja”, sei er, „dat ... dat is sa. En hja wachte joun op my, en ik ha net ienris by hjarres oansjoen. Is ’t beppe goed det ik ... ik woe wol graech ...”
Ho’n sinne der nou oer hjar antlit kaem! Hja knikte en glimke allinne mar. Effen naem er de ronfelige hannen yn sines, do gyng er.
Hy roun de steige en de doarpsbûrren troch mei in frjemd, sterk en himsels ûnbigryplik fielen yn it hert. Langsten en tinzen riisden der yn him omheech mei in krêft eft hja jierren weromtwongen wieren en nou troch Minke hjar wird hommels bifrijd. Hied er in djip fielen hawn fen skild, it wird scoe him taharke hawwe as in strang en ûntsjinstriidber oardiel; nou, mei de striid fen syn jonge tinzen yn him, mei in licht en glimkjend tinken oer hwet er de lêste tiid bistean litten hie twisken Anne en him yn, mei syn gestjend moed dat it libben oermasterje woe yn greatens, kaem it him ta to lykjen det dat iene wird al syn gedriich en getwivel forslein hie. Hy hie aloan Minke foar eagen, sa’t se dy namme neamd hie mei in fredige glim yn hjar wirge eagen en oer hjar fyn rimpelich antlit, hy wist ho’t se gjin wird lichtfeardich sei, en nammensto faker dy namme mei hjar myld sizzen yn him opsong, safollesto klearder waerd it him oer de takomst, safollesto waermer libbe it yn syn hert.
Anne—dat wier de maitiid, de ljeafde, it libben. Frjemd sa’t hjar byld dat dy hiele deis sa skimerich en fierôf west hie, him nou ynienen klear en suver foar eagen stie. Hy seach hjar de bossen himmeljen op it stalt, strieljend, simmersk, de fleisige earms readich fen it koele grêftswetter, it moaije reafallich antlit mei de doarende blauwe eagen bûgd oer de libjende spegel foar hjar, hjar bloun hier glânzgjend yn de simmersinne; hy hearde hjar sjongen, hwet lûd en skatterjend, mar útlitten fen libbensnocht, sterk fen blidens. Hy wist neat moaijers noch dat him mear meinaem yn syn hiele omkrite; hied er om hjar mar earder tocht, it hie him in fortretlike dei bisparre. En earst nou’t de joun gearloek oer ierde, nou’t er hjar namme mei ljeafde en forhoping hearre moatten hie út in oar hjar mûle, nou oerstriele it him as de dei sa klear det der gjin groun west hie for syn twivel, det alles dat de skientme en bloei útmakke fen dit swijsume lân gearroun yn dy iene dy’t dêr libbe yn de folkrêftige waermens fen hjar simmerlangst en dy’t nei him útseach as de kening fen hjar libben. Neat as dat iene wird iepenbiere him hommels syn libbensdoel, hie de twivel yn ien fleach fen him weispield, det er nou wer frij en suver stie foar it hiele libben, dat er nou wist fen syn krêft en syn libbenswei.
It skeat him yn ho frjemd en ûnklear er dêr fen ’e middei to dreamen stien hie op dy terp. Dochs hie er dat field as in greate libjende wierheit, en sels it triljend fielen fen syn maitiidslok nou wier net sterkernôch om him wys to meitsjen det det oare neat west hie as bangmakkerij fen himsels. Mar yn de klearens fen syn tinken nou forstie er ek foartdalik hwet der foroare wier sûnt dat gemimer: hy hie yn syn tinzen Anne ûnrjucht dien, neat yn hjar sjoen as de faem dy’t mei him frije woe en boaskje skielk, det er tsjinnich yngyng tsjin dy fortretlike oanslaggen op syn frijdom—hy dy’t hjar sa nei wier, hie hjar sa’n stik minder forstien as dat âld minske dat sa wis en klear sein hie det it bêste fen syn libben bistie yn hjar. It waerd him yn ienen klear hwet twisken hjar ynkomd wier: hy hie in spjalt makke twisken syn libbensdoel en hjar, dat ien wier en jimmer bliuwe moast, hy hie dreamen hawn fen ûnneamber en great wirk dêr’t hja bûten stie, sa’t er kieze moast twisken dat frjemde en hjar—en hiel de moaijens fen syn lân en de strieljende krêft fen de sinne wier ommers bilichume yn dy iene! Nocht en greatens, in wûnder dat er nou mei syn tinzen yet net omfiemje koe, moast it libben wirde mei hjar. Ho wier dat oare dochs twisken hjar ynkomd? wier it de fierens twisken hjar wenjen yn de lêste jierren, ef de oerhearrigens fen syn tinzen dy’t alles yn hjar opnamen, det er hjar byld net aloan foar eagen seach, det sels...
In kâld en wreed tinken skeat him yn, dat him huverjen die as yn koartse; hy doarst it net fierder sjen, nou net. Sa hommels toskoerde it syn forheftich en stoarmjend fielen fen lok, det er stilstean bleau op ’e strjitwei en kjel om him hinne seach. Yn it West lôge nou in wide sêftreade wjerskyn dy’t sêft útweage nei de loft boppe him dy’t tear-grien by de strjitwei-beammen bylâns blonk; twisken in pear forwrongen beammen foar him út seach in bleek-silveren stjerre him freegjend oan, oer in doarpstoer in ein lofts riisde de moanne yn read-koperen rounens. Njunken him roun in nou droege en koarstige modderwei it lân yn, troch in pear stikken miedlân nei barten oer in opfeart hinne, dêr’t nou wylgen en reid dreamerich to lústerjen stean moasten. Yn in hast pynlike skerpe krektens namen syn eagen dat lânsbyld yn hjar op en hy forwûndere him oer de moaijens fen de joun; mar hy wist det dat binearjende forstiivjende tinken weromkomme scoe sadré’t syn eagen it frede-byld fen de jountiid loslieten. Eft it tinken foar him as in skut oer de strjitwei stie en hy him dêrtsjin oan bloed rinne moast, kearde er him, as for ûntwyk, fensiden en roun er it lân yn, nei de opfeart en de wylgen, dêr’t it rêst wêze moast en dêr’t er dat oare wer talitte koe yn syn tinken—oant er dêr net wier, woe er oer neat mear tinke, neat witte as de dizige bylden fen de joun om him hinne.
Hy kaem dêr, en joech him del; en itselde skoft briek dy driging wer oer him los, det er syn eagen takniep en him langút to lizzen joech oan de wâl. Hy seach hwet der mei him bard wier yn de frjemdte, en fielde him wé wirden om it hert; as in ûnmjitlik skaed sloech de skild oer syn fielen del, it witten det er syn trou en sels syn sterkens dêr net biwarre hie, det er weigliden wier yn de noegjende lossens fen it libben dêrre, det er dêr lein hie oan oare herten, de twang fen oare lippen field hie op sines. Al dy jounen fen útlitten forkear, det er bliid west hie en as in helt sa krêftich, det er nomd hie fen de sinlike jeften dy’t ek him dêr bean wieren, riisden fjûrich en driigjend foar him omheech en syn mûle forloek as fen eangst do’t er tocht oan hwet dy ienris dêr nomd hie yn triljende wille. Nou wier de spjalt twisken de fierte en him, dy’t er tomiddei al brekken field hie by it smoarge praet fen de skippersjonge op ’e terp, folslein, mar yn him droech er as de tsjustbere oantinkens mei fen hwet yn ivichheit as in klacht oereinstean scoe yn syn ûnthâld, de barnende smetten yn syn suverens, de flok fen dat forliedend jaen. Oer de iensume riedleaze jonge oan de silvrich oerglinstere opfeart stiene driigjend de forwitings fen syn mar sa lytse en forklearbere sûnden, en syn hannen twongen gear ta fûsten en syn tosken bieten de koartsich forlûkende lippen as hisen de feale Wrekgoadinnen him oan.
En as in snijende pine forstie er det dat ivich bleau, det er nea Anne wer mei suvere eagen sjen scoe. Hja dy’t hjir wachte hie yn it blide sterke bitrou fen hjar ljeafde, dêr’t de waermjende simmerskens fen dit lân yn striele, dy’t de rykdommen en it doel fen syn libben bisleat, hy scoe nea mear oars yn hjar sjen as de forliedlike pracht fen hjar frou-wêzen; yn klearens om hjar tinke lyk as men tinkt oan yens dreamen en oan God, scoe er nea mear. De frjemdte hie him it libben to sjen jown yn syn moardzjende djipten; hwa’t ienris dêryn seach, nimt syn ljeafde nea mear as in dream fen stille en kleare forhoping. Heal en heal forwûndere er him oer it frjemde det er dêr syn fallen nea sa ilindich en wyld forstien hie; hy hie der oerhinne lake, tocht det it dêr net lette en yn wierheit hie it dêr ek nea greate striid noch sels earnstichs for him west, men libbe dêr fensels sa, net ien fen de ljuwe koe yen dêrre, de wissens det men dochs mar koart op in sté bleau, makke alle ûnskildige avontûren libjend fen ynlikens en hertstocht.—Hja namen dêr en wisten fen wearskanten det it nea mear wêze mocht as boartlikheit fen jonkheit, det hja mankoar mar for in deimennich seagen en den in ivich neat, en yn de joun deun bymankoar, minsken dy’t hjar fêsthâldden oan inoar om’t de wrâld alwer twong ta skieding, stiek hwet sa ûnearnstich like, ta blynjende fleagen op...
Hy kearde him oerside, det er mei syn antlit op ’e earmtakke kaem to lizzen nei de groun en it gers, dat al hwet fochtich waerd fen jountiidsdauwe; hy snokkere stil foar him út yn alwer djipper trochtinken, det der skokken gyngen troch syn lichum, in skepping fen jonkheits-krêft, nou oan forlittenheit oerjown. Hiel syn tiid fen wrakseljen en oerwinning riisde heech foar him, dy wrokjend-iensume tiid fen syn jongesjierren, det him it bloed sims as in koartse troch de lidden jage en dochs syn sterkens net oerwoun, om’t er suver bliuwe woe for de godlike libbensdei, hwaens opgong er forstie yn it hert; al dy ûren libbe er troch fen nijs, hy seach him âlder- en frjeoneleas waechsen fen jonge ta feint, bûten de rykdommen fen it libben forstaet, mar mei yn him dy greatste machtige rykdom dy’t in greatske glâns yn de eagen bringt ek dêr’t it liif klaeid giet yn fodden en de foet neaken rint oer de púnwei, hy krige himsels lyk er do bistie, yn syn tinken hertstochtlik ljeaf, skriemde dêroer as oer it forstjerren fen in frjeon, dy’t him ienlik litten hie yn it tsjuster, doarst net mear tinke om hwet der letter bard wier, dat nou alles him ûntsonken wier dat ienris syn greatskens útmakke... Hy tocht om de oaren, dêr’t er tomiddei sa’n goedlike minachting for hawn hie, oan de wearzige jonge mei syn iere bidoarnens, en de brân fen de wanhope woede sa yn him, det er himsels lyk tocht oan dy oaren allegearre. Mei in skoer joech er him oerein wylst de triennen him yet oer it antlit rounen, seach de moanne koel en fier glimkjen oer de widens fen it lân, seach ho’t de wylgen mei de jounsigen foaroer bûgden nei de feart en mei in ûnderst twiichje eltse kear it wetter wer effen oerstreake. „Ik wol net, ik wol net” sei er heallûd en smoard yn himsels, de wirden dy’t him hiem wieren út syn jongesstriid; hy wearzge fen himsels en mei’t it forheftichst fen syn leed útwoede wier, kaem er to tinken det nou’t er syn ljeafde forûnsuvere wist fen hwet him dêryn nea mear forlitte scoe, hy for syn hiele libben earder ôfstân dwaen scoe fen ljeafde as sok tinken talitte yn syn hert. Yet wol in ûre siet er dêr sa to stoareagjen, in heal-ûnwittene hate yn syn hert tsjin de hiele wrâld en tsjin God, det de heechste en godlikste dingen út dit libben net bilibbe wirde mochten sûnderdet hjar suverens earne skeind waerd en bismodse.
Yn ’e foarnacht kaem er thús, dof en ôfstriden; Minke wier al lang nei bêd gien en sliepte fredich. Hy bitocht lang hwet er de oare moarns tsjin hjar sizze scoe, as der freegjen wier yn hjar eagen, mar wist det er gjin ljeagen sizze mocht. Hy sliepte dy nachts tinzeleas en frjemd; by it moarnsiten sei er hwet nedich wier: det er ûnderweis oan it tinken rekke wier, en net by Anne’s west hie. Alde Minke tilde hjar holle op en seach him effen siikjend oan, mar hy like wer rêstich, seach stil foar him út yn it téljochtsje, en hja bitroude wer. „Miskien komst der joun wol oan ta” sei se; do sloech se yn oar praet.
Anne: in moai bloeijend fanke mei oermoedige brune eagen en kriich yn it wirk, dat de dei net fordreamde en de jouns sterk langje koe. Ien fen de fiif út in arbeidershúshâlding, hie hja al ier meifortsjinje moatten en wier hja mei gauwens as faem bidarre op in greate en wirksume boerepleats dêr’t hja de kost for ’t iten hie en in skoan stik jild fortsjinne. Hja wier ien bleaun mei hjar folk en hjar lân, libbe mei yn al it wichtige barren op ’e boerkerij, wier bliid as it bislach winters en de iere maitiids mei in stikmennich skoandere keallen útwreide waerd en mocht, as ’t barnde yn ’e ûngetiid, jerne meiswylje op it lân; middeis oan tafel iet hja hjar sêd en soun, en yn hjar koarte nachten hie hja fen dichterlik noch oerstjûr gedream folle lêst. En men moat sizze det hjar omkrite hjar trouwe oanhinklikens mei golle rinte werombitelle, hwent hja wier in stik geef en feardich Frysk libben meiwirden as hja mei it spantou swaeijend roun efter de kij ef ûnder in âlde strieën hoed hjar bloeijend antlit deun tsjin it koubist hold by ’t meltsen.
Sa seagen hjar de oare boaden dy’t jerne mei hjar malfarren en faek in bizich útflapperich wird fen hjar weromkrigen, dêr’t hja net folle tsjin bigounen, en sa fensels ek hjar boer en boerinne dy’t simstiden mei in noflike knik tsjinmankoar seine det Anne hjar jild wol fortsjinne en det men in bêsten oan hjar hie, greate selsumens yn ús tiid det it folk sa bretael waerd en amper altiten fijannich foar yen oer stie. Inkelden seagen hwet oars yn hjar: hjar kammeraetskes dêr’t hja de Sneintomiddagen bûrren en strjitwei mei lâns kuijere, faek gâns forfeeld en tsjinnich as der neat to gobjen wier, mar der djip yn hjar hert fen oertsjûge det men Sneins hearde to kuijerjen, net allinne for de feinten dy’t kâns hawwe moasten yen op yens bêst en pronkfolst to sjen (sa miene hja yndied, en witte net heal ho moai ’t hja binne yn hjar wenstich deistich bidriuw) mar ek as in seedlike plicht, ûnôfskiedber oan de rêstdei forboun. Dizzen, dy’t faek mei in herte fol fenyn earmke-yn-earmke mei hjar rounen, wisten klear ho’t de measte frjeonlike nijsgjirrigens fen de sterke helte opkaem for Anne, sels do’t it dochs it hiele doarp roun wier det hja forkearing hie; dêrom bisleaten hja mei izeren logyk, det Anne sels oanlieding ta soks joech, de mânljue lokke en oanhise mei hjar slúchslim sjen en hjar net skamme ek oaren yn ’e mjitte to kommen, wylst hjasels forsein wier. Anne forstie genôch fen it libben om soks to trochgrounjen, en hja hie pleagerige riten det hja hiele middagen trune en noege oant hjar froede frjeondinnen, al mar sedich glimkjend, bleek seagen fen oerginst, èn skoften det hja stune, noartich tsjin eltsenien dy’t nêst hjar wier en hjar mette, oant hjar selskip yn koarte neibiskôging bisleat, det nimmen ea bigripe scoe hwet der dochs oan dy Anne wier. It frjemde forskynsel bleau bistean det hja de oaren de moaiste jonge út it doarp foar de noas weikaept hie, en det mennich jongkeardel hjar yet oanseach mei eagen dy’t dúdlik seinen: „astou einlings ris genôch hast fen dy iene, den bin ik earst oan bar.”
Mar hja makken gjin kâns; Anne hie mear yn hjar libben as hja wol wisten. Dat sterke feardige bern dat fen jongs ôf oan skreppe moatten hie en laitsjend en fêst mids yn it wirksume lân-libben stie, hie hjar ûren hawn fen ûnbitwingber langjen det it hjar like eft alles weisonk for hjar sjen en de triennen hjar yn hjar eagen kamen. Dit wirdt yn it boere-libben as in ûngaedlike en amper as in syktme-tastân forstien, en Anne wier bern fen it lân genôch om der net langer mei omkruse to wollen as nédich is; ek wist hja de greate remeedzjes tsjin soks, dy’t bistean yn in arbeidsum libben en stevich frijen op syn tiid. Beide wier hja net ôfkearich fen en mei’t it libben hjar oanstien hie op it iene, hie hja, heal dreaun en hiel út opset sin, ek it oare socht. Mar hjar forkearings dûrren net lang, Anne seach hjar feinten selsume gau yn it wêzen en sadré’t se hjar koe, foldie it hjar net mear en gyng hjar langjen út nei hwet oars, dat hjar mear joech en hjar mear meinaem. Hjar ûnfoldienens kaem it meast hjirfen det hja fielde ho’t de measten fen hjar romrofte rige sljuchtmâl mei hjar wieren en det hja se alhiel oer koe; en Anne, dy’t, ho se yn it wirk ek de mânljue stie, frou bleaun wier mei hjar hiele hert, koe net ta rêst komme salang’t der net ien yn hjar libben wier dy’t mear wier as hja, dy’t hjar bliid, great en ynlik bliid meitsje koe en byneed sels leed dwaen, mar dêr’t se yn alles by opsjen mochte, yn in heal ûnwis fielen for hjarsels, det syn ljeafde hjar it ienichste greate wier op ’e wrâld en yn in klear witten det se mei sa’n ien op ’e doarpsbûrren treftich foar ’t ljocht komme koe.
Al skoften lang hiene hjar eagen oan Sjoerd hongen ear’t se him for it earst neijer kaem. Hja hie for it earst in wirdmennich mei him praet op in Sneintomiddei, do’t se mei greate foarnimmens om in moai ein to fytsen, in ketierke fen hjar pleats ôf al in lekke bân krige en fortretlik mei hjar fyts wer hûsta slepe moast. Hy hie de strjitwei in ein út west, roun hjar efterop, en frege hjar hwet oer it ûngefal; hja seach him fensiden en mei hwet argewaesje oan, to greatsk om sok moetsjen net as in forleging to fielen, skruten det se wol hwet spotskens yn syn eagen glimmen sjen scoe. Mar hy like hjar earnstich en miende grif hwet er sei; en mei-ien seach se ho moai’t er wier, sels dizze middei yn syn wol ienfâldige, mar dochs Sneinsk-lykjende klean—sterk, tige sterk, en dochs sa blank fen hûd det syn wirk yn ’e simmersinne him net oan to sjen wier. Hja praette wakkere wiis oer de greate fragen fen it doarpslibben, seach kâns oer hjar meast gefaerlike kammeraetskes in pear ûndogenske dingen to sizzen dêr’t mear hjar goedmienendheit en mear-wêzen út bliek as hjar eangjende oerginst, en dêr’t hy him mei formakke; oanmoedige, bigoun hja oer hjar foarnimmen by it toanielselskip yn’t doarp to gean en praette dêrfen det se wol ris earder hwet meispile hie en mirk mei gauwens, det hja dêr wol mei foarútkaem. Hja stried der fûleindich for det hy hjar achtslaen scoe, en birikte yndied det Sjoerd thúskaem mei it bitinken, det hja yet wol de oannimlikste wier fen al dy fammen om him hinne.
Mar hja hie hjar foarderjen oerskat: Sjoerd kearde wer yn ta himsels en sloech hjar mar amper mear acht as de oaren. Hja iepenbiere in úthâldende slimmichheit om him dochs neiby to kommen, bisocht Sneintomiddeis mei al hjar krêft him to moetsjen, bitocht boadskipkes by âlde Minke sels—den foel it hjar ynienen wer yn det hja mei hjar sa op to kringen hjarsels forriede koe en faeks earder syn hekel geande makke, en hja skrille wer in fjirtjin dagen lang werom, en joech hjar den wer skruten nei foaren. Hy fen syn kant, bleau twiivlich, en tocht yn goede frjeonskip om hjar. Oant de winterjoun kaem fen hjar meispyljen (hja hie mei folle úthâldende minlikheit in swiere heltinne-rol witten to bimachtigjen, det it selskip amper oant yn syn grounfesten skoerde) en hja, mei in selsum trochsettend bisiikjen hwet apartichs oan hjar spyljen to jaen dat opfalle moast, al hie hja gjin flau bigryp hwet dat likernôch ynhâlde moast, mear troch hjar wollen as troch oanliz op hjar ginstichst forskynde, sà det in greate oerwinning hjar stribjen bisleat: hy dounse dy joune mei hjar en brocht hjar thús. De nacht, hjar blide libbenskrêft en it togearre-wêzen dienen it fierdere, hja fielde hjar sa ticht by him as hie hja him jierren kend, syn sêft oanreitsjen en stoarmich nimmen wier hjar in wûnder dat hjar meinaem nei wûndere, nea-bidreamde fierten, en al dy dagen striele it lok hjar oermoedige eagen út: foldwaning oer hjar wirk, greatskens om hjar oerwinning, mar de triljende krêft fen hjar ûneinige ljeafde it meast.
Yn it earst wist Anne net ho’n swiere wei se to bigean krige mei him, al skeaten der mei gauwens sims forwûndering en argewaesje en in hiel fiere eangst troch hjar hinne. It gaust bifoun hja ho’n forskeel der wier, yn de omgong mei hjar, twisken him yn syn forheftich mar koart jaen, èn dy oaren dy’t hjar mear yn hjar wêzen lieten mar den sa’n hiele nacht ek op yen omhongen; hja pleage him dêroer ris mei in geklik wird, mar forstie yn syn swijens en de bilitsen glâns fen syn eagen hommels sok hwet frjemds, det hja hjar earnstich foarnaem hjir nea net wer in wird fen to kikken—allinne hjar forwûndering hie it hjar ek sizzen dien, hjar bistean wier dêryn lyk as sines. Mar der kaem mear dat hja seach mei al de klearens fen hjar ûntrêstige froulikheit, syn fier fen hjar wêzen as hja sims meimankoar rounen troch skimerjoun ef nacht, as syn earm hinne laei om hjar skouder en hja dêr it libjen net mear yn fielde, as hja forstie det er tocht om hwet oars en hja de moed net hie him dêrnei to freegjen, syn swijen as hja mylde wirden oer hjar omgong tsjin him sei en it meast syn eagen, dy’t glânzgje en flûnkerje koenen as er him joech en den wer yn de fierte seagen mei in ûnfetlike skimerglâns. Hja koe der net oan ûntkomme, hja moast by hjarsels sizze det er yn syn herte in frjemden-ien wier en det hja him net bigriep, en hja eange de tiid det hja forstean scoe det hja neat mear for him bitsjutte, en gean moast, allinne, sûnder him...
Mar dit tinken die hjar sa’n flymjend leed det hja it dalik wer ôfstegere. Der wier neat twisken hjar, hja koe him allinne mar net bigripe, mar hja koe hjar bêst dwaen en foar alles wier wêze tsjin him. Hja pleage him nou nea mear noch socht hja him to lokjen, mar kaem lyts en dimmen nei him ta, mei de soargen en lytse ljochten fen hjar deistich bistean, praette net mear nei him ta, mar sei de earmoede en it twiveljen fen hjar egen libben. It wier swier for hjar, hwent hja wier greatsk yn hjar hert, hja hie sterk stean wollen troch hjar egen mear-wêzen, en it waerd in djip leed as se fornaem det se nou allinne mar syn meilydsumens opwekke lyk elts dat koe, yn pleats fen syn ljeafde, mar hja kaem lâns dy wei yet it fierste en moast sa wol fierdergean. En Sjoerd dy’t mei goed mienen nei hjar harke en hjar bisocht syn treast en myldens to jaen wylst alles yn hjar longere om ljeafde, dy’t ûnder tsjinst hjar ienfâldige, net folle sizzende brieven lies lyk hja forhellen fen de lytse dingen fen it libben dêrre en sims in skrutene frage bifetten oer syn thúskommen en in hiel inkeld blinkje fen hjar ljeafde-forhâlding, seach yn pleats fen syn dream en heechst wollen mear en mear de egenheit fen it libben yn Fryslân yn hjar, en binijde him aloanwer mear mei ho’n bytsje dat libben dêr takoe.
Anne stried dêr tsjin yn; for it each fen de wrâld bleau hja oermoedich en simmersk, mar hjar sliepsté seach hjar simstiden gâns oars. Hja hie ljeaver yn de grêft sprongen as det hja hwet fen hjar swierrichheit útkomme liet. Do’t Sjoerd de jouns fen syn foarste wirkdei wer op ’e terp, net by hjar west hie, skriemde hja hjar de nachts yn sliep, al wier soks hjar net hielendal nij mear; de oare deis, op it stap, song hja sa klear en strieljend by hjar wirk, det de boer syn fanke, det in snoad bern wier, sei tsjin hjar mem: „Hwet moat ús Anne hjoed in min sin hawwe! ’k Haw se yn gjin tiden sa oangean heard.”
Hja wier net forwend fen him, en socht efter syn weibliuwen neat earnstichs, al hie hja der leed om. Yn hjar forkearing hie hja mei gauwens sjoen ho’n forskeel der twisken hjar en him wier yn hjar fielen: de ien dy’t oars gjin greats fen it libben tocht, hwaens tinzen yn hjar lytse blydskippen en ûnkheden him optslach foar hjar hellen, om’t de forfolling fen hjar libben rêstte yn him—hy, ljeavjend by fleagen, sims oermoedich en wyld yn syn jaen, den wer skoften by hjar sûnder folle myld bijeart, sims dagen det er mei syn tinzen by hwet oars wêze moast. Earst hie hja dat as in pine flymjend field troch it herte, letter learde hja dêryn to birêsten: hy wier sa great en heech yn hjar eagen, hja wist hjar machtleazens alles yn him to forstean, en sei tsjin hjarsels det ien as hja dy’t mar sa’n bytsje fen wrâld en libben wist, ek net mear wêze koe for immen dy’t sa socht. Mar eltse kear det hja syn fierens fielde, hie hja leed, al praette hja it goed for hjarsels.
Hwent hja libbe nou mear as ea hjar lok tomjitte en hjar dagen wieren sa bliid en waerm det twivel gjin fet op hjar krige. Hy wier weromkomd, dat bitsjutte: hy moast wer tinke om syn takomst, de foarste trêd sette op in effener en klearder libbenswei, de tiid wier dêr det er hjar weihelje scoe út hjar tsjinst en hjar masteresse meitsje fen in egen lytse went mei folle blide lytse soargen en gaedlike beuichheden; allinne dy foroaring fen plak bitsjutte hjar al folle: hja skikte hjar yn hjar tsjinst laitsjend nei folle ûngaedlike dingen, mar it langst nei in egen bistean siet hjar heech. En hja seach mear, hja wist det hja eltse dei dêr nêst him wêze scoe. Hja scoe miskien hwet minder faek laitsje as nou, hwent hja forstie, in maklik libben waerd it net, en dochs sloech hjar hert rêdder as hja dêrom tocht: ûnwittend fielde hja de stille hilligens, dy’t der is yn it oerjown tsjinjen fen ien hwaens bistean yen it djûrste is fen al it ierdske. Faeks learde hja mei de tiid ek better him yn alles to forstean, en al wier de waermens ek dêr net altiten om hjar hinne, de kearen det er him alhiel jaen scoe moasten sok in huverjende wûnderens ynhawwe det sels hja, oars net licht bidêst, de holle niigde as it ealgjen dêrfen yn hjar wekker waerd.
Dy hiele deis hiene hjar tinzen dwaende west mei syn weibliuwen; en hja hie earnstich foar hjar nommen him al effen merke to litten det it hjar min sinnige, al wist hja fen eardere kearen op hokfor earmtlike fortuten hjar lang oertochte skrutene forwitings ornaris útrounen. Mar fierwei hjar greatste soarch wier dochs eft er tojoune wol komme scoe; natûrbern yn hjar hert, seach hja it blije sintsjende waer as in goed foarteiken, en om hjar prakkesaesjes to forsetten, kletste se de bossen mei dûbelde feart yn de grêft, det it koele wetter hjar antlit bispatte en hjar hier as fen peareltsjes dauwe by ’t moarntiid glânzgjen die. Yn de greide foar hjar diene in mennich glimmende keallen brike sprongen, it fûgelgûd tsjottere yn de hege beammen fen de mantel en wier yn ’t spier op it effen blaupanne-dak; in pear moaije swartbûnte katten sieten mei opmerksume earnst by de hage nei hjar skreppen to sjen, sims allinne hwet steurd by de mear dramatyske einen fen hjar sang, hwaens miening it wier hiel de wrâld en hjarsels to mislieden oer de tastân fen hjar hert; mar ho fierder de dei gyng ho mear hjar tinken rjuchte waerd op dat iene, de kâns fen syn kommen dizze joun; in pear kear forstie hja de frou heal forkeard, det dy mei bysûndere klearens en stadige klam yn hjar lûd, hjar weardige oanwizings forfette. Ek bikibbe hja hjarsels gâns om hjar ôfhinklikens foar Sjoerd oer, en in pear kear kaem hja sa fier hinne det hja hjar binijde hokfor bysûnders der oan him wêze scoe dêr’t hja gjin diel oan hie; en hja bisleat, hjar tonei nea wer de mindere to fielen.
De jouns, nei in beuzige dei yet effen dwaende mei stopwirk, seach hja him fensels fier foar de oaren oankommen, mar tagelyk niigde hja mear oer de hoas en de nidle foaroer, en hja like in bytsje forheard do’t de boer syn fanke, it spjuchtige finnige ding mei poddegiel hier, mei great ophef oer de milkeamer forkindige, det Anne hjar lang-forwachte kommende wier. Hja gyng oerein mei in pear binnenmûlske lûden, dy’t mismoedigens oer dizze ôfbrek fen hjar wirk mienden, en hearde de lûdroftige forwûndering fen de jongfaem det Anne mear hâldde fen hjar sok as hjar feint, mei stille birêsting oan; do frege hja de frou eft hja in skoftke mist wirde koe: hja hie hwet mei Sjoerd to bipraten. Der waerd hjar in ûre tastien; do gyng hja en roun Sjoerd tomjitte, nijsgjirrich fen de eagen yn de milkeamer folge.
Yn de blekens fen it jounljocht seach hja it leed op syn antlit dalik. Hy hie in dei fen birêsting efter him, fen neat as neilibjen hwet him jister sa meinomd hie; stilder en klearder wier syn fielen nou wirden, it witten fen syn skild en fen it forkearde yn syn ljeafde, fen syn treastleas foarlân en syn forplichtings foar Anne oer, mar it pinige him nammensto djipper. Hy hie mar ien ding bislute kinnen, det it nedich wie’ wier tsjin Anne to wêzen, yn alles, det in wrang leed hjar èn him better wêze scoe as it foartdûrjen fen in dream dêr’t er de ûnwierheit fen trochskôge hie. Oer hwet dêrfen komme koe joech er him gjin rekkenskip; hy forstie det it altiten drôvenisse wêze moast en wier der dof ûnforskillich ûnder. De readigens fen syn tsjeaken, yet net brúnbarnd fen de sinne, wier gien as it jounljocht en ûnder syn eagen dy’t fochtich liken leine tichte ringen. Anne seach kjel ho’t hy, de bloeijende libbenskrêftige jonge, nou sels hwet op Minke like en hja eange det er net goed wier. Fen hjar feardige bisluten wier neat mear bleaun, hjar herte bigoun rêdder to slaen út noed for him; sûnder it to wollen laei yn hjar foarste wirden de ûnrêst fen hjar sterk rizende ljeafde.
„Hwet bist bleek jonge,” sei se. „Skeelt der hwet?”
„’k Haw in pear biroerde dagen hawn,” sei er. „’t Is allegearre wer mis. ’k Bin der jisterjoun om weibleaun, nou woe ik dat net. Al stiet it sin my net bliid.”
„As ’t oars net is as in min sin, dat kin better. Unwennich? swierrichheit mei dyn wirk? Scilst earst wol omstean leare moatte, heite! ’t Is hjir mei omstippen net to krijen.”
Hja miende it goed, mar hy, út himsels al hwet yn oerstjûr, hearde forwyt yn hjar wirden.
„Deabodzjen is net folle oan,” sei er hwet koart, „mar dou witst oars wol det it myn moade net is om to stippen.” En do’t hja stil bleau, yn ’t ûnwisse eft se sizze scoe det se it sa net miend hie: „De hiele ilinde kaem út mysels, sa as altiten. Ik woe detst in ein mei my de strjitwei út rounst. Ik ha dy hwet to sizzen.”
„Dat is bêst,” sei se dimmen, „ik kin in ûre weibliuwe. Dat scil wol genôch wêze.”
It heakke wer mei syn forstean, mar hy wier nou sa wiis syn opkommende argewaesje for himsels to hâlden; hy bigriep det dy ûngaedlike fielsumens mear laei yn syn egen ûnfoldienheit en ûnwissens, as opwekke waerd troch hwet hja sei. Effen seach er hjar fensiden oan, en forwûndere him ho earnstich hja nou like, sa fol sterk bisiikjen him yn syn hiele wêzen to forstean, en det er hjar dochs sa fier fen him ôf fielde. Swijend rounen hja in ein fierder, hja rêstich foar it each mar mei in sterke slach yn it hert, hy mei de eagen foardel, mei hwet ûnforskillichs nou om syn mûle, mar de hannen yn syn bûsen gear ta fûsten. De hiele dei hied er neitocht oer ho’t er tsjin hjar bigjinne scoe, mar hy wist it yet net, en tocht hast eft it net better wier mar oer hwet ûnforskillichs yn to setten, en den stadich it praet to forlizzen nei dêr’t it komme moast. Hy foun it lef, en wiisde it dalik wer fen him.
Hja kamen oan in hikke dy’t in ein út ’e bjirm weisprong en dêr’t oan wearskanten it ûnderwâlsgûd ticht oan taroun; greate skermige kikkertsblommen woechsen yn de dyksleatsjes, dêrefter laei in stik greide, glânzgjend fen ripe grienens, tsjin ’t meanen oan. Hy gyng op ’e hikke sitten, it antlit nei it west ta; hja kaem dimmen nêst him stean. Hja hiene der folle sa stien en de hiemens fen it sté en de frede fen de joun brochten hjar tichter ta mankoar; beide fielden hja hjar stilder en sterker wirden. Do’t Anne yet in skoftke wachte hie en hy swijen bleau, seach se him oan; syn eagen wieren nei de joun ta, smertlik en ljocht as fen ûneinige sêftens. Hy fielde det hja nei him seach en sloech syn eagen yn hjarres, djip-stil, mar stadich bigoun der in swiere gloede yn to skinen dy’t hja mar amper forneare koe.
„Hwet hast dochs” sei se lústerjend. „Dou makkest my hast bang. Ik wier sa bliid det ik dy seach, en nou wit ik net hwet ik oan dy haw.”
Hy bleau hjar oansjen, yet djipper. „Witst dat oars den wol?” sei er do.
„Ik wol net detst sa nei my sjuchst, dat forstean ik net” sei se sa’t it yn hjar opkaem; hja seach det syn mûle effen forloek, do kearde er syn eagen fen hjar ôf. „Né, net altiten, dat is sa. Mar ik bitrou dy wol. En dou witst wol detste det mei my ek kinst, en dy frij tsjin my útprate, as der hwet is dat dy net sinniget.”
„Dou hiest my net sa bitrouwe moatten” sei er rimpen. „’k Woe sizze, dou hast altyd mar tocht det ik tsjin dy wier as dou tsjin my. En dat wier net sa. Do’t ik foart wier, do...” It kroppe him, hy koe de wirden net út ’e mûle krije. Noch in kear bisocht er; do gyng him in skok troch de lea, hy bigoun to skriemen, de lippen stiif opmankoar, noch presjend om him to bitwingen. Do gyng er fen ’e hikke ôf en mei de rêch nei de strjitwei ta stean, it antlit nei it West. Sa nei gyng hjar dat stille wanhopich gebeart det hja der in liiflike pine fen fielde yn hjar hert. Hja longere dêrnei him to treastgjen en doarst dochs hjar earm net om syn skouder lizze; as forlamme stie hja in skoft njunken him, hja bigriep det der hwet ilindichs wêze moast.
„’k Bin lef” sei er op ’t lêst. „’t Hie better west det ik do safolle neitocht hie, yn pleats fen my hjir sa oan to stellen om hwet dochs net mear to foroarjen is. Ik bin dyn bitrouwen net wirch. Ik wist detstou hjir op my wachtest en ik bin dy net trou bleaun. Ik ha omgong mei oaren hawn, dêrre.”
Hy tocht det hja útfalle scoe, hjar kjellens uterje, syn namme neame, mar hja swei. Yn syn lêste wirden hie hja oankommen field hwet er sizze woe, hja koe net mear tinke en do’t er sei hwet hja eange, hearde hja forbjustere ta.
En yn hjar hert wier hja bang, djip en ilindich bang. Hja hie him giselje wollen mei forwitings det er it net mear forneare koe en triljend ta hjar komme, det hja him forjaen mocht, mar ynpleats fen him, huvere hja, twong hja elts wird werom dat skieding twisken hjar bringe koe. Hja fielde en seach hjar ljeafde ûndergean, hja hie in wé en koartsich fielen as wier hja liiflik skeind, en tagelyk focht se riedeleas om alteast it earmtlik oerskot yet to biwarjen dat hjar bleaun wier; hja fielde, heal dûselich fen angst, det hja him net gean litte scoe, det se gjin krêft hawwe scoe him fen hjar wei to driuwen sels al scoe se him nou yette, hjar hiele libben, mei oaren diele moatte. Bistoarn om hjar holle en hjar hân sa taklamme om de boppekant fen de hikke det it bânizer hjar yn de hûd snie, stie hja ûnforweechlik nêst him, net wittend hwet se sizze moast, stridend om in wird. Wachtsjend, kearde er him in heale slach om om hjar oan to sjen; yn hjar bitiisdens tocht se det er al by hjar weigyng. De hannen gear, de eagen glânzgjend fen eangst sei se hwet se net mear kropje koe:
„Gean net by my wei Sjoerd, bliuw by my, ik kin net allinne...”
Forheard seach er hjar oan, hy forstie hjar net, fette net ho’t se him bea to bliuwen, ynpleats fen him hird en fûl to sizzen det er gean koe. It joech him hwet fen syn krêft werom, mar forlytse syn tinken oer hjar, nou’t er seach ho helpeleas en neatich hja wier bûten him. Hy fielde de hún fen wylst er himsels forflokt hie om syn leffens en wantrou, dochs yn syn sonkenheit foar hjar oer yet as master to stean; der kaem hwet wreeds en kâlds yn syn eagen do’t er fielde det er, wier syn wil sa, hy ek dizze nei him nimme koe lyk as de oaren. Yn him wraksele syn meilijen mei dat fielen, mar syn witten fen earder, yn ûnweardige skild njunken hjar to stean, wier him amper alhiel ûntdreaun.
„Ho kinst my dat nou freegje” sei er do dof. „Ik kom hjir om dy to sizzen det ik tsjin dy misdien hie en ik tocht detst my stiennigje scoest. Bitsjut dat den mar sa’n bytsje for dy?”
„Dat is pinigjen” forwiet se. „Hwa’t it my sein hie, hie ’k formoardzje kinnen. Ik kin my wol oanstelle, mar ik kin dochs net bûten dy. Hiest it my mar net sein, hwet hiest my in lêst bisparre!”
„En den sa mar fierder mei dy omgean? Scoeste sa libje wolle? Mei my it libben yngean en net ienris it measte fen my witte? Hie ik dy den foarlige moatten?”
„Ik bigryp dy ommers oars ek al sa faek net,” klage se. „Ik woe dy allinne mar nêst my ha, al it oare koe my neat skele, as ik dy sims mar hie...”
Hy waerd kâld fen de ôfstân dy’t er twisken hjarren yn fielde; syn tinken wier wreed wirden, hy fielde heal en heal det hja allinne mar bern fen him wollen hie, det hjar ljeafde yn de groun syn djipste wêzen net ienris gau; oars hie hja nea sa forslein en swak wêze kinnen. Hy koe neat mear sizze en fielde det, as er wier bliuwe scoe, elts wird hjar wounje moast. Ynienen sloech hja hjar eagen op en seach bang en mei it great langst fen hjar ljeafde yn sines.
„Siz my,” sei se lústerjend, „dy oaren ... hawwe dy mear hawn as ik?”
Syn troch alles hinne geande wierheitsdriuw scoe him nea talitten hawwe in ljeagen to sizzen; nou, mei hjar eangstich sjen yn syn eagen, wier dat him folslein ûndwaenlik, al bounze syn hert. Sûnder derby to tinken, as om hjar to stypjen, sloech er syn earm om hjar skouder hinne.
„Ja” sei er, huverjend by syn egen lûd.
Hja fette syn hân en lei hjar holle tsjin syn boarst; tagelyk bigoun hja stil to skriemen. Gjin forwyt, gjin klachte sels, oars net as it sêft skokken fen hjar lichum, tsjin sines lynjend, en it rinnen fen hjar triennen; de eagen ticht, fielde hja it leed om hjar sweevjend en yn hjar wenjend, en hja stie der warleas foar oer. Dat stille skoft, wylst hja de dea oankommen fielden oer hjar ljeafde yn forstiivjende needsaek, beide hjar bûgend for syn swijsum keningskip, beide mei it mylde djippe fielen yn in lêste rizing libjend yn hjar hert wylst de joun oer hjar gearloek en it beamte nêst hjar rissele fen de oansuchtsjende nachtsigen, wieren hja yn in djip en ljeafde-ryk bigripen sà ien as yette nea yn hjar hiele forkearing.
En sa stil en klear nêst him, mei yn hjar herte it ealgjen fen it ein, woun hja út de ienheit fen dit lêste forstean hwet fen hjar krêft werom. Linkenoan bidarre hjar skriemen en koe hja wer tinke, oan hwet hja nou yet witte moast, oan it lân dat nou foar hjar laei, oan de needsaek der sterk tsjin yn to gean en de holle rjucht to dragen; sterk omklammen syn fingers hjar hân, en wylst hja him sa ticht njunken hjar fielde, kaem der stadich moed yn hjar ta it heechste. Yet effen tocht hja nei eft hja hjar net forsinde, eft der net in útwei bistie dy’t de greate frage oerstallich makke, mar hja forstie det it net oars koe en woe net mear lef wêze. Hja tilde hjar holle omheech oant hjar mûle sa tichte by sines wier det syn amme oer hjar lippen gyng; do sei hja stil, freegjend as wachte hja syn andert sûnder eangst:
„Hâldst den net mear fen my?”
„Net sa as dou fen my” sei er, syn holle hwet ôfkearend. „Ik hâld fen dy as in frjeon. Dat hat it ek dien det ik dy dêr sa forjitte koe. Mar net om mei dy troch it libben to gean.”
Sa great hie hjar leed west det it andert hjar myld taharke en in glim fen blidens yn hjar wekke. It witten det dit skieden kaem fen syn wêzen en bistean, net om’t in oare frou him oan hjar ûntstellen hie, brocht koelens oer it brânnen fen hjar striid. Yet frege hja:
„Is der in oar dêrste dat wol mei wolst?”
„Né” sei er, „nimmen. En moatst net ienris miene det ik ûnder tsjinst fen dy oaren oars hâlden ha. Hie ik dêr fêst mei forkeare moatten, net ien hie my mei krige. Mar ik wier sims sa iensum, ik longere sa nei waermens, en dat hie ik den, in pear skoftkes.”
„Scoe ik nea mear for dy wêze kinne, Sjoerd?”
„Ik tink it net,” sei er stil. „It is sa frjemd, sa frjemd allegear, ik bin sims bang fen mysels, ik wit net hwet it is. Sims tink ik wol det ik my oanstel, in jonge as ik moast fen soks net witte, ik kin dochs neat. Miskien komt it om’t beppe altyd sa djip op ’e dingen yngiet, en my dat ek leard hat, al woe se dit net. Ik leau sims det nimmen my bigrypt. Den wird ik hird en kâld, en den siz ik wer by mysels, hwet wolst dochs? Dou bigrypst dysels ommers net ienris. En den is it hiele libben sa frjemd, en ûnbigryplik, en den woe ik—det ik dea wier.”
De wirden dy’t syn iensumheit seine makken dalik wer in greate skieding twisken hjar. Hja hie him yette nea sa heard, en altiten tocht det as hja him sims net forstie, dat oan egenaerdichheden fen syn wêzen laei; nou wier it as praette der ien dy’t hja nea kend hie, en al seine de wirden hjar net folle, it fielen dy’t hja uteren wier hja sa folslein frjemd det se, al stie se yet jimmer njunken him, hjar hân losmakke fen sines en ynienen de krêft hie de bislutende wirden to sizzen, dy’t hja dochs ûnôfwiisber wist.
„’k Hie ’t earder witte moatten” sei se sûnder op syn lêste wirden yn to gean. „Moatst net tinke det ik lilk op dy bin, Sjoerd. Wy hiene mankoar better bigripe moatten. Nou witst wol det it net fierder mei ús kin. Wy kinne net meimankoar forkearen bliuwe as wy dochs witte det der fen dat oare nea hwet komme kin, om de minsken net. Den moatte wy elts syn eigen wei mar wer gean.”
It wier britsen, hy fielde it, hja liet him gean. En hy bisocht hjar oan to sjen ho’t hja, nei alles, dêr yet sa maklik oer gear kaem; yn himsels flime it fen leed, meast om syn iensumheit dy’t er nou tomjitte gyng, dêr’t er hjar net ienris mear as kammeraet yn nêst him hawwe scoe. Hy mirk det hja it mijde him oan to sjen. Do sei er ûnbitocht, hird:
„It liket dy moai maklik ôf to gean. Rouwich hoechst der net om to wêzen.”
„God” sei hja swier, „detst sa prate kinst. Tochste det ik...” Wer seach hja omheech nei him, djip yn syn eagen, en tagelyk skrille hja fen de twang dy’t hja dêryn fielde en de wirden bistoaren op hjar lippen. Hja wist hjar machtleas. Hjar hert sloech eft it brekke scoe, en do’t hja wer spriek, lústeren hjar wirden.
„Lit my gean,” sei se, „sa kin it net mear. Ik haw altyd yn dy leaud, Sjoerd, lit my dat tominsten. Meitsje my net ûngelokkich.”
Do forstie er hwet hja eange, en hwet drige hie.
„Nou sjuchst ho’n ilindeling ik bin,” sei er, „safier is ’t nou mei my hinne. Forachtsje my net tofolle, ik kin net helpe det ik bin sa’t ik bin. Forjow my hwet ik dy oandien ha.”
Hja seach flechtich om hjar hinne; do, for it lêst, sloech hja de earms om syn hals, en patte him, effen. Do joech se him noch de hân. „Nacht jonge,” sei se, „wird gau better.”
En hja gyng, allinnich, stil de strjitwei bylâns yn de bjirms, as wier hja bang sels it lûd fen hjar stappen to hearren, as kaem hja fen in deade; hird roun hja fierder, de eagen stoar nei de pleats, dêr’t de dei hjar wer meinimme scoe yn de feiligens fen syn freedsume rin. By de hikke stie Sjoerd, iensum. Mei sterke stjitten stoarme it wé op yn syn hert, mar de krêft om út to boarsten lyk as de jouns tofoaren, hied er net mear. Yn it wetter fen de sleat njunken him, dêr’t er yn delseach, seach er de jounstjer twinkeljen; do sloech er syn eagen nei de westerkym, dêr’t nou in teare yn fluzich goud torinnende oranje-gloede yet neiblonk fen de dei. Stadich, ûnwittend, tilde er syn earms ta nei dy krite, de holle hwet efteroer, in lêste teare wearskyn oer syn bleek antlit en yn syn smeekjende eagen. Do huvere er; en, as woe er himsels pinigje en kastije, skoerde er syn bûsgroentsje en syn himd los, det de nachtwyn siichde oer syn gleon, triljend boarst.
Dat jier kaem de skierens fen de hjerst ier oer it âlde reapannige doarp om de stompe toer hinne. Nei in smoarende simmer-hjittens en in mear bisonken mar yet waerme Septimber-moanne foel de grize rein fen de iere hjerstmoannen dagen eftermankoar; de wyn skoerde wreed oan it forlijende simmergrien en mei gauwens laei der in weake brunige fracht ûnder de al iepener hagen. Wier it droech, den bleau it yette dizich, drôver yet as hwennear it tikjen ef kletterjen fen de rein klear op stiennen ef tsjin finsters wearkeatste; it wetter yn de sleatten sette op, de greppels yn ’e greide koenen it net mear hâlde, en hiele ikkers kamen blank to stean. Forlitten en forstoarn laei it doarp nou dêr oan de strjitwei, dêr’t allinne de merke-dagen yet hwet droktme wier; as in âld swijend geheim stie, it hiele doarp mear en mear bihearskjend nou’t de beammen keal rekken fen leaf, de swiere fjouwerkante toer, symboal dat de jierwiksel birêstend trotseare.
Ek efter de ferverswinkel oer de blikke twisken de huzen en de sleat, kaem de wyn yn it wyld bilibjen fen syn nocht, ûntskoerde er mei oanhâldend nytgjen de iperenbeammen hjar pronk, eltse dei wer in nij stik weistrûpend, oant de twigen yn de koarte skimerjoun tsjin de skiere loft earmoedich en neaken teikenen, hjir en dêr yet in inkeld forbrune blêd, forlitten yn de wide skiere romte en huverich as forreinde fûgels. Troch de steige foel it tsjuster yet grizer, en jouns, as de wyn siet efter in tropke blêdden dat to stjerren laei yn in herntsje, en se grimich de steige yn bloes, det se mei ûnwisse rimpene kjellens fen de iene mûrre oanfleagen tsjin de oare, wier it dêr spoekich as in trochwei for rêstleaze skimen. Hwet fierder klokten de goaten fen it fervershûs yn in reinwettersbak, in kletterjend delstreamen ef in iensum gedripk dat âlde Minke nachts hearre koe, as de sliep hjar net byneikaem en de wyn in skoftke bilune.
As in skrousk katsje, dat derfen hâldt yn de smûke húskeamer foar it finster yn earnstige dreamerij út to sjen nei de glimmende strjitten dêrbûten, sa seach Minke efter hjar rútsjes wei de ûndergong oan fen it simmerfeest, wend oan dat hast wirktúchlik weromkommende barren dat hjar gjin leed mear bitsjutte, mar hjar stil meinaem nei de lange winterjounen, as de wyn it fjûr yn de kachel oanblieze scoe en hja mei Sjoerd sitte yn de fredige earnst fen it lampeljocht. Linkendewei wieren hjerst en winter, de yn hjarsels forsonken tiid, hjar hiemer wirden as it foarse nei bûten driuwen fen grien en blommen fen de Maitiid en it greate gestriel fen de simmer: it hearde by hjar thús, ek al krimmenearre se, lyk eltsenien, oer de koarte dagen det men sa’n bytsje út ’e wei sette koe. It tinken fen eltse hjerst det hja de simmer wol gean seach en net wist eft hja de nije werberte mei bilibje scoe, oppenearre him ek nou, en sims sochten hjar eagen den de beamskrunen lâns eft hja dêr yet hwet griens fen de simmer weromfoun, mar it wier hjar gjin leed: hja hie langernôch libbe om to witten det de Maitiid weromkomme scoe, eft hja yet yn wêzen wier ef net.
Hja gyng yet stilder om sûnt Anne dêr de rin net mear hie en forsinde hjar sims yn hjar wirden, fier, hiel fier mei hjar tinzen yn kriten dy’t hjasels net wist mar dêr’t it goed wier to wêzen. It tinken, dy simmers, det hja Sjoerd yet lokkich sjen scoe for it libben, det hja hjar waermje mocht yn dy glâns, hie mear ljocht yn hjar eagen brocht as it libben hjarsels litten hie; nou’t de waerme gloede fen dy tichtbye takomst fordwoun wier, naem ek hjar libbenswil ôf, al wier hja ryk mei Sjoerd syn bywêzen. Hja forstie nou ek det it djipste fen syn bistean hjar fier bleau, det hja him net trochgroune, en bisleat yn hjarsels det de minsken gâns foroare wieren by do’t hja jong wier, al wieren der fleagen, as hjar jonkheit yetteris klear foar hjar eagen forriisde, det hja alles wol seach en wist; mar hjar bitrouwen yn him wier fêst, en sims wier der hwet ljochtens yn hjar det er nou, wylst hja sa âld, sa hiel âld bigoun to wirden, for hjar allinne wier. Hjar geast, oan de ein fen in swiere libbenswei dy’t hjar sims in snijende striid bitsjut hie, kearde, al ôfwêziger fen ierdske bifinings, him it oertinken ta fen hjar egen bistean, en wylst hja earder eltse foroaring op hjar bernsbern syn antlit mei soarch en ynlikens seach, kaem hjar sjen nou yn it ynwindige libben en moast hja forhelje, al mar wer forhelje, fen hwet út ’e grounleaze hoalen fen it forline yet riisde, frjemde selsume bylden dy’t hja lang forstoarn tocht hie en nou as yn in frjemd bistean hjar eagen foarbygean seach.
En Sjoerd harke. Skimerjouns, as er frij wier fen wirk en Minke hjar âlde oantinkens by readige wearglâns fen it kachelfjûr stadich nei him ta klonken wylst de wyn bûten en troch de skoarstien rûze, siet er by hjar, sims oan de oare kant fen de tafel; sims ek, as er brânje dien hie yn de kachel, bleau er op ’e groun sitten nei de reade skreven to sjen en wylst Minke, hwet foaroer yn hjar âld reiden stoel, hjar meagere hân lei op syn hier, harke er ta, ôfwêzich sims, den mei spande opmerksumens elts wird yn him opnimmend, det er mear leare scoe fen himsels to forstean. Ho mear er hearde, ho wylder de twivel riisde yn syn hert, ho drôver er waerd, en dochs woe er jimmer mear witte. It âld minske koe net ealgje det hwet for hjar in myld tobinnen bringen wier, forlûkings fen eangst om syn mûle brocht: yn de foarskiednis fen syn bistean, Minke hjar swier mêdzjend skreppen en it minne libben fen syn âlden foun er de forklearring fen hwet er yn himsels net bigriep, syn oars wêzen as de minsken om him hinne, dat net oars as sikens wêze koe. Sims, yn it wirk, ferge er him op ûnforantwirdlike ynspannings om it biwiis to hawwen det syn lichumskrêft alteast net oantaest wier en hy libbe wer op as er mirk, det sels nou yet nimmen him dêryn bilykje koe.
Wylst syn antlit bleker waerd en de iensumheit fâlden loek om syn mûle, waerden syn spieren as fen izer en kaem der in stielen glâns yn syn eagen; nimmen hast koe dêr lang mear yn sjen. De ljuwe fen it doarp hienen argewaesje om him lyk as de trochhinne-wrâld oanstjit nimt oan elts dy’t der útrint, en men bigoun wer to kletsen oer syn âlden, det er syn komôf wol net forljeagenje scoe. Sûnderdet it him oanbrocht waerd, fielde er det men oars oer him bigoun to tinken en it makke syn ôfkearigens fen de doarpsminsken yet greater; sims, as er him by it skearen yn de spegel seach, binijde it himsels ho hird en kâld dy eagen him oanseagen, yn in driigjende ûntsjutbere earnst en hy tocht om syn tsjinsttiid om fierens, as er mei ien fen syn fammen foar it rút fen in greate winkel hjar beide dêr yn dy spegeling stean seach: hy altiten strieljend, simmersk, himsels de measte wittend. Allinne syn lûd bleau sêft en waerd hast yet fierder, det de minsken, as er in inkeld wird sei om hjar biskie to dwaen de holle effen optilden en him fen siden oanseagen.
Hy hie wirk as los arbeider; hy wist det er oars mear fortsjinje koe, mar woe it net. Ljeafst swalke er ûren de fjilden yn, dizze hjerstmis op dizige dagen det er roundoarme yn in egen lytse wrâld, mei gjin minske mear nêst him. Sims tocht er, sa swalkjend, ho moai it wêze scoe dêr ivich to wenjen, fier fen it doarp en syn lytse en kletserige minsken, mei neat om him hinne as it greate rûzjen fen de wyn en it skom fen de weagen twisken de fortoarjende reiden; as er den wer yn it lytse húske by Minke kaem dy’t him glimkjend forwiet det er de kjeld en de wyn meibrocht, kroppe der hwet yn syn kiel, en hied er in fielen det, as er syn boarst fiks útsette, dy hiele earmtlike mûrren om him hinne tobarste scoene; mar om it âld minske makke er him den wer lyts, skikte him dimmen oan in sit by de tafel en die biskie op hwet hja him frege. De dei kaem det er der net mear oer gear komme koe mei de iere joun nei it doarp werom to gean, mar oernachte yn in âlde forlitten mounle dêr’t de wyn fûl troch hinne loek, dêr’t er syn bûsdoek oer it antlit spriede moast om’t oars de spinnen der sa oer hinne rounen; sims effen huverjend fen de kjeld hied er geniet yn it greate rûzjen en gûlen deromta, oan it ienlûdige kletterjen fen in pear losse einen oan de roeden en in frjemde, wylde wille waerd der yn him wekker. Earst do’t er de oare moarns thús kaem en it ynbleke bitrienne antlit fen âlde Minke seach dy’t tsjin nimmen kikke doaren hie fen hjar eangst, forwiet er him syn lossinnichheit en naem er him foar nea wer soks to dwaen; hy hâldde him dêroan, al wier it him amper ûndildber, as er nachts, wekker op bêd, de greate lûden hearde fen wolkens en wyn dy’t er nou syn iennichste frjeonen wist.
Hwent hy sliepte net folle mear. Deis faek dûzich en út ’e sleur wei syn wirk dwaend mei ynkearde eagen en deun mei it wird, fier fen elts dêr’t er net út needsaek mei to meitsjen hie, koe er jouns de rêst net mear krije. Skraech hie er him deljown, de eagen ta en wachtsjend hwet komme scoe (hwent sa klear wier den syn tinken det sliep him ûnwierheit like), den kamen de tinzen en bylden dêr’t er bang for wier, ûnneamber ilindiger as dreamen dy’t de siele willeas ûndergiet; dizze wjukken om him ta, rimpen en sleau, streakjend en wytgjend en hechten hjar fêst oan de bedsplanke, oan syn tekkens, oan syn hannen, oan’t er it net mear hâlde koe de eagen ticht to hâlden, se iepene en hjar weitwirjen seach mei de strielen fen de moanne dy’t troch it soudersfinster siichde. Den bigoun it freeslike; ûren moast er sa willeas en warleas lizze, as er de eagen ta die, foart wer pleage fen de lilkaerdige wriggen dêr’t er fen wist hwer’t hja him ta bringe woene, as er syn sjen kearde nei de moanne en de nachtloft, fredich, mar krêfteleas de sliep to krijen oant er, mêd, de eagen sleat en him weiglide liet nei it ûnformijlike. Op ’t lêst bigoun er it sté to forflokken dêr’t er him wis wist fen sok leed; hwent, frjemd to sizzen, as er mei himsels allinne wier yn de grizens, as syn wêzen ûnder de twang wei wier fen de binearjende byntsjes en dakpannen om him hinne, libbe er wer op yn syn jongkrêftige sounens en syn hert, frij fen hokfor omtinken om minsken, swalke mei de wylde gies troch it swirk en mei it jachtsjen fen de jounwolkens. Bitwongen en lyts twisken mûrren, dêr’t er in dildleas leed ûndergyng om hwet er syn plicht wist, stie er fjouwerkant en sterk mids de wynfleagen en de reinsnjitten op ’e romte, dêr’t syn bloed gestje en brûzje mocht en syn lichum to fjuchtsjen hie tsjin de biten fen wyn en froast. Howol’t er net stroopte en de woastens fen natûr socht om hjar greatens allinne, roun er dizz’ tiid, fier efter yn it lân, altiten mei in revolver, as wist er him kening fen dy iensumheit en koene der, mei it delkommen fen de joun, oerginstige wêzens komme dy’t him weibalje woenen út syn rjuchtlik biwâld.
Yn de ûnwitten djipten fen syn geast skromfelen de lêste bigripen fen de lytse wrâld dêr’t er deis yn forkearde, hird wei, en in wûnderlik frjemd libben bloeide der omhegen dêr’t er himsels yn foarbygeande fleagen yet oer fornuvere mar dat syn dagen fol makke fen wylde greate dreamen. Mei gjin inkelde tried mear oan it ynderlik bistean fen syn meiminsken forboun, mirk er sels det dêrmei al hjar wenstige prakkesaesjes en opfettings him ôfglieden as de lêste flarden fen in forsliten klaed, det er yn in triljend fielen fen frijdom foar de swijende natûrwrâld om him hinne kaem to stean. Wiken wier it sa, det er op syn fiere en forlitten swalkerijen him noch klear en djip minske wist mank de iensumens fen de skiere wettersuchtige lannen, ien dy’t mei lege hannen der kaem en mei forwûndere eagen teach troch dy dizige stiltmen; do bigoun de Natûr hjar great skeppend wirk yn syn geast, en bigoun er himsels foarstellings en bylden to meitsjen út it weigliden fen de sleau driuwende hjerstige wolkens, út de fochtige rôljende en den wer útslaende rillings fen de dizen, út it frjemde glydweevjen fen it bleke ljocht troch de hoalen yn de sûmbere hjerstloft. Earmoedich en ienstimmich as de natûr hjar oppenearre oer dy keale forlitten greiden, forskynde hja yn strange en almachtige bihearsking oan de iensume siker dy’t ien groeide mei de greatens fen hjar ûnbifiemberheit, det hja yn him de forheven egenheit fen hjar djipst bistean sels wer kaem to oanskôgjen.
Hy seach se wer stoarmjen oer de bireinde himelbôging boppe him, de ûnbidige heimsinnige wêzens mei hjar slingerjend hier, hjar antlit as in frjemde ûntsjutberheit forhoalen hâldend yn hjar tizige krûzing; hja kamen fen alle hernen fen de forlitten ierde, fierden kriich meimankoar oer de kimen en heech yn de loft; spjuchtige gjalpen ljocht skeaten dêr as spearen troch hinne, de rustige izeren skylden droanen dof tsjin mankoar oan, hounen en wolven blaften wyld by de stegerjende hynsders. Ef in ritsene swijende lykstoet teach der troch de loft, grize reinkladen slepend oer de riljende weinen en de kop-hingjende hynsders; út einleaze fierten kroepen frjemde lytse foarms neijerby en bleauwen stean, deun tsjinmankoar oan krûpt, oan wearskanten fen de ljochter wei dêr’t de swijende kloft hingjend en knikkend oer fierder teach. Ef de wyn en de moanne wieren it iens wirden en hja fierden frjemde, wylde boarterijen, de wyn hjar bifrijend út hjar oerdiedige sluijers en hjar mei syn foreale amme bliezend yn it antlit, wylst ljochte geasten in flechtige douns rigen de driigendste en wyldste wolkens bylâns; den hja wer efter ûntrochkringbere tsjusterens fordwoun, tosiik det sels hjar sté net mear to rieden wier, hy de wide himelromten oerstoarmjend en alle wolkenbergen ombliezend mei syn útlitten forwoedendheit. O wolkens fen Fryslân, frjeonen hwa’t dêr swalket, sterke oerstoarmjende ljeavers fen hwa’t ienlik is! lyts en neatich steane de tsjerkjes mei it hoarntsje ef it krús op de toerkespits yn de forlittenheit ûnder jim woelige bifieming, mar ho binne jim, strieljend en bireind, rûzich tsjuster en klear fen omlining, de goaden ûnskeinbere boargen bleaun!
Alles wier wûnderlik, alles libbe dêr syn bistean, fen ienselde libben trochtrille. Sims, op syn swalkjen, as er kaem foar in ta sleat útdijde greppel dêr’t er de wolkens yn driuwen sjen koe, klear en ljocht yn it blinkwetter wjerspegele, stie er der tiden by to dreamen, hwet foaroerbûgd, bliid as de oanstrikende wyn it effen rimpele, blider yet as de tearen wer yn it igale forglieden en er it stille libben yn dy ûndjipten wer klear ûnderskiede koe. Allinnich syn egen byld koe er net mear yn it wetter sjen: den bigoun er wer to tinken en to siikjen oer himsels, hy seach syn egen libben wer klear en skôge net yn syn eagen ef hy tocht om de kâlde dreamen dy’t de jouns wer gearkringe scoenen om syn bêd; yn selsforgettenheit allinne laei syn blidens. De frjemdste tinzen skeaten him sims troch de holle; ienris tocht er, do’t er yn it folle geniet fen syn frijdom syn binearing wer foar him forrizen seach sà det er wearzge fen himsels en himsels fordwaen kinnen hie yn syn hate: „as ik mysels nou ris deamakke en ik woe mei myn siele hjir dochs bliuwe, scoe ik den ôf wêze fen alles, frij wêze lyk as nou dy fûgels heech troch de loft en de krobben yn it wetter?” Mar tagelyk wist er det er noch altiten in stille nocht oan syn uterlik en bidriuw hie, al forflokte er it sims as in barnend klaed dat geargroeid wier mei syn wêzen, en hy fielde djip det as dat freeslike wier wie’, as it kankere yn syn libben, det syn tinzen en syn lea den beide oandien wieren fen de smet en neat him fierderbrocht dat net betterskip yn alles bitsjutte. Dagen lang sims stie it by him fêst det er gek wirde scoe, en yn syn greatste bitterens seach er mei in kâlde foldwaning sims de dei tomjitte det de wrâld sizze scoe det it sa wier—det er net mear hoechde to tinken, bifrijd wier fen de flimen yn syn geast dy’t syn hiele ynderlik wêzen ûntbleaten, as er bolderje en gromje koe as de wyn, somberje as de wolkens yn de jountiid.
Yet jimmer gyng it dûbelde libben syn rin: it doarpsbistean mei Minke en syn wirk en it wenstige hâlden, det er lyk as eltsenien de bûrren lâns roun, himmel yn syn klean dêr’t Minke oer soarge,—nêst it wylde libben yn de romten dêr’t nimmen kaem, mei eagen wyld libjend, opljochtsjend en wer dôvjend as de koarte deiglâns oan de loft, lange petearen yn himsels, sims sterk tsjin de wyn yn en altiten hiel in wreed langst yn him syn soun en blank fleis lije to litten yn kjeld fen rein en wyn, yn in ûnbiriddenearre stribjen nei lottering en forneatiging beide. Minke wist der neat fen: hja hie noed det er waerm yn syn ûnderklean siet, hja wier fen neat sa bang as kjeldlijen, hja wist ho’t Bearn der ûnder forkomd wier oant de stjerrensglâns yn syn eagen opljochte en er him riek ta de dea. Mar as Sjoerd mei syn wylde frijer, de wyn, allinne wier, earne by in âld mounle ef in allinne steand hok dêr’t dizze tiid fen ’t jier gjin stjerling kaem, den smiet er syn truijen út en mei de bleate holle gyng er yn de rein, det syn baitsje mei gauwens wiet flapperich sloech tsjin syn lea en de rein him út it hier dripte en by syn nekke en hals roun oer boarst en skouders. In ûnwitten, mar wûnderlik sterk en waerm fielen trochgloede den syn hiele liif det er net ien kear rille; om wier to bliuwen, moat men sizze det er weromgyng as er him kâld to wirden fornaem en syn hûd den ôfroste, oant hja fen waermens tintele. Scoe in frjeon him ienkear pleage hawwe mei dy healslachtigens, hy hie der tonei mei britsen en wier dea gien.
Sok ûnbigryplik en godleas dwaen koe de froeder ljuwe fen it doarp net alhiel forhoalen bliuwe; en dêr’t yn Fryslân persoanlik bisit hiemer is as persoanlik oardiel, wier der greate ienfoarmichheit yn de ôfkarring fen de seedlike doarpsmienskip dy’t wend wier hjar egen ynwindige ûnklearens yn bislettenheit to bidobjen. Hja mienden it, de âlderein sels sûnder útnimming, tige treflik mei Sjoerd en seagen mei lede eagen dat jonge bistean lâns dy ûnbigryplike wegen syn oardiel tomjitte strûzen; mei earnstich holleskodzjen en in mennich ynbannige wirden bidrôven hja det sa’n skrandere jonge sa troch it libben scoe, net it minst om Minke, en hja stiene de foargonger fen hjar stiif rjuchtsinnige tsjerklike mienskip oan, der earnstich mei de jongkeardel oer to redendielen, in inkelde apostolyske tekst oanheljend ta bikrêftiging fen hjar pleit. De froede man dy’t yette nea oan de útnimmendheit fen syn rjuchtsinnigens twivele hie, meast om’t it him ûndildber west hie syn egen geastlike bifoarrjuchting yn kiif to setten, mar ljeaver ek sûnder folle spil troch de wrâld gyng, koe der net bêst for wei, al lake it him net ta op syn âlde dei yet ta bikearing fen heidens útstjûrd to wirden. Yn it bigjin fen hjar petear, in joun yn dominij syn stúdzje-keamer (dêr bitroude dy him yette it bêst) foel Sjoerd him mei en hy forblide him al oer it ginstich birjucht dat er syn oantrúnders oermeitsje scoe; mar hy biloek, do’t er, nei Sjoerd wiisd to hawwen op syn plicht de neisten gjin argewaesje to jaen en to bitinken, det it heil mear yn it Godshûs to finen wier as yn de wyldernij (hy praette by forsin fen de „woestijn”) dy sizzen hearde det nimmen dêroer oardielje koe dy’t beide net oan himsels bilibbe hie, en in útnoeging krige sels sa’n swalkersreis mei in oernachtsjen yn de mounle mei to ûndernimmen. Dat makke de oars goedmoedige foargonger breinroer; hy forstie dit as in hún, alteast as in dúdlik tokoart oan earbiedenis, en lei heechhertich yn det immen dy’t mei Jezus troch it libben gyng en dos de wierheit hie, soks net nedich hie to ûndersiikjen. De wyn rûze lûd troch de beammen fen de pasterij-tún en ien fen de blinen bûten kleppere ûnwennich; Sjoerd gyng oerein en sei: „Fen Jezus witte jy net folle ôf, as dy bistien hat, ken ik him better, dy syn ryk hâldt by de mûrren fen jou tsjerke krekt op.” Do foel der fensels net mear to praten.
Mar it barde, in wike letter, do’t Minke en hy swijsum foarmankoar oer sieten, hja, heal slûgjend en heal mei hjar tinzen yn it fiere forline, hy mei syn dreamen fier fen de wenten fen de minsken, det der in sêfte ûnrêst yn him wekker waerd en hy âlde Minke in triljende blidens die mei hjar om it tsjerkboek to freegjen. Hja gyng oerein, krige it for him en joech hjar wer del yn hjar stoel, sabeare wer ynslûgjend, mar nou en den mei healtichte eagen stoarjend nei it lêzen op syn antlit, yn in tankbere en hast hillige frede. Hy siet foaroer, syn holle twisken syn stevige knoesten, rimpels yn de foarholle en lies, de boeken fen de evangelisten, inkelde dingen net forsteand, den mei in triljend forlûken fen syn lippen as er in rigel mette dy’t to libjen kaem yn syn hert; in frjemde driuw jage troch him hinne, en net wend syn fielen yn bitwang to hâlden, liet er syn siikjen klear útkomme op syn antlit. Lang siet er sa, det Minke hjar net forwege doarst yn hjar sit; yn it lêst sloech er syn eagen op, nou hiel klear en djip fen in stille blidens, en hy sei tsjin Minke dy’t him de wirden fen de lippen lies: „Hja wolle ha, det er dêr yn hjar tsjerke libbet, beppe, ik tink fen by de ûlen en de spinreagen by de kloksgatten. Mar hy preke fen de bergen en gyng oer de séën, stiet der, en it grêf wier him to lyts. ’k Moat mar net wer nei dominij ta, ’k scoe him op syn gesicht slaen, as er sei det hy mear wist fen him as ik yn myn iensumens.” Minke hie lang, lang wirk ear’t se dy ûnbiwende wirden trochgroune en hja woe der mar neat fen sizze; do kaem der in moai tinken yn hjar op en hja sei, it antlit nei it finster: „Ik leau det dy him it bêst bigrypt dy’t him it meast nedich hat. En dy is er ek it neist.”
It wûnderlike wier det er dy nachts yette lang wekker laei, mei iepen en tichte eagen beide, en det der neat om hinne spoeke en det er einlings glimkje koe yn syn sliep.
Yn de foardagen fen wintermoanne skjinne de loft op en siichde it sinneljocht yn in teare forsilvering troch de himel-ilens op ierde. Yette stie it wetter heech en forlijden de lêste blêdden mêd ûnder de beammen, mar de stille glâns fen de wémoedige ierwinter-dei, hiel it jier yetteris trochlibjend yn it freedsum neitinken fen syn witten, lei in swiete eage treast oer al it forstjerrende. Kjeld wier der yette net oan de wide loft dy’t yn in tear fier grien boppe de fochtige greiden útstie; jouns gyng de sinne ûnder yn in nêst fen sêft-gouden dreamen, hast sa klear en myld as de silvrige moanne-wazen yn nachtlike forlittenheit. Hiel de natûr forstie de ûnnuttichheit fen hjar lang hjerstich skriemen en kearde stil en klear ta hjar djipste heimnissen yn, hiel fier al wer de preal fen komstige maitiid foarfielend en mei de treast fen hjar bitrienne witten yn skientme en hillichheit forskinend oan minskene each.
Koart wier de dei, net mear as in fiere glim fen ivich ljocht, mar suverjend en stil. Minke fielde wer in lichte forklearing yn hjar as hja, effen bûten by it stap, de frede fen dizze mylde foarwinter mei eagen en amjen yn hjar opnaem; hja stie to sjen nei it fiere ienwirden fen bleekljochte kym en fealich lân dat hja yette heal ûnderskiede koe, en it wier as sêfte lytse stjerren hjar losmakken út dy teare ljochtmingeling en de himel ynskeaten, oant hja wer forraenden yn foarser ljocht. Nachts skynden de wiere stjerren, folle klearder nou al as by ’t simmer, en de moanne smiet in heimsinnich ljocht om de beammen dy’t dêr, neaken en mei forwitende fingers as ûnbigryplike wêzens yn riisden, sims oerhuvere fen in streakjend skaed as yn it hege in wolkje de moanne bylâns dreau. Sjoerd hie sterken oanstriid nou nachts bûten to wêzen, fier by it ûnderroune lân dêr’t er it weevjen fen it moanne-silver sjen koe oer de huverjende rimpeling fen it wetter, mar hy gyng der tsjin yn om Minke, dy’t sok ûnwenstich dwaen min mear forstie en den gjin wink yn hjar eagen krige. Oant er op in iere middei oan de loft seach det der stoarm op kommende wei wier en by it witten hwet der den barre moast dêr yn dy forlittenheit fen wetter en wolkens, it him sa twong det er de middeis net yn hûs bliuwe koe en foartroun, nei Minke sein to hawwen det hja him net foar de oare moarns thús forwachtsje moast.
Hy roun de strjitwei út, stille blidens yn syn siele, in rom fielen fen bifrijing yn it hert. Leech en forlitten laei de wei der nou hinne, in keal bitiis fen twigen boppe syn holle, skjin en blinkend spield foar syn foetten, ek efter de bocht yet fier to folgjen op syn wisse rin troch de wide greide-lannen, oant er efter in pear allinne steande pleatsen fordwoun. Nimmen wier op in paed; it wier de tiid det it wirk birêdden waerd twisken de mûrren. Skraech de uterste arbeiderswenten fen it doarp foarby, fielde Sjoerd him al mei de stiltme allinne, en joech er him oer oan syn mimerings oer de lytse dingen dy’t er de lêste tiid forlibbe hie, de frijdom fen dêr tonacht by dat greate barren allinne to wêzen, syn forbyldings ho’t de wyn de weagen skomjend opjeije scoe oer de ûnderstrûpte lannen, ho’t er skoerre scoe om de hernen fen de âld mounle hinne, dy’t der egentlik allinne for spot mear stie en dêr’t er njunkelytsen ien en oar yn gearsleept hie det er dêr mei hwet bihelpen yn oernachtsje koe. Hy bitocht ho frjemd it wier det fen al dy doarpsminsken, great wirden mei al dat machtige barren fen wikseling en krêft om hjar hinne, allinne hy it libben mei de iensumens weromfoun hie, wylst de oaren hjar dimmen bisleaten efter hjar doarkes en finsterkes; hy wier greatsk op syn oars-wêzen, dizze middei, det der in lichte readigens kaem op syn oars al folle bleek antlit, en syn eagen strielen as er omseach nei de loft efter him, dêr’t de wynwolkens mear en mear geardreauwen en yn hjar ynbannige skierens de wacht holden boppe lân en pleatsen.
Hommels bleau er stean, by de bocht fen de wei hearde er praten, inkelde wirden dy’t er net forstie, lûd en lilk, gebrom fen in pear mânljue en de kleare tergjende stim fen in frou dêroerhinne. Hy kaem tichter en seach, in stik ef tsjien beammen foar him út, in greate markewein útspand stean yn de bjirms; tichter nei him ta roun in stevige kedde mei de earen deun tsjin de kop, nidich to skoerren oan it langere gersgûd yn de ûnderwâl, mei dêrnêst in brune jonge yn fodden dy’t syn moai en sterk jongesboarst bleat lieten; mei syn toerswarte hannen hied er him in pear smoarge streken oer de wangen rost, syn bleate foetten forlearen hjar oant de fine inkels yn it gers twisken it strewelle-gûd. Hja dy’t spritsen hie, kaem mei in nidich forweech it stapke del, in bakje klaei-swarte jirpels yn hjar hân; de holle hwet fensiden, alhiel biskûl efter it pikswarte hier dat oer hjar skouders hinne foar it boarst delfoel, rôp hja yet in pear nidige wirden nei it ynderlik fen de wein mar kaem mei-ien hast to stroffeljen. Effen loek der in heal noartsk, heal pynlik fielen oer hjar antlit, do joech hja hjar del op it trepke, it bakje nêst hjar, hjar iene hân om de bleate soal fen hjar foet hinne, dy’t hja hwet biseard like to hawwen; do sette hja beide foetten del op it wiettige gers, smiet hjar hier efteroer mei hjar hannen dy’t hja efter hjar nekke gearhold, en seach sa, de holle hwet nei efteren, de eagen mei de swiere swarte teisters heal ticht, de strjitwei oer.
Sjoerd naem hjar op as in frjemde, en al koed er net yn de glâns sjen dy’t flûnkere ûnder hjar eachlidden wei, hjar antlit mei de bloedreade lippen en hiel ljocht brune tint omkrânse fen it dream-gebeart fen hjar blanke earms en it glânzgjend swarte hier, like him moai. Hja kaem der iepen genôch foar út det ek hja him mei niget opnaem; stadich lieten hjar hannen efter de holle los, dreamich riek hja hjar iene earm út en lei de hân dêrfen heech tsjin de doarstyl boppe hjar holle, det hjar fodderige boppe-ein tobekfoel, de hiele earm bleat liet en in stik fen hjar side dêrûnder. It hirde fen hjar antlit forsêfte, de fjûrige glâns fen hjar eagen myldere, hja wier neat mear as dream-oanskôging, fordjippe yn it sjen nei de moaije sterke feint mei it fine tinkende antlit dy’t nei hjar takaem.
Ynienen lieten hjar lippen glimkjend fenmankoar, det it wyt fen de tosken dêr trochhinne skimere. Do, inkeld faeks om hjar lûd hearre to litten, rôp hja mei in opjaen fen hjar lichum in wirdmennich nei de jonge, kleare djippe muzyk, as in toerslach troch middeistiltme. De jonge roun drafkjend nei hjar ta, hja helle him oan, en yet healsittend op it trepke, sloech hja de earms om syn hals, en sa op him lynjend, riisde hja oerein, heech en rjucht. Mei greate forwûndere eagen stiene hja beide him nou op to nimmen, de jonge greatsk nêst hjar, yn de oankommende blidens fen syn ek al man-fielen, hja, de earm om hjar broer hinne, yn wûndere stille weardichheit oant hy foarbygien wier; do sei se him, klear en ynlik, hjar groetenis dy’t hy allinne mei to knikken en glimkjend biskie dwaen koe. Heal nidich op himsels om hwet er yn him as opkommende forlegenheit forstie, heal greatsk om’t er bigriep det dit hilde bitsjutte as fen in berne foarstinne, gyng er syn wei, bitiisd yn syn tinken mar mei laitsjende eagen yette; do’t er, in ein fierder, omseach, stiene hja beide yette him nei to sjen, nou midden op ’e strjitwei, twa ûnder strieljende loften berne, beide as forwûndere hjir yn dit ilindige lân yette sa’n prins to moetsjen.
Hiel de middeis en troch de woelige rûzing fen dy joune, wylst er swalke troch de romten fen syn dreamen en stil stie to sjen fen kym ta kym, iene forwegende forskining yn dy ierdske ûneinichheit, libbe it byld fen dy moeting yet yn him nei, en makke it syn tinzen ljocht en sêft. Syn jachterige swalkersdriuw, dy’t him oars ûren doelleas yn dy stiltmen omkruse liet, hie him nou bijown, en foaroerline op in hikke dy’t op in smel dykje om in ûnderstreamd stik lân hinne boppe it wetter útstike, seach er dat libjende moaije antlit wer yn de mylde oersêfting fen hjar eagen. Hy tocht deroer nei, lang en swier, en in pear kear mirk er det er oanstriid hie tsjin de joun dochs nei it doarp werom to gean, det er kâns hawwe mocht hjar wer to sjen; do foel er hird en wreed út tsjin himsels, hy tilde de holle omheech, seach nei it woeljen fen de loft efter him en hearde it oanrûzjende liet fen de reiden dêr’t hiel it witten fen de oankommende stoarmnacht al yn suchte, en wist det er bliuwe scoe. Hy roun wer in ein, bisocht it gean fen de wolkens en de ûndjippe skolpering dêr’t yet forskate lange stâllen út riisden, to sjen lyk as oars, him de wyn tomjitte to goaijen lyk er it wend wier, mar hieltiten wier der in stil klear ljocht njunken him dêr’t er wer ta ynkearde, en djip yn syn hert waerd in nije ûnfrede wekker.
Mei in pear ûre wier er wer by de mounle, dy’t oan de ein fen in stevich en reid-omseame dykje, forlitten en frjemd stie yn de fallende joun, fol frjemde suchten fen de oankommende wyn dêromta. Mei fiere eagen stie er yn it lij de fjilden en de wetter-romten oer to sjen dêr’t nou in trochinoar-slaen fen weisinkend ljocht en wolkenskaed oer opsette, en for it earst kaem er yn de iensumheit wer ta djip en siikjend ynkear. In frjemd riedling stie him foar dêr’t er it andert net fen wist en dêr’t, miende er, syn hiele bistean dochs mei gearhong. Syn ûnrêst, syn wyldens, de nea ophâldende pleach fen syn nachten, kaem it om’t er yet to ticht stie oan de minskewrâld, om’t noch tofolle him boun oan de lytsen dy’t nea witte scoene hwet frijdom en striid en greatens wier, ef om’t der nimmen wier dat alles mei him to dielen sà det dêr’t de lêst himsels to swier waerd, in oar dy willich op ’e skouders naem? Hy tocht om syn ljeafden dêr’t ienris, tiden lyn, syn libben ryk mei west hie en wist to klear yn syn hert det dat allegear ljeagen west hie om it ea werom to wollen; neat hie it him jown, faek hie it him bismodze, it lêste dat ienris it greate like, hie yn de groun jimmer waen en ûnwierheit west. Efteroer line tsjin de swarte mounle, de eagen oer it wetter dêr’t it tsjuster al oer gearloek, forstie er yn in hast ûnierdske klearens det er net ienris yet wist hwet ljeafde for minsken wier, det der nea immen west hie dy’t him frijmeitsje kinnen hie fen himsels, det miskien nimmen syn hiele libben nea diele scoe om’t er frjemd wier by oare minsken, oars as dy allegearre, sa oars det by hjar de tael forfrjemding yn sté fen forbining waerd. Mar as hja dy’t er nou sjoen hie, dy’t sels sa fier fen de minsken hjir libbe, hwaens lilke wirden tsjin hjar sibben er heard hie, dy’t faeks ek in iensume wier lyk as himsels, as hja nou inoar moeten yn dit libben, hja dy’t sels by dy moeting al wisten det hja mankoar gjin frjemden mear wieren...
En foart dêr oerhinne de koartse fen de ûnrêst. Det, wylst hja faeks by inoar hearden, it libben hjar moarn al by him weiskoerre koe, det hja inoar faeks nea net wer seagen, det er nea mear stil en klear yn dy huverdjippe eagen sjen scoe, lyk as tomiddei in telmennich. It hert bigoun him to bounzjen fen eangst, hy wist det er hjar yet ienkear sjen moast, scoe er ea wer frede hawwe. Hy koe him forsind hawwe ef hja koe syn heil en rêdding wêze—hy moast witte. Hy stie yet yn greate striid to tinken eft er nou dalik weromgean scoe en bisiikje hjar to sjen, do’t der in sterke wynstjit om de mounle hinne skeat, it wetter hommels yn in swiere weach oproun tsjin de mounledyk, en hy, wittend det it woelich nocht fen de nacht ynsette, tankber forstie det ek hja sa let en by sa’n waer net forreizgje koene. „Moarn scil ik gean” naem er him foar; do kearde er him wyn en wolkens wer ta, mei de dûbelde blidens yn him fen greatens to sjen en efter dizze greatens, yet in greater wyt to hawwen.
Mei in great gerûs roun it wetter nou, opswypke fen de fûl bliezende wyn, nei it reid fen de mânske kearing; wolkens dreauwen heech op en fortsjusteren it lân, in inkelde fûgel kriet yn de fierte troch de wyn. Yn it west tarde it lêste ljocht wei as in dream, de skimer kaem oan, de tsjustere joun, de nacht. Mei in swier en droanjend koar mingelen hjar de lûden fen wetter en wyn en reid, mei de ritsen lûden fen de wynstjitten om de mounlehernen as in lege deadlike floit dêr trochhinne. Ut alle hernen kamen hja, de ûnsjenbere wêzens dy’t de nocht fen de tsjustere stoarms ljeavje fier bûten de wenten fen de minsken; hja dounsen oer de tsjustere weagen yn de rûzige nacht en wekken it skom út ’e djipte, dat yn lange rigen ynslantere twisken de kleijende reiden. Op de weagen hjar rêgen rieden hja, en diene de wetterhynsders stigerjen mei hjar lûd allinne, troch de loft jagen hja, wenjend yn de skiere wolkens dy’t lûd wieren fen hjar liet; efter de swalker stoarmen hja oan, ûnforsteanbere sangen sjongend, in rûzing fen lûd weitsjend ek út syn hert. Hiel de joun dûrre dat wyld ûnbidimber noft, kleijend en jûchjend, driigjend en hunend, symphonije dêr’t de wrâldgeast syn striid forhearlikjend yn song, lûden fen ûneinichheit stjûrend oer de sljuchte lannen fen Fryslân. Tsjin de nacht earst dreau de moanne de wolkens foar hjar antlit wei en skeaten de fleagen fen it bleke ljocht oer de rûzige weagen, det de wyn hommels nije wizen ynsette en in liet fen sillichheit bigoun.
De holle yn syn hannen op ’e knibbels, siet Sjoerd nou yn de mounle, de doar iepen, út to sjen nei it gliden fen it moanneljocht oer it wetterfjild. Op in bak nêst him stie in âlde lantearne dy’t in flau ljocht útskynde efter de smoarge rútsjes wei; it ljocht gyng op en del mei de pûsten fen de wyn, flapte skynsels op yn de mounle-hernen dêr’t strie laei mei in pear kouwedekken en hwet âld kleanspil, slonk den wer wei det de skaden twirjend oandounsen nei mids yn de romte. Weidûkt yn in rûge âld jas, stoarre Sjoerd stil foar him út, nou klear en ljocht yn syn tinzen as it wite ljocht oer de weagen dat in stille weamoed fen birêsten yn syn wêzen skynde. Sims klonken der inkelde wirden yn him omheech dy’t sjongsum oan mankoar rigen en in moai tinken ynhiene, dêr’t ersels binijd nei harke en dy’t er den sunich for him út sei. Hy fielde him wûndere licht, as weinomd út syn deistige minsklikheit, seach it weisinken fen it ljocht yn de yet oerstjûr krôljende weagen en it wer útsjitten dêrfen oan mei eagen dêr’t in djippe kleare frede yn wjerspegele.
Hommels stie it bloed him yn de ieren stil; yn it swakke útskynsel fen it ûnwisse lantearne-ljocht nei bûten smiet de moanne it ile skaed fen in minske. Syn sikens stiene stil, in pear tellen bleau er sjen, de foarm laei der ûnforweechlik; do, mei in rimpene biweging, dwêste er de lantearne, taestte mei syn rjuchter hân op it stiel fen de revolver, stie yet in tel yn biried, sloep do nei de útgong. In huvering trochtrille syn hert: nest de útgong stie, stil en mei fiere eagen nei it wetter keard, in wapperjende blauwe doek slein oer it hier, it fanke fen dy middeis. Hja hearde geroft fen syn kommen, en seach om, seach yn syn eagen, rêstich en klear as wist hja det er dêr stie, en makke in effen gebeart mei hjar frije hân nei de kant dêr’t it moanneljocht op it wetter rêstte. Hy scoe syn binijing to forstean jaen, syn earste, ûnwitten opwâlling wier in gebeart to meitsjen dat hjar bitsjutte to gean, do’t er, fen siden hjar oansjend, mirk det se skriemde.
Hy stie helpeleas, doarst hjar net oanreitsje, fielde hjar leed as in pine yn syn hert. Hy tocht om neat mear, frege net mear ho’t hja wist det er hjir bidarre wier, joech him gjin rekkenskip fen hwet komme moast as hja dêr by him bleau, fielde allinne det it hjar goed wier dêr by him to wêzen, en in djip lok hjar nou, yn hjar leed, by him to hawwen, jage troch syn bloed. Hy stiek syn revolver wer yn ’e bûse; syn forwegen die hjar dêrnei sjen, hja loek oan de skouders en glimke effen: hy forstie det it hjar ek goed west hie as hy hjar dêr deasketten hie. Hy seach hjar lang en frjemd oan, do gyng er wer yn de mounle, stiek de lantearne wer op, makke hwet oarder en gyng wer sitten op ’e bak, foaroer mei de hân oan de holle, wachtsjend hwet hja dwaen scoe.
It wier hjar oan to sjen det se in swiere striid mei hjarsels útfocht; hiel stil, mar wûndere klear en tsjinstridich bylden de fielings hjar ôf op hjar antlit, in wite roas yn it teare ljocht fen de moanne. Hy tocht, forhope en eange tagelyk, det hja weromgean scoe, forstie net hwerom se net foartgyng ef nei him takaem, bigriep net det hja net mei bitrienne eagen noch drôf yn it herte gean woe nei him dêr’t hjar hiele libben dizze iene dei yn bistie. Lang stie hja sa; allinken hâldden hjar triennen op to rinnen, hja naem in tippe fen hjar omslachdoek en bidiek der effen hjar hiele antlit mei; do’t hja it frijmakke, glimke it mei de mûle, al stiene de eagen yet earnstich. Net it lytste gebeart gyng hjar rimpen en koart ôf, hjar hiele wêzen hie de adel yn fen ta in folk fen kenings to bihearren, alles oan hjar wier stil en kein, as wist hjasels hjar haechlikheit en trochlibbe hja nou dy sels mei de blidens fen moai wêze to kinnen.
Hja fette nou, mei itselde gebeart as dy middeis, de styl by de yngong en joech hjar dwersoer del op ’e drompel, de knibbels oplitsen, de rêch tsjin it lewant oan, det hja mei in licht forweech fen hjar holle, Sjoerd sjen koe en yn de oare wei it ljocht oer de weagen. In skoft lang seach hja yet nei bûten, as yn tinzen; do kearde hja hjar antlit fensiden, nou alhiel laitsjend, nei Sjoerd ta, en for it earst seagen hja mankoar in skoft yn de eagen, beide as koenen hja inoar lang, dochs yette siikjend nei hwet dat yet ûntbriek. Yn ienen, nei in oplûken fen hjar wympers as foel hjar hwet yn, forwege hja hwet mei de lippen, wiisde op hjarsels en neamde hjar, klear en mei stille earnst: „Marietta”; do kaem der in freegjen op hjar antlit en wiisde hjar finger syn kant út. Hy bigriep yn ’t foar hjar binijing al en sei laitsjend syn namme; hja bisocht him in pear kear stil nei to foarmjen, skodde effen mei de holle, en lake werom, lokkich det hy it die. Do seach hja wer effen foardel, bitocht hjar effen, en wylst hjar hân wer stil de kant fen it wetter út wiisde, bigoun hja sêft, as for hjarsels to sjongen.
Fier en dreamich klonk hjar sjongen troch de wyn hinne, as wieren it gjin oanlearde folkslieten, as song hja it libben fen hjar siele nei egen fielen. Hjar eagen fen it moanneljocht biskynd, glânzgen en flûnkeren nou as edelstiennen, in roazige gloede loek yn hjar wangen, de waermens yn hjar lûd groeide oan. Sims klonk it hiel fier wei, sêft silveren sjongen fen weagen mank de brune reiden, den as de wyn wer opstiek, lûder en sterker de hichten ynrizend mei it gieren om de mounle hinne, tsjusterder en frjemder wer, yn drôvenisse en rou, as in wolken de moanne foarbyloek; oant hja, mear yn hjarsels libjend, âlde flûnkerjende sang fen hjar folk bigoun op to heljen, fol sinne-gloede en hertstocht, nou en den biweech meitsjend mei de hân as tocht hja in ynstremint to bispyljen. Lang siet hja sa to sjongen, Sjoerd harke, dreamend, binijd, langst rizend yn syn hert. Hy hie wachtsje wollen hwet hja dwaen scoe, mar briek nou sels syn opset, gyng nei hjar ta en stiek syn hannen út; dalik hold hja op, fette se beet en riisde oerein. Oan it lêst ta hjar bihearskjend kaem hja nêst him stean en laei hjar holle bitrouwend op syn breed boarst, nei him opsjend mei glimkjende forwachtsjende eagen; earst do’t syn lippen hjarres founen, huvere hja effen en sloech hja hjar blanke sterke earm om syn hals hinne.
Lang stiene hja dêr yn de hillige oerjefte fen dat grounleas finen, roerleas op itselde sté, wylst de wyn hjar hier mei sines bitiisde, sims, as it to fûl waeide, hjar greate doek ek by syn antlit lâns, det hjar sterk en fêst amjen waerm om him hinne wier. Yn in dream seagen hja sims yette in glim fen it wite ljocht, dat nou hiel fier like, inkelde stjerren twisken de wolkens troch; den omklammen hjar hannen inoar yet fêster, klear gyngen hjar eagen, sa ticht by mankoar det hja it streakjen fen inoars eachlidden oer de wangen fielden, nei itselde frede-byld yn de hichte, sims suchte ien fen de twa en seagen hja inoar effen glimkjend oan, oars wier alles stil. Einlings fielde Sjoerd det hjar skouder kâld waerd; hy bigriep det er hjar sa net langer hâlde koe, en bitocht him effen, de eagen ticht. Do’t er se wer oploek, seagen hjarres yn sines, dimmen en stil en dochs mei in ûnsizlik langst; hy glimke hjar effen ta, beide wisten nou alles fen mankoar to forstean. Yet ienris seagen hja nei bûten, fjilden, weagen en loften oer, do loek er de doar efter hjar ta en hja wieren allinne bymankoar, lokkich en blij as twa dy’t mankoar lang sochten en hjar beide losmeitsje moasten fen folle selskip.
Fredich glied de silveren rein fen de moanne oer de greate forlitten mounle del, dizze ljeafde-nacht fen de lêste winter det er dêr stean scoe. Spoekich kreake it boppe yn syn forsliten bynten en suchte it troch iepenlitsen skreven, mar yn syn hert wier de hillichheit fen it libben. Krânsen fen dreamen út sillige fjilden weven de weagen hjar, skolperjend oer de bûtlannen fen it lytse dizige Noarderlân, mar ek dy dochs mei de rûzing fen de ivichheit sels oer hjar ûndjipten; en de wyn, de âlde wize wyn, dy’t oan safolle wenten fen minskebern kloppet yn ûren fen blidens en leed, dy’t it earste lûd fen de lytse bern yn him meinimt en de lêste sucht fen de forstjerrenden, mar it meast lústeret en jubelet fen hwet er wit fen de nachten fen ljeafde as minskene tiid stilstiet, britsen wirdt en yn de ivichheit weromfalt, hy foar alles wekke dêr en fage de fiere omkriten skjin, det nimmen neijerje scoe as de geasten dy’t blidens hawwe yn minskene lok. Sims, twisken dreamen yn, hearden hja syn blide hillige lûden en effen forsonken hjar iepen-bloeijende eagen yn mankoar’s glâns ear’t hja weromdreamden yn de ûnwittendheit.
Do’t Sjoerd yn de moarn wer ta himsels en klear tinken kaem laei Marietta hjar blauwe doek oer syn antlit. Sêft die er dy fen siden, en mirk mei in skok det hja fordwoun wier. In greate eangst die it bloed opstoarmjen yn syn hert, wylde tinzen dounsen der foar syn eagen, hy doarst him gjin rekkenskip jaen hwet bard wier. Hy wist det hja ta alles yn steat wier; do’t er syn revolver noch yn de bûse foun, tocht er om hjar stadich drôf gebeart dat útwiisd hie nei it wetter. Dreaun fen in moardzjende ûnrêst roun er, sa gau it lije koe, de lannen troch nei de strjitwei en dy del, nei it doarp ta, eft er hjar dêr fine mocht en hjar stil foartgean forwite.
By de bocht fen de strjitwei seach er det de merkewein der net mear wier. Hy hâldde him fêst oan in beam en bisocht to tinken; do bigriep er det hja him forlitten hie, det er hjar net wer sjen scoe. Hy fielde in skroeijende pine yn rêch en boarst dêr’t er sels neat fen bigriep; syn kiel barnde en hy hie moeite yet siken to krijen. Noch in mennich beamstammen sleepte er him fierder, hommels slein fen in oare eangst, det hysels it wier dêr’t de Dea deun oan ta wier; einlings kaem er op it sté dêr’t it gers plat wier fen it forkear fen de frjemden. Bûten himsels liet er him dêr del op in knibbel, gek fen leed en pine; helpeleas seach er om him hinne, eft hja ek nou net komme scoe him to treastgjen, in pear kear foarmen syn lippen hjar namme, do snie it him fen nijs as mei in flym troch it boarst, in read flues loek gear foar syn eagen en hy foel del, de holle bounzjend tsjin deselde groun dêr’t hja jister niigd hie for syn jonkheitskrêft.
Wylst de skiere winterloften stadich fierderwâllen oer it lytse doarp, wekke Minke yn djippe soarch oer it libben fen hjar bernsbern. Fen nijs wier de ynslomjende libbenskrêft wer stil en klear yn hjar forriisd; gjin wird ûntkaem hjar do’t de doarpsljuwe nei omstannige foarbirieding hjar seinen ho’t men Sjoerd in ein bûten it doarp for dea lizzen foun hie; en do’t se him, yet jimmer sûnder bisleur, de doar fen hjar lytse wente yndroegen, fage hja in pear triennen wei, mar hjar lûd bleau rêstich en klear as altiten. Hiel lyts en bang stie se by de bedsdoar wylst dokter Sjoerd ûndersocht; hjar eagen hongen oan him, gjin forweging, gjin forlûken fen syn antlit ûntkaem hjar. De dokter, in hwet rou en koart-oanboun man hearde hjar triljend suchtsjen en seach ho’t hja de hannen gearnaem do’t er hjar sei det der in hirde tiid kaem, mar det it goed gean koe as er sterkernôch wier; en it krong effen ta him troch, det as er him ûnginstiger útlitten hie, ek it âldminske der bêst hinne sige kinnen hie. Mar dalik sloech Minke de eagen wer nei hjar bûrman dy’t yn de keamer wachte, in swiere breedskouderige arbeider mei in iepen reafallich antlit, en hja sei: „As er bigjint to dwilen kin it my wol ris to mânsk wirde. Scoene jy my den hwet bystean wolle?” De greate rouwe keardel knikte sûnderdet er in wird útbringe koe; hy tocht om syn egen thús dêr’t in kefferich wiif it ramaeijich biwâld fierde oer fiif oerhearrige bern, en forstie hwet fen de adeldom fen it libben.
Al hjar fiere prakkesaesjes en dreamerijen wieren it âld minske hommels wer frjemd wirden. Hja tocht net mear om it riigjen fen de dagen, om it útsjuch fen de loft noch om de wredens fen hjar libben; hjar bistean hie wer in doel krige dat al hjar krêften opeaske, de ienichste fen hjar laech dy’t hjar hiele swier bifinen rjuchtfeardige hie, moast rêdden wirde. Hja libbe hjar egen libben egentlik net ienris mear: it wier as kamen de winsken en de neden dy’t de sike sels net wist, yn hjar brein ta klearrichheit, as wier syn sels-witten oergien yn hjar, det ienselde driuw syn lichum forwegen en kromjen die en teffens yn hjar geast kaem to libjen. Nachts, as de eagen fen wirgens hjar effen tagliden wieren, mei ho’n ûnleauber bytsje sliep hja langer ek takoe, fielde hja heal sliepend yette it libjen yn him, en as syn ûnrêstige sliep hommels ôfbriek en er wyld de keamer ynstoarme, forliet de sliep as fensels ek hjar eagen wer.
Wiken laei Sjoerd dêr op it bedsté yn de wintersk fortsjustere keamer, swier en meast ûnwittend wrakseljend mei syn sikens. Near klonk it hoastjen út syn boarst, hol en net to kearen, oant syn foarholle dreau fen swit en er krêftleas efteroerfoel yn de kjessens, dêr yet krôljend ûnder de ûndraechlike skokspanning fen syn lichum. Koartsen jagen kjeld en barnende hjittens oer syn bloed, oant syn antlit forwrongen stie fen de stoarming troch syn ieren; den dreamde er, tizich en wyld mei de binearjende dwylglâns yn syn eagen, hune en jage fen twangbylden hwaens skriklikens Minke rette oan de ôfgriis en eangst fen syn antlit. Sims, as hja him in skoftke forliet en him fredich to sliepen tocht, foun hja him weromkomd, rjucht lizzen mei wylde stoarjende eagen en in útslach fen swit oer syn foarholle, syn ynfallen wangen en formeagere hannen; bang stie hja den nei him to sjen eft de glâns yn syn eagen tobrekke scoe en yn noed fette hja syn hân oant er wer bigoun om to skeuken en it deadlike swijen wiek. Mei de pear foarste grousume koartsnachten wier de sêfte glâns fen syn moaijens alhiel fordwoun, swart en formeagere laei er dêrre; en dochs, as Minke him dêr sa troch de dei lizzen seach, like hy hjar net ien dy’t mei gauwens stjerre scoe, sels yn syn ôffallen en syn ilinde bleau der hwet geefs en sterks oan him, de net ûnderbrochte krêft fen syn jonkheit; dat fielen dreau de slimste eangstme fen it âld minske wei, det hja yn goed bitrouwen him forsoargje koe.
It wieren de foroarings yn it waer dy’t hja it meast for him eange. Yn it earst hie hja tocht det it suver tafal wier, as der ûnrêst yn him kaem by it opstekken fen de wyn bûten, frede as de dei stil wier ef de moanne nachts skynde; mei gauwens mirk hja it bistean fen in fêst forbân dêrtwisken. Sels do’t er yet bûten bisleur wier, like der ûnrêst en eangst troch him hinne to gean as it jouns om doarren en finsters bigoun to rûzjen; den bigounen syn eagen wer to glânzgjen en syn antlit forloek, Minke tocht earst sims fen blidens, mar hja seach ho’t syn lijen dêrmei forslimmere, en op ’t lêst waerd dat oanrûzjen fen de nachtwinen hjar in binearjende spoekedouns. Moarns, nei de striid fen de nacht, wier er op it stilst en klearst en as der in dimmene glâns fen de wintersinne troch de keamer glied, laei er, eagen ta, as yn fiere dreamerij, mar tsjin de joun bigoun er bang om him hinne to sjen en in hiele wrâld fen lilkaerdige geasten like der foar him to rizen, oant it oankommen fen de nacht dy yette oerstjûrder libjen die en er swier to smûgjen laei, sims moeisum in ûnforsteanber lûd loshoartend út syn nearens. It grousumst wier it in kleare winterjoun do’t de snie rounom tsjok oer ierde laei en moanne en stjerren út ’e twinkeljende loft it fierste keamersfinster ynskynden; nei de middeis hwet slomme to hawwen, skrille er yn ienen wekker as yn in forheftige eangst, seach it alderearst de roune moanne great yn syn eangjende eagen ynskinen, kâld en gril oan de froastige loft, en lûd kroanjend sloech er syn hannen foar de eagen. Minke die dalik it blyn ta, mar it wier to let: it spoekbyld bleau him de hiele nacht by, almartroch sloech en dwylde er, sims opsnokkerjend yn syn koartse det it Minke wé waerd om it hert, den oereinstouwend en driigjend út to brekken, det de bûrman, dy’t hja der byroppen hie, swier wirk hie him to kearen.
Einliks naem de sikens ôf, syn eagen waerden fêster, rêstiger, syn sykjen joech him gjin lêst mear. Mar tagelyk bigoun for Minke in oare, hast yet greater eangst. Dagen longere hja nei syn earste wird, nei syn earst forweech det hja forstean scoe det er hjar werkoe, mar hy laei dêr, ûnforweechlik hast, stil en hiel wyt, en sei gjin wird. Mei in deimennich frege hja skruten en triljend de dokter eft dat nou hast ek foroarje scoe: dy loek mei de skouders en út syn dwaen sloech de eangst op hjar del det it miskien nea wer oars waerd, det Sjoerd syn omtinken net wer krije scoe. Hja hie hjar eagen deis hast net fen him ôf, mar doarst him nea to freegjen noch hwet to dwaen om syn opmerksumens geande to meitsjen, eang det se him dêrmei wer ûnrêstich meitsje mocht. Stil en lyts wier hja nou njunken him dwaende, de wirge rêch al mear oerbûgd nei de groun, wachtsjend, al mar wachtsjend det de sinne fen syn omtinken wer brekke mocht út ’e skierens fen syn foartbistean; wylst wikselen bûtendoar de greate tiden mankoar, sleatten en marren leine bifliere mei iis, en iensum biidzjend, de middeis by tafel, mei triljende hannen gear oer hwet stopwirk, wylst in meilydsume glim fen de wintersinne útsiichde troch it finster, hearde hja de jonkheit fen it doarp willemeitsjen in pear huzen fierder, bleek en mei in oandwaenlik gearlûken fen de âlde ynfallen mûle.
Effen letter waerd it ûntlittend; de oezen dripten, wjitterinkjes rounen by de finsters del, dêr’t de sinne as skriemend op skynde. Sjoerd laei stil op bêd dat oan to sjen, Minke siet oan tafel to jirpelskilen, nou en den mei de eagen nei him ta, twiivlich eft er wist hwet er seach ef weidreamd wier yn himsels. Ynienen, wylst hja hjar wer foaroerbûge scoe oer hjar bakje, skokte hja oerein en seach mei stoarre eagen nei Sjoerd; gjin forweginkje ûntkaem hjar mear, hja miende det er glimke. In telmennich laei er sa, syn eagen stadich hinne en wergeand twisken hjar en it finster; do makke er syn hân frij fen de tekkens, en wiisde, yet glimkjend, nei bûten, dêr’t bûrman syn kat, earweardige âlde sipert, noartsk en gysten, yn ’e finsterbank syn wiettige foarpoaten út to skodzjen stie. Hja gyng oerein al staetten de lea hjar oan, rôp yn de doar mei in triljend lûdtsje fen „poes,” naem de kat dy’t op hjar tadribbeljen kaem, yn hjar earms, tôge him mei yn de keamer en sette him del by de kachel; Sjoerd syn eagen folgen hjar glânzgjend, effen knikte syn holle. Hja hâldde it nou net langer út en roun wer nei it bêd; griis en âld, hiel âld, stie hja dêr yn de omlisting fen de forsliten wite gerdyntsjes, dy’t hja lang lyn to jow krige hie en nou fen ’e moarn skjin ophongen. Hy seach nei hjar mei in glâns fen ljeafde yn syn nou wer ljochte eagen, do lei er syn meagere hân op hjarres dy’t hja om de bedsplanke slein hie. „Beppe” sei er sêft; al syn ljeafde, èn de blidens fen it werfinen laei yn dat stille wird.
Der loek hjar in flues foar de eagen; hja fielde det hja der hinne sige koe, sa sloech de oandwaning op yn hjar hert. Mar hja tocht oan him en wraksele it werom mei in triljend forlûken fen hjar mûle; do lei hja hjar holle mei it tinne wite hier tsjin syn wang, en neamde syn namme. In toarn stie hja sa, oerbûgd nei him, stridend om hjarsels to bliuwen, det hja de greate fiere frede fen it earste forstean net brekke mocht; do liet hja him wer, hja seach det er syn eagen tadie as om wer to sliepen, en teantsjend fordwoun hja út ’e keamer en joech hjar nei it kelderke, dêr’t it skrousk wier en wiettich, mar dêr’t hja, in âlde omslachdoek om de kliene skouders, wer frij siet to skriemen, in ûre lang wol, for it earst sûnt hja Sjoerd nei hjar nomd hie.
Stadich, sûnt dy dei, kaem er wer ta hjar libben werom. Folle wirden waerden der net sein twisken hjar: mei de eagen forstiene hja mankoar genôch, en beide fielden hja ek det de greate heimnissen dy’t de lêste tiid macht hawn hienen oer syn libben, to swier wieren om opnomd to wirden yn de brosse tearens fen hjar uterjen. Earst ek wist Sjoerd net folle; it wier him as kaem er út in frjemd skier lân, oerhongen fen ûntrochkringbere dizen, en elts bisiikjen der mei de krêft fen syn tinken yn werom to boarjen, helle ûnklearens foar syn eagen, mei de eangst det er, troch him wer yn to libjen yn dat ûnsizlike, dy krêften wer loslitte scoe oer syn twiivlich libben. Hy ûntwiek it, kearde it yn syn dreamen fen him wei, fielde yn dy dizigens in forhoalen bidriigjen; wylst de lytse dingen fen syn jongesjierren wer yn him to libjen kamen en lytse bifinings fen skoalle en bûtenlibben nou klear yn syn geast forriisden, bleau fen de tiid ôf det Anne yn syn libben komd wier alles tsjuster. Simstiden wier it him wol, as skynden út dy driigjende wolken in pear kleare strieljende eagen op him yn, en in fielen fen hwet suvers en greats skeat effen troch syn ôfkearigens, mar it tsjustere wêzen fen de spoeken oerdiek it wer maklik, en hy kearde him wer nei feiliger tiden. Minke dy’t it net maklik wier hjar yet yn sa fier forline werom to tinken, al hearde hja mei stille ljeafde nei syn praten, binijde hjar in kearmennich det er hjar frege nei minsken út it doarp, dy’t sûnt syn jongestiid al lang forstoarn wieren; do’t hja it him sei, skodde er mei de holle en tocht yn stiltme nei. Hy dy’t ûnwittend sa wraksele hie mei de dea, fielde it stjerren nou as hwet frjemds en ûnwiers, en forstie net ho’t it sa’n spjalt bringe koe yn it libben fen de minsken, en gûnt dy’t men ljeafhie, fen yen weinimme.
Op in moanneljochte joun yn Maert, det nei in wyn-trochrûze striidhafte iere-maitiidsdei de loft wer opskjinne en de útinoar sleine wolkens mijen weiflechten nei de ein fen de ierde, kaem der for it earst in omtinken oan hwet er lêst foar syn sikens bilibbe hie, wer yn Sjoerd syn geast to libjen. Hy siet foar it finster dat nei de blikke seach, foar him út to stoarjen, allinne; Minke wier de bûrren yn for in pear boadskippen. De lampe dy’t op west hie, hied er dwêst do’t er, mei in fen siden kearen fen it finstergerdyn, de wyt-suvere glâns bûten triljen sjoen hie oer pannen en beammen, hy hie in stoel nei it finster helle en siet dêr nou to tinken, bleek en formeagere, it moanneljocht delsigend ek oer syn smertlik antlit. Der wier in frjemd ûnklear fielen yn him dat syn hert lûd slaen die as scoe der hwet yn him brekke; hy fielde him swak en forslein, sels by dizze striidleaze wijing dêrbûten, en tocht det syn sikens him alle krêft sà weinomd hie det er nou warleas oerjown wier oan it wrede boartsjen fen alle greate en ûnneambere krêften om him hinne. Hy kaem to tinken oer it bigjin fen syn sikens, dy frjemde grizige tiid dêr’t er yet nea yn trochkringe kinnen hie, en ynienen wier it him, wylst syn hert yet fûlder bigoun to bounzjen, as boarre der ljocht yn dy grizens, as scoe er aenstouns wer witte. It swit kaem him op e foarholle, mar mei hwet fen it ûnmeilydsume sels-pleagjen wer yn him fornijd, boarre syn tinken fierder.
Hy wist det syn sikens him bûtendoar oankomd wêze moast ek sûnder det er forstie, hwêrom dêr. It trof him, det men him nea thúsbrocht hawwe koe yn de klean dy’t er nou oan hie, dy’t him frjemd liken en Minke faeks jown wieren wylst er siik wier; en hy tocht det as er dy âlde klean yetteris sjen koe, dêr’t dat frjemde him yn oerkomd wêze moast, stadich it witten fen hwet nou yet skier wier, weromkomme moast. Triljend stiek er in kjers oan en him swier fêstklamjend oan de treplining sleepte er him nei de souder, dêr’t it biwarplak fen de kleanspillen wier en dêr’t Minke sliept hie ûnder syn betterjen. Ek dêr foel de moanne yn wite flakken troch it dakfinster yn en it forwûndere him, sa klear en suver alles hjir nou wier, wylst yn syn tinken de souder yet jimmer in sté fen binearjende heimsinnigens bleaun wier. Hy seach de folle moanne dy’t nou foar it dakfinster forskynde yn hjar antlit en it wier him frjemd, sa treastlik en sêft hja nou like, it wier as rûze der wetter sêft yn syn earen wylst er omheechseach nei hjar silveren glâns. Do die er de doar fen de âld kleanspine iepen, sloech in âld gerdyn fensiden dat Minke yet oer de kleanspillen hinne hongen hie, en seach.
Mei de foarste eachopslach hied er syn swalkersspillen weromfoun: de fealich-brune kastúsjekoarden broek, dêr’t er fen ûnderen de tsjokke skiere sokken oer plichte hinne to dragen, de âlde op ’e earmtakken bilape jas, de grize das dy’t er yn in knoop ûnder syn kin plichte to slaen, de greate swarte pet mei de brede klep en it brune foer—alles hong dêr lyk hy it sa faek om en oan hawn hie, skjinner nou allinne en neisjoen troch Minke hjar soargjende krektens. Hy seach himsels wer swalkjen mank de ûnlijige hjerstige kriten, seach it riljende riigjen fen it skom tsjin de bislantere dykskanten, seach de wolkens great gean oer de loft en tocht do om sa’t er dêr nou stie, forswakke, krêftleas amper, mei bitrienne eagen, en in heal witten yn him det er nea wer rou en rûch as in stoarmich natûrbern yn dy forlitten romten omkruse scoe. Hy sloech de eagen del en seach omleech yn ’e spine; hommels skrille er fen eat dat der laei ûnder syn egen klean, dat himsels nea ditsen hie—nea, nea?—it laei dêr as yn de swijende rêst fen de dea, en it wier as slomme der eat wûnders en heimsinnichs ûnder. Mei in gearfetsjen fen al syn krêft yn in great selsbitwang, dûkte er him, tilde it omhegen, hâldde it yn syn hannen: in greate blauwe omslachdoek lyk men by hjarres op it doarp net droech.
De skimer fen it forline briek, en út ’e spjalt kaem in bloeijend antlit nei foaren, de strieljende eagen djip twingend yn sines, yn hjar great en suver langst dochs yette triennen blinkend op hjar wangen. As seach er yn de oare wrâld, sa stoarre er foar him út, syn hert bounzjend fen de silligens fen syn sterk wer rizende ljeafde en de flymjende wanhope det hja him forlitten hie, for ivich. Sims sloech syn ljeafde heal oer yn hate as er fielde ho’t hja him ûnskiedber oan hja forboun hie en det er, bleau er libjen, tonei folken en wrâlden ôfswalkje moast, omdôch, om hjar yet ienris werom to winnen, hjar dy’t him forskynd wier as in slach fen sinnegoud dy’t syn hjerstige eagen bline en do’t er wer sjende waerd, al wer fordwoun wier yn ’e fierens; den, as er sa tocht, seach er hjar antlit wer foar him yn de drôvens dêr’t hja de joune yn ta him komd wier, en hy forstie det it sa moatten hie, det ek hja dêrûnder lijde sa goed as him, pynliker en ilindiger faeks yette ûnder hjar rou en skamteleas folk, dêr’t hja fierder mei libje moast. Noch oerwâlle de frjemdens fen it weromfoune forline syn tinken, mar linkendewei waerd er wis det it him net mear delslaen scoe, det er foar de iensumheit oer stean koe ek mei it neitinken oan dit wûnder; in djip en wiid fornoegjen kaem yn him to libjen om de skientme dy’t alteast ien skoft sines west hie, lein hie oan syn hert en syn lippen patte, en yet wylst er dêr stie mei it teiken fen hjar gearwêzen yn syn hannen, wier it as wist er syn libben hillige, as wier er nou ryp for hwet hegers.
Dy joune do’t Minke wer thús wier en hwet by it lampeljocht siet to formeitsjen wylst hy wer op bêd laei en yn in wiid en fredich gedream nei it stil biweech fen hjar dimmen en tinger âld lichumke seach, tocht er det hy nou wol gau stjerre scoe. Yn syn suver hert wier de oanbidding for in heechst en hillich bistjûr jimmer libjen bleaun, en nou, troch syn sikens yet mear ta in from bitrouwen keard, tocht er det God him libje litten hie oant nou, det er yet krêft hawwe scoe syn hiel bistean to oereagjen ear’t er roppen waerd nei de fierten dêr’t nimmen út weromkomt. It binijde himsels, nou’t er yn dizze forklearre frede hiel syn stoarmich bistean wer trochlibbe, ho stil en suver dat allegear like to stean yn de wijing fen dizze dimmene joun, en det oer neat in djip en wreed witten fen skild him barnde. Wylst er nei Minke seach, tocht er ho sûndich hja him achtsje scoe as hja alles wist fen syn bistean, as hja wist ho en mei hwa’t er syn iensumheit dield hie; hy glimke by dat bitinken en hoechde mar fen hjar ôf to sjen en yn himsels to libjen om to forstean hofier sûnde dêrfen wier. En wylst er sa syn dreamen en tinzen weve forstie er it wûnderlike, det wylst hy sa syn part like hawn to hawwen fen hwet der op God’s ierde as ljeafde bistiet, hy wis wier dat nea sa ûndergien en bilibbe to hawwen as de ljuwe om him hinne. Lyk as de sé de ûnhurens weispielt fen de ierde en de minskheit skjinmakket fen hjar skild yn it suverjende streakjen fen syn weagen, sa hie syn sikens de ierdske skynkant weinomd fen syn bistean, en syn dieden stiene foar him yn ivichheits-ljocht, net langer forwitend noch oankleijend noch lofsjongend, mar yn de swijsume bisletten harmonije fen de needwindichheit. Wylst syn fingers stil omtiisden mei it lekken oertocht er mei tichte eagen alles fen syn bistean, oant er him weisinken fielde yn de ûnwittendheid mei allinne de glâns fen twa djip-skinende eagen mear oer sines en yn in heal ealgjen det er fiere blauwe streamen oer sile scoe.
Dit wier de foarste nacht det er wer djip, soun en rêstich sliepte; Minke dy’t al bliid wier det er sa syn rêst weromfoun hie, seach de oare moarns mei in stille tank yn hjar eagen det der wer in sêfte glâns yn syn eagen bigoun to strieljen. Hy praette wer as altiten en sims hast fleurich mei hjar, ynienen mirk hja det er nou wer alles wist fen foar syn sikens, en hja frege mar neat, hwent hja wist, it libben hie him nou forgoed werom. Fen dy moarn ôf gyng syn betterjen hird en in stille iere-Maitiidsdei det de loft skjindreaun wier en de sinne stil en as yn djip witten fen hjar plicht de knoppen beammen en hagen útskynde, det de kouweblommen al moai en wyt yn de blikke stiene en de ierde wekker waerd út hjar dreamerijen en hjar ûntjoech, trape Sjoerd for it earst de doarpsbûrren wer lâns. De Maitiidssigen fage him stil om de holle, koel en klear yette, en hy wier hwet licht, hast dûzelich fen it nije ljocht en de jonge wyn om him hinne. Dochs joech er him de strjitwei út oant it sté dêr’t er hjar dy’t nou oer syn hiele libben stie, moete hie for it earst en stie dêr in skoft lang to stoarjen, drôf en dochs binijd det hy dy’t sa maklik en gau skriemde, nou net gûle koe. Do gyngen syn eagen oer it lân om him hinne, hy seach it opkommende grien mei de trochstippeling fen it blommegûd as in waerme flewielige tekken útspraet oer de ierde, hy hearde boppe syn holle fûgelgûd risseljen en tsjotterjen yn de strjitwei-beammen, in ljurk stie to jubeljen yn de hege loft, en hy neamde de namme fen syn ljeafde, de wûndere ryklûdige, en it wier as wie’ hiel de ierde mei al hjar opkommende skientme dêryn bifieme, as laei syn ljeafde as in teare ljochtsjende glâns oer al de dingen fen it ierde-libben om him hinne.
Mei de Maitiid waerd der in wûnderlik ryk libben yn him wekker. Wylst er by de dei oansterke en syn lichum wer hwet fen de âlde bloeijende krêft weromwoun, al wier er yette gau oan de ein, wylst er wer bigoun om to pielen en licht wirk die, kaem der yn syn tinken in nije frjemde klearens dy’t ersels net bigriep en sims heal bang fen waerd. It wier him as wie’ oant nou ta al syn klear sjen forsmoard yn syn selsstriid ho’t er dy ek oerwinne en ûnderbringe wollen hie, as hie syn swier libben him earder nea de dingen sjen litten yn hjar egen strieljende klearens. Hommels bifoun er det ek it lytste, faek krekt it lytste, opnomd wier yn dy stilie djippe moaijens, hy bigoun him to hechtsjen oan dingen fen lytse weardij krekt as er dat Minke wol dwaen sjoen hie, blommen waerden him ljeaf en it fiere sjongende lûd fen in fûgel. Hy bigriep neat mear fen himsels, tocht det syn sikens him sa makke hie, weak en hwet al to fynfielend, waerd sims lilk op himsels, bisocht, allinne út in oandriuw fen eangst for dat nije ûnwittene, hwet fen syn eardere hjerstige rouwens syn libben wer yn to heljen, mar it mislearre grouwélich. Op ’t lêst joech er him oer, willich en yn myld bitrouwen, en joech syn fielings en dreamen frij oer syn geast, der moast den mar fen him komme hwet woe. De libbensfornijing fen eltse jonkheit bigoun syn great wirk wer oan him, dreau de âlde minske út en naem wer in flues fen syn eagen wei, en fen de hjerstige joun do’t de ljeafde wier komd wie’ yn syn bistean, like him in nij fjild út to rôljen, ljocht, trochsongen fen nije ûnthjittings, fen nije strielen oertrille: it ryk fen Mariëtta.
Wiid en djip laei de griene simmerwrâld, de sinne lake oan de loften. Sterk en rêstich libbe de Natûr nei de heechtiden fen hjar bloei, hjar krêften mear en mear ûntfâldzjend nei’t de libbenssappen hjar machtiger trochstreamden. Oan de loft wier in great gespegel fen flûnkering en glâns, fen de iere moarn det de sinne út pearel-fluzen forriisde en fiere oranjestreken weipylke yn de loft oant it lotterjende kleare ûndergean yn jountiden fol forstille gloede en teartintich weistreamend ljocht. Hwet op ierde bistie, dielnimmend oan it prieljende ljeafdesfeest moast rize, bloeije, iepengean for ljeafde; it hie gjin kar, it wier de ljeafdetiid fen de geast dy’t de wrâld trochrûzet sels. Fordildich yn de swiere blikkerglâns fen de sinne oer hjar pannen leinen allinne de pleatsen yn ûnforweechlike stiltme, mar de âlde hôven dêromta, de hege beammerigen, krûd en gers, alles bilibbe, forjonge, nije glânzgjende ljeafde; de pittige hearook dy’t hein en fier om it doarp to fornimmen wier, makke de loft fol fen in streakjende swietens, it aroom fen de rounom opstreamende libbenswyn.
Neat is swierder for de folkrêftige minske as dizze tiid yn in optwongen neatdwaen suver to trochlibjen. Mar, de goaden fen simmer en rispinge tank, it wirk is dêr, it greate driuwende dat de minske yn bislach nimt, de krêft fen syn spieren spant, syn oerrinnende wirkdiedichheit bynt en him mêd makket, det er de jouns yn in koarte kleare stiltme de sliep biidzje kin en mei de moarn him wer feardich rist ta de dei. Nea libbet de minske krêftiger en mear de âlde strieljende goaden lyk, as hwennear de simmer útflûnkeret boppe syn holle en oan syn foetten, en er himsels yn strang-twingende bihearsking hâldt mei it oerjaen fen syn krêft oan it rispingswirk. Hwa’t op in Sneintojoun op it efterhiem komt fen in Fryske pleats as de jounwyn al oansiicht en de sinne-skimer in dreamige glâns bringt yn de eagen fen it folk en de pear mieren dêr sjucht dy’t de Sneins oerbleaun binne om’t hjar wente to fier laei, en ien fen hjar ef de feint spilet in mennich folkswizen op in swiersettige harmonika en de oaren, yn it gers ef op in tiksel fen in heawein sitte del en harkje yn stiltme, dy forstiet hwet dêr libbet djip yn it herte fen dit folk, dreamen, fiere forhopings, stille ljeafden, al de tiden fen it jier slomjend ûnder de twadde natûr fen de ynbannichheit, mar den, den allinne, him dimmen iepenbierjend. Simmer makke de krêften los út ’e skatkeamers fen it herte, it wirk hold hjar yn bitwang, jountiid brocht de wijing, en de siele fen Fryslân stiet dêr en tilt hjar sêft yn in ljocht fen ivichheit.
Yn dat ljocht libbe ek Sjoerd dy bloeijende simmermoannen. Alles like him sa klear en nij, hy hie it nea earder sa sjoen. Hy stie wer yn it wirk en ûngetide nou mei; de spierkrêftichste lyk as eartiids wier er yet net wer, sims, yn de sinne ef as er him krekt efter in reak deljown hie mei de oaren om to skoftsjen, skeat him noch in lichtens troch de holle det er effen de hân foar syn eagen brocht, mar eltse dei, fielde er, kaem er wer fierder, hy wier it wirk wer treast. Der bigoun wer in sêft lok yn him to skinen, it libben waerd him wer ljeaf. It wier as bigriep er nou folle dat er oant dy tiid jimmer mei fiere eagen foarbygien wier, as krong er djipper yn de bitsjutting fen it libben, as kaem it tinken det alles ta’n goede sa biskepen wier, sterker en klearder yn him to libjen. It trof him det hast alles moai wier as men it mei ljeafde bineijere, en de tiid det er sa tichte by de grins fen it libben omdoarme hie, hie him de ierde en hjar rykdommen oars en heger forstien dien as er earder faek tocht hie. Mar it greate, it wûnderlike fen syn libben wier dizze tiden dit, det hy de dingen learde to ûnderskieden nei hjar skientme en weardij: as stie der in swijende hege keninginne oer syn libben oan hwaens eagen allinne er de rjuchtlikheit fen syn dwaen en tinken wist, sa teach in great part fen hwet er seach en tocht wer fen him wei as suvere skyn, en inkelde dingen wieren der dy’t bleauwen, dy’t genede liken to hawwen foar hjar ûnderskiedende eagen, en dy dingen makken him ryk. Hy wist sels hwa’t dat wier, mar gjin langst dreau him mear nei hjar ta; hja wier opnomd yn, diel wirden fen syn libben, syn hert seach troch hjar eagen, hy wier net mear deselde fen earder. It ûnneambere smertlik gebeart en de ljeafdeglâns fen hjar eagen dêr’t hja ienris mei nei him komd wier, makken hjar yn syn tinken in hillige, dy’t bitingsteleas hjar hillichste oerjown hie oan syn ûnwittende rouwens, det syn hiele bistean der troch wijd wirde mocht.
It wier sa frjemd; hy wist him nou, ek dêrtroch, hast in ivichheit ôf fen de sljuchtwei minsken om him hinne, dy’t nea gjin aen fen soks hawn hiene, dy’t him húnd hawwe scoenen as hjar dit fen him trochdien wier, en dochs kaem der twisken him en hjarren safolle mear forstean as der ea west hie. Hja hiene gjin argewaesje mear fen him, hja wisten det er oars wier en faek ûnbigryplik, mar hja tochten net folle mear om hwet west hie, hwent hy wier nou alle dagen mei hjar, stie nêst hjar yn de rige, en hy like hjar froed en helpfeardich. Sûnderdet er hjar frjeonskip socht, stoar syn foriensuming him ôf; en it barde nou sims, det ien fen hjar, in feint hwaens forkearing útrekke wier, in troud man dy’t swier yn soarch siet oer syn húshâlding, as dy allinne wieren mei him, bigoun to praten fen dingen dy’t hja nimmen oars sein hawwe scoenen en hjar hert útstoarten. Hy foun nou neat deistichs en ûnweardichs mear oan hjar libben, it like him great. Hy wist yn himsels det hja tsjin oaren hjar net oer soks loslitte scoene, det sokken him hjar soargen seinen út in heal forhoopjen det hy dat forstean scoe, dêryn nêst hjar libje en hjar treastgje. Den spande er himsels yn, hy sei net folle, mar socht nei sokke wirden dêr’t er wis fen wier det dy yn hjar earen neiklinken bliuwe scoenen op hjar paed hûsta en as hja wer antlit foar antlit foar hjar soargen oer stienen. It foel him hird, hy bigoun to sjen det de libbensstriid swier wier, en de oerwinning moeisum, mar hy koe hjar alteast hwet sizze fen de rêst dy’t er woun hie for himsels, fen syn djip en klear libbensbitrou, en dat wier folle. Hy learde de heechste weelde forstean, dy’t is oarljuwe leed fen hjar skouders to nimmen en se sels fierder to tôgjen, en ho mear hy oernaem, ho lichter en moaijer him it gean waerd, hwent mei de lêsten naem er hjar ljeafde oer.
Ien stil leed loek de jouns sims om syn mûle gear en glânzge sêft yn syn eagen: Minke hjar krêften namen nou hird ôf en hy koe witte, det hja net lang mear libje scoe. De krêft fen hjar ljeafde hie al it âlde soargjen en sterk wollen fen hjar libben wer yn hjar oproppen salang’t hjar bernsbern mei de dea to wrakseljen laei; nou’t hja him better seach, like it eft hjar bisteansrjucht hjar ûntsonk, as wier hjar libbensplicht forroun. Hja hie dy swiere tiid gâns mear fen hjarsels ferge as hjar hege âlder en bilune krêft tastie, hja hie yn koarte tiid forbrûkt hwet hjar oars yet in jiermennich steande hâlden hie, en moast nou gean. Hja wier folle swijsumer wirden, dreamde ûren lang en skrille den effen wekker om ringen werom to fallen yn hjar dreamerijen, hjar antlit wier bleek as in wite blom dy’t oan it wylgjen is. Sjoerd seach hjar stadich ôfstjerren mei in great wé yn syn hert, syn hiele libben wier gearweve rekke mei hjarres, hy koe him gjin tiid tinke det hja net diel hawn hie oan syn tinken. En wylst er syn bêst die hjar nou fiele to litten det hy nêst hjar stie en for hjar soarge en oer hjar wekke as eren nea, like hja gjin bihoef to hawwen him to meitsjen ta bitroude fen hjar stil tinken, en wier it as libbe se dizze lêste tiid fen hjar libben yn in sels-keazen iensumheit.
Do, op in mylde simmerjoun det de sinne ûndergeand wier en yn it Noardeast it bleek-reade ljocht riisde fen de moanne yn hjar swierens, det stille glânzen fen forgean en dreamerij de keamer trochtrillen, like it eft yet ienris it sjen fen hjar forline libben klear waerd en suver. Hja siet op hjar âld plak foar it finster en it ljocht oerroun hjar bleek antlit mei de stoarjende eagen en it ynwite hier; Sjoerd seach det hja trieneage, mar sa stil en roerleas siet se dêrre, det er de frede fen hjar tinken mei gjin lûd noch gebeart brekke doarst. Hy hie syn eagen net fen hjar ôf en seach ho’t hja hirder as oars, hast hymjend, sykhelle en hy tocht om in stjerrende fûgel dy’t er langlêsten op it haeilân foun hie mei deadseangst yn de brekkende eagen en in hastich hymjend boarstke; syn tinken die him yet searder, en makke him hwet bang. Ynienen hearde er hjar syn namme neamen, lústerjend; dalik wier er by hjar en knibbele nêst hjar del, as yn syn jongestiid.
„Skeelt der hwet oan, beppe?” sei er.
„Ik kin ’t net lang mear meitsje, Sjoerd, ’t rint nou nei de ein” sei se stil. „Moatst der gjin soarch om ha, ik ha myn part wol hawn, fen ’t libben en fen soargen ek. Astou mar by my bliuwst oan de ein, den gean ik maklik. God hat it goed mei my makke.”
Hy woe der tsjin yn lizze, hjar sizze det hja ommers yet skoan in skoftke bliuwe koe, mar hja kearde him tsjin.
„Né, Sjoerd,” sei se, „wy moatte wier bliuwe, en de wierheit is my net swier. Mar ’k moast dy noch hwet sizze, detst goed ûnthâlde moatst. Dostû sa siik wierst, fen ’t winter, do ha ’k bidden det ik dy bihâlde mocht. Der wier ek wol hwet selssucht by. Beppe hat noait lokkich west, yn hjar hiele lange libben net, Sjoerd, noait.”
„Hwet woe beppe dermei sizze” sei er forheard.
„’k Ha gâns tocht yn myn libben” sei se, „oer God en myn eigen bistean, en alles. Wy moatte allegear in egen doel hawwe, tinkt my, sa ha ’k it altiten forstien. En yn dat doel leit ús lok ek. Ik haw ek wol dreamd fen lok, as fanke, niis tocht ik dêr noch oan. En ’t is my altiten foarbygien. En dat wier to dragen salang’t ik wis wier fen dy, do tocht ik, astou it krigest den hie ik ek net forgees libbe.”
„Hat der den mar sa’n bytsje ljocht yn beppe libben west?”
„Dyn pake stie sa fier fen my ôf,” sei se, noch drôf. „Lolke is to groune gien, Bearn dea, ik sels ha ’t lêste fen myn libben forbodzje moatten. Moatst hwet noed fen dysels stean, Sjoerd. Mei safolle triennen en leed bist greatbrocht. Bisiikje lokkich to wirden, Sjoerd, en birêst net sa gau as ik. Ik hie mear stride moatten.”
„Beppe” sei er, triljend fen oandwaning, „ik scil de wegen dêrhinne siikje, en net birêste. En ik fyn it lok wol, beppe, ik wit it. It is my net frjemd mear, ik haw it hawn. En ik wit det ik it nea mear kwyt wird.”
In wike letter, in like stille en kleare nacht, laei hja yn de ivige rêst yn de wensté dy’t de greate helte fen hjar swier bistean ynhawn hie; in suver stil byld fen frede dat de siele striidleas forlitten hie. Dy hiele nachts wekke Sjoerd dêrre by de twiljochtskyn fen moanne en stjerren. Hwet fêstens, hwet ûnforwrigbers laei der om syn mûle en syn eagen seagen stoar foar him út; de earmtakke lynjend nei syn knibbel, de hân ûnder it kin tocht er, sims smertlik as er him rekkenskip joech hwerom’t er dêr wier, den wer klearder, wisser, de krêft fen syn jonkheit hearber yn syn ieren. Fier út e kimen weve in ûnsjenbere greate forskining neijer, dêr’t neat fen waernimber wier as it ljocht dat om hjar taweve en it sterke rûzjen fen hjar wjukslach dy’t de loft suveret fen hwet lyts is en dompich. En hy neamde hjar namme „Frijheit.”
In wike nei Minke hjar to hôf bringen forliet Sjoerd fen nijs it doarp dêr’t er greatbrocht wier. Hy libbe dy dagen sterk ûnder it tinken dêr wei to moatten, en wist sels it hwerom net klear. Syn djipste libben hie sûnt syn weromkommen ûnder tsjinst wei nea mear to meitsjen hawn mei syn deistige omkrite, allinne Minke wier dêr as de skeakel twisken de oarde fen syn jongestiid en himsels. Nou’t hja forstoarn wier, mirk er ynienen ho frjemd alles him dêr wirden wier. De wenten dy’t dêr sa âld-biwend hinne stienen, krekt forstive yn de aldeistige rin fen it doarpslibben, de toer mei jimmeroan itselde let dat hommels neat mear like to neamen as jimmerwer deselde hieme wierheit, de minsken dy’t him metten op ’e doarpsbûrren, kinden allegearre en allegearre it langjen fen syn herte frjemd, it hie him yn syn foriensuming neat mear to jaen. Hysels wier net rikernôch om dat allegear diele to litten yn de sêfte gloede fen in lang-optaeste ljeafde, hy moast gean, om de wil fen syn libben sels.
Do’t er nei de lytse prakkisaesjes fen it to jild meitsjen fen Minke hjar spillen, syn siikjen om in tsjinst as feint en de bistellerijen wer yn himsels ta klear tinken kaem, foun er him to tsjinjen op in steatlike tsjûk yn beammen steande pleats, in ein fen de rydwei ôf mids de romten fen it lân, in lyts heal ûre geans fen it tichtst by lizzende doarp. It wier in frjemd en ûnwennich libjen dêr earst yn dy iensumheit, in swiere stiltme yn it roun dy’t woech op ’e pleats en de lannen, hwet ûnneambers dat de lûden dwêstte en sang net opklinke liet. De greate keamers fen de foarein leine stil en swijsum, noeder fen skatten út forline jierren, forhoalen dreamend yn it greate skaed fen de swiere linebeammen; it hôf, eartiids mei soarch oanlein mar min ûnderhâlden, bloeide mei in wyld forskaet fen fruchtbeammen, wylde blommen en forwyldere siersoarten; de mantel sleat ticht, as in mûrre, mei heechgeande beammen en trochwoechsen strewellegûd om pleats en hôf ta, en dêromhinne roun in grêft, wiid mar for in goed diel mei flaech oerditsen. Alles dielde dêr yn dy frjemde ûnforklearbere dream-stiltme, en as de faem, iennichste dy’t hjar jonkheit dêr as in wille forstie, lake tsjin de lammen en keallen, like der in rûzing to gean oer de beammen en it leger grien, det it dryste libben hjar dream-bistean dêr sa to steuren kaem.
Dat libben hie him ek meidield oan de minsken dêrre, hja liken allegearre ta de stiltme ynkeard, útsein de faem dy’t der wier om in skoan stik jild to fortsjinjen en dy’t by hjarsels útmakke hie, det se hjar net neargeastich meitsje litte scoe. De foarste pear kear do’t hja mei Sjoerd as nijkommene oan tafel sieten, diene de boer en de sister, dy’t by him wier om de húshâlding to lieden, gâns war om it pratende to hâlden, mar mei gauwens joech Aysma it op en allinne de hwet skerpe stimme fen de húshâldster bleau inkelde kearen klinken. Stiltme wier Sjoerd ljeaf, hy koe dêrtroch folle mei himsels allinne wêze en fen de oaren sa stadich nei him nimme as er sels oanstriid ta hie, mar oan in fielen fen iensumens en ûnwennigens ûntkaem er, Minke hjar bitroulike húslikens wend, faek net. Mei in pear wike bigoun er him to forwûnderjen oer de minsken dêrre, hy sloech se mear acht en linkendewei waerd it him, as wier er oerplante yn in fiere frjemde wrâld, oars as dêr’t er oant nou yn forkeard hie.
Anke, lyk de boer hjar neamde, syn sister, wier it maklikst hichte fen to krijen. Hja wier in rizige frou fen by de fyftich, de tingere kant it neist; hjar ovael antlit mei de lange rjuchte noas en hjar to greate mûle dêr’t as hja praette de sterke geve tosken fen to sjen wieren, hie net folle út to lêzen west, as de greate dûnkere eagen dêr net sa ljocht en skril yn libbe hienen. Dy tsjinstridigens fen yn hjarsels kearde steatlikheit dêr’t in bangige ûnrêst trochhinne ljochte, iepenbiere hjar yn hjar hiele wêzen: it effen griizjende hier, dêr’t gjin inkeld hierke oerhearrich by lâns foel, mar dêr’t hjar smelle bleke hân gau ris foar lâns skeat yn petear, wylst de glânzgjende eagen effen sleaten; hjar stil foar hjar hinne sjen oan tafel en de selsum fordreamde rêst as hja in boek yn hannen hie en hjar rimpen oereingean det hja sims tsjin de tafel oansteat. Allinne hjar klaeijing wier ien gehiel: dimmen, swart, ing slutend; dat wier fen hjar tsjinstridige aerden wol de sterkste. Mei gauwens wist Sjoerd, det dy ûnrêst hjar earst op ’e boerkerij oankomd wier, dêr’t it wol hiel stil omgyng mar dochs gâns for hjar opkaem; hja hie hjar hiele libben wol weidreame wollen, mar hieltiten skrille hja fen it wirk fen út hjar rêst towekker, en hja wier tige plichttrou en krekt.
Boer Aysma sels wier yet evenrediger en gyng for in bêst man by it folk. Syn blauwe eagen ûnder de grize wymperbôgen seagen hwet wémoedich foar him hinne; syn libben hie net folle sinneskyn ynhawn, yn it tredde jier fen syn boask al wier syn frou him ûntfallen, en sûnt hiene de beide bern syn hiele libben útmakke: sibben noch kinden hiene folle by hjar de rin. In moaije feardige man wier er yette, foarser as syn sister en folle ljochter, mei hwet mimerjends om syn mûle en yn syn eagen, stadich yn syn hiele hâlden en kearen, swijsum yn de omgong. Jouns stie er faek by de homeije to eagjen nei de púnwei oer, wol in ûre ûnforweechlik hast, de fierte ynstoarjend as rette er dêr it lûde biweech fen it libben dêr’t hy hiel, hiel fier út it biskûl fen syn pleats, in blinkje fen ealge. Hy wier hwet weak, hearde greate forliezen oan mei effen in lûken oan ’e skouders, mar trieneage as in bist út syn bislach siik wier en lijde. Sjoerd fielde, djip yn syn hert, sims in bytsje lytsachtsjen rizen oer de man dy’t sa de middels hie om for master op to slaen en sa dimmen en swak foar it libben oer stean bleau, mar hâldde in bult fen him, lyk yn Fryslân it sizzen is. Sels hie er sà nea libje kinnen, ek nou wier de striid yn en tsjin it libben him ljeaf bleaun, mar hy forstie hwet fen dy fiere ûntsjutbere wémoed, dy’t út ’e natûrdreamen fen in skiedende simmer yn it wetterlân yn it hert fen ús folk liket oerwaeid to wêzen, en hy hie dos earbied for him.
Fen de beide bern, Esther en Liuwe, gyng de dochter earne yn Hollân to learen; Sjoerd hearde hjar namme sims neamen, krige in kearmennich in brief fen hjar oan hjar sibben fen de post oer, mar fierder wist er neat fen hjar; Liuwe wier mei yn de boerkerij, gyng mei Sjoerd yn bûthús en skoerre om, praette mei him, sunich fen wird, oer it wirk en like in earnstige stille jonge. Frjemds oan him wier der neat as syn for syn jierren hast ûnnatûrlike earnst, rêstiger as by syn moeike, sterker mar ek skadiger as by syn heit, en dochs naem er mei in deimennich Sjoerd syn hiele tinken yn bislach, sa det er him yn it wirk mei syn eagen hast net losliet en jouns op bêd noch in set oer him laei to tinken. Hy waerd it gau mei himsels iens det er neat fen Liuwe bigriep, det er him net trochgrounje koe ho’t er syn skerp-ynkringende ûnderskiedings-formogens ek spande. De feint dy’t nêst him arbeide en út in frjemd doarp komd wier, fielde hwet Liuwe syn egen sibben net liken to sjen: det dy ûnbrekbere ynbannichheit syn djipste wêzen net wêze koe, det it in oannomde hâlding wier om himsels to forbergjen ef it meitôgjen fen in riedselich leed dat him net mear ginde to laitsjen.
Mei gauwens forgeat Sjoerd hwerom’t er by de boer komd wier, ûntdreau him it fêste neitinken oan Minke, naem it libjende riedling fen Liuwe syn tinzen alhiel yn bislach. Syn egen wêzen dat amper út himsels wist hwet ynbannichheit wier, dat him steure woe noch koe om de bûtenwrâld fen minsken, him útlibje woe al scoene hja him derom stjinnigje, stried rjucht tsjin Liuwe syn bislettenheit yn, en sûnder det de lêste it wist, bigoun Sjoerd in úthâldende striid om Liuwe yn it wêzen to sjen. Hwet him dreau, wist ersels net; hy ealge heal det dizze frjemde jonge as er him ienris koe, hwet greats wirde koe yn syn libben, mar it wier foldwaende det der immen yn syn omkrite wier dy’t er net bigriep. Liuwe gyng syn wei as altiten, syn eagen seine neat, folslein neat—en dochs moasten hja brânne en flûnkerje kinne, dy grize djipten, as syn djipste wêzen to libjen kaem—, syn inkelde wirden hearden klear, nimmen wier yn syn dwaen sa wis as him, en eltse kear det Sjoerd him wer seach, jouns nei it wirk as er stil siet to lêzen it meast, sloech it hoar yn him op det dat allegear ljeagen wier.
In pear dingen kaem er mei gauwens to witten, en hja brochten him in bytsje fierder. Liuwe wier net sterk, it wier yn it wirk to merken. Hy hime gau, en ienris liet er him ûntfalle det er net hird rinne koe; mei syn spieren koe er gâns, mar syn boarst wirke tsjin—Sjoerd seach it, en sûnder der om to tinken bigoun er alles foar de oar wei to nimmen, det dy sterk ynspanne koe. In skoft letter fornaem er oan de frou, Anke, hjar praet det Liuwe leard hie, yn Hollân, yn deselde stêd as dêr’t Esther nou wier, mar det er mids yn syn stúdzje weromkomd en wer yn de boerkerij tein wier. Ynienen skeat it yn Sjoerd op det dêr yn ’e frjemdte hwet bard wêze moast dat Liuwe sa makke hie as er nou altiten like, hwet ûnbigrypliks en skrikliks, en hy dreamde dy nachts bang. It tinken forliet him letter nea wer, hy fielde det it sa wêze moast, sûnder to witten hwerom.
Op in moaije hjerstneidei det Sjoerd hwet yn it hôf to birêdden hie, kaem it frjemdste. Djip yn tinzen oer syn siikjen de lêste dagen en mei syn hiele oandacht war dwaend, dêr yet hwet mear út ôf to lieden, skrille er ynienen op fen sêfte, streakjende toanen, tear en yn hjar lytste trilling hearber; immen spile fioele. Mei al syn opmerksumens harke er fierder; it hert bigoun him to jeijen. In wolken fen lûd like der oer it hôf hinne en wer to gliden, sims stil glânzgjend fen dreamerij en bliid oantinken, den rûzjend en triljend as in fiere klachte fen de wyn, oant it lûd driigjend oanswolde en it hiele hôf oerspraette mei de wyldens fen needlots-woedzjen, swier, brekkend, ûntsettender en wylder; den rûze it skriklike stadich wei yn mylder oertinken, sims yet grollich yn nou fortsjustere fierten. Do, linkenoan waerd de klank fen it ynstremint silvriger, bisonkener, sang fen in fiere dreamende wémoed dy’t de tinzen meinaem nei kriten fen frede dêr’t de klachte lottere waerd yn oantinken; mar wer riisde it tsjustere, al mar wer, de flok ynstridend tsjin de fortreasting, hate opstigerjend tsjin de wémoed, in great en wreed wiksel-boartsjen jimmeroan yn nije neirûzjende en oanboazjende wolkens fen lûd. Sjoerd stie dêr; hy wist det it Liuwe wêze moast dy’t spile; hy koe him net forsette tsjin de stream fen de lûden, hy gyng ûnder yn it fioele-sjongen, en noch, yn dat ûndergean, bleau er fûl freegjen „hwet mient er dêrmei, hwet moat dat, hwet bitsjut it!” Hy fielde det dêr de iepenbiering wier fen hwet er forstean woe, woe mei hiel syn krêft, en nou kaem hja yn in tael dy’t er net forstie. Op ’t lêst wist er net mear hwer’t er wier; hy wier sitten gien op in hast omwaeide apelbeam dy’t yet mei in skoar omheech hâlden waerd; syn holle bidobbe yn syn hannen, earst trieneagjend, do útskriemend sûnder him mear hâlde to kinnen, sûnder to freegjen, yn it kleare witten det it sa goed wier. Hiel it forline forriisde wer foar syn eagen, it doarp mei Anne en Minke, syn tsjinst, de swarte mounle deun oan it ûnderroune leechlân, frjemde ûntsjutbere skimen forwegen tsjin in silvrige eftergroun, yn it formidden de frjemde, ticht by him, al it oare oerhearskjend, nou mei great wûnder ljocht yn de stoarjende eagen. „Is it in minske dy’t dit kin?” tocht er ynienen. Hy huvere, fielde him foar hwet frjemds oer to stean, wier bang. De jountiid loek gear oer de ierde, de muzyk swige, it waerd hiel stil oer it hôf.
Dy joune stried er by de jounbrogge om him neat skine to litten; it stoarme yn him, de oaren liken allegear like rêstich. Earst tomûk en fensiden, stadich mei hwet mear moed seach er nei Liuwe dy’t to lêzen siet, deselde ynbannige earnst yn syn útsjuch. Do’t er skerp taseach, like it him det der hwet mear glâns laei as oars oer dat deistige, tinkende antlit.
Dagen nei dy joune bleau Sjoerd libjen yn himsels, doarst er it net mear oan, Liuwe nei to gean lyk er de earste wiken dien hie. Hy tocht nou det yn it bigjin allinne in soarte nijsgjirrichheit him oandreaun hie sa yn de oar syn bistean ynkringe to wollen; nou’t er ealge hwet dêr libbe, en er ienris wol net de krekte miening mar wol de greatens en it wûnder fen de oar syn djipst libjen sjoen hie, kaem der in tige skrutenens oer him, fielde er him ûntmoedige, ûnweardich, forslein. Syn egen libben wier to sterk, fearre to gau wer omhegen om lang yn dy dimmenens libje to bliuwen, mar do’t er de oar wer bigoun to siikjen wier it net mear om dy hwet heimsinnichs to ûnttwingen mar om’t der forearing yn him to libjen komd wier, en diel to hawwen oan de rykdommen fen sa’n bistean him hwet ûnbirikbers mar hearliks talike. Sims ek, mei syn tinzen werom yn egen forline do’t de stoarm fen it bloed yn him brûze en hy oan de seam fen minskene kriten forkearde, fielde er hommels himsels ryk en hast sterkernôch om de oar tomjitte to gean, mar as er it bisletten antlit mei de ivich swijende grize eagen wer foar him seach, doarst er neat mear.
In frjemde oanhinklikens foar Liuwe oer waerd yn him wekker, sims in ûnrêstich bisoarge wêzen as er him hymjen hearde ef wirch seach, meast in langjen det dy driigjende swijsumens twisken hjar tobritsen waerd, faeks ek in leed om de oar syn úthâlden fierôf-wêzen. Syn fielen, frjemd mingsel fen forearing, meilijen en ljeafde skerpe syn waernimmen yette, en hy wier mei gauwens wis det Liuwe him mei opsetsin ûntwiek en eltse bitroulikens twisken hjar mijde. Hy wier sims eangstich: scoe de oar, dy’t hy machtleas wier to trochgrounjen, him yn it wêzen sjoen hawwe mei de foarste eachopslach en tocht er faeks min fen him? Hy fielde det dat net wêze koe; oaren, frjemden dy’t earm en tsjuster wieren yn hjarsels hiene, as hja alles fen him witten hiene, him faeks smiten mei stiennen, mar dizze dy’t mear wier en wist, moast mear forstean kinne en better forjaen. Earder leaude er det Liuwe, boeresoan dy’t leard hie, him ta weismiten kearde om’t er him for neat goed achte as wirk, neat hie greater kâns as det dat opsetlik mijen it ynstinktive fielen wier fen it stânsforskeel dat hiel Fryslân forpestet. It like him frjemd det sels immen as Liuwe dêr yet net oerhinne sjen koe. En faek tocht er det er himsels alles ynbylde, det de oar mei him omgyng as mei eltsenien, sletten for de hiele wrâld, dos ek for him.
Op in moarntiid det hja togearre yn ’t bûthús oan it boarnen wieren en hy mei lege amers fen in stâl delstappe scoe mirk er det Liuwe, dy’t foaroer to pompen stie, hommels fen kleur forskeat. In gleon read loek oer syn wangen en foarholle, in pear tellen; do streamde it wer wei en hy waerd wyt as in deade. De pomp stie mei hwet kreakjen stil, Liuwe taestte mei de iene hân nei it hert, mei de oare striek er de mûrre bylâns oant er him delfalle litte koe op ’e bûthúsbank. Syn eagen gyngen Sjoerd syn kant út as yn eangst det hy it sjen scoe; mar dy mirk dat net, smiet syn amers del foar de pomp en wier mei in pear tellen by him.
„Skeelt der hwet oan?” frege er.
Liuwe loek effen mei de lippen, mar koe neat útbringe; der loek hwet bitters en wylds om syn mûle, as wrokke er dêr tsjin yn. Sjoerd seach dat effen oan, do krige er in ynjowing en helle hwet wetter yn in lokje dat er him foarhold. De oar knikte effen mei de holle en dronk, earst triljend, do rêstiger. Hy kaem wer hwet ta himsels, syn útsjuch waerd wer lyk as oars, mar syn sikens gyngen noch ûnrêstich en hy doarst him noch net forwege.
„’t Bitsjut neat, ik ha ’t faker” sei er, yet moeisum. „Ik wol net det jy der oer prate.”
„Dat is goed.” Sjoerd sei it sûnder him to bitinken, heal bliid det er de oar to wille wêze koe, heal ealgjend det dy miskien nou noch in pear wirden loslitte scoe. Mar Liuwe seach foar him del, de lippen stiif op mankoar, nei’t it like wachtsjend det Sjoerd him wer ôfjaen scoe. Do’t dy, noch hwet forwachtsjend, nêst him stean bleau, kearde er de holle hwet fensiden en sûnder him oan to sjen sei er, hird:
„Gean wer oan jou wirk.”
De triennen sprongen Sjoerd yn de eagen fen leed en greatskens. Hy fielde det er him mei al syn krêft ynhâlde moast, scoe er net rou útfalle en gekke dingen dwaen, syn hannen rôllen hjar op ta fústen; hie in oar him soks sein, hy hie de amers derhinne keild en wier foartroun, nou flime it leed det dizze him sa misjegenje koe, der trochhinne. Do seach er wer nei Liuwe dy’t him noch net oereinjaen koe, en tagelyk forstie er de leffens fen him nou hird to fallen.
„Ja” sei er do, en tagelyk kearde er him om, en forfette syn wirk. Hy mirk det nou’t er tajown hie, de oar syn bittere wirden him alhiel net hird mear oandienen. Der kaem in klear ljocht fielen yn him, hwet foldwaning om’t er him witten hie yn to binen en it bigripen, det hy nou greater west hie yn syn hâlding as de oar. Hy die rêstiger yn himsels en mei mear bitrouwen syn wirk, hy hie it lokkige fielen fen net mear de mindere yn alles to wêzen en it wier krekt eft er him frijer forwege koe, nou’t er de oar ienris foarby komd wier, al hie dy do ek himsels net west. By it middeisiten tocht er det Liuwe tomûk in pear kear nei him seach en fen de weromstuit wier it nou himsels as seach er dat sûnderdet it him folle skele koe, lyk Liuwe him eartiids hâlden hie ûnder syn achtslaen; net ien fen beide sei hwet, en hja wisten neat fen mankoar.
Dy jouns wier der op it doarp in politike sprekkerij. De ljuwe wieren der hast allegearre strang rjuchtsinnich, yn it doarp wier gjin reade ôfdieling noch neat, mar der wieren forkiezings op til, en de Grifformearden stjûrden in yn steatssaken ûnderleine skoalmaster dy krite bylâns, det er de broerren by hjar siel en sillichheit biswarre scoe net wegerich to wêzen de Heare to tsjinjen by de stimbos. Sjoerd teach dêr dy jouns hinne, minder om’t er forhope stifting op to dwaen as om’t er witte woe hwet der omgean scoe, en as it him slagge dêr in pear geastbisibbe jonges to moetsjen, to bisiikjen eft der fen hjar kant neat to bigjinnen wier mei de oprjuchting fen in ôfdieling en it fieren fen in krêftige reade propaganda. Hy seach forheard op do’t er, hwet let yn de herberge komd, Liuwe allinnich sitten seach oan in taffeltsje tsjin de mûrre oan, sljuchtweihinne forklaeid, en dúdlik him wer mei opset sin fen de oaren ôfsûnderjend. Hy bisleat sels hwet efteroan sitten to gean, det Liuwe it each net op him hie, en yn de inkelde rûzige minuten ear’t de foarsitter God’s seine ôfsmeke oer dit ûndernimmen ta syn eare, bisocht er by himsels út to meitsjen hokfor rjuchting hja by Aysma’s tadien wieren. Tsjerksk wieren hja dêr net, mar in kearmennich hie Sjoerd Liuwe yn de keamer lêzen sjoen yn in tsjok boek, dat grif in bibel wêze moast.
De seal wier fol boeren en arbeidersminsken, hirde, rûge antlitten hast allegearre, mei sims in bleek gesicht mei djip-sonken glânzgjende dwepers-eagen dêrtrochhinne; de boeren dy’t bymankoar sieten wieren hwet better útrist yn hjar swarte klean en praetten hwet lûder mei gâns dominijs-wirden troch hjar Frysk, de arbeiders liken dimmener, hiene hwet mear fâlden yn it antlit en de âlderen gyngen roungear. Allegear smookten hja tige, det wolkens reek mei gauwens stadich hinneweagen oer en twisken de hollen; de glêdde en ronfelige hollen fen it bistjûr forlearen hjar yn de walm. In wolken fen reek ringe ek nei it sté dêr’t de sprekker stie, efter in boerdtsje; efter út e seal wei like it hast plechtich, eft men swietrokige wjirk barnd hie for de reedner. Mar dy brimde sims gâns, en do’t er los kaem en de útnimmendheit lofsong fen it swarte biwâld, dat him wakkere fortsjinstlik like to meitsjen for de sinding, de bysûndere skoalle en de seedlikheit, kreake syn stimme as hiene de reekwolken fen tsjien eardere gearkomsten hjar alle gloede binomd en as wier hja joun foroardiele yn dizze lêste pleach fen it lân fen tsjusternisse ûnder to gean.
Do’t de reedner sletten hie mei in amper hysterysk birop om de bigjinsels dy’t yn de Heare woartelje, ek dizz’ kear mei mannemacht by de forkiezing foar to striden, âld en jong, earm en ryk, rekkenskip as hja hjir allegearre for skildich wêze scoene, wier it ta oan it bisprek. Nimmen koe oer dit kleare pleit yn to bringen hawwe, achte de foarsitter, en hy wier der wis fen forgees nei tsjinakselers út to sjen, do’t Liuwe Aysma nei foaren stoep, him oer de bistjûrstafel bûgde en him opjoech for debat. Ynienen loek der in izige stiltme oer de seal, forskate eagen seagen him ûnforhoalen fijannich oan, inkelden glimken sedich-spotsk; efter yn de seal wier ien do’t er dy namme hearde, oereinsprongen, en hold nou de sikens yn. Liuwe, bihindich en fyn nêst de grouwe swart-jassige mânljue, mar bleek en hiel rêstich, socht effen mei syn eagen de seal roun, oant hja foun hiene hwet hja sochten, en er, mei in licht omkrôljen fen syn lippen, effen de holle efteroer smiet. Do bigoun er, klear mar stadich, himsels bitinkend, siikjend nei de wirden dy’t syn tinzen it krektste dieken. Mar mei gauwens kaem der hwet yn syn tael to triljen, fûlder en machtiger wâlle de stream fen syn wirden, yn syn eagen briek in glâns los dy’t hjar ljochtsjen die fen bisieling, alles oan syn antlit wier yn forweging, tsjûge mei, libbe.
Sjoerd koe syn tinzen net by de miening fen de wirden hâlde. In pear dingen fong er op, hy hearde ho’t Liuwe spriek fen de wirden fen de Hear tsjin de rike jongfeint, oer it fordjerlike fen it hillich Boadskip to meitsjen ta ynset fen steatkindige striid, oer de ljeageneftichheit fen it regearjende skyn-Kristendom, det neffens Jezus de minsken gelikens wieren en det syn geast net huze yn tsjerken, mar dêr’t men dat as libjende wierheit forstie. Sims klonk sa’n wird ta him troch, it makke in stoarm fen blidens yn him wekker dy’t er net wist ho to uterjen, den krong er dat djip yn syn hert werom en hy twong himsels fen it libben yn Liuwe syn wêzen him neat ûntkomme to litten. It ûnmûglike wier dêr, hy seach de oar yn syn wêzen; in opfleagjende skrutenheit die him sims de eagen wer delslaen. In waerm en wûnder lok trochtrille him, as wier de poarte fen in great ryk iepensprongen en as siigden der nou streamen ljocht op him oan, en hy, de forsmiten heiden, fielde in twang yn him syn hannen út to sprieden nei omheech, fen tank for it delskinen fen dizze sinne. Al it oare om hjar hinne sonk wei, ek Liuwe tocht net mear om de minsken dêr’t er for spriek; de ien joech, de oar harke, en hja wisten fen mankoar.
Do’t Liuwe dien hie en inkelden skruten yn de hannen klapten, krong Sjoerd troch de mânljue hinne, nei foaren, en griep syn hân; hja seagen mankoar oan, en laken. Inkelden om hjar hinne loeken oan de skouders en gnoarren fen ôfpraet wirk, de measten seagen foardel, hwet biskamme.
De politike skoalmaster achte in andert oerstallich; hy miende útslutend for broerren yn de geast it wird fierd to hawwen, en liet it de Heare oer ûnleauwenden to oertsjûgjen. De gearkomste waerd tichtmakke, de minsken forlieten de seal, Sjoerd en Liuwe gyngen mei ’t lêst. Inkelde ienfâldige arbeiders bleauwen fen siden by de stoellen stean en lieten hjar foargean, mei jounsizzen. Hja diene bliid biskie, en stoepen de joun yn, meimankoar.
Mei rêdde stappen rounen hja de doarpsbûrren lâns; oant de púnwei sei nimmen in wird mear. Kloftkes pratende ljuwe hellen se yn en strûsden se foarby, sims in spitich en gnoarjend lûd opfangend dat op Liuwe syn drystens sloech; den kearden hja tagelyk hjar om en seagen yn it moanljocht de fûterer laitsjend oan, dy’t hjar net sa deunby forwachte hie, en him forbiet ef hjar hwet efternei joech. Bûten it doarp kaem de wyn hjar tomjitte, rûzich en sterk, de wei laei der blank en skjin foar yn it wite nachtskynsel. Sjoerd roun yn in dream, bisocht omdôch wer master to wirden oer himsels, fielde in frjemde waermens taweagjen om syn hert dy’t eltse kear wer tanaem as er om de oar en syn wirden tocht. Earst do’t hja al in ein op stap wieren, mirk er oan Liuwe syn hymjen det dy moeite hie him by to hâlden; hy naem hwet stadiger trêd oan en bitocht det er de oar, dy’t yet waerm wêze moast, net dalik ta petear twinge mocht. Hie it net west det er eange det Liuwe him tonei wer fierôf reitsje mocht en det er dos nou ta klearrichheit mei him komme mòàst, syn lok hie greaternôch west om wirdleas nêst him to gean oan de boerkerij ta, yn oantinken fen hwet west hie.
„Jy ha forstien hwerom ik joun dy dingen sei?” frege Liuwe ynienen, hwet triljends yn syn lûd.
„Om de striid dy’t yn ús libje moat.” Hy moast it sizze, fielde det hwet hjar gearbrocht hie foaroanstean moast, mar hope mear.
„Ek, ja. Mar ik haw ek tocht om fen ’e moarn, do’t ik sa útfoel. Dat like minachting, hird, mar tsjin elts scoe ik sa west hawwe. Ik moast allinne wêze.”
„Dat bigriep ik wol.”
„’t Hat my de hiele dei yn ’e wei west, men moat yen ynbine kinne, sels den. Nou wier ik bliid det ik hwet fen myn tinken sizze koe, jy witte nou det der gjin hearskerij mank wier. Wy binne wer goefrjeonen?”
„Ik ha jo der net op oansjoen.”
„Den binne wy wer lyk en kin it wer wêze sa as earder.” Hy sei it as in forlichting, it harke Sjoerd ta as wier er bliid det er wer nei de iensumheit gean koe. Effen wier er forslein, do biet er op syn tosken; hy hie bisletten det er Liuwe net ginne scoe him wer to ûntflechtsjen en forstie, det as er him nou net jilde liet, deselde ûnfornearbere fierens foartdalik wer twisken hjar ynlizze scoe.
„Dat kin net” sei er foars.
„Hwet?”
„Wer dat omgean fen jister en earjister. Dat is net to fornearen, sa meimankoar to libjen. Ik haw it al lang oars wollen, mar ik koe jo net, der wier gjin hichte fen jo to krijen. Nou, sûnt joun, haw ik dat wol. Ik kin jo net mear mei frjemde eagen sjen, ik forjit dit dochs net wer.”
„Yn de omgong bin ik altiten stroef. Der binne mar inkelde tiden det ik my jaen kin sa as joun. Ik stean mysels yn de wei.”
„Den moasten jy dat foroarje. Mar it is ûnwier, jy binne út josels net sa bisletten, sa as joun en as jy spylje, dat is jou wiere wêzen. Mar om de ien ef oare reden dy’t ik net wit, nimme jy deis sa’n hâlding oan, tsjin eltsenien. En hawwe jy niis net sein det men yens neiste in broer wêze moast?”
Sjoerd seach him, mei dat to sizzen, fensiden oan, en mirk yn it wite ljocht det syn mûle hwet forloek. In skoft lang roun er swijend, hy like om wirden to siikjen, der moast in stille striid wêze yn syn ynderlik. Do sei er, hwet moeisum:
„It scoe my moeije as jy my dochs for heechhertich oanseagen. Ik kin allinne mar sizze det der hwet is dat my fen alle minsken fier hâldt. Dat moatte jy earbiedigje.”
„Joun op ’e gearkomste hawwe jy it for dy kliber minsken wol britsen. Den kin it twisken ús ek sa. Ik bin net minder as dy ûnwittenden.”
„Krekt om’t hja ûnwittend binne hawwe hja nedich det ien bisiket hwet witnis yn hjar to weitsjen.”
„Krekt om’t ik hwet mear wit haw ik nedich det ien my foartsterket en my forstiet.”
Hy wist net hwa’t him dy wirden foarsei; earst do’t er se sein hie, fielde er ho goed en wier se wieren. Liuwe bleau swijen, like der gjin andert for oer to hawwen. Hy fage mei de hân oer de foarholle en it wier as wanke der hwet eangst yn dat gebeart; hy seach nei de loft en de stjerren en Sjoerd tocht det der yn syn eagen ek in bange gloede laei. Hy bigriep nou hommels det er mei syn driuwen en opjeijen faeks ûnminsklike wreed wier, mar moast fierder, om’t it tinken nou yet weromdreaun to wirden, him to mânsk west hie.
„Jy moatte my forjaen” briek Liuwe hjar swijen. „Ik wier by heites biwend rekke oan minsken dy’t neat fregen as op tiid hjar fortsjinst, en my yn myn wêzen lieten. Ik hie klearder sjen moatten hofolle mear minske jy wieren, en dêr yn myn hâlden en kearen nei dwaen. Ik moat jo faek to koart dien hawwe. Mar as jy witte det ik goed fen jo tink scille jy my myn iensumheit wol ginne.”
„Ik tink net det ik it kin. Ik ha dêrtsjin fochten fen det ik jo for it earst goed sjoen hie. Alles haw ik neigien fen jou sjen en jou dwaen, der forloek gjin spier op jou gesicht ef ik mirk it. En dat scil sa bliuwe salang’t ik by jimmes bin.”
Liuwe bleau stean, de grize eagen nou ljochtsjend fen frjemde steurdens en se fûl stjûrend nei de oar syn rêstiger, mar fêst-birette eagen, dy’t net delslein waerden.
„Siz den hwet jy krekt wolle. Dit is sa net út to stean.”
„Frjeon wêze, iepen en klear, sa as dat moat. Jy kinne net folle fen my witte, mar jy hoege net op my del to sjen, yn neat. Myn libben hat swier west, oars as fen de ljue om yen hinne. Ik kaem by jimmes nei gâns leed en striid, ik haw nea ien yn myn libben hawn dy’t my alhiel forstie, ik wist det jy it koene. Ik biddelje om neat, mar ik siz jo det ik rjucht op jo haw. En ik bin net earm, ik kin meistride en meilije. As wy dy’t beide sa stipe nedich hawwe en sa nêst mankoar stean, nou noch elkmis syn wei wer gean, kinne wy ús like goed fordwaen. Dat is weismiten fen it bêste.”
Hy wier klear en fêst ynset, mar meinomd fen syn tinzen en syn wrakseljend hoopjen, waerd syn lûd ûnwisser en kaem der in fochtige glâns yn syn eagen; hy fielde de forleging, hy dy’t safolle trochstriden en trochlibbe hie, om in bytsje frjeonskip fjuchtsje to moatten, al wier it by hwa’t him it ljeafst wier. Liuwe suchte swier op, seach fen him ôf en joech him wer fierder; gâns in skoft swigen hja, wylst Sjoerd, woune, him al minder bitwinge koe en triennen fen spyt opkommen fielde.
„Ik wit net” sei Liuwe op ’t lêst, „hwet jo sa praten docht. As it oars net is as det wy beide iensum yn it libben stean en nou mei bigripen mankoar de swierens fen dy iensumens hwet forsêftsje kinne...”
„Jy dogge neat as ynfreegjen op myn en allinne myn fielen. Ik woe det ik wist hwet ik oan josels hie. Ho’t jy fen my tochten.”
„Sûnt lange tiid” sei Liuwe stadich, „haw ik net mear fen in minske hâlde kinnen, hwa den ek. Ik kin net sizze hwet myn libben tsjuster makke hat, mar ik haw sa’n barnende hate hawn yn alles om my hinne, det ik my for ivich frjemd oan de oaren wist. Ik seach net ienris mear nei hjar, it makke my wé; ik libbe allinne mar nêst, en bûten hjar. Der wier in gerdyn twisken my en hjar fallen. It is eft jy it wer fensiden slaen wolle. Mar myn eagen scil dat blyn meitsje, ik kin it net mear.”
„Mar hwet bitsjut den jou spyljen, jou sprekken tojoune, jou laitsjen niis?” Hy hâldde syn siken yn, hy mirk det er neijer kaem, en woun.
„Dit det ik stadichoan bigriep det dat tsjuster en dy hate net goed wier, det men tsjin alles yn ljeafhawwe moast. Ik libbe op ’t lêst, en haetsjen wier myn wêzen net. Yn myn iensumheit haw ik ... God socht. En syn ljocht is stadich wer yn my to skinen komd. Noch wieren de minsken my frjemd, mar him koe ik tsjinje. En sa kaem ik wer stadichoan tichter.”
„En wylst bin ik jo tomjitte gien en ik haw jo hân nomd en wol mei jo fierder de wrâld tomjitte. Lit ús gean.”
Noch in skoftke bleau Liuwe stil. Do sei er, moeisum:
„Sa frjemd is dit allegearre. Jy lykje sterker as ik, ik kin jo net bûten keare. Ik hie net tocht det ik sa’n ien noch moetsje scoe. Wol bin ik der bliid ta, ik wit ek wol det wy nou in moaijer tiid tomjitte gean. Mar haw gedild mei my. Ik kin jo net alles sizze...”
„Ik woe dochs det der neat mear twisken ús ynstean scoe.”
„Ik kin net, nou noch net. Jow my tiid. Miskien scil ik it ienris kinne. Wêz nou tofreden mei hwet jy woun hawwe, det wy net mear as frjemden meimankoar omgean scille en bisiikje mankoar al better to forstean. Nou’t ik wit ho sterk jy binne, bin ik wol oars oer jo to tinken komd, ik sjuch jo nou oars en bin bliid det ik jo nêst my ha scil. Twing my nou net ta hwet ik noch net sizze kin, dat scoe alles brekke. En it is sa sa goed.”
„Den is it my sa genôch.”
De wei troch it lân rounen hja swijend, elts yn syn tinken wer allinne, mankoar noch to frjemd om sûnder wird to forstean hwet der nou yn de oar libbe, mar ien yn de skrutene blidens om de jonge frjeonskip dy’t opbloeid wier twisken hjar greate, stridende minsklikheit. Hja fielden nou ynienen ek neat fierders sizze to kinnen, hja seagen der ûnwittend tsjin oan mankoar wer mei gewoane eagen to sjen en dochs mei it witten fen hwet hja inoar ûnthjitten hienen. De loft wier stjerreklear, as in dizige wite bân teikene de Môlkwei mank it djip-nachtlike blau; in moanne-witens dreau yn silvrige gazen troch de loft, blonk oer de blank-riljende sleatten, forskeat skimich oer it lân as in reagich wolkje de streamend-wite ljochtskiif foarlâns dreau. Hjar tinzen kamen ta sêftens, de striid bêdde him del en it nije libben laei goed en frede-djip twisken hjar. By de homeije kearde Liuwe him mei glânzgjende eagen nei Sjoerd, en sei mei triljende lippen mar nou mei in klear bitrouwen det it by de oar feilich wier:
„It wier hjoed de dei fen dyjinge, dy’t....”
Hy koe net mear, syn lûd bijoech him; hy biet op syn lippen, syn antlit loek gear en it wier eft er útboarste scoe. Do seach er wer nei syn frjeon, en mei de earmtakke op ’e hiemshikke, wraksele er mei himsels om him yn to binen. Hy waerd wer sterker, it wier him net mear oermânsk. Do rjuchte er him heech op en wylst syn eagen fier oer it fjild gyngen, sei er by himsels:
„Altiten is it der noch, dat oare, en it scil der altiten ek wol bliuwe. En nou, nou dochs to sizzen, det alles, alles goed west hat en is. En dêrfor tankje to kinnen, for it leed ek. Frjemd det it nou net mear ûnmûglik liket.”
Sjoerd koe dy nachts net sliepe; in frjemd fielen trochtrille him dat him nou de triennen yn de eagen twong en den wer stil foar him út glimkjen die. It wier net hwet er yn syn moaiste dreamen oer Liuwe forhope hie, det dy de poarten fen syn siele iependwaen scoe en him, de earme, ynlitte om him ryk to meitsjen mei al syn greats. It wier det er in stik fen dy syn leed ôfnomd hie, him it wer mûglik makke hie to libjen, en sels, ûnder dy nije lêst op syn skouders, fielde ho licht it droech, ho hearlik jong er wier, en sterk.
Dizige winter kaem oan en makke de romten yet forlittener, de kleuren fen de ierde yet fealer. Yn wide sprieding, fen kym ta kym, leine de fjilden to slomjen, ûnder it hinne en wer skouwen fen wolkens en misten; foriensume stiene de pleatsen twisken hjar keale mantels, dêr’t de wyn ûnwennich troch rûze. Sims dreau de himel klear, en op in joun gyng de sinne ûnder in bloedread en lôgjend giel, hjel útstreamend boppe it doarp en syn swiere toer, de finsters in skoftke bitsjoenend yn oerdiedige skittering; as de toerslach dêrtrochhinne foel like it in stik fen lang-ôfstoarne wrâld wer forriisd, mei sûmbere bitsjuttings oan ’e kym fen ruters dy’t op snuvende hynsders oanstoarmen yn bloedige sfearen en dêrtsjinyn de weitsrop fen de klok oer it lân. Sa wier it inkelde kearen det der froast op til like, mei ljochtmoanne; den kamen wer de dagen, lange fortretlike rigen det it ljocht in forlijde dream like, heal dwêst troch drôfenis fen triennen.
Mar de feinten op Aysma syn pleats tochten net om hwet ienlike minsken faek swier weacht, in nije strieljende wrâld wier yn hjar herten forriisd, by de ien noch wol fûl stridend tsjin it bihearskjende tsjuster yn, mar by Sjoerd ien machtich opbrûzjen fen sterk jong libben dat útsloech yn syn eagen en syn kinnen fordûbele. Hy wier net mear allinne, hy waerd forstien. It wûnder wier dêr det dy greate ûntsachlike wrâld dy’t machtich wier troch hjar dommens en wreed troch hjar leffens, dy frjemde biheining fen libjende wêzens, allegear longerich op bloed en krêft fen hjar neiste, him allegear fijannich as de wriggen dy’t yn neare tiid him de sliep ûntkearden, det hja ien, ien minske bisleat dy’t lijde en stried as him, dy’t syn hoopjen dielde, him forstie sels dêr’t er himsels amper forstean doarst. En dizze libbe nêst him, yn ien gearlibjen, eltse dei koe er by him wêze, eltse ûre nei him ta gean en sizze „bigrypstou dat? hastou dat ek sa tocht?” En as den it bigripen der wier en de oar glimke fen ja, den wier der in nije wierheit berne, wierheit dy’t gjin stream fen tiid mear weispiele koe yn syn ûnthâld, den wier der nije fêstens jown oan syn libben, nije rykdom oan syn forstean.
Hy fierde in greate striid om himsels yn ’e macht to hâlden, det er net to optwingerich wirde mocht, net to lûd en drok by Liuwe syn ûntobritsen earnst dy’t de stiltme ljeave. Hy hie safolle to sizzen, tsjin nimmen hie er him ea útprate kinnen. En hy fortelde alles, alles, bytiden yn eangstige ûnrêst det er de grounslaggen fen hjar frjeonskip forniele scoe mei safolle dat him nou lyts en ûnweardich like, en jimmer mirk er det it dochs hâldde, dochs bleau, en sei er wer mear—neat woe er for himsels hâlde, syn hiele hiele libben scoe hy hawwe dy’t de iene yn syn libben wier. In set lang skrille er werom for de dingen dy’t er yn earder tiid ûnsuver yn him wist en dêr’t er ûnder de earnst fen dy grize eagen him ilindich for skamme, do bitocht er ho ûnweardich en falsk it wier net it minne fen yensels to sizzen oan ien dy’t yn yen leaude, en deselde jouns frege er Liuwe mei nei bûten en sei, hy moast him noch hwet sizze. Liuwe harke, noch earnstiger, sei him det it him genôch wier yn syn frjeon to leauwen lyk er nou wier, det hwa’t troch sûnde tein wier en dy’t wraksele hie om wer to rizen, better as hwa de wierheit en de genede fen it goede forstie; dochs like er effen hwet leed to hawwen. Neitiids wier er wer lyke myld en Sjoerd kastijde yn syn tinken himsels mear as ea det er him njunken de oar yet sa bidoarn fielde en waerd heal wyld yn syn fortwiveling, eft er him den nea weardich wêze scoe.
Linkenoan, mei’t Sjoerd troch folle striid, eangst en lok hinne syn hiele wêzen útstoart hie, do’t er tinke koe: „nou sjucht er my hielendal, yn myn lytsens èn myn goeds” bilune de oerstjûrens fen dat optwingende jaen en kaem der mear stiltme twisken hjar. Mar yn dy stiltme riisde, in wite blom yn tear oerwyndere herne, yet oar en heger moais: fen de soargen en it tinken om himsels ûntslein, frij oer foar alles, foar God en de minsken en de bisten fen it fjild om’t nou immen fen him wist, bigoun er Liuwe sels al klearder en suverder to sjen, net as de bitroude dy’t alles fen him oernaem, mar as de minske yn syn egen suvere wearde. Do learde er stil to wirden en sêft, en syn hert waerd ien mylde forearing. Noch wist er net hwet de oar syn libben britsen hie, mar hy skrille in jountiid op do’t er bitocht, det wylst hy ta it lok komd wier troch de bitrouwende stipe fen in oar, Liuwe yn de folsleine iensumheit syn greate striid hawn en syn oerwinning bihelle hie, sûnder ien minske syn stipe. Do like syn egen hiele libben him hommels earmtlik en neatich, en it tocht him det er ûnrjucht tsjin Liuwe bigien hie, det er dy net jimmer as de sterkste heech boppe him field hie. En it wie’ ommers wier: ho tige deselde wier Liuwe bleaun as eartiids, hofolle klearder en greater wier hy yn syn earnst dy’t bleau lyk as hja wier, as him dy’t in opslûpen jonge like mei syn oerstjûrens en den wer forbûkens! Dochs wier der nou in stille glâns yn Liuwe syn eagen; syn, syn wirk wier dat.
Hja gyngen nou alhiel as gelikensen meimankoar om; Sjoerd wier mear yn de foarkeamer, mei Liuwe by syn brede rigen boeken as yn it milhûs. Sjoerd wist det it net sûnder striid gien wier; de boer koe soks skoan oansjen, hy mirk ho’n goed dit ek Liuwe die en glimke om de feinten hjar omgean mei mankoar; mar mei Anke hie it biswieren joun, hja liet hjar net fen it bigjinsel ôfbringe det elts op syn stân en plak bliuwe moast, en ienris, in middei by ’t iten, liet hja hjar, ûnoertocht en hastich, in mennich hirde dingen dêroer ûntfalle, dy’t makken det Liuwe oerein gyng en foartroun. Dyselde middeis hie de boer for syn dwaen ûngewoane lang mei hjar yn de foarkeamer praet; do’t hja wer forskynde, like hja gûld to hawwen en hja knoffele in kopke, sa staetten de lea hjar oan, mar hja wier gâns sêfter en sei by it tédrinken hommels det hja tofolle sein hie, sûnder to sizzen ho en hwerom. De oare ljuwe seagen mankoar binijd oan, hja seach strak foardel en tiisde hwet mei it kleedtsje ûnder it téblêd, en do’t men tocht det hja fierder gean scoe sloech hja yn oar praet.
As hied er in fêst doel foar eagen, sa wijde Liuwe him yn de wrâlden fen it skreaune en de kinst yn. Meimankoar bipraetten hja alles hwet hjar oandacht naem, de forhâldings fen minske ta minske om hjar hinne, de wearden fen minsklik fielen en it uterjen dêrfen, de frjemde twaspjalt yn Fryslân twisken it egen folkslibben en it frjemde dat der as in net oer taleit; by hjar great forskeel yn wêzen wieren hja beide Friezen, hiene beide mear fen de wrâld sjoen en seagen hja goeds en binypts fen it egene dêrtroch nammersto klearder. Sims spile Liuwe him foar, net faek; it wier him hast to machtich dêr rêstich by to sitten, hy moast dat hearre lyk dy jouns yn it hôf, en djippe muzyk makke him yet to ûnrêstich, hy wist der him yet net ryp for. Mar hy hie nedich Liuwe lêzen to hearren, syn dimmene rêstige wize fen de dingen to sizzen, fersen, toaniel; den siet er wer to harkjen as yn syn jongestiid by Minke, it kin yn syn hânsdobbe, de knibbels oer mankoar, de eagen net fen Liuwe ôf. Hwet hy sa hearde, song nei yn syn earen; al ûntkamen de wirden him ek wer, it rhythme bleau, waerd it winst fen syn wêzen. En de tiid kaem det er sims sels sa de dingen bigoun to sizzen, sêft foar him út as er allinne wier, yn dy moaije effene streamings mei de optilling fen it rym dêrtwisken, dêr’t er wet noch wizânsje fen wist mar dy’t wûnderlik licht yn him to libjen kamen. As er tocht om syn âld doarp en Liuwe, den rigen de wirden hjar hast fensels sa.
Ienris, nei melken, det hja wer sa sieten by it skimerich ljocht fen piano-kjersen yn de foarkeamer, wylst bûten de wyn rjucht op de blinen stie en Liuwe tsjin it swart glânzgjende ynstrumint oan to lêzen siet, syn antlit en eagen fredich forljochte fen it rêstige skynsel, kaem Sjoerd klear en rêstich to tinken oer de aerd fen hjar fielen. Sims, allinnich, hie er dêr earder op trochtinke wollen, mar den kaem der hwet skrutenens yn syn tinzen, hy glimke en tocht oan hwet oars; nou doarst er him dêr better yn bijaen, de frede om him hinne like festichheit dêryn. Dochs hied er striid; it wier him as rôp er mei syn neifreegjen hwet wekker dat net hearde en dat er dochs net fen him ôfsette koe. Ynienen frege er Liuwe:
„Leaustou det it goed is oer alles nei to tinken?”
Liuwe die syn boek ta. „Ja,” sei er, „as men mar djippernôch tinkt. Tinken is nedich om yens fielen to forstean.”
„Mar as men mei dat tinken spoeken wekker ropt?”
„Tink den fierder, den komt men dêrtroch mei goede geasten wekker to roppen, en den is alles goed. It is it heale tinken dat sa bidjerlik is.”
„Ho neamstou den it fielen dat twisken ús twaën bistiet.”
„Dat witst wol, dat is frjeonskip.”
„Dêr haw ik oer neitocht de lêste dagen. Langlêsten hast ris sein, frjeonskip wier dat fielen nei hwet men oan yensels yn oaren gelikens wist. Mar sa is it by my net. Ik hâld fen dy omdetste oars bist as ik.—Yn Gods namme, hwet hast?”
Liuwe wier oereingien, it like him near to wêzen; hy joech him lynjend oer op ’e piano en sykhelle moeisum; Sjoerd forwachte, kjel, itselde as dat er ienris yn it bûthús meimakke hie. Hy seach ho’t Liuwe wraksele om himsels to bliuwen, de foarholle gearlitsen, de eagen ta. Do hearde er, swier en stadich:
„Ast om my jowst, praet den nea wer sa. Dat makket it bitterste wer wekker, den krijt myn hate wer macht oer my. En tink ek nea wer sa, ast net wolst det it like ilindich wirdt as it nou moai is en ljocht.”
Sjoerd doarst der neat mear tsjin yn lizze, wachte effen, brocht do it praet op Liuwe syn nearens, det er dêr yn forsjen moast, en kaem op it oare net werom; mar djip yn him fielde er hwet skriemen, hwerom wist er net, as wier er hwet kniesd. Dy jouns laei er yet lang to tinken om it forskeel det er, by alle oerienkomst, nou ek twisken hjar wist en dêr’t er tonei nea mear blyn for wêze koe: det in tinken, dat for him hjar frjeonskip yet riker makke, by Liuwe op sa’n forset stuite en dy sels flokber like, sà det er dêr net mear op trochtinke woe, wylst hy sels yet effen earder sein hie, det as men moed hie men op ’e boaijem fen alles it ljocht weromwoun. Tagelyk skeat it him yn det er yette nea alles fen Liuwe wist, en hy seach de greate kar, nou altiten sa fierder to libjen mei dy heimnis twisken hjar yn dat alles skeine scoe, ef sizze det nou de tiid komd wier det er witte mòàst, om ek fierder bigripe to kinnen. Hy naem him it lêste foar, tsjin Liuwe syn frjemd warskôgjen yn, en joech him do nei de sliep.
Do’t er, de oare joune, wer yn ’e foarkeamer kaem, mei syn doel klear foar eagen, bleau er by de doar forheard stean. Liuwe siet op in sit oan de tafel, en nêst de piano, op itselde plak dêr’t Liuwe jister line hie, stie, krekt sa biskynd fen it kjersljocht, in bloun fanke mei earnstige blauwe eagen en in bleek antlit, dat just hjar eagen fen Liuwe kearde en him taglimke. Liuwe gyng oerein en wylst er mei de hân effen nei it fanke wiisde:
„Myn sister,” sei er, „Esther.”
De foarste dagen det hja thús wier seach Sjoerd hjar mei ûnwillige eagen oan. Hy woe syn frjeon bihâlde, mei him allinne wêze, der wier yet safolle twisken hjar to trochstriden, nou binammen; mar Esther forliet hjar net as hja nei it birêdden fen it wirk praetten oer dingen dy’t hjar ljeafde hienen, hja wier trochrinnend yn Liuwe syn selskip. Sjoerd koe der net blyn for wêze det der in forstean en ien-wêzen twisken hjar bistie klearder en djipper yette as syn frjeonskip mei Liuwe, hja liken mear fen mankoar to witten en kamen inoar yn hjar wêzen ek tichterby, earnstich en stil beide al wier it dúdlik det op Esther net de flok fen in forhoalen forline woech. Oant nou ta hie it stille greatskens yn him west det er Liuwe alhiel for himsels hie, sa det syn oare sibben yn hûs hjar wisten to kommen yn it twadde plak, det de frjeon de soan neijer stie as syn egen heit; nou nimt de famylje hjar rjucht werom, tocht er bitter, en ik kin wer yn de skimer stean gean. Hy koe net diele yn Liuwe syn stille blidens om de weromkomste fen dat earnstige blau-eagige fanke, hy koe syn egen diel yet lang, lang net misse, en fen de weromslach wier er deis yn it wirk sunich mei it wird tsjin Liuwe, as fielde er him to koart dien.
En in joun do’t er langer as Liuwe for it ôffoerjen yn it bûthús bleau, fielde er him sa delslein det er him foarnaem dizze ûremennich allinne mei himsels to bliuwen en net nei foaren to gean. It wier gâns in bislút en heal en heal fielde er, det er dêrmei gjin rjuchtlike wei bigyng en earder lyts wier as great, mar syn greatskens wier wer sterk yn him riisd, en waerd him oermânsk. Hy krige út syn kiste in pear boeken dy’t er himsels oantúgd hie en bigoun to lêzen, mar hy koe syn tinzen net by de wirden hâlde, der libbe hwet oars yn him, in frjemde ûnklearens dy’t him binearje scoe as er se net utere; yn de dream wei sleepte er de bank nei in herne, det er syn foetten der yn ’t lang oer lizze koe en mei de rêch tsjin de mûrre lynje, krige in stik pompier en in potlead en bigoun to skriuwen hwet yn him opkaem. Ho lang’t er sa siet, wist er sels net; der wier in wûndere freedsume stimming om him hinne en yn him, de sêfte lûden fen it hinne en wer skeuken fen de kij en it swiere suchtsjen, nou en den, fen ien dy’t lizzen gien wier, makken in stil gerûs om him hinne dat goed by syn tinzen foege. Einlings bigoun er to fielen det er net mear allinne wier, yet ôfwêzich mirk er de doar iepen, do seach er ynienen op. Yn de doar stie Esther.
Ynienen seach er ho moai hja wier. Sa’t it ljocht fen de lantearne hjar antlit biskynde, fyn en bleek ûnder it sêft-goudene hier, de wilskrêft fen hjar moaije, bisiele mûle timpere fen de dreame-glâns fen hjar eagen, de holle hwet foaroer nei him ta, efter hjar it tsjuster fen de tsjerharne, like hja oars en mear as in minske. Hy fielde det er ûnrjucht bigien hie, oan hjar, en gyng mei in linige swaei fen syn foetten rjucht op ’e bank sitten, syn antlit, yn itselde ljocht stil útkommend yn de krêft fen syn linen en it striidbere om syn mûle, hwet efteroer, syn blauwe eagen dêr’t it nou krêftich yn glânzge, earnstich yn hjarres, in pear tellen mar. Do fleach it bloed him nei de holle, hy fielde it syn wangen gloedzjend, lilk op himsels en skruten for hwet hja dêr út tinke moast, èn om syn skriuwen dat hja fensels sjoen hie. Do sei er, as útliz en teffens om him in hâlding to jaen:
„Ik tocht krekt oan goede dingen, dat kaem moai út; oars hiene jy my kjel makke.”
„Jy hienen it fortsjinne” sei se, earnstich. „Hwet dogge jy hjir to sitten? hwerom bin jy net by ús komd, as oars?”
Hy tocht eft er bisiikje scoe der for wei to winen, mar hja seach him sa earnstich oan det er gjin heale wierheit út syn mûle krije koe.
„Ik bin der ljeaver net oer” sei er do, „en ik wit net ho lang jy hjir bliuwe. Ik bin dochs ommers mar in frjemde.”
„Dat is net great, sa to praten. As jy sein hiene: ik hie jim net nedich, ik woe de iensumheit, dat wier hwet oars. Mar dit! It is egentlik minder as in ûnwierheit, hwent jy witte wol better.”
„Dat wit ik net,” sei er, yet dwers, mar hy bigoun him slim to skamjen.
„Ik moat jo hwet sizze” sei se ynienen, en gyng nêst him sitten op ’e bank, de hannen yn de skerte. „Jy binne Liuwe syn frjeon, wier? Hy hat my dêr hwet fen skreaun, en ik wier der hiel bliid ta; hy wier hjir fierstento iensum, en foun út himsels de wei nei de minsken net werom. Mar ik tink dochs det jy gjin goede frjeon for him binne, jy fergje him tofolle. Jy witte net hwet er hawn hat, ik ek net hielendal. Mar jy moatte goed en stil for him wêze, dat moatte jy my ûnthjitte; ik ha sa’n noed mei him. As jy in bliedend en woune hart moeten, scoene jy it den noch fierder opdriuwe, ef it to drinken jaen?”
„Hwet jy dêr sizze is skriklik” sei er kjel. „Tochten jy det ik sa...”
„Ik sei it nou miskien hwet sterk, it is mar in rie. Ik wit hofolle jy fen him hâlde, en den is it better sa.”
Der gyng in skoft foarby foar’t er wer praette. Einlings sei er, biswiere:
„It is krekt eft ik ynienen skild op my to rêsten fiel. Ik hie ’t nea sa sjoen, Esther, om’t ik altiten meast om mysels tocht haw. Dêr moat men wol frou for wêze, om sa fen in oar to hâlden. Mar ik mei al myn optwingerij fen mysels, dat forflokte gedriuw ... Ik hie mysels wakker heech, mar der is nou net folle mear fen oer.”
Hja stoep wer oerein, en treau de doar iepen. Hy folge hjar, en yn dy telmennich wier it as wier alles foroare, syn fielen for Liuwe, mar syn tinken oer hjar yette mear. Der hie oerginst mank west, yn it earst, nou wier der in greate blide forearing yn to libjen komd. Do’t er dy joune op bêd laei, hied er hjar byld aloan foar eagen, en it fornuvere him ho earnstich hja wier en biret, en dochs mei in sa ljeafde-rike tearens yn hjar eagen en hjar lûd. Hy moast by himsels sizze det er nea earder in fanke sa sjoen hie, mei sa’n egen en ryk libben, en mei sokke formogens hjarsels to forjitten for hwa’t hja ljeafhie; hja wier mear, sa ûneinich folle mear as him. Liuwe syn sister, Esther, hy sei de namme stil foar him út yn in kleare en djippe frede, wylst de sliep al oer syn eachslidden loek.
Nea is der sûnt ien yn syn libben komd dêr’t er safolle fen leard hat as fen hjar. Hja wier net mear in fanke út ’e âlde wrâld, ien dy’t oars gjin tinken hie as egen ljeaflikheit, jonkheit en it bytsje fleagige fielen dat hja for ljeafde hâldt, hja hie it libben oan hjar ûnderdienich makke, hja regearre oer hjarsels en hjar tinzen mei in kleare ljochtsjende wil; dêrby wier hja ynlik frou bleaun, minder maklik hjar faeks jaend oan ljeafde for in man, mar dêr’t der ien kaem dy’t hja, sels hja, yn hjar tinzen as kening earje koe, einleas en great yn hjar jaen. Hwet de natûr oan de mânljue by de Aysma’s ûntkeard like to hawwen, wilskrêft dy’t it libben bitwingt, op hjar foarholle troane hja, hja wier yn elts wird fen hjar mûle, eltse glânzing fen hjar eagen. Simstiden giet der sa’n frou troch de rigen fen minskheit, en mar inkelden binne útkard om hjar to forstean, mar dy’t ienris hjar dreamen dield hat en wit hwet der libbet efter dy sels-forkeazen ynbannichheit en mei hjar it libben skôge hat, dy syn dagen binne as forklearre fen in iepenbiering en hy forstiet it wûnder fen Ljeafde, lyk hja forskynd is oan de Alden, en inkelde bigenedigen fen letter tiid.
Hja brocht in frjemd fielen fen feilichheit en witten op de ienlike pleats fen de Aysma’s. As fanke hie hja hjar mem jong forlern, hja hie tiden lang triennen glânzgjen sjoen yn heite each dy’t hja wer droegje moast mei tsjin him oan to krûpen en mei hjar hantsje troch syn hier to streakjen; en Liuwe wier dêr, as jonge faek swak en stjûrleas, dy’t honk by hjar socht as it libben him swier waerd en al syn swierrichheit meibrocht nei hjar. En hja treastge as famke, soarge do’t se âlder waerd, wekke as folwoechsen frou. Hja koe memme-wille en -noed mei in hiem fielen forstean, hja wist hwet it wier al wier der neat groeid yn hjar skerte, hja wier ryp yn hjar tinken do’t de oaren yet boarten mei poppe en bisytsjen. Dy tiid, as de jounen kamen det Liuwe, siik, fen koartse to woeljen laei op syn bêd, eang ljocht yn de glânzige eagen, stoep hja ôf fen hjar sliepsté yn hjar nachtjurk, mei bleate foetten, gyng den sitten foar syn bêd, en hjar wang stiif oan tsjin sines, tocht hja om Mem en bea det dy mei hjar oer hjar jonge weitsje mocht. Ier hie hja de striid kennen leard en it leed, en as fanke hie hja sims wirch west, hjar rie ta’n ein det de simmer nea net mei in greate en sterke dei strielje woe for hjar, mar den bitocht hja hwet der fen heit en Liuwe torjuchte kaem as hja net sterk stie, en de lippen kamen yet hwet stiver op mankoar: der moast dochs ien to sjongen gean yn it hôf, en it is swier, bliid to sjongen as alles yn yen skriemt.
Earst letter, do’t hja hjar striid woun hie, do’t hja Liuwe rêdden hie for it libben net allinne, mar ek for hjar witten fen rjucht en greatens, kaem de tiid oan det hja mear libje koe for hjarsels en egen wei troch it libben siikje. Yn in pear jier helle se mei hjar stúdzje yn dêr’t oaren fiif oer dogge, en wer koe hja, tagelyk mei Liuwe dy’t se nou fensels oan himsels oerliet, hjar om utens jaen to learen. Hwet hjar dêrta dreau wist hjasels net klear, mar net follen koene hjar mei learen bilykje, en hja hie in fielen det ho mear se yn hjar opnaem, en de dingen fen it libben bifieme, nammersto mear se letter de minskheit werombitelje koe. Hja libbe dêrfor mei hjar hiele wêzen, yet in skoft yn bislach nomd troch de âlde soargen do’t Liuwe dochs wer stjerrens-siik rekke en syn learen oerjaen moast, oars mei al hjar tinzen by hjar wirk en ho’t hja letter de wrâld it meast ta seine libje mocht. Wol libbe de toarst nei ljeafde sterk yn hjar en bleau hja minske yn al hjar groei en striid, en gâns frjeonen krige hja dy’t mear wêze woenen as dat, mar hjar glimkjen bleau sa stil en frjeonlik det der nea tinzen wêze koene oer hwet oars, en wylst hja hjar herte ryk makke mei alle greats en it ré hold to jaen as der ea in greaten dy’t se ljeafhawwe koe, yn hjar libben kaem, birêstte hja as hja soks sels in dreambyld tocht en iensum miende to bliuwen. Hjar antlit hie de teikens fen wilskrêft en moed, mar yn de klearens fen hjar eagen ljochte de glâns fen in ljeafde dy’t ré is ta alles.
Esther, dû greatste en meast bigenedige, dû scilst my forjaen as ik net mear fen dy siz. Myn stimme is skruten, en net ik bin hwa’t dyn frjemde hillige geheimen trochgrounje scoe. Ek de fûgel dy’t yn stiltme fen moannenacht sjongt is mar in feal lichumke mei lyts forstean by de greate kleare wijing om him hinne, ek de wyn dy’t de weagen sjongen docht tsjin de núnder-ich, bidjippet it keine libben omlegen net. Noch stiestû fier fen ús, heltinne fen nij libben, mar inkelden mank ús scilstû de krânse lizze op it hier. Mar wy kinne dy riede en ealgje oan it libben om ús hinne, en dêr’t de strider him in wei wrakselet nei de takomst en him út ’e twang fen it hjoeddeistige bifrijt, dêr komstû him ljeavjend tomjitte, dû dy’t de ljeafde bist as iepenbiering, biwekker fen it heimnis, mar dy’t sels it heimnis ken.
Sûnt Esther hjar wirden kaem de âlde bitroulikens twisken Sjoerd en Liuwe net wer. Beide kearden hja yn ta de stiltme, Liuwe nei syn biwende fierten dêr’t allinne Esther nou mei dimmen trêdden ta neijere, Sjoerd ta in djip en siikjend tinken oer it frjemde dat west hie. Hja bleauwen as frjeonen meimankoar omgean, mar praetten oer djippe dingen allinne as Esther yn hjarren selskip wier, en mijden it inoar folle oan to sjen. Yn it bigjin wieren der jounen det Sjoerd der yet great leed fen hie en bitter yn himsels tocht det sels dit blinkje ljocht him forgind wier, mar frjemdernôch wier it him lichter to fornearen as er mûglik tocht hie, as immen him dit in wikemennich earder sein hawwe scoe. Syn fielen dat yn it bigjin opdreaun waerd troch hiel de ûnbihearske krêft fen syn jonkheit, sûnderdet er itsels yn twang to hâlden winske noch formocht, forstille ta in tear meilibjen yn syn frjeon syn wêzen mei dêr mank hwet meilijen, fielen lyk as men hat for ien dêr’t men fen hâldt en dy’t men yn soargen sjucht.
Hy tocht nei oer dy forearing dy’t er sels net bigriep, en de dizen fen it ûnforklearbere waeiden útien en hy bigoun to sjen. Fen syn jongesjierren ôf hied er stoarmich socht nei ien dy’t libben en striid mei him diele koe, dy’t him treastgje scoe as er wirch wier, him witnis jaen as er twivele, ien dy’t him trochgroune yn syn djipste wêzen; dat wier hiel syn bihoef oan ljeafde. Sa’n ien woe er nêst him yn syn swier mêdzjend bistean, sa’n ien allinne hied er weardigje kinnen opnomd to wirden yn syn heechst en hillichst jaen; nimmen dy’t troch bigripen al net ien mei him wier, scoe yn heechste ûren ien bliuwe kinne mei him hwaens wêzen alle wrâldske krêften wearstie, dy’t ek by de greatste stoarms fen ljeafde ûnforwrigber himsels bleau, himsels nea forlear. Yn libben en folle mear yet yn tinken, hied er himsels frijfochten fen alle bigryp dat twisken de minsken biwend is; en it iene det hy folslein frij stie fen hjar tinkwize, makke him ta in útsûnderling, in frjemden-ien, in wyld. It wie’ wier, hy hie de mienskip fen de minsken forlitten, hy stie dêr, allinne yn de wrâld, sûnder de biwende seden, sa’t God him skepen hie yn syn wêzen, striidber, wyld, greatsk en hiel, hiel iensum.
Hy wist det de striid om in forsteander to winnen, syn libben sels ta’n ynset hie. Hwet hie hy oars, hwêr hied er oars de genede winne kinnen fen de krêft, dy’t sterk makket ta iensumheit? De tsjerke sei him neat, de sêfte dildzjende Christus wier him, stoarmer foar alles en yn syn striid jubeljend fen langst nei oerwinning, gjin egenheit fen it hert; gjin machtich tsjûger yn kinst ef witnis makke him út ’e skiere ieuwen los om it wird klinken to dwaen oer syn twiivlige wei, noch wier him it ideael fen de Minskheit dat alles oerljochtet, iepenbiere. De bifrijing moast komme fen de minsken om him hinne, de flok fen syn iensumheit moast tobritsen, ien, ien moast de klibers forlitte en nêst him, de iensume, stean, ien dy’t libje koe mei en njunken him yn djip folslein forstean—yn skôgjen en witten in gelikense, ef, mocht God it jaen, in greateren sels.
Do wier er gien en hy hie de frou socht. Men libbe op ’t lêst as minske, eltsenien gyng dy wei, it spriek det hy, nei de jierren wol, nei geast yet lang net folwoechsen, itselde die. Hy hie socht, sims himsels foartsjoend det er foun hie, sims himsels wysmakke det it dy wei dochs út moast en det er him den mar skikke moast nei de oar hjar bistean, en al syn skynwinst wier wer forlern gien. Hy wist de ljeafde-forbjustering fen tûzenen, yen weidriuwe litte, eage-blyn, nei oanwâljende driuw fen stjerlike sinnen, forjitte det men skepen wier as God’s bern, alle tinzen fen yen weidwaen det der yn de ûre fen it jaen sels al gjin oanklachte tsjin yen riist; hy wearzge dêrfen. Hy wist it dêrhinne libjen fen yet ûneinich mear: djip, djip yn it herte witte det de twa net wirden binne ta ien, det de ienlings-ienlikheit bleau, dochs fredich en yen skikkend njunken mankoar dêrhinne libje lyk as men yen ek by bûtensteanders skikt, en den, by dy ôfstân yn it djipste, yet de godslasterlike oerjefte fen de saseine folsleinens, dy’t ljeagen wirden wier; hy forachte it. Hy hie roppen oan de himel en frege oan de séën, en it bleau stil en leech allegear, en de fammen dêr’t er mei forkearde, gyngen, en der kaem eangst en fortwiveling oer syn hert.
Do troch dy glei-tsjustere ûnwaersloft, de wearljochtflits, ien tel it wrâldal yn ien stjerlik ljocht, hommels, ûnforwachte. En do’t er ta himsels kaem, stiltme fen nijs, oantinken, sêftste mar for in jong minske ek wreedste fieling, iensumheit. Ofstjerren fen hiel it âlde bistean, in nije krite mei nije minsken, dêrtwisken hy, yet jimmer mei syn âlde greate need. En út dat nije formidden ien nei foaren kommend dy’t dy need like to nimmen, ien dy’t him forstean moast, troch de adeling fen syn leed ef de wijing fen syn kinstnerskip mear as de oaren, syn treast en rêdding dy’t er biwarje koe, de earste, iene kear fen syn libben. Hy kaem nou to witten, en hy skamme him net mear nou’t er alles bigriep, det er syn frjeon ljeafhawn hie. Hy skrille yet nou’t de wolkens fen de striid en de ûnminsklike swierens dy’t dit forstean oer hjar brocht hawwe scoe, syn tinzen oertsjusteren, en kearde him fensels nei it sêfte streamende ljocht dêrfoaroer, en Esther hjar eagen skynden yn sines.
Do learde er forstean det de lêste swym fen de need fen him weinomd wier. Sêft en rêstich sloech syn herte nou’t er by himsels sei det syn iensumens tonei gjin needlot mear wier, stil en klear bleau it yn him do’t er to witten kaem det er hjar ljeafhie. It wier net nedich it to sizzen, net ienris det hja it wist, it wier goed sa. It djipste fen syn hert dat tsjuster bleaun wier oant nou, waerd forkleare. Safaek syn eagen hjar seagen, safaek er hjar wirden hearde, sa klear as silveren klokkeslach yn stille simmerjoun, glied it ljocht djipper yn him del, syn eagen wounen de tearens fen lang lyn werom, as mei de Maitiid bigoun alles yn him to bloeijen hwet forhoalen west hie yn de ierde, in wûnder wier him bard. Eltse dei riet der in nije greate skoer yn it webbe fen de iensumheit dat him syn hiele libben oerditsen hie, eltse dei helle er de libbenswyn djipper yn en hy dy’t himsels loswraksele hie fen de minsken, waerd nou bifrijd yn himsels. Hja moasten it oan him merkbite, tocht er, hy koe net mear deselde iensume en faek forbittere swalker lykje fen eren.
Mar hjir bleauwen syn tinzen by stean. Ho’t er hjar learde ljeaf to krijen, oare ljeafde as hjar kleare frjeonskip forhope er fen hjar net. Hy fielde det immen as hja net seach nei stân, mar sa ûneinich folle mear as dat skaette hjar. Hja wist, koe it libben, hie hjar striid woun; yn him libben wylde krêften dy’t fier wieren fen hjar frede. Hja libbe as ien fen dyjingen dy’t de minskheit learing en iepenbiering binne, hy wier der amper oan ta it earste fen hjar witten to forstean. Hja koe wis gjin egen langsten mear hawwe, for him wier to libjen for frjemden in wird bleaun. Hja wier de ljeafde dy’t hjar djippe stiltmen spraet oer alle dingen fen it ierdske, hy it libben, dat spegele yn de hillige saden, mar net dêrfen drinke doar. Ien great lok wier him foarbihâlden: to fielen dat ûnder de hilliging fen hjar omgong al hwet oan him klibbe út earder tsjusterer tiid fen him ôfliet en det er as fensels syn eagen ôfkearde fen dingen dêr’t er earder ûnforskillich oer hinne gien wier—dêroan wist er det syn eagen nou goed waerden en hy net mear bleau hwa’t er west hie.
Sa gyng dy winter foarby en der wier in goede stille frede twisken de trije minsken dêrre. Hja mijden it to praten oer hjar fielen for mankoar, mar beide, Liuwe en Sjoerd, sochten nou Esther it meast. Hja mirk it klear, en it joech hjar in stille blidens, earst om’t hja it sa better tocht for de oaren al hie hja bliid west ta dy hjar frjeonskip, letter ek om hjarsels; hja hie mear oan de twa hjirre dy’t hjar moaiste tinzen dielden, as oan it machtiger selskip dat hja wol yn Hollân hawn hie, dêr’t hja faek tsjin yn stride moatten hie om it ideael dat hjar foar eagen stie, fen dy oaren earbiedigjen to dwaen. Ek hja, nei de droktme fen dy omgong en hjar ynspande stúdzje, foun rêst op de pleats op ’e romte en ûndergyng in tiid fen fornijing en sims miende hja det hjar neat mear ûntbriek. Oant hja, ienris, in stille iere-Maitiidsjoun do’t Liuwe spile hie en hja hwet nei to dreamen sieten en yn ienselde tinzen en wijing dielden, hwet foaroerbûgd foar it finster en útsjend nei it grien útrinnend hôf sêft foar hjar út sei: „Der moat in great lok wêze yn de wrâld...” Hja sei it as yn hjarsels, de oaren swigen en hja sieten wer stil, mar Sjoerd hie syn eagen net fen hjar ôf, en in nij great tinken waerd yn him wekker, dat it waerm makke yn syn hert.
En de oare jouns socht er hjar yn it hôf dêr’t er hjar wist, for it earst sûnt dy foarste joune wer mei hjar allinne. Hja seach him kommen, efter de beammen dy’t it foarhôf fen it apelhôf skaetten oant er de strewellen dêrtwisken fen siden sloech en yn deselde romte stie as hja. Hja seach him oan hwet er freegje scoe ear’t er hjar joun sein hie en bûgde hjar holle foaroer oer de bloeijende heester dy’t hja fol jong en sterk libben seach; hjar herte sloech lûd, hja doarst net sjen nei him, sa’t er dêr foar hjar stie, swijend, moai en sterk yn syn blauwe boereklean, syn kleare eagen glânzgjend fen de joun en fen forhoping, de linen fen in swier en stridend libben beitele op syn antlit. En yn hjarsels tocht se: „dizze is dy’t dy komt to nimmen út dyn libben fen dreamen en ideael om dy to setten yn sines, om dy dielen to dwaen yn syn bistean” en hja leaude yn him en hie him ljeaf. Mar tagelyk forriisde der folle oars foar hjar geast en hja fette det ek it greatste lok hjar net lyts meitsje mocht foar hjar ropping oer.
Hy socht nei wirden, mar wist neat út to bringen; hy kaem nêst hjar en sloech syn sterke earm om hjar skouder. Hja niigde hjar yet hwet djipper, skoerde in bloeijend takje ôf en stiek it oan syn kile; do metten hjar eagen sines en stil seagen hja in telmennich yn mankoar. En sa, tsjin him oan en mei de ljeafde yn hjar eagen, bleau hja sterk en sei hja him lústerjend hwet nedich wier: det hja nou wist fen him to hâlden mar det der oare dingen west hienen yn hjar libben, det hja tocht hie in ropping to hawwen yn hjarsels en tiid hawwe moast ta klearrichheit to kommen. Hy lies de wirden fen hjar mûle en liet hjar yet net los; it stried forheftich yn him, syn slieppen bounzen. Effen niigde hja de holle as wachtsjend; do, fielend det syn earm op hjar skouder rêsten bleau, sloech hja hjar eagen wer yn sines en sei stil: „Scoest nimme wolle ear’t ik der ré for bin?” Do seach er foar him del en liet hjar frij, hja knikte him ta.
Effen stiene hja der yette yn it hôf, swijend; koel striek de jounsigen oer hjar hinne. Do seach hja him oan, lokkich, en sei: „Liuwe wachtet. Giest mei?” Mei in frjemd fielen om syn herte, great lok en ûnneambere forearing, folge er hjar; by de strewelle-mantel bûgde er de twigen hwet fensiden en liet hjar trochgean. Mei hastige trêdden roun hja op ’e pleats ta; hy folge stadiger, in pear bledtsjes yn ’e hân dy’t er fen it strewel ôfstrûpt hie. Alles wier frede yn him, yet nea wier de ljeafde sa ta him komd. Efter tsjustere it hôf; de moanne stie fensiden oer it lân, yn it west wier it ljocht fen de dei yette. Hy tocht om de simmer dy’t komme moast, en fielde triennen twingen yn syn eagen.
De oare moarns wier Esther yntiids dwaende mei de blommen yn it hôf. It jonge grien fen de beammen weve fyn om hjar ta, ljochtgoud lei der yette in iler glâns oer hinne, de wyn striek koel hjar antlit foarlâns en alles om hjar hinne skeat omhegen, tilde him nij yn de sêft delsigende gloede. Hjar antlit stie earnstich, hwet ûnrêstichs libbe yn de kleare blauwe eagen, bytiden trille der hwet om hjar mûle. Hja wist sels net hwer’t it fen kaem, mar hja hie dy nachts ûnrêstich sliept, en nou, mids it stille fine ljocht, bleau hwet skadichs hjar by, in frjemd weagend fielen, dat hjar ûntrêstige en dêr’t hja hjar omdôch tsjin forsette. Hja seach om hjar hinne, in kearmennich, as forwachte hja eat to sjen dat hjar de reden fen hjar fielen forklearre, mar der wier neat as gemûs fen it fûgelgûd yn de beammen en risseljen, hiel fyn, fen de wyt en roaze bloeijende heesters; hja bûgde hjar wer oer hjar wirk, en forwûndere hjar.
Yn de opkeamer spile Liuwe, hjir yn it hôf ûntkaem hjar gjin klank. Hja hie der in skoft ôfwêzich nei harke, do, ynienen, rjuchte hja hjar krêftich oerein, en harke skerper. Nou’t hja der acht op sloech, waerd hja wis det krekt de fioele dat frjemde ûnrêstige fielen yn hjar wekker hâldde. Hja droech it net langer, lei hjar blommemês del en joech hjar nei in bank dy’t deun dêrby stie, tsjin de mantel oan. Hja wier der wis fen det der hwet yn dy muzyk libbe dat hja nea earder heard hie, hwet sa djip ynkringends det it alles yn yen wekker makke; de stream wier net woelich noch lûd, mar ûnkearber fielde hja hjar meitwongen, de hân foar de eagen as doarst hja de ein fen de feart net sjen. Dit wier gjin spyljen lyk hja fen Liuwe wend wier, hjir libbe, yn de skyn fen frede, sa hwet tsjusters en ûnneambers yn det hja omdôch bisocht der mei hjar tinzen boppe út to kommen. Hommels weage de stream tsjuster en wyld op, ûnlijige nachtlike geasten songen dêr trochhinne, de loft fortsjustere foar hjar eagen, in great swier skaed strûsde neijer. Hjar eagen glânzgen fen eangst, hjar hert bounze, hja naem de hannen gear yn hjar skerte en twong de eagen omhegen, nei dêr’t de blauwens wêze moast fen de Maitiidshimel. Do roun der in siddering oer hjar antlit en hja briek út yn gûlen, wyld, hertstochtlik, wis det der in frjemd leed njunken hjar stie; mei in skoftke bisocht hja to gean, nei de pleats ta, hja wier as forlamme. De muzyk wier ôfbritsen yn in pear grille wanlûden, hja gûlde, gûlde.
Nei in skoft, yn hjar eangstkramp in ivichheit, hearde hja hjar namme neamen; Anke kaem op hjar ta, dwers oer it grien hinne, rimpener yette as trochstrings, hjar antlit triljend fen oandwaning. Nou’t hja foar in meiminske oer stie, net mear allinne wier mei hjar leed, wer wist hwet der fen hjar ferge waerd, fielde hja hjar ynienen wer oerbrocht yn it libben, wraksele hja maklik hwet fen hjar selsbitwang werom. Yet foar de oar prate koe frege hja it: „Moeike, Liuwe ... hwet is der mei Liuwe?” Anke slokte in kearmennich. „Moatst dalik meikomme, Esther” sei se moeisum. Dalik joech Esther hjar oerein, yet ienris, mei in snok, seach hja it hôf oer mei syn fyn fris maitiidsgrien, syn blossumjende strewellen en ljocht-gouden glâns, do kearde hja hjar ôf fen de sinne en roun nei de pleats, hird det Anke, griis en mêd, hymjend efteroan kaem.
Liuwe laei, bûten westen, deadsbleek, op in grien-tripen rêstbank dêr’t Anke en de faem him mei lijen op tild hienen; de moarnsinne foel ta it sydfinster fen de opkeamer yn en liet syn blekens yet deadliker útkomme. Esther knibbele nêst him, fielde syn polsslach, makke syn klean los; do hiet hja de faem dy’t dêr forslein by stie, hjar wetter en doeken to bringen. Tsjin Anke dy’t nei hjar stie to sjen as scoe fen hjar Liuwe syn libjen ôfhingje, sei hja: „Dokter moat dalik komme, en Heit en Sjoerd dalik fen it lân roppen. Soargje det alles deastil bliuwt, ik moat hjir gjin lûd hearre. It hat noch nea sa slim west, wy moatte ús ré hâlde for de skieding, moeike.” En do’t Anke yet twiivlich stean bleau, der oan ta út to boarsten yn triennen: ,,Earst dwaen hwet ik siz, moeike. Ik haw al tofolle tiid mei skriemen forlern.” Hja treau hjar sêft de opkeamer út en knibbele wer del by hjar broer, kâlde doeken oanlizzend en fornijend, mei al hjar sinen libjend yn hjar wirk, hjar eagen net fen syn antlit ôf, sims yet stridend om hjarsels to bihearskjen as hja tocht om dy jierren fen hjar famkes-tiid, as hja nachten sa sitten hie oan syn sliepsté, hiel hjar herte yn bidding det er bihâlden bliuwe mocht. Nou bea hja net mear, djip yn hjarsels forstie hja det it bislút oer syn libben fallen wier, únôfkearber. Hiel dy deis wier it hjar as wier hja net allinne mei Liuwe, hieltiid tocht se om hwa’t se nea kend hie as yn fiere skimen fen oantinken, hjar Mem, en der libbe in frjemde hillichheit om hjar hinne.
Tsjin de joun kaem Liuwe by. Sjoerd en hja wieren allinne yn de keamer, hja nêst it bêd, Sjoerd foar it finster stoarjend nei de joun hwaens brede sêfte goudgloede allinken forblikte en weiwaerd; djip yn it west lôge it reade hert fen de dei yette, dêr’t de pleats laei kaem it nachttsjuster al oan. Esther hie hjar eagen net fen Liuwe ôf en oan de sêfte trillings fen syn antlit mirk hja det er dalik de eagen opslaen scoe, mar hja doarst neat sizze en foun de rêst him oan to glimkjen as wier der neat bard do’t er ta himsels kaem en om him hinne seach. In skoft laei er roerleas om him hinne to sjen, allinne lei er syn iene hân op Esther hjarres; en de frede fen de joun, yn ûnforweechlike stiltme fen skieden, blonk ek yn syn greate grize eagen dêr’t Esther alle kleuren yn kommen en gean seach, al nei de aerd fen syn tinzen.
„Sjoerd moat hjir ek komme” sei er do. „Ik moat jim hwet sizze. Kinst my hwet opstoelje, Esther?”
„Ja” sei se, „ast ûnthjitte wolst hiel rêstich to bliuwen en dy stil to hâlden sa gau ik dat siz.”
Hy glimke en seach nei Sjoerd dy’t tichterby kaem; oan syn eagen wier it gûlen mear to sjen as oan Esther hjarres, dy’t hjar frede al wer weromwoun hie, yn it witten fen hjar moatten. Sjoerd like wirch, de greate ûnforwachte smerte dy’t nei de iene joun fen syn lok sa gau oer him delslein wier, hie skaed fen soarch en linen fen leed oer syn antlit litsen, hy gyng hwet foaroer en syn hannen trillen. Do’t er Liuwe einlings oanseach, wier der safolle forsleinens yn syn wêzen det sels dy yn syn need in bihoef yn him opkommen fielde om him to treastigjen en him taglimke mei de eagen. Mar dalik dêrop tocht er om hwet er hjar yet sizze woe, en effen loek syn mûle pynlik gear. Do’t Sjoerd al siet, wachte er yet in skoft, mei de eagen hjar foarbysjend nei bûten as socht er ljocht for syn tinzen. Do fielde Esther det syn hân hjarres mei yet hwet mear klam effen omfette.
„Ik moat jim hwet hiel bitters sizze,” bigoun er. „Ik haw der altiten yn mysels mei omtôge, it hie mysels sa tsjuster makke det ik nimmen’s libben der mei bidjerre woe. Mar nou’t ik wol gau gean scil kin ik it net mear allinne hâlde. It is krekt as kin ik it nou fen my ôfdwaen, en as kin ik den wer sa wirde as ear’t ik dat wist. En it scil nou gjin skaed mear twisken ús bringe, ik gean nou dochs.”
Hy spriek yet stadich, siikjend noch, heal tsjinstribjend as om syn heimnis dochs yette to biwarjen. Hy wachte, en stried syn lêste striid ear’t it swijen briek. Do’t er wer bigoun praette er fêster, as ien dy’t wis is fen himsels en syn wirden.
„Ik wier as jonge tige ienselvich. It kaem net fen myn omkrite en opfieding, Esther hat altiten sinne nei my tabrocht. Mar it laei djip yn mysels, it wier myn aerd. Ik wier net sterk, fen lichum net en ek net oer mysels. Der skriemde altiten in djip en stil leed yn my en ik koe it net oerwinne. Hiel fier wei seach ik it ljocht wol en it like my hiel moai, mar op it plak dêr’t ik stie bleau it tsjuster, sims nacht mei wylde spoekbylden dy’t my riedleas makken, meast it stille twiljocht fen wémoed. It is net moai sa jong to wêzen. Ik woe wol oars, mar ik koe net foarút komme, ik wier machtleas.
Hie Esther der net west, ik wier deryn bleaun. Mar hjar ljocht dat altiten om my hinne wier makke det ik gjin nocht oan myn wémoed en tsjusterens hie, det ik se fielde as sûnde. As hja hjar earms om my hinne hie, huvere ik fen mysels, sa’t ik wol west hie. Sims tocht ik sels det ik ienris yn dy ljochte kriten nêst hjar wêze koe. Se wier myn sinne en ik stie op in skadich en wiet plak, mar hja patte alles yn my iepen, en al hie ik faek hekel oan mysels, ik forstie dochs det it libben moai en great wêze koe. Ik haw wol oerginstich west op hjar frede en hjar witten, mar sa oerginstich to wêzen is soun, dêr komt men fierder mei.
Do’t ik om utens wier en ienlik mids frjemden, haw ik dêr in frjeon krige dy’t hast noch mear for my wier as Esther. Ljeafde, sterke greate ljeafde haw ik for my nea hawn, en ik haw sjoen det hwet de minsken sa neame for de greate helte ynbylding is en selsbitsjoening. Ik hie God ljeaf, dy heechste ûnfetbere krêft dêr’t alles út forriist en yn forsinkt, minsken foun ik mar sa’n bytsje fen Him yn werom. Mar do hie ik dochs in frjeon dy’t my tige nei wier, hwent hy hie Esther hjar frede en wier great, en dochs wier er troch myn striid gien, en dat bimoedige my sterk, hwent do tocht ik dat ek to birikken.
Ik leau net det it moai wier mei my om to gean, ik moat faek stymsk en oerginstich west hawwe. Ik wist det ik trou wêze scoe, altyd, mar miende sels neat jaen to kinnen en tocht det er de ien ef oare dei bigjinne scoe him fen my ôf to jaen; as dat tinken der wier, forbittere it my, oars wier ik lokkich en tankber. Hwet ik dy tiid krekt fielde en forhope kin ik nou min mear sizze; it is in moai stil lân yn in tsjustere woastenij en it leit nou sa fier efter my. Ik wier net allinnich lokkich, mar ek greatsk, hwent myn frjeon wier sa’n ien as de wrâld ljocht meitsje mei hjar witten en krêft, hy gyng heech twisken de oaren en ik dielde yn al syn plannen en stie nêst him yn syn wirk. Dat wier de greate tiid fen myn libben.”
Hy hâldde effen op, as ien dy’t nei it jounljocht sjoen to hawwen yn it West, in telmennich de eagen slút ear’t er se de nacht takeart. It wier hiel stil om hjar hinne. Esther hearde Sjoerd syn swier triljend sykheljen en bigriep det der ien wier hwaens herte yet mear bounze yn dit wachtsjen as hjarres.
„Wy wieren altiten bymankoar, for my wier der oars ek neat as syn wirk en myn frjeonskip; ik libbe dêr sa yn det it wol opfalle moast. Hy hie folle oerginst wekke by de oaren, en hja hiene net folle wapens tsjin him. In joune, do’t ik in pear wirden opfong fen in petear dat ik net hearre meijen hie, mirk ik det hja minne dingen fen ús fortelden. Der sloech in dof en wé fielen yn my del as deadseangst en in greate hate det sa grousum skeind waerd hwet myn iene blidens útmakke hie. Ik hie in moart dwaen kinnen, mar roun fierder yn ’e sûs, amper mear wittend det ik libbe. Do’t ik it him nei folle striid sei, en my ré makke for de skieding, lake er; hy fielde him sterk, forbea my to gean, boun de striid tsjin hjar min tinken oan. Ik hie sûnt gjin rêstige ûre mear.
Ik kin de ilinde fen dy tiid net mear sizze, mar ik seach foar myn eagen det er forlear. Faek haw ik him bisward det ik gean scoe; alles twisken ús wier dochs bidoarn; hy wegere, sei det er dalik in oar nêst him nimme scoe as ik forkeas to gean, sette de striid troch, mar der kaem hwet hirds om syn mûle. In moarntiid do’t ik nei him tagyng mette ik by de doar in moai bloun fanke, dat my oanseach mei eagen fol hate en do yn triennen útboarste; do’t ik by him kaem seach ik det de ring fen syn finger ôf wier. Dyselde jouns wier der gearkomste fen de club dêr’t hy de lieding oer hie; by de stimming keazen hja, sûnder útliz, mei greate mearheit in oar. Ik doarst dy jouns hast net by him weigean, en roun mids yn ’e nacht nei syn hûs; it minske dêr’t er by ynwenne, wier foart en ik hie in kaei. Ik foun him yn syn keamer tsjin de flier, bloed oan de holle; hy hie him deasketten.
Hwet der do yn my bard is kin ik mei wirden net sizze. Mar for my wier it in moart, en der wier in skildige; dy skildige wier God en de wrâld mei-ien. En der is sa greate hate yn my to libjen komt, hate yn al it bisteande, det it neamen dêrfen yet as fenyn op myn tonge barnt. Lokkich waerd ik deasiik sa’t ik in tiid lang net mear tinke koe. Mar it tsjuster hie my yn ien slach nomd, do’t ik better waerd wier ik krêftleas, mar yn myn ûnmacht yet haetsjend. De earste kear detstû dy oer my hinne bûgdest, sloech ik dy Esther, en allinne de smertlike ljeafde dêrst my mei oanseachst, makke det ik my fen dy kearde en my snokkerjend yn myn kjessens goaide. De sûnde fen de wrâld twong my ta de sûnde fen de haet. Det wy dêrtroch beide skildich stienen, haw ik earst folle letter sjoen. Jim scille nea witte hwet it is sa to libjen det eltse minske dy’t men sjucht yen mei deadlike hate bisielet, det men de sinne fen de loft skoerre woe en hjar dôvje yn de ôfgroun, de sé opswypkje en it minskdom dêryn wrakseljend forsinken dwaen.
Nou fiel ik my dêrmei skildich; ik haw leard det de wrâld forlost wirde moat. Wier ik sterk, ik scoe nei hjar tagean en for neat as hjar heil mear libje, net út ropping, mar om myn boete. Der is earmoede en ilinde, en bûten it jild is der laster en skande, en hja binne to forstean. Mar den moat de minske libje sa as nou yet mar inkelden. Net as dy’t hjar útforkeazen neame en yn hjar dwaen iepenbierje hja it ôfstjitlikste fen de sûnde-wrâld, mar as hja dy’t gjin egen bilangen mear hawwe njunken Minskheit hjarres. Mar ik bin straft, ik scil myn skild net boetsje meije...”
Hy bigoun wer to hymjen, in bange glâns ljochte op yn syn eagen; Esther sloech hjar earm om syn hals en lei de oare hân op syn foarholle. Do sei hja stil: „De skild dy’t dy nou biswieret, dy nimme wy op ús. Wy scille hjar boetsje lâns de wei dystû sein hast; der is gjin oare. Kom ta frede, oer de ûndergongen hinne ljochtet de moarn. Mei ús libben jimmer sa wier wêze as dines, de striid hat dy lottere.”
Yet in toarn sieten hja sa, hy mêd efteroer yn syn kjessens. Do gyng Esther oerein en joech hjar nei hjar piano; as in dream fen hillichheit rûze in sêfte muzyk troch de keamer. Sjoerd gyng nei hjar plak, en hâldde Liuwe syn hân yn sines. Effen seagen hja mankoar oan yn in djipper forstean as ea tofoaren, ienselde wijing libbe nou yn hjar herte, nei ienselde ljeafde gyngen nou hjar tinzen. Hja koene net mear drôf wêze, alles like hjar sa forkleare. By de kjersen spyljend, skriemde Esther sêft.
Esther siet foar it opkeamersfinster to lêzen. Hja lies mei ynspanning, de eagen net fen de bledkanten ôf; sims makke hja in licht biweech mei de holle, en mei in potlead sette hja in streek oan de kant. Troch it finster en de lichte wite kleden hinne foel it goudljocht fen de rypjende Maitiidsdei op hjar prachtich effen-bloun hier, skampend oer hjar blanke foarholle, de fine noas en de wilsterke mûle; de line-beammen, nou de leaven heechhâldend yn nij-griene gloede, weauwen mei de wizen fen de wyn it finster bylâns det ljochtglimpen troch de koele romme keamer skeaten, tafel en stoellen oer, opspegeljend by de glêzen fen de boekekast op it plak dêr’t earder de tryp-oerklaeide rêstbank stien hie. Unforweechlik siet hja dêr en lies; hja wier yn de rou, de earnst fen hjar wêzen foege by de earnst fen hjar dracht.
Mei in skoft die hja it boek ta, gyng oerein en joech hjar nei it finster dêrfoaroer, dat útseach op it hôf. Hja skoude it finster iepen, in lytse sucht fen de wyn dy’t dêr alles rûzjen die yn bliid biweech woe hja ek op hjar keamer fiele. Do stie hja wer stil, seach nei bûten, en tocht om it forline. In pear lette parrebeammen stiene yet yn blossumpracht, it gers laei as in swier grien tapyt twisken de beammen spraet, hiel it hôf laei dêr yn in steatlike earnstige rêst dêr’t de jonge Maitiidsbloei wyt en bliid trochhinne blonk. De hannen foelen wer gear yn hjar skerte, de rêstige blanke foarholle niigde foaroer. Hja mocht sterk wêze wolle, to nij wier it leed yet om it by lytse oanliedings net yet aloanwer nij to fielen. Hjir stie hja, iensum yn hjar drove dracht, dêr bloeide en tierde it libben, krêftich út fruchtbere ierde omheech rizend yn de ljochtsjende dei.
Hjoed de hyltiid hie hja it ynkearde antlit fen hjar broer wer foar hjar. Hja wist yet fen hjar famkestiid, ho’t hja hjir mei moeike Anke wol yn wiis petear oer de húshâlding stien hie, tomûk útkypjend nei bûten dêr’t Liuwe yn in greate stoel laei to dreamen, de eagen nei it geglyd fen it ljocht troch de waeijers fen leafgrien boppe syn holle. In stik fen hjar libben wier mei him foartgien. Hjar ljeafde hie nea west for hwet er hie mar for hwet him ûntbriek, famke en faem hie hja Mem wêze wollen oer dy tingere twiivlige jonge mei syn striidswier bistean, jierren hie it hjar tinzen folmakke, ynhâld oan hjar libben jown—wier den hiel dit bistean tarissing for it stjerren allinne, hie hja mei al hjar ljeafde-jaen neat betters birikke kinnen as det er freedlik en forkleare oergien wier nei it ûnneambere, dizze iene winst, woech hja op tsjin al dy soargen en stil-forkroppe triennen? Hja wist det, hie it kinnen, hja mei gjin oar lean yn it foarútsjuch hiel dy moeisume wei wer gien wêze scoe, det hja ré west hie hjarsels it dûbelde fen hjar ynspanning ôf to fergjen, for neat as dat. Liuwe hie mear as hjar broer, hjar jonge west, hjar smerte-bern dat hjar it libben swier makke hie fen soarch: ho ienlik wier hja nou’t dat soargjen hjar ôfnomd wier! Mei it libben fen hjar hert wier hja nou allinne.
Hja tocht om Sjoerd dy’t hja forwachte en bigriep hjarsels net. Hy hie alles hwet him bigearlik meitsje moast yn de eagen fen in frou: in great hert, in djip bistean, in swier libben efter him, mar hy wier net ûndergien, hy scoe, hy moast oerwinner wirde yn de libbensstriid, hja forsinde hjar net yn him. Sjuch dêr de seine fen it jild, tocht hja bitter, Liuwe dy’t neat brek hawn hie as it libben en dêr’t it libben op spile en yn stoarme hie oant it tinger ynstremint briek, hy de jonge fen it folk dy’t greatbrocht wier yn earmoede en bodzjen, dy’t bleat stien hie oan alle bidrigings fen it libben, dy’t gjin minder swier bistean hawn hie as Liuwe, like djip fen langst, like tsjuster wrakseljend, mar dy’t de holle optille scoe út it dynjend wiet en it strân wer birikke, inkeld om’t er sterker wier. Hjar hert slingere hinne en wer twisken oanhinklikens for it forstjerrende en ljeafde for it forrizende, mar nou, yn de farskens fen it leed, wier Liuwe hjar yet de neiste. Hja bigriep det it sa net bliuwe mocht en wraksele it ljocht wer tomjitte, mar dizze Sneintomiddei wier yette routiid for hjar.
Hja hearde Sjoerd oankommen troch de keamer, en makke hjar los fen hjar tinzen oer hwet gien wier. Hja moast tinke om hjar takomst, hja wachte hjoed fen him syn útstel oer hjar wegen tonei; oars hiene hja sûnt Liuwe syn forstjerren, in moanne lyn nou, dêr net mear oer praet. Hja seach hjar egen wei klear foar hjar, mar woe him sines net wize, en fielde det hjar libbens tofolle geargroeid wieren om him kâldwei to sizzen sa’t hja for hjarsels bisletten hie for de takomst. Do’t hja him ynkommen seach en sei det hja him to wachtsjen siet, foel it hjar op ho fêst en wis nou syn hiele hâlden wier, neat mear fen dy twiivlichheit dy’t hja sels yet by him merkbiten hie do’t hja mankoar founen for it earst,—ien dy’t syn wegen wit en se gean scil oant de ein. En djip yn hjar waerd in waerm fielen wekker, hy wier moai bleaun mei syn skerp-teikene holle, syn opglânzgjende en wer weidreamende blauwe eagen, syn feardige, kante lea, sa as it de frou weelde is nêst hjar to hawwen yn de libbensstriid. Wol forstie hja nou det hy it wird sizze scoe oer hjar takomst.
— In dei fen frede, sei hja stil.—Eft de ierde in nij libben bigjint.
— Ja, sei er. Mar it binne de âlde krêften dy’t hjar bisielje, en de ôffallen blêdden fen forline hjerst wirde frucht for dizze. It forline set him foart yn de takomst.
— Dû woest sizze det nimmen him losmeitsje kin fen hwet west hat.
— Ik mien det forjitte to wollen leffer is as net forjitte to kinnen. For my, Esther, is der nou mear as it hôf mei syn blossums en grien ûnder ús finsters. Sels hjirhinne is de wrâld krongen mei hjar ilinde. It is as in warskôging, in rop, det ik gjin rjucht haw to dreamen, wylst loft en ierde fol leed is.
— Dos giestû, en ik bliuw hjir allinne?
— Forjowst my, Esther, as ik fiel det it sa moat?
— Ik scoe dy net forjaen ast it oars field hiest, sei hja sêft.—Ik ek, ik scoe nou net mear oars kinne. As famke tocht ik wol det myn ropping lyts wier, Liuwe allinne. Wy hiene noed fen him, en ik tocht, ik hie him rêdden. Do kaem de wrâld en sloech him del. Ropping by minsken is foroardiele ûnder to gean, salang’t de wrâld bidoarn is en fol fenyn.
— Der is ien leed, Esther, sei er.—Us egen libben is der mei moeid. Nou’t wy dit witte is ús in doar sletten dy’t...
— Us tige rykdom iepene hie, folle hja oan.—Mar it Paradys is ta for allegearre, Sjoerd. It waerd sletten do’t der twa minsken komd wieren, en de ien in bilang hawn hie foar de oar. It scil net wer iepen gean ear’t it egen-bilang opgien is yn it heil fen de minskheit. Hwet scilstû dwaen?
— Nei de wrâld gean en siikje wizer to wirden. Ik ha woun det ik yn mysels leau, mar my ûntbrekt folle, ik ha sa gjin fjild for myn krêft, en hja doocht sa net ta de striid. Ik krij in swier libben, Esther, mar ik wit detst yn dyn tinzen by my wêze scilst.
— Noch is myn ropping yn lytse rounte steld, sei hja.—Mar hjir yn it doarp scil ik dwaen hwet ik kin. Liuwe hat in bigjin makke, ik scil it foartsette. Hja scille sjen det jild noch stân macht hawwe oer de siele fen de minske. Ljeaver hún fen oaren as in deade siel. Al is it bliid mear jaen to kinnen as mannichien.
In skoft wier it stil. Beide wieren hja yn hjar tinzen allinne. Do sei Sjoerd:
— Sa ûngelikense wegen binne wy gien, dû en ik. En dochs sjuch ik se gearrinnen en ien wirden. Wy skiede net Esther, al moat ik nou in skoft gean. Sa’n swiere winst wier ús al it forstean fen ús ropping. En ta it lok binne wy yet lang net komd. Mar miskien...
Hja stie foar in finster en wiisde mei hjar hân nei it wide fjild om hjar hinne, nei de púnwei dy’t in ein fierder as in gouden streek troch it lân loek en de pear toerspitskes tsjin de kym.
— Sa fredich en klear leit de wrâld dêr hinne, sei hja.—Mar bloedich moat der fochten wirde ear’t de minske syn rjucht op in lyts stikje lok jilde litte mei. De lippen moatte yet mar hwet fêster opmankoar en de eagen yet striidberder. As efter dy strangens it sêfte fjûr fen de ljeafde mar lôgjen bliuwt!
Wer stiene hja nêst mankoar, hy de earm om hjar skouders, fen de hege opkeamer fierkjend nei de moeting fen loft en ierde. In frjemde wijing wier oer hjar komd, as rigen dêrûnder foar hjar yn einleaze lingten skimen fen soarch en leed, fen sûnde en selssucht en niid, en as gyngen hja dy meimankoar tomjitte, striidber troch ienselde ljeafde, roppen ta ienselde wirk. Hja kearden hjar ôf fen dat sjen en seagen yn mankoar’s eagen, alles wittend, alles oerjaend. Do patte er hjar op ’e foarholle en naem hjar hân; en mei in lêst lústerjen fen hjar namme joech er him wei fen de ljeafde dy’t him de himel biwarre, nei de ûnlijige wrâld dy’t mei skomjende hertstochten tsjuster rûze yn de forhoalen fierten.
— Ein. —
Skreaun Febr.—April 1921.